| |
| |
| |
Seis
(Anke). Hoestû foar my de trep op gean kinste, dû litst safolle fan dyn skonken sjen, dat it my yntrigearret en wyld makket.
Ik rin efter dy oan, ik sjoch hoestû beweechst, ik merkbyt it spannen fan dyn spieren, it hurder wurden fan dyn kûten troch it treprinnen. Ik sjoch de râne fan dyn nylons, strak spand oer it fleis fan dyn skonken oan 'e boppekant, de kûltsjes dy't der yn komme fanwege it op-en-del gean fan dyn fuotten by de trep op.
De uterste rântsjes fan dyn broekje sjoch ik, dyn rokken tikje yn 'e hoksen.
Hoe leistû dy op dat omheechgean út en as ik in greep doch skatterstû heech tsjin it plafond fan de oerloop oan, it lûd falt ynspinnend op my del, dyn efterst beweecht fûl om my kwyt te reitsjen en dyn spieren binne hurd en sêft tagelyk.
Dat laitsjen fan dy, it komt djip út dyn kiel en tagelyk foare fan dyn lippen en dyn mûle krollet de foarste tosken bleat. Dyn eagen stjerkje fan wille.
Oan 'e boppeste trime wachtestû my op. Ear't ik ta oanfallen oergean kin, tilstû efkes de seame op fan dyn rôk. Dû ferdwynst, winend om 'e hoeke fan de dûs.
As ik op 'e sliepkeamer kom hastû dyn jurk al út, dyn bewegen is útdaagjend oan 'e oare kant fan it bêd. Dû ûntkomst my laitsjend, krûpend oer de tekkens en draaiend om it fuottenein.
Bytsje by bytsje saaie dyn klean ôf nei de flier, oanstû biste sastû biste. Dû flechtest foar my út en besikest my te ûntkommen.
Dyn lea is steil en glêd en mear as frou. Dyn bewegen is wynsk en
| |
| |
it op-en-del gean fan dyn boarsten troch it flechtsjen makket my folle mear as blyn.
En dan dyn eagen. Grut en laitsjend en lokjend, grien en net nei te gean sa ljocht, oanstû op it bêd delfalst, de tekkens beskermjend om dy hinne, mar dû litst se te maklik fuortlûke.
Dan leistû dêr, hymjend en freegjend, dyn eagen ûnthjitte gâns en it is in heap watstû jaan kinste. Ik gean yn op dyn ferlieden. Ik fluitsje it wyske, dat fan ús tegearre is.
Myn leafste, wa ken my lykastû my kenste, wa wit fan myn langsten en fan myn fertrietlikens lykas dû? Hokker frou wit der fan, hoe't de klean útfalle moatte en hoe't se wêze moat, as wy binne lykas de earste minsken?
Dû nimst my op as in bychteling, dû hast weet fan myn alles, dû soargest foar my en foar datjinge, dat ik lykje. Wa soe dat dwaan kinne lykas dy?
It fallen fan dyn klean, it bewegen fan dyn hannen oeral yn it hûs, dyn neaken-wêzen, it gean fan dyn skonken sûnder klean, wy witte it fan elkoar. En wa soe it oars kenne?
As dyn lippen tútsje, iepen en wûnderlik, lokkestû my út nei dy. Dû sjochst yn my, klearder as elts oar. Dû kenst my oant yn de fierste útharne, dû witst fan it bewegen fan myn hûd, fan it waachsen fan myn hier. Myn famke, wa soe it oars wêze moatte?
Dû witst fan myn laitsjen, fan myn skriemen somtiden. Dû witst, hoe't myn hannen dyn hûd iepen teare en dyn mûle hat weet fan myn tosken.
Lis dyn holle op myn skouder, dyn earmen om my hinne, sykhelje dyn waarmens om my en doch dysels iepen. Weevje mei dyn lûd de romte fol slingers en ploaitsje it lêste byld fan myn eagen, datstû it bewarje kinste.
Ik doch dyn eagen ticht en ik hâld dy yn my oant altyd.
It rint my út 'e hannen. It is net in kwesje fan diggels fan anke en my, it is in krisis, dy't my allinne oangiet en dy't sa stadichoan alles omfiemet.
Ik kin dy wouter no wol ytlike trapen neijaan en anke te kyk
| |
| |
sette as in foech slet, mar sa wie it net, ik spile op 't lêst ek mei. As der twa of trije kibje, binne der twa of trije dy't skuld hawwe. Dêr mei ik my net oan ûntwine, en boppedat, anke en wouter hawwe rjocht op har poarsje gelyk. Ik moat leare, myn ûngelyk te nimmen.
Alla dus, earlikheid slacht de klok, mar likegoed bin ik net ree, dy wouter syn gelyk te jaan, om't ik der fan oertsjûge bin dat er gjin gelyk hat. Dy wouter, dat is in lummel, in leechgonger, in luchtbân, ien, dy't allinnich mar bestiet by de graasje fan syn potinsje, in dûbelspion, dy't sawol syn frou as anke beliicht. Earme anke, wêrom krekt him, wêrom gjin oar, ien mei geast en spiritualiteit. Wêrom no krekt dizze botte knaap, stompsinnich, earm fan geast en ynsjoch, mear as earmoedich wat fantasije en subtiliteit oanbelanget. Hy brûkt har deagewoan as slet, se hat it net yn 'e rekken, se mient, dat hy fan har hâldt en dat er by har komt út leafde.
Wat kin er har jaan? In earmeljusbestean mei twa hûshâldings, elke moanne alimentaasje ôfdrage en skulden meitsje. Earme anke, wêr bliuwe dan de grutte plannen? Wat bliuwt der oer fan in leafde, dy't yn it begjin al gjin leafde wie? Want wat, as wouter him ferfeelt en ferlet fan in oar gat kriget? Dan stiet se neaken yn 'e wrâld, sûnder stipe. Dan is alles foarby, en op in moarntiid sjocht se yn 'e spegel, se is âld wurden, gjin man dy't mear nei har omsjocht. En wat dan? Wat bliuwt der oer fan de heftigens, wêr is de ferealens bleaun en wêr de hite gebearten?
