| |
| |
| |
Opdroegen oan alle ferrette, ferhünde, besoademitere en ferlitten beminners, en oan eva, hja wie it dochs mei dy appel, en eltse frou hat by eintsjebeslút wat fan in hoer.
| |
| |
Warskôging oan alle psychol-, teol-, pedag- en oare ogen: it is sa klear as in klûntsje, dat myn fantasije siik is, om't fan alle feiten en omstannichheden yn dit boek gjin donder wier is.
| |
| |
| |
Ien
(Anke). Dû, mei dyn blanke skonken, te foars miskien, mar blank oant boppen ta, skonken, sa't net ien oare frou se hat, en sa blank, dat gjin ien der weet fan hat. En boppeoan, hast al by de ljisken, begjint it krollerige, dûnkere hier en it krollet.
Ik wit hoe't it is by dy te sliepen, wa kin sa sliepe as dy? Leppeltsje oan leppeltsje, en dyn broadsjes waarm en bleat tsjin my oan. It jûket dy altiten, fan myn hier, yn it begjin moatstû klauwe, mar dan went it. God, dat sliepen by dy.
Ik wurd wekker, op myn earmtakke sjoch ik dy oan. Dyn sykheljen is it libben sels. Dyn lippen waarm, dyn lippen, dyn twa foarste tosken komme der justjes tusken troch, se kinne tear bite, ekfûl soms.
Astû dyn earmen om my hinne dochst, wat is der dan noch oan problemen, de keamer falt ynienen stil en in lyts ljocht gluorket fyn en waarm yn 'e spegel.
Dû leist altiten op 'e side, de bôge fan dyn heupen yn in leaflike spanning ûnder de tekkens, dyn boarsten mei de ljochtbrune knoppen, as ik stryk wurde se hurd en geane nei bûten ta. As ik se tútsje wurde it sêfte bonbons oan de seamen fan myn lippen.
Dyn earms. Earms fan in frou, nee, earms fan de frou. Hoe sierlik kinst se bûge, hoe leistû se om myn hals en astû klear komst binne se hurd yn myn nekke, stadich komt de gewoanens der wer yn, tagelyk mei it begjinnen fan dyn sykheljen. Hoe kinstû neitrilje, de spanning suchtest wei, ik lis mei myn holle op dyn skouders en ik kom langsum werom yn mysels, myn leafste leafste, wa kin it sa as wy tegearre, wa kinne sa sliepe, dat wy ús de oare moarns net útelkoar kinne en it is in
| |
| |
heikerwei, de dei allinne te begjinnen. De hiele dei is der in langst yn my nei dyn waarmens en jûns tear ik my iepen nei dat sliepen.
Wa sil dat ûnderfine as ik, ik dy't dy ken as gjin oar, ik, dy't dyn stal bereizgje oant yn de fierste úthoeken, ik, dy't weet haw fan dyn moaiste plakjes en fan it op-en-del gean fan dyn bûk, fan it waaksen fan dyn hier, fan dyn waskjen en kjimmen. Dû stiest foar de spegel sa't net ien frou dat kin, it spegelbyld is moaier en sêfter as hokfoar spegelbyld fan hokfoar frou dan ek, wa soe it wêze moatte, wa?
Wat hastû mei my dien? Wêrom hastû dyn wûnderlike hannen om myn wangen lein, wêrom sjochstû my oan mei dy eagen fan dy, dy't grien binne en ljocht en djip. Dû streakest my as ik wurch bin, myn hûd giet iepen nei dyn hannen en dyn waarmens. Wy falle yn 'e sliep en wat soe der mear wêze kinne as allinne dat sliepen?
Hoe kinstû lizze mei dyn hannen yn 'e nekke, dyn oksels lizze iepen en it hier datstû dêr somtiden weiskearste begjint wer te waaksen, lytse kroltsjes mei dyn rook. En dû lakest, mei ien earm lûkstû myn holle der hinne, dat bistû anke, waarmens en de rook en it libben fan dyn oksel.
