| |
| |
| |
Njoggen
(Anke). Wat giet der yn dy om, astû keapje wolste en etalaazjes besjochste? Dyn eagen gean oer de dingen efter it glês, streakjend, waarm en keapswiet. Sjochstû dysels dwaande mei datjinge, datstû keapje wolste? Sjochstû dysels flanearen yn de mantel of de jûpe, dêr't dyn each op fallen is? Miskien fielst de gloede fan de stof al op dyn hûd, faaks sjochst de kleur al ôfstekken tsjin dyn hier.
Dû hast my oan 'e hân. Ik gean mei dy de winkels lâns, ik sjoch troch de spegeljende ruten, ik sjoch dyn eagen oer de dingen gean, dyn tinken sjoch ik, dat him beweecht tusken hawwen en jild. Want sa tinkstû, ik wit it, dû weagest ferstandich ôf, sûnder ûnberette dingen te dwaan.
Wat bart der yn dyn holle, astû dêr sa stiest?
As wy fierder gean, is dyn swijen grut en moedich, dyn gean beret, ek al haste net koft. Mar dyn tinken, wer is dyn tinken? Is der noch in bân tusken dy en watstû sjoen haste? Wolstû noch werom en freegje der nei?
En astû in winkel yngieste, dyn eagen sykjend, wikseljend, net fluch mar mei omtinken, dyn earms lâns dyn lichem, dat him aanst nestelje sil yn 'e nije stof?
Hoe silstû dysels yn 'e spegel omfiemje astû de nije jûpe fielst, astû him draachst sa as allinne dû him drage kinste? Hoe is dyn draaien foar de spegel, dyn wifeljen astû de fertuten sjochste, dyn drinteljen hinne-en-wer?
Hoe stiestû foar dysels oer? Wat sjochstû yn it glês, dat dyn spegelbyld hearlik en nij werom jout, yn it glês, dat dyn stal streaket en achtet, wylst ik allinne mar stean te sjen.
| |
| |
Ik stean dêr skutterich, net thús yn dizze wrâld, dêrstû it paad witste en dêrstû de geheimen fan kenst. Soe ik dy ferbalje en ferbrek it hâld datstû haste mei alles dat om dy hinne is?
Miskien gean dyn eagen nei my, miskien fregest watstû moatste, mar soms is it swijen fan dyn sjen machtiger as ik. As dyn eagen helpleas geane fan my nei de spegel, wat moat ik dan? Dysels fan dysels ferfrjemdzje of sizze wat ik mien en dan dy fersteure?
Dyn stal is net benei te kommen astû stieste yn in nije jûpe, dyn stal is fier fan my ôf en amper minsklik astû in mantel draachste, dy't allinne foar dy makke is en dy't allinne it momint fan it weromkennen nedich hie.
Dan is der wat yn dy, dat ik net befiemje kin.
Ik stean frjemd en leech by dy, sûnder te witten wêrom, sûnder begripe te kinnen, wat der yn dy bart en hoe't dyn witten giet.
Hoe sjochstû dysels? Wêrom draaistû dyn heupen oars, wêrom bewege dyn skonken yn in oare kadâns, wêrom sjogge dyn eagen oars nei it byld, dat fan dysels is?
Bistû sels in oaren wurden, ien dy't dysels frjemd is? Is dyn stal oars as it omskot wikselet, is dyn bewegen foarser en mear fan dysels astû in jûpe oan haste, dy't noch fan in oar is? Wêrom rinstû sa, wêrom is dyn sjen sûnder my, wêrom is dyn bewegen stadiger, dyn passen, wêrom binne se lytser?
Is der wat yn dy kommen dat dysels frjemd en ûneigen is? Is dyn lûd sûnder reden sêfter, of is it de spegel, dy't dy twingt? Wêrom is dyn mûle tearder, dyn earmen stadiger?
Ik hâld fan dy as ik sjoch nei dyn bewegen foar de grutte spegel, dy't dy omfiemet fan foet oant krún, ik hâld fan dy as ik dyn eagen bewegen sjoch, ik hâld fan dy, as ik dyn earmen sjoch, lâns dyn lea bûgd yn in sierlikens, dy't allinne ik wit, en de spegel miskien.
Dan giet dyn mûle stadich iepen. Dyn lûd komt hoeden en mijen, dyn bewegen kalm ynienen. Dyn byld stapt út de spegel wei.
Famke, ik hâld fan dy astû biste sastû biste. Ik hâld fan dyn eagen, ik hâld fan dyn lûd en fan dyn earms hâld ik. Dyn bewegen is my goed, dyn sjen is my in treast altiten, dyn lippen in waarm sizzen dat tusken ús is, fan in read, dat dú en ik allinne witte kinne.
| |
| |
Wêr ha 'k my eins drok oer makke? Myn wiif is by my weigien, ik rûn mei in pear knotsen fan hoarnen troch starum, it libben waard in pear moanne lang rottich. No en?
Wat kin ik der oan dwaan, as anke net fan my hâldt. Is dat myn skuld? Myn skuld allinne? Nee fansels, wy hawwe ús beide fersjoen, wy tochten, mei in oar te trouwen, mar doe't de praktyk kaam foel it foar ús beide oars út. So what?
Dat is al sa'n protte oerkommen, guont hâlde it sels net by ien of twa kear. Miskien oan te rekommandearjen, krekt salang trochgean oant it slagget. Verandering van spijs doet eten, sa is 't mar krekt. Laat ie fijn zijn, allegear clark gabletsjes.
