| |
| |
| |
Fiif
(Anke.) Dû kinst dy jaan, anke. Alles watstû dochste dochst grut. Der giet sterkens fan dy út en astû lokkich bist is dyn lok net benei te kommen.
Wy geane jûns op bêd, ik lis altyd earder as dy en ik sjoch, hoestû dyn dingen dochst foar de spegel. Dû kjimst dyn hier, dû boarstelest it, it dûnkerbrún begjint te glânzgjen en te knappen ûnder dyn bewegen. Ik sjoch dyn oksel mei de ploaikes yn 'e hûd, it sierlik kontoer, dat ferrint fan dyn earm nei dyn heup yn in stadich floeien.
Under dyn earms lâns sjoch ik dyn boarsten, stevich en spand ûnder it optillen fan dyn earm, fol en ryp mei de knoppe fan brún.
Soms gean ik efter dy stean, ik lis myn hannen iepen ûnder tsjin dyn boarsten oan, se passe der krekt yn en it gewicht leit kostlik en stil yn myn hannen.
Us eagen sjogge yn elkoar yn 'e spegel, ik lis myn wang tsjin dines oan en ik driuw stadich út mysels wei yn dyn sjen.
Ik nim dy mei op bêd, de tekkens slaan ik iepen en dêr leiste, mei dyn blanke hûd sa sêft, folslein ôfrûne yn dysels, en sa in frou, dy't sa fier fan my ôfstiet, dat der in moedeleaze pine yn my komt, om't ik dyn hearlikheid sjoch en der gjin oare útdrukking oan jaan kin as it machteleas streakjen fan myn hân.
Ik soe dy besitte wolle yn in bewegen sûnder ein en sûnder wurgens, dêr't wy ien yn wurde koene sûnder wer op te lossen yn jinsels.
Is der dan neat yn ús, dat folmakke is en sûnder ein, bliuwe wy altiten twa?
Dyn lizzen dêr, yn 'e wûnderlike spanning fan dyn blankens, dyn
| |
| |
heupen gryksk, dy't hast net te merkbiten oergeane yn de follens fan dyn skonken.
Ik hâld fan dyn stal, dat waarm is en gol en goed. Mar ik kin net sizze, hoe nei wy elkoar steane en hoe fier astû fan my ôf biste tagelyk. Wy soene ynelkoar oplosse moatte en net wer wekker wurde útelkoar, der soe gjin dei nei dy deis wêze moatte, gjin moarnsljocht bleek en sûnder glâns efter de gerdinen.
Ik tear de tekkens oer dy hinne, wat kin ik oars as nêst dy lizzen gean en myn earms om dy hinne slaan en de ûnfolsleinens ferbite?
En wêrom gean ik dan hinne en streakje dy, oer dyn rêch, oer de spanning fan de heupen en wêrom sykje ik de waarmens fan de trijehoek? En wêrom giestû iepen nei dat aaien en ûntdekke wy in lân, dat in oarde is fan flechtelingen en skoaiers?
En soms, dyn mûle teart iepen, ik fiel de waarmens, dy't tear foar my is en fûl, en ik knyp dy, dyn hûd is ûntsletten, myn lippen sykje de plakken dy't hetsich binne en fochtich, dû bist anke en goed en alles wat der yn my is krigestû en dû giest iepen en ticht en ik fiel it tichtgean en hurdwurden fan dyn spieren en dyn hymjen hear ik, de wurgens en it stadich belúnjen fan de ivichheid dy'tyn ús wie.
En dan it lizzen yn dy rekberens, dyn eagen mei de pupillen dy't lytser wurde, it trage weromsakjen.
Dan is dêr dyn hân, dy't yn mines komt en ynienen is dy hân folle mear as allinne mar in hân.
De oare moarns raze de bern op it plein, it ratteljen fan 'e klompen op 'e tegels, wy wurde wekker en de dei stiet grutsk yn it finsterbank.
Dyn glim is der wer en ús hannen hawwe elkoar de hiele nacht net ferlitten.
Niis kamen janna en sierd by my op 'e keamer. Se giene tegearre op it bêd sitten, de earms om elkoar hinne, se binne noch sa jong en sa grien.
Ik lies harren stikken út dit boek foar, janna har eagen waarden grut, sierd syn hannen leine stil om har skouders. Wat belibben dy twa tegearre wylst se harken nei rommel, dêr't se eins noch lang net ryp foar binne? Miskien is der ek yn de jongste minsken in
| |
| |
ealgjen fan it libben, se kenne it noch net, mar fier ûnder yn har leit it begripen al op 'e loer en datjinge, dat se net witte fiele se miskien.
Twa jier tebek giene wy meielkoar op fakânsje, janna en sierd, anke en ik en ús mem. It wie alle dagen moai waar, myn hûd waard eltse dei dûnkerder en anke krige mei de minút mear skeinspruten. Wy swommen moarns betiid, soms middeis wer en it sâlt biet yn ús fel.
Janna en sierd koene tegearre noch boartsje, lykas bern dogge, noch hielendal iepen en sûnder problemen. Op in moarn wiene se foar my út flein, se hiene har útklaaid op it strân en wiene yn see gien. Doe't ik boppe op it dún stie, seach ik se fier ûnder my, hân yn hân draafden se yn 'e branning op, janna har laitsjen klonk heech boppe it rûzjen út, soms waarden de weagen te sterk en foelen se, mar se lieten elkoar net los.
