| |
| |
| |
17 Heit en mem
Dach suske. Ik mail dy hjoed in brief út 1958, mem skriuwt oer it oanlizzen fan de dyk troch de Burd. Ik wit noch wol dat der earst in ferhurding fan sintels út de Hoogovens út IJmuiden oanbrocht waard, dat wie raar guod. Dêroerhinne kaam in laach sân, as lêste waard der in asfaltlaach oerhinne lein, dat rûkte sa lekker, dy tarre. Yn 1958 kaam ek it elektrysk op Sitebuorren, grutte kabels waarden troch it lân hinne oanlein en giene ûnder de Grêft troch nei de Burd. Fassinearjend fûn ik al dy buizen en stopkontakten troch de pleats. De stikjes dy't oerbleaunen brûkten wy foar it pylkjesjitten fansels! Oane
Siteburen 20 juni 1958
Lieve Bertha
Vandaag regen, zodat we uit het hooi zijn geraakt en ik van-avond niet hoef te melken. Eerst maar schrijven en dan me wat op knappen, dat blijft er de laatste tijd wel eens bij, want het is hier zo druk, druk. 'k Moet 's morgens en 's avonds mee melken en overdag vaak nog mee in het hooi, plus het huiswerk zo'n beetje, het eten en drinken en de kleren wat schoon en heel, dat 's avonds tol je om zo'n tien uur doodmoe in bed. En wat is het dan weer vlug half vijf! Maar zo moet het om deze tijd ook zijn bij de boer en je doet het werk ook met plezier en dankbaarheid, dat het land je telkens weer geeft in onverstoorbare regelmaat, wat is dat toch telkens weer een Godswonder. Het is als boer ook niet meer dan de harde plicht om te zorgen dat van die overdaad van de zomer je
| |
| |
niets ontkomt. Je plicht om met je gezonde lichaam te werken zo hard je kunt wanneer het weer daarvoor geschikt is. We krijgen deze zomer flink hooi in de schuur en 't schiet ook al mooi op. Als we het geluk van een week mooi weer nog eens hadden, dan was alles binnen. Binnen tot over 5 a 6 weken als het tweede gewas weer aan komt. Maar genoeg hierover, het doel van mijn schrijven is allereerst onze hartelijke gelukwensen met het grote voornemen van jullie beiden. De grote stap die wij mensen meestal maar eens in het leven doen. Ik wens je heel, heel veel geluk en voorspoed op je huwelijksweg. Dat dit trouwen jullie mag brengen wat je er van verwacht, dat is mijn innige wens voor je Bertha!
Maar denk niet dat er nooit eens iets gebeurt wat je doet denken: Hé, dit had ik toch niet verwacht. Het leven is nu eenmaal niet enkel rozengeur en maneschijn, al lijkt het jullie natuurlijk op 't heden wel zo. Je schrijft: na 4 en een half jaar kennen wij elkaar wel. Zeker, je weet wel dat je het samen aandurft en ik betwijfel ook niet dat het niet goed zal gaan. Maar geloof me, jullie moet eerst nog wel naar elkaar toegroeien. De eerste jaren zijn er nog wel vaak momenten dat je je eigenlijk, al hoeveel je van elkaar houdt, toch nog alleen voelt. Ik voel het na al die jaren nog altijd zo aan. Elkaar aanvaarden zoals je bent, dat is na de eerste hevige liefde iets dat langer aangroeien moet. Want geloof me, geen mens is hier volmaakt. Wij allen hebben bewust of onbewust hebbelijkheden waar anderen zich soms aan ergeren. Alleen door het volwassen worden van binnenuit leren wij elkaar milder beoordelen. Hé, hé, wat is ze weer zwaar op de hand, hè? Weg er mee. Wedden dat je er hartelijk om lacht?
Ja, wij hebben dit voorjaar wel 5 of 6 maal bruiloft gevierd, dat het nieuws ging er bijna af. Altijd met dezelfde mensen en dezelfde ceremoniemeester, ik was op 't laatst bijna blij dat het afgelopen was. De postbode is ook 25 jaar getrouwd
| |
| |
geweest. De hele buurt op receptie en hebben we samen een prachtige rooktafel aangeboden en een pluche tafelkleed. Nooit een mens gezien die het meer waardeerde. Ik had een gedicht op zijn belevenissen hier van al den dag gemaakt. En hij vroeg me de volgende dag of hij het a.u.b. mocht hebben. Vond het zo prachtig. Ben je niet slap?
