| |
| |
| |
11 Folk op 'e pleats
Ha suske! Yn har brief skriuwt mem Bertha oer de kinkhoast dy't ik mei nei Sitebuorren ta nommen hie. Ik ha dy besmet, as ik it lês fiel ik my suver skuldich. Ferjoust it my?
Broer
Siteburen 21 - 12 - 55
Beste Bertha
Niet zoveel vrolijks deze keer. Het is hier niet zo prettig op 't heden. Anne is met kinkhoest uit school thuisgekomen, wij hadden het eerst niet in de gaten, maar achteraf was het wel zo en heeft hij de kleine meid ook besmet. Anne heeft het niet erg en bovendien al vijf weken, die is al aardig weer aan 't opknappen. Maar Aukje, die stakker dat is wat. Alle tijd maar hoesten, het mat haar zo af. Als ze weer zo'n zware bui gehad heeft is ze op. En 's nachts ieder uur bijna. Volgens de dokter moet ze het ergste gehad hebben, maar ik kan nog niet weten dat het opknapt. En dan altijd de boel er onder braken. Alle dagen een emmer vol was en niks drogen en 's nachts geen slaap genoeg. 't Is niet zo makkelijk. 't Is hier een hele epidemie van kinkhoest, de meeste kleinen zijn ook niet ingeënt want de hele zomer is er kinderverlamming geweest en dan doen de dokters het niet. De groten hebben het nooit gehad, die kunnen het ook nog wel krijgen. Wij hopen er het beste van. Met de boerderij gaat het behoorlijk goed, maar G. maakt zich nog wel zorgen over de voorraad hooi. Deze zomer is er niet zoveel gegroeid. En als je bij kopen moet, dan
| |
| |
is duizend gulden ook niets. Verder zijn wij wel gezond en we hopen van jou en de jouwen ook van harte. Dora
Mem neamt yn har brief dokter, dy't in reis nei Sitebuorren makke hie. Se skriuwt de namme der net by, mar yn de Grouster Almenak (1974) fyn ik dat S. A. Schouwstra fan 1926 oant 1963 dokter te Grou wie. Dokter Frederik Dam kaam fan 1953 ôf yn de praktyk. Se wennen by elkoar yn: Schouwstra foar en Dam achter yn it doktershûs. Dokter Schouwstra wie in freonlike âlde man. Marijke fan dokter Dam siet op de legere skoalle by my yn deselde klasse. Marijke wie de freondinne fan Jeltsje. Ik ha doe ek wol by dokter Dam yn 'e hûs west doe't se noch yn it deftige hûs oan de kade wennen. Deaferlegen fansels, as ik dokter yn 'e hûs tsjinkaam, ik koe him allinne mar as dokter sjen, net as heit fan Marijke.
Troch dokter Schouwstra moat Bertha mei ús famylje yn 'e kunde kommen wêze. Bertha folge de leararesseoplieding op Rollecate te Dimter, in oplieding ta learares oan 'e lânbouhúshâldskoalle, tagelyk mei Tineke Schouwstra, de dochter fan.
Op Rollecate studearren meastentiids famkes út gesinnen fan bettere komôf. Yn it lêste jier fan 'e oplieding moasten de studinten in pear staazjes rinne. Dokter Schouwstra waard frege oft hy noch in pear goede adressen ûnder syn boerepasjinten wist. Hy hat doe de famylje Jonkman en ús folk neamd, sa kaam Bertha by ús útfanhûs.
Dokter makke mar inkeld in reis nei Sitebuorren, mar de molkfarders diene dat alle dagen. By 't winter kamen se ien kear deis om't der dan in soad kij droech stiene en der minder molke wie. Yn 'e maitiid en yn 'e simmer, as de measte kij keallen en se mear molke joegen, kamen se moarns en jûns.
| |
| |
It molkfabryk hie in stikmannich molkfarders yn tsjinst, elke molkfarder hie syn eigen rûte. Hindrik Jetses van der Goot kaam by ús op Sitebuorren. Fierder foer hy troch de Burd en de Wide Ie oer. Moarns om fiif oere sette er mei de bussen waai fan it fabryk ôf nei de boeren yn it wetterlân. Waai wie in ôffalprodukt fan de tsiismakkerij, dat waard oan de keallen opboarnd. De bussen moasten mei in gejuichje út de boat op it stap oan de feart setten wurde. De folle molkbussen moasten wer yn de boat. Swier wurk, gjin Arbo-wet dy't hjir harren rêch beskerme.