Der kaam in grutte jaloerskens yn my, doe't ik dy twa dêr seach, noch nei alle kanten iepen, laitsjend en jong. Ik wist, dat it foar my foarby wie, it die my sear en ik haw it noait better witten as doe.
Anke en ik hiene dy spontanens doe al lang net mear, dy klearheid dy't yn wêzen gjin klearheid is mar probleemleazens. Ik winske doe, dat ik sierd wêze mocht, fyftjin jier âld and a world to be born under your footsteps, ik wie oergeunstich op myn eigen broer en op datjinge, dat hy noch hie, mar dat my ûndertusken troch de fingers slûpt wie.
En niis hie 'k datselde wer. Se sieten dêre en harken en wiene lokkich tegearre, se harken nei myn rotsoai, miskien wisten se it ek wol, mar begripe diene se it net. Se fûnen it allinne mar moai, mar dat der ûnderskie is tusken moai en moai wisten se noch net.
Op in dei lykwols, as ien fan beiden ynienen de blynkape ôffalt en ien fan beiden ûntdekt dat it sa net is as se tochten, dan begjint it libben foar harren en se sjogge nei har hannen, dy't ynienen leech binne en net ien hat harren ferteld dat it oars is. Wat moatte dy bern dan?
Hoe bin ik troch dy ûntdekking hinne kommen, hoe is anke
| |
| |
der oerhinne groeid? Sokke dingen ferjitte wy, wy hawwe der letter net wer by stilstien, of wy hawwe der krekt wol oandacht oan bestege mar it is ús fergetten.
Mar op in dei witte sierd en janna dat it oars is en wat sil der dan barre? Sille se útelkoar gean en elts mei in oar trouwe? Of hawwe se de moed om troch te setten? Miskien ûntdekke se de wrâld oan elkoar en libje tegearre fierder yn dy wrâld.
Se sieten sa lokkich tegearre te harkjen nei dingen, dêr't se beide noch gjin weet fan hawwe. Miskien hie ik se dy einen better net foarlêze kinnen.
Juster miende ik, dat ik der sa stadichoan oerhinne kaam. De rêst om te arbeidzjen wie der wer, ik koe it thús wer úthûlde, allinne by heit en mem. Ik hie der gjin ferlet fan fuort te jakkerjen, nei nic of nei cor. Ik koe wer skriuwe, oeren efterelkoar, sûnder dat de ûnrêst roet yn 't iten smiet. Ik haw in hiel ein skreaun juster, ik gie tefreden op bêd, eins foar 't earst sûnt anke en ik elkoar foar 't lêst sjoen hawwe.
Mar fan 'e moarn wie 't der wer, de ûnrêst, it jachterich gefoel yn 'e mage. Ik wie fan doel om nei anke ta, mar ik doarst net, wêrom wit ik net, miskien om't hja my freegjend oansjoen hawwe soe, miskien om't alles feroare is en it net mear is lykas earst.
En men sit yn 'e bioskoop, men gniist om dingen dêr't de hiele seal om gniist, miskien is it in befrijing, mar dat ûngelokkige gefoel ûnder it hert bliuwt. Men wit mei jinsels gjin rie en letter sit men oan in pilske en noch ien en noch ien, men nimt in healmingeltsje mei nei hûs en men kin de hiele rotsoai wol spuie.
Nachts rikketikket de typmasine en ik wit, dat it mem út 'e sliep hâldt, dat gerattel, en mem leit der om te tinken hoe let ik op bêd gean, lykas eartiids, doe't ik oer twa brechjes moast as ik by marida weikaam. Mem leit har holle net earder gerêst del, as wannear't se heart, dat ik op bêd gean of de skoattel op 'e efterdoar stryk. Lykas froeger, sa is it no wer, nei sân jier.
Wat haw ik bestrutsen yn dy tiid? As ik it goed neigean, stean ik noch mei lege hannen. Ik bin foar de safolste kear tekoart sketten,
| |
| |
ik moat wer op 'e nij begjinne, der is wer in nulpunt, dêr't ik oerhinne moat.
Eins is it in mienskiplik nulpunt, dat is in treast, anke hat fansels like goed problemen. Sy sit dêr op dy flat, en as wouter jûns net komt sit se har dêr te ferbiten, om't se allinnich wêze moat en om't se sân jier net sûnder straf oan kant skowe kin. Se sjocht nei de tillefyzje en deselde pine sil yn har wêze, as wannear't ik nei de bylden sjoch, dy't op it doek fan 'e bioskoop ferskine.
Eins is it te idioat, yn trije oerkes efkes te besluten, dat it mar út wêze moat, dat elts syn paad mar wer gean sil tenei. Wy binne te hastich troud, dat is wier, mar wy binne noch hastiger útelkoar gien. Sân jier kinne net samar oan 'e kant set wurde, krekt oft it in barren fan gjin belang west hat. Der hie praat wurde moatten, wy hiene op 'e nij besykje moatten. Dat is net bard en no sitte wy beide mei in relaasje, dy't yn wêzen net ôf is en dêr't noch fierstentefolle fragen oan hingje. Miskien tinkt anke der oars oer, faaks is it foar har al útiten, wa wit is sy der al lang mei klear. Likegoed kin ik my net yntinke, dat sân jier samar weiwurde kin. Op himsels al te gek, ik wit net iens krekt hoe't anke der ûnder stiet, dat is yn dy pear oerkes net iens nei foaren komd.