Nu nog over ons allen. Nu gelukkig goed gezond dat zul je wel begrepen hebben. En Aukje vroeg je, nou dat wordt zo'n grote meid en gelukkig goed bij de pinken. De grote jongens zwetst ze soms uit, die held. Alleen mem heeft het te vertellen. Gooitzen beschouwt ze eigenlijk als Jaap, gewoon een broer van haar. Wat lachen wij daar vaak om. De anderen is ook goed. Jaap heeft 't diploma van de lagere landbouw-school als hoogste van de cursus gehaald. En Jan is overgegaan met een goed rapport. Anne ook goed in orde en het Birdplan is in uitvoering. Nog een jaar, dan hoeven we niet altijd meer met de motorboot. Het elektrisch komt ook, wij hebben de leiding al in huis, maar 't zal wel winter worden voor de lampen kunnen branden. Bertha, mijn papier is vol en ik moet weer aan het werk. Veel groeten van ons allen en met 19 juli schrijf ik weer. Dora
As ik de brief lêzen haw, mealt ien sin my yn 'e holle om. ‘Alleen mem heeft het te vertellen. Gooitzen beschouwt ze eigenlijk als Jaap, gewoon een broer van haar. Wat lachen wij daar vaak om’.
Mem laket derom, skriuwt se, mar ik kin der wol om janke. Ik realisearje my ynienen dat dizze útspraak eins yn koart bestek de ferhâldingen oanjout sa't dy der yn ús húshâlding hinne leine. Heit wie as heit net oanwêzich: hy wrotte fan moarns betiid oant jûns let. Yn it libben yn de foarein hat er altyd in rol op de eftergrûn spile. Hjoed de dei binne der bern dy't harren ôffreegje wa't dy man is dy't it fleis snijt, yn myn
| |
| |
tiid wie dat dus ek al sa. Us mem wie dominant, ús heit folge en swijde meastentiids as der wat spile. Dat swijen hat ús as bern ek foarme, ús waard leard sels mei de dingen te rêden, benammen oer emosjonele saken koene je mei heit en mem net prate. As 't it al besochtst waard it faak ferkeard opfette en holdest dy mar stil om gjin rûzje te krijen. Moatte je soks je âlden ferwite? Ik tink dat se it sels ek net leard hiene, ek hja wiene bern fan har harren tiid. Beide binne grut wurden yn in selde soarte sitewaasje, altyd bodzje, bealgje om it deistich brea te fertsjinjen. Gjin geseur, net prate mar dwaan.
It wurk naam alle tiid yn beslach, mar wie tagelyk ek in flecht. De noeden wienen grut, de fyftiger jierren wienen dreech. Sykte yn it fee en lege prizen foar de molke, mem har brieven yllustrearje dat.
Fertier wie der amper. As it sneins moai waar wie, mocht heit graach yn 'e opfeart sitte te fiskjen. Dat wie ien fan de seldsume dingen dy't ik mei heit die. Ik sjoch ús noch it polderdykje del rinnen: beide in reiden angel yn 'e hân, in amer foar de fisken en in klute bôle foar oan de heak. Heit learde my ies te meitsjen: bôle wiet meitsje mei wat flibe en dan goed knipe, net te droech en net te wiet. Ik fielde dat heit der aardichheid oan hie om my dat te learen, in waarmte dy't der oars net wie. Yn myn ûnthâld skynde altyd de sinne as wy dêr tegearre by it wetter sieten. Frjemd, want heit sei altyd dat se mei reinich waar better bite woene. Stil sitte, net prate, sei heit. Foar in bern in hiele toer, mar op dat stuit koe ik it. Heit fong de fisken, readfoarntsjes. Stikelbearzen en snotterpoasken smiet er daalk it wetter wer yn. Ik krige mar selden wat oan de heak. Dat spiet my ek net, ik doarst se net heal beet te krijen, en sa'n heak yn de bek begrutte my. Mar wat wie it in moai gesicht dy sulveren fiskjes mei harren reade finnen yn dy molkamer.
