| |
| |
| |
Trije
(Anke). Dyn wêzen yn de koken. Mei flugge gebearten leistû alles te plak, de pannen gean sûnder ratteljen troch dyn fingers en de kraan sjongt astû oan 'e beide knoppen mei de blauwe en de reade stip draaist. By it wite gasstel stiestû mei omtinken te rieden, de koken rekket fol mei rook.
Dû tinkst net oan my, mar ik sjoch hoestû it sop priuwst en hoestû op it hoekje fleis blaast, datstû ôfsnijd hast om te witten oft it goed is. Dyn lippen geane hearlik foarút, krekt lyk as wannearstû my tútsje silst. Dû fielst foarsichtich de waarmens. Dan geane dyn lippen fanelkoar, hoeden kôgest it fleis en dyn tonge priuwt foar my.
Hoestû feardich it byf kearste. Dyn fingers teare om 'e foarke, it fet sûzet ûnder dyn hannen. As der in drip op spat, lûkstû de hân fûl te bek en fagest him ôf oan de skelk, dû giest efkes mei de tonge oer it seardwaan en begjinst wer te kearen.
Dyn omtinken foar alles om dy hinne, der is neat dat dy ûntkomt. De pannelappen bongelje plezierich oan 'e bân fan dyn skelk, hoe kinstû se pakke, se linich om de earen fan in panne lizze. Dû rinst der mei nei de goatstien en jitst de griente ôf, mei dyn iene earm amper bûgd en de oare skerp yn 'e earmtakke en omheech.
Dan begjinst yn 'e keamer. It tafelkleed fljocht breed foar dy út en wynderet oer it glêde flak fan it teak. Dû stâlst de dingen waarm op it kleed, de messen heine it ljocht en lizze te peareljen op har plak.
Dyn rinnen en it meitôgjen fan it iten, de damp slacht dy om 'e holle, dû glimkest nei my oer de waarmens hinne. Ik sjoch, hoestû lokkich bist.
| |
| |
Ik fiel in grutte stilte yn dyn lok. Lykas in fiver op in stille hjerstdei, der is gjin bewegen en it is der tagelyk, ik sjoch it oan dyn glim en oan it leaflik omparten fan it fleis, wylst dyn gebearten hoeden oer de tafel gean en it itensreau tinkelet.
Dû ytst mei oerjefte. Dyn hannen gean foarsichtich, dyn mûle beweecht en priuwt. It reau wurdt kostber yn dyn hannen, dû ytst gjin fleis of slaad, mar in gerjocht, dat net ien by namme ken en dêrstû allinne it bestean fan witst.
Ik hâld fan dy as ik sjoch hoestû ytst, hoe't dyn wite tosken it goede read fan dyn lippen súntsjes bewege, hoe't dyn tsjeaken ûnrimpen op en del geane.
Sa no en dan slachstû dyn eagen op, dan komt der in ljocht yn, wy witte wat dat bestjut en oer de tafel hinne is der belibjen tusken ús. Soms leistû it reau del, dyn hân giet oer de tafel hinne op my ta, dû leist dyn hân foar my iepen en ik lis mines der yn. Dan knypstû efkes, ik knyp werom, sa stil as ik kin.
En as ús iten foarby is, it reau leit dea en lam nêst dyn hannen, dan jou ik dy in sigaret en ik hâld dy in flamke foar. De reek kringelet om dy hinne, soms wapperst mei dyn hannen om it fuort te krijen, ik stean efter dy en doch myn earms om dy hinne. Ik lis myn kin op dyn hier, ik sjoch hoe't de reek nei boppen driuwt foar ús gesichten.
Wat is der dan in blidens tusken ús, wy rinne tegearre nei de bank ta en geane sitten op it lange, reade kessen, dat dêr allinne foar ús leit. Ik lis myn earms om dy hinne, ik wit, dat ik fan dy hâld en dat ik ticht by dy bin.
Dan begjint dyn opromjen. Mei stille, flugge gebearten sûnder lawaai, mei waarmens yn elts bewegen, ferdwynt it reau mei dyn rinnen. Efkes letter sjongt de kraan dyn melodije troch it hiele hûs. De bern jûchheie op it skoalplein.
As ik nei skoalle gean bliuwt der wat fan my by dy thús. Miskien is it yn it op en del gean fan dyn sjongen, miskien swevet it earne tusken dy en my. Want as ik by dy wei gean, bliuwt wat fan my om dy hinne. In stikje fan myn oantinken is earne tusken dyn hannen, of ûnder de bôge fan dyn eagen, of miskien is it de lucht, dy't oer dyn lippen giet.
| |
| |
Dan lis ik jûns op bêd, ik kin net sliepe, want ik lis te tinken oan hoe't it earder wie. Oan hoe't se nêst my lei en leaf foar my wie, hoe't ik myn earms om har hinne hie, hoe't wy elkoarren opwaarmen as it kâld wie.
