| |
| |
| |
Twa
(Anke). Dû hast waarmens. Jûns sitte wy tegearre, der is in kostberens tusken ús, dy't it wurdich makket tegearre te wêzen. Der is gjin heftigens, mar in stadich begripen, dat yn al dyn gebearten leit en dat te fielen is astû de lampe mei de giele kap ûnder de boekeplanke oandochst en de gerdinen tichtlûkst. Wy sitte tegearre en alles wat oan 'e oare kant fan de ruten is bestiet net mear.
Dyn neatdwaan, dysels genôch, sûnder boek of praat, dyn allinne mar sitten, der is in hiel breed lok, dû leist yn dysels as yn it wetter op in hite simmerdei.
Der komt in glim op dyn gesicht, amper te merkbiten oan 'e hoeken fan dyn mûle, dy't dan wat hillichs kriget. Ik kin my net yntinke, dat dy mûle sinlik tútsje kin en hongerich myn mûle ynslute. Yn 'e bûtenhoeken fan dyn tichte eagen komme fine tearkes, hast net te sjen, ien dy't dy net ken lykas ik soe se net ûntdekke kinne. Dû bist dan in non, ôfstoarn fan alles wat der earder wie, de madonna sels, fan in suverens, dat ik it net neikomme kin.
Ynienen ûntfljochst my, der komt fertriet yn my omstû sa'n ein fan my ôf biste en ik dy net folgje kin. Ik sit yn myn stoel nei dy te sjen, ik fiel hoestû fierder fuort gieste en dû tinkst net om my. Ik kin dy net gean litte, wy dogge ommers alles tegearre en wêrom giestû dan allinnich? Dan gean ik altiten nei dy ta en sit op 'e lining fan dyn stoel. Foarsichtich rop ik dy werom, myn fingers stadich yn dyn hier, dan brekt dyn glim breder troch, dyn hân leit oer mines tsjin dyn hert oan en dû knypst. Dû bist der ynienen wer, dû wurdst wekker en wy binne wer tegearre. Dû leist dyn holle tsjin my oan, wy hoege net te praten,
| |
| |
want wy witte wat der tusken ús is en wy kinne it dochs net sizze.
It wekker wurden sneinemoarns. Der is gjin tikjen fan 'e wekker, stadich komme wy ta elkoar werom, it sûzeljen tsjinelkoar oan, wy fine elkoar wer en lizze as lytse bern yn it libben. Wy hawwe genôch oan hoe't ús hannen yn elkoar lizze en binne sa't allinne wy witte hoe't se wêze kinne.
Dyn sykheljen giet oer myn gesicht, dyn hier kreauwelet, wy lizze tsjin elkoar oan en sûzje yn 'e waarmte fan ús tegearrewêzen. Wat bistû dan iepen yn dyn sjen sa no en dan, mei in stadich bewegen fan dyn fingers strykst it hier út myn gesicht. Dyn glimkjen is fan in geheim, dat tusken ús is.
De tút dystû myjouste is fan in ynlikens, sa't dy allinne tusken ús wêze kin. Hoe waarm is alles om ús hinne, hoe goed binne ús hannen yn elkoar en sa stadich tikket de tiid troch ús lichems.
Wat klaaist dy dan mei omtinken oan, ik sjoch hoe't dyn kostber lichem ferdwynt ûnder de stoffen, en dochs docht it my net sear, want dû lakest tsjin my en ik wit hoestû biste ûnder dyn klean.
Dan komstû somtiden by my, dû bûchst oer my hinne en dyn boarsten binne boppe my en ik tútsje se hiel foarsichtich. Dû leist dyn lippen mar amper op myn foarholle en dan giest fierder, dû giest foar de spegel en kjimst dyn hier, dat dûnker is en fol rook.
Ik sjoch it allegearre, dyn laitsjen is troch it hûs en dyn sjongen, de rook fan de kofje kringelet by de trep lâns omheech.
Soms tink ik my yn, hoe't it wêze soe astû der net wieste, dan komt der in leechte yn my dy't ik net ken en dêr't ik bang fan bin. Myn mage lûkt byelkoar, ik wurd der siik fan en fertriet krûpt ûnder myn hert. It docht sear, sa sear, dat ik myn sliepen en polsen klopjen fiel, it sûzet my yn 'e holle.
Mar dan hear ik dyn sjongen wer, it is net wier. As ik ûnder kom krûp ik dy oan, wy steane hiel ticht tsjin elkoar oan, dyn wang tsjin mines oan, want it is net wier, dû bist der noch. Ik praat oan dyn ear, ik fertel fan myn eangst en dû lakest alles súntsjes fuort, dû leist dyn hân yn myn nekke en ik bin lokkich ticht tsjin dy oan.
Ik siet boppe te skriuwen, doe't ik hearde dat der in folkswein
| |
| |
stoppe. Ik seach, it wie in readenien. Ynienen wie dat rotgefoel yn myn mage der wer. It hert sloech my in pear kear oer, want dy wouter hat sa'n wein en ik wist, dat er nochris mei my prate woe. Ik wist net hoe't ik soe, mei him prate of him fuortstjoere. Ik seach him al stompsinnich gnyskjend op de stoepe stean, wylst er stammerjend besocht mei de man fan syn leafste te praten.
Wat in fint. Syn hier altiten fol fet, it glânzge der oer, boargerlik yn 'e klean, oerdreaun netsjes sûnder dat der ien tearke of knoopke skean siet. En dan noch dat gnizen, dat ferrekte gnizen, ûnbeskamme breedút joech er dêr al syn selsfoldienens mei bleat. Mar hy wie lef, dy wouter, want doe't ik yn 'e rekken krige hoe't it siet en him it fjoer nei oan 'e skinen lei, wie syn wissens ynienen fuort en waard dat eigenwize glimke in bleek besykjen syn senuwen baas te bliuwen.