Ik ha de boel der útkotst, op in bytsje nei, it is fuort, it leit te rotsjen earne, lykas koarre nei in feest. It fergiet, it fertart mei de tiid, de fûgels pikke har gading der út, in hûn fret der yn om, en fjirtjin dagen letter merkbyt men, dat it der net mear leit. Ien lyts giel plakje yn it gers, dat is alles wat der fan oerbleaun is en trije dagen letter is dat ek fuort.
Net hielendal wier fansels. It is gjin braaksel, it hat in stik fan jins libben west. Sân jier libjen, fjouwerentachtich moannen, trijehûndertfjouwerensechstich wiken, fiifentweintichhûndertfiifenfyftich dagen, ienensechstichtûzentrijehûndertentweintich oeren, twahûnderttweintichmiljoensânhûnderttweintich sekonden, dat hat it west, in stik fan jins libben, foarby, sûnder nut foarby, yn dat iene opsicht dan. Ien ding, it wichtichste fan dy sân jier, yngreven oan gruzeleminten. Net te reparearjen kadúk, rampoai, stikken, kapot, ynein. Sa leit it, en net oars.
Mar ik krij der sa stadichoan frede mei. It begjint my kâld te lizzen, boppedat ha 'k wat dit boek oanbelanget de ein yn 'e bek, ik ha der gjin nocht mear oan, it seit my sa'n bytsje mear. Ik kultivearje it miskien noch wat oant it lêste wurd tikke is, mar dan is it oer. Dan is dy hiele sân jier yndie in boek wurden, it komt lykas oare boeken tusken de boeken yn. Wjerfarring tusken de wjerfarrings, anke redusearre ta oantinken.
En wat watse en wat wouter? Ik hear se te betankjen foar de stoffe, dy't se my foar dit boek levere ha. En oarsom moatte se my
| |
| |
ek tankber wêze, ik ha se ferivige, foar altiten fêstlein yn wurden. Wa soe oars oer hûndert jier noch witte wa't watse en wouter wiene, efkes neiblêdzje, O ja, in komysk duo, dat om-ende-by njoggentjinhûndertfiifenfyftich op 'e fryske planken operearre, pracht keardels, ha-ha-ha-ha.
Watse en wouter, krekt safolle as jut en jij, of as jakkeltsje en jobbe. In bernereltsje, sa fan: wa wit wêr't watse, wouter wenje, watse en wouter wenje yn, no folje mar yn, krekt sa't it útkomt.
Ik kom se beide fêst noch wolris tsjin. Ik sil se betankje foar alles wat se foar my dien ha en foar alles, wat se nèt foar my dien ha, want dat is by sa'n komysk duo ek belangryk. Faaks mei ik se betankje foar datjinge dat se neilitten hawwe: anke weromjaan.
En anke? Anke moat men meilijen mei hawwe, sy is de lûkster oan it koartste ein, sy waard foar de safolste kear bedondere. Ek troch my, want wat ik by einbesluten foar har fielde wie ek in bedroefd bytsje, in hearlik pear boarsten, in pear kante heupen en in leaf smoeltsje, neat mear neat minder. En sa no en dan goed op bêd, as se der sin oan hie, sa net, dan wie 't ek mar in behyplik spultsje. Efterôf in wûnder, dat it hast sân jier duorje moast, ear't ik har in bytsje serieus begûn nei te dwaan. Neffens de wetten fan de seksuology hie 'k it alle folle earder dwaan moatten, mar ja, troud-man wêze is gjin grapke, dat de moraal wûn it wer, hast teminsten.
Docht mar wer bliken, dat de man sa polygaam net is as der ornearre wurdt, dizze man teminsten net, dat komysk duo is te polygaam en it is dus de útsûndering, dy't de regel befêstiget. De moraal wint altiten, behalve by in komysk duo, dêr wint it sperma.
Ien ding moat my dochs noch fan it hert: dy hûnderttweintich gûne, wat bart dêr mei? Wat fret watse der mei út? Hy mei se om my lykwols hâlde, op dizze betingsten: as er it bedrach stoart yn 'e kas fan De Stifting ta Bestriding fan Huorredom yn Fryslân, mei dizze restriksje, dat er it jild net sels direkt besteegje mei, oars kinne se dy stifting wol omdope. It bestjoer hat yn dizzen allinne foech.
As er it bedrach stoart yn 'e kas fan De Feriening ta Geastlike
| |
| |
en Lichaamlike Restauraasje fan Hoarndragers. Yn dat gefal kin er it by my kwyt.
As er it bedrach stoart yn 'e kas fan Maatschappij Monogamie n.v.
As er it bedrach stoart yn 'e kas fan k.i.-feriening It Heale Beslach, sûnder restriksjes, mar net út te jaan as dekjild.
As er it bedrach, dat dan bestean moat út foar de helt papieren en foar de helt sulveren ryksdaalders, opfret.
As er it bedrach, dat dan bestean moat út kwartsjes, dûbeltsjes en stuorkes, yn it lytssân te snits smyt en dêrnei wer opdûkt.
As er it oan anke jout.
Dit alles, ten overstaan van een notaris.
Segelkosten foar my.
Parapluüm est.
Wouter die de doar foar him iepen.
- Hartelijk dank heren, rôp de regisseur har nei.
Roel gnyske wat.
- Hoeveel gage, frege er.
- Ik zal m'n best doen, heren, sei de regisseur.
Se stapten der út. Wouter die de doar ticht. Op 'e gong suchte roel lûd en oerdreaun.
- En dat foar trije minuten tillefyzje.
Wouter glimke wat, hy sei neat, hy stie dêr mar, syn iene mûlshoeke in tikkeltsje omheech, syn eagen wat down, fertrietlik hast.