En earne oars stiet wouter foar de spegel, noch wol thús, want de moed om te skieden sil hy noait opbringe, en hy konstatearret, dat syn rûp wat spliterich is fan it yn en út rûtsen fan allerhande gatten. Hy smart der wat salve op, en dêrmei is foar him it probleem út 'e wrâld. Hy fluitet syn deuntsje, ik hâld fan alle froulju ûnder de tritich jier, fan lytse en koarte, fan brune en swarte, fan anke, sytske, sibbeltsje en knier. Undertusken leit er noch in pear slaggen yn syn hier en dan is er klear om oan syn dei te begjinnen.
Hoe fierder it nei de jûn rint, hoe ûngedueriger hy wurdt. Syn tinzen kin er mar amper mear by 't wurk hâlde, want hyltiten slûpe se yn 'e rjochting fan it gat, dat der jûn wer op him wachtet. Earne yn 'e omkriten fan syn gulp begjint in fertocht stikje ferheging.
| |
| |
De fakânsje is wer om. Ik moat noch sa'n fjirtjin dagen nei starum en de hiele swik komt wer by my op. Ik sjoch it hûs wer, dat no leechstiet, de fitraazje is fuort en troch de legens fan de keamers liket alles fan bûten ôf swart. It stiet der op 'e hoeke fan it skoalplein gapsk en neaken.
De bern wachtsje my moarns op. Se fiele dat der wat is mei master, se sjogge my mei grutte eagen oan, mar se kinne it noch net befiemje, wat der krekt is. Miskien witte se it ek wòl, der sil thús oer praat wêze. Wat giet der dan yn harren om, wat betinke se mei dy wûnderlik logyske riddenearkronkels en wer komme se út? Pedagogysk sjoen is it effekt hoe dan ek ferneatigjend, it mearke fan de prins mei de laitsjende blauwe eagen giet fansels yngreven om hals en de prinsesse wachtet al lang net mear.
Miskien falt it wat ta, op 'e kykkast sjogge se sûnder mei de earen te flapperjen tûzenen moarden yn 't jier, en sa no en dan rûgelet der fansels ek in searje skiedings út dat ding. Dat se binne faaks op 'e hichte en witte miskien folle mear as wy tinke.
De timmerman is earjuster yn it hûs begûn, om it foar myn opfolger ree te meitsjen. Ik woe der earst net hinne, wat gie it my op 't lêst oan, mar ik koe it net litte, ik gie te sjen.
Se hawwe nota bene de tuskenmuorre tusken de beide keamers weihelje litten. De timmerman stie mei ynmoed de saak fierder ôf te brekken, de plafonds hingen skean fan de souders ôf, it behang ronfele yn flarden fan 'e muorren.
Ferline jier noch hawwe wy de efterkeamer op 'e nij behingje litten. De keamer waard der ljochter fan, de meubels stiene losser oer 'e flier, it blêd fan it taffeltsje glânzge helder yn it ljocht. Anke woe perfoarst ek nij guod oer it hûs hawwe, wy wiene dochs oan 'e gong. It kaam der dus.
Doe't alles yn oarder wie, sieten wy op it bankje yn 'e hoeke te sjen. De keamer wie nij wurden en hiel oars, anke har eagen begûnen te sparkjen, se wie bliid en ik wie lokkich om't sy it wie. Se lei har earms om my hinne en wang oan wang seagen wy.
Fan 't winter sieten wy dêr tegearre as wy net hoegden te spyljen.
| |
| |
Ik seach har sitten, de krante lêzend of stoareagjend nei de tillevyzje. Soms gie ik nêst har sitten, myn earms om har hinne, de boeken gloedich yn it healtsjuster fan de skimerlampe, it rûzjen fan de beammen bûten, it reade kessen fan it bankje fûl ûnder it ljocht.
En no leit dêr de hiele brot, ferdien en fertutearze, it behang, dat wy der ferline jier yn plakt hawwe It bankje leit yn planken en splinters tusken de oare rommel, de tillefoankabel hinget fan 'e muorre, it tastel sels stiet stoffich fersille yn it finsterbank.
Itselde is der oerbleaun fan anke en my. In pear spuonnen, in pear bûden, en in trilderich gefoel as wy oan elkoar tinke. De timmerman kroadet mei in pear dagen de rommel der ut, mar wêr moatte wy mei alles hinne, wy hawwe it beide op 'e nekke, wy kinne it net fuortsmite, wy tôgje it mei, oeral dêr't wy sels binne, sil de oare ek wêze. Der hoecht mar in skym fan in bekend ding yn 't each te fallen, of wy sille oan elkoar tinke. In lytse pine sil der altyd bliuwe. Koene wy mar ferjitte, ússels blank faaie en op 'e nij begjinne mei elkoar. Oeral en altyd oan elkoar tinke, of noait en nearne, mar it kin beide net, want wy tôgje ússels altyd oeral mei. En der sil altyd oeral ien lyts dinkje wêze, dat pine is.
Ik wit net, oft ik alles ea wer sa belibje sil as mei anke. De earste dei fan ús trouwen, anke hie foar it earst foar my sean, en dêr sieten wy tegearre oan tafel, wy fielden ús beide wat trilderich en net ien fan beiden doarst it itensark op te nimmen. De byfstikjes leine kâld te wurden. Ik seach anke oer de tafel hinne oan. Ynienen gûlden wy. Ik gie om de tafel hinne, wy streaken elkoar.
