| |
| |
| |
Acht
(Anke). As wy rûzje hawwe is der in grutte ôfstân tusken ús. Dyn eagen wurde ynienen smel en tige koart. Dyn nekke liket stiif, dû draaist dy om mei in koarte skok en dyn lichem is koel en spand as in fear.
Dû seist neat, dû stiest mei stûfe lippen nei bûten te sjen, dêr't de fûgels yn 'e beamwâl fluitsje en slaan. Dyn iene hân yn 'e side, de oare earm lang by dyn lichem lâns.
Ik sjoch dy op 'e rêch en ik kin de ôfstân net oerbrêgje. Ik wol nei dy ta gean, sizze leafste ik hâld fan dy, mar it is oars en ik gean net. Der is wat bard, dat as in muorre tusken ús stiet.
Dyn stil gean yn 'e hûs, dyn eagen dy't hurd binne en dyn lippen mei in tear. Wat giet der yn dy om, datstû by my lâns rinne kinste sûnder my te sjen. Dyn hân giet yn it foarbygean net op myn skouder of troch myn hier, en it spyt my net dat it giet sa't it giet.
Myn leafste wol ik sizze, myn leafste, ferjit it en wês sastû altyd biste mei dyn hearlike griene eagen, dy't altyd fleurich binne en laitsje, mei dyn mûle dy't sjongt en dyn waarmte dy't altyd by dy is.
Wat is der sa wichtich, dat it in ôfstân lizze kin tusken dy en my, in ôfstân, djipper en langer as ljochtjierren. Wêrom gean ik net nei dy ta om dyn stûfens yn laitsjen te feroarjen? Wêrom bliuw ik lykas dy, ik sit op 'e bank en yn my is it leech en hol. Astû roppe soest, is der gjin neigalm yn my, mar dû ropst net en dû litst my allinnich.
Allinnich lit ik dy. Dû mei dyn stûf sjen en dyn hurde eagen en dyn mûle sûnder glim. Ik woe, datstû begjinne soest te gûlen, dan soe it makliker wêze om dy te sizzen, dat it allegearre oars is en dat wy it ferjitte sille.
| |
| |
Dêr stiestû. Dyn rêch rjocht, dyn holle yn 'e nekke. Hoe moat ik sizze, dat ik fan dy hâld en tagelyk net fan dy hâld, dat ik myn earmen om dy hinne lizze wol mar it tagelyk net kin, dat ik dy tagelyk streakje wol en sear dwaan?
Ik sjoch dy stean, de wjerskyn fan dyn hurd gesicht is yn it rút. Dyn twa foarste tosken komme net om 'e râne fan dyn lippen hinne, dyn lippen, dy't smel binne en om dyn wurden hinne tichtknypt. Der is gjin lûd, dat om dy hinne dûnset en slingers fan kleur om ús hinne leit.
De keamer is leech en keal, de gerdinen hingje stram en strak fan 'e reel, de blommen yn it finsterbank hawwe rook noch kleur.
Myn leafste, wêrom binne wy sa, wêrom is der gjin fleurigens tusken ús, wêrom is der wat tusken ús kommen, dat sa swier as in stien yn ús hannen leit?
Dû draaist dy om, yn dyn eagen is fertriet, en iensumens is der yn dyn sjen. Astû dyn hân útstekste sil it ienfâldiger wurde en maklik. Wêrom stekstû dyn hân net út?
Wêrom jou ik dy myn hân net?
Ynienen is it laitsjen der. Tagelyk laitsje wy, dyn lippen teare iepen, witens fan dyn tosken is helderop en fleurich tusken dyn lippen, dy't ynienen wer folread en waarm en fleurich binne. Dyn eagen sparkje wer, de fûnk is yn dyn sjen en dyn lea is ynnimmend wer.
Wy geane op elkoar yn, ús earms om elkoar hinne, dyn praten is yn myn earen, myn streakjen op dyn rêch. Ik fiel dyn sykheljen oer myn wangen, dyn rook is om my hinne, dyn wurden lizze in waas fan iepenheid om my.
De blommen bloeie wûnder yn it finsterbank, de gloede yn de gerdinen teart slachs iepen, it slaan fan 'e fûgels yn de beamwâl kriget wer helderheid en sin.
Myn brûnzen leafste, hark, it ljocht is fol klinken, de dei is grut, fol en masterlik en blau.
Dyn laitsjen is yn myn gesicht, de witens fan dyn tosken makket my licht en folle helderder, dyn laitsjen is it lok, dat maklik yn ús leit. Myn leafste, myn blauwe frou, myn einichst lot.
Dyn omfiemjen is om my, ik lis iepen en bleat yn dy, dyn gesicht is tige iepen en mear as ûntsletten.
| |
| |
Ik sjoch de blankens fan dyn witten, de witens fan dyn gebearten.
Yn tûzen wurden sil ik dy sizze wat ik bin, yn tûzen kear tûzen wurden sil ik dy fertelle, hoe 't ik nei dy iepengean.
Mei ytlike gebearten sil ik dyn stal neigean en sizze: myn breid is keninklik, keninklik myn breid. Ik sil dyn namme skriuwe mannichfâld mei teare letters, fol fan rûnens en leaflikheid, en dyn namme sil wêze: heliotroop.
Ik haw noait wer wat fan watse heard. Hoe soe er reagearre hawwe op myn brief? Soe er him ferslokt hawwe yn syn tee? Soe syn hert twa of trije kear oerslein hawwe by it lêzen fan myn brief? Of soe er yn gnizen útbarst wêze?
Ik sjoch him al, syn bek as in skuorre sa wiid iepen, syn lea skoddet fan de druk op syn laitsspieren, syn knibbels knipe tsjinelkoar oan fan spanning, krekt as komt er klear.
Ien ding is wis, ik haw myn fjirtich gûne oan ûnkosten noch noait. Hy hat se hâlden, dy smearlap, dy jildwolf, dat ik moat no noch sa'n hûnderttweintich gûne fan him hawwe. Wat soe er mei dat jild dien hawwe? Syn frou in jurk jûn, syn dochter nei de kapper stjoerd, syn soan in pear fuotbalskuon jûn, syn tsjinstfaam in dei ekstra frij jûn mei fergoeding fan ûnkosten, de kankerbestriding in dûseurke of in pear flessen drank ekstra?
Ik tink it lêste. Mei de skimerlampen op, in pear romerfollen bearenburch op 'e tafel, dûnset er yn 'e hoeke fan 'e keamer om dat feest te fieren, hy dûnset mei syn wiif, wylst er tinkt oan anke, dy't allinne yn har flat sit en nedich ferlet fan manljusselskip hat, oan anke, dy't ûndertusken yn 'e steek litten is troch dy wouter en no net mear wit, wa't se talitte moat. Dan watse mar, jierrenlang lyn al oan 'e kant set, watse, dy't har ferret en ferliigd hat, watse, dy't har stikke litten hat, mar better as neat, dy watse.