It begrutte him min ofte mear om wouter, oan 'e oare kant fûn er it machtich, dat it grutste part út wouter syn rol snijd wie. Hy hie allinne de earste klause sizze meien, roel hie in pear rigels sein en doe wie syn hiele monolooch opnommen. Hy gunde wouter dizze tebeksetter wol oan 'e iene kant. Mar dy hie ûnder de hite lampen en foar de draaiende kamera's sitten, as die er mei foar spek en brea. Spile hie er amper.
No koe anke dan dochs mar sjen dat wouter gjin grut artyst wie. Hy hie gjin gefoel foar it ritme yn syn klausen, it brocht him op 'e doele. Dat hie dy regiseur fansels fuort murken, hy hie wouter net sear dwaan wollen, dêrom hie er mar sein, dat er by it begjin net safolle belang hie, dy monolooch, dêr gie it om.
| |
| |
Wat seach anke trouwens yn him. In aardige fint om te sjen, goed, wat glêd miskien, net al te snoad, mar fierder? En dat gie no al wer in pear moanne, wannear soe se dizze kear ta ynsjoch komme? Nei de útfiering? As de rippetysjes foarby wiene? Dan soe se him net al te faak mear sjen, faaks soe dat helpe. Hy begûn der sa stadichoan in hekel oan te krijen, dat gedonder fan anke mei dy fint, en hy wie der fan oertsjûge, dat wouter anke opsocht as er net thús wie.
Se giene de hege stoepe fan it gebou del. De strjitte wie fol fan feestfierende minsken. Flaggen oan mêsten by de grêft lâns, in draaioargel, bern mei flachjes en toeters.
Machtich dochs, dat tillefyzjewurk. In tizeboel fan kabels, mikrofoans, kamera's en omrinnende minsken. Earst wol wennen, mar letter, nei it trochrepetearen fan de tekst, spannend en opwinend. Hy wie benijd hoe't it der op kommen wie, tongersdei moast er it sjen, wat der ek wêze soe.
Wouter die de doar nei de jachtweide iepen. De hiele ploech siet lûdroftich om in grutte tafel, dy't fol stie mei glêzen en romers, leech foar 't grutste part. Roel stode fuort op 'e ober ta. Hy socht om anke, hy seach de tafel oer, doe seach er har sitten, krekt om 'e hoeke by de doar.
Yn 'e oare hoeke rôp immen him. Hy gie der hinne, loek in stoel by. Fuort stie der in pilske foar him.
- Hoe wie it?
Hy fertelde hoe't it west hie, wat se dien hiene.
- Ferdomd, krekt wat foar my.
- Proast, sei er.
It bier gie koel yn him del. Hy murk ynienen, dat er toarst hie. Hy dronk it glês yn ien swolch leech, bestelde fuort in nij.
Wouter wie nêst anke delploft. Se sieten ticht tsjinelkoar oan yn it hoekje, mear as dúdlik fereale. Hy fielde him wat oerstallich, wist net, wêr't er sitten gean soe, de minsken dy't him roppen hiene, wiene ûnderling wer in petear begûn. Hy gie stean, rûn wat ûnwennich troch de seal. De snor jûke him op it wang, de lym ûnder syn noas loek syn hûd strak. Hy loek twa-trije kear syn mûle breed út, it holp neat. De klean sieten him ek ûngemaklik. Hy frege oan ien fan 'e spilers, oft se de klean ek útdwaan soene, mar dat mocht net, se moasten sa bliuwe oan de ein fan it feest ta.
| |
| |
Hy rûn fierder by de tafel lâns. Roel siet ek allinnich, dy siet djipsinnich yn syn bier te stoarjen.
Hy gie nêst roel sitten.
- Proast, sei roel.
Hy die syn glês omheech. Roel stompte him oan en bûgde nei him oer.
- Moatst foar wouter oppasse, ik ken him.
Undertusken makke er mei syn holle in beweging de kant fan wouter en anke út.
- It falt wat ta, sei er.
- Sels witte.
Roel loek oan 'e skouders.
- Ik wol jûn ris betiid op bêd, dat repetearjen, ik wurd der siik fan, sei roel.
- Ik ek.
Hy loerde oer de tafel hinne nei anke. Dy siet ticht tsjin wouter oan, hy doarst wedzje, dat se ûnder it taffeltsje hân yn hân sieten. Hie se dan hielendal gjin gefoel foar styl? As se dan dochs frije moast, hawar, mar sa yn it iepenbier ferdomme net, se moast der rekken mei hâlde dat er skoalmaster wie, hjir koe er gedonder mei krije. Hy seach it al, op 't matsje by de ynspekteur, boargemaster en wethâlders dy't har der mei begjinne te bemuoien.
Hy woe fuort. Hy gie nei anke ta, skode in stoel by. Wouter die wakkere entûsjast, mar it wie dúdlik te merkbiten, dat er der gjin sprút fan miende. Mocht er as artyst hjoed oan 'e krappe ein kommen wêze, as beminner warde er him dat it wat die. Maklik trouwens, in frommes dat sân jier troud is hat wol gefoel foar romantyk, soks belunet ornaris nei de earste moannen.
Sûnder dat er it eins woe, of miskien ek wol woe, seach er by de tafelsrâne lâns. Yn anke har skerte leine twa hannen, fiks ynelkoar frissele. Oft er it himsels bekenne woe of net, it die him sear.
- Ik wol nei hús.
- Drink noch in pilske, dan gean wy nei hûs.
- Ik bin wurch.
- Wy kinne it feest dochs net fersteure?
Wouter begûn ynienen in petear oer it kabaret.
| |
| |
- Myn teksten binne hast klear, sei er.