Der kaam wol mear yn 'e bussen fan it fabryk nei de pleats. Tsiis en boerebûter bygelyks. By 't simmer, as de bussen yn 'e gleone sinne stiene, rûn de bûter betiden ta de pakjes út!
As de post winterdeis net farre koe, treau er it brieveguod ek wolris yn in molkbus, sa koe it nijs dochs by de minsken oer it wetter komme. Mar, as de boeren dêr net op fertocht wiene, en sûnder erch de tjems op de bus setten, koe it barre dat de brieven op de molke dreauwen as de bus fol wie!
As it fûl frear, foeren de molkboaten yn kolonne by it fabryk wei, sa waard der in soal makke. De boat fan Hindrik Jetses wie de sterkste, 20 pk ‘handgestarte diesel’. Se besochten sa fier mooglik te farren, dêrnei gie it mei sliden fierder.
Ik mocht simmerdeis graach in eintsje mei de molkfarder meifarre. Sadree't ik de molkboat hearde, draafde ik nei buorman syn hiem en stapte dêr yn de boat. Sa foer ik mei nei ús stap ta, dêr't ik wer oan wâl gie. It wie mar in skyteintsje, mar dochs alle kearen wer in aventoer. Ik hie niget oan de grutte draaikolken dy't de motor yn it wetter makke. It wetter wie noch tiden swart fan de blaumodder dy't er nei boppen wrotten hie.
Ien kear yn de fjirtjin dagen kaam der in soarte fan kofferke mei de molkfarder mei. In izeren blik mei lytse fleskes
| |
| |
deryn. Dat wie foar de meunsternimmer, dy't troch it molkfabryk by de boeren lâns stjoerd waard. It wiene meast âldere mannen; moarns betiid kamen se al op de pleats. Mei in apart skepke, in hiel lyts stielen kokerke oan in stok, waard fan eltse ko wat molke út de amer helle. Dat waard yn in fleske getten dêr't in swart rubberen dopke op kaam. Op dat fleske stie in nûmer en datselde nûmer skreau de meunsternimmer yn in skrift op, mei de namme fan de ko derby. In tsjok skrift mei in hurd swart-marmeren kaft deromhinne. De nammen fan de kij koe er op de balken lêze, mei kryt hie heit se dêr opskreaun. Tsjitske, Pytsje, Klaske 2, Froukje 3, Bûntsje, Sytske.
Ik ha dy mannen blykber goed observearre, want ik kin se sa noch úttekenje. Foar't se begûnen te skriuwen slikken se oan it puntsje fan it potlead. Dat potleadsje waard yn it skrift bewarre.
Fan elke ko waard opskreaun hoefolle er joech. It hiele miel moast yn in aparte amer en waard oan in ingster hongen: in soarte fan klok dy't oan de balke hong mei in heak oan in fear derûnder. Sa koe it gewicht ôflêzen wurde. Foar melken waard de amer leech oan it ingster hongen, dat gewicht waard fan de molke ôflutsen.
Fan dy molkemeunsters, en de skjinnens fan de molke, dat mei in kaartsje mei in stikje wat derop kontrolearre waard, hong de priis fan de molke ôf. Sneons helle heit it molkjild by it fabryk wei, alle wiken waard it útbetelle. Heit gie dan tagelyk by de winkels lâns om de rekkens te beteljen. As heit in sneon net nei it fabryk koe, waard it molkjild mei de molkfarder meijûn, dy hie de pûdsjes op 'e rigel yn de stjoerhutte; brune pûdsjes mei optearde briefkes en muntjild deryn. Hindrik Jetses krige in kwartsje foar it bewarjen fan it jild. Heit die altyd wat stikem oer dat jild, wy mochten net witte hoefolle deryn siet.
