| |
| |
| |
Fjouwer
(Anke). Astû der net bist is it hûs my frjemd en leech. De ruten gnize my oan, de gapske romte fan de doar dy't iepen stiet himet stadich de ûnwennigens ta de keamer yn. De blommen binne sa kleurich net, de gerdinen ploaie swierder. Ik sit yn 'e stoel en wachtsje, oant ik fuotstappen op 'e tegels hear, it iepengeanfan 'e doar en it rûzeljen fan dyn klean yn 'e gong.
It is oars, as ik de krante lês astû net yn 'e stoel nêst mines sitst, dyn sykheljen is der net en dyn dwaande-wêzen. Der is gjin rook fan kofje, gjin skûteltsje mei koeke en dû fregest my neat omstû der net biste.
Soms tink ik, dat ik dyn rinnen hear of it fluitsje, datstû tsjin de gevel oan goaiste om my hearre te litten datst der biste. Mar ik hoech net skerper te harkjen, want it is dyn tiid noch net. Ik lês fierder in lege krante.
As ik troch it rút sjoch, komt dyn stal troch it skoalpleinstekje, dyn fuotleasten hear ik op it paad, heechop en sierlik rinstû dêr. Dû glimkest astû my efter it rút stean sjochst, omstû witst, hoeh ik op dy wachtsje. Mar it is net sa, de bus dy't dy bringe moat is noch net iens fuort, ik haw it allinne mar tocht.
Soms gean ik it hûs troch, der is in leechte, krekt as stiet it húsrie der net en binne de skilderijen der net mear. Myn stap yn 'e gong klinkt hol, de doarren geane oars efter my ticht, alles is my oars en dea.
Inkeldris flechtsje ik nei it keammerke fan skoalle, dan gean ik efter de typmasine sitten en arbeidzje oan it ferhaal dat noch net klear is, mar it wol noait, de letters rattelje iensum op it papier en it eint net. Ik sjoch hyltiten oer it skoalplein út.
| |
| |
Ik tink der oan, hoestû in einfan my ôf rinst en beuzich biste. Dû giest troch lange gongen, dyn wite unifoarm falt dy hearlik om 'e lea, dû lakest tsjin de minsken, dy't dy tsjinkomme.
En dan hear ik dyn stap op it plein. Ik sjoch dy troch it stekje gean, ik wit, hoestû de efterdoar iependwaan silste en yn 'e keamer sjen oft ik dêr bin. Astû my net sjochst, witstû, dat ik yn it keammerke sit, dû hingest dyn mantel op 'e kapstôk.
Dû giest it keammerke yn, dû komst by my efter it buro, wy tútsje elkoarren, ik fiel dyn lea tsjin my oan, dyn earm om myn skouder en dû sjochst op 'e typmesine wat ik dy deis skreaun ha.
Ik freegje, hoe't ityn it sikehûs wie, dû fertelst fan de goede dingen, dat twa âlde mantsjes wer nei hûs koene. Dû lakest en yn dyn eagen is it ljocht en helder. Alles watstû dy deis sjoen haste is om dy hinne.
Ik lês dy foar wat ik skreaun ha, dû sitst foar it buro en harkest, dyn gesicht giet mei en ik haw der nocht oan, ûndertusken fluch efkes nei dy te sjen, hoe't dyn wynbrauwen byelkoar lûke, hoe't dyn lippen fyntsjes glimkje of hoestû dyn eagen tichtdochst.
Soms fregest, oft ik it nochris lêze wol. Dan seiste, hoest it fynst of watstû der fan tinkst. Inkeldris binne wy it net iens, dû fynst dat it oars is of dat ik it oars skriuwe moatten hie of dû hast beswier tsjin in wurd.
Dan prate wy der oer, dyn lûd giet helder en heech troch it keammerke. Ik harkje nei dat lûd, dêr't ik fan hâld en dat slingers om alle dingen lizze kin. Astû praatst begjint der in sêft klinken om dy hinne, alle wurden ljocht en licht en helder as se oer dyn lippen komme.
Se nimme wat mei fan it read dat oer dyn lippen leit, it wurde lytse heldere baltsjes dy't lang om dy hinne stuitsje en dy't kleur bringe oan alle dingen.
Juster ha 'k foar de twadde kear nei de presidint fan de rjochtbank west. Hy frege my, wêrom't anke der net wie. Hoe koe ik dat witte? Se wie der net, dat wie alles. De advokaat hie har wol skreaun, dat se better net komme koe, mar wêrom't se der net wie koe ik him slim fertelle. Boppedat hie 'k der gjin weet fan, ik hie har ommers yn gjin tiden sjoen. Mar wêrom hope ik, dat se der
| |
| |
dochs wêze soe? As de doar fan de wachtkeamer iepengie, tocht ik eltse kear, dêr is se, mar alle kearen wie 't in oar. Se hat der hielendal net west.
Wêrom binne wy hjir mei begûn? Allinne om't in sekere wouter op in goede dei ús libben ynstapte? Wêrom knapte ynienen alles ôf en hâlde alles op, wêrom rûn ik twa kear nei de presidint en liet my alles freegje oer anke en my? Wat hie er der yn 'e goedichheid mei te krijen, wêrom stiek er syn hannen út nei dingen, dy't fan anke en my binne?
Wêrom rin ik alle dagen oan anke te tinken, wylst se dochs sa ticht by is? Ik hoech mar yn 'e auto te stappen, fiif minuten riden en ik bin by har. Mar as ik op 'e stoepe stean en oanbelje sil, begjinne myn hannen te triljen en ik doch it net, ik gean wer fuort, om't ik wit, dat se my hurd oansjen sil en ferachtlik freegje, wat ik dêr te meitsjen ha.
Seis wike lyn sliepte ik noch by har, eltse nacht, ik fielde har lea, ik hie myn earm om har hinne en ik tocht, dat it sa altyd bliuwe soe. En no haw ik der alles foar oer har mar ien kear sjen te meien en te witten, dat alles wer goed is tusken ús. Dan mei se wol wer fuortgean, as ik mar wit, dat it goed is.
Mar it is net goed. Dy wouter strúnt by har om, hy hat yn wêzen neat mei har te ferhakstûkjen. Hy hat hielendal neat mei har te krijen, se is mei my troud en net mei him.
Dêr siet ik yn 'e wachtkeamer. Der kaam in steltsje út de fersoenkeamer, dy hiene mar besluten, byelkoar te bliuwen. Hy wiisde har ferlegen in stoel, hja gie wat ûnwillich sitten. Hy wist dúdlik net wat er sizze moast en hja hie ferlet fan stipe.
- Ik ha net iens iten fan 'e moarn, sei se.
Hy gie mei syn tonge oer syn lippen en draaide senuweftich in sigaret. Se sieten elkoar wankelmoedich oan te sjen en se wisten net wat se moasten.
