| |
| |
| |
16 Wetter
Dach Suske, al wer in jier fierder, dizze brief is fan 1957. Mem skriuwt datst net frij fan de ingelske sykte wiest. Dat haw ik ek hân, ragitis is it yn it Latynsk. Dat krijst ast net goed iten krijst of ast te min yn 'e sinne komst. In ferklearring soe wêze kinne dat wy beide yn 'e hjerst berne binne en net folle bûtendoar kamen. Se skriuwt ek oer levertraan. Dat wie raar guod; ik krige it meastentiids troch de brij. No, dan hoegde ik dat net mear. Hiest ek kapsules dy'tst trochslokke moast. Fansels gongen dy faak stikken foardatst se trochslokt hiest. Dan krigest dat fize guod yn 'e kiel en diest oars net as kokhalzje.
Siteburen 25 maart 1957
Beste Bertha
Het is zondagmiddag onder melken. De kinderen zijn het veld in te eierzoeken en oud riet dat door de winter en de stormen is losgeraakt op hopen te gooien en dan de brand er in. Het is voor ons zo'n echte voorjaarsgeur, die brandlucht van het aangespoelde en gedroogde riet. En natuurlijk ideaal werk voor jongens. G. en Jaap zijn tezamen aan het melken. Jaap is nu 16, daar hebben wij al een hele hulp aan zo. Vanavond moet hij naar het slotbal van de danscursus waar hij deze winter op les is geweest. Zo zie je, hij krijgt al van die allures, 'k Heb vroeger wel eens gedacht, als de kinderen zo groot worden wat zal ik zelf dan een stuk ouder zijn, maar als je goed gezond bent dan merk je daar niet zoveel van. En de tijd gaat zo ontzettend hard. Altijd druk. Nu is de schoon- | |
| |
maak er weer en in de stal is het ook druk, ze willen me ook nog wel eens zien bij het melken en het ‘kealleboarnen’, dat is zulk mooi werk.
Vandaag zijn we nog even het veld in geweest, het is een lust hoe de vogels te keer gaan. Straks wordt het weer allemaal eieren en jonge vogels. De eerste jonge sprieten gras komen al door. Alles een nieuwe belofte voor de goede mooie tijd die weer gaat komen. Volgende week al weer Pasen. Ik hoop dat het weer zulk mooi weer is dan. Onze kleine dochter kan nu ook zo mooi buiten in de zon. Zij is er ook erg aan toe. Het is een dikke roodwangige meid. Maar dokter Schouwstra zegt dat zij niet vrij is van Engelse ziekte, al is het niet zo erg. 'k Heb alles er ook wel aan gedaan met levertraan en vitaminen, waar ze het weg heeft weet ik niet.
Nu beste, de brief is weer vol, dat je hem in goede gezondheid mag ontvangen. Vele groeten, ook aan je verloofde, van ons allen. Dora
Net folle bern sille in jeugd, dêr't it wetter sa'n grutte rol yn spile, hân ha as wy. Wetter hie op Sitebuorren twa kanten. By slimme droechte wie it in freon; mar hjerstmis, as de rein dagenlang by bakken út de loft foel, waard it in fijân. It wetter waard heger, der kaam grutte druk op de polderdiken by de Grêft en de Ie lâns te stean.
Yn myn jeugd waarden de diken troch skipper Liuwe de Vries ophege. Alle simmers die er in stik. Dan leine se mei it skip fol klaai yn de opfeart; mei kroaden brochten se de grûn op de dyk en waard de boel sljochte. Yn dy klaai sieten in soad skulpen; dy sochten wy út de grûn as de boel opdroege wie. De skipper hie ek in famke dat hast like âld as ik wie. Gelske, neamd nei har beppe Bauke-Gels. Soms boarten we wolris mei elkoar, meastentiids yn it lân of op it hiem.
