| |
| |
| |
13 Nijichheden
Dach suske. In ‘farske’ brief fan mem, it is wer in hiel ferhaal. Mem skriuwt oer it ferhúzjen fan de buorlju, Oane en Jikke Tilma. Fan dat ferhúzjen wit ik neat mear, der feroare fansels ek net folle, Wierd en Ike wennen al in skoft by har âlden yn. Jikke wie omtrint yn it selde jier berne as ik. Klaas wie in pear jier jonger. Wy boarten in soad mei-elkoar. Mar der wie ek wolris spul. Ik wit fan ien ynsidint wêrby't my troch myn broers in ferfelende rol opkrongen wie. Tusken de pleatsen yn wie by de famylje De Groot in grut hôf mei foaral parrebeammen. Dy parren smakken bêst en wy snipten ek wolris ien, wat de buorlju min nei 't sin wie. Op in sneintemiddei hie Jan of Jaap betocht dat se sin oan in par hiene en stjoerden my deropút, wylst se sels feilich yn it bûthús achterbleaune. Ik wie noch net troch de hage of dêr gie de bûthúsdoar iepen en kamen in pear manlju roppend nei bûten setten. It heucht my net mear dat se my te pakken krigen ha, mar ik hie wol in wiete broek, sa skrok ik. De folwoeksenen ha doe mei elkoar praten, mar de relaasje wie dêrnei wol in skoft bekuolle. Hofkesjongen wie der net mear by. Oane
Siteburen 26 mei 1956
Beste Bertha
Zo zal ik dan eindelijk ook maar eens terugschrijven. Je schreef in je laatste brief of wij ook eens komen, nu dan mag de zon eerst wel onder de tafel op komen, zoals het er nu voorstaat. Erg bitter, hè? Ja ach, zo ben ik soms ook als alles je ook altijd tegen zit. Al onze schapen zijn deze winter voor
| |
| |
een appel en een ei weggegaan omdat ze ziek waren door de natte zomer. Gallig noemt men dat. Zes koeien is het kalf in verdroogd, zodat ze niet weer melk worden en voor de dood zijn weggegaan. Zes koekalfjes hebben wij maar gevangen van de dertig beesten die gekalfd hebben zodat we veel te weinig aan fok hebben en niets te verkopen. En dan de weg die er zou komen door de Bird. Het was in de Friese Staten aangenomen en deze zomer wilde men er aan beginnen, maar drie landheren stuurden de boel in de war. En nu gaat alles weer over. Wij vinden het zo ontzettend jammer voor de kinderen. Ze staan nu altijd overall naast en kunnen zich zo ook niet genoeg ontwikkelen, maar je bent machteloos. Wij hebben ook al eens om een andere boerderij gezien maar dat is ook een trek uit de loterij als je slaagt. Er zit niets anders op dan doorploeteren zonder elektrisch en waterleiding en weg en ontspanning. Maar de boer hij ploegde voort, staat in onze harten gegrift. Als ik zo naar buiten kijk zou ik niet zeggen dat het erg op zomer lijkt, wel schijnt de zon maar er waait een ijskoude oostenwind. Ik heb de kachel lekker aan. De jongens hebben vanmorgen even het zeil omhoog gehad en een paar gangen gezeild, maar kwamen al gauw koud en nat weer thuis. Er zeilt ook bijna niemand en toch zitten we al in het reisseizoen. Jaap heeft een bromfiets gekocht, hij had zelf het geld op de bank gespaard van zijn loon. Die had zo'n best rapport bij het verklassen. Met twee anderen op de tweede plaats in zijn klas. Zijn we zo blij om voor hem. Jan gaat niet zo denderend, maar daar heb ik anders weer meer aan, gauw wat voor je doen en zo, en eens een kleine verrassing. Anne wordt al zo groot, die lijkt wel tien in plaats van acht jaar, hij groeit overall uit. En Aukje dat wordt toch zo'n rakker, ondeugend als geen twee anderen en 't wordt zo'n mooie kletskous. Alles wil ze meedoen, altijd mem helpen, liefst wassen en dan maar ‘bargje’.
| |
| |
Onze buren zijn gaan rentenieren in Grouw. De getrouwde dochter is op de plaats blijven wonen met haar gezin. Uit je brief begreep ik dat je ook al haast trouwplannen hebt. Och ja, ik begrijp het best, maar jullie hebt het nu nog zo mooi, dit komt nooit weer, wees nog maar niet zo haastig, Bertha. Mijn brief is vol zie ik. De beste wensen voor jullie beiden. Met een hand en in tút van Dora en Gooitzen
Dat der earder gjin dyk troch de Burd lei, kin ik my hast net yntinke. Ik ha nea oars witten. Ferline jier bin ik der wer ris lâns fytst; de dyk is no in ûnderdiel fan de pontsjetocht by Grou.
