| |
| |
| |
Sân
(Anke). As wy fuort sille, begjint alles oars te wurden. Dyn bewegen foar de spegel is in tarieden, it gebearte, dêrstû parfum mei oanbringste in hillige handeling. De rook dy't om dy hinne waait makket dy frjemd en fierôf, en dochs, astû dyn hoazzen oandochst is der in waarmens yn my, dy't foar dy is.
Dû streakest de hoazzen strak mei hannen, dy't ynlik oer de tinne stoffe om dyn skonken gean. It is as hastû dysels leaf, dû begjinst by dyn ankels en stadich giest heger, dyn hannen spraat. Ik soe dy hannen wêze kinne, tear oer dyn hûd, en ik wit hoe't it wêze soe.
Dû dochst dyn jurk oan, hy falt om dy hinne, dyn antlit is boppe it read of bêzje in glimkjend swijen. Dyn hannen dogge de lêste dingen, de hân flijt him linich om dyn mul, dyn heupen wurde jong en famkeseftich ûnder it ploaien fan dyn jurk.
Under, by de spegel yn 'e gong, dêr't dyn taske op 'e planke stiet, lûkstû de reade follens fan dyn lippen nei, dû knypst se op elkoar. De kleur rint út oer de sêftens fan dyn mûle.
Dû sjochst dysels oan, der komt wat yn dyn eagen dêr't ik bûten stean.
Wat giet der yn dy om, wêrom ferleist in lok fan dyn hier, dat kostlik dûnker om dyn wangen leit en krollich yn dyn nekke falt? Wat is der yn dy, astû dysels yn 'e eagen sjochst en sa ynlik mei dysels bist?
Neistû dyn mantel oandien haste, is der noch efkes in sjen yn 'e spegel, dû draaist dyn boppelichem skean nei efteren, dyn boarsten lûke de râne fan dyn mantel omheech, ik sjoch dyn knibbels, tear ûnder de râne wei. Dû sjochst nei dyn kûten, de skerpe streek fan 'e hoazzen
| |
| |
rint floeiend oer de rûningen fan dyn hûd en ferdwynt troch dyn hoksen ûnder de klean.
Stiestû, astû sa dwaande biste, tichter by dyn lea as ik by mines?
Wat sizze dyn eagen dy, wat is der yn dyn stal, dat dy eigener is as ik it ken?
Hokker relaasje is der tusken dy en dysels?
Dan lûk ik de doar efter my ticht, ik start de wein, dû sitst nêst my, ik freegje my ôf wat der yn dy omgiet, en as ik freegje, is der dat glimkjen. In smel laitsjen om 'e hoeken fan dyn lippen, in sêft en fleurich opljochtsjen fan dyn eagen, dat tagelyk andert en swijen is
As wy letter de seal ynkomme, dan beweechstû dy yn it sjen as yn in grut applaus, dat allinne dy jildt. Dyn rinnen is keninklik
Yn dyn eagen komt in grut libjen en tagelyk fine spot, en dû bist yn it stille applaus as in frou, dy't in goed presintsje kriget. Dû ûndergiest it as in komplimint, dû krigest in staasje, dy't dy grutter makket
Ynienen bistû fier fuort, dyn eagen losse nuver op en dyn stal is my frjemder wurden. Ik wit net wat ik moat, ik fiel it sjen as stekken tusken myn skouderblêden, ik lûk dyn stoel oan. Wylstû sitten giest komstû stadich werom
Dû wurdst anke wer, en ik tink, hoe 't ik wit fan it snoer om dyn hals en de kamee yn it fine spoar heech tusken dyn boarsten. Ik sjoch de ring om dyn finger astû mei dyn hân tusken de knopen troch oer myn boarst strykste, wit ik, hoe 't de ring heakket yn de stof fan myn himd
Net ien wit dat, anke, net ien wit fan de yndrukken fan de skouderbantsjes yn dyn hûd, útsein dû en ik.
En dan sparket it ljocht yn 'e wyn, dyn fingers los en sêft om 'e griene poat fan de romer, dû drinkst, en der is genietsjen yn dat drinken. De wyn jout in klearens oan dyn eagen, dy't fonkeljend is en op dyn lippen glânzget it ljocht.
Der is waarmens om dy hinne, de manlju nimme dy op yn har sjen, dêr't bewûndering en begearen yn leit. Ik bin grutsk, want wy binne tegearre en der is in djoer swijen tusken ús.
As wy nei hûs geane, is der in tinteljen yn my, want ik wit fan it ôffallen fan dyn klean, fan dyn stean foar de spegel wit ik. It is oars as
| |
| |
wannearstû fuort gieste, der is in thúskommen yn dyn bewegen, alles is by dy wei en dû hast in punt fûn, dat fan ús is en dat wy allinne kenne.
Ik sjoch, hoestû út dyn broekje stapste, der is wat goeds yn it hurder en sêfter wurden fan dyn spieren. Astû om it bêd hinne rinste begjint in nije dei.
Dyn kamee rûgelet yn it kistke, de wekker kroanet fan it opwinen, dyn ring klikkelet, rûgeljend tusken alles, dat dy moaier makket.
En dan is dêr dyn sjen en dyn goenacht, en hoe moat ik sizze, dat it read fan dyn lippen goeder is as read?
Ik siet foar de klasse nei te sjen, doe't ruerd by my kaam en frege, oft ik in rekkenboekje kaftsje woe. Ik liet jeltsje it plakplestik helje en die wat der fan my frege waard. Ik plakte en die om it rekkenboekje te krijen sa't it hearde.
Ynienen moast ik tinke oan dy simmer, oan dy pear hite dagen, doe't anke en ik yn it doarpshûs te starum de boeken fan de nutsbiblioteek skiften en der plakplestik om diene. De boeken leine yn lange rigels op de banken, bûten skynde de sinne hyt en lang. Anke lies de titels, ik siet efter de skriuwmasine en makke fan elts boek in kaart. It lûd fan anke dreau eltse kear as se in titel lies sêft troch de romte, en dan begûn it ratteljen fan myn masine.
Somtiden, as ik myn nocht der ôf hie, liet ik de masine wêze, ik gie nei anke ta en ik lei myn earms om har hinne. Wy stiene tegearre nêst de banken, de boeken leine te wachtsjen, de nûmers gniisden ús oan. Wy wisten, dat wy oare nûmers jaan moasten, mar it gie ús net oan. Wy stiene der yn 'e banen fan it ljocht, dat farsk en stoffich tagelyk troch de ruten foel.