Ik wie hiel nijsgjirrich hoe't it skip der fan binnen út seach,
| |
| |
foaral it part dêr't se wennen. Mar har mem woe leaver gjin frjemden op it skip ha. Trouwens, Gelske woe ek noait by ús yn 'e hûs boartsje, soe dat ek net fan har mem mocht ha? Ien kear, doe't har mem in ein fan it skip ôf oan it wurk wie, hat se my dochs harren roef sjen litten. Foarsichtich by it smelle trepke del nei ûnderen ta. Ik fûn it krekt in poppehûs; in lytse romte dy't grôtfol meubels stie. Mar wol gesellich. Boppe, yn de stjoerhutte, sieten we wolris, op de bankjes by de kant lâns. Har mem wie like sterk as har heit; as in keardel ried se de swiere kroaden oer de planke nei de wâl ta.
Om it wetter de baas te bliuwen, stie der op de molepôle in gemaal; alle boeren moasten harren eigen lân bemealle. Foarhinne sil der wol in wynmole stien ha, mar dêr wit ik neat mear fan. Ik fûn it mar in raar ding, dat gemaal. In kantich hok, beklaaid mei izeren golfplaten. Binnen dy motor, dy't dêryn te brullen stie! Bûten koe 'k tiden nei it útstreamen fan it wetter sjen: de altyd wikseljende draaikolken. It skom stie der soms op. ‘Pas op bern,’ sei heit dan, ‘net te ticht der by! Dat is gefaarlik!’
Yn Bertha har ferslach fyn ik in sekuere beskriuwing fan it gemaal. De masine wie in 5 p.k. Lister-motor, dy't op oalje rûn. It wetter waard troch in skroef opmeald en yn de Ie útsmiten. Yn it ferslach stiet ek dat der op dat stuit, 1952, plannen makke waarden om in sintraal wetterskip te stiftsjen, sadat ien gemaal de hiele krite bemealle koe.
Foar it ôfwetterjen wie it wichtich dat de sleatten goed skjinholden waarden. Hjerstmis waarden dy heakkele. Eartiids mei de hân: grutte izeren harken oan in lange stôk. De manlju hiene der lange swarte learzen by oan. Earst waard der mei in snijseine it oangroeisel fan de wâl ôfstutsen, de saneamde wâlstikken. Dêrnei koe der heakkele wurde. Der wiene twa soarten heakkels. Ien mei brede tinen: dy tsjinne derfoar om planten en wier út de feart te heljen. En der wie
| |
| |
ek in stok mei in netsje deroan. Dy heakkel, de leiker, waard brûkt om de weake blabber út de feart te heljen, benammen as it skiphús wer ris fol slibbe wie. Dan kaam der in pream foar it skiphús te lizzen en waard de blabze mei de leiker opheakkele en yn de pream smiten. Dat kaam wer oer it lân.
Soms hiene de manlju by it heakkeljen ek wolris in ferfaltsje: in grouwe snoek dy't sa gau net fuort kommen kind hie en op it lân te syltôgjen lei, kaam by mem yn de panne. Bêst iten wie dat lykwols net, it siet fol mei bonken. Ien fan dy snoeken hat Durk Post hast ris in hertferlamming besoarge. It dier siet yn in amer op strjitte by de doar op syn dea te wachtsjen. In amer mei it lid fan de wasktsjettel der oer hinne; oars sprong er der út. Doe't Durk by de doar stie en it lêste nijs mei mem trochnaam, stjitte dy snoek ynienen mei de kop tsjin it lid oan. It lid fleach fan de amer ôf en kinkele op de tegels. Durk luts wyt wei, sa bot wie er skrokken. It fierdere ferrin wit ik net mear, mem sil him wol mei kofje wer by sûp en stút brocht ha, it ferhaal waard letter noch faak oanhelle.
Oan de kant fan de Ie groeiden yn ynhammen mânske reid-fjilden. Dy reidpôlen wiene wichtich, se beskermen de polderdiken tsjin it ôfbroazeljen. It reid dat mei oar planteguod oanspield wie, swilen we mei harken op grutte bulten. En dan kriikbrâne, krikebrâne seine wy. As ik wurd lês, komt my de rook wer yn 'e noas.