En hy dûnset mei syn frou yn 'e hoeke fan de keamer, syn wiif sa grien as gers, mar se wit net, dat watse oan anke tinkt, dy't op him leit te wachtsjen en har skonken al mear as iepen docht.
Dat docht er allegearre fan myn jild, dy watse. Dy hûnderttweintich gûne moast stikken, dêr holp neat oan, dy moast op, hy
| |
| |
hie se no dochs oer en tefolle. En wylst er dêr yn 'e hoeke fan de keamer mei syn wiif dûnset, tinkt er oan anke en my, om't er my sa keurich ôfsetten hat en om't er net fan doel is, my dy hûndert-tweintich gûne te stjoeren.
En wylst er oan my tinkt, komme wide bylden by him omheech, swide úts joggen fan grutte banksteaten, dêr't getallen op stean fan sa'n sifer of fiif, seis, sân. Hy sjocht grutte auto's, noch grutter motorboaten, kapitalen oan rinte en flats mei mêtresses en sa. Sjampanje tinkt er oan, remy martin. Sa is dy watse, direkteur fan ‘it fryske selskip’.
Mar dy hûnderttweintich gûne betellet er my net út, dy krampeftige knuppel, dat net, hoewol't er dondersk goed wit dat dy pakken fan my op it toaniel in goede gisel krige hawwe, dat myn ingelskhimden net mear te brûken binne, dat ik wit-ik-hoe-folle kilometer foar him riden haw. Mar betelje docht er net, dy watse.
Sa wurdt er ryk, sa kin er syn ûnkosten fan myn ûnkosten betelje, sa hinget er de grutte jonge út.
Lit him stikke, dy watse, lit him gearsiede yn syn banksaldi, lit him smoare. Lit him krepeare oan dy hûnderttweintich gûne by in hoer.
Ik siet yn it oranjehotel. Ik dronk in pilske om't ik sin oan pils hie. Ik siet der gewoan in pilske te drinken, En ynienen, wa komt der yn? Krekt, watse. Hy seach yn syn hiele eigenwizens de seal oer, hy glimke grutsk en gie de seal yn. Fansels socht er in plak by it rút, dy watse, dan koe elts dy't op 'e strjitte foarbykaam sjen, hoe't hy him permitearje koe yn it oranjehotel te sitten. Doe't er my foarby gie, seach er my net. Ik koe oan him sjen, hoe't er my wol sjoen hie, mar hy die krekt as wie ik der net.
Ik sei lûdop: - dach mynhear deelstra.
Hy seach net iens. Syn kop stie sa mooglik noch leger as oars, fan 'e arrogânsje tink.
Wat soe er tocht hawwe, doe't er myn taffeltsje foarbyrûn? Soe dy hûnderttweintich gûne him dwers sitten ha? Of hawwe sokke lju dêr gjin lêst fan? Binne se sa hurd, dat se in skuldeasker foarby- | |
| |
rinne kinne, sûnder in kaam te krijen? Watse sa't bliken dien hat wol, dy hat gjin lêst fan sokke skrupules.
En dêr siet er, efter syn troch my betelle pilske. Sa no en dan kaam der in goekunde fan him foarby en dan knikte syn holle ynienen noch mear fansiden, hy glimke breed dan en hy hie wat fan in grand-seigneur.
Somtiden bin ik ferhipte nijsgjirrich nei it tinken fan sokke figueren. Wat giet der yn har hollen om? Soene se nachts op bêd as se net sliepe kinne wolris wekker lizze mei in morele kater? Soene se harren wolris foarnimme, om it tenei dochs mar better te besykjen? Ik woe soms wol, dat ik wouter of watse wie, noait gjin lêst mei jinsels, altyd frede mei jinsels en de dingen om jin hinne. Jins rûp stekke kinne yn elts rau stik fleis dat him foardocht, wat in libben! Ien ding soe ik dan lykwols hoopje: dat der yn 'e hel bier is.
Ik sil myn hûnderttweintich gûne wol noait krije.
Ik siet earne oan in bar. Ik hie de smoar yn en tocht oan anke, dy't op dat stuit har wol fermeitsje soe mei wouter, wylst ik my tefreden stelle moast mei in goar pilske, dat hjir boppedat fierstente djoer wie. Ik soe krekt fuort, doe't der in moai frommeske yn kaam. Lang, brune eagen, dûnker lang hier. Goed klaaid, knap, moaie skonken seach ik, en knibbels dy't koket ûnder it reade rokje wei kipen. Se gie in eintsje fierderop sitten en bestelde in pilske. Ik seach har hyltiten efkes skean oan, se dronk har pilske stadich, mei in leaf tonkje fage se justjes de wite flokjes skûm fuort, dy't op har lippen sitten bleauwen. Ik frege my ôf, watfoar frommeske dat wie. Soe it in hoerke wêze, dat se allinnich yn sa'n bar kaam, of soe se in ôfspraak hawwe? Yn dat gefal moast dy keardel wol in grutte slûgert wêze, wa lit sa'n frommeske in hoart wachtsje? Ik tocht, dat it miskien gjin kwea koe, om har wat oan te bieden. Ik frege de barkeeper, oft er it frommeske in pilske jaan woe en efkes letter skode er har in glês pils ta. Se seach him freegjend oan, der waard wat argumintearre, mar se naam it oan. Se dronk har earste glês kalm leech en skode it fan har ôf. Se pakte myn glês, seach myn kant út en proaste.
| |
| |
Ik socht kontakt. Ik joech har nochris in pilske. Oer de romte dy't der tusken ús wie hinne, begûn ik in petear, se gie der op yn. Sa no en dan lake se. Doe frege ik oft ik nêst har komme mocht. Se hie der gjin beswier tsjin, dus naam ik myn pilske mei en gie nêst har sitten. Der hinge parfumrook om har hinne. It sei my dochs wol wat, sa nei tiden nêst in frou oan 'e bar te sitten, ik fielde my hast by har thús, my ûndertusken ôffreegjend, oft ik ek betelje moatte soe as ik mei har gie, as se dat tastie.
Ik frege har, oft wy ek earne oars sjen soene. Se hie der gjin beswier tsjin, dus giene wy earne oars hinne. Se naam my op strjitte fuort yn 'e earm. Ik hie der wat in hekel oan, tink ris ta ik soe in freon tsjinkomme, mar ferdomd, ik wie op 't lest skaat, dat koe it anke of myn freonen wat skele as ik mei in oar frommes de stêd wat op-en-del spankere?
Wy dronken hjir en dêr noch wat. Doe't it slutingsoere hyltiten tichter by kaam, wist ik it net sa goed mear. Hoe soe ik it oanpakke moatte? Ik koe har slim mei nei hûs nimme, mem soe raar sjen as ik de oare moarns mei in wyldfrjemd frommes fan 'e koai kaam. Ik frege har, wat wy soene. Se wist it net, dêrom frege ik oft sy in bomfrije keamer hie. Dat hie se al, dat ik kocht noch in pear fleskes pils en wy setten nei har keamer ta.