Wat seach anke yn dy fint. As se der no fan troch gien wie mei in keardel, dy't geast hie en sjarme en dy't wist fan de dingen dy't belangryk binne, mar dizze plat by de grûnske siel, mei syn glêd en glei lichem en syn lady-killers mentaliteit. Hoe krige se it yn 'e kop, hat dy sân jier mei my har hielendal neat sein, hat dat goed byelkoarwêzen har ûnberoerd efter litten, of hat se altiten toaniel spile? Wouter veenboer nota bene, koe it platter, veen en boer, kombinaasje fan earmoed en ordinêrens, sûnder de meast elemintêre begripen fan wat kin en net kin, sûnder stylgefoel, in platte, skutterige, hufterige boerekinkel, ek al wie er dan boade, mei in prachtige unifoarmpet op syn unifoarme kop, in nazipet goed besjoen, toanbyld fan alles wat in man no krekt net heart te wêzen.
Op in jûn kaam dy proleet by anke wei, betider as oars want ik wie fan doel wat earder thús te kommen. Ik hie wat yn 'e rekken doe't ik har sitten seach yn 'e stoel, der wie wat yn 'e hûs dat der net hearde te wêzen en boppedat wie ik dy reade folkswein flak by ús hûs tsjinkommen. Wouter hie der dus west, ik wist it.
Mar wat ik net wist wie, dat wouter dyselde jûns noch nei de kroech gie en dêr oan syn maten fertelde, en plein publique noch wol, wat men allegearre wol net mei anke útfrette koe. Wat sil der gniisd wêze, en it wie deselde jûn, dat er foar it earst by har sliepte.
| |
| |
Hoe doarst er syn oerhoerige fingers nei dat prachtige lichem fan anke út te stekken, mei syn hannen streakje oer datselde lichem dêr't ik fan hâlde, mei syn geilens har lea ta sines meitsje en letter stiennen smite yn 'e boarne dêr't er út dronken hie. Dat karakterisearret him wol, dy wouter, wat in machtich selsportret, fan a oant z tekene er hjir himsels út en mei dat brokje proleet gie myn frou der tuskenút. En it wie him allinne mar om in aventoerke te rêden. Wat sil er kjel wurden wêze, doe't er yn 'e rekken krige dat it har om mear begûn wie, wat sil syn earmetierich hertsje gisele hawwe út eangst om syn unifoarm en út bangens foar syn posysje. En wat wie anke grut, dat se him preste ta in stap dy't er sels net sette woe. Wat moat dy keardel bang west hawwe, as in bist. Want hy wie lef dy wouter, lef as gjin oarenien, mar tagelyk woe er de grutte man úthingje, en dêr hie er no krekt te min karakter foar.
Dêr stoppe dy reade folkswein. Ik stie boppe troch it rút te sjen en ik fielde my rottich en ik wist net wat ik moast. It draaierich gefoel yn 'e mage begûn wer en ik koe gjin beslút nimme. Doe stapte dokter gaastra út, godtank gjin wouter veenboer, ik hoegde net te praten mei de krûperige oerhoerige, dy't my myn frou ûnthelle hie.
Ik hoopje, dat er fersûpt yn har leafde en dat er kronkelje sil om syn baantsje en syn húshâlding. Proast.
Wy moatte jûn wer spylje tegearre. Ien of oar lummelich bestjoer fan ien of oar noch knuppeliger ferieninkje hat gjin weet fan it feit, dat anke en ik útelkoarren binne en dat wy yn itselde toanielselskip spylje.
Fansels hat watse deelstra, ús lieder, dêr skuld mei oan. Ik haw him frege, de rinnende foarstellings of te sizzen, mar hy ferpofte it. Foar in goede freon moast men soks oer ha, sei er. No koe er ek min oars, want watse stie sels net hielendal frij fan anke. In jiermannich lyn, doe't se beide noch yn it selskip fan rommert naberman spilen, hie er har al benei west, en doe't it útkaam, pykte er as in kweajonge út. Soks docht men ek foar freonen. Mar ôfsizze of fan stik feroarje woe er net.
| |
| |
Lokkich rieden wy der apart hinne, wat hie it in grap wurden, tegearre yn deselde auto, in sfear om te snijen en alle spilers fan 'e kaart noch foar't se op it toaniel steane. Allegearre witte se it mar om't wy der beide binne doar net ien der oer te begjinnen, elts wol sa gewoan mooglik dwaan, mar om't se it sa krampeftich besykje slagget it fansels net en der komt in gewicht op ús allegearre te lizzen.
En dan steane wy dêre jûn efter it toaniel. Oars hiene wy ús kostúms en hânrekwisiten yn deselde koffer, mar nou hat elts syn eigen spul yn syn eigen tas. Ik sjoch har stean, wylst se har jurk oer de holle giselet om har yn jakkeltsje te feroarjen, ik sjoch de rêch, blank en sêft en glêd en ik tink oan alles wat der tusken ús west hat en ik ferflok de fint dy't wouter hjit. Ik sjoch de hearlike ûneinichheid fan har skonken as se har ûnderjurk soarchsum oer it kleanstokje teart, it wite broekje, dat spand en dochs net strak oer har broadsjes leit. Hoe moat ik dat jûn ferarbeidzje, goddomme, wêr moat ik der mei hinne? Op it toaniel gûnzje stimmen de iene nei de oare klause, wy spylje tsjinelkoar, mar it sil oars wêze as earst.
Se koe spylje. Wat wie der in blidens tusken ús as wy tegearre spilen en ús klausen op elkoar seinen. Soms seach ik, hoe't guont út it publyk it programma iepentearden en konstatearren, dat wy man en frou wiene. Dan kaam der in grutskens yn my omheech en ik wie bliid, dat wy dit tegearre koenen.