Oan it lânskip is net folle feroare, it is allegear noch altyd griene greide. Ek stean de measte pleatsen der noch. Alder fansels, en de hiemen deromhinne lizze der ek oars by, no't se net langer ûnderholden wurde: kealer, suteriger. Der wurdt hast net mear buorke yn 'e Burd. It measte lân is eigendom fan It Fryske Gea, dy't it gewurde lit, sadat it feroaret yn fûgeltsjelân. Guon pleatsen ha in oare bestimming krigen: opslach fan boaten, en yn de pleats fan Æsge fan der Meer is sels in teetún kommen. Fytsers kinne dêr eefkes bekomme en genietsje fan de rêst.
Fansels kinst net om de nijbou hinne dy't tsjin de Pikmar oan boud is. Fakânsjewennings dy't fan it wetter ôf de Burd in oar oansjen jûn ha. De âlde pleats fan Van Vilsteren is opoffere; der binne grutte ynhammen yn it lân groeven dêr't de huzen oan stean. Mar op 'e fyts leit it achter beamkeguod en reid ferskûle, as't it net sjen wolst, sjochst it net.
Op plakken leit it lân der wol rûger hinne as eartiids. In keppel hynders rint yn in greide dy't besiedde is mei pôlen rusken. Heit hie in ferskuorrende hekel oan rusken yn it lân; dat wie in min teken, sei er.
Yn it lân, dat winterdeis ûnder wetter stie, groeiden ek faak
| |
| |
in protte rusken. Ik neamde dy stâlen ‘bizen’, as bern plôke ik se wol en flocht der matsjes fan. Wy hiene stuollen mei sokke sittings derop yn de keuken, sadwaande koe ik dat wurd.
Doe't ik lyts wie, fûn ik it in ferskuorrend lang ein fytsen, dy lange Burd troch nei hûs ta; benammen ast alles op de kop yn 'e wyn hiest. Hiel faak haw ik letter oan kunde ferteld dat wy as bern ‘fier bûten it doarp wennen en in hiel ein fytse moasten!’ Doe't ik it wer seach, tocht ik: wat is it eins mar in skyteintsje. By de pont wei koe 'k Sitebuorren al lizzen sjen; ik kuierje no deis sa'n ein. Miskien komt it om'tst doe lytser wiest en alles mei berne-eagen seachst.
It dykje meänderet fan de pont ôf by it wetter lâns, earst by de Pikmar del. Letter folget de dyk de âlde Burd; it wetter dêr't ús heit-en-dy eartiids mei de boat nei Grou ta foeren. It wie de ferbiningswei oer it wetter nei it doarp ta, it iennichste paad nei de bewenne wrâld. Koest ek oer de Ie farre, mar dat wie in ein om en it wetter wie dêr wylder.
Op guon plakken is de Burd noch yntakt, de pleatsen oan de oare kant binne mei dammen te berikken.
De dyk troch de Burd wie de earste boade fan grutte feroarings dy't op Sitebuorren plakfine soene. De wetterlieding bygelyks.
Foar't de pleatsen dêr op oansletten waarden, moasten wy ús mei it wetter út 'e reinwettersbak rêde. Njonken it bûthûs wiene twa bakken tsjin de bûthúsmuorre oan mitsele. Ut de goate wei rûn in buis nei in fjouwerkant bakje dat healwei yn de piip siet. Dêr siet grint yn, it wurke as in souwe; de blêden en oare rommel waard dêrmei tsjinholden en it skjinne wetter rûn fierder nei de bak ta. Mei in akerke hellen we it derút. Mochtst it tou fan it akerke der net yn falle litte, want dan wiest it kwyt. Dan moast der in grutte latte mei in spiker komme om it tou der wer út te fiskjen.
| |
| |
Soms moast de bak skjinmakke wurde. As der net folle wetter mear yn siet, waard der in ljedder yn setten en ferdwûn heit de djipte yn. Ik stie der fansels op kop en earen by. Mei amers helle er de blabze, dy't op de boaiem lei, derút. Guon minsken hiene ek wol in mûdhûn yn de reinwettersbak; in fisk dy't de bak skjinhold. Ik wit net as dat by ús ek wenst wie, ik haw him nea sjoen.