Anke hâlde net fan lêzen. Soms, as ik siet te lêzen, koe se ynienen wrantelich op my ta komme, my oan it hier lûke en freegje, wannear't ik no einlings ris in wurd sizze soe. Yn it begjin lei ik myn boek del, ik fûn it moai as se my yn har bestean beloek, mar letter yrritearre it my, want ik woe by myn boek bliuwe. Ik waard wrantelich, ik warde har ôf. Miskien hie it better west, as ik har gean litten hie, as ik har taglimke hie en op har bestean yngien wie.
| |
| |
Soms sei ik, dat se sels besykje moast te lêzen, dan soe se har net ferfele, mar se die it noait, en siet te pjukken mei har fingers of gie der út as ik siet te lêzen.
Doe't ik har myn bondel joech, lei se him op it taffeltsje. Fjouwer dagen letter lei er noch krekt sa en in wike letter stie er by myn oare bondels yn 'e kast. Ik wit net iens oft se him lêzen hat, en mear as dat koe ik har net jaan. Sels it fers, dêr't ik moannen en moannen op ploetere hie en dat hielendal foar har wie, hat se oars net lêzen as earne sitearre yn in krityk. Wat dat oanbelanget is se by wouter better op har plak. Wouter, dy't ek gjin weet fan fersen hat en dy't dêr grutsk op is ek noch. Stomme wouter, dy't sa selsfoldien is dat er mei syn eigen temin oan belangstelling te keap rint. No ja, te min oan belangstelling? Nee, dat fuort net, ik haw komselden ien sjoen, dy't sa'n belangstelling hat, allinne, dy belangstelling is sa ferrekte smel. Seks is speks foar wouter syn beks.
Ik haw in hiel hoart neat oan dit boek dwaan kinnen. Allerhande rotsoai is der wer tusken kommen. Ik haw noch besocht, myn stúdzje dochs noch trochgean te litten, mar om't anke har part fan it ynkommen no ferfalt, moat der in nije beurs oanfrege wurde, en om't de tawizing sa ferhipte lang duorret, like it de professor better ta dat ik my dit jier noch net ynskriuwe liet, ek, om't ik mei 'emotionele moeilijkheden' siet, sei er.
Ik ferflok anke en dy goare wouter, dy't my dit staaltsje flikt hawwe. Dat anke by my wei wol, soit, dat wouter syn stive pik persee yn in oar frommis leech jeie moat, ek soit, mar dat se sadwaande myn stúdzje in opdonder jouwe, net soit. Eins soe ik nei dy wouter ta gean moatte en sizze, dat er my no op syn kosten studearje litte moat. Ik soe syn proletich gesicht wolris sjen wolle. De skrik en de fernuvering soe der op te lêzen stean, yn syn senuweftigens soe er leech en hol begjinne te gnizen. Al syn bangens soe yn ien klap nei bûten komme. Dan soe er fansels begjinne te grommeljen en te stammerjen, mei de grutste muoite soe er útbringe, dat er moreel net ferplichte wie ta dy stap. Fansels net,
| |
| |
mar hy wie ek net moreel ferplichte, dat er anke útsocht foar syn eskapades, dêr hie er moreel dan ek mar in mollerid foar útsykje moatten, dy smearlap.
Ien ding kin ik dy twa yn elts gefal noch tankber foar wêze. Ik hoech harren net te ûnderhâlden, dat is in treast. Ik hoech gjin bierkes mear te taapjen yn wouter syn glês, dy't oan 'e oare kant fan de tafel sit te âldehoeren oer teksten, dy't der sa nedich komme moatte en oer de musikus, dy't er no fûn hat, wylst anke him yn alle gloarje fereale sit oan te stoareagjen. De kosten fan dy twa kin 'k my tenei besparje, aldergeloks. Ik kin tenei myn eigen jild omsette yn eigen pils, dat ik mei net ien hoech te parten. Ik sil myn glês omheech bringe, op 'e hichte dêr't wouter syn gesicht ornaris wie, ik sil proaste op dy wouter, en him tawinskje, dat er fersûpe mei yn alle sleatten pils, dy't er ea fan syn libben noch hopet te drinken.
Mar likegoed sit ik mei de brot. It skellen op anke en wouter jout sa'n ferhipten bytsje. As it wol helpe soe, rachte ik my der wol út, mar ik krij der net troch te iten.
In heap frije tiid hâld ik der wol fan oer. Alle plannen, dy't ik fan myn libbensdagen hân haw, soe ik wier meitsje kinne. Der leit noch in harkspul healôf, in stikmennich koarte ferhalen freegje om de lêste wurden. Ferdomd, ik doch it, gjin frouljusmot mear om 'e teannen, gjin gedonder mear fan op oere en tiid ite. Miskien moat ik anke ea nochris tankber wêze. Mar dy wouter kin stikke.
Ik miende, dat ik der al lang oerhinne wie. Sels as ik in foto fan anke seach, die it my neat mear. Ik koe se koel besjen, en doe't douwe my de foto's fan it toaniel sjen liet, wie ik by steat ta de konstatearring, dat se net iens knap wie. Ik hie har altiten knap fûn. Har gesicht die âldsk oan foar har jierren, har heupen wiene beslist te breed en har rinnen koe gjin besjen lije. Se wie te boarstich, se hie tefolle fet en har earms wiene persee te fleizich.
Mar op in dei betocht ik, dat ik knettergek west hie, har al it húsrie mei te jaan. Ik siet der oer yn, want hoe soe it gean, as ik wer op mysels woe en in hûs ynrjochtsje moast? It echte húsrie,
| |
| |
dat mocht se hâlde, mar de dingen, dêr't ik belang by hie, ferdomd, wêrom hie ik har dy hâlde litten? Ik moat sûnder mis gek west hawwe, want hoe krige ik it yn fredesnamme yn 'e plasse, dy dingen ôf te stean?
De barokspegel bygelyks, dy't ik sels koft hie en dy't anke perfoarst net lije mocht? De stove, dêr't ik as jonkje altiten mei boarte by pake-en-dy thús as ik dêr útfanhûs wie. Ik skode it ding oer de flier, ik makke der lûden by, en it wie in auto, in oaljefant of in bargetrôch.
Of de blauwe kofjepot, dy't anke fan myn broer krige en dy't noch fan oerbeppe jehanne west hat, hoe kaam it yn dat stikje kop fan my op, har dy hâlde te litten?
En dy âlde, koperen baksakker. No stie dat ding by har oer de flier, sy soe der no nei sjen en as se by it skitterjende koper lâns rûn, soe de wjerskyn fan har kûten yn 'e glêdens glânzgje.
Ik gie efter de typmasine sitten, ik pakte in fel papier en begûn te tikjen. Mar doe't ik de datum der stean hie, en anke tikje moast, doe wie it ynienen hielendal mis. Ik smookte de iene sigaret nei de oare, ik drukte se healwei út, ik ratste it iene fel nei it oare de masine út en yn en ik wist net hoe't ik moast. Op 't lêst ha 'k in koel briefke skriuwe kinnen, ik soe der sa ferhipte graach wat oars yn setten hawwe mar ik doarst net, om't ik wist, dat se gnyskje soe en dat is it minste, wat jin yn sokke gefallen barre kin, ek al sjocht men it sels net. Dat stik mar anke, smoar yn de tuten fan dy wouter, dêr't ik sa ferhipte jaloersk op bin, sa jaloersk, dat ik syn en myn bestean graach omruilje soe, ek al soe ik dan noait wer ien sinnich wurd útbringe.