En dy nachts, wy hiene de earms om elkoar hinne, seagen wy dingen, dy't der hielendal net wiene. Der stie in fanke yn in stil snijen by in hikke, it krôke stadich troch en it fanke stie der mar. Doe kaam der in jonge oan, dy gie by har stean yn it tinne sniejeien. Hy die de earm om har hinne, se stiene dêr tegearre te sjen oer it fjild, dat aloan witer waard. Wy moasten wer gûle, wy wisten sels net wêrom.
En as ik dit oerlês, en earne stiet it wurd gûlen, dan wit ik dat it gjin gûlen wie, mar in hiel ticht byelkoar wêzen, dat allinne mar meidield wurde kin troch swijen, of gûlen.
| |
| |
Ik soe in nije taal útfine moatte, fris en helder, dy taal soe alles sizze moatte, krekt sa't it wie. Mar net in minske, dy't my begripe soe. En dêrom moat ik ta mei in taal, dy't net foldocht en dy't ik net behearskje. Dêrom kin ik net sizze, hoe ticht anke en ik byelkoar wiene en hoe't wy dingen seagen, dy't der net wiene, Lykwols, dat fanke wie der, dat snijen ek en dy jonge.
Allinne, allinken ferlear it syn skerpens. Hiene wy de moed mar hân, mear nei hikken te sjen dy't der net wiene, nei in fanke en in jonge, dy't net bestiene. Faaks wie it oare ús ôfstoarn, miskien hiene se ús yn it gesticht foar dwylsinnigen treaun, as se ús mar yn ien sel set hiene, wy koene wol troch muorren sjen.
De trein sette stadich fûler út ein. Hyltyd flugger efterelkoar flitsten de pylders fan de stasjonsoerkapping oan 'e ruten foarby. It klikkeljen fan de tsjillen op de raljes krige in fêster ritme, de wagons rattelen oer de wiksels en dan waard it ritme fan de tsjillen ynienen fersteurd. Der ûntstie in sydlingse beweging, dy't de reizgers trochelkoar skodde.
Hy fielde him skurf en hol en leech. De sigaretten, dy't er oan ien tried wei smookte smakken him net. Hy krige der in droege mûle fan, syn tonge wie fan lear en de reek snijde him yn 'e kiel.
Anke siet foar him oer, se seach út oer de lannen, dy't no oan beide kanten foarby skeaten. Se seach neat, har gesicht wie allinne mar de kant fan de fjilden út, mar har eagen sloegen de grienens gjin acht.
Wat soe se tinke? Soe se har like skurf en rottich fiele as hy? Soe der krekt sa'n legens yn har wêze? Of soe se har neat fan alles oanlûke en allinne mar tinke oan dingen, dy't der neat mei te krijen hiene? Har eagen stiene frjemd leech, krekt as libben se net, it glimke wie der út en der wie wat fan hurdens yn in fûl ljochtpuntsje, it libbe net, it wie allinne mar kâld. Soe se alles dat bard wie ek om en om keare en draaie, it fan alle kanten besjen en der lykas hy ek gjin rie mei witte? Miskien hie se it fier fan har ôf smiten, faaks wie it har de muoite fan it tinken net iens wurdich.
Hy koe wol grine, snotterje om alles wat der bard wie en har freegje om help.
- Wêr tinkst oan?
It klonk heas en ûnwis, it praten die him hast sear.
| |
| |
Se draaide har holle nei him ta, it sjen feroare net, se loek oan 'e skouders en seach wer troch it rút.
Wêrom woe se net prate, wêrom hie se justerjûn net prate wollen? Wêrom slute se harsels op? Justerjûn hie er it besocht, hyltiten wer, hy wie har oankrûpt op bêd, hy hie besocht te fertellen fan syn spyt, mar se wie der net op yngien, se hie allinne mar sein dat se no sliepe moasten.
Wêrom hie er yn 'e goedichheid dy corry it hof makke? It wie te begripen, dat anke der mei ompankoeke en stúmsk wie. Wêrom hiene se it plan fan sa'n wykein oait yn 'e plasse krigen? En wat hie anke goddomme mei dy oare fint útfretten? Sei se it mar, dat swijen waard er mislik fan. Se koe it ommers better sizze, dan wie dy spanning net mear tusken harren, miskien soene se dan prate kinne. Miskien hie it neat west, mar dat koe se dan dochs wol sizze?
Hie er mar net safolle drank nommen. As er dy drank net nommen hie, soe it fêst by in ûnskuldich flirterijke bleaun wêze, der soe oars neat foarfallen wêze as in pear knypeachjes en in boartlik tikje op it wang miskien. No hie er dêr op 'e divan lein te frijen en anke en tiny hiene sêft praten yn 'e koken. Mar wêrom moast sy dêr op dy manier wraak foar nimme? Elts hie op 't lêst sjen kinnen wat hy mei corry útfriet, mar wat anke dêr ûnder yn dy hal mei dy keardel útspoke hie, dat waard oan it rieden oerlitten.
Hy fielde de spyt wer yn him baarnen. Anke siet mei it kin op har hân troch it rút te sjen, se glimke noch hyltiten net. De trein rattele troch, de tsjillen sûzen izereftich sjongend en stompend oer de raljes. Hy stiek in sigaret oan, de reek prike him efter yn 'e kiel, hy koe amper it hoastjen ynhâlde. Ynienen krige er meilijen mei anke, dêr siet se foar him oer en se seach sûnder wat te sjen oer de fjilden út. Der lei in djippe tear om har lippen, dy't er noch noait earder sjoen hie, har mûle waard der hurd fan. It die him sear en hy frege him foar de safolste kear ôf, wat der yn har omgong en wêr't se oer yn 'e pine siet.
Hy lei syn hân iepen op it taffeltsje.
- Anke?