Letter, doe't it giraal ferkear yn opmars kaam, gie it jild oer
| |
| |
de bank; heit hat jierrenlang yn it bestjoer fan de Boerelienbank sitten.
It wie fansels wichtich dat de meunsternimmer kaam, mar it hie ek in neidiel, it melken duorre folle langer as oars. Alle kij moasten apart molken wurde. Gewoanwei gie de amer fan ko nei ko en waard er lege as er fol wie.
Net altyd deselde meunsternimmer kaam by ús oer de flier, der wiene guon dy't je aardich fûnen, en oaren. As bern hie ik der ek mei te krijen, want moarns betiid, nei it melken, kamen dy mannen by ús mem te brea-iten. Se ieten altyd wat earder as ús manlju, want se moasten mei de molkfarder nei it fabryk werom. Ik iet ek altyd betiid om't ik nei skoalle moast. Dat ik siet faak mei sa'n frjemde keardel oan tafel. Kerst Koopmans, dat wie in fleurige praatsjemakker, dy hold hiele ferhalen tsjin ús mem ûnder iten. Mar, as er hiel entûsjast fertelde, fleach de flibe him út 'e mûle wei; ik siet it leafst in goed ein by him wei. Mar gesellich wie it wol.
It iten smakke my minder as âlde Jabik by ús iet, in kromgroeide man yn in mansjesteren pak. Dy smakte altyd sa ferskuorrend ûnder iten, ik griisde derfan. Ik seach altyd de oare kant út, mar lykwols hearde ik it wol. It rôp itselde gefoel by my op as dat rommeljen mei it gebit fan pake en beppe. Mem hie dat wol yn 'e gaten, se glimke dan stikem nei my. Dy man ferprate him net, hie it fierstente drok mei it iten, hy lei rûngear foar de tafel. Yn dy stilte foelen de lûden dy't er makke noch mear op. As er al wat fertelde, einigen alle sinnen mei in searje ja-ja-ja-ja-ja's.
Der wie ek noch in tredden, dêr hie ús heit sa'n ferskuorrende hekel oan. Bouwe wie wat oars as oaren. Hy wie al troud, mar se hiene it gefoel dat er mear fan manlju hold. Soms pleagen se him ek wol. Bouwe syn frou hie altyd sa'n hekel oan kuillucht; as Bouwe net yn de buert wie, treaunen se gau eefkes in hânfol kuil yn 'e bûse fan syn jaske, dat oan
| |
| |
in spiker hong. As de mannen dan letter meielkoar yn de molkboat sieten sei Bouwe: ‘Hu, wat stjonkt it hjir.’ Dan blykte dat er it sels yn 'e bûse hie.
Bouwe wie ek lang, hy koe noait ûnthâlde dat der fan it grutbûthús nei it lytsbûthús in lege grouwe balke siet. Dêr stompte er altyd syn kop. It wie fêste prik: de earste kear dat er der ûnder troch gong wie it bats!
Myn âldste bruorren wiene dat wol wend, dy frjemde iters by de tafel. Se witte noch wol fan dy tiid dat der feinten wiene. Se sliepten op it feintekeammerke, in ôfsketten hokje dat op de heasouder makke wie mei in ferbiningsdoar nei de souder fan it wenhûs.
Yn dy tiid hiene hiene heit-en-dy simmerdeis njonken de feinten ek altyd losse helpen: ûngetiders, Wopke út de Rottefalle en Harmen fan Surhústerfean. Ek yn de Burd wiene in protte fan sokke ûngetiders, dy kamen út de Wâlden. By 't maitiid giene se by de boeren del en bestelden se har foar de ûngetiid. Dy lju kamen troch de Hege Warren en setten de fytsen of brommers by heit en mem yn it âlde bargehok; it wie dêr betiden in hiele fytsestalling. Myn broers fûnen dy brommers prachtich. In brommer, dat wie wat yn dy tiid!
De ûngetiders kamen moandeitemoarns en setten sneontemiddeis wer ôf. De hiele haaiinge bleaune se op de pleats, se sliepten op in stâl yn it bûthús. It wie wenst dat nei de haaiinge de rûchskerne oer it lân brocht waard, de mannen holpen dan noch om de stront út te riden en dêrnei wie it wurk foar harren dien.