Der kaam in frou yn. Se hie in wynjak oan en in lange broek dy't har goed siet. Dûnker wie se en kreas. Se hie de lange slûf mei it rekest trilderich yn 'e hannen. Se gie te foarsichtich sitten en seach mei grutte, fertrietlike eagen om har hinne. De sealwacht
| |
| |
moast witte hoe't se hiet, har foarnamme wie ingeborg, har efternamme koe ik net ferstean. Se naam fluch en hastich in sigaret, se stiek him oan, wat oerstjoer en trilderich. De reek hinge yn swiere wolkens om har hinne, se smookte te fûl. Sa no en dan gie se mei har frije hân oer har eagen, se suchte. Har trouring hie se noch om, se boarte der mei, se draaide him om 'e finger, hyltiten flugger. Soms kniep se har eagen lang en fûl ticht, dan suchte se wer. It begrutte my om har, ik frege my ôf, wêrom't se skiede woe as it har sa ferhipte swier foel. Mar miskien wie it by him bliuwen noch wol folle swierder en dêrom wie se der dus. Ik woe wol nei har ta gean, myn hân op har skouder lizze en sizze, dat ik my ek rottich fielde. Mar ik die it net en wy hiene der beide ferlet fan. Wat wie der bard tusken dy twa? Har skuld wie it net, no-ja, skuld, oars siet se dêr net. Se wie leaf, dat koe elts sjen dy't dat mar woe. Har gesicht wie sêft en begripend en ûnder oare omstannichheden koene har eagen laitsje. Mar wêrom gie ik net nei har ta en wêrom sei ik net, dat ik my ek sa rottich fielde?
Doe't ik by de presidint weikaam en wer bûten stie, wie der in pine yn my. Ik wist, dat ik net weromkoe, dat it no fierder gean soe, neat en nimmen koe it no noch tsjinhâlde.
Noch in pear wike, dan bin ik wer frijfeint. Goddomme, frijfeint, en der wurdt oannommen, dat ik dan wer libje sil as frijfeint. Mar hoe moat ik dat rêde, as myn kop noch fol anke sit en as ik kjel wurd, eltse kear as ik in ferpleechster sjoch? Ik kin wol koarje fan frijfeinten, dy rol leit my net.
Ik sit te wachtsjen. De hiele jûn wynt it my al yn 'e soademiter om, ik wit dat anke mei watse sit te donderjen, ik wol rommert naberman belje of ien fan de oare spilers, mar der is wat, dat my tsjinhâldt. It stiet sa ferrekte idioat om freonen te skiljen oer it gedrach fan je eigen wiif. Dêr spekulearret anke miskien op, se rekkenet der yn elts gefal op, dat ik it lef net opbringe kin.
En it draait je mar yn 'e mage om, jinsels behearskje is der al lang net mear by, lit stean helder tinken. De tinzen fleane jin as skimen troch de kop, de iene ynfal nei de oare wurdt oannommen en fersmiten en op 't lêst dogge je neat.
| |
| |
De tiid giet ôfgryslike stadich. De sekonden eine net. Eltse kear as je op it horloazje sjogge is it noch net letter wurden, je ferflokke de tiid en it klokje., dat it ferdomt om hurder te gean.
Wêrom docht se it yn 'e goedichheid, wêrom komt se net gewoan thús lykas alle oare froulju, wêrom nimt se eltse kâns te baat om watse te moetsjen, wêrom seit se net tsjin wouter fan - soademiterje op, myn man sit te wachtsjen. Nee, leaver lit se my krepeare en boartet se sideblink ûnder har eigen rokken.
It hûs fljocht my oan, ik kin it dêr net úthâlde, ik jachtsje de tsjustere buorren yn. Moasten de minsken ris witte ferdomme, wat soene se dwaan, moarn de âlderkommisje op skoalle, reltsjes mei de ynspeksje en mei de rju eabele hearen boargemaster en wethâlders, dy't har noazen sa nedich yn dit stjonkende saakje stekke moatte.
Dêr steane je dan as hoarndrager, gnyskjend efter har hannen stelle se de fragen, it amtnerskip wurdt yn diskredyt brocht, it gesach giet nei de soademiter, it pedagogysk begjinsel leit folslein tsjin de flakte.
- Jo kinne better sollisitearje.
Danke hearen, godferdomme, wat bin ik tankber.
En dat allinne, om't it wiif it ferrekt om op 'e tiid thús te kommen, om't se belang by oaren hat.
Wat kin der allegearre wol net efterwei komme? Stel, dat anke snapt wurdt troch de iene of oare starumer, dêr leit se yn in fiergeande steat fan provokaasje en kompromitaasje, de starumer gniist, hy (of sy, ja dochs, it is fêst in sy, fanwege har eigen miste kânsen), sy dus gniist en begjint it rûnom út te kreamjen, wat sil starum gnize. En dêr stean je dan by as kloatsek, net by steat, je eigen wiif yn stokken te hâlden, in prachtich portret. Lang libje de oerhoer.
Tsjin in oere of trije, fjouwer klikkelt de kaaie yn it slot. Yn 'e gong docht se earst ek noch kalm, ja ferrekte kalm, har jas út. Einlings giet de doar iepen en dêr stiet se, de seksuele kleurkes noch op 'e wangen, finaal ôffrijd. Se hat it lef ek noch, my in tút te jaan.
- Hast lang wachte?
Godferdomme ja, ik haw lang wachte, mar wat wit anke dêr
| |
| |
fan? Ik kin har wol om 'e earen slaan, mar ik doch it net. Ik bin bliid ek noch, hoe krij ik it yn myn gekke kop, in bêst pak op 'e donder moast se hawwe, de broek út en tatichelje mar, oant der reade koarsten sitte op dy leaflike broadsjes fan har.
Kloos en kalma hawwe gelyk. Ik ha der altyd om lake en tocht, dat it mar dichterlike optinksels wiene as se skreauwen oer froulju, dy't nachts troch iepen doarren sweevje of troch in rút. Mar se ha gelyk, it kin.
Justernacht koe 'k net sliepe. Ik draaide en draaide, kearde it kessen kear op kear om, mar it holp neat, de sliep kaam net. Ik hearde de toerklok slaan, de oeren giene stadiger as ea. Op it buordsje boppe de wasktafel stiene wol slieppillen, mar ik hâld net fan dy rommel, dat ik kaam der net oan.
Ik rekke heal wekker, heal yn 'e sliep. Doe kaam anke, se kaam efter it gerdyn wei en gie op 'e râne fan myn bêd sitten. Ik seach har dúdlik, har glimkjen en har sykheljen. Se hie klean oan dy't ik noait by har yn 'e kast sjoen hie, se wie opmakke, net swier, mar krekt genôch om har noch moaier te meitsjen. Se beweegde stadich, krekt as wie se ûnder wetter, har hier lei yn tsjûke brede stringen yn 'e nekke en op 'e skouders, ik tocht, se is weromkommen, en se glimke my oan en alles wat der yn sa'n glim lizze kin wie der en noch mear. Fine, swarte streekjes ûnder har eagen makken se djipper en helderder tagelyk. Se die de earms om my hinne, stadich en tige tear, mar ik fielde neat. Se knikte mei har holle, der wie in grutte wysheid by har. Ik wist, dat ik net begjinne moast te praten, om't se der dan net mear wêze soe, ik seach en seach, se wie der en glimke sa't allinne anke glimkje kin.
