| |
| |
| |
19 It moaiste boartersplak
Hallo Aukje. Bertha sil wol gau werom skreaun ha neidat se de slimme brief oer Jan syn ûngelok krigen hie, mar it duorret oant septimber foardat mem har wer ferslach docht. Der sprekt wanhope út: hoe sil it allegearre komme!
De brief eindiget mei in opmerking oer de dyk troch de Burd. Dat wie wat! Der hat in Dútske II-dielige searje met de titel ‘Heimat’ op tillevyzje west wêryn't de oanlis fan de Autobahnen yn Hitlter-Dútslan in rol spile. De minsken seagen dy diken as in enoarme foarútgong. It gefoel dat dy minsken yn 'e film hienen, herkende ik. De dyk troch de Burd stie foar foarútgong en feroaring. Wy sprongen op Sitebuorren yn ien kear fan it pre-yndustriële tiidperk nei de moderne tiid. Ik herinnerje my de útspraakfan ús mem, dat der gin generaasje wie dy't sa folle feroarings yn it libben meimakke hie, foaral op technologysk mêd, as harres. Dat stiet noch te besjen want de feroarings nei har generaasje binne trochgongen, yn in hieltyd heger tempo. Dochs hat se gelyk ast nei de isolearre gebieden op it Fryske plattelân sjochst. Sy hat de meganisearring en de ûntslúting op it gebiet fan ferkear, nutsfoarsjenningen en media meimakke. Mar wy as bern wiene dêr ek tsjûge fan. Oane
Siteburen 22 september 1959
Beste vrienden
Je zult wel nieuwsgierig zijn hoe of het met Jan gaat. Nu, we zijn naar Leeuwarden geweest voor controle en volgens de specialist leek het wel goed, maar hoe lang of dit nog moet duren,
| |
| |
ik weet het niet. Je kan er soms wel radeloos van worden. Die jongen zit hier maar dag in dag uit, het is al bijna een halfjaar. Zijn school is weer aan de gang en alles gaat door. Hij raakt overall uit. Al zijn klasgenoten en vrienden leren bijvoorbeeld deze winter. Nu weet ik wel dat dit niet belangrijk is, maar het is allemaal toch zo moeilijk. We weten nog steeds niet of het wel helemaal weer terecht komt, dat is nog het allerergste, die onzekerheid. Je gelooft het niet eerder dan dat je ziet dat hij er weer op loopt. En dan mogen wij nog op onze knieën dankbaar zijn dat hij dat been heeft gehouden. Het is een dubbeltje op zijn kant geweest. Straks 28 september moet Jaap weer naar Leeuwarden naar de Landbouw-winterschool, dan zitten G. en ik samen voor alles. Wij kunnen ook nergens een hulp voor het melken en zo krijgen. Anne zit nu in de zesde klas, die moet volgend jaar ook wat anders, maar eens zien wat die moet. De droge zomer heeft ons niet veel schade bezorgd wat dat betreft zijn wij er niet ongelukkig aan toe. De schuur zit vol hooi en nog twee kuilhopen, we zijn er dankbaar voor. De weg door de Bird wordt op 't ogenblik geteerd, zodat die half oktober helemaal klaar is. Dan kunnen wij ook fietsen. Wij krijgen een hok op het erf van Wartena bij de Graft voor fietsen en zo. Dan laten wij die daar staan. Zo, het vel is al vol, vele groeten en het allerbeste van allen. Dora
Al dy noeden fan mem, ik haw der destiids neat fan witten. Foar my wie de pleats op Sitebuorren inkeld in boarterstún. De huzinge mei al syn hoekjes en herntsjes; der wie fan alles te ûntdekken. In âld hûs dêr't it wat lije koe.
