| |
| |
| |
14 Bisten foar de aardichheid
Dach suske. Der sit mar ien moanne tusken dit brief en de foarige, mar der is wol in soad yn bard, tinkt my. Mem skriuwt dat se telefoan krigen ha. Bertha en mem harren kontakt rûn letter faker fia dit medium as mei de brieven, haw ik fan Bertha begrepen, dochs hat mem de brievewiksel noch wol in jier as wat fuortsetten. Noch sân brieven, dan haw ik se allegear oertypt. Oane
Siteburen 27 juny 1956
Beste Bertha
't Is hier een rustige avond, de kinderen naar bed en G. is naar de praatavond van de leden van het Zuivelfabriek, zodat ik hier alleen zit. 'k Zal proberen een krabbeltje af te krijgen. Ik schrijf eigenlijk veel te weinig, maar als je het voortdurend druk hebt gaat dat het eerste over. De sokkenmand neemt 's avonds mijn meeste tijd in beslag. En overdag is er buiten het gewone werk altijd die kleine meid die je daags ook nog wel acht of tien keer een droge broek aan kunt trekken. De grote boodschap komt meestal in de po, maar verder is er nog geen beginnen aan. De kinkhoest is gelukkig weer aardig afgezakt, ze hebben nog wel eens een bui, maar 't is niet erg meer. Nou, ze heeft het acht weken gehad, 't kan zo ook toe, dunkt me. Anne is ook weer beter. Verder zijn we gelukkig allemaal goed gezond, dat is de grootste zegen die een mens voor zijn gezin kan ontvangen. Je waardeert het eigenlijk altijd te weinig, hè?
Deze week hebben wij vergadering van de Plattelandsvrou- | |
| |
wen gehad. 't Was bestuursverkiezing, ze hadden mij ook gevraagd, maar 'k heb maar vlug bedankt. G. is in het bestuur van de Boerenleenbank gekomen, die heeft ook haast genoeg baantjes. 't Neemt altijd zoveel van je tijd af. We bellen bijna iedere dag wel even met de familie Jonkman, die zijn beide ziek geweest. Die telefoon dat is zo makkelijk, hè? 'k Heb een nieuw pakje gekregen van dat geweven tricot. 'k Was er ook aan toe, ik had vorig jaar ook nooit iets gehad. 't Staat wel netjes. En G. een nieuw pak, zodat we weer meekunnen. Veel beste wensen, van ons allen een stevige hand en een pakkerd van Aukje, hoewel ik betwijfel of zij het wil doen. Ze kan al zo lief een kusje geven en ze stapt ook al met haar dikke beentjes en verder alle kleine kinderkunsten. Dora
Op de pleats hiene we altyd bisten om ús hinne. Njonken de kij hiene we noch tal fan oare bisten.
Bello, sa hiet ús hûn. Hy lei altyd yn 'e hoeke fan 'e strjitte. Dêr siet in putsje, in betonnen bak mei in ôffier nei de sleat dêr't it wetter fan it oanrjocht yn rûn. Simmerdeis koe dat putsje alderheislikst stjonke. Op dat putsje lei in houten batting. In ideaal plakje foar in hûn. Lekker yn 'e lijte, moarns skynde dêr de sinne en middeis fûn er dêr it skaad. De stank koe him skynber net deare.
Bello wie in krusing tusken in Wetterhûn en in Stabij. Hy wie neamd nei de hûn út it boek fan ‘Moarke’, dêr't mem ús út foarlies en dat iksels ek noch faak lêzen ha. Foar Bello moatte we in swarte hûn hân ha, Torda hjitte dy, ek nei in berne-boek: ‘Torda de sigeunerhûn’. In boek dêr't yn heit en mem harren skoaltiid út foarlêzen waard. Mem mocht sels ek graach lêze. Se stie der tige op oan dat wy liezen. ‘Dêr leare jim fan.’ Wit hoe faak hat se ferteld dat se as bern ek sa graach lêze mocht. ‘Mar dêr haw ik nea folle tiid foar krigen. Lêzen wie tiidfergriemen, sei beppe Aaltsje; der moast wurke wurde. En
| |
| |
jûns, as it tsjuster wie, koe ik ek net lêze, want dan moast ik al rillegau op bêd. It lêzen wie de djoere lampoalje net wurdich.’
It wie krekt as woe mem ús ynhelje litte wat se sels as bern misse moatten hie. Ik wie dan ek al betiid lid fan de bibleteek; freeds helle ik dêr de grouste boeken wei. Ik tink dat ik alle mearkesboeken dy't der doe wiene, lêzen ha; skoften koe ik my dêryn ferlieze. De boeken giene sels mei nei it húske!