Har sitten dêr die my sear, in grut gewicht lei my op 'e mage, mar tagelyk wie der blidens yn my. Ik woe begjinne te praten, sizze, dat se werom komme moast en by my bliuwe, dat alles goed wêze soe en dat ik fan har hâlde, mar ik die it net, want ik wist, dat se dan meilydsum glimkje soe en fuortgean. Se begriep it sa wol, ik hoegde net te praten. Ik lei myn hân iepen op 'e tekkens om't se miskien har hân der ynlizze soe.
| |
| |
Doe waard har gesicht oars. Der kaam fertriet om har lippen en yn har eagen, se skodde fan nee en gie stadich oerein. Ik bleau deastil lizzen en winske en hope dat se by my bliuwe soe, ik frege sa ynlik as ik freegje koe. Se seach my noch ien amerij oan, en dêr gie se, amper weagjend en linich en tige sierlik.
Ik bleau allinne efter, ik snottere as in lyts bern, om anke, dy't fuortgie, om alles wat der tusken ús wie, om alles fan ús, dat net ien kapot meitsje kin.
De regisseur wie justerjûn knap tefreden. Hy liet ús it earste bedriuw kear op kear oerdwaan. Hy pankoeke mei myn lange monolooch om, ik spande my tefolle, ik liet de beweging net frij komme. Hy die it my foar, twaris, trijeris, mar ik koe it net meitsje ik rekke der wanhopich ûnder. Ik hie noch noait tsjin beskaaiers fochten en ridder passemont ynteressearre my hoegenamt net. Doe sei de regisseur, dat ik by dulcinea tinke moast oan in frou dêr't ik fan hâlde. Ik probearre en doe't ik sizze moast:
- Myn degen, dy't ik myn prinsesse wije liet,
myn leaf dulcinea, o pronkbyld fan dizz' ierd,
by nacht en dei is hja myn hert- en sinnetsjeafke,
om wa't ik iensum swerf,
doe seach ik anke en it spyljen gie dat it klapte.
Miskien komt anke op 'e premjêre. Miskien komt se efter en winsket my sterkte, en as ik har dan op 'e fjirde of tredde rigele sitten sjoch sil ik spylje, god wat sil ik spylje, de klausen rûgelje tusken myn lippen troch as sis ik it sels en myn bewegings binne allegear foar har.
Dan komt se nei de tiid by my, de blommen dy't ik krij binne foar har, wy sille tegearre nei hûs gean en alles is wer lykas earst.
Mar as se komt, nimt se fansels dy wouter mei, se sil net efter komme en my sterkte winskje lykas ferline jier by 'de bern fan eduard'. Ik sil se sitten sjen op 'e tredde of fjirde rigele, hân yn hân, ik sil net spylje kinne om't se dêr sitte, it sil mislearje, it publyk fluitet en ik fersûp yn 'e tekst. Wat sil wouter dan gnize, dan hat er syn oerwinning, dan hat er my lytsman, dy gnobber. Hy sil tefreden nei hûs ta gean.
| |
| |
Dat typearret him no krekt, hy sil tsjin myn anke sizze, dat er altiten wol tocht hat, dat har eardere man net spylje koe. Mar dat de foarstelling dan yn 't wetter leit seit him fansels neat, dêr bekroadet er him net om, hy net, dy't by steat is en meitsje dingen kapot dêr't er gjin weet fan hat en ek nea krije sil. Dêrom makket er se krekt stikken, om't er der gjin kennis fan hat, dat narret sokke figuren, en dêrom ferniele se it. En it slagget sokken meastentiids ek noch, krekt troch de stompsinnigens en de botheid dy't har eigen is. Sokken soene har eins net mei ditsoarte fan dingen dwaande hâlde moatte, lit se har mei har eigen saken bemuoie, boade-wêze bygelyks. Dêr ha se meastal mear as genôch oan.
Hy stie yn harns op 'e bus te wachtsjen. It stasjon stie goarich gielwyt yn it reinen, de strjitstiennen glânzgen en yn it ljocht fan 'e lantearnen stiene fine, sulveren streken. Hy stie mei de rêch tsjin de muorre oan, krekt ûnder in goate, dat it measte wetter miste him. Hy bleau ridlik droech, in pear dûnkere stippen op syn nije reinjas wie alles wat er opheind hie. Hy stie dêr allinnich, gjin minske like yn dit waar de driuw ta reizgjen te fielen. Sa no en dan kaam der in wynpûst om 'e hoeke fan it stasjon hinne, in loslizzende panne klappere fûl en de rein sloech ynienen hurder tsjin de ruten oan. Hy stiek syn hannen djipper yn 'e bûsen. Hy fielde him ûnwennich en hy woe, dat de bus mar kaam. Hy miende, dat er by de brêge sûzjen fan bannen hearde, hy stapte ûnder de goate wei en seach, der wie neat en de brêge lei der like ferlitten as fiif minuten lyn.
Hy gie wer mei de rêch tsjin de muorre oan stean. Net in minske wie der te sjen, de strûkeboel yn it parkje foar it stasjon stie yn 'e wyn heftich te bewegen, de lêste blêden ferlearen de slach en joegen it oer, se waarden wei yn 'e ligusterhage, nêst de útgong fan 't stasjon.
Hy seach op syn polshorloazje. It wie al gâns in ein oer healwei tsienen en neffens syn ynformaasjes hie de bus der krekt op it healoere wêze moatten. Frjemd boppedat, dat er no jûn tafallich de iennichste reizger wêze moast. Fansels soe it no ek noch sa treffe, dat dizze bus sneins krekt net gie, dan stie er dêr en wer moast er hinne? Dan soe er in taksy belje moatte, syn fyts stie noch te starum, en hy soe dochs nei hûs ta
| |
| |
moatte. Dat soe wer jild kostje, in gûne as fiif op syn minst en syn earste salaris moast er noch barre, hy libbe fan it jild, dat mem him liend hie, dy earste moanne moast er dochs troch de tiid? Hy ferhipte it fjouwerkant, nochris om jild te freegjen.
Der kaam in n.s.-keardel op 'e fyts de hoeke fan de útgong om, dy't him foaroerbûgd yn it reinen stoarte. De fint seach in kear it plein oer, doe stoppe er ynienen smiet syn fyts tsjin de hage oan en kaam op him ta.
- Wachte jou op un bus?