Wy sille noch prate moatte, anke en ik, ik kin dit sa net fertarre, ik moat krekt witte hoe't sy der ûnder stiet, wy kinne dochs net samar rücksichtslos ophâlde mei in houlik, dat sân jier duorre hat? En as se tsjin my seit, dat se der al lang tsjinoan skytskoarre hat, dan leau ik dat net, om't se in fearnsjier lyn noch ree wie, fiif jier lang foar my te arbeidzjen, om it jild foar myn stúdzje boppe wetter te krijen. As alles foar har doe al wikkerdewik stien hat, dan hie se dat beslút dochs net nimme kinnen? Of hat wouter har de eagen iepene foar har eigen problemen. Dat leau ik net, om't wouter tefolle as lichem bestiet, en boppedat, ik mei fergeemje dochs wol fan myn eigen frou witte, hoe't alles om en ta gien is en hoe't sy ta it beslút kaam? Of is ús relaasje har dat net iens wurdich? Wy hawwe dochs lokkich west, dy sân jier, alteast net al te ûngelokkich. Der hawwe dochs stuiten west, dat it foar anke en my beide in ferfolling betsjutte? Noch ôfsjoen fan it feit, dat ik
| |
| |
noch altyd har wettige man bin, jouwe dy eagenblikken ús net de plicht ús yngreven te berieden? Of kinne wy yn in opstiging kedize oer datjinge, dat somtiden goed wie en dat ús beide stipe joech?
Boppedat, ik kin har deasimpel net ferjitte. Anke en ik soene elkoar helpe moatte, ek al geane wy beide in oare kant út, dat is dochs it minste, wat wy no noch foar elkoarren dwaan kinne. As it net koe yn it byelkoar wêzen, dan yn 'e fredesnamme mar by it útelkoar gean.
Lykwols, der binne noch kânsen. Wy moatte noch spylje tegearre, ik moat har goed yn it each hâlde, miskien is dat begripen der wer en dan kinne wy faaks prate.
Wy hawwe gjin bern. As dy der west hiene, hie 't miskien allegearre oars rûn, alhoewol, it is egoistysk om efterôf sa te reagearjen en bern brûke te wollen as lymmiddel foar in misrûn houlik.
Altyd dat wachtsjen, eltse moanne weroan, en altiten wie it der, klokslach op 'e tiid. As it alris in pear dagen letter kaam, libben wy yn spanning, mar nei in dei twa-trije kaam it dochs. De ôffaller wie dan deste grutter.
Dokter hat der ek neat oan dwaan kinnen, anke kuerde en letter wie it myn bar, mar it joech allegearre neat, ik seach har búk net tinen en it bern net waaksen.
Ik hie graach wollen, dat der in lyts famke om ús hinne spankere hie, mei wiffe tredsjes strampeljend oer de flier, de rokjes fierstente koart, it wite broekje kant der ûnder út, of in jonge foars foar syn jierren, koart, stikelich, ljocht hier en in opperteur en in praatsjemakker.
Twa jonges en in famke, in fleurich stel hie 't wurden. Anke der memkjend tusken, laitsjend en gol. Jûns oan 'e broggetafel soe der skatterjen en wille west hawwe, ik soe se ferhaaltsjes ferteld hawwe en mei har oangean ear't se op bêd giene. Mar anke har skerte bleau droech en myn sied sette gjin frucht.
Hy waard de moarns wekker fan it lawaai op it skoalplein, de bern raasden en bletteren dat it wat die, klompen kletteren oer de tegels, laitsjen
| |
| |
jûchheide heechop tsjin de ruten fan it hûs. Doe hearde er syn ûnderwizeres op it fluitsje blazen, it knettere skerp en skel yn syn earen. It dinderjen fan it lawaai hâlde ynienen op, hy wist, hoe't de bern harren yn rigen setten en seagen nei juf, dy't hjoed allinne wie. De klompen begûnen wer, juf liet harren yn, de snuten fan 'e klompen waarden yn 'e hal tsjin 'e muorre oan skood.
Doe waard it plein stil.
Hy seach nei anke, dy't noch sliepend nêst him lei, har mûle amper iepen, de fredige bôge fan har wynbrauwen ûntsletten, it hier yn brede, dûnkere stringen om har holle hinne op it kessen. Se sykhelle mei koarte tuskenskoften, de tekkens oer har hinne beweegden ynlik op en del, de wimpers leine waarm op har wangen.
No't it stil wie, kaam der in rêstigens oer de keamer. Alles waard stadiger. Hy rjochte him op yn 'e earmtakke, lei syn hân tsjin syn wang oan. Hy seach, hoe't har twa foarste tosken mar justjes tusken de lippen troch kamen, in hiel tin kleurjen wie op har wangen. Hy tocht, hoe't se net wist, dat hy nei har lei te sjen, se gie gewoan troch mei sykheljen, alles yn har ûntjoech himsels, se hie der sels gjin aan fan.