Hy wist net mear wat er sizze moast, it woe net, hy koe der gjin wurd útbringe. Se seach him oan, har wynbrauwen giene koel omheech. Sa hie er har noch noait sjoen, hy begûn him ûnwis te fielen. Har sjen wie noch altiten op him, der siet wat fan wredens yn dy eagen, dit wie anke net, sa
| |
| |
koe anke net wêze. Wêrom sei se neat? Wêrom siet se him oan te sjen en te swijen? Wêrom wie dit tusken harren kommen? Hie er corry mar noait sjoen, ferdomme. Wêrom wie it allegearre sa rûn? Wêrom hie er mei corry frijd op 'e divan? Frijd nota bene, wylst tiny en anke oan it taffeltsje yn 'e hoeke fan 'e keamer sieten. It hie in goed wykein wurde kinnen, as er mar net safolle drank nommen hie.
Se seach him noch altiten oan. Har sjen wie feroare, dat hurde wie út har eagen en har mûle wie wat sêfter wurden. Mar it wie anke noch net, se siet krekt te stiif tsjin de rêchlening oan, har hâlding wie te spand en de glim wie net yn har eagen.
- Wat woest sizze?
- Ik fiel my rot.
Se loek oan 'e skouders, se seach wer ta it rút út.
Die it har dan hielendal neat? Of koe se der noch net oer prate? Wêrom sei se neat? Of hie se der gjin oanstriid ta, de diggels op te romjen?
Hy koe wol grine en tagelyk woe er, dat er grine koe. De saak útgûle by anke en alles ferjitte, tegearre de rotsoai begrave en der noait wer oer prate, de hiele rottroep ferjitte.
Justerjûn, hy krige in prip yn 'e mage. Hy seach it reinen wer, it glêde asfalt, de morris dy't fuort stode mei anke der yn. Hoe hie er it yn 'e rottichheid goed krije kinnen? Tiny stie der earmhertich by te sjen, corry wie net sa útlitten mear en sels stie er hast te snotterjen. Hoe hie er it yn 'e plasse krigen en lit anke troch in oare fint thúsbringe? Hie er sels in frijkaartsje nedich hân en hie er it dêrom tastien? Dêr stiene se te sjen, midden yn 'e nacht, de reade efterljochten fan 'e morris snijden om in hoeke.
Hy wist net, hoe't er der mei oan moast. Aanst soe er anke sjen, anke, dy't mei in oare keardel yn 'e auto nei hûs gyng. Wat moast er dwaan? Tagelyk kaam de skurvens fan de moarns wer omheech, hie er der sels gjin oanlieding ta jûn? Anke hie op 't lêst sjoen wat er mei corry útfriet, wie dit har wraak, woe se sjen litte, dat se ek wol wat yn 'e marse hie?
Foar it hûs stiene anke en dy fint te wachtsjen. Tiny sei, dat er no mar better nei hûs ta gean koe, mar dy keardel hie it net yn 'e kop en gie mei nei boppen. Alles spile him ôf efter in tsjûke glêzen plaat, dy keardel dy't mei nei boppen gie, anke dy't nêst him siet, hy koe der gjin hâld oan krije. Anke siet deun nêst dy fint, efter syn rêch lake se him oan, se knikte
| |
| |
him ta, dy fint prate mei corry. Anke har lippen makken in pear wurden, se giene foarút en ticht en iepen.
- Ik hâld fan dy.
Se makke der gjin lûd by. It die him neat, dy keardel siet der ommers. Wat miende se der fan. Soe er yngripe, dy keardel fuortstjoere en anke meinimme en sizze ik hâld fan dy? Anke draaide har nei dy keardel ta. Dy lake har oan en ferwachte wit wat. Wat moast dy keardel dêr? Anke, wat dogge wy, lit dy keardel fuortgean, gniis him út. Hy seach him kofjedrinken, anke nêst him, laitsjend en oangeand. Syn hert rattele tsjin syn earen oan, godferdomme moat dat sa? Anke gie der út, dy fint der efter oan. Tiny seach him oan.
- Gean dochs mei.
Hy koe net stean gean. Hy woe der hinne, dy fint fuortskoppe en de doar efter him tichtslaan. Anke mei nei boppen nimme, alles ferjitte en sliepe, sliepe. Tiny loek oan 'e skouders. Hy siet op it bêd. Corry seach him mei grutte eagen oan. Hy koe net, hy koe net. Syn hannen wiene switterich, syn polsen spand en hy fielde it bloed klopjen. Hy hearde it lûd fan de motor net. Wat moast er? Tiny en corry wasken ôf, dy giene op bêd. Hy siet allinnich op 'e râne fan it bêd en hearde gjin doar slaan. Hy waard dûzelich, hy moast hast spuie, it swit stie him op 'e foarholle.
Doe klapte de doar.
Se kaam stadich by de trep op, wylst se tichter by him kaam, waard de pine fûler. Yn 'e doar steande seach se him oan, har eagen fol twifel, se wist mei harsels gjin rie. Se fleach ûnferwachts op him ta, se lei har earms om syn nekke, se gûlde, ynienen wie der minder pine yn him. Hy streake har hier en kloppe har op 'e rêch.
- Ik haw mei in oar frijd.
- Ik ek.
Se snokkere ferheftich. Har sykheljen skokte en hoarte.
- Wy moatte prate, sei er.
Se sei neat, se kroep allinne ticht tsjin him oan.
De trein hâlde yn. It klikkeljen oer wiksels begûn wer, it sydlings skodzjen. Remmen pipen heech. De trein plofte yn it stilstean. Doarren kletsten iepen, in gejacht fan minsken oer in lyts doarpsperrontsje.
Se siet noch krekt allyk. Der wie noch neat feroare. Yn him raasde it
| |
| |
om help, hy siet dêr mei himsels om te tyspeljen. As it begjin der mar ien kear wie, as er de goede toan mar treffe koe, dan soe it allegear makliker lizze. Se soene dan faaks de rommel oprêde kinne en tegearre fierder gean.