Krikebrâne moast yn de iere maitiid plakfine; foar't de fûgels oan de lêch wiene. Moai wurk: fjurkestoke! Papier en lúsjefers yn 'e bûse, en dan nei de wetterkant ta. Under de bult makken we in hoaltsje, wat droech gers en krantepapier deryn en dan in lúsjefer derby. Ast net in lij plakje socht hiest, koste it dy betiden in heal doaske prikjes. As it reid goed droech wie, brânde it as in tierelier; de flammen hiene samar
| |
| |
sa'n reidbult fertard. We moasten rekken hâlde mei wêr't de wyn weikaam; de wyn moast fan de pleats ôfwaaie, dan hiene we der thús gjin lêst fan. As der gjin winter west hie en de reidsnijers der net by komme kind hiene, waarden de reidfjilden ek yn 'e brân stutsen. Sa krige it jonge reid wer romte om him te ûntjaan.
Ek al joech al dat wetter om ús hinne in bealchfol wurk, soms soarge it ek foar wille en fertier. Benammen simmerdeis: sile en swimme.
Fan ús izeren skou koe in sylboat makke wurde. Yn 'e midden fan de mestelbank siet in gat dêr't de mêst yn stean koe. By it roeien wie dat lestich, koest net presiis yn 'e midden sitte.
It wie in hiel wurk om de boat op te tugen: it izeren roer moast der achter hongen wurde, de houten swurden oer de roeidollen skood en dan it seil derop. Wy hiene in echt wedstriidseil mei nûmer 27 deryn. It wie in âld seil dat we fan Durk Post kocht hiene. Durk hie in registrearre gws-skou en die oan hurdsylwedstriden mei. It seil wie net mear alhiel yntakt; oan de ûnderkant wie it in stik ynkoarte. Dat sil út sunigens west ha: de âld mêst koe wer brûkt wurde en der hoegde net in nijen te kommen. It joech wat in dûbel gefoel: grutsk omdatst mei it seil fan in ferneamd siler sile mochtst, mar sneu omdat it amputearre wie.
As it seil op 'e skou stie, krige alles ynienen in oare funksje. We sieten net op de mestelbank; dat woest wol litte, want dan krigest de gyk by it gybjen tsjin de holle. We sieten op de boekdelling, twa houten battings dy't op de flier fan de skou leine. Ik lei der faak in âld kleed oerhinne, by it lavearjen moast fan de iene kant nei de oare ferhúzje en ast mei de bleate billen oer de battings skodest, stutsen de splinters dy yn it fel. Faak moasten we earst eazje. De skou lei altyd yn de
| |
| |
iepen loft, as it reinde stie er soms healfol. Diest dat net, dan kaam it wetter by it lavearjen ûnder de boekdellings wei en krigest in wiete kont. It skoushúske sieten we ek net op, dat moast frij bliuwe om it roer romte te jaan by it stjoeren. No sieten we dêr ek net graach op; it wie faak fettich fan de benzine dy't griemd waard as de oanhingmotor der achter hongen hie. Yn dat skoushúske sieten ek faak fan dy swarte spinnen, wetterspinnen, dy't ferskuorrend hurd rinne koene. Altyd wer dy spinnen, Sitebuorren tilde op fan dy aaklige bisten.
As Oane it oan tiid hie, en ik him genôch oan de kop seurde, sylden we middeis ûnder melken noch wolris de Ie oer. It neidiel fan dy tiid wie, dat de wyn om in oere as fiif faak lizzen gie; dan dobberen we mear as dat we sylden. Ik woe it silen ek graach leare en soms mocht ik stjoere. Oane sei altyd: ‘Moatst in fêst punt op de wâl oanhâlde, dêr moat de skou hinne.’ We moasten net oan legerwâl bedarje, want it wie in hele toer om dêr wer wei te kommen. ‘Altyd nei it flachje op de mêst sjen, dat moat gelyk mei it seil stean.’ Mar meastentiids wie ik fokkenist en siet hy by it roer. ‘Oanlûke dy fok, hy mei net klapperje! Fûler skuorre!’ Foaral as der in hurde wyn stie, koe dat tou gemien sear oan de hannen dwaan. Dochs fûn ik it net slim dat ik by de fokkeskoat sitte moast, dan koest noflik om dy hinne sjen en sa no en dan weidreame. Sjoen it feit dat ik syn wurden noch sa klear wit, hat dat grif faak it gefal west.