Hy lei syn hannen ûnder syn nekke. Hy stoareage nei it plafond, dat ljochtblau boppe him sweefde. Hy hie it sels yn dy kleur fervje litten. Op in dei wie de ferver by him yn it lokaal kommen en hie him frege, hokker kleur it plafond fan de sliepkeamer hawwe moast. Hy glimke, doe't er dêr oan tocht. Hy hie net opslach sein, wat de kleur wêze moast, hy hie der mei anke oer prate wollen. Twa dagen letter earst hie er de ferver opdracht jûn, der in ljochtblau kleurke oan te jaan. Hy hâlde net fan blau, hielendal net fan heal-blau, mar anke hie dy kleur it leafst hân.
Hy seach nochris fan siden. Se lei dêr noch krekt allyk, swier sliepend, de kleur op har wangen wie ûndertusken dûnkerder wurden, har eachlidden tekenen no minder skerp op 'e wangen, har sykheljen gie stadiger en djipper.
Hy draaide him om, kroep ticht op har yn. Hy lei syn earm fêst om har hinne, hy fielde allinne de tinne stof fan de pyama's dy't tusken harren wiene. Hy besocht wer te sliepen, lizzend yn har bûgingen en him bêdzjend yn de rûnten fan har stal.
Se begûn te bewegen, har skonken setten in roerjen út ein, se draaide har om. Se lei har earm om him hinne.
| |
| |
De sliep woe net komme, dochs wie er ôfgryslike slûch, de resepsje hie sa drok west, dat de hiele nacht hiene se net sliepe kinnen. Tsjin 'e moarn wiene se yn 'e sliep fallen, mar de bern hiene him wekker makke.
Hy seach de resepsje wer, wa't der allegearre west hiene, hy rekkene út, hoefolle hannen er jún hie. Dat moast nochal in protsje west hawwe, syn hân hie der teminsten sear fan dien, krekt as hie er in pear fikse partijen keatst, sa hie it field. Anke hie der ek lêst fan hân, har hân hie hielendal opset west. Wat hie se der moai útsjoen yn har wite, kanten jurk, it kapke mei de trochsichtige wiele, dêr't har hier boartlik ûnderút kaam, har eagen bliid en laitsjend.
Nic hie him justermiddei ophelle yn 'e grutte, swarte auto. Tegearre wiene se nei anke-en-dy thús riden, ûnderweis hiene se de wite strikken om 'e krukken en de antenne bûn. Foar it hûs wie nic stoppe, hy wie der útgien mei it wite trouboeket, de famylje siet te wachtsjen yn 'e foarkeamer. Hy seach fan 'e dyk ôf, hoe't anke oerein gie en op de doar taset-te. Hy belle oan, de doar gie iepen, dêr stie se, har gesicht efter de wiele. Doe sloech se de fine doek nei efteren. Har eagen wiene wiid iepen. Hy bleau op 'e stoepe stean en seach har oan. Der lei ynienen in gewicht op syn mage, en nuver, it die him net ûneigen oan, it die net sear, miskien wie dit it lok. Frjemd, hoe't lok en pine flak nêstelkoar lizze koene, allinne de uterlike omstannichheden makken de gefoelswearde fan sa'n stuit út. Se stie dêr noch, de doar iepen, har iene earm lei op 'e kruk fan 'e doar, de famylje stie foar it rút en seach, hoe't er it der ôfbrocht. Yn 'e fierte fielde er him knuppelich, dêr stie er en stoareage nei syn breid, wylst de famylje nijsgjirrich stie te sjen. Cor stie him fansels ôf te freegjen hoe't it mei dy twa ferrinne soe, mem wie bliid dat er anke troffen hie en heit stie der ferlern earne tusken.
Hy joech har de blommen, se naam se oan mei in sierlik bewegen fan har earm. Har eagen ljochten noch altiten bliid, doe't er de drompel oerstapte en har tute kaam der in druk efter syn eagen, anke draaide har ek wat te fluch om, se bleau wat ûnwennich stean foar de keamersdoar. Hy gie nei har ta, draaide har by de skouders om en lei syn earms om har hinne. Se gie ticht tsjin him oan stean, har sykheljen gie rêd.
- Dû bist moai.
Se loek him allinne tichter tsjin har oan.
| |
| |
Doe spatte de keamersdoar iepen, skoanheit stie yn 'e iepening.
- Sille jim der hast ynkomme?
Se hiene elkoar loslitten en fan dat stuit ôf wie alles oer har kommen. Se wiene yn 'e auto set, de boargemaster hie praten, de fotograaf hie in pear kear de lampe flitse litten, de resepsje mei de drokte en de formaliteiten. Se wiene net earder ta rêst kommen as ûnder de kofjetafel foar de famylje en de goefreonen. Omke doaitsen hie tafelpreses west en nic hie in pear stalen út de frijfeintetiid ferteld. In moaie tiid hie dat west, de lopen dy't nic en hy hân hiene yn berltsum en wier. Of dy kears yn de ryp, doe't lilke heiten har beide by in faam weiskopt hiene.
Anke sliepte troch. Dy hie sa't it like neat fan it lawaai op it plein fernommen. Hy nestele him nochris ticht tsjin har oan en besocht fannijs te sliepen. Har earm wie noch altiten om him hinne.