Hy jengele fierder. Hy hearde it net. Wat gie him dat kabaret oan? It wie him no wol dúdlik, dat kabaret wie in doekje foar it blieden, it gie net om it kabaret, it gie om anke. Wouter woe wat it kabaret allinne oanbelange fansels wol op de âlde manier trochhobbelje, in brulloft hjirre, in brulloft dêre, jild barre, feestfiere, fuort.
- Ik wol nei hûs.
In ober sette in pilske foar him del.
- Dat haw ik net besteld.
- Hast fan my, sei wouter.
It feest waard hoe langer hoe lûdrôftiger. In pear spilers stiene al op in stoel stikken út har rol op te sizzen, de oaren hingen slop fan it laitsjen oer stuollen en tafels, len fan 'e spylsters flanearde troch de seal, har âlderwetske rôk opslingerjend.
- Ik wol nei hûs ta.
- Ik net.
- Ik bin wurch.
- Toe, noch efkes.
Wat hiene dy twa bekokstoofd, wat hiene se yn 'e holle? Wat moast der fersierd wurde? Woene se har benachtsje litte, yn 'e taksy efteryn? Ferdomd, der wiene dochs kânsen genôch, wêrom moast dat no útrekkene hjirre? Wêrom die anke dat yn 'e goedichheid?
Ynienen waard it stil yn 'e seal. Yn 'e doar stie in frommeske, in read truike, brune eagen, dûnker hier, lyts, smel, knap, fan harsels oertsjûge.
- Goedenavond, sei se.
Net ien sei wat werom. Roel fluite sûntsjes tusken syn tosken. Wouter seach neat, anke hie allinne mar each foar wouter. It frommeske rûn op 'e stamtafel ta, dêr't in pear âlde mantsjes sieten te kaarten. Se pakte in krante en bestelde in kop kofje. Roel hie gjin each fan har ôf.
Hy pakte syn pilske fan 'e tafel. De wurgens kroep yn syn skonken omheech, yn syn mage wynde it om. Hy moast sjen, dat er anke mei nei hûs ta krige, oars soe it ferkeard útpakke, der soene brokken komme, krekt as yndertiid mei watse. Se soe yn gjin fjirtjin dagen te brûken wêze, se soe gûle, oerstjoer wêze, dagen soe it oanhâlde. As dat belune wie soe der earst in petear mooglik wurde. Hy winske wouter nei de moanne,
| |
| |
as dy mar nei hûs ta gie, dan soe der ek gjin probleem ûntstean.
- Drink op, dan gean wy nei hûs ta.
- Nee.
Dat wie dúdlik, noch noait hie se it sa iepenlik yn 'e kant setten. Wat moast er? As se dan persee net woe, dan gie er allinne, dan moast se mar sjen dat se thús kamen. Miskien it bêste middel, dan soe se dêr iepentlik sitte mei dy wouter, dat doarst se miskien net oan, de minsken soene begjinne te kletsen, as se dat al net diene.
Anke stompte him oan.
- Moatst sjen, sa'n moai frommeske.
Se makke in gebearte yn 'e rjochting fan 'e stamtafel.
- Hie 'k al sjoen.
Roel gie oerein. Dy stapte om 'e stamtafel hinne en begûn in petear mei de lytse swarte. De oare spilers raasden en fluiten nei him, guon winsken him sterkte. Roel gnyske wat en sette it petear dat er begûn wie fleurich fuort.
Wat woe anke? Se koe dochs thús ek in slokje krije, as it dêrom begûn wie. Ach, fansels net, wouter, dat wie it punt dêr't de skoech knypte, se wie fereale, dat wie alles. Dat wie alles, nee, dêr begûn it krekt, dêr lei it begjin, wat der fierder efterwei komme soe koe gjin ien sizze, mar as it krektlyk gie as yndertiid mei watse, dan koene se om him wouter wol stelle.
It feest gie hurd fierder. De obers draafden as wylden, op 'e tafels rûnom yn de weide wrimele it fan lege glêzen, se koene it net byhâlde. Ien fan 'e spilers sliepte al yn in hoeke fan in bank. De radio stie lûd oan, knetterjende deuntsjes tetteren de weide yn, aanst wie it de tiid foar de polonêze. Anke stompte him oan.
- Praat ris mei har.
Ferdomme, wat hie se yn 'e kop? Woe se him keppelje, om't se dan sels in frijkaartsje hawwe soe?
Hy dronk syn glês leech. Hy woe allinne mar nei hûs ta, op bêd krûpe en sliepe, de hiele troep ferjitte, ticht tsjin anke oanlizze en witte, dat der noait wer in wouter komme soe.
Der waard wer in glês bier foar him delsetten. Fansels wer fan wouter of fan anke. Se woene him der hoe dan ek hâlde, sa't it like. Hy moast de
| |
| |
mantel wêze, dêr't de leafde ûnder bedreaun wurde soe. Dat ferdomde er, dat noait, dan mar cocu nei hûs ta, dat noch leaver.
- Ik gean nei hûs.
- Drink dyn pils op, dan gean 'k mei.
Hy seach har oan. Wat wie der? Hiene se ynienen rûzje krige? Nammerste better, dat soe alles foargoed oplosse, gjin wouter mear oer de flier, gjin hantsjejouwerij mear, gjin kliemsk sjen en gjin flirterij.
Hy joech him wer del. Roel siet noch altiten mei it frommes te praten. Hja rierde sierlik har kofje, har gesicht gie mei, elts wurd krige in gebearte. Se lake. Roel liet syn tosken ek sjen, breedút, en syn eagen stiene foar dizze kear net gnyskjend en net hifkerich.
