| |
| |
| |
7 Nei skoalle ta
Dach suske, in nije brief fan ús mem, se skriuwt oer dat ik nei de legere skoalle gean. Hiel aardich om dat nei al dy jierren ris te lêzen. Myn oantinkens binne oars in stik minder plezierich. Do hast op de Master Wielsmaskoalle sitten. Feitlik wol frjemd, want ik siet op Herre Gjerritskoalle. De pleatsing gong op alfabet, dus hienen wy winliken op 'e selde skoalle sitten moatten. De yndieling sil wol feroare wêze. Doe't ik nei de ULO gong, kaamsto krekt op skoalle, tink ik en wie de Master Wielsmaskoalle koartlyn boud.
Fan 'e legere skoalle oan 'e Nesserdyk wit ik noch in pear dingen. Yn 'e fjirde klasse hienen wy les fan in master dy't by syn skiednisles tekeningen op it boerd makke, it hunebêd sjoch ik noch foar my. Hy song ek wol mei de klasse. Fan 'e hegere klassen stiet my in jierdei fan de master by, de bern moasten in toanielstikje betinke, mar ik mocht der net oan meidwaan. Dat tekene ek wol myn sitewaasje - ik hearde der feitlik net by Yn 'e heechste klasse waard ik pest. Ik hie in skelnamme, betocht troch in jonge dy't letter psycholooch wurden is. Ik hoopje dat hy der efter kommen is, wat pesten mei in bern docht.
Ik hie les fan master Sybren de Jong yn 'e fiifde en seisde klasse. ‘Sybren de Beul’ waard er neamd, en dy titel wie net ûnfertsjinne. Ien famke moast it yn ús klas foaral ûntjilde; se hjitte Sylvia en koe net goed leare. Se krige om it hurtsje ûngenedich op 'e kop; Sybren koe hurd slaan en raze! Oaren wiene favoryt, sa as Henk Roodbergen, dy't er dan pleagerich ‘Heinrich’ neamde. Trouwens, der bestie in dúdlike hiërargy yn 'e klasse. By de gong
| |
| |
sieten de knappe koppen: Hofstra, Gaastra, Hooghiemster, Geke Rouwé, Betten (in jonge út Leiden - de earste ‘allochtoan’ yn it doarp dy't yn ús earen wol hiel skiteldeftich prate) en noch in pear. Yn de midden sieten de minder bejeftigen, wêr't ik by hearde. Ik siet nêst Hendrik Sytema - ek in ienling. By it rút sieten de hern fan de sânde klasse, foar it grutste part jonges. Dy sieten der neffens my foar spek en beane by. Dat wienen ek de jonges dy't nei in jier ambachtskoalle meastentiids wurk sochten - yn it houtsjefabryk en sa. Fierder heucht my fan master Sybren it foarlêzen op sneontemoarn nei it skoft: spannende ferhalen, ik mien út de searje fan ‘De Vijf’.
It rint my skril troch de lea as ik de mail lês. Wat in fertriet moat dat foar in bern west ha. Gjin âldere broers dy't it foar him opnamen, gjin heit en mem dy't him helpe koene sa fier fan hûs. Soene se der wol weet fan hân ha? Ik bin bang fan net. Heit siet alle dagen mei de soargen foar it deistich bestean tangele; mem har tinzen wiene troch in lyts fammensbern yn beslach nommen, en fierder hie se skreppen om de drokke húshâlding te bestjoeren. Dochs is dat gefoel fan iensumens wol werkenber. Wy wiene bûtenbern, sa waard dat op skoalle ek neamd, wy kamen fan bûten it doarp, mar ek yn de groep wiest in ‘outsider’. Mar hiel soms koest mei de bern út it doarp boartsje, moast altyd daalk nei hûs ta út skoalle wei, der waard op dy wachte.
Der wiene net folle mienskiplike ûnderfinings, de bern yn it doarp boarten oars as wy op Sitebuorren. Sy hiene in soad en djoer boartersguod, wy boarten mei dingen dy't net folle wearde hiene, teminsten foar in oar. Yn 'e buorren belibben se spannende aventoeren, yn dyn eagen. Ast op skoalle oer de buorkerij ferteldest laken se dy út, leardest al gau dy op 'e tiid stil te hâlden.