En no steane wy dêr jûn tegearre. It stik is noch itselde, dy ferrekte ‘befke de heideferpleechster’, mar der sil wat feroarje en der sil gjin begripen mear tusken ús wêze as wy ús klausen sizze. Wat moat ik dwaan as ik har sjoch, wat moat ik sizze as ik merkbyt hoe't se har hearlik ferklaait en harsels genôch is?
Mar watse lult oer freonskip en oer foarstellings, dy't troch gean moatte. Watse kin om my de haan naaie, of anke om myn part, nei de hel mei alle toanielselskippen, lit se nei de pomp rinne, alle hiele en heale artysten, watse deelstra ynkluis, knap mar.
Ik fersûp der sa yn. Der sit gjin lijn yn, de rjochting is der net. Allinne mar ôfreagearjen fan rankune en agresje, in skellen, dat
| |
| |
weromgiet op dyselde rankune en agresje. It wurdt gjin gehiel sa, de stikjes hingje oanelkoarren as los sân en se sizze neat oer de gearhing fan de feiten. As ik sa trochgean, sil ik alles oan 'e ein op 'e nij skriuwe moatte en dat ferdom ik, it is my allegearre tefolle wurk want ik moat fierder. Ik kin hjir al myn libbensdagen net by stean bliuwe, ik wol de hiele saak útkoarje en my der net mear mei dwaande hâlde. Ik moat har kwyt, dat hearlike lichem en har waarmens, har haat en har wrok. It moat sa komme, dat ik der oer in healjier om gniis dat ik troud west ha en dat se my bedondere hat wêr't ik sels libben by stie. It mei my aanst neat mear sizze, it moat in wjerfarring wurde út al dy tûzen oaren, dat rot gefoel út 'e mage moat ik kwyt, dat sikelik tinken oan har en it triljen fan myn hannen as ik op plakken kom, dêr't wy tegearre west ha.
Ik moat de skrik kwyt dy't ik krij as ik earne in reade folkswein sjoch, ik wol net mear oan har tinke as ik in keardel yn in boade-unifoarm en mei in nazipet sjoch. Ik moat sûnder pine tinke kinne oan dat lege skoalhûs te starum, dêr't wy tegearre de boel útsleept ha om beide in oare kant út te gean, itselde skoalhûs, dêr't ik har oer de drompel tild haw yn har wolken troujurk. Ik mei net mear oan har dwaande-wêzen tinke, net mear oan har stille wille. Ik wol my net mear yn 't sin bringe hoe't wy tegearre de fruchten dêr fan de apelbeammen ploaitsen en hoe't wy tegearre de parren mei omtinken yn 'e kistkes leinen.
En dochs tink ik oan har, hoe mear letters ik op it papier rattelje hoe mear oantinkens yn my omheechkomme. Ik sjoch skerp hoe't alles him ôfspile hat, allinne it ûnderling ferbân fan de feiten ûntgiet my noch. Dêrom moat ik tried bringe yn dit boek, alles sjen sa't it eksakt west hat. Te witten komme wêrom't it sa gien is.
It begûn nei de skiednis anita, dy't him bedondere hie en in hoer wie. Op in dei wie hy har tsjinkommen mei ien fan har klanten, se hie de ring net om en hy tûmele yn ien kear nei ûnderen, dêr't hy himsels ferret en besoademitere weromfûn. Hy wie noch mar amper droech efter de earen, mar hy begûn in roman te skriuwen om klear te kommen mei de rotsoai, dy't er sels mei ûntketene hie. Hy siet thús op syn studearkeamer en skreau
| |
| |
en skreau, oant er der sels mislik en siik fan waard. Hy koarre de rotsoai der út en by elts wurd dat er delskreau waard de rotsoai grutter.
Doe kaam nic werom. Syn freon, dy't in hoart fuort west hie en neat fan de hiele saak ôfwist. Nic sei, neidat er dy alles útlein hie, dat er hjir mei ophâlde moast om't er der oan kapot gean soe. Hy gniisde nic út en sei, dat er opdonderje moast, hy moast sels mei de rommel klearkomme en dêr hie nic gjin grevel mei te meitsjen. Nic gie wat timide ôf, mar de oare deis, it wie in sneon, wie er der wer. It wie dûnsjen yn 'e nôtponge, fertelde nic, en hy moast der mar mei him hinne, dan koe hy syn sinnen wat fersette. Hy flokte nic út en fertelde him, dat er no einlings ris ophâlde moast him mei syn saken te bemuoien. Mar nic hâlde oan, dat hy knapte him op en stapte by nic yn de folkswein. Der mankearre nochal wat oan it ding, it iene sydrút woe net omheech en tafallich stie it dus iepen, de rattelkast woe min starte en yn 'e bochten woe er meastal krekt oars as de sjauffeur. Mar se kamen yn de nôtponge, se kochten kaartsjes en giene de rikkerige seal yn, dy't fol lawaai en muzyk hinge. Nic eage de froulju oer en begûn fuort te dûnsjen, hy slierde him efkes letter foarby mei in tear en lyts famke, dat mar amper oan nic syn hals ta kaam. Hy tocht, dat soks de jûns wol swierrichheden by it frijen opleverje soe, of nic soe har optille moatte.
Hy gie yn in hoeke sitten, yn 'e byseal yn it fierste glopke. Hy bestelde pils en naam it beslút, him dêr dy jûn noflik sakje te litten en him net om 'e froulju te bekroadzjen. Hy fielde him rottich, want mei anita hie er faak te dûnsjen west en hy koe dy seksuele hippelderij op dat stuit wol spuie. By de skrikkeldûnsen spankere in gleizich frommes mei lang wyld hier sa no en dan syn kant út, mar hy die krekt as seach er it net, dat hy bleau frij om safolle pils te drinken as er sels woe. Nic kaam sa út en troch ris by him om him te fertellen dat hy ris dûnsje moast, mar oer 't generaal hie nic it te drok mei de lytse teare en dus seach er him net sa faak.