It fenomeen feint wie my oars net frjemd. By buorman hiene se noch wol in feint, doe't ik sa'n famke wie: Jelle Hempenius. We sneupten wolris op syn keamer om as hy der net wie, Jeltsje en ik. De man hie epileptyske oanfallen. Jeltsje
| |
| |
fertelde dat hy altyd poeiers krige, dy sieten yn in doaske. Fansels wiene dy net feilich foar ús nijsgjirrige bernehannen; ynelkoar tearde stikjes papier mei de poeier dêrtusken. Ik wit noch krekt hoe't er dat die: hy sette sa'n briefke oan de mûle en liet de poeier nei binnen gliidzje, dêrnei spielde er it mei in glês wetter fuort. Op in kear hat Jeltsje sa'n poeierbriefke pakt, de medisinen fuortsmiten en der struipoeier foar yn it plak dien. Fol spanning wachten we it resultaat ôf. Mar it duorre lang foar't er yn 'e hûs kaam en we hiene fansels al wer wat oars útfûn. Ik ha der noait wer wat oer heard. Ik tink dat de gefolgen wol tafallen binne, de feint stie dêr wol op skerp. It wiene dêr allegear dogeneaten by de buorlju, der waarden wol faker fiten mei de iene of de oare úthelle.
Net allinne de molkfarder en meunsternimmer kamen op de pleats, der kamen noch folle mear del. De keallesketser bygelyks. Fan alle kealtsjes waard in kaart foar it stamboek makke. Pake wie net lid fan 't stamboek, mar heit waard dat al. Heit sketste de kealllen earst sels, letter moast soks troch in keallesketser dien wurde; faaks ha de boeren der wolris wat mei skelme. Se brûkten fan dy foarprinte kaarten, der stie al in tekening fan in keal op. De sketser moast de swarte plakken derop oanjaan. Keallen mei in swart plakje oan de poat koene net yn it stamboek opnommen wurde. Fierder kaam de namme derop te stean, de bertedatum en de namme fan de âlden fan it keal.
En dan hiest al dy winkellju, dy't de boeren by del gien mei harren negoasje. De bakker bygelyks, ik sjoch him noch by de doar stean. In grutte reiden koer oan de earm mei in kleed deroerhinne. As hy dat kleed weromsloech, lei loailekkerlân foar de greep. Oan de iene kant de bôlen, yn in stik papier teard. Mem snijde de bôle sels, wite bôle ieten we altyd. By it oanrjocht siet
| |
| |
in houten snijplanke dyt'st útskowe koest. Foar iten snijde mem de stikken bôle yn kreaze tinne stikken. Wy krigen it plaske, dat smakke hearlik sa foar iten, dan hiest sin oan wat. ‘Honger’ mochten wy net sizze. ‘Jim witte net wat honger is.’
Oan de oare kant fan de koer stiene papieren pûden mei koeken; koeken foar sneins by de kofje. En koeke fansels, by de kofje krigen we altyd in stik: sûkerkoeke of brune koeke. By de tee krigen we in moalkoekje: in ‘Marie’, of in slikkoekje, lytse koekjes mei in brún laachje glazuer derop. Earst it glazuer derôf slikje, de tonge die dy der op it lêst sear fan. Mar as we besite hiene, mochten we dat net dwaan fan mem.
De grienteman: Siete Van Keimpema. Dat wie in grienteboer fan Earnewâld dy't preammen ferhierde en derby sutele. Hy lei altyd by buorman foar de wâl en wy moasten fansels mei om dy rykdom te bewûnderjen. Yn myn oantinken leine der bakken fol guod op it dek fan it skip, yn de warring rûnen we der hoeden by lâns. Ek yn it rom lei de griente. Oan de sydkant moasten we mei in steil ljedderke nei ûnderen ta. It rûkte allegear like lekker.
In oar fenomeen by de doar wie Sjoerd IJselstein. Dat wie in hiele lange man, yn myn eagen in reus. Lange Sjoerd of ‘Sjoerd Laddes’, sa't thús sein waard. Hy sutele mei klean. Mem reizge net faak nei stêd om nije klean foar de bern; ûnderguod, sokkejern en oare dingen kocht se fan him.