Nic en tiny hiene har nei hûs ta riden, in auto fol presintsjes en blommen. Foar de doar hie er anke optild en oer de drompel droegen. Se hiene mei syn fjouweren alles útpakt, op 't lêst lei der in steapel pakpapier fan komsa yn 'e hoeke fan de keamer en de fazen, skalen en reautsjes stiene rûnom op de flier. Al ridlik gau wiene nic en tiny ôfstutsen, dy woene fansels dat griene lok net behinderje. Mar dat anke en hy sa aldermâlste wurch wiene hiene se miskien net tinke kinnen. Se hiene it papier tegearre noch yn 'e jiskefetten dien, doe wiene se mar op bêd gien. Se hiene amper lein, doe't de tillefoan gie. Hy flokte en grommele, mar doe't er de heak fan it tastel naam, hie der in kleare, hege stimme in leafdesfers foardroegen. Hy hie anke roppen, mei de earm bewegend om 'e hoeke fan 'e doar, se hiene tegearre harke nei de frou, dy't ynlik de wurden sei. Hy harke yntins, se die it goed ek noch, in fers fan douwe kalma as it him net miste. Doe't it út wie, woe er betankje, mar dêr krige er de kâns net foar, want ear't er sykhelle hie, lei de hoarn oan 'e oare kant al op it tastel en it sjongen fan de tried wie yn syn earen.
Se wiene wer op bêd gien, ticht tsjin elkoar oan, mar it sliepen woe net, se hiene beide sa lang allinne sliept. Earst tsjin 'e moarn wiene se yn 'e sliep fallen, te wurch om ek mar wat te dwaan.
Hy sliepte noch net. Hy draaide him om, op it kessen nêst him seach er anke sliepen, lykmjittich sykheljend. Stadich kroep er op har yn, hy tute har langsum op 'e lippen, it gie oan har foarby, se fielde it net, se
| |
| |
sliepte troch. It sjen fan anke joech him in rêst, dêr't er lokkich by wie en dy't him alles ferjitte liet.
Hy joech him del, ûnder de sprij dy't beppe noch breide hie en ûnder de ljochtblauwe tekken, dy't troch de sprij hinne noch sa'n bytsje sichtber wie. Har sykheljen gie lykop, de tekkens giene yn itselde ritme omheech en omleech.
Nuver, dat twa minsken elkoar foar in hiel libben oanfurdigje, sûnder dat se witte wat der yn 'e takomst leit. Wa wit, wat de takomst noch foar harren yn petto hie, wat rotstreken it libben harren noch leverje soe, mar dochs hiene se juster ja tsjin elkoarren sein en tasein, elkoar te hoedzjen en te noedzjen, in libben lang. Yndie, in libben lang, mar net ien hie der by sein, hòè lang dat libben dan wol duorje soe, miskien waard anke moarn wol oerriden, of faaks kneppele hy oer in wykmennich fan de trep ôf en moast er syn hiele libben ferlamme yn in riidstoel sitte. En ôfsjoen dêrfan, wat is hoedzjen en noedzjen? Ek net ien, dy't dat der efkes by ferteld hie, der waard mar ûndersteld, dat it bekend wie. Mar wat, as hy in oar famke trof dêr't er mear fan hâlde as fan anke, wat, as anke ta it ynsjoch kaam, dat se net fan him hâlde koe? Se hiene swijd, allegearre, der wie grau oandien tekene, mar se hiene dochs wol efkes dúdliker wêze meien. Wat wist in minske fan it libben? Fansels, de lessen fan 'e kweek stiene him noch helder foar de geast, mar hiene dy lessen wol sa klear west as er yndertiid tocht hie? Wat hie der no wier oan libben ynsitten? Yn 'e klasse hie er al fernommen, dat it boekje en de lessen ek net sillichmeitsjend wiene, earder oarsom, it boekje hâlde gjin rekken mei de yndividuele omstannichheden en dêrom rûn it him faak út 'e hân. Miskien wie er sels ek noch net ryp foar it fak, fergeemje, der hearde wat ta, as men in klasse fol bern efkes rêstich hâlde en harren boppedat noch wat bybringe moast. Hy wie al lokkich, as er de frede hanthavenje koe en de sfear, lit stean it learen, dat wie sadwaande yn it earstoan bysaak. It soe him fernuverje, as aanstons de âlden net spinnidich waarden en him fergen op fertuten. Mar de âlden moasten fansels wol foar de geast hawwe, dat er krekt fan 'e kweek kaam en dat er op gjin stikken nei noch folleard wie. Elts minske moast dochs leare en wêrom waard der dan fan in ûnderwizer frege, dat er alles samar hookstrooks ûnder de knibbel hie? En wat anke oanbelange lei it ommers krekt sa? Koe hy
| |
| |
anke? In gek dy't dat leauwe soe, elts ferstannich minske soe ommers witte hoe't de saken der hinne leine en dat it trouwen gjin einpunt wie, mar in begjin. Der soene rúzjes komme moatte, teare eagenblikken, skelpartijen en noch folle mear, dêr't er no noch gjin weet fan hie, mar sûnder soks koe in houlik net oant op de boaiem útiten wurde, dêr wie er wis fan. Mar wêrom wie der net ien, dy't dat fertelde, wêrom swijde elts as in grêf, of soe it de bitterens oangeande de eigen wjerfarrings wêze, dy't harren it swijen oplei? Allinne heit hie moed genôch opbringe kinnen, ûnder de kofjetafel, anke en him in bytsje sjen te litten fan datjinge, dat in houlik útmakket. De oaren hiene mei har stupide koppen wat op en del sitten te weagjen, mar se hiene swijd, se hiene swijd, om't se miskien te bang wiene, har eigen tekoarten sjen te litten. Sa koe it miskien sitte, mar dat romme it feit noch net op, dat hy siet mei in frou, dêr't er uteraard fan hâlde, mar dy't er lokkich meitsje moast. En no wie it mar krekt de fraach, oft anke har lok sines wie. En dat hie net ien sein, it stie net yn it learboekje, de boargemaster hie der ek oer swijd, de sprekkers op 'e resepsje hiene der neat fan sein en ûnder de kofjetafel hie allinne heit in pear essinsjele dingen oanroerd. Hoe moast er der fierder mei, hoe moast er witte, dat it allegearre oars wie?