Wêrom wie er mei corry begûn? Hie er in yngreven belang by har hân, hie de leafde foar anke oer west? Fansels net, mar wêrom hie er dan sa'n wurk fan corry makke? Of hie it allinne mar it nije west, hie er belang by it nije hân, hy hie dochs fantefoaren witte kinnen, dat it hjir op útdraaie soe? It hie miskien de spanning west, se wiene op 't lêst in jier troud, en dat fielen fan spanning hie it him miskien dien. Dat er neat foar corry fielde, stie as in peal boppe wetter. No, neat, se hie in seksy lichem, har boarsten wiene útdaagjend, mar dat wie dan ek alles, allinne it idee al, dat er mei corry op bêd moatte soe stie him tsjin. Mar wêrom dan? Idelheid miskien, it witten, dat it allegearre noch koe, dat alles noch mooglik wie. Hy hie de bewûndering yn har eagen sjoen, it sinlike glimke om har lippen, it hie him dochs mear sein as dat er himsels tajaan woe.
Mar wat hie anke der ta oanset? Hie se har deagewoan wreke wollen, troch him sjen te litten, dat se net om him ferlegen siet? Miskien hie it by har ek in kwestje fan idelheid west, nee, it lei dochs efkes oars, se hie it witten, syn gedonder mei corry. Wat anke mei dy fint útfretten hie wist hy net. Der wie frijd fansels, en mear? Siet it swijen him dêr yn? Hie se dêrom sa oeral west doe't se boppe kaam? Boppedat, wat wie better, it sjen fan elkoars eskapades of it ferswijen? Anke wist yn elts gefal fan it begjin oan de ein hoe't alles tusken corry en him spile wie, mar wist hy it fan dy fint en anke? It net-witten joech in gruttere marzje ta jaloerskens, dat wie wis, en hy moast oppasse, dat syn jaloerskens him gjin dingen foarspegele, dy't tusken anke en him útdijende foarmen oannimme soene.
De trein begûn ta te setten, helle op it perron rinnende minsken yn, dy't fluch wer weiwaarden efter de sydkanten fan it rút. Efter bomen stie in kloft minsken te wachtsjen. De lêste huzen fan it doarp ritsten foarby. Hy woe mei har prate. It koe net langer wachtsje, hy wist allinne net wat er sizze moast en hoe't er it sizze moast. De wurden leine efter yn syn kiel te wachtsjen, se woene allinne net fierder.
- It spyt my, brocht er der út.
Der ferdwûn wat fan 'e hurdens. Har wynbrauwen giene omheech, de lippen waarden mylder. Hy fielde hope, miskien soe it no wol slagje,
| |
| |
alles soe op syn poatsjes delkomme.
Hy lei syn hân iepen op it taffeltsje. Se lei har hân der yn, mar net libben, har hân lei stil en sûnder andert yn sines, hy doarst syn hân net ticht te knipen.
- It spyt my.
Se loek har hân werom. Har earmtakke gie wer nei it earmsteuntsje, har hân wer ûnder it kin. Ynienen wiene dy grutte, fertwiiv'le eagen fan de jûns der wer, fol riedeleazens. Hy winske, dat se begjinne soe te skriemen. Hy soe har treastgje kinne en alles soe wer gewoan wêze.
- Hoe fielst dy?
Se andere net, se loek oan 'e skouders en draaide it antlit nei it rút ta, dêr't de bou en de greide foarby skeaten. Hy seach nei har, nei it hinne-en-wer gean fan har holle, nei de útdrukking yn har eagen, nei de kleur fan har wangen. Hy wist, hokker rook dy wangen hiene en hoe't har spieren dêr beweegden.
Der skeat in fûle pine troch him hinne. Hy seach him allinne stean yn 'e doar fan it skoalhûs, anke rûn op 'e hoeke, se hie in koffer yn 'e hân, se seach net om en se wiuwde net. Hy seach har nei.
- Sis wat, smeke er.
- Wat moat ik sizze?
- Datst fan my hâldst.
Se sei it net, se seach wer nei bûten, dêr't de greiden as gek foarby stoden. Har kin op har hân, de oare hân om it hânsel fan it taske hinne, dat yn har skerte lei.
Wêrom sei se neat? Hie er har wat misdien, dat net te wjerroppen wie, hie er har sa sear dien, dat se it him net ferjaan koe? Wie se ta de ûntdekking kommen dat se net fan him hâlde koe?
- It spyt my.
Se loek oan 'e skouders, it sei har sa't it like neat.
De trein rattele oer de oerwei te harns. Foar de bomen stiene in heap minsken, hy seach de foarsitter fan de âlderkommisje der tusken stean, de foet oan 'e grûn, de oare ûnferskillich op 'e traper, in sigaar bongeljend yn 'e mûlshoeke.
Se stapten út. Oer de brêge kaam de bus oan. Mei piipjende remmen hâlde er yn, flak foar harren. Suchtsjend sloegen de doarren nei wjers- | |
| |
kanten iepen. Hy stapte yn, hy holp anke by de grutte opstap, syn hân ûnder har earmtakken. Hy naam kaartsjes, efkes letter liet er him yn de bank sakje, ticht tsjin har oan.
- Bist lilk, frege er.
Se skodde fan nee, mar der kaam gjin laitsjen yn har eagen. Se seach fan him ôf troch it rút. Hoe soe it aanst thús wêze? Soe it feroarje of soe dit dagen lang oanhâlde? Soe se sa bliuwe, har neat fan him oanlûke en dwaan, oft er net bestie?
De bus stoppe. Dokter skarrele yn 'e tún om, hjir en dêr skopte er mei syn teannen tsjin wat oan, de âlde mantsjes sieten op dûmny's stek, nêst it bushokje. Hy pakte de koffer út it rek en doe rûnen se tegearre troch starum. De minsken dy't se tsjin kamen seine freonlik goendei, hy andere. Anke rûn nêst him, de stive kant it neist, wylst se flak foar har op 'e tegels stoarre.