Wat my it meast fan it silen neibleaun is, is de stilte op it wetter. Dy rêst om dy hinne; dat skolperjen fan de weagen tsjin de skou oan, soms kin ik der sa'n langst nei ha. En dan dat weagjen fan de boat, ast in hoart syld hiest, fieldest it noch in hiel skoft yn 'e lea. Wat wie it dêr moai op 'e Ie yn dy dagen. It wie lang sa drok noch net as hjoed de dei; soms fardest der hielendal allinne.
Wy hiene ek noch in âld seiltsje, dit mochten Jeltsje en ik
| |
| |
brûke as we mei de skou boarten. Wy brûkten gjin roer en gjin swurden, inkeld dat seil. Wy koene allinne sile as de wyn fan de Grêft nei de pleats ta waaide. Earst roeiden we de opfeart del nei de Grêft ta, dêr de skou omkeare en it seil losmeitsje en dan koene we foar de wyn nei hûs ta sile. In riem achter de skou brûkten we as roer. As we by de ein wiene, begûn alles wer op 'e nij: seil om de mêst bine, roeie en dan werom: eefkes noflik sile. Fierstente gau wiene we wer oan de ein. Boartsjendewei learden we fan alles: stjoere, roeie en... silen giet hurder as roeien!
Yn in waarme rite waard der jûns faak mei de bern fan de buorlju swommen. Der wiene twa plakken dêr't we taholden. It tichtste by wie it swimplak op it Fintsje, oan de Grêft. It spannende fan dat plak wie dat dêr safolle boaten lâns foeren. Benammen de sylboaten hiene we it op foarsjoen. As der in sylboat oan kaam, sprongen we it wetter yn en swommen we de boat temjitte. Dêr in skoft achteroan hingje en dy troch dy boat meislepe litte, wie prachtich wurk. Guon minsken hiene dêr wol niget oan en lieten ús gewurde, mar der wiene ek guon dy waarden lilk. Dan hiene we fansels noch folle mear wille. Benammen as se begûnen te skellen en ús hannen besochten los te meitsjen. Mar as se troch alles hinne wiene en de boom fan it skip krigen, makken we dat we fuort kamen, in klap mei sa'n swiere stok jokke net.
Soms kamen de skippen raar yn de ferlegenheid, as troch ús de boat net mear te bestjoeren wie. As minsken fatsoenlik fregen as we de boat loslitte woene, diene we dat. Rachers en skellers lieten we moai in skoft oanmodderje.
We sleepten ek faak bannen mei nei it wetter ta: binnen-bannen fan weinen koest prachtich op sitte. Mar moast wol om de fentilen tinke dy't oan de binnenkant sieten; dêr koest rare skrammen fan op it fel krije. It neidiel fan it swimmen yn
| |
| |
de Grêft wie, datst dy letter noch wol ôfspiele moast. It wie dêr allegear weake modder, de blauwe drek siet dy somtiden by it swimpak yn. En yn 'e midden wie it djip.
It oare swimplak lei by Blier Herne; in stikje bûtlân oan de Ie. Moast wol wat fierder rinne, mar dêr koest in hiel ein de Ie opswimme en hiest folle minder lêst fan motorboaten. Foar ús as lytse bern wie it dêr wat feiliger, it wie der hiel ûndjip. Wol sa'n tweintich meter fan de wâl koest noch stean. De grûn wie dêr hurd, mar ik hie der wol in hekel oan om dêr de fuotten del te setten. Koest sa yn in weismiten grienteblikje of stikken glês, dat boatsjeminsken dêr delsmiten hiene, stean gean.
Hjerstmis en winterdeis stie Blier Herne ûnder wetter, mar maitiids, as it wetter him weromluts, wie it ien grutte blommetún. De dotterblommen kleuren it hiele lân giel, grutte bosken blommen plôken we dêr, dy't yn potten en fazen op tafel kamen te stean. Alle maitiids as ik hjir en dêr noch dotterblommen bloeien sjoch, moat ik oan Blier Herne tinke.
Derhinne hoecht net mear, it hiele stik lân is fergroeven.
|
|