En nou leit se dêr yn dy flat mei in oar, se docht har skonken iepen foar dy wouter, dy't gjin weet hat fan fantasije en subtiliteit, dy't har rûch bestoarmet en allinne mar nimt, dy healgeare ferkrachter.
Ik sjoch him op it húske sitten, pears oanrûn fan it stinnen, syn goar ûnderbroekje strak spand tusken syn knibbels, syn sykheljen fluitet troch syn noas want hy kin him mar min kwyt wurde. Al syn brede glimkes binne dan fuort, hy hat it allinne mar benaud, syn eagen puolje him hast út 'e kop, se steane him op prikjes op 'e foarholle fan it stinnen.
En ik begjin te gnizen, ik lis te gnizen op bêd, it krampet my yn 'e mage en ik kokje fan it gnizen, ik gniis de pine fuort dy't my de strôt tichtknypt. Ik gniis krekt salang oant ik lis te janken.
Eltse kear as wy wer spylje moasten, seach ik der tsjinoan as in wyld. It swit kaam my op 'e foarholle, ik seach anke al in pear oeren fantofoaren en dan begûn dat ellindige triljen fan myn hannen wer.
Wêrom is dy ferrekte wouter net bleaun wêr't er hearde? Dy wouter, mei syn breed gnizend, ûnbetsjuttend troanjewurk, mei syn gleie fingers en syn moaie ferlechjes, syn flinderke-bûten-mar-kat-thús? Lit him yn syn eigen sperma gearkôkje, dy spermakeapman mei syn swibelleafde.
Dan stapte ik yn 'e auto, al oeren fantofoaren, want ik moast janke en lys ophelje no. Yn 'e auto siet ik him te riden en te hoopjen, dat anke my om 'e hals fleane soe as se my seach, dat se sizze soe, dat alles wer wêze soe lykas earst.
Mar it barde noait.
Ik gie dus nei watse ta, om nochris te freegjen, oft dit persee sa moast. Watse gnyske wat, hy loek syn holle skean en sei, dat it perfoarst net oars koe. Nee, it koe yndie net oars. It wie perfoarst net mooglik, de bestjoeren te beljen en te sizzen, hoe't de saken der
| |
| |
foar stiene, dat ‘it fryske selskip’ dus mei in oar stik komme moast. Fansels hiene de bestjoeren dan de grutste kapsje makke, watse hie net mear witten hoe't er moast en it hiele ‘fryske selskip’ soe op 'e flesse gien wêze.
Hy hat it net iens prebearre, dy slang. Hy hie belang by anke, hy makke foar de safolste kear misbrûk fan de sitewaasje, en tagelyk doarst er te kletsen oer freonetsjinsten en sa.
En ik, ik wâde der yn. Allinne sei ik, dat bywannear't anke it lef hie mei wouter te kommen, dat ik dan stante pede fuortrinne soe, ek al stiene wy midden yn 'e sêne. Hy gnyske wat, fansels gnyske er, hy hie no in reden om efkes mei anke te praten, boppedat sei er, dat er besykje soe anke wer ta in oar ynsjoch te bringen.
- Wy kinne dit gedonder net ha, it selskip kin sa'n kletserij net ferneare.
Hy lebbere oan syn pils.
- Ik soargje der wol foar, dat se net mei him komt.
Wy dronken ús pils, ik fielde my foar 't earst sûnt tiden ridlik rêstich, ik miende goddomme dat ik in freon hie, dy't wat foar my die, dy't wat foar my oer hie. En wat tocht hy, dy watse deelstra? Wat tocht er doe't er yn syn saab stapte en nei hûs ta ried? Seach er himsels al lizzen nêst anke, fizele er himsels al op ta heechdravende leafdestaal mei in spiritueel kleurke? Of soe er yndie besykje anke ta rêst en ynsjoch te bringen? Wat soe er tsjin syn frou sizze, dizze watse deelstra?
- Frou, it selskip draait troch, der binne gjin komplikaasjes?
Of:
- Wat haw ik him der wer moai tusken!
Of:
- Wat sit dy keardel der rottich foar, ik moast dochs mar ris de bestjoeren belje?
Wat soe er sein hawwe, dy glêde iel mei syn superieur skodkopjen?
Och, lit him barste, lit him knappe yn hûnderttûzen lytse stikjes watse deelstra, stik foar stik net werom te kennen, lit him stjêre yn it besef, dat er alteast besocht hat, in heap ferkeard te dwaan.
| |
| |
Hy siet te wachtsjen by de tillefoan. Nic soe belje, as anke him dochs noch ferwachte. Net, dat hy der in bulte sin oan hie, it lange hynder loek him noch altiten net oan, mar in ferpleechstersfuifke sei him dochs wol wat, al soe 't allinne mar wêze om de pear glêzen pils, dy't der sûnder mis oan sitte soene.