Wy dronken de pilskes, ûndertusken hie 'k har alris tute, se gie der op yn, dat problemen fandatoangeande soene der net wêze. Efkes letter leinen wy op har bêd te donderjen. Miskien hie sy der ek wol ferlet fan. Mar doe't it wêze soe, koe ik neat. Dêr lei ik my te skamjen, mei in lytse jonge dy't it ferdomde om hurd te wurden, en ik hie der goddomme mei it bier ek noch wol rekken mei hâlden. Ik koe it keunstke net dwaan, dêr't wouter en watse har han net foar omdraaie, ik koe it net, sadree't in oar as anke nêst my lei.
Ik wist net, hoe hurd ik fuortkomme moast. Ik griste myn klean byelkoar, ik smearde him, it frommeske efterlittend mei in frustraasje fan hjir oant dêr. Ik koe it fergeemje net.
Hy smiet syn jas efter yn 'e wein. It portier klapte er fûl efter him ticht. Fluch starte er de motor, dy't dûnker en triljend begûn te rinnen. De
| |
| |
wizer fan de toereteller skeat foarút as er syn foet op it gas sette. Doe smiet er de wein yn 'e efterút. De foarbumper skeat omleech, de wizer fan 'e toereteller siet tsjin de reade streek oan. Oerhingjend yn 'e karossery naam de wein efterút de bocht. Mei tuskengas skeakele er oer nei ien. De buorfrou stie foar it rút te skodholjen. Om har te pesten joech er ekstra gas foar't er de koppeling komme liet. De sportwein skeat út ein mei knetterjende útlaat. Op 'e hoeke stiene de jonges te sjen. Doe smiet er de wein yn twa, sjongend gie de moter oer. Fier foar it fyftichkilometerboerd siet er op hûndert. Hy nestele him nochris noflik yn it stuoltsje, dat er op 'e efterste stân sakje liet. Doe drukte er it gas yn, de motorkap kaam omheech, de útlaten knetteren, de toereteller skeat foarút. Los hingjend yn it stuoltsje stjoerde er de bochten troch, syn hannen los om it stjoer. Hy fluite. De dyk skeat hurd ûnder him troch. Op 'e grutte dyk helle er in pear kear masterlik yn, op it kritike momint omleech skeakeljend, gûlend sette de motor op 'e nij út ein, oplûkend nei maksimum toeren. Hy suchte as er tusken de auto's troch skeat, laitsjend seach er om, doe't ien fan de de sjauffeurs mei de ljochten knippere en klaksonearre. Foar him ûntdiek er ynienen in cooper. Hy trapte it gas fierder yn. Doe't er nest it bakje kommen wie, drukte er in pear op 'e klakson. De cooper naam it oan. Yn 'e spegel seach er, hoe't de sjauffeur der foar sitten gie. It bakje kaam ynienen hurd tichter by. Hy joech noch wat mear gas, it bakje sakke ôf, mar helle ek fuort wer yn. Hy seach op syn toereteller, it koe noch sa'n achthûndert toeren lije. Hy liet de cooper komme. Doe't dy ynhelje soe trape er it gas nei de planke. De cooper bleau wer efter.
Ynienen hie er der gjin nocht mear oan. Hy liet de cooper ynhelje. Doe't dy him foarby gie seach er nêst it wurd cooper in s stean. Dat hie er dochs noait hâlde kinnen. It fjouwerkante bakje waard foar him hurd lytser. Hy sakke ôf nei sa'n hûnderttweintich. As er sa trochgie soe er dochs fierstente betiid wêze.
Foar it stasjon sette er de wein keurich tusken de twa streken. Hy hie der gjin sin oan om mei dit waar yn 'e restauraasje sitten te gean, dat hy joech him del op in bank foar it stasjon. Hy seach wat om him hinne, makke it wyske ôf, dêr't er ûnder de race yn hingjen bleaun wie. De minsken seagen him oan, in frommeske dat foarbykaam gnyske wat. Hy hie der gjin hinder fan. Aanst soe kathy om 'e hoeke by it hotel stappe,
| |
| |
hy soe har oankommen sjen, har jong rinnen sjen yn 'e sinne, har hier dat op har skouders dûnse, har skonken feardich en brún ûnder har jurk út. Har gesicht soe er yn it tichterbykommen sjen, har gesicht, dat jong wie en moai en begripend. Miskien soe se it griene lint wer yn har hier strikt hawwe, se wist dat er dat moai fûn, dat miskien.
Aanst soe se nêst him sitte, der soe in stil swijen tusken har wêze yn 'e auto, se soe sizze, dat er net sa hurd ride moast, mar oan har gesicht koe er sjen, dat se it moai fûn, hy soe it gas fierder yntraapje, se soene mei syn twaen oer de dyk stowe as reek.
In hûn boarte tyskerich mei de snuten fan syn skuon. Hy beweegde se fûl, grommeljend en grânzgjend biet de hûn der yn, swypsturtsjend dat it net moai mear wie. Eltse kear as er de snuten weromloek die de hûn in nije útfal, syn tosken bleat, as er net better wist, soe er der bang fan wurde. Der kamen skrassen op 'e snuten, dat hy stiek syn fuotten ûnder de bank, mar de hûn die gjin lichten. Hy woe mar, dat er it beest kwyt wie. In skop tsjin 'e bek oan soe fansels in heap opskuor jaan, hy seach it al, hy het dat beest slagen, is 't gyn skande, soa'n groate kearel, en dan in beest skoppe, hy moest 'm skame, en nou is d'r gyn plysie fanself, nou siene je de kearels niet. It foarwerp fan 'e ellinde soe fansels al jankend fuortflein wêze.
Hy seach de stasjonsstrjitte del. Yn 'e fierte kaam kathy oan, har ljochtgrize mantel wie laitsjend yn 'e sinne. It ljochte hier gie op har skouders mei eltse trêd op-en-del.
Hy rûn har yn 'e mjitte. De hûn fleach wyld omheechspringend om him hinne. Hy joech it beest in triuw, it bleau efkes stean, syn kop skean omheech. Mei syn skoech treau er it beest fuort, dat omsjend de strjitte oerstiek, it ferkear oan alle einen en kanten yn 'e hobbel jeiend.
- Hoi, sei se.
- Hoi.
- Is dy hûn fan dy?
- Nee, ik koe him net kwyt wurde.
Der wie wat mei har. De blierens wie út har gesicht wei, der wie wat, dat him frjemd wie en dat er fan har noch net earder sjoen hie.
Hy draaide it portier foar har fan 't slot. Se die har mantel út, dy't se oer sines hinne op 'e efterbank smiet. Se liet har yn it stuoltsje sakje, har
| |
| |
iene hân op it dak. Har knibbels draaiden ûnder it dashboard.
Hy gie om 'e wein hinne, draaide it portier iepen en gie nêst har sitten, ûndertusken de kaaikes yn it kontaktslot pjukkend.