Us hûn kaam net yn 'e hûs; by reinich waar lei er yn it bûthús, of yn 'e skuorre. Under melken sloech er altyd by de manlju om. Heit hie de hûn ek foar de mollen; in Stabij wie ferneamd om syn mollefangen. Soms seachst him allinne it lân yn setten. Hy fong ek wol murden. Ien kear is er troch in murd yn de strôte biten en hat er slim siik west, hy krige doe in hiel raar plak ûnder de hals. Dat moat my bot oangrypt ha, want ik ha der noch in stikje oer skreaun nei de Friese Koerier, nei muoike Jant. Yn it Frysk, al mankearret der wol wat oan de stavering! As dyn brief yn 'e krante kaam krigest in presintsje; in kwartetspul yn myn gefal. Mem hat my derby holpen, de lêste sin hat hja der oan tafoege, wit ik noch; ik wist net hoe't it einigje moast.
Us houn
door Aukje Peenstra, Grou,
9 jier, (kwartet).
Wij ha in houn die hiet Bello. Sij hie forline jier twa jonge hountsjes. De jonge hountsjes wiene swart wyt en har mem ek. Doe kaem er in jonge die woe graech in hountsje ha. Nou dat wie ús heit en mem bêst. Mar ik foun it jammer. En Bello en syn jong hountsje wiene ek onwennig. Doe kaemen er minsken, die hiene wol in houn mar die wie dea gongen en toen woene sij dat oare hountsje wol ha. Dat mocht wol fan ús heit en mem. Toen wiene wij se allegear kwyt. Toen waerd Bello sa siik. Sij hie in hiel raer plak onder de hals. En toen moast de fédokter der by komme. En letter wie it plak ek al wer better. En nou draeft Bello al wer achter de mûzen oan.
| |
| |
Bello wie mar foar ien ding stjerrende benaud: tonger. Ek al wie it foar minsken noch net te hearren, hy fernaam daalk dat der ûnwaar yn 'e loft siet. En as de bui tichter by kaam, besocht er yn 'e hûs te kommen. As heit om tee kaam, skeat er mei nei binnen ta; hy wie net te kearen. Under heit syn stoel joech er him del, de sturt tusken de poaten, triljend oer de hiele lea. Prachtich fûn ik dat, in hûn yn 'e hûs. Mem wie der net sa bliid mei, mar liet it sokke tiden wol gewurde.
Ik wie net bang fan tonger, en dat mei eins wol in wûnder hjitte. Tonger wie in grutte bedriging foar it bedriuw, fansels.
Wy hiene wol tongerôflieding op 'e pleats; yn 'e midden fan de naald siet in hege pyk en oan de úteinen twa lytse, dy wiene ûnderling mei elkoar ferbûn en der rûn in tried by it dak del nei de grûn. Mar heit-en-dy doarsten dêr net op te betrouwen, it koe dochs wol ynslaan, ek it fee yn it lân wie nuodlik. Hoe faak hearden we net de ferhalen, dat earne kij troch de tonger rekke wiene: allinne in skroeiplakje op it fel, fierder neat oan te sjen, mar wol hartstikke dea. De manlju sochten daalk in skûlplak as se yn it fjild wiene, wy waarden yn 'e hûs roppen as we bûten boarten.
Op in kear doe't pake en beppe by ús sliepten, tongere it de nachts ek. It moat swier waar west ha, want elkenien waard fan 't bêd ôf helle. Mei de jassen oan sieten we it ûnheil ôf te wachtsjen; de gerdinen iepen en it ljocht út. It wie roettsjuster en as it wjerljochte skynde in fel ljocht it hiem oer as wie it ljochtskyndei. Beppe Anna wie deabenaud, alle kearen as de wjerljocht de keamer yn it blauwe ljocht sette of der in swiere klap wie, rôp se jammerjend: ‘Oe!’ Mem sei neat, mar se ergere har dêr wol oan, koe ik wol fernimme; har blik sei my genôch. Net de eangst foar de tonger is my bybleaun, mar de ferwûndering oer it hâlden en dragen fan beppe by dat natoergeweld. Se wiene net earder gerêst as de tonger fier fuort wie, want de bui, ús heit sei fan buoi, koe altyd werom- | |
| |
komme. It hjitte dan dat de bui foar de Ie hingjen bleau; it duorre soms tiden foardat it oer wie. We mochten perfoarst net by it rút sitte, dat wie fierstente gefaarlik. Dochs hat it my grif net alhiel ûnberuorre litten blykber, ik skuor wol alle kearen de stekkers fan de televyzje en de kompjûter derút as it tongeret!