En hoestû prate kinst. Sêft oan myn ear, dyn eagen ticht of lyts, dan giet alles wer fuort, wêr begjinstû en hâld ik op? En dyn lûd driuwt troch de sliepkeamer mei dyn giel en myn read lampke boppe ús kessens, anke, ik hâld fan dy.
Dû rinst keninklik. Lang en steil en rjochtop, de bôge fan dyn heupen ûnder de lichte rôk, de beide ynhammen fan de mul mei de brede bân, wat rinstû, út myn lokaal wei sjoch ik dy nei oer it plein, de bern sjogge dy gean, dû draaist troch it stek, dû rekkest út myn eagen om 'e hoeke. Astû weromkomste kin ik dyn eagen sjen en dyn gean fan foaren. It giele truike draachstû waarm en iepen yn de sinne.
Dyn lizzen, neaken op 'e tekkens. Dyn blanke lea op 'e rûge stoffe, dyn skonken en de trijehoek mei de krollen, dûnkerbrún. It hier, dat breedút op 'e plústers leit. Dû sjochst my oan as ik my skear en dû leist dêr, ik sjoch it yn de spegel, dyn boarsten sakje loffelik nei de sydkanten út, de knoppen lizze as kersen op dyn boarst. Stadich wurde se ronfelich en belúnje, oant se weiwurde. En dû lakest, dû giest der mei de fingers oerhinne, se wurde hurd en dû bist dû wer.
| |
| |
Wat tinkste, wylstû dêr leiste en nei my sjochst, wat tinkstû astû lakest en my besikest weak te meitsjen? Wat tinkstû as ik nêst dy lis en dyn boarsten yn 'e hannen nim?
Wêrom giet in houlik kapot?
En dan leit se dêr yn swimpak op 'e lisstoel, like moai as altiten, en se sjocht net oars as ik ús auto ferkeapje om't wy útelkoarren gean en ik allinne gjin auto betelje kin. Dêr giet er, de hoeke om by de jong, it âldwiif dat him ús altiten misgund hat stiet te gnyskjen. En wie it no samar in auto, mar it wie in masterlike fiat, type 850 sport. Se koe him ride, hy paste by har as ien, se skeakele op as in wyld, de wizer fan de toereteller stie te triljen op 'e reade streek, har hier waaiend om 'e holle, de ruten iepen en se song.
Se sjocht net oars. Se leit dêr en glimket wat, god wat is se moai, it swimpak sletten om 'e lea, har heupen leaf en stil ûnder de stof. Se sjocht net oars. Krekt as dy waarme snein, gjin blêd beweegde, de fûgels tsjatteren net, yn 'e fierte hinge in swiere tongerbui en it wie sa near, dat se op 'e rêch op in tekken yn de tún lei. Se lei dêr breedút waarm te wêzen, gjin bewegen kaam der út har, en it swimpak stie har strak en geef om 'e hûd, dy't glêd wie fan waarmens. Ik siet yn it keammerke fan skoalle, myn fingers glieden fan 'e toetsen fan de switterigens. Ik arbeide oan in ferhaal, mar it woe net, ik siet te switten as in oandrager. Ik rattele as in gek mei de letters, mar ik soe it letter ferskuorre, ik wist it.
Ik die de skoaldoar efter my ticht, ik seach har lizzen, ik gie nei har ta en liet my nêst har falle op 'e tekken. De plústers kreauwelen oan myn fel. Ik seach, hoe't har búk op en del gie ûnder it swimpak, ik loek mei myn wiisfinger de lange tinne streken nei, dy't it swit yn fine sulveren spoaren út har nekke tekene. Se lei dêr, deasimpel op in tekken, yn har eigen hûd en waarm om't it waarm wie. Ik lei nêst har en seach hoe't se waarm wie. Myn fingers loeken oan de bantsjes fan it swimpak, ik skode se fansiden oer de krûming fan har skouders. Se die, as hie se it net yn 'e rekken, mar oan it kniperjen fan har eachlidden seach ik it. Se wist it, se liet my gewurde, oant har boarsten yn it ljocht wiene, de bantsjes
| |
| |
toarken earne ûnder har earms en de knoppen kamen hurd nei bûten. Ik naam se yn 'e hannen, doe draaide se har stadich om, oant se tsjin my oan lei. Har earms giene om myn hals en ik wist allang hoe let it wie. En elts koe it sjen, it skoalplein wiene gjin beammen foar, allinne mar in stek fan gaas, mar der wie gjinien. De efterdoar stie iepen, mei ien swaai loek se de tekkens fan it bêd, dat wie goddomme deselde spontanens dêr't se letter wouter mei yn 'e mjitte kaam. Wouter, dy skurk, dy boerske prolurk.