- Wêr sille wy hinne?
- Sis dû it mar.
Der wie wat mei har. Se wie stûfer en koarter. Har gesicht lake net, har ljochtblauwe eagen stiene dûnkerder as oars. Ferline wike hie se noch in plak opjûn, dêr't se graach hinne woe.
Hy starte de motor. Undertusken sloech er har út syn eachhoeken wei acht. Se seach stiif foar har út. Soe der wat wêze dat har pleage? Soe jaap it ûntdutsen hawwe? Soene har heit-en-dy der efter kommen wêze?
Hy draaide de wein hastich. Hy smiet him yn 'e earste en stode de strjitte del. Hy seach har fansiden oan, it plesier wie der net, se hie der gjin nocht oan hjoed. Miskien wie it allinne mar in min sin of in lytse ynsinking of sa, wa wit, miskien wiene der hielendal gjin wichtige saken oan 'e oarder. Mar tink ris ta, as jaap it murken hie of har mem. Hy seach himsels al as kweajonge op it matsje, om syn gedrach te ferklearjen, te ferûntskuldigjen, leaver sein. Hoe moast er dat yn 'e goedichheid hawwe? Hy koe min ferwize nei anke har gedrach, dat soene se punt ien net leauwe en boppedat wie it gjin jildich ekskús. En jaap, dy soe fansels opslach de ferkearing útmeitsje, en wat moast hy dan? Dan wie er moreel ferplichte allerhande gekke dingen te dwaan, in serieuze ferhâlding oangean of sa, allerhande swierrichheden soene ûntstean, fergeemje, wêr hie er him wer yn bejûn? En anke, dy soe 't fansels ek oan 'e weet komme. In gelok dat dy gjin kapsje meitsje koe, dy hie sels mear as genôch goed te praten mei dy wouter, dêr soene gjin problemen komme. Of dochs? Om't se it net fan him ferwachte hie? Mar se koe dochs wol neigean, dat it gesoademiter fan har him ien kear de kiel begûn út te hingjen?
Hy smiet de fersnelling yn 'e heechste. De motorkap kaam omheech, oan beide kanten fleagen de beamkes harren foarby.
- Hoe is it mei dy? frege er.
- Goed.
Se seach net op of om, wat soe der dochs wêze?
Hy fleach, al remjend, sûnder rjochting oan te jaan in parkearplak op.
| |
| |
Efter him pipen remmen. In grutte opel helle him mei sketterjende klakson yn. De keardel wiisde op syn foarholle. Yn 'e fearren skokkend bleauwen se stean. Hy loek de hânrem der op. Kathy seach him freegjend oan, har wynbrauwen oplutsen, yn in bôge oer har ljochtblauwe eagen. Hy draaide it kontakt om. De motor foel neigrommeljend stil. Hy draaide him yn it stuoltsje nei har ta.
- Wat is der mei dy?
Se loek oan 'e skouders.
- Sille wy in eintsje rinne?
Hy stapte om 'e wein hinne, liet har der út. Se wie neat net meigeand, se wie absolút oars as de oare kearen, der wie wat dat har dwers siet. As se it no mar sei, dan wist hy ek wêr't er oan ta wie. Hy lei syn earm om har skouder. Se setten op in hikke ta, dêr efter begûn in reed, dy't om in lyts puoltsje hinne tusken wat beammeguod troch it fjild yn gie. Sy stapte om 'e hikke hinne, hy sprong der oerhinne, ien hân op 'e hikke. Mei in wat te swiere klap kaam er del. Hy fielde de dreun yn 'e holle. Sy rûn oan de oare kant fan de reed. Hy wist net wat er moast, se die sa frjemd. Hy gie op har ta, lei fannijs de earms om har skouders.
- Kathy?
- Hm?
- Wat is der mei dy?
- Wat soe der mei my wêze?
Oars hie se altyd fleurich west, se hie altyd har earm om him hinne lein, se hie lake en se hie meigeand west, yngeand op syn avânses. Hie se har nocht? Dan koe se dat dochs sizze? It soe in noflike oplossing wêze, hy hie gjin tûkelteammen mear, sy koe jaap wer earlik yn 'e mjitte komme. Miskien it bêste noch. Sûnder kleanskuorren der ôf wêze, gjin dûbele moraal mear, anke alles opbychtsje en der wat om laitsje, in bytsje pynlik miskien, mar dochs laitsje. It hie per slot dochs in frij ûnskuldige affêre west, alles mei alles.
Hy loek har tsjin him oan. Hy lake har ta, forsearre bliid en besykjend, oer alles hinne te gekjen.
- Jaap wol ferlove.
Hy liet har los.
- Godferdomme, sei er.
| |
| |
Hy draaide him fan har ôf. Se stie dêr oan 'e kant fan 'e reed, har skouders byelkoar lutsen, har rêch wat rûn, har gesicht foaroer. Hy krige ynienen meilijen mei har, koe sy der op 't lêst wat oan dwaan? As jaap wat yn 'e kop krige, wie kathy dêr dan ferantwurdlik foar? Se siet der raar tusken, dat wie dúdlik, se wist net hoe't se der mei oan moast. Ynienen skeat it as in skoat pine troch him hinne. Dan hie se mear belang by him as dat er ea tocht hie, se hie der folle mear yn sjoen, ferdomme. Hie er har net ferteld, dat er nea by anke weigean soe? Hie er har net sein, dat as er ik hâld fan dy sei, dat it dan allinne foar dat stuit wie? Hie er har net sein, dat se jaap fêsthâlde moast, en dat alles mar in boarterijke wie? En wat hie sy dien? Se hie sein dat se der rekken mei hâlde soe, mar se hie it net dien, se hie it fergetten, ferdomme. Wat moast er no? Tsjin har sizze, dat se jaap noait nimme moast? Dêr siet er wer, foar de safolste kear oant oer de earen yn in probleem, wêrom wie er der ea oan begûn? Wêrom hie er kathy net swimme litten, har har gong gean litten sûnder nei har om te sjen? Sa moai wie se op 't lêst ek net, eins mar wat gewoan, en dêrom al dy rotsoai? Hy prakkesearre der net oer. Mar hy siet der yn, mei hûd en hier. Wat moast er.
Se stie dêr noch krekt sa. Har holle foardel, har skouders rûngear, stoareagjend op de moude foar har fuotten.
Hy gie nei har ta. Unwis lei er syn earms om har skouders, loek er har tsjin him oan. Hy wist net wat er sizze moast, se wie ek noch sa jong, hoe hie er it oait yn 'e plasse krigen en begjin hjiroan? Hie it him wol dúdlik foar it ferstân stien, wêr't er mei dwaande wie? Hie er him dat wol oait ôffrege? Hie er wol witten wat er úthelle? Of hie it foar himsels altiten in meagere wraak west op anke? Hie er anke allinne mar sjen litte wollen, dat hij ek wol wat fersiere koe? Of hie it djipper lein en hie anke him net safolle mear te sizzen? Wat sei it allegearre op dit stuit, hy siet der mei, kathy siet yn 'e nederklits troch syn tadwaan, dêr hie er mei te rekkenjen, ekskuses koe er letter wol sykje, no moast er der út, sa gau mooglik, sûnder al tefolle probleem en sûnder dat kathy of hy der al tefolle by yn skeaten.