Yn de keuken mocht ik graach ûnder de tafel boartsje. Dêr stie in stove dêr't heit en mem de fuotten op hiene, om't it sa siigde oer de flier. Ik brûkte dy stove om op te sitten. Mei wat kleden oer de tafel hinne, hie ik dêr in moai tintsje ûnder. Geregeld de holle stompe hearde der ek by, en ek
| |
| |
de rook fan smoarge sokken en de reidmatte, dy't ûnder de tafel lei.
Op it swilk koest geweldich knikkerje. Wy knikkeren oars as de bern no. Wy setten in knikkert op, oare bern moasten in pear tegels fierder sitte en besykje om it ding te reitsjen. Ien op trije, diene we, of ien op tsien; dat betsjutte datst der tsien tegels fan ôf sietst. Mar ast tûk wiest, sa neamden we dat as je skerp mikke koene, dan wûnst wòl tsien knikkerts yn ien kear. Tûk, wûnderlik dat sa'n wurd, dat al dy jierren yn dyn holle slomme hat, ynienen komt it wer boppe.
Wy hiene grutte en lytse glêzen knikkerts; de grutten wiene foar it opsetten en de lytsen om mei te knikkerjen. Mar wy spilen ek mei knikkerts fan klaai. Nij wiene dy knikkerts sa moai, hiest se yn alle kleuren. Mar as se brûkt waarden, gie de glâns der wol gau ôf. Knikkerts koest yn in winkeltsje yn Grou keapje, by Ratsma yn 'e Boogstrjitte achter de Bierhalle. Dat hjitte ‘De kleine bazar’, as ik it goed ha. Dy winkel stie grôtfol mei guod: snústerijen, diggelguod en net te ferjittten: boartersguod. Foar my wie dy winkel in skatkeamer gelyk. De tsjoen dy't dy winkel hie: grôtfol guod en op guon plakken skimerich en heimsinnich.
Knikkerts kochten we foar in dûbeltsje, hoefolle ast dan hiest wit ik net mear, mar wat wie dat in ryk besit. It begrutte my om der mei te knikkerjen. Bakkerts, grutte glêzen knikkerts, knikkeren we ek mei, mar dy wiene djoer. Dy setten we op en dan waard der mei knikkerts om striden. Ast de bakkert rekkest, mochtst him hâlde. Wy sieten op it skoalplein op in rige tsjin de muorre oan. Dat wie handich, want dan koene de knikkerts net fuortrôlje. Plat op it gat, mei de fuotten wiidút. As se misten, kearden we de knikkerts mei de rok. In feilich plakje wie dat om de winst te bewarjen. As merkkeaplju rôpen we oer it plein: ‘Ien op trij - e!’, of wat de oanbieding ek mar wie.
| |
| |
Noch in prachtich boartersplak wie de grutte souder dy't oer it hiele hûs rûn. By 't tsjuster hie ik der oars in grouweligen hekel oan om der hinne. Oan de iene skeane kant hongen âlde brune gerdinen fan stikelige stof, dêrachter stie guod dat net langer brûkt waard, en grutte doazen fol klean. Der wie wol in lampe op 'e souder, mar dy tovere frjemde skaden en tsjustere hoekjes dêr't meunsters en spoeken sitte koene. As ik fan mem wat nei it keammerke fan de jonges bringe moast, of oar boadskip hie, draafde ik as in gek dy souder oer. It hert sloech my achtentachtich! Wat wie ik bliid as ik de houten doarknop fan dat keammerke fielde.
Under de oare skeane kant stie de lapebank. Dat wie in grutte houten kiste mei in swier lid derop en in brede balke dy'tst omheech dwaan koest, de bekling fan de bank. Ik leau dat dy kiste fan in âlde boerewein kommen is. Mem bewarre lapen stof en âlde klean yn dy bank. Jeltsje en ik brûkten him as ferklaaierskiste. Ien kear ha we sa'n wille hân, doe fûnen we in hiele grutte wite ûnderbroek yn dy kiste. We stapten elk yn in bokse en rûnen sa, lûd sjongend, de souder oer. Slop fan laitsjen wiene we, we koene hast net mear op ús fuotten stean. Nei in skoftke besochten we elk in kant út te rinnen. No wie dy broek wol fan deeglike stof makke, mar dit geweld koe er net ferneare: de ûnderbroek skuorde stikken en wy foelen oer de flier.