Anke draaide har wer om. Se sliepte sa't it like dochs net sa rêstich, hy gie mei en flaaike him yn har romten. Hy lei syn earm wer om har hinne, hy fielde har boarsten, de hurdens fan de knoppen. Hy besocht wer te sliepen, har broadsjes wiene sêft tsjin him oan, de spanning fan har heupen lei yn in teare bôge.
Doe kaam it sliepen, it bemastere him ynienen, wurgens kroep yn syn spieren, hy koe mar amper mear syn skonken bewege, syn eachlidden mar krekt mear optille. Hy dreau fuort yn in stadich sakjen.
Hy waard wekker fan in bewegen fan anke, se draaide har om, har sykheljen wie oer syn wangen.
- Wy gean der ôf, sei se.
- Noch net.
Hy prebearre troch te sliepen, hy kroep fierder ûnder de tekkens, tichter tsjin har waarmens oan. Hy woe der noch lang net ôf, der wie yn 'e hûs ommers neat te dwaan en it lei noch sa goed tegearre.
- Toe ju, der ôf, it is al let.
| |
| |
Wêrom soe er der no ôf, der wie neat dat dreau, se wiene boppedat noch lang net útsliept. Oer in oere wie it noch betiid genôch, se koene salang sliepe as se woene, se wiene mar mei syn twaen. Hy kroep noch tichter op har yn, der kaam in slûge tragens oer him, hy koe him wol deljaan, oeren lang byneed, as dit mar oanhâlde soe en net ophâlde.
Ynienen spatte se oerein.
- Ik gean der ôf.
Se smiet de tekkens ôf, in flap kâlde lucht sloech op syn rêch. Alles wie fuort, hy kroep ynelkoar om dy waarmte te hâlden en mei ien haal loek er de tekkens wer oer him hinne. Anke stie nêst it bêd nei him te sjen, se wie fris sa 't it like.
- Kom no.
Wêrom bleau se net lizzen, wêrom liet se him no op in bêd, dat foar him allinne fierstente grut wie? Wêrom kroep se him net oan en lei se har earm net om him hinne en wêrom wiene se tegearre net mear op in plak dêr't it goed wie? Hy waard wrantelich, hy fielde hoe't syn hân oer it plak gie dêr't anke sakrekt noch lei, de waarmens fan har lichem wie der noch. Hy gie op dat plak lizzen, net fan doel, der tenearsten ôf te kommen.
Anke begûn yn 'e keamer te rommeljen. It wetter fan 'e wasktafel begûn te rinnen, der gie in kastdoar iepen en ticht, kleanstokjes klepperen tsjinelkoar oan, der wie rûzjen fan klean, dy't oan of út giene. Se rûn de keamer op en del, se ferskode de stoel dêr't har klean op leinen.
- Kom der no ôf.
Syn sliepen wie al fuort, hy lei dêr min ofte mear helder te harkjen nei alles wat om him hinne barde. Wêrom lei se net nêst him, wêrom woe se der mei alle geweld ôf? En wêrom die se dingen, dy't se eins tegearre dwaan moatten hiene?
Se hâlde oan, se sei nochris, dat er der ôfkomme moast en him oanklaaie, jûn koene se ommers wol betiid op bêd, en wêrom lizzen bliuwe, as se alle nachten dy't der ea komme soene dochs tegearre sliepe koene. Hy spatte oerein, de tekkens loek er tsjin syn hals oan omheech.
- Pak dyn koffer en gean nei jim mem.
Hy liet him efteroer falle, it tek skuorde er oer him hinne, hy draaide har de rêch ta, hy woe sliepe.
It bleau stil nêst it bêd. Doe giene stadige fuotstappen nei de kast, it
| |
| |
fleurige bewegen dat der earst west hie bleau út, der wie in hoedenens oer de keamer kommen, dy't swier oer alle dingen lei. Syn hert kloppe fûl, hy woe der ôf stowe, nei har ta gean, sizze, dat er it net sa bedoeld hie, syn earmen om har hinne slaan en har treastgje. Mar hy die it net, hy bleau lizzen, syn holle heal ûnder de tekkens en mei in frjemd gefoel yn 'e mage. Miskien skriemde se wol, se glimke fansels net mear, anke wist miskien ek net wat se moast. Hy lei dêr en koe himsels wol opfrette, wêrom hie er it dochs sein, it wie sa ûnreedlik as de pest, se hie per slot it rjocht der ôf te gean wannear't sy dat woe. Hy gie net oerein, hy lei syn earms net om har hinne, se wiene net tegearre.