- Kathy?
Se gûlde. Se wie begûn te gûlen sûnder dat hy der erch yn hân hie, dat ek noch. Dat famke siet der raar tusken, mar moast se dêrom snotterje, dat die hy dochs ek net? Se sei mar neat, se gûlde mar troch, har
| |
| |
holle tsjin syn skouder oan, har rêch skokjend, har sykheljen lûd en net lykmjittich.
- Kathy?
Se sei neat. Hy frege him ôf, hoe't er mei de hiele bringst oan moast. Koe er har yn 'e goede frede mar helpe, koe er mar wat dwaan, dat har hâldfêst joech en dat har fierder helpe soe.
- Is dat dan sa slim?
Se pakte in bûsdoek. Se fage beskamme har triennen ôf, wylst se besocht te laitsjen.
- Wat?
- Dat jaap ferlove wol?
Ynienen begûn se wer te skriemen. Hy stie der skutterich by, syn hannen no ris yn 'e bûsen, dan wer troch syn hier en by syn antlit lâns. As hjir mar gjin swierrichheden út fuortkamen, as er it mar oprêde koe sûnder brokken oan beide kanten. As kathy no mar net sa gek wie en set it by jaap yn 'e kant.
- Hy wol takomm' jier trouwe, hime se.
Fergeemje, dat ek noch, siet se der al net djip genôch yn? In gelok noch, dat er noait mei har op bêd west hie, dat hie der ek noch by komme moatten, dan hie it hielendal moai west. Wat moast er dwaan? Sizze, kathy, haw mar gjin noed, ik gean by anke wei? Of har op 'e tok hâlde mei it ien of 't oar? It soe ommers beide kearen gjin oplossing jaan, beide kearen koe er it net wiermeitsje, beide kearen soene it lege wurden wêze, it probleem soe der bliuwe, hoe dan ek. Miskien woe se wol mei jaap trouwe, miskien wie it allinne mar in bytsje weemoed, dat de blide boarterijen foarby wiene, faaks soe it allegearre wat tafalle?
- Wolst net mei jaap trouwe?
It bleau stil. Se kroep allinne wat tichter op him yn. Har earms wiene om him hinne, krekt as socht se stipe by him, by him nota bene, dy't sels oant oer syn earen yn de rotsoai siet. Thús in frommes dat mei in oar omsloech, sels dwaande, mear as te fersûpen yn in yn wêzen ûnskuldich boarterijke, dat er net iens oan koe, lit stean grutter dingen, en hoe krige er it dan yn 'e plasse, te prakkesearjen oer besluten, dy't him fier boppe de pet gean soene?
- Wolst mei jaap trouwe?
| |
| |
Sei se no mar ja, dan siet hy teminsten net mei in troch syn tadwaan kapotte ferhâlding, dan soe alles rêden wêze, dan soene der gjin problemen komme, dy't him op 'e nij foar beslissings sette soene. Sei se yn 'e goedichheid mar ja.
- Toe kathy, sis wat.
De bûsdoek kaam der wer oan te pas. Se fage ferheftich oer har eagen, se snute har noas, besykjend it stil te dwaan. Har wangen krigen wer wat kleur. Se loek har skouders rjocht, har holle kaam rjocht boppe har nekke.
Der soe in andert komme moatte, kathy soe beslisse moatte, dat koe net oars, se moast sizze, wat se woe, wat se ferwachte en wat se ferwachte hie. As se it net sei, soe hy mei in stompsinnich ôfsletten ferhâlding sitte. En wat, as se net mei jaap ferlove en/of trouwe woe? Dan soe it hielendal machtich wêze, feest yn 'e jachtweide fan ivichheid oant amen, reboelje op ûnderskate plakken. Hy soe him by anke net allinne ferantwurdzje moatte foar syn eigen slipperke, mar ek foar syn stupiditeiten oangeande kathy en jaap, en miskien ek noch foar syn stommiteiten op itselde flak, mar dan yn ferhâlding ta kathy har âlden, se wie as it der op oankaam noch gjin ienentweintich. Se soene him as it hielendal skerp slipe waard ek noch efter de traaljes sette kinne. As it der op oankaam, se wie om it skerp te stellen krekt njoggentjin jier, net âlder en net jonger, mar jong genôch, om der gedonder mei te krijen, en net sunich.
- Wolst mei jaap trouwe?
- Ik wit it net.
Klets, dat wie rekke, dêr siet er, wat moast er no? De konsekwinsjes drage en kathy op syn noed nimme? Dat yn gjin gefal, it hie ommers mar in boarterijke west, lang net yngeand genôch, om fierdere konsekwinsjes oan te ferbinen. Mar feit bleau, dat kathy yn elts gefal mear konsekwinsjes seach as hy.
- Wit jaap it?
- Nee.
Aldergeloks dat noch net, der soene gjin swierrichheden troch ûntstean, dat soe yn elts gefal tusken kathy en him bliuwe.
- Moatst it him ek noait fertelle.
- Nee.
| |
| |
- Krigest de grutste herje astû it him al seist.
- Dat hast al earder sein.
- Dochst it net?
- Nee.
Dat wie ek rêden, dêr soene gjin fierdere tûkelteammen fan komme, nimmen soe der weet fan hawwe, útsein kathy en hy, en anke op 'en doer miskien, mar dat soe faaks gjin kwea kinne, dy soe har wol stilhâlde fanwege har eigen eskapades, dy hie der belang by, sa stil te wêzen as it mar koe.
- Wolst mei jaap trouwe?
Se draaide har om. Se seach út oer it wetter fan it puoltsje, dat se krekt tusken de beammeboel troch sjen koe. Yn har eagen kaam in bredens, in djippens, dy't hy der net earder yn sjoen hie. Har eagen waarden der dûnkerder fan, it transparante gie út de blauwens as se sa seach, merkbiet er, har eagen waarden grutter, har eachlidden giene omheech, har teisters stiene skerp ôftekene tsjin it tearwyt fan de bôge ûnder har wynbrauwen.
Se draaide har ynienen om.
- It is slim.
Se stie yn twifel, se wist it net, wie net wis fan harsels. As er har no mar in triuwke yn de goede rjochting jaan koe, dan soe alles miskien noch op in oplossing útdraaie kinne, dan soe alles opheldere wurde kinne, sûnder dat der swierrichheden ûntstean soene.
- Wolst bern fan jaap ha?
- Ja.