Alhoewol, dy pear glêzen pils soe wol neat wurde. Hy hie fierste min bûsjild losprate kinnen, in luzige ryksdaalder, heit hie net lije wold dat mem him in foarskot op syn bûsjild foar nije wike joech. Hy soe in pakje sigaretten keapje moatte, sjek wie op sa'n fuif tabû, der soe foar pils net sa'n heap oerbliuwe. Ynienen hope er, dat nic mar net belje soe. Dan koe er fierder gean mei syn skripsje, dêr't er oant no ta in ferhipt lyts bytsje oan dien hie. De tiid dreau, de datum fan ynleverjen wie allang foarby en dat soe him swierrichheden opleverje kinne by 't eksamen. Hy hie al in jier ferspile, dat hy fielde der hoegenamt neat foar, noch langer syn hân by heit op te hâlden.
Mar it wie krekt, as koe er der net ta komme, dy skiednis mei anita hie der ek gjin goed oan dien en de roman, dy't er dêr oer oan it skriuwen wie, sei him ynearsten dochs mear, al wist er fantofoaren, dat er dy dochs net ôfmeitsje soe as der ek mar in lytse dinkje tusken komme soe. Afijn, in koart ferhaal as twa soe der altyd fan oerbliuwe. De literêre tydskriften betellen langer goed, dat syn swierrichheden yn 't jildlike soene dan ek foar in wykmennich foarby wêze. En dochs soe er mei syn skripsje te set moatte, sa'n heikerwei wie dat op 't lêst ek net. As er der in pear wike foar sitten gie, soe it wier wol wat tafalle. Hy naam him foar, dy roman sa gau mooglik ôf te meitsjen, dêr siet noch sa'n twa wike wurk yn, dêrnei moast er dan mar mei de skripsje oan 'e gong.
Hy pakte in krante en blêde der wat yn om. Piloot storm belibbe noch altiten eltse dei weroan syn brike aventoeren, de oare rotsoai like ek al gjin grevel better.
De tillefoan rattele. Hy naam de hoarn fan de heak. It wie nic, anke hie der dochs op rekkene, dat se soene oer in kertierke by him wêze. Se moasten avensearje, de fuif soe net al te let begjinne, dat hy moast klear stean en net omdonderje as se kamen.
It spiet him. Wat foar rotsoai soe hjir no wer út fuortkomme, ear't er der erch yn hie soe er wer yn 'e nederklits sitte en dat koe er no benammen
| |
| |
net brûke. Hy pakte ûnferwachts foar himsels de hoarn, hy soe nic ôfbelje, mar doe betocht er, dat er net wist wêr't nic wei belle hie en heechstwierskynlik soene se al ûnderweis wêze. Hy joech him der ûnder del en wachte op de klakson fan it âlde brikje. Hy hope, dat nic it rút meitsje liften hie en dat er de motor hjir mar rinne litte soe, dan hiene se dy tûkelteammen teminsten net.
Hy gie noch efkes nei boppen om te kontrolearjen, oft alles goed oan him wie. Yn de spegel stelde er foar de safolste kear fêst, dat er no einlings dochs nei de kapper moast en dat de toskedokter no ek net al te lang mear wachtsje koe. Fierders liek it net sa gek, it dûnkere pak siet him lekker, syn strik siet knap rjocht.
Hy soe krekt nei ûnderen, doe't de heal fluitsjende, heal jankende klakson fan nic syn hast ferstoarne folkswein jammere. Hy loek noch fluch efkes in kaam troch syn hier en sette nei ûnderen. Healwei de trep gie de bel, de lytse teare en nic stiene tegearre op 'e stoepe. Hja stiek har hân út. Nic sei, dat se as de wjerljocht oandonderje moasten, want oer tsien minuten begûn it feest.
It lange hynder siet efter yn it brikje. Hy frege him ôf, wêrom't se net mei nei de stoepe gien wie, mar miskien lei der in ferklearring yn syn optreden fan de lêste kears.
Hy hie ferhipte graach noch tsjin nic sizze wollen, dat er net al te bêst yn syn bûsjild siet en dat der wat him oanbelange neat komme koe fan rûntsjes fan syn kant, mar it lange hynder en de lytse teare wiene te tichtby, dat hy soe syn ynformaasjes oant letter útstelle moatte. Nic prakkesearre him efteryn nêst anke, tiny siet foaryn nêst nic. It rútsje wie makke, en nic hie sa ferstandich west, de motor draaie te litten.
Hy fielde it lange hynder har knibbel tsjin sines oan. Hy hie der út noch yn gjin nocht oan, sa gau al kontakt te meitsjen, hy fielde hoe dan ek neat foar hokfoar kontakt dan ek. Dêrom skode er sa fier as 't koe fan har ôf, net al te opsichtich, want dan soe er har foar de holle stjitte kinne en dat wie benammen jûn syn doel net. It lange hynder seach him fansiden gnyskjend oan.
- Aardich besliept?
Hy fielde him ynienen bedondere, se hie him troch, se hie op 'e ien of oare wize weet fan syn operaasjes oangeande har, se wist der wat fan.
| |
| |
Soe se ek witte, wêrom't er har sa behannele en wêrom't er sa bot west hie? Hy koe gjin andert betinke, mar in feit bleau, dat se him troch hie en dat er donders op syn tellen passe moast.