Dûmny wie mei de lêste wurden dwaande. De klasse waard roerich. Guont begûnen har skriften al ticht te klappen, oaren sochten om etwys of sigaredoazen. Dûmny stampte twa-trije kear mei de hakke op 'e flier, net in learling dy't der oars fan waard. Dûmny begûn der oerhinne te razen, hy makke it der minder mei.
Hy stie troch it brede rút te sjen. Hy woe net mear yngripe, it wie dochs hast tiid en hy hie de moed der ek net ta. Efter syn eagen kloppe
| |
| |
en hammere it, it wynde him yn 'e mage. Hy seach de kant fan it hûs út, watse syn saab seach er noch krekt stean.
Wat soe dêr barre? Dy ferrekkeling, wêrom liet er harren net gewurde, no wie er der al wer, wat hie er hjir eins te meitsjen? En dat se sa ferhipte betiid spylje moasten wie fansels laarje, dat makke net ien him wiis. Noch foar trijen fuort, nota bene.
Hy hie him wat op 'e hals helle mei dat spyljen fan anke, as er it allegearre fantefoaren witten hie soe er nee sein hawwe. Dy watse, mei syn sjarmante manierkes, syn grappen en syn kop tusken de skouders. Hy koe wol geduerich lêst fan stoarmwyn ha, sa loek er syn lady-killerskop yn. Wat seach anke yn dy fint? Wat loek har yn him oan?
De klasse waard ynienen stil. Hy skeat suver op dûmny ta, joech him in hân en skode him hast ta de doar út. De bern murken der wat fan, se gnysken fyntsjes syn kant út. Doe't er wer foar de klasse stie wie it oer, allinne by in pear glimke de wille noch yn 'e eagen nei. Se woene der út, om noch efkes de spanning fêst te hâlden gie er nei syn buro, net ien fan 'e bern beweegde.
Bûten sloech in motor oan. Hy stode nei it rút. De saab ried stadich efterút de strjitte del. Flak foar it skoalplein liet watse it ding swaaie. Anke siet nêst him. Se wiene yn drok petear, se glimke en knikte nei watse. Watse joech andert, seach er. De wein sette út ein, hy stiek syn hân omheech, mar net ien fan twaen seach it. Doe hinge der allinne noch wat blauwe reek oer it eintsje dyk foar it skoalplein.
Hy leunde mei syn hannen op 'e sintrale ferwaarming. Allinne mei fûl slokken en djip sykheljen koe er it spuien tsjinhâlde. Hy trille, it swit stie him op 'e foarholle.
- Godferdomme, sei er heallûd.
Hy krige himsels wer yn 'e macht. Hy gie op 'e sintrale ferwaarming sitten, hy fielde hoe't er samar wurch waard, syn knibbels waarden slop en trillen. Hy sykhelle noch in pear kear djip, hy pakte in bûsdoek en fage it swit fan syn foarholle. De bern seagen him net-begripend oan.
- Gean der mar út, jonges.
Skytskoarjend giene se. Se wisten net wat se der oan hiene, se wiene it ek oars wend, mar wat yntressearre it him. Hy fielde allinne mar it byelkoar knipen fan syn mage en it klopjen oan syn sliepen. Se hie net iens
| |
| |
efkes wiuwd, hy wie gjin inkelde oandacht wurdich. Se hie sitten te kletsen, har eagen op it wiidst iepen om net in sprankeltsje fan watse syn spierbewegings te missen. Him hie se fergetten, se hie it de muoite net wurdich fûn har hân omheech te dwaan. En dy healgeare watse, dy nachtjager, dy hie him fansels nei sibearië winske, dan koe er mei anke dwaan wat er woe. En anke soe it wol gewurde litte, dy fûn it normaal har eigen man te ferjitten.
Hy koe wol grine. Efter syn eagen begûn it te baarnen, hy slokte in pear kear, doe wie er himsels wer sa'n bytsje baas. Stadich gie er oerein. Hy eage de klasse sûnder omtinken oer, de banken ferlitten en leech, gjin earms, fûl oerelkoar prest en gjin spande rêgen. Hy die de doar efter him ticht. De gong lei mei de griisreade tegels en de lege kapstôkheakken iensum yn it sinneljocht, dat mei stadige banen troch de heechoppe ruten foel. Hy die de doarren fan de húskes ien foar ien ticht, de drippende kranen draaide er oan. By de doar fan it tredde lokaal seach er, dat ipy al nei hûs gien wie.
Hy draaide de bûtendoar op slot. De kaaie klikte hurd tsjin it izer, hy moast der altiten efkes tsjinoan drukke, woe it slot hâlde. Hy lei syn earm tsjin de doar oan. Yn 'e fierte jubelen de bern, dy't jûchheiend boarten op 'e buorren. Hy wist net wat er moast yn it lege hûs, dêr't anke dochs wêze soe. Hy soe net lêze kinne, hy soe der neat tsjin dwaan kinne, hoe't hy him der ek tsjin fersette soe.
Hy draaide him om, die it stekje iepen en rûn it paadsje del, de fruchtbeammen bylâns, dy't no earm en wintersk yn it tún stiene. By de efterdoar seach er noch efkes de kant út, dy't watse en anke ynslein wiene. Doe die er de doar mei ien swaai iepen. De tee, dy't klear stean soe wie earne in treast, dat koe watse him net ûntnimme, de soarch, dy't anke oan him bestege, dy wie sines, watse of gjin watse.
Hy die de doar efter him ticht. De kokensdoar die er mei de snút fan syn skoech iepen, hy seach it lege steltsje yn 'e hoeke fan it taffeltsje, de bekrommele pântsjes, nêstelkoarren op it oanrjucht setten, de messen en foarken der krúslings oerhinne. Fierder neat.
- Stik, sei er.
Hy ferflokte watse en anke, dy't tegearre yn folsleinens der tusken út gien wiene yn 'e saab. Har sjen nei him, hy flaaikjend en glimkjend efter
| |
| |
it stjoer, dêr't syn hannen boartsjend op leine, besykjend har te ymponearjen mei it dûnker klinken fan syn lûd, dêr't er de meast brike kronkelingen yn wurd en sin mei stal joech. Eins wie it sa gek noch net, dat anke fereale op him waard, hy wie briljant, sjarmant ek, dat wie net te ûntstriden. Hy koe geastichheden ferkeapje mei in flair, dêr't eltsenien wol yntippelje moast. En as se tegearre op it toaniel stiene moast der wol wat barre, hy spile mei faasje op har yn, syn glimkjen, dat spyljen hiet, soe sûnder mis in soartemint fan echtens krije, en mei sa'n figuer as watse as tsjinspiler wie it gjin wûnder, dat it echt waard. Sels hie er te faak op it toaniel stien om te witten, dat soks mooglik wie. Der ûntstie yn sokke gefallen altiten in soartemint fan bân, net ien hie yn 'e rekken dat it der wie, mar it bestie, hoe dan ek.