Hy koe wol dûnsje. Dat er dit net earder sjoen hie, alles wie rêden no, kathy soe yn alle ear en deugd werom gean nei jaap, hy soe mei de tiid anke fan 'e saken op 'e hichte bringe, alles soe útbetelle wurde, gjin inkelde wiksel soe ûnynlosber wêze.
- Dan binne der ommers gjin problemen.
Se kniep har eagen ticht. Se sykhelle djip.
- Nee, sei se.
Hy gie tichter op har ta, hy lei syn earms om har hinne, hy soe har tútsje.
- Lit mar, sei se.
| |
| |
Se die mei in beret gebearte syn earms oan de kant.
- Wolst my thúsbringe?
Hy begriep har net. Wat wie der no wer? Hie er it wer ferkeard oanpakt? Se rûn al foar him út de reed del. Wat no wer, wat wie der bard dat se ynienen sa die? Se gie om 'e hikke hinne en stie by de auto op him te wachtsjen. Hy sprong oer de hikke, rûn op 'e auto ta en die de portieren iepen. Hja sloech it mei in fûle klap efter har ticht.
Yn 'e auto soe er har freegje wêrom't se sa die, hy draaide him nei har ta.
- Lit mar, sei se.
Hy starte fernuvere de motor en skeakele yrritearre fluch op, de toereteller triljend op 'e reade streek, de útlaat knetterjend, de wein skokjend as er de koppeling komme liet. By it tuskengas jage er de motor fier oer syn toeren, de wizer skeat mei faasje yn it read.
Op 'e hoeke liet er har der út. Se joech him in hân.
- Betanke foar alles.
- Kathy, ik moat mei dy prate, sa kin it net.
It portier sloech yn syn antlit ticht. Hy seach, hoe't se har fyts út 'e berm luts, hoe't se opstapte, gong meitsjend mei har rjochter foet, de jas swaaide se oer it sadel doe't se opstapte.
Wat hie er oars moatten? Hie er anke farre litte moatten, hie er syn baan en syn húshâlding der oan weagje moatten? Dat hie kathy dochs net fan him ferwachte, of wol, miskien? Fansels hie se dat ferwachte, hy hoegde himsels gjin blynkape foar te hâlden, dàt hie se ferwachte.
Hy skeakele de wein fûl yn 'e efterút. Hy swaaide mei razende motor. De efterbumper sloech hast op 'e dyk, doe't er fuortskuorde.
De moarns nei de fuif waard ik wekker mei in barstende pineholle. Doe't ik yn 'e spegel seach, hie 'k in kop as oars twa, it bloed hammere my oan 'e sliepen, de tonge wie my as lear en ik hoaste fan it smoken. Stadich krong alles ta my troch. Anke, dy't diskear op 'e tiid thús wie, it spyljen wie sa't like net sa let ôfrûn dizze kear, mar watse hie se meinommen. Doe't se der yn kamen wiene se mei syn twaen direkt op 'e ymprovisearre bar tasetten. Se hiene der tsjinoan hongen, watse en anke, tsjin deselde bar oan, dy't anke en ik tegearre yn it lege bêdsteed makke hiene. Hie watse net
| |
| |
genôch oan syn eigen wiif, wat hie er te meitsjen mei myn anke, in nûmerke miskien?
De oaren hiene al wat skealik sjoen nei dy twa, en ik, ik grutte suffert, ik hie der oerhinne lake, wylst ik donderske goed wist hoe't it siet, mar ik woe gjin lytsman wêze, dus hie ik lake. Jan wie by my kommen en hie frege, oft er watse der soms út slaan moast, hie ik it him mar dwaan litten, dan hiene dy twa dêr net sa dûnse, mei de earms stiif omelkoar hinne en de eagen djip ynelkoar. En watse mar gnize, tusken de dûnsen troch, sterke ferhalen ophingje en prate mei elts, dy't mar nei him harkje woe, dyselde watse, dy't thús in frou hie mei trije bern, dy't op him wachten. Watse, dy't tsjin rommert naberman de grutte jonge úthinge, en anke, dy't him tsjin rommert naberman byfoel. Hoe koe se, myn anke, hoe koe se my ferjitte en sa dûnsje mei dy watse?
Ik gie nei ûnderen. Yn 'e kelder fûn ik noch in fleske pils. Ik gie nei boppen, ik woe it fleske op bêd leechdrinke, om myn kater te ferslaan. Mar doe't ik boppe oan de trep wie, gie de doar fan ús sliepkeamer iepen. Anke kaam der út, yn moarnsjas. Se seach my oankommen mei myn fleske pils. Se begûn op slach út te pakken, wylst se de jûns dêrfoar sels ek knap oan 'e taap hongen hie. Se begûn út te pakken, ik soe in sûplap wêze, ik wie myn frijheid net wurdich, moarns al oan it pils, hoe krige men it yn jins plasse.
Wêrom hie ik anke de jûns dêrfoar net op bêd stjoerd, en watse der út timmerje litten troch jan? Dan hie se gjin reden hân om te skellen, mar no't ik dat net dien hie en boppe oan 'e trep stie mei in pilske, no koe se útpakke, om't ik formeel de flaters sloech en net sy.
Ik waard ynienen sa lilk, dat ik sette it fleske oan 'e mûle, ik sei proast, en liet my op de boppeste trime sakje. Ik siet mei myn rêch tsjin de betimmering oan en ik liet it fleske hast yn ien kear yn my leechrinne.
Anke waard sa lilk, dat se sloech my tsjin 'e kop. Ik lake, ik siet te krampjen fan it laitsjen op de boppeste trime. Anke, dy't my sloech, anke, dy't sels mei watse om donderjage en my beliigde, anke sloech my tsjin 'e kop.
| |
| |
Ik gie wer op bêd, anke skarrele ûnder om en makke kofje. Ik ferdomde it om ûnder te kommen, wêrom sette se my teplak, sy, anke, dy't watse perfoarst nèt tsjin 'e kop sloech? Dat hie se dwaan moatten, anke, dat hie se allinne dwaan kinnen, watse in draai om syn earen jaan en fuortgean, om't se by my hearde, om't ik fan har hold.
En letter, doe't wouter al op 'e planken ferskynde, letter, doe helle se pilskes foar wouter, en se makke gjin kapsjes as dy myn hiele foarrie der trochjage. Mar as ik ien of twa pilskes dronk, dan wie de boaiem út de panne, dan wie der gjin lân mei har te besilen.
It is miskien by anke mei pils lykas mei auto's: it skeelt in protte wa't it docht.
Lit ús der mar oer ophâlde.
Ach, it seit sa'n bytsje.
Kinstû wol skiede en ik net?
(stilte).
It is dochs sa stikken as 't mar kin?
Dat tinkstû, omstû in oaren haste, omstû fereale biste en omstû tinkst, datst dêr dyn lok fine silste, dêrom wolstû skiede. As dit foarby is, wolstû it ek net mear. As dizze dy stikke litten hat.
(fluch) Hy lit my net stikke.