Nic ried alwer mei ien hân, de lytse teare hinge oer de romte tusken de twa foarbanken hinne, har earm lei licht en dochs ynlik om syn skouder. Se praten net dy twa, hy woe nic syn gesicht wolris sjen, der soe in wûnderlike glâns op lizze en it ferkear soe foar it grutste part oan syn wazige eagen foarbygean. Alles soe nic automatysk dwaan. Nic joech himsels folle makliker as hy en boppedat hie nic in wûnderlike jefte ta genietsjen. Nic makke net safolle problemen, mar likegoed wie er gjin bonvivant sûnder skrupules. Hy fielde wer in lichte ôfgeunst, wêrom koe hy sa net, wêrom rekke hy altyd daliks yn 'e rotsoai as er it prebearre, wêrom rûn it altiten op diggels út as er himsels fergeat? Mei anita wie it ek spontaan ferrûn, sûnder problemen fan syn kant, hy wie fereale op har wurden en sy op him, no ja, fereale, der soe fan har kant ek wol in poarsje eigenbelang by west hawwe, hoe't dat eigenbelang dan ek lizze mocht, mar der wiene nei ferrin fan tiid problemen kommen, en doe't er ûntdiek hoe't mylady wier wie, wie er as in kweajonge ynelkoarren stoarten. Mar likegoed, soe dy ferhâlding fan syn kant wol sa sûnder eigenbelang west hawwe? Wêrom hie er sa'n war dien, har tsjin alles yn fêst te halden? Hie dat allinne mar opofferjende leafde west? Kletsika fansels, ek fan syn kant siet der in moai krûmke eigenbelang by, anita wie per slot fan rekken in kreas frommes, dat har op bêd omraken tjirgje koe. Se soe in goede eftergrûn foar him west hawwe, dat sûnder mis.
Soe anke yn 'e rekken hawwe hoe't it mei him siet en begrutsjen hawwe? Nee, yn 'e goedichheid gjin begrutsjen, dat soe it lêste wêze wat er akseptearje koe. En wêrom begrutsjen? Soe se net deagewoan sin oan him hawwe kinne, miskien hie se der ferlet fan, har op bêd ris út te libjen, wa wit. Sa gek soe dat net iens wêze, sy hie fansels har lichem ek net altiten like strang ûnder behear.
Hy seach har kant út. Se siet te glimkjen yn har hoekje, in wûnderlike glim om de dochs wol moaie lippen, dêr't de twa foarste tosken amper tusken troch kamen. De skeinspruten joegen har wat fleurichs, wat jonges-eftichs ek, der gie in grutte fitaliteit fan har út. Alles oan har wie aktiviteit, it libben gûnze troch har hinne en in grutte blidens lei yn har eagen, dy't grien wiene en helder.
| |
| |
Nic ried de auto op in parkearplakje nêst in grut wyt gebou. Tiny stapte út en die de foarbank fan 'e auto foar anke oan 'e kant. Hy dangele wat om efteryn, die krekt of socht er earne om, hy soe nic noch efkes allinne te wurd moatte om te sizzen, dat er hast gjin jild hie. Mar de froulju wachten, nic begûn ek te driuwen, dat hy soe aanst wol wer in figuer slaan moatte, ferdomme. Soks koe him allinne mar oerkomme, in oar soe it al lang regele hawwe, mar him passearre soks fansels.
De froulju rûnen de kant fan de yngong út. Troch in iepensteand rút hearde er in band spyljen, net al te bêst mar ek net al te min. Krekt soe er it tsjin nic sizze, doe't de lytse teare weromkaam om nic yn 'e earm te nimmen. Se rûnen de pompeuze stoepe op en giene der yn. Foar de garderôbe stiene hast gjin minsken mear, dat se wiene gau klear. It lange hynder hie de jurk mei de grutte, blauwe stippen wer oan, se wie ûndertusken noch neat groeid. Doe't de froulju de foarstap namen en de tuskendoar nei de seal iepen treauwen, miende er, dat er de kâns hie. Hy sei yn sân hasten tsjin nic, dat er hast troch syn jild hinne wie. Nic glimke wat, hy hie wol genôch, sei er.
Se sochten in plak oan in taffeltsje efteryn. Se sieten noch mar krekt, of in fleizige figuer yn in ronfelich smoking fertelde de seal, dat se bliid wiene har programma foar dizze rûnte fertoane te meien. Hy makke in bûging en krige in meager applaus.
