Oer skriuwer, boek en útjeften
De skriuwer
Tjitte Piebenga waard berne 12 augustus 1935 te Frjentsjer as âldste fan 'e sân bern dy't Haring Tjittes Piebenga (Frjentsjer, 1907 - Weidum 1981) en Johanna Kuipers (Skalsum, 1909 - Jorwert 1978) tegearre krigen. Heit studearre yn dy tiid oan it Kaiser Wilhelm Institut te Berlyn by de antropolooch Prof.dr. Fischer. Letter waard er by dyselde professor haadassistint; hy promovearre yn 1941. Mem wie ûnderwizeres. De Piebenga's hienen allegeduerigen de ferhúsauto foar de doar, fan Frjentsjer nei Berlyn, Middenmar, Gasterlân, Skalsum, Rie en Peins. Tjitte siet op 'e legere skoallen te Bakhuzen, Aldemardum, Snits en Peins. Yn Peins joegen se har einliken del. De jonge Piebenga gyng nei de iepenbiere mulo te Frjentsjer. Dêrnei learde er ta skoalmaster, earst op 'e Rykskweekskoalle, dêrnei op 'e Herfoarme kweekskoalle Mariënburg, beide te Ljouwert.
Hy sollisitearre nei it fakante plak fan haad fan 'e iepenbiere skoalle te Arum en waard mei yngong fan 6 oktober 1959 beneamd ûnder it foarbehâld dat er frijstelling fan militêre tsjinst krige. De tiden binne sûnt gâns feroare, mar om 1960 hinne sieten dy lytse doarpen te springen om in skoalmaster, sels sa, dat it ministearje fan definsje de hân wol oer 't hert strike woe. Dy frijstelling kaam los en Piebenga koe fan ein sette. Hy wie in entûsjast skoalmaster, hy smiet nei trije jier ‘ynrinnen’ alle learboeken oan 'e kant en sette in eigen metoade op. It gemeentebestjoer wie fol lof.
Hy hat dêr oan ein augustus 1966 ta stien. Hy hie ûntslach nommen om't er pedagogyk studearje woe, mar dêr kaam neat