Och, berntsje, lit it him net hearre.
| |
| |
Wy kinne dochs byelkoar bliuwe? Ik lis dy gjin striebree yn 'e wei ommers, dû komst altiten werom, ik kin dy gean litte, mar dû komst werom.
(suchtet) Dû witst net hoe't ik fiel.
Mar wol hoe't hy fielt.
(stilte).
Wêrom begjinst dan te skellen?
Om't it dizze kear oars is.
Omstû witst, dat it no krekt sa is.
Stel, datstû gelyk haste, dan komt der wer ien, en dy sil my net stikke litte.
Ast lang genôch oanhâldste, fynst fansels ien.
Doch no net krekt ofst oer my ynsitste.
(stilte).
Miskien leaust it net, mar ik sit oer dy yn.
Soms hoopje ik, datstû in famke fynst dan wier fan dy hâldt.
Ik moat laitsje.
(stilte).
Dy wie net echt gek op my.
| |
| |
Ek net, ast fan in oar hâldst?
Hoe witstû dat? Op in goede dei is 't sa.
No noch, dat giet oer, witste?
By guont, by oaren noait.
(leaf, begripend, treastgjend) Wêrom wolstû dyn eigen ûngelok net sjen? Jonge, wy passe net byelkoar, leau my. Ik doch dy sear, miskien sûnder te wollen, dû dochst my sear, ek sûnder it te wollen. Lit ús no ferstannich wêze.
(sêft) Net ien kin my ferbiede, fan dy te hâlden.
(yn harsels) Wat krigest fan my werom? Astû ea echt leaf hieste, hiest it witten. (stilte). Ik jou dy surrogaat.
Ik hâld der fan, dy om my hinne te witten, ik hâld fan dyn laitsjen, fan dyn sjongen, ik kin net sûnder dy.
Miskien ha 'k it sels meimakke.
Nee, dû net, dat is net wier.
(stilte).
Ek om dysels, dû hâldst dit net út.
No noch, mar oer in jier, oer twa jier, oer tsien?
| |
| |
(leaf) Ik soe it sa graach oars wolle, echt fan dy hâlde, my thús by dy fiele.
Sân jier ha 'k dat ek tocht.
Dat kin net. Hyltyd sil it minder wurde, ik kom thús, ik sjoch dy sitten en it docht my sear, om't ik net fan dy hâldt.
It begjint my tsjin te stean, dat gedonder mei wouter en watse, der binne op 't lêst wol better ûnderwerpen, en as men jin mei sokke figueren dwaande hâldt, wurdt it op 'en lange doer sa ferhipte iensidich.
En boppedat, hyltiten dy w, dy't foar wynpûst stiet, foar wankelmoedich, wraak, wrantelich, warskôging, willemoeds, wûnderlik, wês groete en foar wdom, it begjint jin de kiel út te hingjen.
Wat sil ik alderheislikste bliid wêze, as ik oan 'e ein fan dit boek de datum tikje kin, in streek der ûnder, ôf, klear, foarby, oer, basta. Dan bring ik it nei de útjouwer, ik sjoch de printkladden nei en noait sil ik dit rotboek wer ynsjen, dit goare boek, dêr't ik de hiele troep yn útkoarre ha. Ik set it yn 'e fierste hoeke fan 'e boekekast, sa fier mooglik fuort. En as ik oer tweintich jier dy kast miskien ris opromje, kom ik it tsjin, ik tink, ferdomd ja, dat ha 'k yndertiid ek nochris skreaun, hee, ik wist it net iens mear. En dat der ea in anke yn myn bestean west hat, prakkesearje ik dan al lang net mear oer. Anke is in oantinken wurden, hiel fier fuort, weitroppe op in ûndielber hoekje yn it tsjusterste fekje fan myn ûnthâld. Ien wjerfarring út 'e safolle, ien stikje belibjen, dat net de minste ynhâld mear hat.
| |
| |
Faaks helje ik it oantinken efkes foar it ljocht, ik tyspelje der wat mei om, krekt as in âld snústerich dinkje, dat men nei jierren weromfynt en dêr't men mei boartet, it om en om kearend, sûnder it te sjen eins. De foarmen gliidzje troch jins fingers, de rook komt yn jins noastergatten, de kleur leit in flues oer de eagen, mar it ding sels, wat seit it jin eins, it wie fuort, it is werom, mar men hat it net mist. En it giet wer foar safolle jier op itselde plakje efter yn de kast. Sa komt it mei anke ek.
Se giet hoe langer hoe fierder fan my ôf. Soms kin ik my al net iens mear yntinke, dat ik oait mei har troud west ha, mei dat frommes, dat net genôch oan my hie en dy't der sa nedich wat oars nêst ha moast. De pine fan it cocu-wêzen is fuort, de jaloerskens is der net mear, sels wouter en watse litte my soms kâld. De rankune sil der tenearsten noch wol bliuwe, wat wol men, dy twa knapen hawwe it op 't lêst flikt.
Sels it feit, dat wouter en watse beide draufgänger wiene, seit my al minder. It typearret anke sa moai, en wa wit, miskien kriget se der sels noch ris spyt fan en moat ik har myn hiele fierder libben tankber wêze, om't se sa freonlik west hat, de skieding dochs troch te setten.
Wat hie ik fierder moatten mei sa'n frommes? As it dizze kears goed ôfrûn wie, hie it in pear jier letter dochs wer raak west, en wat dan? Dan hie it dochs noch moatten, de bining hie noch grutter west, de swierrichheden benearjender en de klap minder te ferarbeidzjen.
Hawwe wy wol ea in bining hân? Fan anke har kant bestie der gjin inkelde bining, dat is sa klear as in klûntsje, mar wat haw ik foar anke field dy sân jier? Hoe seach ik har, hoe ûndergie ik har, hoe belibbe ik har? Allinne in lichem, dat jin, dat is wier, wol nei stiet, mar dat dochs net mear is as in lichem? Wie anke foar my in persoan, in minske mei in eigen libben, in eigen wêzen en in eigen ferantwurdlikheid? Ik wit it net, no't ik mysels de fraach stel wit ik it andert net iens, op himsels al in andert, skerper kin it hast net.
Haw ik der belang by hân, anke folweardich nêst my te witten? It wie wol noflik, de skoalmaster spylje te kinnen, altyd gelyk te
| |
| |
hawwen, al wie dat op himsels wol wat maklik. Noait tsjinpraat te krijen, en as it komt, it de nekke omdraaie te kinnen, ferhipte maklik, mar sûnder boaiem foar, no ja, wat duorsumers.
Dat hat anke fansels fan 'e miet ôf oan de kiel úthinge, it falt ek net ta mei in skoalmaster troud te wêzen, dat se it noch sân jier úthâlden hat is by eintsjebesluten in komplimint wurdich ek noch.
Goed beskôge hat ús ferhâlding eins noait in werklike ynhâld krige. Wy diene in protte tegearre, mar net om't wy it tegearre dwaan woene, mar om't wy der beide belang by hiene, en dat is wat oars.
