| |
| |
| |
20 Brief fan Bertha
Ha suske, it rint nei de ein wat it skriuwen fan mem oanbelanget. Ik mail dy hjoed de lêste brief. Bertha fertelde dat se letter altyd mei elkoar bellen, inkeld kaam der nochris in brief. Belje naam minder tiid yn beslach, it wie makliker. Spitich, want sa is der in hiele soad fan it deistich libben op Sitebuorren ferlern gien. Troch de brieven fan mem is der in tipke fan de wale optild. Yn dizze brief lês ik dat ik yn de eksamenklasse fan de ULO siet yn 1963. Lykas op de legere skoalle wie ik ek dêr in ienling; ik hie omgong mei jonges út myn klas dy 't fan Warten en Wergea kamen - bûtenbern. Foaral yn 'e heechste klassen haw ik my beroerd field.
Op de kweekskoalle krige ik mear myn draai. Ik bin noch altyd tankber dat ik dy oplieding dien ha. Leararen dy't my yn kontakt brochten mei nije saken: Cor Nijdam dy't my yn 'e kunde brocht mei klassike muzyk (abonneminten op operasearjes fan Opera Foarum en it Frysk Orkest, girtaarles, sjongles, lid fan it ‘Heerenveens Vocaal Ensemble’; David Hartsema idem mei literatuer; Kuiper idem mei sosjology; Wijers idem mei teoretyske pedagogyk en filosofy; Sjoerdsma idem mei tekenjen (ik ha noch de legere akte tekenjen helle yn 'e kweekskoalletiid op syn oantrúnjen ). It wie de tiid dat de algemiene foarming fan de learkrêft foarop stie - de ûnderwizer as kultuerdrager. No steane de kompetinsjes foarop - mar ik tink dat it in miks wêze moat. Yn alle gefallen hat dy oplieding by my ynteresses wekker roppen dy't ik noch altyd ha.
Mar hawar, de lêste brief, it sil it misse, ús kontakten fan de
| |
| |
ôfrûne wiken. O ja, Bertha frege as se in kopy fan dat artikel oer dy skoalboat krije kin, wolsto har dat tastjoere?
Groetnis, Oane
Siteburen 17 november 1963
Lieve Bertha, Hin en ‘bern’!
Ja onze dochter is nu al weer 9 jaar en groot en flink hoor, maar draagt ook al een bril. Zij zag op school niet zo goed. Nu, daar lachen wij ook nog wel eens om, hoor. Zij wil zo graag nog eens een baby erbij. Nu had ik laatst zo'n buikpijn en zei zij onder het eten: ‘Miskien bringt ús mem wok in poppe.’ Nu, de ene kleur ging mij op en de andere af. Zo'n kleine aap, hè? Nu, wij maar geen baby's meer, wel? Volgend voorjaar zijn we, als wij het beleven 25 jaar getrouwd. En Jaap heeft ook al grote plannen. Die is in Sneek een huis toegewezen en zal hij deze winter wel gaan trouwen. Overigens ben ik wel blij voor hem, want hij reist altijd van Sneek naar hier, iedere dag. De dagen met goed weer op de brommer en anders met een auto van de zaak. Zijn meisje is nog niet zo oud, zij wordt in maart 21, maar ze hebben al zo lang verkering, ik denk wel 4 en een half jaar. Anne zit in de examenklas van de Mulo. Wat de boerderij aangaat, ach dat gaat wel, geen grote tegenslagen de laatste tijd, maar de melk kost veel te weinig. Dat beetje dat er bij is gekomen, gaat met de nieuwe prijsverhoging zo weer weg. En vreemd is het, als onze producten iets meer moeten opbrengen staat de wereld bijna op zijn kop, maar wordt de koffie, de suiker of de sigaretten duurder, dat is maar gewoon. Enfin, geen gemopper per brief. Wij zijn allen gezond en de brief is vol.
Vele groeten van allen Dora, Gooitzen en bern
Dy bril! Dy dei op skoalle dat se der achter kamen dat ik eins net folle seach, heucht my noch skoan. As it no de juffer wie,
| |
| |
of by de skoaldokter, dêr wol ik ôf wêze, yn alle gefallen moast ik earst achter yn de klasse stean gean; ien hân foar it each en sizze wat der op it boerd stie. Mei kryt waard der wat op skreaun.
Ik seach mar amper dat der in boerd hong, lit stean fan dat ik seach dat der wat op stie! Ik moast in pear stappen nei foarren dwaan, healwei it lokaal stean bliuwe. Der skimere al wat wyts op it boerd, mar ik koe net sjen wat it wie. Doe't ik hast mei de noas op it boerd stie, koe ik it lêze. MEM.
