Ik kin de tillefoan der opsette.
Betanke foar it drinken en de chips.
It is fan dyn jild.
(stilte).
Smyt de kaaie mar yn de bus astû ferfearn bist.
It wenne hjir dochs goed.
Ik sil alles fierder wol regelje.
Hast dyn ferhúsbiljet al ynlevere?
As ik noch wat fan dy witte moat, skriuw ik dy wol.
De advokaat sei, dat alles en alles noch oardeljier duorje sil.