It waard him krekt in bytsje behaachlik yn dat herntsje, it hie aardich faak twa kwartsjes koste foar likefolle pilskes, mar it waard noflik dêre en hy koe himsels oparbeidzje ta in achtslaan op ôfstân. Hy hie krekt nochris twa kwartsjes delteld foar in nij pilske, doe't nic by him kaam om te freegjen, oft hy noch by steat wie te riden. Punt ien hie er syn riidbewiis noch net en punt twa hie er tefolle pils sakje litten, dat hy fertelde nic,
| |
| |
dat er him mar efteryn deljaan soe en dat nic sels mar war dwaan moast om te riden.
- Se hat ek in kammeraatske, sei nic.
Nou hie er op dat stuit gjin inkelde belangstelling foar wat kammeraatske dan ek, mar hy woe nic net teloarstelle, dus frege hy nic, him dat kammeraatske ris oan te wizen. Se rûnen nei de ôfskieding tusken de grutte en de byseal en nic wiisde him in lang en spjochtich frommes oan yn in wite jurk mei grutte blauwe stippen. Se hie moai hier, mar se wie te meager en men koe net sjen wat foar en efter wie. Nic seach him yn spanning oan, mar hy koe it net opbringe en lis it oan mei in frommes, dêr't er gjin sprút foar fielde.
- Dat lange hynder, sei er.
Nic loek oan syn skouders en reizge ôf nei de teare lytse. Hy wie al aardich opsketten, hy dûnse ticht tsjin har oan en har earmen leine folle ynliker om him hinne as nedich west hie. Efkes waard er jaloersk op harren, dat sy dêr tegearre sa simpel dûnsen en leaf foar elkoar wiene, mar hy sette it fan him ôf om't er wist dat foar harren de rotsoai op in goede dei likegoed begjinne soe. Dêrom kocht er noch mar in pilske en hy liet nic skaaie mei de lytse teare.
Doe kaam dat gleizige frommes op him ta, se frege him te dûnsjen en glimke him fol en mei in grutte skittering fan hast wite tosken oan. Hy miende dat er net wegerje koe, mar doe't er stean gie, krige er yn 'e rekken, dat er better ôfwiuwe kinnen hie, want hy stie al net mear te fêst op syn skonken. Syn soallen sylden nuver hinne en wer oer de dûnsflier, dat hy skamme him, mar hja like it net slim te finen, want se hinge mei alle mooglike egards yn syn earmen. Se fertelde him, dat se út tsjummearum kaam en dat se allinne thús wie dat wykein. Hy joech gjin sjûge, se moast har mar rêde en as se dan dochs persee in pripke hawwe moast, dan soe se it in oar freegje moatte.
De muzyk hâlde ynienen op. Der waard wer op in fluitsje bliesd. Troch in mikrofoan waard oankundige, dat der in mobilisaasjestep dûnse wurde soe. Hy treau de earmen fan it gleizige frommes fan him ôf en oan 'e kant, hy soe der fan troch. Hy stroffele hast oer in pear al te fier útstutsen skonken, mar hy hâlde it op fuotten, ek al, om't it gleizige frommes út tsjummearum har earms om him hinne sloech. Doe miste er
| |
| |
de moed om der nochris tusken út te knipen, dat mei wanhope sette er de dûns yn. Der kaam in ferromming yn him, doe't se rûntsjemealle moasten en hy har dus loslitte moast. Mar doe't de fluit wer gie, skeat se op him ôf, dwers oer de dûnsflier hinne en behindere in nij besykjen om der tusken út te gean. Hy switte de dûns út en sei tsjin har, dat er gjin sin oan neuken hie om't er te dronken wie en dat se mar in oar sykje moast, hy wie der net foar te rissen. Mar se waard net iens lilk en fernijde him, dat sy dat sin wol meitsje soe. Se kroep ticht tsjin him oan en har earms wiene stiif en switterich om syn hals. Hy tocht him yn, hoe't it dêrboppe tusken har pafferige skonken der wol útsjen moast, der kaam in wearzge yn him op, dêrt er hast fan kokke moast. Hy soe wer fuort, mar hy hie der tefolle wurk mei it bier yn syn mage te hâlden, dat mear as in ympuls waard it net. Yn 'e fierte seach er nic mei de lytse teare dûnsjen, hy fielde wer wat fan jaloerskens, mar hy krige de kâns net om him der yn te ferdjipjen, want de gleizige treau him nei de flier en oan de oare dûnsers seach er, dat er knibbelje moast en har op de knibbel nimme. It swit stie him op de foarholle, syn mage protestearre noch hyltiten tsjin de oerlading mei bier. Hy liet syn iene knibbel nei de flier sakje, doe knipte it ljocht út en in heaze stim raasde dat der no fiif minuten foar de jongelui kamen. Se sloech him de earmen om de hals en har net al te frisse azem walme yn syn gesicht. Hy treau har fan him ôf, it gie wat te fûl, want se skeat langút troch de oare dûnsers hinne de dûnsflier oer. It ljocht sloech wer oan. Hy krige in kaam, hy kaam stroffeljend oerein en flechte nei syn glopke yn de byseal. Dêr liet er him fjochtsjend tsjin syn kotskrampen op de stoel sakje, yn 'e fierte seach er de dûnsflier, dêr't no wer dûnse waard, se seagen syn kant út. Hy skamme him. Hy slokte en slokte, oant it bier hingjen bleau dêr't it wie en syn switten wat bekaam.
De wrâld om him hinne waard wer wat helderder. En dêr wie nic, dy't mei de lytse teare foar him stie.
- Wy gean fuort, sei de lytse teare.