It doek gie iepen, in wippelich kabaretsje mei ferjierre witzen rûgele oer it lytse toanieltsje. Hy seach ris nei nic yn it healtsjuster, dy loek oan 'e skouders en die krekt as fûn er it machtich moai. Hy koe him net ta dat entûsjasme oparbeidzje, mar om it lange hynder net sear te dwaan, lei er syn hannen sa no en dan alris opelkoar. Hy ferfeelde him rûnút, wat moast er hjir einliks, hy hie hjir neat te krijen en noch minder te sykjen. Syn roman en syn skripsje wiene wichtiger, en no siet hy hjirre nei it iene of oare trettjinderangs steltsje artysten te sjen, dy't wol tige har bêst diene mar net better koene. Hy woe, dat er in pilske hie, of mear as ien, dan soe er miskien noch wat te genietsjen wêze. Hy begûn him folslein oerstallich te fielen, noch efkes, dan soe it selsbegrutsjen komme en dan wie der gjin lân mear mei him te besilen. Hy flokte yn himsels en biet op 'e tosken om dochs wat te dwaan, hy woe, dat er mei nic prate koe en syn swierrichheden útlizze, mar nic siet lykas hy yn wêzen net-ynteres- | |
| |
searre nei de foarstelling te sjen, se koene it dy twa ferpleechsters net oandwaan en rin der út. Aanst soe er allinne it grinen noch ferbite kinne, de jûn soe ferprutst wêze en yn 't wetter lizze.
It ljocht gie oan. De gerdinen giene noch ien kear iepen, in ferhipt meager applauske reinde op 'e spiiers del, dy't bûgden as knipmessen en dy't seagen, oft se in ovaasje yn carnegiehall yn ûntfangst namen. Foar de froulju wiene der ek noch blommen, wol net fertsjinne, mar afijn, it hearde no ienris sa, lústere nic him yn 't ear. Hy lake wat smel en rôp fuort om in ober, dy't hastich kaam. Hy seach nei de earste slok út, in hearlik, koel glês bier mei in tsjûke laach skûm, it soe yn him del gliidzje en nei it earste glês soe der in rêst yn him komme. Dêrnei soe er miskien meidwaan kinne en dûnsje mei it lange hynder, dy't no troch de seal flittere en balkaartsjes oan 'e man brocht. Se lei in hiele steapel by harren op 'e tafel, se lake him iepen oan. Dat laitsjen en de mooglikheid fan mear pils brochten him wer yn 't lyk mei de plichten, dy't der noch op him wachten. Hy fielde him ynienen minder leech.
Foar yn 'e seal makke it selskip plak foar de band, dy't fuort de earste dûns ynsette. Sketterjend en dwylsinnich jammeren de klanken de seal yn. De pearkes hobbelen ticht tsjinelkoarren oan, hy hearde, hoe't der oan it taffeltsje nêst harres oer seksueel trik-trak praten waard.
Hy seach, dat it bier ûndertusken kommen wie. Hy pakte mei omtinken it glês fan 'e tafel. Hy liet de earste slok stadich en priuwend troch it kielsgat gean. Hy fielde de koelens, de pittige, bittere smaak die him goed. Hy fielde der alles foar, it earste glês yn ien kear efteroer te slaan, mar hy die it net, sa koe er langer genietsje. Anke kaam nêst him te sitten. Se frege him wat, mar troch it lûd fan de band ferstie er it net. Hy bûgde nei har oer, mar se wappere mei de hân en glimke him ta, hy wist net hoe't er moast, wêr moast er yn fredesnamme mei har oer prate. Hy hope, dat de muzyk trochgean soe, dan hoegde it tenearsten net. It lange hynder dronk fan har wyn, se die it stadich en priuwke tankber nei. Se gie mei it puntsje fan har tonge oer de lippen. Hy seach, hoe't se har mei alles wat der om har hinne wie fermakke.
Nic en tiny dûnsen tegearre stil, se seagen elkoar oan en hiene net yn 'e rekken, dat der oaren om har hinne wiene. Se kamen hast net fan 't plak, allinne har fuotten giene wat foar en efterút, sa no en dan kaam der in tinne, sydlingse beweging.
| |
| |
Anke folge syn sjen, se tikke him op de earm en glimke min ofte mear spotsk de kant fan nic en tiny út. Anke stiek har hân nei him út, hy lei sines der yn. Tegearre setten se op de dûnsflier ta. Se lei tige licht har earms om syn skouder, se dûnse folle lichter as har langte him tinke litten hie. Se dûnse ticht tsjin him oan, der gie in teare waarmens fan har út. Ynienen ûntdiek er, dat er it net iens ûnnoflik fûn hjir sa mei har te dûnsjen. Hy hâlde har in eintsje fan him ôf en seach har oan. Har eagen stiene wazich en troebel fertekene. Se kniep amper te merkbiten yn syn hân, hy loek har wat tichter tsjin him oan.
De muzyk hâlde op. Se giene nei it taffeltsje, dêr't de ober ûndertusken wer in rûntsje brocht hie. Hy naam in pear slokken fan it bier. It gie ynienen folle makliker, hy fielde him net mear sa ûnwis en de sfear wie him in stik eigener.
Nic fertelde in mop, dêr't it lange hynder en de lytse teare lûd om laitsjen moasten. Hy soe ek ien fertelle, mar hy hâlde him yn, hy woe net yn ien kear oermoedich wurde, en der dan dochs noch yn fersûpe. As er noch mear akklimatisearre wie koe er it altyd noch besykje. No noch net, dan soe it fêst mislearje en dan wie de ein net mear te besjen.