Doe't er de lipkaaie yn it slot stiek, wie it krekt, as rûn der in fear yn him ôf. De spanning ferdwûn ynienen, hy fielde him wer rêstich, se wiene wer thús, dêr't alles feroarje soe en makliker wurde. Hy stjitte de doar mei de snút fan de skoech iepen. Hy sette de koffer op 'e stoepe en die de doar foar har iepen. Se gie der yn, noch altiten yn harsels fertiisd. Under it rinnen wei liet anke har mantel oer de skouders gliidzje. Mei in stadich bewegen hinge se him oan ien fan 'e heakken fan de kapstôk. Hy smiet de doar efter him ticht. Hy sette de koffer ûnder de spegel, dy't foar de kapstôk oer hinge. Hy gie tsjin de bûtendoar oan hingjen. Yn 'e gong begûn it healtsjuster fan de jûn al. Se stie ûnder de ynmetsele bôge healwei de gong nei him te sjen. Hy wist net wat er moast, hy stie dêr en hy wist net hoe't er dêr wei komme moast. Ynienen fleach se op him ta. Anke sloech har earms om him hinne. Se begûn te gûlen. Hy streake oer har hier en lústere har dingen yn it ear, dêr't er sels neat fan begriep. Har sykheljen wie fluch yn syn nekke.
- Hy frijde sa goed, snokkere se.
Wa is dy wouter eins?
Elts wit wat er is en wa't er liket hat hast ek eltsenien weet fan, mar hoe is er yn djipste wêzen? It is eins knettergek, dat ik my dy fraach stel, allinne anke soe der andert op jaan kinne, of syn frou, of syn mem.
Wa is wouter?
| |
| |
In sykprintsje, waar is het mannetje? Ek in goede titel foar in detective, oan 'e ein ûntdekt de geheim agint dat wouter in boade is, dy't de geheimen út ien of oar gemeentehûs stelt en oan 'e fijân útleveret. Net ien hie it yn 'e rekken, want in boade heart op soksoarte plakken thús. Mar ús boade ferriedt him, hy hat in ferhâlding mei de frou fan in skoalmaster en dy frou ferknalt de saak foar him. Fierders nacht und nebel, elektryske stoel miskien.
Wouter is in hard-boiled-he-man. Hy is kreas, dûnker hier, in ivige glim en eagen dy't leech en sabeare waarm binne. Sa út in advertinsje foar ingelskhimden of heinekenbier. In draufgänger. Hy hat in seker flair, dat er foaral op froulju útwierret. As anke miene mocht, dat hja, bûten syn eigen frou, de iennichste is, dan hat se it mis. Want op in moarn, sa'n oere as fjouwer, waard er fûn by in jonge frou yn 'e blikke, syn alkoholsliep sliepend, langút yn it gers en dyselde jûns hie er by anke west. Sa is wouter.
Ik mei oannimme, dat er net lokkich troud is, oars soe er net sa'n respektabel tal leafkes fersliten hawwe, mar tagelyk stiet wol fêst, dat er it by gjin inkelde frou fine kin, oars hie dy harem wol earne in ein krige. Of anke soe dy ein wêze moatte en dat sil mei de tiid wol bliken dwaan. In soad hope haw ik net, fanditoangeande.
Miskien hat er noch in manlikheidskompleks. Hy sil himsels altiten wol bewize moatte, dat er man is, dat syn eintsje potlead foar it wurk stiet en dat er naaie kin as in ielreager, want hoe dy rige haremdames oars te ferklearjen? Syn idelheid spilet fansels dêr ek yn mei, wat sil er himsels in keardel fine as er jûns let thúskomt en yn 'e spegel sjocht, de selsfoldienens dript fan syn antlit as sperma út syn janus, en de brede glim jout der, hoe is it mooglik, sels noch wat sjarme oan.
Fergeemje, wêrom hâld ik my mei him dwaande? Hy is sa't er him oan my foardien hat, en de goede eigenskippen, dy't er miskien ek wol hat, feroarje dêr neat oan. Hy hat my myn anke ôfnommen, dat is sa wier as it mar wêze kin.
Foar my jildt allinne de fraach: hoe kom ik troch de tiid en hoe ferjit ik anke? En as dy wouter alris yn myn tige neie omkriten komt, dan lûk ik myn bûsdoek en ik blaas in fanfare, him ta eare.
| |
| |
En as er fan 'e skrik dea delfalt, dan warskôgje ik de stienhouwer, ik lit in tinkstien foar him meitsje nei it gipsôfjitsel fan syn skroatum, net in hierke sil út 'e ploai falle en gjin tearke mei skean sitte. Ik set de fryske flagge der op en yn gouden letters sil ik beitelje:
gean hinne en fermannichfâldigje jimme.
Ik kom anke altiten oeral tsjin. As ik yn ljouwert op 'e nijstêd rin, dan sjoch ik har soms sa'n fjirtich meter foar my út rinnen, of se sit yn in auto, dy't my foarby riidt. Myn hert slacht my in pear kear oer en ik gapje nei de siken. As ik op dat stuit miskien fergetten hie, dat ik wer allinnich bin, dan tink ik der opslach wer oan, alles komt wer boppe. Ik ha der gjin nocht mear oan te wêzen dêr't ik bin. Ik sykje sa gau as it kin de auto op en ik riid fuort nei in plak, dêr't ik likemin wêze kin.
Somtiden bin ik der bliid mei, dat it sa gien is, wat hie der yn 'e takomst noch net mei ús te barren stien. Op sokke stuiten haw ik wol each foar wapperjende rokjes en reade lippen.