Katten dy't we nei de boeken ferneame koene, hiene wy net. Mem hie neat mei dy bisten. ‘Se hingje my altyd daalk yn 'e kûten,’ sei se as ik der om seurde. By de buorlju hiene se wol katten. Mear as ien, dy't op 'e heasouder jongen en nei in pear wike, nei't der fergees om socht wie, mei in grut neiteam foar it ljocht kaam. Dy katten kamen dêr ek net yn 'e hûs; der stiet my noch wat fan by, dat der altyd teepantsjes mei molke en brokjes yn de skuorre stiene. Katten waarden foar it mûzefangen holden; it wimmele op 'e pleats fan dy bisten. Foaral as it heech wetter wie, dan sochten se harren taflecht by de pleatsen dy't wat heger leine en dêr't it fretten foar it gripen lei. Soms koest se achter it behang hearre, se sieten ek wol tusken it plafond yn 'e hûs.
Ien kear ha we al in kat op Sitebuorren yn 'e hûs hân. Jeltsje naam ris in jong katsje mei nei ús ta om sjen te litten; yn 'e keuken liet se it los. Dat bist wie spoekbenaud, as in gek klom er yn mem har wite fitraazjes op, hielendal oan de souder ta. Jeltsje wist net hoe gau se it bist wer thús bringe moast.
We hiene ek noch oar lytsfee dat nammen krige: de kninen. Fan dy grutte wite kninen mei fan dy lange earen. Simmerdeis sieten se yn stjelpen en frieten se parten fan it hiem keal. Kninen wie mem har hannel. Ik haw in foto fan sa'n stjelp mei in wite knyn deryn. ‘It hûs fan Hesseltsje’ stiet der mei wite letters opferve: myn wurk. Hessel wie de namme út it lêsboekje ‘Hessel de knyn’. Op skoalle liezen wy derút, der wie in hiele searje fan: ‘Durk de kikkert’, ‘Wipke Mosk’, ‘Melle Mich’.
| |
| |
De kninen skerpen harren tosken op it hout fan it hok, se frieten der betiden hiele gatten yn. Soms groeven de kninen harsels in útwei út de stjelp, as it gaas minder waard en der gatten yn kamen. Dan rôp mem: ‘De knyn is los!’ en moasten wy as gekken der achteroan fleane om him wer te pakken te krijen. In hiel feest wie dat, elkenien holp mei. As it bist einlings wer yn it hok siet, siet er noch tiden te triljen.
Fansels koene dy kninen net it hiele hiem kealhâlde; it oare part meande heit mei de seine. Hy meande it gers kreas op banen; ik rûn op de paden achter him oan. Sa no en dan stie er stil, sette de seine op de kop en struts der mei de strikel bylâns om it mes wer te skerpjen. Jûns moast heit de seine harje. Soks barde faak op stille simmerjûnen by myn sliep-keamerrút. Earst it harspit yn de grûn, it like wol in grutte izeren spiker mei in hiele grouwe kop, dan it mes fan de seine derop en mei de harhammer sloech er de skerpe kant fan it mes plat. It lûd hold my net út 'e sliep, it wurke earder oarsom: heit wie tichtby en it ritmyske lûd fan izer op izer makke dat ik al gau yn 'e sliep rekke.
Hjerstmis kamen de kninen yn hokken bûten tsjin de bûthúsmuorre oan. Alle moarnen krigen se in stikje bôle mei molke, en biks. En gers fansels. Mem meande dat sels mei de seine; it gers kaam yn in izeren traaljekoer, de gerskoer. Lykas alle kninen wiene dy fan ús ek sljocht op knineblêden, tiksels seine se letter op de klaai. Ast dy ferfeeldest, koest altyd noch knineblêden sykje; it wie in hiele aardichheid om dy oan de bisten op te fuorjen. Se ieten se dy út 'e hannen wei. Ast der net om tochtst, frieten se de fingers derby op.
Mem ferkocht de kninen as se goed oan it gewicht wiene, se sille wol earne yn in panne telâne kommen wêze. In pear jonge bisten woutere se wer op.
Maitiids krigen de kninen soms jongen. Yn in hoeke fan it hok makken se in nêst fan hea en sêft hier dat se harren sels
| |
| |
út 'e lea skuorden. Mem liet ús soms de bleate knyntsjes sjen, eefkes, want oars fersteurden we de boel en friet de mem de jongen op.