It wie wol dúdlik dat ik in bril ha moast. It fierdere ferrin wit ik neat mear fan; oft ik al of net nei in eachdokter ta west ha, of hoe't it om en ta gie by it útsykjen fan it montuer. Mar histoarysk binne de wurden dy't ik útsprutsen moatten ha doe't ik mei de nije bril op thús kaam: ‘Mem, der farre skippen yn 'e feart!’ Dy hie ik blykber noch nea earder sjoen.
Dy útsprutsen sin ‘Miskien bringt ús mem wol in poppe’ Wie in utering fan in djip langstme nei in lyts suske, krekt as myn buorfamke hie. Altyd ien om mei te boartsjen. Myn broers wiene al grut yn myn eagen, dy libben harren eigen libben. We skeelden tefolle om in soad oan elkoar te hawwen.
As ik troch de Burd fytste, strúnde ik faak mei myn eagen de berms ôf: miskien fûn ik earne in berntsje dat te fûnling lein wie en dêr't ik foar soargje mocht. Mar, wat yn boeken wol barde, kaam by ús op Sitebuorren spitigernôch net foar.
In oare kear haw ik ús mem wolris frege, ûnskuldich bern as ik wie: ‘Mem, ik wol sa graach in lyts suske ha.’ Mem lake doe wat ûnwennich en sei: ‘Mar dan wol dy miskien èk wol wer in broerke of in suske ha.’ Ik seach it beswier net, mar it waard my wol dúdlik dat ik gjin hope hoegde te hawwen.
De lêste brief, hy is fan 1963, fiif jier foar't we nei Warten ferhúzje soene.
Yn dy fiif jier soene der noch grutte feroarings har beslach
| |
| |
op Sitebuorren krije. De grutste hat nei alle gedachten it oanlizzen fan de autowei troch de Hege Warren west. Mem hat der noch net oer skreaun, it sil nei 1963 west ha. Dy nije wei, spannend oan de iene kant: de auto koe tenei by hûs stean. Der waard in nij hok op it hiem foar it ridend reau boud. Grutte masines ferskuorden de rûge natoer fan de Hege Warren, asfaltmasinen makken in glêde baan troch de greiden. It lân waard ferkavele en der waarden nije pleatsen boud. De Hege Warren rekke bewenne; meast boeren fan de kant fan de Wâlden, allegear oriïntearre op it doarp Aldegea.
Mar wêr't ik tige oan wenne moast, wie dat dy dyk ek it isolemint fan Sitebuorren ferbruts. De nije wei brocht in soad frjemden by de pleats. Toeristen neamden we dy lju. Benammen yn it earstoan kamen der faak minsken dy't in eintsje te toeren wiene en op Sitebuorren stomp rûnen. ‘Rint de dyk hjir dea?’ Foar't se de mûle iepen diene wisten we al wat se sizze soene. Earst leine we út hoe't it siet, letter hiene we ús nocht derfan en folstiene we mei in koart ‘ja’.
Ik fielde my ûnfrijer mei dy frjemden dy't samar oer it hiem kuieren om te sjen hoe't it der hinne lei. Ik mocht graach in eintsje mei myn geit kuierje, útdekkingstochten meitsje yn myn belibjen, mar dan seachst yn de eagen fan dy frjemden de niget dy't se dêr oan hiene en wie it boartsjen bedoarn. Sitebuorren fielde ynienen lang sa feilich net mear.
De auto kaam by hûs te stean en mem krige in Solex, dat wie handich as se nei Aldegea ta te boadskipjen gie. Ik wie noch gjin sechtjin, mocht der dus offisjeel net op ride, mar ik die it wol; watfoar plysje soe my yn de Hege Warren betraapje? Boppedat seachst in polysjeauto al fan fierren oan kommen.
Mar, wat ik nea foar mooglik hâlden hie, ek Sitebuorren soe út myn bestean ferdwine.
Earst troude Jaap, mem skriuwt der al oer. Ik krige in nij
| |
| |
pakje en mocht mei mem nei de kapper. Beide krigen we wettergolf yn it hier: in âldwivekapsel op in bernekopke, op de foto's prachtich te sjen. Fan de trouwerij wit ik net folle mear. It iennichste dat my bybleaun is, dat ik in plestik taske yn de hannen hie; dat fûn ik it moaiste fan de hiele dei. In taske mei in bûsdoekje en in fleske rûkersguod. Soks hie ik noch noait hân.