Hy knikte fan ja.
- Welke richting?
- Starum.
- Dy gaat niet sondags, niet earder as elf uur.
Hy betanke de man en flokte yn himsels, dat it no noch wier bliek te wêzen. Wat moast er? Hy koe hjir net stean bliuwe oan alve oere ta, dan wie er ûndertusken fernikkele en trochplakt. Hy flokte heal lûdop, soks moast him fansels wer treffe, altyd koe er der mar op rekkenje dat der by him wat misrûn. Hoe krige er boppedat hast oardeloere stikken? Hie er hjir mar kunde, dan koe er dêr de bui ôfskûlje en op 'e bus wachtsje. Ynienen skeat him anke yn 't sin, ferdomd ja, dy wenne ommers yn harns, dêr koe er wol hinne.
Hy sette de stap der yn, foaroer yn 'e wyn op, de kraach heech sletten, de hannen djip yn 'e bûsen. Hy tocht noch efkes, dat anke der jûn likegoed net wêze koe, of siet te jûnpizeljen mei in feint, dan soe it wat pynlik wurde en letter soe er himsels ferwinskje, om't dit healgeare idee yn syn plasse opkomd wie. Hy rûn lykwols troch, ûnder it fiadukt lâns, de hoeke by de needwinkel om, de kuyperstrjitte yn. Fan fierren seach er al, dat yn elts gefal anke har buorlju thús wiene, miskien barnde dat ljocht wol op har adres, dat soe dan yn elts gefal net misrinne. By it tegelpaadsje seach er anke yn de keamer sitten, tiny wie der dus net, of hja wie efkes de keamer út. Dat wie in komplikaasje, dêr't er gjin rekken mei hâlden hie, of wol? It soe in reden wêze kinne om werom nei't stasjon te gean en dêr it taksy te skiljen, dan kamen der teminsten gjin pynlike tûkelteammen en wie er frij om te dwaan en te litten wat er sels woe. Hy seach der tsjinoan, dat ein werom te rinnen, hy gie it tegelpaadsje op en belle oan. De doar gie flot iepen, hie se immen ferwachte? Miskien wie it
| |
| |
har gewoante wol, om by it earste klingeltsje nei de doar te draven en iepen te dwaan.
Se stie yn 'e doar en seach him freegjend oan. Har wynbrauwen giene omheech en der wie efkes in wifkjen yn har bewegen. Doe kaam dat glimke wer yn har eagen, in bytsje spottend, har lippen giene mei. It wie de anke, dy't him wat ûnwis en net seker fan himsels makke.
- Kom der yn.
Hy gie der yn, die syn jas hast op 'e stoepe út, skodde it wetter der ôf.
- Dû witst hoe't it heart.
Se seach him noch altiten wat spotsk oan, it glimkjen wie net fan har antlit. Hy hinge syn jas oan de kapstok. Anke gie him foar nei de keamer ta. De oaljestook barnde, it fjoer warrele efter it rútsje. Der hinge in smûke waarmens yn de keamer, de rein klettere tsjin de ruten oan. Hy gie yn ien fan 'e rotanstuoltsjes sitten.
- Ferwachtest immen?
- Nee.
Se hie in blauwe, wollen jurk oan, dy't nau om har hinne slute. Se hie yn 'e tuskentiid mear stal krige, it skreitsige wie der wat ôf, hy koe no teminsten sjen wat foar en efter wie.
- De bus giet net.
- Bist haad fan 'e skoalle yn starum, hèn?
- Wêr is tiny?
- Hat lette tsjinst.
Se stie foar him oer, hy liet syn eagen oer har hinne gean, har lange skonken mei hjir en dêr in swart hierke, har rûne knibbels krekt ûnder de ûnderrane fan de jurk út, de rûning fan har heupen, dy't kant troch de jurk úttekene waarden. Se hie yn 'e rekken dat er seach, der kaam wat skamte oer har, se sloech de eagen del en krige in fine kaam.
- Wolst kofje, of leaver bier?
Se gie stean, hy seach foar de safolste kear, dat se te lang wie, it soe oars wêze as se wat foarser wie. De breedte wie der net, mar faaks soe dy komme, dan soe it in begearlike frou wurde.
- Ik frege wat.
Se lake him oan, der wie gjin hurdens of presje yn har sizzen.
- Bier.
| |
| |
Se sette in glês foar him del, in romer foar harsels. Under út de teekast helle se in flesse bier, wipte de kroankurk der ôf en plante de flesse nêst syn glês op it taffeltsje. Foar harsels pakte se in flesse wyn, se skonk sûnder triljen har romer fol. Hy pakte de flesse, geat foarsichtich tsjin 'e râne fan it glês oan de flesse leech.
Hy wist net mear wat er sizze moast. Hy krige der spyt fan, ea oan dizze operaasje begûn te wezen. Stie er no noch mar by it stasjon, dan koe er in taksy belje ek al koste dat miskien fiif gûne, alles wie better as dit byelkoarsitten sûnder petear. Wêr moast er oer prate? Hy pinige syn harsens, mar der woe him neat yn 't sin sjitte dêr't mei in bytsje goede wil in reedlike konversaasje mei op te bouwen wie. Se naam út en troch in slok fan har wyn, se seach him oan, mar se die ek gjin bek iepen. Hy hope, dat se in petear begjinne soe, oer it sikehûs om him, ek al ynteres-searre him dat gjin grevel, of oer it waar by need, alles wie better as dit ferrekte swijen. Anke waard ek ûnrêstich, se fersiet, sloech har skonken oars oerelkoar hinne, loek de rôk fierder oer de knibbels.
- Rotwaar hèn, brocht er út.
It klonk bespotlik, krekt as waard der yn in tube ferve knypt, sa kwitsten de wurden út syn mûle wei, se bleauwen hingjen earne tusken har hals en him. It waard der allinne mar minder fan.
- Ja.
Wie er hjir mar wei, dit koe sa net langer, dit hâlde er net út. Hy fielde, dat anke der ek oars únder waard, se siet mei de romer yn 'e hân en stoareage nei de giele floeistof, dy't tusken de rânen fan har romer hinne en wer beweegde.
- De bus fan healwei tsienen riidt sneins net.
Se skodde fan nee. Der wie helpleazens yn har eagen, se hie har bêst dien, sy koe der op 't lêst ek net foar, se hie besocht it him nei 't sin te meitsjen en hy siet dêr en fersoep yn himsels, net by steat om wat dan ek te sizzen. Miskien murk se it oan him, miskien fielde se itselde as hy. Faaks wie se ek ûnwis en wist se ek net wat se moast. Mei de sekonde waard de sitewaasje mear ûnhâldber, aanst soe er oerein batse, syn jas fan 'e kapstôk grisse en der útnaaie.