Mar wat seach anke yn dy fint? Soe hy har teloarsteld hawwe? Wat hie er ferkeard dien, of hâlde se net mear fan him? Idioatsy fansels, se wie allinne mar fereale op watse, dy't him knap presentearje koe en dy't attint foar har wie. It soe allegearre wol wer foarbygean, op in goede dei soe se it ynsjen en weromkomme. Hy moast de dingen allegearre net sa ferhipte swier opnimme, der koe wol ien fermoarde wurde, sa swier hie er it mei himsels. It wie fansels in foarbygeande ferealens, it soe ek al te gek wêze, dat anke nei in jier trouwen der mei in oar útnaaie soe.
Hy gie nei de keamer ta. Hy pakte in boek fan 'e planke en gie sitten te lêzen. De wurden dûnsen foar syn eagen, de letters rûnen oer elkoar hinne en foarmen ien lange, swarte streek oer de hiele breedte fan de blêdside. Hy lei it boek wer del, en gie nei de koken. Dêr rattele er yn 'e bussen om, oant er de teebus fûn. Hy hâlde de tsjettel ûnder de kraan, efkes letter fluite de stoom troch de iepening fan it muzykynstrumint. Ynienen draaide er it gasstel út. Hy smiet de keldersdoar iepen en fiske in konjakflesse fan de flier. Fan in planke griste er in kopke. De flesse ûnder de earm en it kopke oan in finger bongeljend, gie er wer nei de keamer. Dêr sette er de flesse op it taffeltsje, it kopke der nêst. It boek sette er wer op 'e planke. Steande skonk er it kopke fol konjak, mei in skokkerich gebearte dronk er it yn ien kear leech en kletste it fûl op 'e tafel. Fuort pakte er de flesse wer, de konjak klokkele troch de hals fan 'e flesse it kopke yn. Hy sykhelle djip ear't er de konjak opnaam en kokhalzjend trochslokte. It tredde kopke ferdwûn mei minder muoite. Hy sloech de
| |
| |
kurk op 'e flesse, sykhelle noch in pear kear en fage him om 'e mûle.
Under yn syn mage begûn in waarmens te kommen. Syn holle kloppe sa bot net mear. Hy seach nei syn hannen, de fingers sprate er foarsichtich iepen en ticht, wylst er syn earms foar him útstiek. Hy murk, dat syn hannen net mear trillen. Hy gnyske wat. Hy gie nei de spegel yn 'e hoeke, syn gesicht loek yn 'e gekste tearen, syn mûle gie hurd iepen, ticht. Hy loek mei syn wiisfingers djippe wâlen ûnder syn eagen, twa brede reade rânen kaam der ûnder. Mei syn ringfingers drukte er op syn noas, laitsjend stiek er de tonge út tsjin it spegelbyld.
Krampskokjend sette er op 'e tafel ta. Tige foarsichtich peutere er de kurk fan 'e flesse. Hy liet hoeden it kopke wer fol rinne, kletste de kurk yn 'e hals en rôle de flesse tsjin de plint oan. Hy lake lûdop. Syn útstutsen wiisfinger gie nei it kopke, mei in bôge liet er de finger yn 'e konjak ploempe, dy't er priuwend yn 'e mûle stiek. Stoareagjend nei de glasuerde glâns fan it kopke, naam er it tusken tomme en pink.
- Proast, watse, sei er.
Hy dronk it kopke leech. Mei in bôge kwakte er it nêst de flesse tsjin de plint oan. Fernuvere seach er it nei, hy loek syn wynbrauwen omheech, doe't it kopke de klap oerlibbe. Hy lake. Ynienen krige er de hik. Mei syn fingers pjukte er himsels yn 'e mage.
It finsterbank begûn te driuwen. Hy strampele der hinne, lei syn hân der op en besocht it ding tsjin te hâlden. Hy suchte.
- Watse-patse o-la-la, sei er.
Syn earms op 'e mage en dûbelgear fan it laitsjen foel er yn 'e stoel. Syn hân fage ûnwis in strieltsje flibe fan syn kin.
- Watser patser.
Hy sloech himsels fan wille tsjin de kop oan. Net-begripend seach er nei syn hân, dy't er doe mei in lilk gesicht yn 'e bûse die. Hyltyd stadiger laitsjend, sa no en dan in hege úthaal tusken syn tosken troch sliere littend, foel er suchtsjend yn 'e sliep.
Hy waard wer wekker mei in barstende pineholle. Rydboskjend lei er syn earms knipend om syn skouders hinne. Stadich kaam er oerein, yn it tsjuster stroffeljend en flokkend sykjend om it knopke fan it ljocht. Knippend foel de keamer ynienen yn it ljocht. Hy stie rûngear by de doar, syn hannen oan syn foarholle. Hy seach fernuvere nei de flesse en it kopke,
| |
| |
dy't bryk en net te ferklearjen tsjin de plint oan leine. Trilderich seach er op syn horloazje. Twa oere, goddomme wêr is anke. Stadich kaam alles him wer yn it sin. De saab dy't samar fuort riden wie, anke, dy't net wiuwd of goeie sein hie. Gnizende watse.
Hy skarrele by de plint lâns, krige it kopke en de flesse op. Stuiteljend beseach er it etiket, dat blau en goudeftich weromgniisde. Wêrom wie anke noch net thús? Wêr hinge se út?
Hy hie honger. Foarsichtich bewegend die er de doar iepen, yn 'e koken smarde er himsels in pear stikken bôle, dy't er mei in pear slokken flessemolke fuort spielde.
Wêr soe anke úthingje? Se hie al lang thús wêze moatten, oars wie se noait sa let. Miskien naam se no har kâns waar, se soe fansels earne oan 'e dyk stean mei dy watse, de kachel fan 'e saab soe waarm spinne. Kâld soene se net wêze, wylst watse syn bêst die, syn hannen ûnder har rokken graaie te litten.
Wêrom die anke dit dochs yn 'e goedichheid? Watfoar belang hie se der by? Hie se oan him gjin genôch? Mar sa gleon wie anke no ek wer net, twa kear yn 'e wike wie moai, goddomme, hy hie der nei de earste hite het gedonder genôch om hân. Of soe dat him krekt wêze? Wie watse sêfter? Ach, klets fansels, as sa'n keardel as watse oan in slipperke begjint docht er dat net om 'e saneamde leafde. Dan moat it broekje út, mei minder is sa'nien net tefreden.
