Dit barde mei in motor dy't yn it bûthûs stie, mar earder moast de bak mei de hân fold wurde.
Achter de stallen rûn de groppe, dêr lieten de bisten alles, wat se sa no en dan kwyt moasten, yn ploffe. Alle dagen moast der mjukse wurde. Mei in grutte holle skeppe, in skyt-skoffel, waard de boel út de groppe skept en yn 'e kroade lege. As de kroade fol wie, ried heit dy nei de rûchskerne ta; dêr leine grutte planken, mjoksplanken, by op. It wie in hiele keunst om mei dy folle, swiere kroade by de skeane bult op te riden. It moast mei in gejuichje, mei in oanloop. Us heit koe dat goed, komselden rekke it tsjil by de planke del. Jan minder, as ik him flokken hearde, wist ik wol hoe let it wie!
Boppe de koppen fan de kij sieten lûken yn de bûthússouder. It hea waard fan de golle op de heasouder smiten en sa nei de lûken ta skood. It begrutte my wol om dy earme bisten, se krigen geregeld in fracht hea op it dak. Mar se waarden der net bot oars fan. Se skodden eefkes mei de kop en begûnen te fretten.
Boer wêze, hie ik noait kinnen; ik hie altyd begrutsjen mei de bisten. As der in ko foar de dea ferkocht wie en yn 'e frachtwein ôffierd wurde soe, naam ik yn stilte ôfskie fan it bist en koe ik wol grine. By ús heit haw ik nea sokke gefoelens bespeurd. Hy hie ek net folle begryp foar sok praat. It wie fee, mear net.
Mei min waar fermakken wy ús in soad yn it bûthús, dêr wiene de minsken dan. Soms mocht ik meihelpe: koekjes fuorje. Mar sa as heit it die, koe ik it net. Hy lei earst in hiele rige koekjes op de earm, fan de hân oant it skouder ta. Dan stapte er by de kij op stâl en smiet in stik as wat fan dy koeken foar de bisten del. As bern priuwdest alles: in stik fan in feekoekje wie bêst te iten. Allegear mineralen! Pulpbrokjes krigen de kij ek wolris; dy fûn ik ek lekker, se smakken swiet.
Mar oanstriid om fan de kuil te priuwen, hie ik net. Kuil