Hy pakte syn sjek fan de tafel en gie oerein. Hy fergeat syn jaske, dat noch oer de stoel hinge, mar nic fiske it foar him op en naam it mei, bongeljend oer de earm. De lytse teare stie al by de garderôbe, it kaartsje tusken tomme en wiisfinger. Nic naam de jas oan en holp har der yn. By de útgong bleauwen se noch efkes stean, de lytse teare prate mei it lange
| |
| |
hynder, dy't ûndertusken fan foaren noch krekt allyk wie as fan efteren. Hy konstatearre, dat dy gelokkich net mei gie, fierdere swierrichheden soene him dy jûns dus besparre bliuwe.
- Kinst ride, frege nic nochris.
Hy flokte en andere, dat nic dat sels no ris in kear witte moast en dat it perfoarst op deaden útrinne soe as er it wol die. Nic soe syn frijen noch mar efkes útstelle moatte en wachtsje oant se op ien of oare divan krûpe koene.
De nachtlucht sloech fris om him hinne. Hy helle in pear kear djip de lucht syn longen yn en doe't dat syn útwurking dien hie, betocht er, dat er dochs noch wol ride koe, mar de slûgens, dy't tagelyk syn spieren slopper makke brocht him op it idee, dat er dochs mar better efteryn lizzen gean koe ûnder ien of twa jassen en him dêr del jaan oant nic syn frijlust befredige hie.
Nic en de lytse teare stiene by it âlde lykje. It iene sydrút stie noch altiten iepen en de oare krupsjes soene ûndertusken ek wol net ferholpen wêze. Hy gie by harren stean en sei, dat it him it bêste talike om efteryn mar wat te sliepen. De lytse teare seach him wat fernuvere oan, mar doe begûn se te laitsjen. Se joech him in hân, en fertelde der fuort mar by, dat se tiny hiet en út harns kaam. Hy sei, dat er dat wol tocht hie, loek it portier iepen en nestele him langút mei bûgde knibbels op 'e efterbank. Hy loek in âld jas oer him hinne en besocht te sliepen. Hy winske, dat de âld karre foar dizze iene kear ris op slach oanslaan woe, mar hy hie it net tinke hoegen, want it gekras rattele en skuorde al troch de nacht tsjin de toersmuorren oan omheech.
- Ferrek kring, sei nic.
Hy hope, dat er yn 'e fredesnamme net hoegde te skowen, dat koe er net mear opbringe, mar doe pakte de motor en it brikje stie plezierich op syn fjouwer bannen te skodzjen. Nic skeakele de fersnelling yn, knipte it ljocht op en ried fuort, wylst de lytse teare, dy't tiny hiet en út harns kaam besocht, it rútsje ticht te draaien.
- Ik wol dy wol helpe, mar it hellet neat út, sei hy.
- Lit mar, it wol net, sei nic.
Se loek oan 'e skouders, die de kraach fan har mantel omheech en liet har sa fier mooglik ûnderút sakje. Sa krige hy de folle stream fan de
| |
| |
ynslaande nachtlucht op syn nekke, dat hy lei syn fuotten op it plak fan syn holle en oarsom, loek de jas fannijs oer him hinne en joech him del.
Tiny kroep tsjin nic oan, syn iene hân liet it stjoer los en nestele him yn har nekke.
De ljochten skeaten oer de wite streken yn it midden fan de dyk. In lange, brede bondel taaste de bermen ôf, hy seach de nacht foarbystowen. Doe't er efkes mei syn holle boppe de ûnderrâne fan it efterrút kaam, sloech de nachtlucht him yn kâlde gjalpen oer it gesicht. Hy betocht, dat it no einlings ris tiid waard om oan dy skripsje te begjinnen.
Hy waard wekker trochdat nic it portier fûl iepenskuorde. Se stiene stil, tiny wie der net mear, mar troch de finsters fan it hûs dêr't se foar stiene skynde ljocht. In eintsje fierderop hearde er stimmen súntsjes praten yn de nacht.
- Wy krije kofje, sei nic.
- Ferrek mei dyn kofje, ik wol sliepe.
- Der út, luie stjonker.
Hy klaude stiif en stram oerein. De jas liet er tusken de foar en efterbank sakje. Doe hise er him oan 'e râne fan it dak omheech en stie bûten. Oan de ein fan it tegelpaadsje, dat fan it trotwaar nei de stoepe fan it hús rûn, stiene tiny en it lange hynder te praten. Hy loek syn jaske wat rjocht, striek troch syn hier en krige fan nic in dúst yn de rêch. De beide froulju wiene al yn 'e hûs gien, de doar stie noch iepen en der barnde yn 'e hûs oeral ljocht. Se giene it tegelpaadsje oer, de gong yn en kloppen op 'e earste de bêste doar. Dy swaaide ynienen iepen en it lange hynder liet harren der yn. Nic en hy stelden har foar.
- Ik bin anke, sei it lange hynder.
Se siet ûnder de skeinspruten seach er no, har trekken wiene ûnlyk-mjittich mar se wie net ûntsjep, as der mar wat mear fleis oan siet.
- Gean sitten, sei se.
Nic en hy lieten harren sakje yn in pear rotanstuoltsjes, dy't yn in hoeke fan de keamer stiene. Hy lei syn hannen op 'e lining fan de stoel en soe syn skonken oer elkoar slaan, doe ûntkaam him in knal fan in skeet, hy hie der altiten lêst fan as er wat ekstra bier hân hie.
- Pardon, sei er.
It lange hynder en tiny skeaten de keamer út, nic siet him fernuvere
| |
| |
oan te sjen. De kleuren giene himsels op en ôf, wylst er tagelyk krampeftich laitsjen yn him omheech kommen fielde. Hy slokte om net yn gnizen út te barsten. Nic seach hoe't it der mei him foar stie en draaide him wat ôf. It slagge him en betwing it laitsjen, mar der hoegde neat te barren, of it soe werom komme en dan soe er it net ynhâlde kinne.