Anke gie stean. Mei hastige, rimpene bewegings helle se in skûteltsje fan it teekastke, doe't se it op 'e tafel sette rattele de ûnderkant tsjin it
| |
| |
taffelsblêd, it klonk idioat, hy fielde laitsjen yn syn keel omheechkommen.
Miskien soe dat noch it bêste wêze, lûdop laitsje om de hiele rotsoai, gnize om himsels, om anke en om de hiele rottroep dy't harren it praten behindere. Miskien soe se ek laitsje, it soe in befrijing wêze, tegearre skatterje fan 't laitsjen, om't se oars neat koenen. Mar hy hâlde him yn, hy doarst it net, miskien soe se it net begripe.
Anke struide wat chips yn it skûteltsje út, die de pûde ticht en lei dy wer yn it boppest laadsje fan de teekast.
- Nim mar.
Hy stiek syn hân út en naam in pear fan it skûteltsje, hy hie der eins gjin sin oan, dêr hie er noch te min pils foar hân, mar hy die it om anke.
Se swijden noch hyltiten. It iten late de pynlikens wat ôf, se hiene wat te dwaan, hy siet syn harsens noch altyd ôf te mêdzjen om in ûnderwerp. Hy begûn him down te fielen, der moast wat barre, se moast in nij pilske delsette of begjinne te praten, dit wie net langer te fernearen.
Anke siet stil foar har op 'e flier te stoarjen. De glim wie fuort, har hân gie mei gelikense tuskenskoften nei har mûle, har kôgjen gie stadich en mei omtinken, sy fûn de chips miskien wol lekker, fansels, oars hie se dy dingen net koft. Hoe koe se yn de goedichheid dy dingen mei wille fertarre, se wiene ommers dúdlik te skerp, en as men dy dingen tusken de kiezzen krige, preau men se in heale ieu letter noch.
De hiele saak begûn him tsjin te stean. Dit rudige swijen, har glim dy't der allang net mear wie, syn eigen ûnhandigens, de iterij en de hiele blikstienderse boel. As der net gau wat barde soe er kotsmislik wurde, hy soe der út stowe en bûten neihymje fan alles.
Nic soe dit noait passearre wêze, dy hie de sitewaasje al lang rêden mei de ien of oare snedige opmerking, anke soe al lang wer oan it glimkjen west hawwe. As tiny der by west hie soe dy uteraard al skattere hawwe. Dan hie alles hiel oars útpakt, dêr wie er fan oertsjûge. Mar hy, hy pakte fansels de saak wer te stumperich oan, te kweajongeseftich, te dom. Wêrom fielde hy him einlings allinne mar thús by boeken, wêrom ûntbriek him alle elan as er yn sitewaasjes kaam, dêr't de boeken net by helpe koene? Thús, as er siet te studearjen of te lêzen, dan wiene der noait problemen, dan wist er it, mar sadree bejoech er him net yn omstannichheden dy't oars wiene, of der begûn in rotsoai om him hinne
| |
| |
te ûntstean, in rotsoai, dy't er nei ferrin fan tiid sels net mear oereagje koe en dy't him beneare. Dan koe er neat oars mear dwaan as flechtsje, der útnaaie, om't er wer yn tiidkrapte siet, of om't er it net mear oandoarst, of om't er deagewoan allinne mar mear swierrichheden ferwachte. Sa soe it no ek wer gean, it begjin fan de rommel lei ommers al foar syn teannen, sels in frommes as anke wie der net tsjin opwoechsen, sels sy seach gjin útkomst en hâlde har stil en hope, dat er sa gau mooglik wer opkrasse soe. Siet er mar wer thús, efter syn skriuwtafel mei in stikmennich boeken, fansels, de ferlieding om hyltiten wer dingen oan te pakken dy't yn wezen allinne mar swierrichheden fuortbringe soene, lei altiten op 'e loer. Hy soe der sûnder mis noch folle faker yndraaie, dat wist er, mar efter de skriuwtafel waard alles simpel en ienfâldich, dêr hoegde er gjin rekken te hâlden mei oaren, dy't dochs altiten oare dingen diene as dat hy ferwachte. Sa'n ynstelling wie eins allinne mar in soartemint fan libbenseangst, in bepaald slach egoisme. Dyselde ôfwiking stie der boarch foar, dat wannear't er him bûten de sfear fan 'e skriuwtafel bejoech de swierrichheden fansels oproppen waarden. Hy ferwinske himsels, om't er it sa ferhipte goed wist en om't der gjin grevel oan te feroarjen wie. Dêr yn starum soe it fergeemje ek in rotsoai wurde, út dizze hoeke wei besjoen. Der soe fansels gjin inkeld kontakt mei de âlden wêze, om't er fantofoaren de saak al net stean soe. Dêr soe rommel út fuortkomme, en dàch master, betanke foar jo help mar donderje op.
Der skeat him wat tsjin de holle oan. Hy seach kjeleftich op, anke siet foar him oer te laitsjen. Har eagen stiene útdaagjend. Hy fielde him ferneukt, begûn se ferdomd ek noch te gekjeien, snapte se dan net hoe't it der mei him foar stie? Se wiisde nei wat, dat foar him op 'e flier lizze moast. Hy seach nei syn teannen, krekt oer de snút fan syn rjochterskoech hinne seach er sa'n hoekje chips op 'e grûn lizzen. Hy seach har oan, se gnyske, der wie wer kleur op har wangen, der gie wer aktiviteit en libben fan har út. Se loek har wynbrauwen amper te merkbiten omheech, der kamen fûnkjes yn har eagen en har finger wiisde noch altiten nei dat ellindige hoekje chips. Hy wist net wat er soe, moast er it opkrije en werom swikke? Hy seach har oan, se feroare net.
Ynienen bûgde er him foaroer, wylst er it die húnde er himsels, earne yn 'e fierte seach er nije komplikaasjes lizzen, mar hy krige it op en saaide
| |
| |
it mei in brede swaai yn har gesicht. Se lake, yn har eagen wie opwining, se wie ree om de sprong nei it hoekje chips te weagjen. Se die it ferdomd ek noch. Se sprong oerein, fearre efter it stikje oan as wie it in bal, pakte it op en saaide it syn kant wer út. Hy prakkesearre net mear, hy stoarte him ek op it stikje grús en keilde it like hurd werom, se wie slap fan laitsjen, en kroep oer de flier as in hûn, dy't efter in tûke oan draaft. Se fûn it brokje, hâlde it tusken tomme en wiisfinger pleagjend omheech.
- Smyt dan.
Se skodholle fan nee, seach him pleagjend oan. Sûnder him te betinken gie er om it taffeltsje hinne op har ta, hy seach har yn 'e eagen, se hâlde it stikje noch hyltiten omheech. Hy die in skoat nei it stikje chips, se die slachs har hân efterút, hy woe en soe it ha, hy fielde har lea, doe't er prebearre it har te ûntfytmanjen. Se ferwarde har, se aksele tsjin, hy besocht har earm sa te draaien dat er it pakke koe, mar it slagge him net, se wie sterker as hy. Mar hy moast it hawwe, ferdomd, hy moast it hawwe. Hy lei syn iene earm om har hinne, griep har earm stiif beet. Se die it yn 'e oare hân, dy't no fier boppe har holle sweefde, it hoekje chips pleagjend en útdaagjend. Hy graaide omheech, mar se bûgde har earm nei efteren.