Hy lake, as er der oan tocht, hoe'n gedonder as it wurde soe yn sa'n auto. Alles soe fansels fierstente lyts wêze, anke soe net langút lizze kinne, en hoe soe watse it dan fersiere wolle? It soe in frustrearjende fertoaning wurde, watse mei in reade kop en hymjend, anke longerjend en ek frustearre. God, wat in alderbedroevendst saakje.
Miskien soe it it bêste wêze as er rommert efkes belle. Dy wist fansels wannear't se fuortgien wiene. It waard al sa dondersken let.
Hy gie nei de tillefoan. Oan 'e oare kant bleau it stil, se wiene dus noch net thús of rommert lei al te bêd. Miskien hiene se pech, of se wiene bleaun te dûnsjen diskear. Hy lei de hoarn op 'e heak. Rommert lei fansels al op bêd, dy hie de tillefoan heard en hie earst noch syn keamerjas oandwaan moatten, fansels. Droech sa'n ien as rommert trouwens wol in keamerjas? Wat in fraach, idioat dat soks yn sokke stuiten yn jin opkaam.
| |
| |
Hy draaide it nûmer fannijs. Oan 'e oare kant waard de hoarn fan 'e haak nommen.
- Se binne al in healoere fuort.
- Danke.
Se hiene al lang thús wêze moatten. Wêr hingen dy twa út? Wat hiene se te ferstriken, dy twa?
Hy gie oan it kofjesetten. De mûne draaide as in wyld, de beannen kreaken tusken de tosken, de moude stode tin yn it gleske, dat brún waard. Efkes letter wie de rook fan farske kofje hielendal troch it hús, it wetter rattele en buorrele tsjin it glêzen boppestikje fan de kanne oan. Doe't de kofje stie te trekken op it pitsje naam er in aspiryntsje, syn pineholle woe mar net oer. Miskien stie der noch pils yn 'e kelder, mar nee, de dûnkere fleskes dy't om 'e hoeke fan de doar stiene wiene leech, it ljocht skittere der brún yn, de griene etiketten wiene ferfrjemde en stiene him húnsk oan te gnizen.
De kofje roek it hiele hûs troch. Yn syn tinzen seach er de rook driuwen, troch de gong, by de trep op, troch de sliepkeamers, nei it bêd, dêr't anke lizze moast. Se soe har noas iependwaan, de noaswjokken iepenteare, sizze, dat it goed wie en dat se sin oan kofje hie. Mar se wie der net, se siet earne oan 'e kant fan 'e dyk mei watse yn in saab te frijen, de goddommese slet.
Hy draaide it pitsje wat leger. As se foarlopich net kamen, soe de kofje fersean wêze, der soe rook noch smaak oan wêze. De kofje begûn leech te protteljen tsjin de boppekant fan de kanne oan, sa no en dan buorrele in flutske kofje tsjin it gleske oan. De rook waaide tin út 'e koken en út de gong wei. It steltsje tekene in teare ljochtsirkel op 'e muorre fan de koken, dy't it smelle ljocht stadich opgluorke, fanwege de tegeltsjes, dy't glânzgjend glasuerd wiene. Hy lei syn hân op 'e râne fan it kastke. Wat moast er yn fredesnamme? Hy seach op syn horloazje, se hiene der al minstens in trije kertier wêze moatten, wat moast er dwaan? In sêne meitsje, watse ferflokke mei syn bryk halske? Anke der yn skuorre, de doar ticht smite en watse stean litte, sa grut as er wie? Wat soe watse dwaan yn sa'n gefal? Sûnder mis soe er de skouders oplûke, glimkje en ferdwine. Hy moast der net oan tinke, dat soe in fernederjende operaasje wurde. Anke soe by him yn 'e gong stean, watse soe yn de saab
| |
| |
stappe, al gnyskjend, syn holle skean, krekt as stie der in foech stoarm fan siden. En hy der by stumperich, wylst anke der stean soe, glimkjend en har gjin fluit oanlûkend fan syn bywêzichheid.
Hy draaide it pitsje fierder omleech. De kofje begûn minder te sjurreljen, it gleske waard amper mear brún, sa no en dan plompte in flutsje brunich focht tsjin it túteftige gleske oan.
Wannear soene se no thúskomme? En hokfoar smoesje soene se oanfiere, om it lette thúskommen te ferklearjen? Pech? Lekke bân? Glêd op 'e diken? Damp? Hy draaide it ljocht yn 'e koken út. Hy smiet de bûtendoar iepen en stau it skoalplein op, besykjend te gliidzjen oer de tegels. It slagge net, yn 'e fierte koe er de lantearnen fan readtsjerk sjen.
Syn hannen trillen, in kjeld foel oer syn hiele lea. De mislikens fan de middeis kaam werom, dêr soe de konjak ek wol gjin goed oan dien ha. Hy stie te triljen op it skoalplein. Wêr bleauwen se no toch? En anke, hoe koe anke dit dwaan? Wêrom die se dit? Hie se net yn 'e rekken, dat hy der mei ompankoeke, dat er it net ferarbeidzje koe? Wêrom die se it, hâlde se net mear fan him? Mar wêrom sei se dan net deagewoan, ik hâld net mear fan dy, ik gean fuort? Dat soe ommers foar beide yn dat gefal in ferromming wêze, neat mear en neat minder. Eltse kear as se mei dy ferhipte watse de boer opgyng, soe er ommers wit-net-wat tinke, hy soe neigeanderich wurde, en koe anke him dat op 'e keper besjoen ferwite? Nee, se hie it ommers oan harsels te tankjen mei har fluenskens en leaflikheid foar watse oer. Der hie ferdomd noch net iens tee klear west, stel je foar, gjin tee, dy slet. En sels der mei dy watse fan troch gean.
Hy gie der wer yn. Yn 'e keamer wist er net wat er moast, hy pakte it boek wer fan de planke, blêde der yn, mar it loek him net. Hy sette it wer op 'e planke, net wittend wat er moast. Koe er mar op bêd gean, rêstich sliepe en nearne oan tinke. Wat moast er trouwens as anke aanstons thúskaam? It wie al let, watse soe der wol net mear mei ynkomme, destebetter, mar wat moast er mei anke? Freegje, wêrom't se sa let wiene? Dan soe se him ferlige, se wist net dat hy belle hie. Of soe se de moed hawwe de wierheid te sizzen? Soe se dy moed hawwe? Miskien wie dat it bêste, krekt dwaan as wist er fan neat en har de komeedzje spylje litte, har de dingen sizze litte, dan koe er nei in skoftke gewoan sizze, dat se siet te ligen. Dan soe se miskien skrikke en de wierheid sizze. Dan koene der
| |
| |
dingen dien wurde. Mar as se no ris liigde, tsjin 'e klippen op bewearde dat se pech hân hiene of in lege bân? Wat soe er dan moatte? Driigje en in sêne meitsje? Dat soe wol in tige djippe yndruk meitsje, as se dochs ferkeard woe. It bêste soe miskien wêze, de dingen mar gewoan barre te litten, sels neat dwaan, as anke en watse yndie wat útfretten hiene, soe se wol mei in ferklearring komme, se soe har ommers sels min ofte mear skuldich fiele, en foar harsels soe se dan net ûnder in ferklearring út kinne. Dat wie by eintsjebesluten it bêste, as er it no mar spylje koe, krekt dwaan as wist er fan neat, krekt as hie er net belle.