- Sille wy nei hûs, frege tiny.
Nic seach har oan en knikte fan ja. Anke loek oan 'e skouders.
- Ik wol noch in pear kear dûnsje.
De muzyk begûn wer te sketterjen. Nic en tiny giene oerein, se pasten har yn tusken de pearkes. Se wiene folslein tegearre op 'e flier.
- Fielst dy net lekker, hèn?
Hoe wist dat frommes dat yn 'e goedichheid, hie it sa dúdlik op syn gesicht te lêzen stien? Hie er himsels net better yn 'e macht? Liet er alles sjen wat er fielde?
- Hoe witst dat?
Se glimke en loek oan 'e skouders.
- Ik fielde it.
Hy begûn har mei mear belangstelling te besjen. Se moast hiel fyn fiele, se moast boppedat in protte minskekennis hawwe, oars wiene sokke dingen har ûntkommen. Se hie moed ek noch, der sa oer te begjinnen. Miskien wie it allinne mar ferpleechstersaard, allinne mar gastfroumentaliteit.
| |
| |
- Miskien, sei er.
- Hast ek gjin jild, hèn?
- Hoe witstû dat?
Se sei, dat se it heard hie, doe't hy it nic fertelde, mar it hindere neat, want it wie har feest en tiny en sy hiene ôfpraten te beteljen. It koe him neat mear skele. Ferpleechsters moasten dochs earne foar soargje, as it net pasjinten wiene dan wol yn 'e nederklits rekke kweajonges, miskien wie it in tefolle oan memmichheid. It soe mei 't ien of 't oare wol te ferklearjen wêze, mar it ynteressearre him net mear, it wie him wol goed sa mei har te sitten en har glimkjen te sjen, har bywêzichheid te fielen en te witten, dat as er dûnsje woe hy syn hân allinne mar út hoegde te stekken.
Hy beseach har better, mei mear oandacht en ynmoed, har hals wie lang en fyn, de sinen oan beide kanten stiene tear spand en it kûltsje foar wûn him op in bepaalde manier op. Se hie it yn 'e rekken.
- Is 't dy nei 't sin?
Hy fielde him der tusken nommen. Hy seach opslach in oare kant út. Anke lei har hân op syn earms.
- Sille wy dûnsje?
Hy wist op dat stuit ek neat betters, dat se giene tusken de taffeltsjes troch nei de dûnsflier, dêr't nic en tiny krekt weigiene. Yn 't foarbygean sei nic, dat se nei dizze dûns nei hûs ta woene.
Anke kroep ticht tsjin him oan, har eagen bleauwen lykwols foar him, se lei har wang net tsjin sines oan, se seach him oan op in manier, krekt as hie se meilijen mei him. Der wie wat yn dy eagen, dat him meinaam, in begripen, in witten fan alles wat der mei him wie. En dochs wie der in grutte libbenheid om har hinne, hy koe har wynderjend boartsjen sjen, as lyts bern earne op in hiem of dravend tuskend heaoppers. De rokken waaiden heech om har skrale skonken, har eagen wiene fol aventoer, har lippen stiene fol spand om de wite tosken hinne en har frisseltsjes dûnsen op har rêch.
Se lei ynienen har wang tsjin sines oan, se kroep tichter op him yn en nestele har yn syn earms, har lichem súntsjes hinne en wer bewegend.
Hy wist net wat der mei him wie, hy fielde him ynienen lokkich, hy lei syn earms tichter om har hinne.
Der kaam in tango.
| |
| |
- Ik kin gjin tango, wy kinne better nei hûs ta gean.
Se seach him knikkend oan, hy naam har hân en late har nei it taffeltsje, dêr't nic en tiny sieten te drinken. Der stie in nij glês bier foar him klear, in farsk glês wyn foar anke. Nic en tiny sieten súntsjes te praten, hy fielde him samar by steat en fertel in mop, it soe no net mislearje, hy wist it. Mar it eagenblik wie net hielendal gaadlik, dat hy die it net. Hy joech him del, ticht nêst anke, dy't har hân wer op syn earm lei en him taglimke. Se dronken de glêzen leech, anke gie nei de ober om ôf te rekkenjen. Se giene nei hûs.
Hy fielde him nuver licht yn 'e holle. Hy betrape him der op, dat er justjes sweefde. Miskien wie it bier net al te goed saksearre, mar safolle hie er net hân, in glês trije-fjouwer miskien, en hy koe folle mear tille. It wie de hiele sfear miskien wol, it sjen fan anke en har glimkjen. Hy wist, dat dy stimming gefaarlik wie, ear't er der erch yn hie soe er yn nije tûkel-teammen sitte en wer net witte hoe't er moast.
Doe't se der út giene stelde er foar himsels fêst, dat er de dingen goed achtslaan moast. Net as in ympulsive kweajonge en as in blyn hynder op alle swierrichheden yn drave.