Ek yn ús klasse wie in hiërargy: de boppelaach, de bern fan
| |
| |
dokter, de bankdirekteur en fan kantoarminsken. Dan hiest de middengroep dêr't ik by hearde; soms mochtst meiboartsje, soms waardst fuortjage. En dan krigest de ‘underdogs’, de bern dêr't wat oan mankearre: se rûkten raar, seagen der oars út of hiene ien of oare handicap. Sokken waarden útskeld, narre. Doe't ik in bril krige wie ik fansels in ‘brillejoad’ en ek myn namme ‘Peen’-stra, wie somtiden oanlieding ta woartel-grappen. Sa gemien as se dy dûbele ee útsprekke koene. ‘Net op reagearje,’ sei mem, ‘it giet fansels wer oer.’ Doe't ik ûnder myn famkesnamme begûn te skriuwen, haw ik dy ee dus ek feroare yn ea: ik hie myn learskoalle wol hân.
Jierren letter trof ik op in literêre jûn ris in juffer fan myn legere skoalle, juf Anneke van der Meulen. Se koe my noch wol foar har krije, sei se. Ik sei dat dat my ûnwierskynlik ta like, ik moast in stil en ferlegen bern west ha. ‘Ja,’ sei se, ‘mar ik hie wat mei twa soarten bern, dejinge dy't hiel drok wiene en guon dy't hiel stil wiene.’ Miskien hat dat ek wol makke dat ik my benammen dy earste jierren op skoalle feilich field ha. Yn it lêste jier waard dat oars: de hormoanen lieten har jilde, de ferskillen tusken de bern waarden grutter. It gefoel fan oars as oaren wêze ek, in ienling. Benammen doe't dúdlik waard nei watfoar skoalle de bern nei de legere skoalle gean soene, waard it ûnderskie tusken de groepen noch grutter. De bêste learders giene nei de hbs; dan krigest de ulo-klanten en de oaren giene nei húshâldskoalle, ambacht- of lânbouskoalle.
It ferjit my nea dat mem my misledige ferdútste, dat master Tichelaar sein hie dat ik ‘in húshâldskoallefamke’ wie. As se my freegje soene: hokfoar sin hat dyn libben feroare, dan soe ik op dizze sin wize. Ik in húshâldskoallefamke? Ik soe master wolris eefkes sjen litte dat ik al wat mear yn 'e marse hie! Nei de húshâldskoalle, ik moast der net oan tinke; ik hie neat mei it húshâlden, ek noait krigen, trouwens!
| |
| |
By alle diploma's wie der altyd eefkes dy triomf: sjochst no wol, master?
Dochs hat it gefoel fan bûtensteander wêzen myn jeugd net knoeid, ik hie Sitebuorren, myn eigen paradys. In wrâld dêr't ik my ûntjaan koe, dêr't de fantasije rom baan krije koe. Romte, frijheid en feiligens: in rykdom dy't foar gjin jild te keap is.
Siteburen 20 september 1954
Beste Bertha
Hier is alles nog bij het oude, Anne gaat nu ook naar de grote school en voelt zich een hele piet! Die komt elke dag met mooie briefjes thuis van cijfers en letters. En telkens is 't weer: ‘Kin mem dit ferske ek fan ‘Het knollenland’ en dergelijke, hij kent ze zo maar. Jaap gaat nu naar de landbouwschool naar Roordahuizum. Drie dagen in de week, die heeft een hele reis telkens, maar hij mag er graag heen gaan. Jan zit nu in de vijfde met een 5 en een half op rekenen, dat moet nog wel beter worden. Hij wil anders ook wel. Wij zelf zijn beiden goed gezond, maar de spanning stijgt, zoals je zult begrijpen. Anders vliegt de tijd, maar tegenwoordig wil het maar niet meer opschieten. De laatste loodjes wegen het zwaarst, maar als alles goed gaat is dat straks weer snel vergeten.
We hebben anders zo'n slechte zomer gehad, in augustus de koeien op stal, zo veel water en dat heeft zo veel melk, dus geld, gekost. Het loopt niet altijd mee...
Briefkes fan skoalle, dy moat ik ek noch earne ha. Al dy jierren ha 'k se bewarre mei alle skriftkes fan ‘Ik skriuw... hwat ik lês’. Faak ha 'k der by ferhúzjen mei yn 'e hannen stien: fuortsmite of bewarje? Oant no ta ha se myn himmelriten noch altyd oerlibbe.
It wie eins wol hiel bysûnder, wy begûnen yn de earste twa
| |
| |
klassen fan de legere skoalle yn it Frysk. Dy skriftkes hearden by in Fryske taalmetoade. Ik blêdzje nochris it earste skriftke troch, it alderearste wurd dat wy learden wie ‘mem’, dat is nochris wat oars as dat ‘roos’ fan tsjintwurdich, ticht by hûs begjinne wie de opset. Dêrnei kamen: ‘en, pop, poes, mûs, tún, pet, par, har, hûs, de sifers o oant en mei 9, heit, doek, omke, bal, beam, af, jan, gean, wij’.