Wêr bleau se no dochs? Wêrom moast it no persee sa let wurde? De sufferts, se ferpesten it ommers op dizze manier foar harsels, as se no op in wat normaler tiid thúskommen wiene, hie hy gjin reden ta erchtinkendheid hân, en se giene ommers sa faak fuort te spyljen? As er it goed beseach, snijden se harsels jûn knap yn 'e fingers.
Hy gie wer nei de koken. De kofje prottele net iens mear, de rook wie fuort, it ljochtsirkeltsje gluorke noch like earmoedich.
Ynienen hearde er it protteljen fan in twatakt. Hy smiet de doar nei de bykoken iepen. Under de lantearne op 'e hoeke stie watse syn saab. Hy seach op syn horloazje, mear as twa-en-in-heal oere hiene se wurk hân om tritich kilometer te riden. Watse stie anke har koffer ûnder de efterflap wei te heljen. Anke spankere der wat by om, sa't it like net hielendal wis fan harsels. Fansels hie watse ûnder dizze omstannichheden de moed net, der mei yn te gean, wylst er dochs sjen koe dat yn it skoalhûs de ljochten noch helderop barnden. De skytsek, fansels stapte er sa efter it stjoer fan syn ellindige twatakt sjurrelpôt, hy hie op 't lêst it goede efter de knopen, dy koe mei goed fatsoen nei syn wiif ride en sizze, dat se pech hân hiene.
Anke naam de koffer fan watse oer. Fansels gjin yntimiteiten mear, dêr op dy hoeke. Watse rôp soksawat fan hoi, dûkte efter it stjoer en starte op slach de motor. Anke seach de ferdwinende wein nei.
Hy sloech de bykokensdoar ticht. Yn 't foarbygean draaide er de kofje noch efkes op fûl. It protteljen begûn wer. Hy gie nei de foardoar, dy't er breed iepenfierde. Anke kaam de strjitte del. Hy draaide it bûtenljocht op.
- Hoi, sei se.
Hy naam har op, der wie neat oan har te merkbiten. Se die har jas
| |
| |
kalm út, hinge him oan de kapstôk en naam de koffer mei nei de keamer.
- Wat bin jim let.
Se seach him ynienen oan. Doe slingere se de koffer op 'e tafel, se helle mei stadige gebearten har kostúms der út, dy't se oer stokjes hinne hinge en oan 'e doarpost pjukte.
- It wie sa glêd.
Hy seach har nochris skerp oan. Der wie neat oan har te fernimmen.
- Hjir net, sei er.
- Hast bûten west?
- Ik waard ûngerêst.
Syn hert begûn te jakkerjen, syn sykheljen gie net al te bêst, hy fielde hoe't er in kaam krige. Anke seach him oan.
- Op 'e strjitwei wie it as sjippe.
It hammere oan syn sliepen, it swit kaam him op 'e foarholle.
- Wat haste, frege se.
- Wat soe ik ha?
Sei se it no mar, sei se mar, ik ha mei watse lein te donderjen, it spyt my. Ik doch it noait wer, mar se sei it net, se gie gewoan troch mei it útpakken fan har koffer, krekt as wie it deanormaal dat se dêr op dy oere fan de nacht sa dwaande wie.
Hy koe it net mear úthâlde. Syn hert jage him as wyld, syn polsen kloppen.
- Ha jim lekker frijd?
Hy patste it der út, doe't er it sein hie, hie er der al spyt fan.
Anke fearre ynienen oerein. Se seach him mei grutte skrikeagen oan.
- Hoe komst dêr by?
Hy wist net wat er sizze moast. As er sei, dat er rommert belle hie, ferknalde er de hiele troep. Wat moast er, wat moast er?
- Ik ha rommert belle, sei er heas.
- Rotsak!
Se smiet de koffer yn in hoeke fan de keamer, reage yn ien feech de klean fan de doarpost en smiet de doar mei in klap efter har ticht. Se jakkere by de trep op, har fuotstappen roffelen op 'e trimen. Hy gie ferslein yn in stoel sitten, hie er my dêr alles yn ien kear ferprutst, en se joech it ek noch net iens ta. Miskien hie it wol glêd west, faaks hiene se net hurder
| |
| |
as tritich ride kinnen, wa wit. Mar dan hiene se noch earder thús wêze moatten, twa-en-in-heal oere oer tritich kilometer wie te gek, dat leaude net ien.
Se kaam de trep wer del. Se die de keamersdoar iepen. Se stie him oan te sjen.
- Wy moatte op bêd, sei se.
- Ik frege dy wat.
Se loek oan 'e skouders en seach him gnyskjend oan.
- Goed, wy ha frijd.
- Hoechst earst net te ligen.
- Ik gean op bêd.
Se die de doar ticht. Se joech it rûnút ta, krekt as siet der gjin kwea yn. Se joech it ta, nota bene. Se hie mei watse frijd, krekt as wie it de gewoanste saak fan 'e wrâld, en se gie op bêd, sûnder dat se ek mar wat ferklearre.
Hy stiek triljend in sigaret oan. Hy helle de reek skokkerich syn longen yn.
Ik moast foar de krante nei in toanielfoarstelling. Ik hie my krekt oan in taffeltsje oan it tuskenpaad nestele en myn boekje en pinne klearlein, doe stapte dy wouter de seal yn. Mei al syn selsfoldienens seach er it hear oer, syn frou ien of twa stappen efter him, sûnder dat er him ek mar wat fan har oanloek. Hy kaam deun by myn taffeltsje lâns, hy seach my net, gelokkich. De kjellens skeat my yn 'e knibbels. Ik siet dêr te hoopjen, dat ik him dy jûns ûntrinne koe. Ik hie der neat gjin ferlet fan, dy wouter tsjin te kommen en mei him prate te moatten. Wat die er hjir, koe er my dan nearne mei rêst litte.
Under de earste twa bedriuwen siet ik my hyltyd te berieden, wat ik dwaan moast as ik al ris gesicht ta gesicht mei him kaam te stean. Ik wist it net, him hielendal net sjen wie my te lyts, ik wist it net.
Yn it skoft moast ik nei de toiletten. Ik wie klear en soe der út, wa stiet dêr yn de doar?