Se giene de auto yn. Tiny fertelde nic hoe't er ride moast. Efkes letter stiene se foar itselde hûs, dêr't se sneon west hiene. Alles wie no tsjuster, it tegelpaad wie mar amper te ûnderskieden. Anke gie foarop, mei har fuotten sykjend om de tegels. Op 'e stoepe kommen gie se krûm om de kaaie goed teplak te bringen. Doe knipte it Ijocht yn de gong op, anke gie de keamerdoar troch. Se die de gerdinen ticht, knipte de lampe oan.
- Gean sitten, mar sûnder ferrassings diskear.
Hy krige in kaam, se seach him heal spottend heal meifielend oan, in lytse tear om 'e lippen.
Nic en tiny wiene yn de gong bleaun. Hy gie sitten op it plak, dêr't er de sneons ek sitten hie. Anke gie der út om har mantel fuort te bringen. Se reage nic en tiny de keamer yn. Tiny sette in plaat op. Nic begûn mei har te dûnsjen. Hy gie der út, hy hoegde dêr gjin tsjûge fan te wêzen, dy twa koene it wol ôf, sa.
Anke wie yn 'e koken dwaande mei kofje, de rook wrinkele al troch de gong. Se die alles mei omtinken, hy seach har dwaande-wêzen, wylst alles rap en handich troch har fingers gie. Hy line tsjin de muorre oan en
| |
| |
sloech har acht. Se sette de boel op in bledsje, wachte oant de kofje begjinne soe te buorreljen. Hy die syn hannen yn 'e bûse en fermakke him mei sjen.
Se draaide har slachs om. Se seach him oan, der wie in lyts laitsjen om har lippen. Se kaam op him ta. Se stie foar him, har hannen op 'e rêch en har eagen ûndersykjend op syn gesicht. Se sei neat, se stie dêr mar en seach. Hy ûndergie dat sjen, it waard stil by him, hy lei syn earms om har hinne en syn foarholle tsjin harres oan. Har hannen giene nei syn siden, dêr't se plak fûnen en lizzen bleauwen. Doe tute er har.
Se naam de kofje mei, hy it blêd. Nic en tiny sieten op 'e divan, de earms om elkoar hinne. Hy sette it blêd op 'e teetafel en anke begûn de kopkes fol te skinken. Se dronken, nic fertelde in mop, anke en tiny laken skatterjend. Nic sette letter noch in plaat op, de muzyk fan ien of oare Ingelske wals, victor sylvester miskien, dwarrele troch de keamer. Tiny en nic dûnsen wer.
Anke kaam by him te sitten op 'e divan. Hy realisearre him, dat er net te hurd drave moast, de saken goed ôfwachtsje en gjin dingen dwaan, dêr't er letter spyt fan hawwe soe. Dat soe allinne mar swierrichheden jaan en dêr hie er foarlopich gjin ferlet fan.
Tiny en nic ferdwûnen nei it sydkeammerke. Se wiene allinnich. Hy tocht, dat er oppasse moast en meitsje gjin diggels wer. Se lei har earm om syn skouder, dat nuvere glimke kaam wer om har mûlshoeken. Hy lei syn earms om har hinne en loek har mei, efteroer op 'e divan. Hy tute har en har lippen wiene fanelkoar en har tonge streake oer syn lippen en hy fielde har tosken glêd en hurd en har hannen wiene yn syn nekke. Ynienen treau er har fan him ôf, se fearre oerein, se seach him net begripend oan. Hy gie mei syn hannen troch syn hier en fage oer syn eagen, wylst er wer rjocht op 'e divan sitten gie.
- Ik gean fuort.
- Wêrom?
- It kin neat wurde tusken ús.
Hy smiet de doar nei it sydkeammerke iepen, hy rôp nic. Doe gie er de keamer wer yn.
- It spyt my, sei er.
Hy joech har net iens in hân. Doe't er wer bûten stie koe er wol grine.
| |
| |
Hy naam him foar, de oare deis mei syn skripsje te beginnen. Anke betsjutte allinne mar diggels.
Ik haw wer tefolle hea op 'e foarke nommen. Moarn moat ik in rol begjinne te learen, dan bliuwt dit boek lizzen en dan is de kâns grut, dat ik it noait ôfmeitsje.
Troch myn idioate manier fan libjen sit ik foar de safolste kear mei de ka foar it bee. Ik moat wer mear as ien ding dwaan. Dit bliuwt dus wer lizzen. Krekt as dy roman oer anita, in pear koarte ferhalen, dat is alles wat der fan oerbleaun is. Fjirtich gûne, dy't allang yn sigretten en pils omsetten binne.
Anke hat gelyk as se seit, dat ik noait wat ôfmeitsje. Ik moat dochs einlings ris leare, op ien ding ta te libjen.
Dit boek moat ôf. Ik moat witte, hoe't it allegearre ferrûn is, ik moat hâld krije op myn eigen libben en de stikjes fan de puzzel ynelkoar skowe. Anke sil net sizze kinne, dat dit ek wer ferkeard ôfrûn is, se mei it net sizze, dy kâns mei ik har net jaan. Nee, dy kâns net, ik sil wraak op har nimme mei dit boek, wraak foar alles wat wy elkoar oandien hawwe, wraak foar alles wat wy neilitten hawwe. It mei net oars.