Letter liet heit de fisken wer los, wol ik leauwe, mar dochs
| |
| |
toarket der ek in byld yn myn holle om fan fisken dy't iepen snijd waarden en dêr't de yngewanden út helle waarden. De skobben waarden der ôfskrabe en dan koene se yn de panne. Mar it heucht my net dat ik se iten ha.
Neffens Bertha wie der yn it begjin fan it trouwen fan ús âlden sprake fan waarmte en tagedienens. Ik wie bliid dat te hearren, ik haw lang mei de gedachte omrûn dat se net lokkich yn harren houlik wiene. Us heit en mem hellen elkoar noait oan of sa. Letter binne se dus út inoar groeid. Ik tink dat mem har stadichoan iensumer fielde, in gefoel dêr't ús heit gjin antwurd op hie, miskien ek gjin aan fan hie. De klimaks fan mem har fertwiveling fûn plak op dy donkere hjerstjûn dat mem fuortrûn.
Ik wie noch mar fjouwer jier, mar ik haw der dochs oantinkens oan; it binne de jongste oantinkens út myn bernetiid. Ik lei op bêd en waard wekker fan leven achter de sliepkeamers-doar dy't nei de keuken gie. Wat it wie wit ik net, praten, rûzje? Yn alle gefallen helle it my út de sliep. Ik wie bang en moast pisje, mar doarst net te roppen. Ik helle de pot ûnder it bêd wei en gie sitten. Yn 'e hûs waard it stil, eangstich stil. Deabenaud siet ik gûlend op it potsje en doarst der net wer ôf te kommen. In hiel skoft letter hearde ik mem har stim yn 'e keuken, doe doarst ik pas te roppen. Mem hat my fan it potsje helle en, stienkâld, wer op bêd brocht.
Jierren letter haw ik myn bruorren ris frege hoe't dat eins gien wie. Heit wie achter har oan gien, fertelden se, en hie har weromhelle. Hja stiene mei harren trijen har gûlend op strjitte op te wachtsjen. Mar mei de bern der oer praten, ha se nea.
Us mem hie twa gesichten. As se it drok hie, koe se noartsk wêze. It oare gesicht wie de golle, bliere Doare, dy't gesellich wie as der minsken delkamen.
Us heit wie fan himsels, foar safier wy dat sjen koene, in ûnkomplisearre man, dy't in hekel oan striid hie mar just
| |
| |
nocht oan koartswyl en muzyk. Heit hie wat tragysk - hy sifere himsels fuort.
Thús wie der sa'n kultuer, sa as dy yn de measte boerefer-middens hearske ha sil: oanpakke, net eamelje. Oer emoasjes waard net praten, dy waarden net bot utere; oan ‘sweverich gedoch’ hie ús mem in hekel. Doch mar gewoan, net opfalle, wat sille oaren wol net fan ús tinke.
Soks is fan grutte ynfloed op dyn libben, it is miskien ek net foar neat dat ik pas nei harren dea begûn bin te skriuwen. En noch bin ik behâldend yn myn skriuwen. In sekssêne? Komt net yn myn boeken foar!
Ek ik ha my as puber losskuorre moatten út dy benypte wrâld. In ynderlike striid tusken de leafde foar jins âlden en it eigen paad sykje wolle. Mem har sizzen: Aukje hâldt ús jong, makke dat ik my ferplichte fielde it harren nei it sin te dwaan, har net sear dwaan wolle.
It wyldste dat ik yn dy jierren dien haw, is wol ik leauwe de kear dat ik nei it matinee yn Warten gie. Myn skoansuster Jeltsje wie tsjûge fan myn thúskommen nei ôfrin. Ik sjoch dy noch stean, sei se, swart learen jekje oan, de eagen swier opmakke, in sigaret yn 'e hân en aardich oansketten. Jim mem fûn dat ferskriklik, dat har dochter sa thúskaam! Nei sokke akkefytsjes swijde mem in pear dagen, de mûle ien strakke streek. Ik socht myn heil boppe en wachte oant de buoi oerwaaid wie.