- Jûn, mynhear veenboer, sei ik.
Ik soe him direkt foarby, mar dêr stie er stumperich te gnizen, syn antlit royaal yn twa helten spjalt, syn hân noch oan 'e kruk fan 'e
| |
| |
doar. Hy wist net wat er sizze moast. Doe klapte syn stompsinnich gesicht yn ien kear ticht.
- Hoe is it mei dy?
Hy hie it net iens field, dy tsjokhûd. Wêr helle er it lef wei, my te tutoyearjen? It feit, dat er itselde wiif tute hat as ik jout him it rjocht noch net, my mei dû oan te sprekken. Mar dat hie er net yn 'e rekken, de knuppel.
- Goed, better as mei jo, ornearje ik.
Hy begriep it net, hy stie dêr te skutterjen as in lyts bern dat by master komme moat.
Fansels haw ik him dêr stean litten, wa wit stiet er der miskien no noch, nee, dat is net wier, want de jûns die er syn uterste bêst in oar frommes syn geunsten te sliten, wylst syn frou allinnich oan in taffeltsje siet, dûnse hy mei syn gleie kont in stikmennich kilometers efterút oer de dûnsflier, syn ranende eagen op in ladykillerskier.
Ik seach dwers troch syn broek hinne, dy't oer syn efteroan-kommende kont plakt siet. Ik seach de pûkels mei de gleie giele kopkes, de yndruiende reade roofkes, it ynwite, pikefellich fleis. Hy wit noch net, dat er no al leit te ferrotsjen, de pûkels sille him op 't lêst hielendal oanfrette, hy sil in dea stjerre, dy't pynlik is en stadich, mar hy wit it noch net. Nee, lit de pûkels op syn kont mar ûngefaarlik wêze, in libben, dêr't er noait mear yn neuke mei, winskje ik wouter fan herten ta. Lit him libje yn frede.
Sis, lit ûs no earlik wêze, ja?
Dan hie 'k dy sear dwaan moatten.
| |
| |
Lit it no mar sa't it is.
Dan dochst net ien sear, woest sizze, en dan besparrest ús beide pynlike bykomstichheden, dat bedoelst dochs?
Mar wy kinne de saak dochs wol útite.
It litte sa't it is, hén? Gjin gefoelichheidsjes mear.
Dat is net better, letter krigest spyt en dan sitst mei de rotsoai om te topjen, dêr pas ik foar.
(stadich en wurch) Lit it sa dochs.
(stilte).
Wat tochst, dat wy wer byelkoar komme kinne sûnder pine?
Wêrom moatte wy byelkoar komme?
Tinkst, dat wy útelkoar gean kinne sûnder pine?
Dat tinkst no, mar as hy dy strak stikke lit...
(fûl) Hy lit my net stikke.
Haw ik dy dan wolris stikke litten.
(stilte).
(fûl freegjend) Haw ik dy stikke litten?
(stilte).
(hastich, fûl) Dû hast my stikke litten. Dû hast noait akseptearje wollen dat ik dy net byfytse koe, altyd hast my omheechprest, ik haw altyd op 'e teannen stean moatten. As ik soargen hie lakestû se fuort, mar astû soargen hieste moast ik harkje en harkje, ik wist op 't lêst net mear wêrstû it oer hieste, mar ik harke oant ik siik en mislik waard fan dyn problemen oer alles en noch wat.
| |
| |
(hyltyd hastiger) En de gewoane dingen dêr't ik mei omklaude, dy seachstû net, dû fergeatst, dat dy foar my belangryk wiene, dêr toppe ik mei om. En god, dû lakest. Ik kin dat skoalmasterich klopke op myn skouder net mear útstean, dyn lûd kriget in klank as sprekstû tsjin ien fan dyn learlingen. (begjint senuweftich te gûlen) Ik fiel my as in bern by dy, ik kin der net mear oer, ik kin net mear. (lûder) Ik haatsje dy.
(raast) Hâld op, hâld dochs op.
(snokkeret) Ik kin it net mear ferneare, ik wol by dy wei.
Sa moatst net, dû begjinst wer, dû bist net te feroarjen, altyd bliuwstû dyn eigenwiis sels. (gûlt noch) Dû feroarest net, en dan dyn praat oer minsklikheid, witst net iens wat minsklikheid is. (snokkeret fûl) Dû hast my stikke litten, fan it begjin ôf hast my stikke litten.
Dû hast my stikke litten, hyltyd faker, hyltyd mear, alle dagen op 'e nij.
(stilte).
(bekomt wat fan it gûlen) Dû bestiest allinne foar dysels. Allinne op bêd, dan wiest der wol, dan koest wol, ik koe op 't lêst dyn oanreitsjen net mear ferneare, it stie my tsjin, o wat stie it my tsjin.
Ja, ik kaam wol klear, dat wie it net, mar ik kin dy net sizze hoefolle muoite as it my koste it te ferdragen. Ik haw mysels der ta prest.
Wêrom hast it net earder sein.
| |
| |
Wy moatte it witte, famke.
(raast, lilk) Altyd dat famke, ik bin dyn famke net, ik skyt op dyn famke, hâld dy dochs ris stil, goare skoalmaster.
(stilte).
Ik wol mâl, altyd ha 'k my ynhâlden, mar no is it út, it is foarby, oer, út.
(efkes stilte).
Ik ferdom it, my stil te hâlden, ik doch it net mear, moatst mar witte hoe kapot it is.
Sjochst it no noch net? Wat bist in ûle, fielst dan hielendal neat?
Mar hoe sit it no ynelkoar, snapst net, dat dat foar my belangryk is, snapst dat net?
En wat soe foar my wichtich wêze, tinkste?
Datst mei fakânsje giest.
Begjin dêr no net wer oer, wolste?
Ik bin net oer myn toeren.
As dy oare der net wie, woest dan ek by my wei?
| |
| |
Ik gean nèt mei fakânsje.
Yn sân jier bin ik net ta mysels kommen, soe 'k it dan yn fjirtjin dagen kinne?
Astrid en anke sieten yn it gers by de reinwettersbak. De sinne skynde op de hyltyd reader wurdende wangen fan 'e apels, anke hie har swimpak oandien, astrid siet op in gerske te kôgjen.
Ik siet op 'e drompel fan de efterdoar te sjen. Ik seach anke yn swimpak, hearlike anke mei har blanke skonken en har sêfte hûd. Doe gie se lizzen, de earms ûnder har nekke yn it lange gers. Der wie in glimke om har mûle, datselde glimke, dat der earder altyd wie. Wat soe se tinke, myn anke, wat soe se sjen? Soe se mei wouter boartsje earne fier fuort oan in strân? Smiet se him in grutte kleurige bal ta, dêr't hy laitsjend efteroan draafde?