Hy naam in pear slokken bier. De wurgens loek stadich út him wei. Hy moast gjin bier mear hawwe, hy begûn it te fernimmen. Sûnt dy middeis hie er gjin iten mear hân, in drege middei op 'e hûd, dan koe er noait net sa'n bulte mear fersette, dat it moast syn lêste wêze. Hy naam noch in slok, hy begûn him hast noflik te fielen. It draaierich gefoel wie út syn mage wei, syn holle waard minder swier.
De polonêze begûn. Sjongend en dûnsjend slingere de lange rigele spilers troch de seal, hjir en dêr foel in stoel, in fleske bier gie spuiend om. De radio koe de saak net iens mear bebalte, efter yn 'e seal waard bruld, dat it ding lûder moast.
Hy naam syn glês leech. Hy sette it krekt yn 'e midden fan in filtsje. Hy seach anke oan.
- Ik sil ôfrekkenje.
Se sei neat, mar út har bewegen kaam klear nei foaren, dat se it noch net yn 'e plasse hie. Wouter seach har fansiden oan, syn eagen grut en glei, it wie as gie dy keardel dwers troch syn eagen hinne yn syn sjen, sa moast in bolle sjen dy't in dúnske ko ûntdekt.
- Kom no, sei er.
Se suchte, lûd en wrantelich.
- Noch efkes.
- Dan bliuwst mar, ik gean nei hús.
Se loek oan 'e skouders en liet him fjouwerkant sitte. Se draaide har nei wouter, dêr't se fuort mei yn petear gie, nei him oer bûgd, ynlik. Ferdomme, wat miende se wol? Hy wie gjin lucht, gjin boartersguod. Hie er
| |
| |
boppedat it rjocht, en hâld syn eigen wiif fan hite manlju ôf. Hy koe har dochs har gong net gean litte, dan soe se yn no time mei him ûnder de tekkens lizze. En allinne nei hûs? Wa wit wat der dan barre soe, dan wie se fansels op slach nei him fuort, mar net om nei hûs te gean, en nachts wit hoe let soe se thúskomme mei opteine ferhalen oer it feest, dat sa moai west hie, mar wêr't dat feest him ôfspile hie soe se der wol net by fertelle.
- Moatst nei dat frommeske ta gean.
- Gjin belang by.
De ober plante in glês bier foar him del. Oan wa hie er dat no wer te tankjen, trije kear riede, roel net, goed, himsels net, ek goed, wouter, al wer goed. Wat koe it him skele? As der ien sa gek wie en jou oan ien tried wei bierkes út, nochris in kear goed.
- Proast.
Hy fage it skom mei de efterkant fan syn hân fan 'e lippen. Wat koe it him skele? Hy soe syn bier wol drinke, laat anke maar zorgen, wouter weet zijn weetje wel. Hy naam noch in fikse slok. Hy tikke anke op it skouder.
- Dû bist ûndogensk, sei er.
Wouter lake lûdop, syn wite tosken stiene alderjammerdearliksten geil te skitterjen tusken syn willige lippen.
- En dû meist net laitsje om grapkes dystû net begrypst.
Wouter bleau yn syn laitsjen hingjen. Hy wist net hoe't er der mei oan moast. Helpleas seach er nei anke. Anke smiet him in lilk sjen ta en holp wouter út syn twifelmoedigens. Syn gesicht klearre ynienen op. Hy lake wer lûdop.
- Gean nei dat frommeske ta, sei anke.
It klonk hast as in befel. Hy gnyske har oan, loek oan syn skouders, pakte it pilske fan 'e tafel en gie nei it plak, dêr't roel mei it frommeske siet te praten.
- Stel my foar, wolstû?
Roel gie plichtmjittich stean.
- Astrid.
- En wie stelt u voor, frege se.
Se naam syn grien kostúm op, de reade kûthoazzen ûnder de knibbelbroek wei, syn gespen op 'e skuon, syn grutte swarte hoed, dy't earne efter op syn holle omtyspele.
| |
| |
- Godefridus, sei er.
- Wie is dat?
- Een goedkunde van gijsbert japicx.
- Die kerel is driehonderd jaar geleden gestorven, is het niet?
- Jammergenoeg, ja.
- Gecondoleerd.
- Dank u.
Se gie wer sitten, gnyskjend. Har brune eagen namen him oer de tafel hinne nochris op.
- Wat drinkt u, frege er.
Se seach nei syn hân, dêr't it glês noch hyltiten omspankere.
- Pils graag, sei se.
Hy bestelde twa nije pilskes. Hy mocht der wol oer, dat froulju pils dronken, it joech wat fan kammeraatskip, tegearre pils hijse, mei in freon wie it al in beuzichheid en tink ris ta, mei in freondinne.
Roel joech him ôf. Hy fielde him ynienen net sa linich mear. Sy krige wat fan tebekhâlden. Anke siet noch mei wouter yn it hoekje, ticht tsjinelkoar oan, se murken net, dat der om har hinne in feest fan komsa oan 'e gong wie, se hiene allinne mar each foar elkoar.
It feest wie op syn hichtepunt. Elkenien prate mei elkenien, elts wie drok yn roeren om syn dwaan te stjoeren, dêr't se muoite genôch mei hiene, as âlde gysbertom dit witten hie, en godefridus ek noch, ekkele, mei in oerhoerige frou yn it hoekje, dwaande geastlik te kopulearjen mei in oare gysbertferearder. Wêr't gysbertfeesten al gjin oanlieding ta joegen.
- Wie was die-eh gode... nou ja.
- Een kerel uit het één of andere werk van ome gijsbert.
- Schrijft ome gijsbert goed?
- Nooit gelezen.
- Foei.