Us Jan krige letter ek fêste ferkearing mei syn Jeltsje. Us buorman grapke doe: ‘Se komt út Kollum of Burdaard, it is grif in hiel rêstich famke’. Jan soe mei heit fierder buorkje, mar de pleats wie te lyts om foar twa húshâldings brea op de planke soargje te kinnen. Der moast wat oars komme. En sa giene we der doe sneins somtiden op út om pleatsen te besjen. Ik haw in pear kear mei west: nei in pleats tichtby Lekkum, in oare kear nei in pleats by Britswert. Spannend fûn ik dat, my net realisearjend dat ik dêr dan ek echt wenje soe en Sitebuorren ferlitte moast.
It waard in pleats by Warten, ek wer oan it wetter, oan it Langdiel, in wetterferbining fan Ljouwert nei de Alde feanen. De skippen kamen noch tichter by hûs lâns as op Sitebuorren, se foeren foar hast foar de ruten del.
Mar, wat like it mâl doe't we op it stee kamen. De pleats wie in skoftke tebek ôfbaarnd en soe opnij opboud wurde. It wie in grutte wyldernis om hûs en hear. It hiem wie oergroeid mei fitergers, as mânske spinreagen lei it oer púnbulten en ferbaarnd hout. It gers stie op stannen, sa't heit dat neamde, gers dat maitiids noch net meand wie.
It like ús heit-en-dy skoan ta. In nije huzinge, boud op de âlde fûneminten, goed lân, gjin striid mear tsjin it wetter en tichter by de bewenne wrâld. Ik haw nea oan heit fernommen dat hy der muoite mei hân hat om it âlderlik stee te ferlitten. Ik hie my dat oars goed yntinke kinnen, pake hie dêr ommers in bestean opboud dat heit fuortsetten hie. Mar heit wie frij
| |
| |
saaklik yn dat stik fan saken, wol ik leauwe. Foar mem sil it oars lein ha. Mar mem soe it ek nofliker krije: in nij hûs, in nije keuken, dat it gie oan. Sitebuorren waard ferkocht en foar de mannen bruts der in drokke tiid oan, der moasten twa pleatsen berêden wurde. Foar my feroare der net sa hiele folle, ik koe gewoan op de ulo yn Grou bliuwe, dat wie fertroud. Ik moast allinne wat langer fytse, mar der stie tsjinoer dat we fan it gemiter fan pont en skou ôf wiene, dat kwa tiid sil it net folle skeeld ha.
It ferhúzjen gie op âlderwetske wize, teminsten wat it fee oanbelange. Mei in boat waarden de kij nei Warten ferfearn.
Wy ferfoeren op in sneon, it wie skitterjend sinneskyn waar en der stie hast gjin sigentsje wyn. De famkes fan de buorlju wiene ek mei, it wie grut feest. It moat in prachtich gesicht west ha, al dy kowekoppen dy't wjerkôgjend oer de râne fan de pream de feart delfoeren. De bisten hiene der ek wol niget oan, se wiene sa kalm as in pûn moal.
Yn Warten wie de tiid fan it romantysk buorkjen út myn bernejierren foarby Yn it bûthús wie in moderne stâl makke, de kij stiene mei de koppen nei elkoar ta, dertuskenyn it foerpaad dêr't it fretten mei de trekker brocht wurde koe. De kij koene harren frijer bewege, der wiene gjin hannelskudden en de koppen sieten yn metalen bûgels dy't by fertikale linten lâns gliden. Foar de manlju wie it in stik nofliker; it mjoksjen gie elektrysk, allinne de stallen fan it jongfee moast mei de hân dien wurde. In modern spiellokaal mei alle gemakken fan dy tiid. De souder wie fan beton, men hoegde net nei te tinken wêr't de fuotten delsetten wurde moasten lykas op Sitebuorren, dêr't it op plakken net fertroud wie.
De katten dy't we op Sitebuorren nea hân hiene, wiene op It Heechhiem rom oanwêzich; nei de brân wiene der in pear katten op it stee hingjen bleaun dy't jongen krigen hiene. Wylde katten dus, dy't allinne by it melken foar it ljocht
| |
| |
kamen. Se huzen op de heasouder en yn it hea. Fretten krigen se net, se soargen sels foar harren wiet en droech: lêst fan mûzen hiene we net. Ik besocht se nuet te krijen, lokje mei molke en fleis, mar it slagge my net. Heit-en-dy lieten se gewurde, joegen se sa no en dan in stealtsje molke. Letter is der sykte yn kommen en binne se stadichoan allegear ferdwûn. Ik krige fan mem doe sels in kat, mem oerwûn har wjerstân; in leave lapkeskat dy't ivich en erflik op heit syn stoel lei. As heit yn 'e hûs kaam en de kat lei op syn plak, dan krige er it kessentsje beet en skodde de kat derôf. Gjin begrutsjen mei it bist, ik wol!