Ferdomme ja, wêrom rint in houlik stomp? Sy kin it my sizze, sy soe it dochs witte moatte, sy ken de kneepkes fan it fak, it wie foar har dochs in fak?
Ik woe dat se weromkaam, mar wêrom rint in houlik mis?
Wêrom seist neat?
(stilte).
(lûder) Wêrom seist neat?
(stilte).
Sorry, ik bedoelde it net sa.
(stilte).
Dêr giet it net om.
(stilte).
Ik sis dochs, ik bedoelde it net sa.
Dêr giet it ommers net om.
(wurch) Hâld dy dan stil.
(stilte).
Der is mei dy net te praten.
| |
| |
Hâld op, it hellet neat út.
Is it dy dan de muoite net mear wurdich?
(stilte).
Is it de muoite net mear wurdich?
Ik anderje net.
(stilte).
(suchtet) Hâld asjeblyft op.
(stilte).
Dat hoechst net te sizzen.
As ik wat sis, is it net goed.
Moatte wy dêr fierder oer sanikje?
Hâld dy dan stil.
(stilte).
| |
| |
(hastich) Der moat in petear komme, in petear.
(wurch) Wy hawwe al salang praten.
It is net goed sa't it mei ús giet.
Dû bist oeral wis fan.
(stilte).
Ik wurd der sa ferdomde wurch fan.
Dat wurdt de safolste kear.
(ynienen lilk) Doch dan ris in bek iepen!
(wurch) Hâld dy dochs kalm.
(fertroulik) Sis, wy moatte prate.
It hat gjin sin.
(stilte).
| |
| |
(wurch) Goed, it hat gjin sin.
Dû kinst myyn elts gefal gewurde litte.
Dat soe foar alles better wêze.
Astû dat koeste, soene wy in ein fierder wêze.
Dû begrypst it ommers net.
Dêrom hoechst de skoalmaster net te spyljen.
Mar ik mei it dy dochs wol útlizze?
(wurch) Toe-no.
(stilte).
hastich) Sis, moatst harkje, wy geane jûn betiid op bêd. Ik krûp dy oan en ik....
(slacht har net acht).... tútsje dy....
(raast ynienen) Hâld dy de bek!!
Fansels is dit boek rankune, deagewoane, bleate rankune. Rankune, om't ik in kâns miste, rankune om't ik der net by wie, rankune om't myn wiif my besoademitere, rankune om't ik as bern gjin kâns krige en om't ik jûns siet te wachtsjen op in frou, dy't it ferdomde om thús te kommen.
In strafoefening is dit boek, straf foar anke, dy't der mei in oar útnaaide, straf foar wouter, dy't it lef opbrocht en gean der mei in oar syn wiif fan troch, en straf foar my, om't ik wouter net op syn
| |
| |
skurkeftich gesicht timmere en him dingen dwaan liet, dy't er net dwaan mocht, om't se him net oangiene. Ik hie him neisjen moatten, en net sunich, ik hie him it hûs út wâdzje moatten, him traapje moatten, oant er âljend en kroanend by syn frou kommen wie en smeke om genede. Krûpe hie er moatten, krôljend krûpe oer de flier, yn syn eigen moude, wylst it fel fan syn noas skuorre en de flibe him út de mûle rûn. Jammerje hie er moatten, ordinêr jammerje, oant er it stal wer oannaam dat sines wie, nammentlik dat fan in gewoan, karakterleas en boargerlik mantsje, dat allinne mar yn 'e pine sit en deagewoan bang is. Dan hie er teminsten syn bern wer earlik ûnder eagen komme kinnen, en as er wat in keardel west hie, soe er sein hawwe:
- Jonges, hjir is heit wer, hy hat in pak op syn donder krige, mar heit hat it fertsjinne. Kom, wy sille boartsje.