- Alleen het stuk, waarin ikzelf voor kom.
Se lake. In ober plante de twa glêzen foar harren op 'e tafel. Se pakte it iene fuort yn 'e folle fûst.
- Santee.
- Proost.
| |
| |
Se dronken. Hy naam har fansiden op, Blikstienders se mocht der wêze, ûnder har truike twa famkeseftige, teare ferhegingen, in rank halske, it hier dat yn 'e nekke woelich omkrolle.
Anke kaam op harren ta. Hy stelde har foar. Astrid naam anke wat neigeanderich op, hy stie der wat skutterich by. Hy winske, dat se dêr mar wei wiene, it bier gie him nei de holle, hy slokte in pear kear.
- Ik heb je lief, sei er tsjin astrid.
Anke lake, har holle yn 'e nekke. Wouter folge al har bewegings, hy liet har net los. Hy hâlde wouter krekt yn 'e rekken, hy seach alles wat er die. Hy seach, hoe't wouter anke mei de eagen opfriet, hy wie har oan it útklaaien, syn hannen, dy't spraat op it taffeltsje leine wiene as op har hûd, syn hannen leine dêr glei en taasterich op it reade kleedsje. Der kaam ynienen in waas foar syn sjen. Hy lei syn hân op 'e tafel, wurgens skeat him yn 'e knibbels.
- Wat is er? frege astrid.
Hy gie sitten. Wurch naam er noch in pear slokken fan it bier. Hy suchte.
- Ik heb niet gegeten sinds vanochtend.
Se naam him mei, de strjitte oer, se hie him yn 'e earm. Hy fielde him in sûch, de bûtenlucht sloech him kâld yn it antlit. Yn 'e fierte seach er in buordsje mei kafetaria.
- Dus dat was je vrouw.
Hy knikte fan ja. It ynteressearre him net mear, wat koe it him skele. As astrid mar by him bleau, wat dan noch, se rûnen dêr ommers tegearre, wat soe der barre kinne. Hy woe bier ha, earst iten en dan bier. Se frege wat er ha woe, hy die in taast nei syn beurs, ynienen wist er, dat dy yn syn klean sieten, yn 'e klaaikeamer.
- Wat wil je?
- Eten, sei er.
Hy wist it sa lyk net mear. Se hâlde him in pear knakwoarstjes ûnder de noas. Hy krige it kartontsje oan.
- Smakelijk, sei er.
Hy iet der oardel fan op, de oaren liet er op it bankje lizze. Taastend nei syn beurs rûn er by de automaten lâns. Syn hân tsjin de koele gleskes en de nikkelen rântsjes.
| |
| |
Se naam him wer yn 'e earm. It wie tsjuster wurden. Se giene werom.
- Ik wil pils, sei er.
It lawaai barste harren yn de seal temjitte. Anke kaam op harren ta.
- Wy gean fuort.
- No wol ik net.
- De taksy komt.
Hy plukte mei syn wiisfinger tusken har boarsten.
- Ik wol nèt nei hûs.
Hy klampte in foarbygeande ober oan. Hy bestelde twa pils. De ober seach freegjend nei de beide froulju. Anke kearde har om, loek oan 'e skouders.
- Je moet niet meer drinken.
- Nog ééntje.
Anke mûskoppe mei wouter. Wouter hie de hân om har hinne. Tegearre kamen se op him ta.
- Moatst net miene, dat der wat is tusken my en dyn wiif.
Hy seach wouter oer de râne fan syn bierglês oan.
- Nééééé, sei er.
Astrid lake lûdop.
- Astrid giet mei ús nei hûs, sei anke.
Astrid loek har wynbrauwen omheech. Hy fûn it goed, se moasten it mar witte. Hy liet him yn in stoel sakje, it glês bier yn beide hannen. De oaren wiene noch drok oan it feestfieren, teminsten it ploechje dat it folhâlden hie. Astrid kaam by him.
- Moet ik mee?
- Altijd.
Se tilden him op. Hy reage se mei syn earmtakken oan kant. Bûten stie de taksy te wachtsjen. Astrid naam him mei efteryn. Hy woe sliepe, langút lizze, sliepe en fuort wêze. Hy lei syn holle tsjin har skouder oan, se die har earm om him hinne en streake troch syn hier. Hy pakte har hân, joech der in tút op. Hy fielde him ynienen feilich. Laitsjend spatte anke de taksy yn, se siet nêst wouter foaryn, wouter hie de earm om har hinne, miskien fielde anke har ek wol feilich, hy gnyske, of geilich of tegearre ûnder seilich, sa fielde anke har miskien wol. Hy kroep ticht tsjin astrid oan. Se lei syn holle yn har holtsje. Hy sliepte.
| |
| |
Astrid stompte him wekker. Se wiene thús. Astrid hie syn bondeltsje klean oer de earm, anke en wouter wiene ferklaaid. Hy hie ferdomd net iens murken dat se stoppe wiene. Hy hie in barstende pineholle. Astrid holp him de taksy út. Anke en wouter wiene al yn 'e gong, it ljocht skynde oer 'e dyk. Hy strampele der yn, skuorde de snor ûnder syn noas wei, smiet de hoed earne yn 'e hoeke en makke de wite, siden kraach los.
- Waar is anke?
- Ik weet het niet.
Se giene de keamer yn, gjin wouter en anke.
- Laat maar, sei er.
Astrid gie yn in stoel sitten.
- Ze zijn naar bed.
Hy spatte op 'e doar ta, godferdomme en dat yn syn eigen hûs, dêr lei se mei frjemde keardel op bêd, hy soe dy wouter fergeemje. Hy skuorde de doar iepen. Ynienen koe er net mear. Hy die de doar wer efter him ticht. Hy gûlde. Astrid gie op him ta, die de earms om him hinne.