Dû bist jaloersk, fan 'e earste minút ôf hastû jaloersk west.
Goed, doe mei dy earste wie 'k jaloersk, mar letter net mear. Dû hast myn jaloerskens altyd brûkt om by my skuld op te roppen. Dan doarst ik dy gjin ferwyt te meitsjen, dat wie foar dy it maklikst.
Ha 'k dy letter net drave litten soms?
(stilte).
Ha 'k dy letter net drave litten? Wie ik jaloersk? Tochste, dat ik gek wie? Ik fielde wol wat as ik thúskaam. Tochste, dat ik yn al dyn smoesjes oer dy blommen wâde, datstû se dan fan 'e iene en dan fan 'e oare freondinne krigeste?
(stilte).
Dû riedst my nei. Ik koe noch gjin minút langer fuortbliuwe, of dû
| |
| |
Moatst der ek efkes by fertelle, hokker oeren fan de nacht dat wie.
(stilte).
Astû oant nachts trije oere ta mei frjemde keardels yn de klup sitste, tinkste, dat soks sa aardich foar my is? De minsken dy't der sitte laitsje har dea, dêr is syn wiif wer mei in oare fint, dy man fan har is ek gek. Sis, ast in goede nacht ha wolste, moatst mei syn wiif op stap gean.
(stilte).
(wurch) Sa is it sa stadichoan, witste.
Liich der mar net tsjin oan, ik wit folle mear astû tinkste.
(stilte).
Ik koe ommers gjin stap de doar út of dû hellest efter myn rêch it iene of oare fyt út.
Fertel dat ferhaal fan dy earste nochris.
Mar dû hast liigd en ast it wer fertelst liichst wer.
(stilte).
Astû harsens haste om leagens te betinken, dan haw ik harsens om se út te raffeljen.
(stilte).
Dû witst ommers dat ik liich?
Dan hoech ik neat te fertellen.
Dû hast noait earlik west.
Wêrom bistû dan mei my troud?
Dan net sa botte lang, want gjin fearnsjier letter hiest al in oaren.
Ja, omstû my de kiel begûnst út te hingjen mei dyn wissichheid, mei dyn eigenwiis gepraat en dyn geflikfloai mei boeken.
| |
| |
En dan nim je opslach mar in oaren.
Dat moast goddomme no ek noch ris in kear nèt sa wêze.
Dû bist sels ek net skjin op 'e hûd.
Nee, mar hoe faak hiestû it my foardien?
Plus de kearen dy't ik net wit.
Wêrom begjinst te skellen?
Dû hast gelyk, dizze ferwiten helje neat út.
Moat ik dan mar nimme, datstû om 'e saken hinne draaist? Dan komme wy noait byelkoar.
Hastû dêr noch noait oer neitocht?
Jawol, mar dat is it lêste.
No, dan is it ommers logysk.
(stilte).
(muoilik) Gean dan in wykmennich mei fekânsje. Dû krijst de auto mei en genôch jild. Tink der oer nei.
Dat ha 'k al salang dien.
Mar dan binne we net byelkoar.
Miskien komst ta in oar ynsjoch.
Yn hotels bin oare keardels.
Krûp dêr yn fredesnamme dan mei op 'e koffer, mar brûk ûnderweis dyn kop ris foar oare dingen as frijen.
(stilte).
Wol wier. Dû bist hjir wei, dû sjochst net alle dagen de dingen dy't dy nei binne. Ik sil der fjirtjin dagen lang net wêze.
Dat soe in ferromming wêze.
| |
| |
(wurch) It seit my neat mear.
Ast weromkomst miskien wol wer.
Hast der net iens oer neitocht.
Is it dy dan hielendal neat wurdich.
En as ik weromkom en der is neat feroare, wat dan?
Dan moatte wy in beslút nimme.
En dan sjoch ik, hoe't anke mei wouter op bêd giet. Mei dyselde eagen sjocht se him oan, him, dy't har fan my ôfnommen hat. Se klaait har út wylst hy geil en mei in ordinêre stive pik op har leit te wachtsjen. En hy boartet net, hy docht it deasimpel, hja docht har blanke skonken fanelkoar. Hy docht wat der fan him ferwachte wurdt en syn bleate kont, mei in rezjimint pûkels, giet op en del oant er klearkomt, dat ek noch ferjamme. Syn tsizen knipe byelkoar fan genot en hy lûkt him der sûnder neitinken út. Hy mient dat er wat dien hat.
Hoe kin se, is alles tusken ús dan oan har foarbygien, hat se net lokkich west dy sân jier? Hat se it my allinne mar net sein om my te sparjen? Haw ik sân jier lang genedebrea iten?
En se lit in oar nêst har op bêd ta, in oar, se docht de dingen dy't wy diene, se is leaf en sêft foar him.
|
|