‘Paleiske’ boarten we dêr ek. Oer de wasklinen fan mem, dy't yn de lingte fan de souder spand wiene, kniperen we kleden. Sa koest ferskillende fertrekken meitsje. Fan âlde klean en lapen stof mei kuipers makken we de moaiste kreaasjes. We spilen dan dat we deftige lju wiene, dy't nei ‘in bal’ giene en mei kreaze prinsen dûnsen. Ferhalen dy't ik yn de mearkesboeken lêzen hie, spilen we nei.
Of we boarten ‘sikehúske’ mei de poppen, dy't de meast aak- | |
| |
lige behannelings ûndergean moasten. Lekker grieme mei wetter en struipoeier: sels drankjes en salfkes meitsje. Faak ha we dêr in reinige middei trochbrocht.
Ien ding fûn ik net sa aardich fan dat boartsjen, altyd as it oan it oprêden ta wie, naaide Jeltsje út. Dan draafde se hurd nei hûs ta en liet se my mei de hiele brot sitte. Alle kearen wer. Gau, gau skrepte ik de boel dan oan de kant, want allinne op dy souder...
Yn 'e hûs koe ik my skoan fermeitsje, mar as it mar heal koe, boarten we bûtendoar. We hiene in hiel grut hiem, allegear gers mei kragen fan hagen en hege beammen dêr'tst in hiele protte boartersplakjes en yn skûlplakken fine koest. Yn earder tiden moat der in ynham oan de westkant fan de pleats lein ha, yn de foarm fan in komma. Sa koene se doe mei de boat oan de pleats ta farre; maklik foar it laden en lossen fan de preammen en skippen. Letter is dy ynham ferfallen en troch in koartere ynham ferfongen. De âlde rekke yn ferfal, slibbe ticht; it reid naam syn trekken waar en makke der in sompich moeras fan. It wie spannend om dêr op learzen yn om te rinnen.
Unferjitlik binne dy stille simmerjûnen, dat we mei alle bern fan beide pleatsen spultsjes diene. Blikspuit wie ien fan de favoriten. By ús op it hiem waard in leech grienteblikje del setten, ien wie de tikker en de oaren makken dat se fuort kamen. Nei't de tikker oan hûndert ta teld hie, moast er de oaren opsykje. Sykje, èn it blikje yn 'e gaten hâlde, want as ien him oer it mad kaam en it blikje omskopte, wiene de tikke bern frij en moast er opnij begjinne. Der wiene genôch plakjes om wei te krûpen, we fleagen betiden de hiele pleats om. Fan beam nei beam slûpe, achter de hagen lâns krûpe en ûnder weinen en ark troch tigerje. Wat wie dat spannend, de broek wie dy der bytiden wiet fan.
Sokke tiden wiene we ek wol oan it sweltsjetippen. De
| |
| |
buorlju hiene in grintpaad by de pleats lâns lizzen en dêr sochten we platte glêde stientsjes. Dan nei it stap, om bar saaiden we de stientsjes it wetter oer. It wie de keunst de stien sa te smiten dat er in pear kear op it wetter stuitere. Fansels waarden de sprongen teld en gie it derom wa't de stien it faakst op it wetter tippe litte koe. Dit diene we allinne as it blakstil waar wie, dan wiene der gjin weachjes op it wetter en koest de stien goed folgje.
Of we diene omsjoggerke: ien stie by de muorre, de oaren achter yn it hiem en moasten him besykje op de rêch te tikjen. Dejinge dy't mei it gesicht nei de muorre stie, seach sa no en dan om; as er seach dat we ferweegden wiene we ôf.