Miskien leit it ek krekt oarsom. Faaks haw ik anke ek tefolle as op-itselde-flak-besteand besjoen. Ik koe debatten mei har oangean, en dat hat har fansels op syn minst like ûngelokkich makke, of yn elts gefal, it hie har mooglikerwize like ûngelokkich meitsje kind. Want wat is foar sa'n type as anke it minste? As bern behannele te wurden of optild te wurden nei in nivo, dêr't it gjin libjen is?
Ik wit net iens hoe of het. Nei safolle moanne omtopjen en omtyspeljen wit ik noch net, hoe't anke der no krekt ynderlik útseach.
Wat ik wol wit is dit: se wie oerflakkich, tige gau te beynfloedzjen, net altyd earlik, dom sa no en dan, behaachsiik, wispeltuerich en egoïstysk. Mar ek sportyf, mijen, helpfeardich, goederjousk en gastfrij, waarm, keunstsinnich en fleurich.
Mar hoe't de feiten yn ûnderling ferbân foar it ljocht komme? In psychiater soe miskien sizze, dat se in te min oan sekundêre funksje hie, dat se libbe op it emoasjonele momint, dat se yn har yntellektuele ûntjouwing hingjen bleaun wie, mar wat seit dat per slot? Miskien soe hy der oan tafoegje, dat se libbe op it nivo fan in famke fan fyftjin, mar wat dan noch? Kinne famkes fan fyftjin gjin frou wêze? No dan?
Telt allinne, mei allinne telle, dat ik anke nei sân jier noch net ken, dat ik noch net krekt har reaksjes wit, dat se my tusken de fingers trochglûpt is as sân, dat se my ûntkommen is. In útkomst, dy't op himsels net dúdliker kin: ik ha gjin war dien, anke earlik te
| |
| |
folgjen, ik haw har omkomme litten, ik haw my neat fan har oanlutsen. Ik bin fersûpt yn myn eigen hearlik ik.
(Astrid). Ik ben er van overtuigd, dat ik je het vuur na aan de schenen leg. Maar er zijn enkele dingen, die ik, althans voor mezelf, wil ophelderen, en omdat jij die veertien dagen na het volslagen debâcle van anke en mij een belangrijke rol hebt gespeeld, kan ik je onmogelijk passeren.
Daarom vraag drie: waarom hielp je?
Het antwoord hierop kan misschien volgen uit de voorgaande conclusies, namelijk een combinatie van verliefdheid en zwart zaad, plus nog een dosis opportunisme. Dit verklaart nog niet, waarom je hielp, niet alleen mij, maar ook anke. Want uitgegaan van het feit, dat het inderdaad die beweegredenen zijn geweest, zou je bij mij meer soelaas hebben gevonden, zowel op het emotionele als op het financiële vlak. Anke zat namelijk financieel volkomen aan de grond en daarom bood ik meer perspectieven. Hiermee in tegenspraak is weer, datje de inhoud van de gesprekken, die je met ons beiden voerde, wederzijds verborgen hield. Kennelijk was het toch je bedoeling hulp te bieden. Maar hier schuilt een addertje onder het gras: op deze manier kon je ons ook perfect tegen elkaar uitspelen. Je zult het met me eens zijn, een zekere demonie spreekt toch wel uit de feiten.
Je hebt inderdaad magnifiek geholpen. Zonder jou zou die tijd niet te verteren zijn geweest, je trok conclusies uit de situatie, conclusies, die achteraf volkomen juist waren. Het is namelijk allemaal gegaan zoals je toen al voorspelde. Anke is niet bijgetrokken, ze heeft er een punt achter gezet, hard en zonder omwegen, zoals anke kon zijn. Ze heeft geen medelijden getoond en is niet teruggekrabbeld.
Je moet een enorme mensenkennis hebben gehad, zonder dat zou je nooit tot deze voorspellingen in staat zijn geweest. Maar waarom? Waarom besteedde je moeite aan ons?
Je was doodgewoon het type niet, om alleen engelachtig te zijn. Ik kan me hoe dan ook niet aan de indruk onttrekken, dat je zelf belang had bij de toestand. Want toen ik in de loop van die veertien dagen ontdekte, dat het misschien toch wel wenselijk zou zijn, dat anke en ik, althans tijdelijk, uitelkaar zouden gaan, stelde jij me ogenblikkelijk voor, dan maar samen te gaan wonen. Een associatie, die mij toen al enigszins vreemd voorkwam.
| |
| |
Wat zag je in mij? Een gemakkelijke bron van inkomsten? Je kende me alleen onder abnormale omstandigheden, maar toch poneerde je het voorstel, alsof je er minstens veertien dagen over had nagedacht, Je kwam zelfs met enthousiaste plannen over een gemakkelijk te huren boerderijtje, waarin we gezellig en goedkoop zouden kunnen wonen, en waar ik in alle rust zou kunnen studeren.
Wellicht had je een dak nodig boven het hoofd van jou en je kind. Maar waarom ging je na die logeerpartij in starum met anke mee? O.k., ik ging naar mijn ouders terug, een minder geschikt adres om direct na een scheiding met een nieuwe vrouw te verschijnen, maar toch was je de voorgaande veertien dagen hoofdzakelijk met mij opgetrokken.
Je ziet het, ik kom er niet uit. Bovendien heb ik weer de ene veronderstelling na de andere gelanceerd, zonder tot een antwoord te komen. Laat ik me maar tot de feiten wenden, minder pijnlijk, maar toch exact.
Je hielp ons dus. Omdat ik waarschijnlijk geen antwoord vind op de vraag naar het waarom, in plaats daarvan een vraag naar het hoe.
Je luisterde naar mijn moeilijkheden en naar die van anke, maar je wisselde geen inlichtingen uit. Sympathiek ergens, maar voor tweeërlei uitleg vatbaar. Ten eerste: je wilde geen breuk helen en voordeel putten uit het bestaan van die breuk, en ten tweede: je wilde objectief en zonder aanzien des persoons werkelijke hulp bieden. Maar toen anke en ik ons laatste gesprek voerden, waarvan een behoorlijke kwantum tijd aan jou werd toegemeten, en waarin anke en ik beide tot dubieuze conclusies kwamen, voelde jij dat direct en je vertrok met de noorderzon. Ik heb daarna nooit meer iets van je gehoord, misschien heb je anke nog geschreven en/of ontmoet, maar waarschijnlijk lijkt me dat niet, gezien de hele affaire.
Wel luisterde je eindeloos naar de klaagliederen, die zowel anke als ik op je afvuurden. Je maakte zo nu en dan een opmerking, en ik verwonderde me steeds over het inzicht, waarvan die opmerkingen blijk gaven. Ik heb al gezegd, dat je niet dom was.
Tact had je ook. Je fungeerde meesterlijk als stootkussen, maar ik vraag me steeds weer af, in hoeverre het de situatie was, die je die eigenschappen gaf.
Ik ben je toch dankbaar.
|
|