dingen kinst noch foar dy krije, mar hiele yngripende saken binne yn de grize mist ferdwûn. Fjouwer en in heal jier moat ik west ha, doe't Jan dat slimme ûngemak hân hat. Der komt in byld boppe fan twa manlju dy't in ljedder sjouden, dêr't immen op lei. In gesicht sjoch ik net, mar dit sil nei alle gedachten Jan west hat dy't op dizze wize nei de boat brocht waard.
Noch in byld ferskynt: gaaskes. Jan mei de foet op de stoel, it smoarge gaaske mei read-giel guod kaam fan de foet, en in skjinnen waard der mei in wynsel om hinne bûn. It griisde my oan, dat iepen plak op syn foet. Oane mòcht der net nei sjen, skriuwt er yn syn mail, ik kòe der net nei sjen.
Wêr't ik wol nei sjen moast wiene de plakken dy't ik letter sels op it fel krige. Ik sil in jier as tolve west ha en reizge krekt nei de ulo ta. Earst reade, skulferige plakken op de earmtakken en de knibbels; letter ferskynden se op de hiele lea. Fan húsdokter nei hûddokter en doe krigen de plakken in namme: psoriasis. Soks wie erflik, sei de dokter. Mem bruts har de holle oer fan wat ik soks krije kind hie, mar folle bleat fel hie hja fan har âlden en foarâlden net sjoen. Mem hie der mear lêst fan as ik, wol ik leauwe, se sei faak: ‘Hie ik it mar!’
De hûdsykte boaze hurd oan, op it lêst siet it fan de teannen oant yn it hier, myn fel wie ien reade skulverige plaat. Allinne myn gesicht bleau sparre, in gelok by in ûngelok. Mei klean haw ik in soad kamûflearre; sels by gymnastyk hie ik in lange swarte gymbroek en in gympakje mei lange mouwen oan. Dat krige ik nei't ik thús ferteld hie oer de bern dy't, as se njonken my op de bank sieten, fuortskoden om mar net tsjin myn fel oan te kommen. Soks docht sear. Ik die oars net as roppe: ‘It is net besmetlik, hear!’ It mei wol in wûnder hjitte dat ik der noait mei pleage bin. Miskien hat it holpen dat ik der iepen oer prate, en besocht it safolle mooglik mei klean te bedekken. Mar wat ha mem en ik