Mar dat die er net, hy net, dy wouter. Dat koe er net opbringe, dat wie in stap, dy't te grut foar him wie. En as er jûns nei anke gie, net as ik thús wie, want dat doarst er ek net, dan tute er syn bern en sei, dat se leaf en gau op bêd gean moasten, want heit hie in gearkomste. Mar hy sei net:
- Ik kin jûn net mei jim boartsje jonges, want heit giet nei in oare frou. Dat hie er dwaan moatten, dat koe er allinne mar dwaan as er keardel wie, mar hy wie gjin keardel en dus sei er it net. Hy gie, hy liigde syn frou in stik tefoaren en gie nei anke, wylst er efter it stjoer fan syn reade folkswein siet en oan anke tocht en oan de plezierkes, dy't him te wachtsjen stiene, dan krige er al in stive sturt, want dat wie de iennichste manier dêr't er noch op reagearje koe. Dat ding wie it iennichste dat libben oan him wie, want syn harsens en syn gewisse wiene al sûnt jierren dea, sels syn fantasije libbe al net mear. Allinne wannear't er oan in frouljuskont tocht, dan krige syn fantasije ynienen blauwe kleurkes en de reek sloech him ynienen yn tsjûke wolkens út syn broek.
Ik fernuverje my der noch altiten oer, dat syn frou it net murken hat. Der moatte ommers sûnder mis grutte skroeiplakken op bepaalde plakken yn syn broek sitten hawwe. Mar miskien waarden dy wol kamûflearre troch de bûter, dêr't er op 'e kont yn fallen wie.
| |
| |
En hoe rêde er it yn fredesnamme mei syn frou? Dêr hat er miskien ek in ferlechje foar hân, sûnder mis, sokken as wouter binne sterk yn ferlechjes. Foar myn anke hie er ek ien, syn frou begriep him natuerlik net en hy hie it sa slim, want se wie sa lestich en se fertroude him net. Mar dat syn frou him earder begriep as hy har, krong fansels net ta dat benaude lyts bytsje ferstân troch. Dat er de pias úthong, sil er ek wol gjin weet fan hân hawwe. Dêr hoegde er lykwols ek gjin weet fan te hawwen as er syn gleie rûp yn anke treau, dat koe er sa wol, dêr stie syn tinken bûten fansels. Mar dat elke oerhoerige man sa by syn leafke komt en har mei itselde smoesje op 'e tok hâldt, dat hie anke witte moatten, mar se wâde der yn en se joech wouter sadwaande de kâns falsk te spyljen.
As er nachts let thúskaam, tige let, want in man as hy is net mei in bytsje tefreden en sperma hat hy ek net sûnder limyt yn foarrie, dan kroep er nêst syn wiif en sei, dat de gearkomste sa ferhipte lang duorre hie en dat de ûnderwerpen sa taai west hiene as hier. Yn himsels lei er dan te gnyskjen, om't er wol mei hier te meitsjen hân hie, mar taai, nee, dat hie it perfoarst net west. Hy bewûndere himsels fanwege syn gefoel foar humor en hy wie tefreden om't it allegearre sa prachtich draaide. Mar dan fielde er syn knibbels, dy't wat ryklik slop en trilderich wiene en hy sliepte de sliep fan de rjochtfeardigen. De kupido's stoden as bijen om syn holle, mar as se skeaten, dan rekken de pylkjes nuver genôch noait syn hert, mar troch in wûnderlike kronkel fan it lot floepten se tafallich allegearre troch de gulp fan syn pyamabroek. De oare moarns waard er wekker mei in pik sa stiif, dat er him der sels oer fernuvere, dat sa'n ding sa hurd wurde koe.
|
|