Mar meastentiids woe ik, dat it allegearre oars rûn wie. Wy hiene tegearre noch safolle dwaan kinnen, wy hiene lokkich wurde kinnen, wy tegearre. Wy hiene prate kinnen en alles opromje wat der tusken ús wie en tútsje hiene wy elkoar kinnen, stil en stadich, har sykheljen soe oer myn wang gien wêze en wy soene elkoars waarmens field hawwe. Soms tink ik der oan, hoe't der earne fier fuort in famke wêze sil, dêr't ik op in goede dei mei tútsje sil, ynstee fan mei anke, en dêr't ik miskien mei op bêd gean sil, ynstee fan mei anke. Der komt in wearzge yn my omheech en ik hoopje, dat it noait barre sil.
Ik hâld fan him.
(stilte).
| |
| |
Oars gie it ek altyd oer.
As it oer giet, komt der in oaren.
(fûl) En wat bliuwt der dan fan ús oer?
(stilte).
It stiet my sa tsjin, ik kin der neat oan dwaan mar it stiet my tsjin.
Wy hawwe it ommers al sa'n hoart úthâlden.
Dat hiest dan ek wolris earder betinke meien.
Hiest it net yn 'e rekken?
Hoe moast ik it yn 'e rekken ha?
Ja, dat naamstû.
(stilte).
Ik bin ommers net jaloersk.
Fynst it abnormaal, dat ik it yn 't begjin wol wie?
Dyn leafde hie wat dierliks.
Moatst sels witte.
(stilte).
Ferjit him dochs, hy bedondert dy dêrstû sels by biste, nêst dy hat er oaren.
| |
| |
(skamper) Wat in riddenaasje. Dû kinst dyn kop ek allinne mar brûke om te frijen, god, tink no ris ienkear nei, wolste?
(wurch) Hâld dochs op.
(stilte).
Lit ús no yn 'e goedichheid ris reedlik prate.
Dat ha wy al sa faak besocht.
Wat ik my ôffreegje is dit: wêrom hâldstû it mei him.
Litstû dyn wurk ast der neat mear foar fielst ek samar yn 'e steek?
Dy fergeliking kloppet net.
Dyn wurk dochst ek minder ast der neat foar fielst.
Ik bedoel, dit kin dochs samar net?
Astû dan sa nedich mei in oar op bêd moatste....
(lilk) Ik gean net mei him op bêd.
(kâld) Meitsje dat de kat wiis.
Brek my de bek net iepen
(stilte).
Astû dan sa nedich mei in oar op bêd moatste, hawar, mar dêrom
| |
| |
kinst dy thús noch wol normaal gedrage.
Ik gean net mei him op bêd. Sei ik dochs?
(wurch) Hâld mar op.
(stilte).
Dû witst, dat manlju it slim fine as har frou mei in oar op 'e koai sjit
Dat wolstû my besparje.
No goed dan, ik gean mei him op bêd.
Giet 't my net oan? Bistû myn frou ja of nee?
(stilte).
Bistû myn frou ja of nee?
(stilte)
Haw ik der dan wat mei te krijen, nee soms?
Dû bist in suffert
(stilte).
Moatst net begjinne te skellen.
Goed, gjin skellen.
(stilte).
Dat is alles, dû bist in suffert.
Sjochst no wol?
(stilte).
Sjochst no wol?
(stilte).
| |
| |
Mienstû, dat ik dy samar drave litten hie? Tinkstû, dat ik dy de frijheid jûn hie dystû my joechst? Tinkstû dat? Dû bist in suffert.
Ik hie dy frijheid net nedich
Wêrom hast it my dan sels ferteld?
Hiest noait dwaan moatten.
Dû hiest mear fertelle moatten, dan hie der miskien noch wat te rêden west, mar dû diest oars neat as draaie en draaie, oant ik dy op 't lêst hielendal net mear fertroude. Der wie neat wier fan al dy ferhalen dystû altyd ophongen haste.
(ynienen hurd) Dat dy earste kears in ûnbelangrike affêre wie, dat is net wier. Dû woest doe al skiede, goddomme, dû woest skiede, mar hy liet dy stikke, dy glêde jonge liet dy stikke, dàt is wier.
Wy wiene noch mar in jier troud, en doe woestû al skiede. It gong allinne net troch om't hy dy stikke liet, hy bedondere dy, likegoed as dizze dy no wer besoademitert.
Sjochst no wol, sitst wer te draaien. Mar wêrom hastû my altyd ferteld, dat it allegear sa ferhipte ûnskuldich wie? As it ûnskuldich is, skiedt men samar, no?
Nee, spui no de rotsoai mar út, hingje de goare wask mar bûten.
Mar de nije skiednis spilet noch. Hat hy dy soms frege te skieden, ja?
Dy oare hat dus al bedondere?
(ynein) Hâld mar op, dû liichst noch.
Ik haw noait wer wat fan watse deelstra heard, noch fan 'it fryske selskip', oant ik hjoed in brief fan de direkteur himsels, in casu
| |
| |
watse deelstra, ûntfange mocht. Ik makke him benijd iepen, nijsgjirrich nei wat watse my te fertellen hie. Ik ferwachte in ôfrekken, ik moast noch trije kear gaazje barre.
Der siet yndie in ôfrekken yn, mar dy haaiïge watse hâlde alles yn, om't er my foar de skea fan boarkum opdraaie liet. It kloppe oant op 'e sint, ik moast goed tachtich gûne fan him barre, mar myn fuortgean hie my neffens watse ek tachtich gûne koste. Hy hie de oare ploech komme litte moatten, der wiene ekstra kilometers draaid ensafuorthinne ensafuorthinne.
Dat typearret dy watse wol aardich. Yn 'e wylp berôp er him noch op syn freonskip foar my en noch gjin moanne letter sette er my fanwegen dyselde freonskip efkes ôf, en dat allinne, om't hy him net oan de ôfspraak hold.