Hy hie yn 'e fierte yn 'e rekken hoe gefaarlik as er hjir oan 'e gong wie, it ynteressearre him him net mear, it krong stadich ta him troch dat er heal oer har hinne lei, mar de wapperjende hân mei dat ûnsillige brokje, dat rudich en ûngelokkich foar syn eagen hinne en wer gie, wie wichtiger op dat stuit. Har holle wie flak ûnder sines, har eagen laitsjend, helder, grien en fûnkjend.
De greep yn syn iene earm waard minder, doe tute er har, har lippen giene sinlik fanelkoar, der gie waarmte troch him hinne, hy fielde har tonge, har tosken. Har lea heal ûnder him, har earms om him hinne. Justjes foarseach er nije ûngelokken. Har mûle, har tosken, har hannen yn syn nekke, har heupen, stadich bewegend.
Ynienen fearre se ûnder him oerein, him heal oan 'e kant reagjend. Har lichem stie spand as in fear, se draaide har om, graaide nei it hoekje guod, dat skean efter har belanne wie. Hy skeat efter har oan, mar se wie der earder. Se kroep nei de divan, se stoppe it ûnder it kessen, dêr't se breedút oer hinne lizzen gie. Hy betocht him net iens mear, hy gie efter har oan, weage in útfal nei it stikje rommel. Hy smiet himsels op 'e râne fan
| |
| |
de divan en besocht it stikje te bemachtigjen. Hy moast him foaroerbûge, oars slagge it him net, mar wylst er dat die fûn er anke op syn paad, laitsjend.
Hy tute har fannijs, hy fergeat in stikje chips, anke tocht der sa't it like ek net mear om, se die teminsten gjin war. Hy lei nêst har, hy fielde har lichem bewegen, har mûle gie iepen, har tosken glêd, lippen fochtich. Har heupen ticht tsjin him oan, har sykheljen op syn wang, har tonge oer syn lippen.
Stadichoan kaam der wer libben yn him. Hy wist wer, dat er in bus helje moast, dat er om goed alve oere yn starum wêze moast.
Hy gie nêst har sitten op 'e rane fan de divan, se lei dêr foar him, har hannen yn 'e nekke, har eagen wiid iepen. Hy seach op syn horloazje, hast alf oere, hy soe avensearje moatte.
- Ik moat fuort.
Se die neat, se beweegde net, se seach him allinne mar fyntsjes oan. Har hannen bleauwen yn 'e nekke, hy seach hoe't har rôk foel oer de krekt omheech bûgde knibbel, de swarte hierkes, flak strutsen ûnder de hoazzen. Se glimke, har lippen krollen hast net te merkbiten omheech oan 'e hoeken fan har mûle.
- Ik moat fuort.
Wêrom moast se him sa peste? Se glimke allinne mar, hie se net yn 'e rekken dat it mienens wie, dat er him net stoarte woe yn aventoeren, dêr't er de ôfrin net fan koe? Wissichheid moast er hawwe, deasimpele wissichheid, dat it net misrinne soe en dat er fantofoaren wist wêr't er oan ta wie. Dit like nearne net nei, hie er syn tiid ferdien by in frommes dat allinne mar glimke en dat him stupide lei oan te gnizen.
- Ik gean.
Se beweegde net. Se die gjin war oerein te kommen, it sei har neat, dat er in bus helje moast, de lêste dy jûns. Syn kostbaas soe op him sitte te wachtsjen, dy soe him ôffreegje wêr't er bleau en ûngemaklik wurde ûnder syn fuortbliuwen. Wêrom gie er dan net, wêrom pakte er syn jas net fan 'e kapstok en smiet er de doar net efter him ticht?
Se lei dêr noch te glimkjen, krekt as wie er dêr op dat stuit net, har eagen stiene fierôf, der lei in Ijocht yn, dat him hast bang makke. Hy moast fuortgean, net fierder nei har omsjen en ôfreizgje. Moarn soe er wer foar in klasse mei roerige bern stean, jûns soe er wer ôfmêde wêze,
| |
| |
pineholle krije fan wurgens en sels it lef net mear hawwe, in boek iepen te slaan.
Se lei har iene hân op syn skouder.
- Wêrom giest net?
Hy fielde him betrape. Se stiek him de gek ek noch oan, mar hy wist, dat er dochs net gean soe ear't er krekt wist, hoe't de stâle yn 'e foarke siet. Hy siet syn eigen swierrichheden wer út te lokjen, ferdomd noch ta, it soe sa maklik wêze oerein te gean, syn jas te pakken en him te smearen. Hy seach op syn horloazje, as er de bus no noch helje woe moast er fleane.
- Wolst noch in pilske?
Hy stie yn bestan, in taksje koe er altiten noch belje. Tagelyk betrape er himsels der op, dat er de beslissing wer útstelde, ferskode nei letter, dat ivich letter bliuwe soe, oant er himsels weromfine soe yn de grutste janboel.
- Graach.
Se kaam oerein en gie nei de teekast. Se helle ûnderút in fleske pils, dat se mei soarch op de tafel nêst it glês sette. Se skonk harsels ek nochris yn, de wyn krinkele yn it glês omheech, der buorrelen beltsjes yn nei de oerflakte. Se gie wer yn 'e stoel sitten.
- Kinst in taksy nimme.
Hy knikte.
- Dat hie ik ek al betocht.
Se dronk fan 'e wyn, har lippen glânzgen fochtich yn it lampljocht, der leine Ijochtspatten op, dy't yntym sparken. Se hâlde it glês yn har hannen, se seach glimkjend nei it Ijocht, dat yn de wyn brutsen waard en yn in kleurewirwar op har hannen foel. It reinde bûten noch altyd, lange streken stiene op it rút, fan fochtich sulver, dy't skean nei de hoeke fan it glês nei ûnderen sakken.
Se seach, dat er it waar opnaam, se gie oerein, sette har romer del, en rûn nei it rút, dêr't se yn ien haal de gerdinen ferskode. It lûd fan 'e roltsjes op 'e raljes skraste fûl en ûnwennich troch de keamer. Doe gie se wer nei de tafel, naam syn glês en it fleske pils mei en gie nêst him op 'e divan sitten.
- Smûk hèn?