Bello hat ek noch in jier as wat op de nije pleats wenne, de lêste jierren waard er krebintich en dôf. Dat lêste is him needlottich wurden, hy stie yn de skuorre en fernaam net dat de trekker achterút ried... De feedokter hat him nei de hûnehimel spuite.
Alles waard oars. Myn broers ferlieten it hûs, Jaap wenne al in pear jier mei syn Rinske yn Snits, Jan en Jeltsje krigen in hûs yn Warten en Oane troude mei Geke en kaam yn Grou te wenjen. Doe't er wurk as ûnderwizer yn De Wylp krige, setten se harren dêr nei wenjen. Alle kearen wer in leech plak mear oan tafel, it waard sa stil yn 'e hûs! Mar ik waard ek âlder en myn wrâld waard grutter as it hiem en it doarp. Noch letter, doe't Jan op de pleats kaam, ferfoeren ús heit en mem en ik nei in húske yn de buorren. Dêr sloech ik al rillegau ek myn wjukken út en fleach út eigen fearren nei Bitgum om nei tsien jier as beukerliedster wurke te hawwen myn eigen húshâlding op te setten en dêr bin ik begûn te skriuwen. Sitebuorren rekke hieltyd mear nei de eftergrûn.
Mar wat âlder as we wurde, en dit jildt net allinne foar my mar ek foar myn bruorren, wat faker we oan dy jierren op dat eilân weromtinke. Fansels wie it net altyd moai waar en lange
| |
| |
dagen, dêr tsjûgje mem har brieven wol fan, mar it moaie bliuwt jin yn it ûnthâld, as in solide basis foar it libben.
Sitebuorren is ek feroare, ek dêr hat de tiid net stilstien. We sille der nea wer fine wat we dêr achterlitten ha. Mar dochs sille we Sitebuorren nea kwytreitsje; yn ús tinzen bestiet it noch en wurdt it allinne mar moaier, in skat dy't gjin minske ús ôfnimme kin.
Oan de ein fan Oane syn mail stiet it fersyk om Bertha it krante-artikel oer Jan Plof te stjoeren. Yn it kefert treau ik ek in foto fan mysels. In skoftke letter krige ik in brief fan har werom. De sirkel is rûn.
Dag Aukje,
Hartelijk dank voor het sturen van het krantenartikel en de mooie foto. Dat jij aan de rechterzijde staat had je niet hoeven vermelden, bij het zien van de foto was me dat overduidelijk. Het ontroerde me, een bijna ‘heruitgave’ van Dore te zien. Ik zag er trouwens ook de houding van je vader in terug!
Aukje, ik heb een prachtige tijd gehad ‘over het water’ in Grouw, in 1952, en lang daarna omdat ik met Dore een vriendschap mocht ervaren die tot haar dood heeft geduurd. We wisten heel veel van elkaar, vaak ook dingen die met vrouwen onder elkaar zo vertrouwd zijn. En dan te bedenken dat het bijna altijd schriftelijk was, telefoon hadden we niet tot eind jaren '6o en daarna hielden de brieven ook op. Wel hebben we vele zeiltochten in Friesland altijd benut om even een bezoek te brengen in Wartena en in Grouw. En tijdens die bezoeken in de 50 en 60-er jaren heb ik jou toch wel zeker gezien, als kleuter en als jong meisje.
Voor zover ik weet zijn jouw boeken alleen in het Fries verschenen, ik heb er al eens naar gevraagd in de boekhandel. Anne stuurde mij een mail waar vermeld werd van ‘In pyama over de
| |
| |
dijk, dat herinnerde mij aan de wandelingen, vaak's avonds na de afwas, over de dijkjes, Anne als kleuter was der dan ook bij. We zongen dan ook wel Friese liedjes, enkele ken ik er nog wel.
Het zou fijn zijn elkaar eens te ontmoeten, wie weet, misschien gaan jullie ook wel eens fietsen in het mooie Twente, in de zomer dan, van harte welkom!
Ik wens je het allerbeste, Aukje, een lieve groet van Bertha
|
|