- Waar slaap je?
Hy knikte nei boppen. Se die de doar iepen.
- Kom maar, sei se.
Se naam him mei nei boppen. Op it útfanhûzerskeammerke baarnde in skimerlampke. It bêd kreake. Hy rûn der rûngear bylâns, op astrid hingjend. Se die de doar fan de sliepkeamer iepen.
Se klaaide him út, sloech de tekkens foar him iepen. Hy fielde de koele lekkens troch syn pyama hinne. Hy lei mei grutte eagen nei it plafond te stoareagjen. Astrid die de earms om him hinne, helle him oan, joech him lytse nammen. Hy kroep har gûlend oan.
Hoe moast dit no? Hoe moast dit no? Astrid, hoe moast dit no? Anke, wêrom hast it dien. Wêrom, wouter, wêrom moast dit.
Hy hearde in doar. Hy spatte oerein, fleach oer astrid hinne.
- Wat zul je?
- Naar anke, ze heeft me nodig.
- Doe dat nou niet, je maakt het er minder door.
- Nee, ze heeft me nodig, ik moet met haar spreken.
Hy sloech de doar efter him ticht.
| |
| |
Wêrom giet in houlik mis?
Om't it oars is as men tocht, om't it oars útpakt. Om't men de moed net hat diggels op te romjen en soms, om't men de kâns net kriget diggels op te romjen. En soms moatte der diggels makke wurde, om wat op te romjen, dat al lang net mear doogde. In âlde panne smyt men fuort, in misrûn houlik lit men skiede.
Sa heart it.
En it doogde net. Fan 'e miet ôf oan doogde it net, wy hiene it ússels earder bekenne moatten, dat hie foar ús beide better west, foar beide minder pynlik. Mar it is slim, in mislearring ta te jaan, dêrom docht men it leaver net. Wy hiene fuort nei dy earste kears earlik útprate moatten, dat is net bard, der is draaid, goedpraten, fersêfte, ferfalske.
En soms, as wy rûzje hiene, frege ik anke:
- Hâldstû fan my?
Dan hie se planút nee sizze moatten, net allinne de lêste pear moanne, mar earder, foar't de plannen ta myn stúdzje makke wiene, ear't wouter op 'e lappen kaam, sels ear't watse om hoeke kipe.
Wy hawwe elkoar net wier lokkich meitsje wollen, wy hawwe de moed net hân dat te dwaan. Ek yn it mislearjen wie dy moed der net.
Fansels is in skieding maklik. It lost neat op, men ferliicht der in tal jierren mei dat dochs net wei te riddenearjen falt. Der bliuwt allinne mar in leech tiidrek oer, men giet útelkoar en fierder neat. Men hat in kear troud west.
It begjint sa maklik, men giet tegearre op 'e koffer, alles falt ta en de sliepkeamer stiet fol roazen. En dan komt der op in goede dei wat, men kriget rûzje, ien fan beiden rekket fereale op in oar. Dan brekt de hel earst goed los, jaloerskens oant yn de achtste graad, minderweardichheidsgefoel, masogisme en sadisme, de hiele reutemeteut komt boppe, asjebleaft. Jankerijen, ferset, sênes fan formidabele ôfmjittings, goedmakkerijen, dy't op itselde stuit op in nije rûzje útdraaie. Men ferliicht jinsels en jins partner yn in skieding. It begjin wurdt kapot makke en sinleas ferklearre.
| |
| |
Soms is dat goed. As it fan it begjin ôf oan in fersin west hat. Wie it in fersin fan anke en my? Fan anke ja, fan my? Ek ja. Foar de moraalproseduere wie anke oars as der nei. Se begriep minder, se hie minder geduld, se lake minder. Miskien hat dat oan myn gedrach lein, mar ik kin mysels dochs net feroarje? Ik kin mysels wòl feroarje! Hoe krige ik it yn 'e kop, anke dingen dwaan te litten dy't ik net oan koe? Wêrom die se it?
Dêrom giet in houlik kapot.
Hoechst net te praten, ik wol by dy wei.
Dan gean ik dochs.
(stilte).
Om it dy oan it ferstân te bringen.
Ik ha rjocht op myn gelok.
(stilte).
| |
| |
Kin my net safolle skele.
Ik kin net bliuwe.
(stilte).
It wie dochs bard.
(stilte).
Ik hoopje datst in leaf famke fynst.
Dû hast gjin war foar my dien.
Miskien oars astû tocht hieste.
Nee, hielendal net.
(stilte).
| |
| |
Dû wiest leaf foar my.
(stilte).
(útbarstend) Wêrom hast it dien, wêrom is it sa rûn, ik hâlde dochs fan dy, ik koe it wol oan, ferdomd ik koe it wol oan, dû hoechst hielendal net fuort, dû kinst wol bliuwe, dû kinst ommers dwaan en litte watstû wolst, ik sil dy gjin striebree yn it paad lizze, astû mar bluwst, dû hast it sân jier úthâlden, lit my net allinne, lit my net allinne.
(kalm, bememkjend) Toe jong, meitsje it foar dysels no net minder.
(tige leaf) Dat kin dochs net?
(leaf) Dû witst sels dat it net kin.
Ik wit dat it wol kin.
(stilte)
Akseptearje it no, ik gean dochs fuort, meitsje it foar dysels net minder.
(ferdúdlikjend) Om't it net kin, om't ik net fan dy hâld, om't ik dy bedondere ha, om't ik by dy wei wol.