Hy knikte fan ja, wat oan mei de hiele sitewaasje, wat ûnwis ek, om't er net wist hoe't alles him ûntjaan soe. Mar moast men dat witte, moast
| |
| |
men fantefoaren wissichheid hawwe oer de ôfrin fan 'e dingen? Gekheid fansels, nimmen wist fantefoaren hoe't alles rinne soe, nic ek net. Mar der bleau natuerlik wol fan oer, dat de iene him der makliker ûnder deljoech as de oare. Sa'n ien as nic soe him bygelyks noait ôffreegje hoe't de dingen dêr't er op dat stuit mei dwaande wie har ûntjaan soene en dus kaam alles goed, sûnder dat er yn swierrichheden rekke. Mar hy, hy wie altiten bang en dêrom kaam der altiten rommel fan.
- In kwartsje foar dyn tinzen.
Hy besocht oer de fraach hinne te laitsjen. Hie se him troch, fielde se syn remmingen? Se sette har wynglês op 'e flier nêst de divan en naam him it fleske en it glês út de hannen. Se seach him oan, har eagen grut, miskien wist se alles ek wol, miskien wie se sels krekt sa, nee, dat wist er wol wis, sy wie oars, se pakte hurder troch, der wie aktiviteit yn har, sy doarst dingen, dêr't hy net iens oer tinke soe.
Se lei har hannen om syn wangen.
- Der is wat yn dy, dat ik net begryp.
Hy wist net wat er moast. Hy seach har ûnwis en triljend oan.
- Ik bygryp mysels net.
Se tute him stil op 'e foarholle. Hy sloech syn earmen om har hinne en kroep ticht tsjin har oan.
Ik hie de útjouwer foar de boekewike in bondel koarte ferhalen ûnthjitten, mar ik hie lykas altiten de saak wer lizze litten, ik moast de hiele swik oertikke en hiele einen op 'e nij skriuwe. In bloedigen stik wurk, dêr't ik tsjin oanseach as wie it hingjen. Ik hie oars noch neat dien as de tydskriften, dêr't de ferhalen sa foar en nei yn stien hiene, byelkoar sykje. Ik hie se op in steapeltsje op myn skriuwtafel yn it keammerke yn skoalle lein. Anke siet my al dagen lang efter de broek, mar ik koe der net ta komme en it bleau lizzen. Eltse kear as ik it keammerke yn kaam fielde ik my skurf, it steapeltsje griisde my oan en alle kearen naam ik my foar, dat ik moarn begjinne soe. Mar moarn wie der wat oars, en moarn wer en wer. Ik koe der deagewoan net ta komme.
Op in dei lykwols, it wie my op skoalle allegear meirûn, ik hie in poerbest sin en nocht oan alles, begûn ik der oan en it foel my
| |
| |
stikken ta. It tikken wie suver in plesier, ik fernuvere my der oer, hoe't myn styl yn in jier of sân feroare wie. Tagelyk frege ik my ôf, oft it de muoite fan it publisearjen noch wol wurdich wie, mar anke holp my dêr oerhinne.
- Dan hiest se yndertiid net publisearje moatten, sei se.
Ik wist wol, dat it krekt efkes oars lei, mar it joech my dochs in stipe om fierder te gean. Ik krige der nocht oan, ik skreau hiele einen op 'e nij, ik lies myn ferhalen oer, soms tocht ik, dat it noch net iens sa gek wie en oare tiden koe ik wol grine, om't it sa dwers-troch-alles-hinne min wie. Dan moast ik alles oerskriuwe, en ik die it, om't anke yn 'e hûs stie te sjongen ûnder it ôfwaskjen.
Op in dei, it wie in sneon, ik hie alle publisearre ferhalen oertikke en ferbettere, of fermindere fansels, moast ik in ferhaal dat ik wer lizze litten hie ôfmeitsje. It gie oer it toaniel en oer anke en my. Op in stuit liet ik de man mei de frou op bêd gean. Ik skreau it op, en hoe moast ik it oars opskriuwe as út datjinge wat ik wist wei? Ik skreau, hoe't se it diene, mar it wiene anke en ik dy't byelkoar wiene. Ik skreau hast alle dingen op, hoe't hy der op reagearre, hoe't sy wie en wat se diene. Mar it wiene anke en ik.
Doe't ik klear wie, woe ik it anke foarlêze. Ik gie nei bûten om har te roppen, doe seach ik har op 'e lisstoel sitten, en dy ellindige wouter veenboer siet nêst har op syn breedst te sjarmearen en him yn allerhande bochten te wringen.
Ik wist doe noch net wat der krekt geande wie. Wouter en ik hiene praat oer in musical dy't nedich skreaun en spile wurde moast. Wouter hie in selskip, dêr't ik de artistike lieding fan krije soe, en ik wâde der yn, ik, kloatsek.
Dat ik rôp se alle twa en ik lies foar wat ik skreaun hie.
Hie 'k it mar noait dien, hie 'k my mar stilhâlden en dy twa gewurde litten, mar wist ik wat der doe al oan 'e gong wie?
Doe't ik it foarlêzen hie swijden se in hoart. Anke seach my oan, har wangen wiene read en har sykheljen gie fluch.
- Mar dat bin ik, sei se.
God, hoe koe se, dêr't dy wouter by siet, dy't bewearde, dat dit skriuwen dochs wol efkes te fier gie, dit koe net, nee, dit koe net.
| |
| |
En anke foel him by, anke., dy't oars net sa bang wie en dy't mear dingen doarst as ik. Mar ik haw it wol yn 'e rekken, dingen skriuwe mei net, mar dingen dwaan, dêr is gjin ferbieden oan, dat mei, mar opskriuwe? Ho mar.
Gean earst mar ris mei fakânsje.
Mar ien ding, gjin kontakt mei wa dan ek, oars kinst hjir like goed bliuwe.
Dû moatst oer alles neitinke. Dêr kinst gjin kunde by brûke.
Fanke, dû bist op 'e doele, dan kinst it bêst allinne wêze.
Oaremoarn kinst wol fuort.
(stilte).
Dat ha 'k dochs al sein?
(stilte).
Mar dû komst allinnich better ta klearrichheid.
(stilte).
Kinst my dochs net kontrolearje.
En as ik mei him stikem earne ôfpraat?
(fûl) Dat soe in rotstreek wêze, moatst my in earlike kâns jaan.
ik haw dy sân jier lang in earlike kâns jûn.
Dat is net wier, dû hast sân jier lang dien krekt as wiest frij faam.
Hy is der ommers, bist fereale op him, hoe kinst dan sizze datst net fan my hâldst?
Dat wist ik ommers al lang.
| |
| |
Mei dy oaren gie it ek foarby
Dû wist der ommers neat fan, dû libbest yn in roes.
(wurch) Dat is wòl wier.
(stilte).
Wêrom bistû sa stoef tsjin my?
Dêrom kinst wol aardich wêze.
Wêrom kinstû no net gewoan mei fakânsje gean, dû komst werom, dû bist út 'e rie en dan nimme wy in beslút.
Dan begjinstû wer te âldhoeren.