Earder moatte der ek hinnen op de pleats west ha, mar doe wie ik der noch net. Ik wit wol dat der in hinnehok op it hiem stie, ik haw der wolris yn sitten, mar lang duorre dat net: spinnen en oar ûngedierte jagen my op 'e flecht. By it lyts bûthús siet earder in pikeloop, sa'n planke mei dwerslatsjes derop dy't nei in iepening nei de bûthússouder ta rûn.
En dan wie der noch it bargehok dat achter it hiem lei; in stiennen gebou mei in houten boppestik. Der wie in útgong nei bûten ta; it like wol in poarte, de bargen koene dêrtroch op de pôle komme, de bargepôle. Yn earder tiden waard der hjerstmis altyd in baarch slachte, it fleis kaam yn it spekhok op souder. Ik wit wol dat it spekhok der west hat, ik haw in byld fan in frjemdsoartige muorre beplakt mei kranten. Deryn haw ik noait west, ik wol ek net leauwe dat der yn myn tiid noch bargen slachte waarden. Wol dat der in lûk yn de skoarstien op souder siet en der in stik spek yn hong.
De bargepôle wie in wyldernis; pôlen brannettels bedutsen de grûn, it gers waard der nea meand. Der lei in hiele tekken fan gers oer âlde tûken dy't fan de beammen waaid wiene. Ik neamde dy pôle it oerwâld; koest der prachtich ûntdekkingsreizen meitsje. Wol mei de overall oan fansels, oars kaamst ûnder de blierren fan de brannettels te sitten. Us heit-en-dy hiene letter de grutte keallen yn it bargehok en ek foar myn geit wie der in stâl timmere.
Kwibus, sa hiet myn geit, ik ha in stik as wat hân. De earsten wiene wyt mei beltsjes ûnder it kin. Ik wie wiis mei myn geit, ik boarstele him en gie mei him te kuierjen. Ik be-socht ek om him keunstkes te learen. Hy koe myn lûd. As ik út skoalle kaam en healwei de feart oan him rôp, begûn er lûd te mekkerjen. Oerdei siet er mei in stik tou oan in spit yn de
| |
| |
tún. Alle dagen moast er ferset wurde, hy friet deis it gers yn sirkels om him hinne wei. It gers dat er hast net rikke koe, wie skynber it lekkerst: hy gie derfoar op 'e knibbels lizzen. Soms rekke er los; it earste dêr't er steefêst op ôffleach, wiene ús mem har blommen!
De earste Kwibus is nei Grikelân gien, seine se. En ik leaude it ek noch! Heit sei dat de geit te grou waard en doe't feekeapman Hindrik Jongbloed wer ris del kaam, hat dy him kocht. ‘Hy giet nei Grikelân ta,’ sei er, ‘dêr kin er syn fet yn de bergen kwytreitsje. Kin er moai op de rotsen om springe.’ Ik hie der frede mei, Kwibus krige in goed plak en ik soe in lyts geitsje werom krije. No wit ik dat se my doe by de poat hân ha. Ik ha altyd min fan bisten ôfsjen kinnen; heit wist dat wol, mei in smoesje ha se my dy geit ûntstellen. Ik tink dat er gjin jongen krije koe. Heit gie der wol mei nei de bok ta: de geit yn de kofferbak. Noch wikenlang stonk de auto nei bok. Mar jongen kamen der net. Dat de geit moast fuort en mei in moai ferhaaltsje ha se my ferrifele. Miskien hat er Grikelân wol helle, mar ik bin bang dat er dêr nea op de rotsen sprongen hat.
Hindrik Jongbloed wie oars sels ek aardich oan it gewicht, hy die oars net as switfeie as er by ús oan de tee siet. As heit hannel hie, wiene se earst in skoftke oan it hantsjebakken; de iene sei in getal en hold de hân omheech, dan sei de oare in bedrach en sloech dy tsjin dy hân oan. Sa gie dat in skoftke hinne en wer. Ynienen wie it oer, en praten se in setsje oer hiele oare dingen. Mar letter begûn it hantsjebakken op 'e nij en waard de hannel wer fuortsetten. As de priis heit nei it sin wie, die de iene de oare ‘gelok’ en wie it bist ferkocht. Letter kaam er del om ôf te rekkenjen. Dan kaam der in grutte beurs út de bûse, fol mei papierjild. Briefkes fan tûzen sieten deryn; ûnbegryplik dat dy man safolle jild hie. In rike man yn myn eagen, mar ik hie al wat in oar byld fan in rike man, net sa rûch yn 'e mûle as hy wie.
|
|