mem swier wie. ‘Wieger hie my dat allang ferdútst.’ Sa ha se elkoar dus moai foar it lapke holden.
Dy ûngetiid, dat fûn ik ien fan de moaiste tiden op de buorkerij. Waarm simmerwaar en der wie fan alles op de pleats te belibjen, aksje!
As de waarsfoarútsichten goed wiene, waard it lân meand. Prachtich om te sjen hoe't it skerpe mes de raaien kreas yn banen lei. Ik draafde der soms achteroan, dy paadsjes del, de earmen as wjukken spraat, beselskippe troch wite seefûgels dy't op wjirmen en oar bisteguod jagen. De griene fuotten dy'tst der fan krigest, dy rook fan farsk meand gers, gjin rûkersguod kin der tsjinoan.
De oare deis waard it gers mei de skodder oer de ekers ferspraat en moast it yn de sinne droegje. It hea mocht net te wiet yn de skuorre, want hiest kâns op heabroei, brân, ien fan de slimste dingen dy't in boer oerkomme koe. De hearoeder kaam geregeld del om mei in lange termometer de temperatuer yn de golle te mjitten. Dochs hat heit der wolris mei te krijen hân. Mei man en macht waard it hite hea de golle útwrotten, wa't mar in foarke hantearje koe holp mei, buorlju, feinten, grutte bern. Nuodlik wurk, hiel hoeden moast der mei it gefaarlike guod om gien wurde, der mochten gjin flammen oplôgje. Bûten leine dy stjonkende bulten noch dagenlang te rikjen.
Heit wie de karmaster, ik sjoch him noch troch it lân gean, hjir en dêr krige er in toppe hea fan it lân, skodde him útelkoar, treau it gesicht deryn en smiet him wer del. As it hea goed droech wie, kaam de swylmasine achter trekker en waard alles kreas op wurdzen swile, op alle ekers ien. Dêrnei waarden dy wurdzen mei de heaskower, dy't foar op de trekker siet, op grutte bulten jage, dat waarden letter de reakken. Prachtich om nei te sjen: de trekker dy't sok sette, it hea dat