Tankwurd
Sa'n oardel jier haw ik dwaande west om myn oantinkens oan Sitebuorren op papier te setten. Sûnder de stipe fan broer Oane, syn entûsjasme en oanmoedigjen wie my dit grif net slagge. Elke nije ferzy hat er lêzen en fan kommentaar foarsjoen. Tige tank dêrfoar. Ek tank oan broer Jan, dy't meitocht en oanfollings jûn hat; spitigernôch binne dy yn de lêste ferzy sneuvele, mar dêrom net wei. Tank oan Bertha, dat se al dy jierren sa goed op mem har brieven past hat. En tank oan Venus foar de redaksje fan it ferhaal, yn 't bysûnder Trinus Riemersma dy't de hiele boel foar my ferknipt en plakt hat, dat ik mei nije moed opnij begjinne koe. In stikje skiednis is fêstlein en kin net mear ferlern gean.
Auck