Lange Sjoerd hie in saak yn Wergea, in pear kear yn 't jier reizge er mei syn motorskou by de boeren lâns. Hy sjoude twa bombidige brune koffers mei, dy't om bar op de keukentafel dellein waarden. Earst de grutte learen riem derom wei, en dan kamen der bergen guod foar it ljocht. Dêrnei waard alles stik foar stik út de koffer pakt en op in steapel nêst de koffer dellein. By alle dingen frege er: ‘Hat de frou ek noch ferlet
| |
| |
fan...?’ It antwurd wie meastentiids ‘nee’. Mar der waarden wol altyd saken dien: ûnderguod, in overall, in seilbokse of blaukile. As de koffer hielendal leech wie, waard alles stik foar stik wer yn 'e koffer lein, folge troch itselde ritueel mei de oare koffer. Alles yn in oerstadich tempo, as hie de man alle tiid fan 'e wrâld. Mem net fansels, se siet har bytiden op te fretten, want it wurk lei op har te wachtsjen. Mar de man poanne hie gjin doel, hy waard der hjit noch kâld fan.
Foar my naaide mem ek klean, earst op de hânmasine, letter op de elektryske. Faaks hat se dy lapen stof ek fan him kocht. Letter helle se dy fan de merk yn Ljouwert. Ik hie in ferskuorrende hekel oan om mei mem nei stêd. Se woe altyd by de lapkes sjen. It duorre tiden en ik ferfeelde my dea. Sa no en dan frege se my: ‘Hoe fynst dit lapke?’ ‘Moai,’ sei ik dan mar gau; as mem it kocht, koene we fierder. Ik realisearre my op sa'n stuit net dat ik in pear wike letter yn datselde lapke nei skoalle ta moast.
Durk van der Schaaf, Durk Post, kaam hast alle dagen. Klaaid yn in pak fan de ptt, in pet mei embleem op 'e holle. Oer it skouder in swarte learen tas. As er by de doar kaam, sloech er hiel gewichtich dy learen flap tebek en rommele er yn syn tas om. It wie spannend wat der foar it ljocht komme soe. Dat foel meastentiids ôf, brieven foar heit en mem en krantsjeboel. Durk hie in kompleet postkantoar by him: girokaarten, postsegels, briefkaarten ensf. Ast Durk fregest hoe let it wie, sei er altyd: ‘Kofjetiid.’ Hy wie in fêste kofjedrinker by ús en fertelde smoute ferhalen. Hy kaam fansels oeral en wist (hast) alles fan elkenien. ‘Hoe wit er dat allegear?’ frege ik mem. ‘Under it farren hat er in soad tiid, dan sil er de kaarten dy't by de post sitte wol lêze,’ sei mem. Ik woe ek sa graach wat fan de post krije, mar der siet hast noait wat foar my by. Letter stjoerde ik gauris bonnen út kranten op, om fergeze
| |
| |
ynformaasje oer de post te krijen. Oant der op in kear in man mei in naaimasine by de doar stie en nei my frege. Us mem rôp my, mar ik doarst net heal by de doar te kommen; mem hat de man ôfpoeiere. Mar de skrik siet der by my goed yn, ik lies de bonnen earst al better, foar't der wat op de post gie.
De minsken dy't by de doar kamen, ynspirearren ús by it boartsjen. Postboartsje bygelyks. Jeltsje en ik woene elkoar briefkes skriuwe, elk yn ús eigen hûs. Mar it wie fansels net aardich om sels dy brieven te besoargjen. Dêr hiene we al gau wat op fûn. Jeltsje har lytse suske Antsje, dy't altyd graach mei ús boartsje woe mar faak troch har grutte suster keard waard, koene we dizze kear goed brûke. Bliid dat se ek ris meidwaan mocht, fleach se mei ynmoed mei de briefkes fan de iene pleats nei de oare. Oant se der nei in oere har nocht fan krige en der dus gjin post mear besoarge waard.
|
|