(leaf, mar skerper) Dat is dochs dúdlik? Ik wol mysels wêze, frij wêze, sûnder dy.
Om't it net kin.
(stilte).
Ik soe by dy bliuwe kinne, as suster, as húshâldster.
| |
| |
Dû bist te leaf.
(stilte).
Lit it ús besykje as kammeraten.
Der soene problemen komme.
(bememkjend) Gean no mar.
Wêrom bestû sa stiifkoppich?
Ik kin dy net leauwe.
(stilte).
Dû silst it leauwe moatte.
Miskien komme wy elkoar letter nochris tsjin, dan silst my gelyk jaan, dan silst mei my prate as mei in âlde freon. Dan silst it begripe.
| |
| |
(ynienen fûl) Snapst it dan net? Ik haatsje dy, donderje asjeblyft op, gean wêrstû wolste, mar lit my, asjeblyft lit my. Ik kin dy wol spuie.
(stilte).
(fûl) Gean dan dochs.
(stilte).
(stadich) Dû hâldst net fan my.
Se hâld net fan my.
(stilte).
Ik kaam mei de ferhúswein foar. Wy sjouden de boel der yn, sierd en douwe en astrid en ik. De hiele swik ferdwûn der yn, de skilderijen, de boeken, de stelten fan beppe, alles. Sierd lake en gie oan, douwe die syn bêst en it rûn allegearre, mar net ien hie wille.
Anke siet yn 'e sinne efter, by de reinwettersbak, op 'e lisstoel. Se waard mei de dei bruner. It swimpak siet har getten om 'e lea.
Anke, wêrom moat dit, wêrom litstû it ta dat ik ferfar, dat ik moarn twa ferhúskaarten helje? Begrypst it net, fielstû dan hielendal neat? Fielstû dan hielendal net, dat ik hast rin te snotterjen, dat ik de pest yn ha, dat it net rint sa't it rinne moat? Wêrom leistû dêr, mei dyn hearlike skonken, wêrom leistû yn 'e sinne en tinkst net oan my?
Aanst moat ik nei mem, ik kom mei de ferhúswein foar, dêr bin ik wer nei sân jier, op itselde plak dêr't ik begûn bin. Hoe moat dat anke, wat komt der fan my terjochte sûnder dy? Wat moat
| |
| |
ik astû der net biste om my rie te jaan, hoe rint alles astû net seiste hoe't it moat?
En sierd en douwe en astrid dy gnize dat it wat docht, it hiele hûs laket en dû leist dêr mar, dû glimkest en tinkst net oan my. Ik wol net by dy wei, god nee, ik wol by dy bliuwe, salang astû mar wolste, ik wol dy fiele, nêst dy sliepe en dy laitsjen sjen.
Douwe kaam by my, hy sei, dat it klear wie. Yn syn eigen wein hie er ek noch wat dien, it koe allegearre net yn de ferhúswein. Sierd siet mei astrid te praten en te gnizen, de sinne skynde fûl troch de ruten, ik stie healwei de trep en seach anke troch de finsters fan de efterdoar. Se lei dêr mei harsels, tinkend oan wouter miskien, se lei dêr hearlik harsels te wêzen, en ik stie op 'e trep en snottere hast.
Ik starte efkes letter de wein. De motor sloech grommeljend oan, ik tocht, hoe't it foar altyd foarby wie en ik ferflokte de dei dat ik har ea sjoen hie. Dy anke, mei har begripende glim, dy anke mei de skeinspruten en dy opnimmende eagen, dyselde feroare anke, dy't no mei harsels by de wetterbak lei en my fergetten wie.
Se lei dêr sa hearlik, se glimke, har skeinspruten leaflik en gutich op har antlit, anke mei it grutte hert, anke me de griene eagen, anke mei it kweajongeshier, anke mei de lippen fan read.
Ik swaaide de auto. It lûd fan de motor sloech tsjin de gevel fan skoalle oan.
De útlaat rikke. Oer in kertier soe de boel teplak wêze.
(Astrid). Je ziet, dat ik moeilijk tot concrete uitspraken kom. Nog steeds ben ik je niet op het spoor. De conclusies, waartoe ik meende te kunnen komen, zijn voor meer dan één uitleg vatbaar en dus zwak.
Ik weet niet, of ik spijt heb. Nee, onjuist, ik weet het wel, ik heb géén spijt. Daarin heb je alweer gelijk. Achteraf zie ik in, dat ik aan het lijntje werd gehouden en dat ik voor anke een goed salaris en een zekere status betekende. Misschien is de verhouding van anke met wouter van haar kant wel een verwijt aan mijn adres geweest, omdat ik weer wilde gaan studeren. Zij moest voor een gedeelte van het inkomen zorgen, en waarschijnlijk beviel haar dat niet.
| |
| |
Astrid, ik blijf vragen. Wat is jou rol geweest? Achteraf is het misschien niet zo interessant meer alles te weten, het heeft bovendien zo weinig zin, te roeren in een put, die toch gaat stinken. De feiten blijven zoals ze zijn, ze veranderen niet. Jij hebt geholpen, uit welke motieven dan ook. Zonder jou zou ik ergens verzopen zijn. En toch zou ik je nog graag eens spreken, want ik ben nieuwsgierig naar jou oordeel na zoveel jaren.
Ook cor vraagt zich voortdurend af, wie jij was en wat je was. Hij weet ook geen raad met jou in dit opzicht
Hoe het ook zij, je bent moeilijk te plaatsen. Je intrigeert me, althans, jou daden intrigeren me. Je bent een punt in mijn bestaan geweest, zonder voorgeschiedenis en zonder vervolg. Of het moest die foto zijn, in de etalage.
|
|