Anke gie de keamer út, se die de doar stil efter har ticht. Hy hie leaver hân, dat se de doar mei in klap efter har tichtslein hie. Wêrom hie er it sein, hy miende it net iens, it wie him allinne mar ôffallen, dat se der ôf gien wie.
Hy koe it op bêd net mear úthâlde. Hy trape de tekkens nei it fuottenein, skeat der ôf en smiet syn pyama mei fûle halen op it bêd. Hy liet de kraan rinne oant it wetter waarm genôch wie foar it skearen. Hy draaide it apparaatsje ynelkoar en fage tsjûke flokken skom oer hals en wangen. Doe kraste it apparaatsje it skom der wei, it like idioat yn 'e spegel. Syn eigen gesicht trekkebekke him frjemd oan.
Stadich die er syn klean oan. Hy wist net hoe't er soe. Hy doarst net rjocht troch de doar te stappen, nei anke te gean en te sizzen, dat it him spiet en dat er it sa net bedoeld hie. Se soe him mei grutte eagen oansjen, se soe it miskien net iens begripe. Hoe moast er it har útlizze? It lei allegearre sa subtyl, och nee, kletsika fansels, it lei hielendal net subtyl, it wie sa helder as glês, se hie him syn sin net jûn, dat wie it en nou siet er te wrokjen as in lyts bern.
Hy gie de doar troch. Op 'e trep wifke er noch efkes. Hy hearde anke yn 'e koken dwaande. Doe't er de doar iepen die, seach er har stil oan it oanrjocht stean, de kopkes giene stadich troch har hannen. Se seach net op, se gie troch, hy fielde de leechte dy't om har hinne wie. Hy gie efter har stean, hy lei syn earmen om har hinne. Har hannen halden op te bewegen, har holle gie efteroer, se lei har wang tsjin sines oan.
- Ik wist net wêrom't ik it sei.
Se draaide har om. Se seach him oan, griene eagen namen syn gesicht pynlik op. Doe wie dat glimkjen der ynienen wer. Se tute him.
| |
| |
Wouter is my in ryksdaalder skuldich. As er hielendal earlik is, mar dat is er fansels net, jout er my in ryksdaalder plus sân jier rinte, dat wurdt dan in lytse trije gûne.
Doe't anke en ik dy deis trouden wie hy al boade en doe't wy it gemeentehûs útgiene, joech ik him in ryksdaalder foar de muoite, hy hie op 't lêst sines der ek ta dien.
Mar letter die er syn uterste bêst, ús byelkoar wei te krijen, mar hy hâlde myn ryksdaalder, wylst de prestaasje dy't er dêr foar levere hie, sadwaande al lang teneate wie. Anke wie him dus gjin ryksdaalder wurdich, hy hat him ta eigen foardiel en ûnrjocht-mjittich brûkt, faaks hat er der har in boekje fan jûn, ho nee, gjin boekje, soks jout sa'n ien net, it sil ien of oar snústerich dinkje west hawwe, in lakt hûntsje foar op 'e skoarstienmantel of in kitserige sigarettestander. Dat past better by him.
Hoe soe anke it oannommen hawwe, fereare en bliid, of dochs in bytsje huverich fanwege de mear as dúdlike ûnbetsjuttendheid fan it gefal? Soene dy eagen fan har lake hawwe en it presintsje opnommen yn har sjen?
Miskien sil anke noait witte, dat it presintsje troch my betelle is en dat se it yn wêzen dus fan my krige.
Mar leaver gjin lakkerige hûntsjes of mishipte sigarettestanders. Lit er har in moai boek jaan of in bondel koarte ferhalen, mar dan moat er der wol efkes by sizze, dat it fan myn ryksdaalder is, mar dat doar er fansels net, dy wouter, dêr is er te lyts en te krûperich foar.
Noch better, lit er har in ring jaan, sa'n djoeren hoecht net, in gewoanenien, sa'n glêden, as it in bytsje kin fan goud.
Wat sjochstû eins yn him?
Jawol, mar mei him is it oars.
| |
| |
Hy praat folle gewoaner as dy.
Dat mienstû, omstû fereale biste.
Hâld dochs op, dû snapst it dochs net.
Ik soe besykje kinne it te snappen.
Mei ik net oan myn eigen frou freegje, wêrom't se der in oar op nei haldt?
(stilte).
Dat seit my neat, mei ik it freegje of net?
Dat hast al faker sein, prebearje no yn 'e goedichheid ris wat te sizzen.
Ik hàw it ommers al sein.
| |
| |
(wurch) Wat wolst dan witte.
Dêr hast it rjocht net ta.
Dêr haw ik it rjocht wol ta, ik haw sels noch folle mear rjochten. Ik haw it rjocht om him de tagong ta dit hûs te ûntsizzen, ik haw it rjocht him de omgong mei dy te ferbieden, ik haw sels it...
Rjocht om dy de bek te hâlden.
(stilte).
(folle kalmer) Harkje no ris, wy moatte kalm en saaklik prate. Dit is gjin kwestje fan in pear minuten, wy kinne dit samar net op syn berin litte.
Nee, it is folle ienfâldiger.
Ik bin mei dy troud, ik ha lokkich mei dy west.
Moat ik dy samar gean litte?
Plicht godferdomme? It is dyn plicht nêst my te stean, dat is plicht.
Astû fan my hâldst litst my gean.