Us heit en mem wiene behâldend yn polityk opsicht, mar yn guon saken reaksjonêr. Benammen ús Oane hat dat ûnderfûn doe't er as studint in ôfwikende hâlding oer tal fan saken krige. Oer ûntwikkelingslannen bygelyks: Dêr wenje allinne mar luie minsken, wie de miening fan ús heit en mem. Oer de Provo's dy't troch de mariniers fan 'e Dam yn Amsterdam reage waarden: Prima! De leaneasken fan arbeiders: Wêr helje se it lef wei. It krewearjen foar it Frysk yn
| |
| |
ferienings en op gearkomsten. Net nedich.
Dat lêste fernuveret my wol. Ik haw fan mem altyd positive reaksjes foar it Frysk oer krigen. En sels skreau se it ommers ek.
Ik tink dat it grutter wurden fan mem har wrâld mei de nije foarsjennings, de bettere berikberens fan grutte ynfloed west hat op har libben. Se seach har bern trochlearen, stimulearre dat ek tige, mar tagelyk waard se har der fan bewust wat se sels misse moatten hie. Ek hja hie harsels graach fierder ûntwikkelje wollen, mar nea de kâns krigen. Se lies letter in protte, gie op Ingelske les, nei de stúdzjemiddeis fan de Fryske Akadeemje, mar al dy dingen koene dy miste kânsen net goedmeitsje. Op it bedriuw waard har wurk letter oernommen troch de grutte jonges; mem krige in soad tiid te prakkesearjen. Mar mei wa moast se oer soks prate? Heit hie genôch oan syn bedriuw en de bestjoeren dêr't er yn siet, hy hie dy driuw net. Dit hat grif ien fan de oarsaken west fan har grillige riten: noch safolle wolle, mar gjin kâns sjen it te realisearjen. Skiede wie yn dy tiid in grutte skande, dat koe fansels net, boppedat moast it bedriuw dan fuort; soks koene se harren bern, de opfolger, dochs net oandwaan? Wat der yn mem omgie? We witte it net. Mar wa fan ús lit syn djipste fielen oan de oar sjen?
Wa doart syn djipste langsten en teloarstellings út te sprekken? Ien kear hat mem ris ien fan har dreamen trochskimerje litten: in lyts pleatske yn de Wâlden mei wat lytsfee der om hinne. It is der nea fan kommen. It waard in húske yn de buorren, dêr't se mar min oan it doarpslibben wenne koe. Se prate hjir altyd mar oer in oar, klage se soms, ha dy lju neat betters te dwaan?
Se realisearre har fansels dat se no sels ek opnommen wiene yn dy sosjale kontrôle. Bûtenút hie men der minder weet fan. Ien fan de dingen dy't ik it meast yn ús húshâlding mist ha,
| |
| |
wie it mei elkoar oangean, it elkoar oanreitsjen. Soms kaam ik by oaren en dan seach ik dat se mei elkoar wrakselen, de earms om elkoar hinne sloegen. Dat koe ik net, wy rekken elkoar net oan. No spile it grutte leeftydsferskil tusken de bern ek in rol fansels. Mar ik wie jaloersk op oaren dy't dat wol diene. Soks draachst dyn hiele libben mei. Altyd muoite hâlde mei oaren oan te reitsjen. Dy trije tuten fan tsjintwurdich by it lokwinskjen wiene my yn it begjin dan ek in grouwel! As bern naam ik my foar it letter hièl oars te dwaan. Doe hie ik in hiel listke. Mar doe't we sels bern krigen, koe ik my neat mear fan it listke yn it sin bringe. Hie ik it mar opskreaun!
En ik moat tajaan dat ek wy net fan dy grutte krûpers wurden binne. Wat wolst ek, we kamen allebeide út sa'n nêst.
Mar njonken de krityk is der ek wurdearring foar de âldelju. Se ha op harren eigen wize wat fan it libben besocht te meitsjen. Se ha in buorkerij opboud en letter noch in nije start makke yn Warten, wêrtroch dêr no de tredde generaasje Peenstra buorkje kin. Se ha ús yn steat steld om te studearjen. Dat tankje we benammen oan ús mem. Us heit woe Oane nei de ulo nei de Boerelienbank yn Grou ha, mar ús mem woe dat er trochlearde. En it wie ús mem dy't derfoar soarge dat ik mear as in húshâldfamke wurden bin en myn draai yn it ûnderwiis fûn ha.
|
|