Mar de measte tiid hawwe Jeltsje en ik grif yn ‘it hol’ trochbrocht. Sa neamde ik it plak by de feart oan de achterkant fan de pleats, dêr't âlde jarretanks, houtguod en oar ôfskreaun ark syn lêste dagen sliet.
Dy jarretanks stiene op sa'n wize tusken de hage en in weinhok, dat wy der in boartersplak fan meitsje koene. Mei de simpelste dingen boarten we dêr. De lidden fan de jarretank koene iepen en ticht, dat wiene de pannen dêr't wy it sabeare iten yn seanen. ‘Sabeare’, hearst it wurd net mear, mar wy brûkten it faak: ‘Sille we sabeare heit en memke boartsje?’
We boarten mei modder en sân; de bledsjes en baltsjes fan de bûtergieltsjes wie de griente, lykas de knoppen en bledsjes fan de beammen. It wetter skepten we út de feart dêr't in planke oer hinne lei.
Oar guod hellen we by de Ie wei, we wiene dan jutters en sochten weismiten fleskeguod út de reidkragen wei. Dat guod brûkten wy foar ús húshâlding Ek it âlde kuilplestik koene we goed brûke: in pear âlde balken yn in beam, dêr in lading plestik as dak en muorren oer hinne en we hienen in prachtige hutte.
As we pisje moasten, diene we it ús net oan tiid om nei it
| |
| |
húske ta te gean. We hiene dêr sels wol in húske; in plakje achter de houtbult. Sa fantasearren wy dêr ús eigen wrâld. Dat we ferkearing hiene en de feint op besite kaam. Doe't we der in kear krystfeest fierden mei in pear meismokkele kearsen en lúsjefers, en Jeltsje ek wer ris noadich wat kwyt moast, skipe se blaasûntstekking. Tenei waard it ús ferbean om dêr langer del te pisjen.
Letter miende ús heit dat er ús in hiele deugd die troch in echte hutte tsjin it weinhok oan te timmerjen. Hy die goed syn bêst: in skean dak fan golfplaten en in echte planken flier mei in âld kleed der oer, in âld gerdyn as doar en kastkes fan sinesappelkisten. Mar apart, ynienen wie de fantasije fuort. We koene der neat mear mei. En it wie in prachtich plak foar spinnen en oar ynsekteguod, dat folle ha wy der noait yn boarte.
Jeltsje en ik boarten faak mei elkoar. Soms hiene we rûzje, mar om't we ta elkoar feroardiele wiene op Sitebuorren, wie dat meastentiids de oare deis wer fergetten. Soms, as we rûzje hân hiene en ik stymsk yn 'e keamer siet, sei mem: ‘Moatst har mar in suertsje bringe en freegje oft it dan wer goed is’. It wurke altyd, Jeltsje wie allang wer bliid dat we wer boartsje koene. Mar altyd as ien fan ús in boarter hie, wie it mis. Dejinge dy't allinne wie, stie dan wat sneu oan de oare kant fan de hage; pleagerijen wiene net fan de loft. It frjemde wie, koest mei de bern fan skoalle lang sa net boartsje as mei de bern fan de buorlju, ek al hiest soms noch sa'n spul.
It fytsen haw ik ek tegearre mei har leard: op in âld fyts fan ús âldere bruorren, in fyts mei in racestjoer derop. Ien skonk ûnder de stange troch en steande fytse. As ik der goed oer neitink, moat it ûnmooglike hâlding west ha. Mar we wiene doe fansels in stik liniger as no!