As bern lei ik soms mei de earms op dy bak: it izeren lid omheech, de holle deryn en dan mar roppe. Dan heardest in prachtige echo. Sljocht op mearkes as ik wie, benammen it ferhaal fan Frou Holle koe ik sa foar my krije. Oanstriid om it nei te spyljen en rykdom te fertsjinjen troch yn de bak te springen haw ik nea hân. Ik wist ommers hiel goed dat der in boaiem yn siet.
Om mem by it wurk yn de keuken te geriven wie der wol in kraan oanlein. Dy wie ferbûn mei in wetterbak dy't yn it gonkje achter de keuken tsjin de muorre siet; krekt in bytsje boppe hollehichte, lange minsken koene der mar om tinke. Faker as ien kear is de besite ôfset mei in smertlape op 'e holle.
Dy bak moast mei amers wetter út de reinwettersbak fold wurde. Dat wie net in maklik kerwei. De swiere amers moasten boppe de macht tild wurde, it wie in hiele keunst om de klean dêr droech by te hâlden. Simmerdeis krigen we liedingwetter fan it molkfabryk, alle wiken naam de molkfarder in pear busfol mei.
Wat wie it in gemak, dat it wetter letter mei it oanlizzen fan de wetterlieding samar út himsels út de kraan kaam. Tagelyk mei de oanlis fan de liedings waard it branjehok tusken de keuken en it bûthûs ferboud; yn it plak dêrfan kaam in moderne bykeuken mei in spielhúske en in dûs.
Ek krigen we dêr in lavet; dêr koe mem de wask útspiele en sa hoegde se net langer mei de swiere amers nei de feart ta te
| |
| |
bonkeljen. En in spielplak foar de amers en bussen fan de buorkerij, dat wie ek in hiele foarútgong. Bus- en amerhimmeljen wie mem har oandiel yn de buorkerij en moast earder altyd bûten plakfine.
De dûs brocht grutte feroarings yn it deistich libben. Oant doe ta hiene we ús altyd mei it oanrjocht behelpe moatten. Doe't ik lyts wie, stie ik dêr op in krukje, in âld ûnderstel fan 'e tafelstoel, wylst mem my wosk. Ik kin dat byld noch sa skerp as in foto foar my krije. It is ferbûn mei in earnstich gesicht fan ús mem. Mem wie my oan it waskjen en sei ynienen op in hiele earnstige toan: ‘Der is hiel wat slims bard. Muoike Wip, dy't sa slim siik wie, is stoarn.’ Ik wie djip ûnder de yndruk, krekt as stie de tiid eefkes stil. Ik dêr op dat krukje, mem har gesicht, tusken ús yn har hân mei it waskhantsje dat yn 'e loft hingjen bleau. Muoike Wip wie heit syn ienichste suster, se wiene mar tegearre as bern. Al op jonge leeftyd is hja oan boarstkanker stoarn. Folle oantinkens haw ik net oan har; ik wie noch te lyts. Mar sa lang as heit en mem libben, hat der yn alle huzen dêr't se wennen in foto fan muoike oan de wand hongen.
Mem wosk ús altyd op sneontemiddei, dat wie ek it momint dat we skjin ûnderguod oan krigen. De grutte jonges moasten harren op 'e oerloop waskje. Dêr stie in kastke mei in lampetstel, in wasbak mei in wetterkanne, der hong in brede spegel boppe. Hja hiene frijwat lêst fan pûkels, se stiene dêr faak om dy dingen út te knipen en mei in watsje ddd te dippen; oars krigen se noch folle mear. Dat guod rûkte sa skerp. It hier smarden se mei Brillantine yn; dan makken se der in moaie kúf fan. ‘Fetkuiven en bromnozems’ waarden jongeren yn dy tiid neamd.
Ek op de sliepkeamer fan heit en mem stie in lampetstel, heit en mem wosken harren dêr.
Hierwaskje diene we simmerdeis om de safolle wiken, dat
| |
| |
die ús mem bûtendoar op 'e strjitte. Earst waard it hier wiet makke, dan kaam der ‘ei-shampoo’ yn. Dêrnei waard der flink rost en ta beslút waard it mei waarm wetter útspield. Winterdeis waard it hier net faak wosken. Dat fûn ik wol bêst, dy sjampoo biet altyd gemien yn 'e eagen.