Ik gie nei de tillefoan, om him dy ôfspraak en ús freonskip efkes yn it sin te bringen. Ik frege him, wêrom't er my oer dy gaazjekwesje net efkes belle hie en wêrom't er in goede freon samar fergeat. Hy lei de hoarn der op, dy watse, mar earst stammere er noch wat oer ôfspraken, dy't efterôf optocht wêze soene.
Sa dogge sokke direkteuren dat. Sa klauwe se it jild nei har ta en sa wurde se ryk, dy knapen. Sa ride se auto's, dy't te grut foar har binne, sa drinke se slokjes en pilskes fan in oar syn jild.
Ik haw him opslach in brief skreaun, dy direkteur, in casu watse deelstra. Fan a oant z krekt haw ik him ús ôfspraak yn it sin brocht. As ferrassing die ik myn ûnkosterekken fan goed fjirtich gûne der by yn.
Ik hoopje, dat er him by it lêzen fan myn brief yn syn stellen tee ferslokt, of dat er de hik kriget, efterstefoaren om myn part.
(Astrid). Ik zag je gisteravond. Je foto stond meer dan levensgroot in de etalage van een drogist. Je prees kleurig en veelbelovend een hairspray aan. Je ogen schitterden ondeugend en je lippen glansden in het licht van de etalage. De mensen bleven staan en keken, net alsof je daar in levende lijve stond.
Ik heb me, nadat jij bent weggegaan, veel afgevraagd. Waarom was je juist die avond op dezelfde plaats als ik, wat deed je daar, wat had je daar te zoeken? Waarom was je zo vlot, waarom lachte je zo spottend en uitnodigend
| |
| |
tegelijk? Waarom ging je met me mee en waarom hielp je me door de rotzooi heen? En waarom heb je, toen ik weer op eigen benen kon staan, niets meer van je laten horen? Ik had toch zeker een brief van je verwacht, een briefkaart of een eventuele adreswijziging zou genoeg geweest zijn. Waarom niets van dat alles?
Waar ben je heengegaan, nadat je uit starum bent vertrokken? ik weet nog, dat je met anke bent meegegaan, om haar door de eerste moeilijkheden te helpen. Maar toen ben je verdwenen, net zoals je kwam, plotseling en onverwacht. Verder weet ik niets.
Soms denk ik nog aan je, 's avonds in bed of in een verloren ogenblik als het werk niet vlot. Ik zou nog graag eens met je willen praten, veel dingen zijn me nog lang niet duidelijk en jij zou ze mij misschien kunnen verklaren. Achteraf zou je waarschijnlijk toch nog een betere kijk op het gebeurde kunnen hebben dan ik.
Ik heb met cor nog lang en veel over jou gepraat. Ook cor was niet in staat, zich een helder beeld van jou te vormen.
Ik neem aan, dat je niet uit pure naastenliefde mijn moeilijkheden tot de jouwe maakte. Wat zocht je toch bij mij? Of bij anke? Wij konden jou toen bijzonder weinig bieden, wij zaten zelf in de puree, je weet hoe erg. Ik veronderstel niet, dat je geldzorgen had, je was brutaal genoeg er om te vragen. Of was het toch een zekere engelachtigheid die jou bewoog, een bepaald medelijden misschien? Of probeerde je op een of andere manier te profiteren, door in troebel water te vissen? Die mogelijkheid is verschillende malen in me opgekomen, maar ik kan me niet voorstellen, hoe je dat gedaan zou moeten hebben. Hoewel ik me voor kan stellen, dat iemand met een mephistolische inslag toch een slaatje uit de omstandigheden zou hebben kunnen slaan. Had je misschien belang bij mij? Of bij anke, op de een of andere duistere manier? Misschien ben je toch een van die weinige zuivere figuren, die helpen waar geholpen moet worden.
En toch ben ik je hels dankbaar. Als jij er toen niet geweest zou zijn astrid, zou die hele tijd onverteerbaar en fnuikend zijn geworden. Jij was zo goed, als buffer tussen anke en mij op te treden, geen gemakkelijke taak, dat geef ik toe, maar er moest iemand zijn, die dat smerige karweitje op wou knappen en toevallig was jij dat.
En toch was er iets met je. Je was niet zoals andere meisjes, je opvattingen
| |
| |
waren duidelijk zeer breed, want toen ik je zei, dat je naast mij zou moeten slapen, protesteerde je niet.
Je had veel meegemaakt, dat bleek niet alleen uit de verhalen die je vertelde, maar ook uit je gezicht, dat die bijna niet te bespeuren merktekenen droeg, die alleen mensen met veel levenservaring hebben. Ook de manier, waarop je op onze moeilijkheden inging, verried veel inzicht en inlevingsvermogen. Met al je vijfentwintig jaar had je meer meegemaakt dan anke en ik samen. Wij hebben daarvan geprofiteerd, maar dat belet me niet, te vragen naar de wijze, waarop je die levenservaring hebt vergaard. Er was namelijk iets in je optreden, dat niet helemaal regulair was, en er zweefde iets om je heen, dat je iets fataals en tegelijk iets obsceens gaf. Wat was er met je, dat je zomaar veertien dagen lang vacantie kon nemen om je met onze moeilijkheden in te laten? Ontvluchtte je zelf iets? Was er iets in je verleden, dat je probeerde te ontlopen en waarvoor je in starum een schuilplaats had gevonden?
En de verhalen die je vertelde, waren die stuk voor stuk waar? Dat je veel had gereisd bleek uit je hele manier van optreden, maar of je werkelijk persfotografe was? Ik durf het te betwijfelen, nergens heb ik een fototoestel gezien of ook maar het kleinste filmrolletje.
Ik zou zo verdomd graag weten, hoe alles precies in elkaar zat, wat jouw overwegingen waren om te doen wat je deed, wat je motieven waren en je achtergronden.
Misschien ontmoet ik je nog ergens, niet als reclamefoto, maar echt.
|
|