It tegelpaad nei it stap ta lei wat op in hichte, de rest fan it
| |
| |
hiem lei leger. Op dy skeante ha alle bern it fytsen leard. Mem hold ús beet as we boppe oan de heuvel opstapten, mei faasje fleagen we troch it gers it hiem oer nei ûnderen. Mem draafde as in wyld achter ús oan, want sels ôfstappe koene we earst net, foaral net op sa'n fyts mei in stange. Mar bern soene gjin bern wêze as se it ek sûnder mem besochten. Geregeld leine we mei de fyts oer de weareld. Mar dat wie net slim, we kamen yn it gers telâne. Under de blauwe plakken fansels, mar dêr joegen wy neat om.
As ik oan it fytsen tink, komt my ek in minder aardich foarfaltsje yn it sin. Achter hûs lei in paad oer it hiem nei it lân ta, dêr moasten de kij altyd lâns as se molken wurde moasten. Ien fan de manlju helle moarns en middeis de kij op. Om foar te kommen dat de kij it hiem op rûnen, waard der op guon plakken in stik tried spand. Drok yn 'e slach om de keunst fan it fytsen ûnder de knibbel te krijen, murk ik op in kear de strakspande izertried net op en fytste der yn fûle feart mei de hals tsjin oan. Lokkich gjin ferwûnings, mar wol in libbenslange hekel oan dingen dy't tsjin de kiel oan komme: sjaaltsjes en doekjes om 'e hals haw ik nea ferneare kinnen.
In oar plakje om te fytsen wie it tegelpaad njonken it bûthús del. De achterein fan de pleats lei op in terp dy't nei it suden ta skean ôf rûn. Mei de autopet of de fyts koest hearlik nei ûnderen ride, sûnder gong te setten ofte traapjen. Ast dat wol diest, giest soms sa hurd, datst de kâns rûnst yn 'e sleat oan de foarkant te bedarjen, dit moat neffens de ferhalen Jan faak oerkommen wêze.
Yn dy tiid makken we ek wol in soarte fan klepper op de fyts. In âld skuonpoetsblikje fan mem dêr't mei in elastyk, dat we fan de post krigen, oan de iene kant in heale kniper en oan de oare kant in hiele kniper oan fêstbûn waard. Dizze ynstallaasje waard op it stankje fan it spatboerd fêstknipere. De
| |
| |
heale kniper rattele oer de speaken; wat hurder ast fytstest, wat mear leven it ding makke.
Mar we makken wol mear sels: in touter bygelyks. In grou stik tou tusken twa beammen yn, en dan mar skommelje. It die sear oan it gat, mar mei in kessentsje wie it euvel gau ferholpen en hiene we in prachtich boartersplak. We skommelen om bar en besochten wa't it fierste springe koe. By elke sprong setten we in prikke yn 'e grûn. Fanatyk as we wiene hiene we somtiden de modder yn de mûle as we wer oerein kamen.
Dat hat ús heit-en-dy grif begrutte, want doe't it elektrysk oanlein waard en der grutte peallen op it hiem kamen foar de triedden, hat heit fan sa'n hoekpeal mei steunpeallen in nije touter makke. In hiele hegen, hiest it gefoel datst oan de wolken ta komme koest. Ast net wist watst dwaan soest, of wachtsje moast by it spultsjedwaan, wie dat in gaadlik plakje om dy del te jaan. Earst hiel fûl gong sette en dan dy útskommelje litte, mei de eagen ticht!
Op de elektrisiteitstriedden sieten simmerdeis faak hiele rigen sweltsjes, deftige fûgels fûn ik dat, mei harren swarte pakjes mei wite befkes. Koest se der altyd út, as se yn 'e loft oan it miggefangen wiene mei dy prachtige v-foarm yn 'e sturt. As se heech fleagen bleau it moai waar; sochten se harren iten leger by de grûn, dan kaam der rein.
Yn de hege popels en op de skuorrenaald song op simmerjûnen in grut protterkoar, mosken tsjilpten ûnder de pannen en sochten de krommels fan de strjitte. We libben sa ticht by de natoer, makken alle tiden fan it jier sa yntins mei; it binne bylden dy'tst noait wer ferjitst.
|
|