Ek as ik wit dat hy it net mient en as ik der fan oertsjûge bin, datstû mei him op 'e kof je komst.
Fanke, dû bist de safolste. Alle kearen hat er itselde smoesje brûkt en dû wâdest der wer yn.
Dat sei er tsjin de oaren ek.
Dû makkest him swart, wat bistû in klier, dû bist in... in...
Dû kinst dus better mei him prate.
(ôfwizend) Dat wit ik net.
Besykje ityn elts gefal te sizzen.
| |
| |
Hy begrypt it better, hy knopet der gjin lange teoryen oer psychology en sa oan fêst.
(stilte).
Syn frou begrypt him ek net. Syn frou lêst ek in bulte, syn frou wol noait mei him fuort, hy moat altiten allinnich.
Dat sil er ek wol 't leafst ha.
(fûl) No besykje ik it en dû ferpest de boel.
Hy praat lykas ik.
(stilte).
(fluch) Him snap ik, as wy prate ha 'k ek ris gelyk, hy slacht my noait mei wurden om 'e earen dy't ik net snap. Hy libbet krekt as ik en wy binne beide op 'e selde manier troud.
Beide mei in oar, wol te ferstean.
(besiket reedlik te bliuwen) No begjinst wèr.
Ik bedoelde it net sa, gean troch, wolste.
Dû witst it no wol sa ûngefear.
No sis, jim binne beide troud.
Wolst beweare, dat jim elkoar mei gjin finger oanreitsje?
Mar ik wit net hoe 't hy is. Ik soe 't my wol sa om-ende-by yntinke kinne, mar witte, nee.
(stilte).
| |
| |
Mar syn steat fan tsjinst is respektabel, dat wiist op aktiviteit.
Ik haw net mei har op bêd west.
(bepratend) Mar wat lûkt dy yn him oan?
Dû hast de earnst hjir net fan troch, dit is net samar in gefaltsje.
Dat prebearje ik dy yn 't ferstân te krijen.
(tige wurch) Och ... lit mar.
It is myn jierdei hjoed en it is allegearre oars as oars. Mem lokwinske my en heit, mar oars kamen se yn starum en der wie wat feestliks yn 'e hûs. Anke krige blommen, de hiele keamer roek der fan. Wy sieten om it taffeltsje, der waard lake en der wie fleurigens.
Mar anke is der hjoed net, ik hope, dat se skriuwe soe, allinne mar in lokwinsk, mar de post gie foarby. Miskien ferjit se it net en stjoert se in tillegram.
Ferline jier mei myn jierdei wie se noch lokkich, se lokwinske my de moarns op bêd en se joech my it presintsje dêr't ik om frege hie. Efkes wiene ús hannen yn elkoar, ik tocht alwer in jier, ik seach har laitsjen en it soe altiten sa bliuwe, wy soene elts jier elkoar lokwinskje en alle kearen soene wy tichter by elkoar wêze.
| |
| |
Allinne nic hat west, sels cor hat net belle. Nic en ik sieten op myn keamer, wy wisten beide, dat it allegearre oars wie. Ik skonk nic in pilske yn, ik moast it sels út de kelder helje. Wy praten oer anke, hoe't it allegearre sa koe, wy begrepen der allebeide gjin donder fan. Tsjin seizen gie nic wer fuort, ik wie bliid dat er west hie. Hy stapte yn syn folkswein en ried nei thekla, dy't thús mei de poppe op him wachte.
En no sit ik te skriuwen en ik wit net wêr't ik mei de hiele bringst hinne moat. Anke sit allinne op har flat, se sjocht op 'e kalinder dat it myn jierdei is, wat giet der yn har om? Of is wouter by har en tinkt se net oan de datum en oan my? Sil ik oer in healjier sa fier wêze, dat ik de datum fan har jierdei ferjit? Ik tink it net, want myn broer en anke fiere har jierdei op 'e selde dei. Alle kearen as ik jan lokwinskje, sil ik oan anke tinke moatte.
Dy ferrekte wouter, dy ferhippeling, wat hie er mei myn anke te krijen? Koe er ús net yn frede by elkoar litte, wêrom makke er it stikken en wêrom joech anke him de kâns it stikken te meitsjen? Of hâlde se net mear fan my en bleau se by my, om my net sear te dwaan? Mar no hat se my like goed sear dien, se hie it direkt sizze moatten, doe't se wist dat it oer wie en foarby. Se hat my genedebrea ite litten, se hat meilijen foar leafde oansjen litten, en ik, ik wie der lokkich by ek noch.
Mar sa leit it net. Se lokwinske my ferline jier sa bliid en har eagen koene net lige. Har eagen wiene sa helder en grut, sa't allinne eagen wêze kinne fan in frou dy't fan jin hâldt. Kin alles yn in jier dan sa feroarje? Of hat se miend, dat se by wouter better op har plak is? Mar dan is it dy wouter wol, dy't alles stikken makke hat, wouter, dy't sels troud is en trije bern hat, wouter, dy't net skiede doar om anke datjinge te jaan dêr't se rjocht op hat.
En likegoed is it myn jierdei hjoed. Likegoed is anke der net. En om't ik neat oars te ferstriken ha, sit ik efter de typmasine letters op it papier te slaan. Ik woe, dat anke weromkaam, dat se my lokwinske en dat wy wer lokkich wiene tegearre.
|
|