En dan dat nije spielhúske, wat wie dat ek in lúkse, Ljochtgiele tegels oan de wand en op de flier fan dy swartgrize tegeltsje dêr't ik allegear mearkeseftige figueren yn seach. Yn it nije húske sieten gjin spinreagen, gjin naden dêr't grizelige bisten harren ferskûlje koene; alles kreas en netsjes. Foar de jonges feroare der trouwens net folle. Sy moasten noch krekt as foarhinne bûtendoar pisje. Yn it húske pisje, wie wetter fergrieme. It trochspielen, dan. Sy hiene, krekt as pake, in pisplak by in beam, in grouwe skeangroeide wylch dy't in eintsje fan it hûs ôf stie. Simmerdeis koe dat plak slim stjonke en sieten der in soad miggen. Winterdeis pissen se ek wol yn 'e groppe fan it bûthûs, dat wie waarmer fansels. Foar in grut boadskip moasten we earder nei it húske yn de skuorre, dat siet boppe de jarrekolk dy't achter de pleats lei.
Ik ha net folle op dat húske sitten, ik sil my de earste jierren ek wol meast mei de pot rêden ha. Mar ik wit noch wol dat dat húske altyd sa nei reek rûkte. Dat kaam omt heit der dan krekt sitten hie. Heit mocht graach smoke; op it húske die er dat fansels ek, dan hie er it eefkes oan tiid. Dy reekwolken, fermongen mei de lucht dy't heit syn boadskip dêr achter litten hie, kin ik my noch hiel goed yn it sin bringe. En de bril wie dan altyd lekker waarm; by't winter wie dat o sa noflik.
Oan de ein fan it hiem, de pisbeam foarby, hie mem har stookplak by de sleat. Dêr waard it ôffal en papier delsmiten en, as de wyn geunstich wie, opstookt. Moai wurk fansels, elkenien woe graach meihelpe. As mem klear wie, smiet se wetter oer it fjoer, mar soms bleau der noch wolris wat smeu- | |
| |
len en wie it foar ús as bern de keunst om it fjoer wer oplôgje te litten en sa noch in skoftke te fjurkestoken. Yn 'e oarloch hat yn dyselde sleat it koperen guod ferside brocht sitten. ‘De Dútsers hjitten de minsken om it koperguod yn te leverjen, dat gie nei Dútslân om der kûgels fan te meitsjen, mar in soad minsken negearden dat gebod en begroeven it?’ fertelde mem. ‘Wy smieten it yn 'e feart.’ Sadwaande stiet der no by ús alle fjouwer noch in moaie koperen tsjettel te pronk.
Net allinne de wetterlieding waard oanlein, letter krigen we ek telefoan. Foarhinne waarden de boadskippen foar dizze en jinge oan de molkfarder en de post meijûn; tige urginte saken waarden troch de wei fan in telegram oan de minsken bekend makke. Mar mei dy telefoan koe men elkoar rjochtstreeks belje, de wrâld lei ynienen foar de greep. Dy earste telefoan hong yn de gong, op eachhichte; lytse bern as ik koene der net by komme. In swiere bakeliten hoarn oan in mei breiden stof beklaaid snoer. Troch it brûken raffele de stof letter op de plakken dy't it meast te lijen hiene. Faak sil er yn it begjin net gien wêze, belje om 'e nocht wie der net by soks koste jild.
En dan ‘it nije Ijocht’, sa't it elektrysk neamd waard. Wat in nijichheden brocht dat mei him mei. We krigen in radio, in naaimasine, in mikser, in oventsje èn wy krigen in televyzje! Al dy nije apparaten wiene djoer: de bm-er moast ferkocht wurde om alles betelje te kinnen.
Wy hiene de televyzje wat earder as de buorlju. Op woansdeitemiddei mocht Jeltsje altyd by ús televyzjesjen. ‘Pipo de clown’, ‘De Verrekijker’ en ‘Swiebertje’. Alle woansdeis giene we derfoar yn de sneinske keamer sitten. Dy earste televyzjeprograms, dat wie wat!
Mem brûkte de televyzje ek as machtsmiddel. Jeltsje hie de frjemde oanwenst om my altyd te klauwen as we rûzje hiene, ik siet faak ûnder de krassen op earms en gesicht. Mem hie
| |
| |
dêr sa skjin har nocht fan dat se op in kear tsjin Jeltsje sei: ‘Asto har wer klaust, meist net wer by ús televyzje sjen!’ Dat die wol fertuten, Jeltsje hat my noait wer skeind. Ek letter net, doe't se sels televyzje krigen.
|
|