De beide froulju kamen der wer yn, fertocht reade hollen op skodzjende liven. Der foel in pynlike stilte, net ien dy't wat sizze doarst. Hy fielde de driuw, om yn dy stilte noch ien floepe te litten, hy skattere it fantefoaren al út, mar hy die it net.
- Moai waar hèn, tsjintwurdich, sei nic.
It lange hynder en tiny draaiden har tagelyk om, se wiene dwaande mei de kofje oan de teetafel.
- Ja, moai waar, sei anke.
Se krigen har kofje, de stilte waard pynlik. Net ien dy't in stom wurd falle litte doarst. Nic rette te lûd yn syn kofjekopke om, tiny siet senuweftich op har neilen te biten. Anke gie oerein en sette in plaat op. De wizen út my fair lady dreauwen troch de keamer.
- Wat dogge jim foar de kost, frege tiny.
Nic sei, dat se ûnderwizers wiene, se sieten foar de haadakte.
- Hie 'k wol tocht, sei anke.
Hy frege him ôf, wêrom't se dat tocht hie. Hy miende sels altiten, dat it net oan him te sjen wie, mar dochs like er wat ûnderwizereftichs út te strieljen, oars hie se soks net sein. Hy naam him foar, sa gau as it mar koe dêr wat oan te dwaan, him oars klaaie miskien of in wat minder geleard gesicht lûke.
- Wy geane fuort, sei nic.
Tiny kaam oerein en gie mei nic de gong yn. Hy seach oan anke, dat se wat fan him ferwachte, mar it lokke him net oan en begjin in frijaazje mei in frommes dat him neat die. Hy soe de doar iepen dwaan en sjen dat er fuort kaam, mar anke gie yn syn paad stean en stiek har hân út. Hy fielde, dat er ûnfatsoenlik wêze soe as er dy hân negearre. Dêrom joech er har in poatsje.
- Goeie, sei er.
Der wie neat oan har te merkbiten. Se naam it deanormaal op, se wie net iens misledige, foar safier't er neigean koe. It fernuvere him dochs, elts
| |
| |
oar frommes soe op syn minst pikearre wêze, mar dizze net, se lake him sels ta. Hy begûn him ûnwis te fielen, hy woe fuort, hoe earder hoe leaver.
- Goeie, sei er nochris.
Anke die de doar foar him iepen. Yn 'e gong stiene de lytse teare en nic te frijen. Hy konkludearre, dat it sa gek noch net iens gie, as nic syn holle wat foaroer sakje liet en tiny tilde harres wat op, dan skeelde it net iens safolle. Se belibben der wille oan, dat wie dúdlik te sjen. Hy fielde wat fan ôfgeunst, wêrom stiene dy twa dêre leaf foar elkoar te wêzen, wêrom hie hy anke ôfstegere? Wie it dan al sa fier mei him kommen, dat er net iens mear gewoan genietsje koe? Hy flokte yn himsels en tikke yn 't foarbygean nic op 't skouder. Hy loek de bûtendoar iepen, dy't er net efter him ticht die. Hy rûn it tegelpaadsje del nei de âld rossinant, loek it portier iepen en liet him noflik op it foarste bankje sakje.
Efkes letter kaam nic it tegelpaadsje del. It grutte hynder en de lytse teare stiene yn de doar en seagen him nei. Nic loek it portier iepen, kletste it fûl efter him ticht. De doar fan it hûs foel yn it slot, it tegelpaad lei ynienen yn it tsjuster.
- Moatst ek weromkomme, frege nic.
- Gelokkich net.
- Ik woansdei, se ha in fuif.
- Hat se my neat fan sein.
Nic sei, dat er in grutte stommeling wie en dat er woansdei mar klear stean moast, want troch syn bot ôfstegerjen hie anke it grif net sizze doarst. Nic soe tiny noch wol freegje wat de bedoeling wie en dan hearde er it wol.
De motor sloech yn ien kear oan.
Ik krige noch in aardige priis foar de fiat. Der koe krekt in guodkeap folksweintsje ôf, dat sûnder auto sit ik net, ik kin ride.
Mar it die anke neat, want doe't ik de lêste deis foar't wy by elkoar wei giene mei it brikje by har kaam om noch wat spullen te heljen, seach se der net iens nei en se makke in skamperige opmerking, dat ik der op efterút gien wie.
En dochs hie se sa bliid mei dy fiat sport west. As se ried, siet se fol spanning efter it stjoer, de wizer fan de snelheidsmeter gie fûl heger, de bannen songen op it asfalt en der wie glimkjen om
| |
| |
har lippen. Se siet sa frij yn it platte sittinkje, har knibbels oan beide kanten fan de stjoerkolom, de rokken fier omheech slein. Ik seach har skonken, dy't rêd de pedalen betsjinnen, soms lei ik myn hân op har knibbel en streake de waarmens fan har fleis. Ik wie grutsk dan, dat wy dêr tegearre rieden, dat de beammen oan beide kanten mei faasje foarbystoden, dat de fierte hurd op ús ta skeat. Soms trape se it gas ynienen fûler yn, de motor begûn te spinnen en ik fielde de rêch fan de sitting tsjin my oan. En as wy foar ús hûs stoppen, knikkele en knapte de motor tefreden nei, anke rûn in slach grutsk om it weintsje hinne. Se die it portier hoeden op slot en se wie bliid mei dy auto.
Docht it har dan hielendal neat? Dy auto wie dochs fan ús tegearre, se mocht der graach yn ride, of sit se leaver by dy wouter yn dy reade folkswein? En doe't wy sels in auto keapje soene, woe se perfoarst gjin folkswein ha. Mar miskien is it de sjauffeur dy't it docht.