Ik sil dyn beslút serieus nimme.
Dan hoech ik net mei fakânsje.
Dû joust my gjin earlike kâns.
(stilte).
Dû moatst goed witte watstû dochst. Hy is troud, hy hat bern, wy net.
(lilk) Dat is in rotstreek fan dy, sa praat er ek net oer dy
Dat moast der ek noch by komme.
Hy is yn elts gefal sportyf.
(lilk) Sportyf? Sportyf? Wa kaam hjir efter myn rêch om, wa sûpte myn pils op, wa joech myn wiif blommen en wa moast lige as se dy krige? Wa skaakte dy?
Hy krige gjin kâns my te skaken.
Hie ik dy dan fergeemje ek noch samar ien-twa-trije gean litte moatten?
| |
| |
Hie ik sizze moatten, sjoch, hjir is myn wiif, wurd der lokkich mei? Hie ik dat dwaan moatten?
(stilte).
Wa kaam hjir mei in moaie smoes binnen doarren? Hat hy soms de sportiviteit opbrocht, de wierheid tsjin my en syn wiif te sizzen? Hastû dy sportiviteit opbrocht? Hat er sein, ik kom hjir om dyn wiif?
Hat er dat sein?
(stilte).
(wrang) En dan it wurd sportiviteit yn 'e mûle nimme, sportiviteit, godferdomme. (ynienen wer fûleindich) Hat er sein, ik wol mei dyn wiif op bêd? Nee, dat hat er nèt sein, hy dronk syn pilske mei my, hy sei proast, mar hy bedoelde donder je op, want dan kinne wy ús gong gean. Sa siet it en net oars.
(stilte).
Hy makket dy yn elts gefal net swart.
Dat moast der ek noch by komme. Kin er ek slim dwaan yn syn posysje fynst ek net?
(stilte).
En wat seit er tsjin dy? Seit er...
Dat giet dy gjin donder oan.
Seit er, dat syn wiif him sa min begrypt, seit er, dat er net lokkich is by har, en datstû him helpe moatst? Seit er dat?
Dat woe 'k witte.
(stilte).
Snapst 't net bemtsje, dû bist in aventoerke foar him, oars neat. Hy hat ris sin oan wat oars, sjoch dat dochs.
Dat meist net sizze, wat bistû trochtrape gemien.
Hat er mei dy oer skieden praten?
Ja, hy is net sa koartsichtich as dy.
Hat er al by de advokaat west?
| |
| |
Gean earst ris op fakânsje.
Justerjûn is it bard. Anke wie sa stiifkoppich en nim wouter mei. Ik krige it yn 'e rekken en liet it hiele soadsje stikke.
Earjusterjûn spilen wy yn de wylp. Ik moast stâns en hilly ophelje en letter lys ek noch. Underweis yn 'e auto fertelde stâns, dat watse de lieding oan him oerdroegen hie, om't watse der mei ophâlde woe. Ik lokwinske stâns, hy glimke wat en sei fierder neat. Ik frege, hoe't it no mei dy doktersrol yn it nije stik siet, ik hie in barstend ferlet fan wurk, no't de stúdzje net trochgie. Stâns sei neat, hilly siet stroef efteryn en hâlde har ek stil.
- Wy hawwe in oar frege, sei stâns.
Ik krige in klap foar de kop. Ik soe dy rol hân hawwe, en krekt no't ik der sa'n ferlet fan hie, boarren se my dy troch de noas. Ik frege wêrom't se dat dien hiene.
- Ik wist net wêr't ik mei dy oan ta wie.
- Jim binne dochs fan alles op 'e hichte?
Stâns sei neat.
-Jim wurde betanke.
Ik wist net mear wat ik moast. Sûnder it jild dat dy rol opbringe moast koe ik net, ‘befke, de heideferpleechster’ rûn op syn lêste skonken, dat dy fertsjinst soe ek wol gau ophâlde.
Ik waard razend. Ik sei, dat se allegearre opfleane koene en dat ik it ferdomde de oare deis yn boarkum te spyljen.
Rare gesichten, beweging foar en efter my. Ik koe wol grine, ik hâlde my lykwols yn. Doe't wy yn de wylp kamen wie watse dêr al. Ik gie nei watse ta en sei him, wat se my flikt hiene.
- Neat fan oanlûke jong, sei er.
Ik lei him út, dat ik it jild mear as nedich hie, dat ik der net sûnder koe en dat ik, dy't op hilly nei it langst yn it selskip sitten hie, it measte rjocht op dy rol hie.
| |
| |
Wy rûnen hinne en wer op de grutte greide, dêr't de feesttinte op stie. De sinne skynde noch fûleindich, út 'e tinte wei klonk dûnsmuzyk, de minsken kamen al yn ploechjes op 'e yngong tasetten. Ik fielde my rottich, ik hie anke wer sjoen, se wie meager wurden yn 'e fakânsje, mar se wie neat feroare. Se wie my net yn 'e mjitte kommen, se hie sels net lake of efkes glimke. Se wie de tinte ynkommen, hie efkes myn kant út knikt en wie te ferklaaien gien. Letter stiene wy tegearre by de sminkspegel. Se sei neat, se sminkte har allinne mar en loek gesichten yn 'e spegel. It wie krekt as hiene wy elkoar noait kennen.
Watse riddenearre mar troch. Dat nije stik soe dochs net lang draaie, de fertsjinsten soene ôffalle en sa grut wie myn ferliespost dus net.
- Mar it bliuwt in rotstreek, sei ik.
- Astû hjir ien freon haste, bin ik it, sei er.
- Lit se knappe, ik spylje moarn net.
Yn it skoft kaam hilly by my. Ik moast net sa mâl sei se, as ik moarn net spile, wat moasten sy dan? Ik sei neat werom.
Doe kaam lys. Dy wurke my op it gefoel, dat nei in kertier praten hie se my om. Justerjûn kaam ik allinne yn boarkum. Watse hie de jûns yn de wylp noch tsjin my sein, dat hy anke meinimme soe. Mar doe't ik yn 'e klaaikeamers kaam, wie dêr gjin anke. Watse stie op it toaniel mei frits te praten. Ik frege, wêr't anke wie. Watse die oft er it tige drok hie.
- Aanstons, sei er.
Doe waard der oan de klaaikeamersdoarren rattele, ik die se iepen. Dêr stie anke, yn har swarte lange broek mei de swarte trui. Ik seach by har lâns de skym fan in reade folkswein, mei dy gnizende wouter der nêst.
- Stik jimme, sei ik.
Ik reage myn spultsjes byelkoar, alle klean kwitste ik yn 'e koffer. Ik sloech it lid der op, smiet de doarren iepen en naaide út. Lit se knappe, dy toanielluzen, allegearre, dy dekoroanbidders, lit se gearsiede yn har keunst oant se hielendal gjin gefoel mear hawwe, de rotsakken.
|
|