Seach se dan net, hoe't er ûndertusken nei oare froulju seach, as de bal te fier fuort gyng, hie se net yn 'e rekken, hoe't syn brede glim oer alle brúnrêgige en klamme froulju gie? Seach se it net?
Wat tocht anke, doe't se dêr sa lei? Tocht se der oan, hoe't ik in dei tefoaren ús sportwein ferkoft hie, tocht se der oan, hoe't wy oer in pear dagen útelkoar gean soene, en dat sy dan frij wie, sa frij as in fûgeltsje yn 'e loft? Tocht se dêr oan? Wêr tinkt in frou oan, as se glimket en swijt?
Of wie it allinne mar de sinne, dy't streakjend oer har lea gyng, dy't sêft en stadich har lea betaaste? Wiene it de gerskes, dy't har hûd amper stutsen, dy't har súntjes kidelen en ticht by harsels brochten?
Se lei dêr mei harsels ûnder de apels yn 'e sinne, brûn te wurden, te glimkjen, moai te wêzen, te swijen.
Net ien sei wat, astrid swijde, anke sei neat en ik hâlde my stil. Ik siet te sjen nei dy twa, dy't dêr sieten en oan neat tochten, miskien. De sinne skynde as in gek, ik siet dêr en snottere hast. Oaremoarn moast ik fuort.
| |
| |
(Astrid). Ik heb me tot nu toe niet juist uitgedrukt. De feiten zoals ze zich exact hebben afgespeeld, zijn onder een nietszeggende woordenstroom verdwenen, en de vragen, die ik mezelf heb gesteld, zijn niet duidelijk tevoorschijn gekomen. Laat ik me daarom aan de feiten houden.
Toen jij de gelagkamer binnenkwam, zat ik gecostumeerd en besnord met anke en wouter aan een tafel. Jij zocht een plaats aan de stamtafel, waar een paar oudere mannen zaten te kaarten. Waarom anke toen zei, dat ik naar je toe moest gaan is voor mij geen vraag meer. Voor jou ook niet, mag ik aannemen.
Ik had toen al meer gedronken dan goed voor me was. Dat moet jou ongetwijfeld zijn opgevallen. Eerste vraag dus: waarom ging jij zo gretig op mijn aanbod in?
Je moet er wel een erg gegronde reden voor hebben gehad, misschien had je zin in een feestje, misschien had je doodgewoon behoefte aan een kerel. Maar waarom zocht je dan geen betere partner uit? Ik was te sjikker om nog iets te presteren. Toegegeven, het was nog lang geen twaalf uur, nog tijd genoeg om te ontnuchteren, maar toch liepen daar betere kerels rond. Jij moet dus een keiharde reden hebben gehad, om juist in mijn gezelschap te willen zijn. Verliefdheid durf ik wel uit te schakelen, omdat anke en ik niettegenstaande alles toch wel als getrouwd konden worden herkend. Nee, het getrouwd zijn van een eventuele partner is geen belemmering voor verliefdheid, o.k. Dat is dus mogelijk.
Een andere verklaring zou kunnen zijn dat je geen geld genoeg had om je hotelkamer te kunnen betalen. Aannemelijk lijkt me dat wel, want als ik me alles goed herinner, heb ik de volgende veertien dagen alles voor jou betaald.
Tot op dit ogenblik twee redenen dus: verliefdheid en zwart zaad. Misschien een combinatie van die twee.
Laten we eerst die verliefdheid eens nagaan. Jij zag, dat anke met wouter zat te flirten, je kon dus aannemen, dat ik op jou eventuele avances in zou gaan. Maar voordat jij met flirten kon beginnen, stond ik naast je. Ik was je voor, je accepteerde gretig, en dat pleit voor de tweede reden. Ik kwam dus als een deus ex machina, je moeilijkheden losten zich plotseling op, je kon weer verder, daarom zei je ja. Afgezien van de tijd die je aan ons besteedde, heeft het je niets gekost, het heeft je zelfs nog een paar jurken, die anke niet meer pasten, opgeleverd. In ruil daarvoor wilde jij je bemiddeling wel verlenen.
Jouw verliefdheid wil ik niet helemaal uitsluiten: je protesteerde niet,
| |
| |
toen mijn handtastelijkheden toenamen met de hoeveelheid bier. Je kuste me net even te geïnteresseerd, om een zakelijke basis te kunnen verantwoorden.
Hoogstwaarschijnlijk toch een combinatie van die twee, verliefdheid en zwart zaad. Misschien met een extra accentje op zwart zaad, je protesteerde niet, toen ik naast je wilde slapen. Een tikkeltje professioneel was het wel.
Hiermee kom ik terecht bij de tweede vraag: wie en wat was je?
In ieder geval niet dom. Uit de gesprekken die wij voerden bleek onomstotelijk, dat je met een aardige portie hersens was begiftigd. Ook cor was daarvan overtuigd, zo erg zelfs, dat hij meende, zijn levensopvatting met jou ideeën te kunnen uitbouwen. Maar je was toch niet zo intelligent, dat je verschillende stadia uit je leven en enkele omstandigheden uitelkaar kon houden. Er was iets loos met de waarheid, die je voorgaf te vertellen. Wat te denken bijvoorbeeld van feiten, die je de ene dag zo en de andere dag zus vertelde? En hoe is het mogelijk, dat je met je vijfentwintig jaar twee liefdes van drie, en één van twee jaar (alle met inwoning) achter de rug had? Die liefdes moeten elkaar wel met een opmerkelijke snelheid zijn opgevolgd temeer, omdat je vertelde, van de dood van je eerste geliefde nogal over je toeren te zijn geweest. Die eerste moet in belgië een beroemdheid zijn geweest, een klein literair genie, gemakkelijk na te gaan dus, ook omdat zijn dood nogal spectaculair was.
En je fotografie? Waar was je camera? Je koffer stond uiteraard op mijn kamer, je gunde me een blik over al je lingerie, die overdadig aan alle kanten uitpuilde. Maar geen camera te bekennen. En volgens je eigen inlichtingen was je toch op het feest om platen te schieten, maar geen enkele werd genomen.
Voor jou was er een reden, mij niet de exacte waarheid te vertellen. Ik mag aannemen, dat er iets in jou verleden was, dat zich minder voor 'publicatie' leende. Toch maakte je er geen geheim van, dat je een kind had. Allemaal feiten, die min of meer met elkaar in tegenspraak zijn, en voor mij zeker niet In overeenstemming met de werkelijkheid.
De mogelijkheid bestaat dus, dat je een doodgewoon sletje was, nee, niet doodgewoon, je had meer lering getrokken uit je ervaring, je had meer ontwikkeling ook. Misschien was je een amatrice, die hier een kans zag, zonder veel moeite in leven te blijven.
Laten we het hier voorlopig bij laten: een knap meisje, gezegend met een dosis gezond verstand en zakelijk inzicht. En vrij opportunistisch.
|
|