Somtiden kniep de jaloerskens my de strôt hast ticht. It hammere efter myn eagen, de hannen wiene my klam en myn eagen stiene my op prikjes oan 'e kop. Ik koe net rêstich lêze, ik jakkere troch it hûs as gek. Ik fleach fan ûnderen nei boppen, fan boppen nei ûnderen en werom.
Wêrom die anke it yn fredesnamme? Wêrom siet se mei dy ferrekte watse deelstra yn 'e saab te soademiterjen en liigde se my tefoaren?
Dy goare, geile, geastige, gleie, gleone, gekke, gystene, grappige, griperige, gjirrige, gaaierige, griene, glûperige, gemiene, gatterige, gnyskjende, gnobberige, graaiende, gelde, goede, gekoanstekkerige, gearsketten, guste, grinerige, gapperige, geniale, genieterige, geniperige, gerakkige, geryflike, gerstige, gesechlike, gêstige, gewante, gewearde, geweken, gewoane, gibbige, gymnastyske, gesellige, glêshurde, gliere, glysterige, gnypske en godfergetten, godferdommese glisterswam gatse geelstra.
Mei dy fint, dêr't alle adjektiven op fan tapassing binne, dy goare, geile, geastige, gleie ensafuorthinne âldehoer, dy semy-artyst, dy neukerige nachtjager, hoe helle se it yn 'e kop?
| |
| |
Ik seach harren stean, nei de foarstelling, (wat klinkt dat fernaam, f-o-a-r-s-t-e-l-l-i-n-g, hmmmmmmm, hmmmmmmm, hmmmmmmm), earne pubereftich oan 'e kant fan de dyk, griperich en graaiend, en o-o, wat hie er it slim, dy earme stakker, wie er artyst of net?, en begriep syn frou him of net?, no dan! En anke, anke stonk der yn fansels, sy wie wol sa goed en lien him har lippen, hjir moast holpen wurde, hjir siet immen yn noed, der moast rie skaft wurde.
Yndie, rie skaft wurde, mei de rokken oant boppe de earen en de skonken wit-ik-hoe-fier útelkoar. En dy watse deelstra, dy wie sa earlik en drink jûns noch in kop kofje by my, mar hy sei net, - betanke foar dyn frou, dat sei er net, en hy geniete noch nei fan hearlike, hoerige en hastige oerkes.
Mar op in jûn rûn it my oer de hege skuon. Ik hierde in auto en gie efter harren oan. Ik stie by de kroech dêr't se spilen te wachtsjen oant se nei hûs gean soene, it duorre lang, it wie dûnsjen, en anke hie noch lang gjin ferlet fan my salang't dy geastige fint fan in watse deelstra om har hinne spankere.
Se stiene ûnbeskamsum by de saab te frijen, hoe doarsten se, hy hie syn earms om har hinne, as wie anke syn eigendom, fergeemje. Doe't se yn 'e saab stapten starte ik de motor ek, ik jakkere efter harren oan, mar se hienen it fansels yn 'e rekken en bleauwen net stean. Doe moast ik earder thús wêze fansels, ik fleach my by frjentsjer hast noch te pletter, de dyk wie glysterich, en doe't dy twa thúskamen stie ik yn 'e gong te hymjen, om't ik de auto noch fuort bringe moatten hie.
En dy watse mar gnize, hy stoatskaafde glûperich om my hinne, dy rotsak, en dronk de kofje dy't ik set hie.
Anke glimke allinne mar.
Ik ha dy dochs neat missein?
(letargysk) Nee, dû hast my neat missein.
Ik wit teminsten, wêr't it om giet, ik wit dat wy prate moatte.
| |
| |
Astû net sa sletten wieste....
Hâld dy yn 'e goedichheid dochs stil.
Yn fredesnamme, hâld op.
(stilte).
It stiet my tsjin, it sit my hjir oan ta.
(stilte).
(ynienen) De manier dêrstû dy op oanklaaist ha 'k mear as genôch fan. Dû stiest gesichten te lûken yn 'e spegel. Dan tink ik, god, wat haatsje ik him. En astû dyn hier kjimst, ider flutterich triedsje op syn plak om dyn ûngelokkige keale plakken hinne, elts gebearte datstû makkest hinget my ta de strôt út. It is om mislik fan te wurden, sa belachlik bistû.
(sear dien) Hâld dochs op.
Astû dyn tee rierst moat ik hast gnize, eltse moarn weroan. De stikjes klibberige bôle bliuwe dy tusken dyn stjonkende tosken hingjen. Dû spielst se fuort, dyn wangen puolje út fan de tee, god, ik haatsje dy.
En jûns falstû mei dyn dierber boek yn 'e sliep, dû flibest op dyn revers en dyn toffels falle dy út. Astû sa hingeste tink ik, hy liket wol dea en it spyt my, astû wekker wurdst.
Soms sitstû op 'e râne fan 't bêd dyn teannen út te plúzjen, mei bestudearre skokjes pluzest dyn teannen út, ik walgje fan dy.
(ferslein) Dat meist net sizze.
Hoestû rinst, ik gniis my dea, dyn boksen flutterje om dyn latten, krekt as stiet der in stoarm. Dû bist krom, witste, krom fan al it gewicht datstû meitôgest en dan wraggelest as in ein.
Ik hâld my yn, oars soe ik de hiele dei om dy gnize. Ik bin wurch fan it ynhâlden. Der binne dagen, dat ik my ôffreegje, wêrom't ik dy net rjocht yn dyn troanje útgniis. Dû bist ferachtlik.
(minder fûl) Ik wurd der deawurch fan, ik kin der net mear oer.
| |
| |
Sis dat dochs net.
(stilte).
(ûnwis, bang) Soks meist net sizze.
(tige foarsichtich, noch net wis) Dû bedoelst it sa net, dit giet allegearre bûten dysels om, dû bist oerspand, dàt is it.
Dat moat sa wêze, alles is ommers goed tusken ús, wy binne allinne wat op 'e doele.
Justerjûn ommers, it wie allegearre goed. It wie dochs goed, is 't net sa?
(ynienen wer fûleindich) It wie net goed. Ik kin dyn streakjen net mear ferneare, fan dyn oanreitsjen bliuw ik stienkâld, en as it dy oars oan komt, dan komt dat, om't ik tink dat in oar my oanhellet.
(kroanet) Dû makkest alles stikken.
Stel dy net oan, it is ommers allang stikken, dû witst it likegoed as ik. Hingje asjeblyft de pias net út.
(ynien lilk) Ja, godferdomme, it is stikken, dat wist ik al lang, al sûnt dy kears datstû mei dy rotkeardel...
Hâld der dochs oer op, dû bist jaloersk.
Dêr bin ik allang oer hinne, dat leart men wol as men mei sa'n ien as dy troud is.
En dochs bist jaloersk, ik kin neat dwaan, net in minút letter thús komme, of dû sitst mei in rotgesicht yn in krante te stoarjen, krekt oft ik net te fertrouwen bin.
Dû bist net te fertrouwen.
Justerjûn hawwe wy wer spile. Ik ried der mei janke en lys hinne, it swit stie my yn de hannen, it stjoer slipte my sa no en dan gewoan troch de fingers. Ik smookte as in wyld en it rotgefoel yn 'e mage
| |
| |
waard hyltiten fûler. Hoe tichter wy by boelensloane kamen, hoe trilliger ik waard. Janke sei, dat ik net sa ferrekt suchtsje moast, om't se der beroerd fan waard. Ik wist net iens dat ik suchte.
Wy stiene krekt op in krúspunt te puzzeljen hokker kant wy útmoasten, doe't fan rjochts watse syn saab oansetten kaam. Hy stoppe en frege oft wy ek in tinte sjoen hiene. Janke sei fan nee, want oars hiene wy dêr net stien.
Ik seach har nêst watse sitten. Se seach stûf, se biet hyltiten mei lytse, koarte feninige skokjes op har tosken, dat die se altiten wannear't se senuweftich wie. Oan myn sliepen begûn it klopjen wer, myn hannen leine te triljen op it stjoer. Se seach in oare kant út, se woe my net sjen, ferdomme, se woe my net sjen, my net, dy't sân jier mei har troud west en wit-ik-hoe-folle toanielen mei har bespile haw.
Se siet altiten nêst watse. Soms permittearre watse him lytse frijheden, dan lei er syn hân op har knibbel of syn earm om har skouder hinne. Miskien wie dat noch in oerbliuwsel út de tiid, doe't se beide noch by rommert naberman spilen. Watse is nei dy tiid altiten wiis mei har bleaun, logysk, watse wie teminsten net sa'n ien, dy't stiennen yn 'e boarnen smiet dêr't er út dronken hie. Miskien wie der by anke ek wol wat langst oerbleaun nei dy tiid, doe't der noch gjin kontrôle fan myn kant wie. Ik bin der wis fan, dat watse my om anke foar dy ferrekte teaderol yn ‘befke, de heideferpleechster’ frege hat. Anke allinne hie er noait klearspile, dêrom moast ik opdrave, en miskien wie er ek wol bang foar himsels.
Wy rieden fierder efter de saab oan en fûnen de tinte. Wy giene it terrein op ik seach noch krekt dat se útstapte. Har hearlike skonken giene nei de grûn, se seach net op of om, doe't se ûnder it doek fan de tinte troch gie. Ik seach de jas oer har broadsjes spannen en ik wist net hoe't ik moast. Efter myn eagen briek wat, myn midrif begûn te krampjen, mar ik koe it ynhâlde.
Harm kaam by my, hy lei syn hân op myn skouder. Hy kniep fiks ta en hy hat noait witten, hoe't er my in dûst yn de goede rjochting joech.
| |
| |
Net ien wie fleurich yn 't begjin. Se seagen allegearre like stûf, om 'e sminkdoaze wie it in gedrang fan komsa, net ien lake, se hiene allegearre wat te sizzen op 'e spegel, dy't net stil hingje woe en op it ljocht, dat der net wie.
Anke klaaide har oan 'e oare kant fan it toaniel út. Soms koe ik har bewegen sjen. Ik seach de blankens fan har hûd en doe't ik klear wie en op it toaniel stean gie, seach ik har boarsten fol en waarm oan de bopperâne fan har ûnderjurk. Letter gûnze har stim oer it toaniel en doe waard it makliker. Mar doe't ik har oan de ein fan it twadde bedriuw in hân jaan moast en sizze: ‘Oant sjen dan mar, mefrou,’ doe koe ik it net en it gie glêd ferkeard.
Yn 't skoft siet se te rollearen, se biet wer op 'e tosken, se moast hyltiten har eagen iepen en ticht dwaan, miskien fanwege it temin oan ljocht, miskien om't se gûlde. Se koe boppedat har rol wol, se hie him mear as hûndert kear spile, dat se siet har dêr te ferbiten en fûn it like rottich as ik. Ik gie nei har ta en begûn te praten oer de spegel dy't ik graach ha woe en dy't sy meinommen hie. Se seach my oan mei dy djippe, griene eagen fan har. Der wie fertriet yn. Ik lei myn hân op har skouder en lake har oan, krekt lyk as froeger as wy in rûzje byleinen. Ik begûn te laitsjen en dan wie 't oer. Har eagen laken werom, ik lei myn hân yn har hier en loek hiel foarsichtich, krekt lyk as earst. Har eagen waarden grutter, der wie efkes in begripen tusken ús.
Wêrom moat dit allegearre, wêrom fiele wy ús beide leech en hol, wêrom stek ik myn hân net út en wêrom leit hja harres der net yn, wêrom binne wy net mear sa ticht byelkoar?
Anke, wêrom bart dit mei ús.
|
|