De earste trije siden binne mei potlead skreaun, mar poes stiet mei swarte inket ferivige. Doe learden we mei in kroantsjepinne te skriuwen. It nije gouden pintsje waard yn in kleure boppestik treaun, troch it brûken wie de glâns der al gau ôf. Dy pinnehâlder fielde meast rûch oan, doe't se nij wiene hiene se wol glêd west, mar fan al dy bernetoskjes wiene se pokdobbich wurden. De inket siet yn in inketpotsje yn 'e tafel datst mei in skoplaatsje ôfslute koest. It wie in hiele toer om netsjes mei de pinne te skriuwen. Ast te fûl druktest giene de puntsjes út elkoar en hiest in raar plak yn it skrift, dêr wie juffer net bliid mei. We hiene ek in inketlape, dêr koest de pinne oan ôffeie. Us mem hie dy foar my makke, lytse fjouwerkante lapkes katoen dy't mei in knoop yn 'e midden by elkoar holden waarden. Ek op hantwurkjen ha we ris in kear ien makke, mar dy is nea brûkt en hat syn libben yn in doaze sliten.
Guon siden fan it skrift binne mei reade inket skreaun, ast trije stimpels achter elkoar krigen hiest, mochtst mei reade inket skriuwe. Alle bern wiene dan jaloersk. Ik sjoch dat der yn myn skrift mar ien reade side sit, dat sil faak in teloarstelling west ha, want ik die myn bêst oars wol.
By de steapel skriftkes lizze ek noch twa sigaredoaskes (Ritmeester Riant en Senator Gulden Eeuw) mei briefkes fan skoalle. Yn it iene fan dy trochskinende papierkes, dy waarden om de side fan in rekkenboekje teard en moasten de plaatsjes en de sifers op oertekene wurde. Hiele minuskule
| |
| |
tekeningen: popkes, stuoltsjes, klompen, kersen, sylboatsjes, skippen, fisken, folle net genôch. Achter alle rigen tekeningen, kreas troch my opkleure, stiet in = mei in sifer, dat sille we sels wol útrekkenje moatten ha. Wat moat dat in wurk foar dy lytse hantsjes west ha. Op alle briefkes stiet in stimpel! Dat docht my deugd.
It oare doaske sit fol mei bledsjes út in skriuwskrift, allegear koarte sintsjes, ‘mem en heit, heit en af, mem en de pop’. En rútsjepapier fol sifers en lytse somkes. Ik wie skynber wol bliid mei dy briefkes fan skoalle, se moasten in hiele reis meitsje om feilich thús yn it sigaredoaske te bedarjen.
De Master Wielsmaskoalle wie in nije, moderne skoalle. Doe't ik seis jier wie, ik wie fan 2 oktober, in lette learling dus, brocht mem my de earste kear noch nei de âlde skoalle. Dy stie yn it sintrum fan Grou, dêr wêr't no it postkantoar yn sit. In âld heech gebou mei âlderwetske skoalbanken. De ruten sieten sa heech datst allinne de loft mar sjen koest, de gong wie betegele en kâld. De lytse bern sieten oan it begjin, ticht by de foardoar. Ik wit noch dat mem yn de doar wiuwde en letter stie se troch de ruten yn de gong nei my te laitsjen. Wat in oergong moat dat foar my west ha, sa fan de buorkerij op de romte nei dy klasse fol frjemde bern. Mar ik hoegde net allinne, Jeltsje siet yn deselde klasse. Faaks hat dat ek wol de reden west dat ik net nei de skoalle fan myn broers ta gien bin. Wy hiene steun oan elkoar, Jeltsje en ik. Al gau fûn elk syn eigen wei en hat der altyd wol wat fan rivaliteit tusken ús west.
Nei in pear wike yn it âlde gebou, ferhuzen we nei de nije skoalle. It wie in hiele optocht. Yn myn belibjen moast ik in stuoltsje meitôgje, mar no tink ik: dat koe dochs net, we sieten ommers yn banken? Spilet de fantasije my wer parten?
Yn dy nije skoalle hiene we wol losse tafels en stuoltsjes, wat wiene we der earst sunich op! Juffer Van der Meulen, masters
| |
| |
en juffers waarden doe net by de foarnamme neamd, fûn ik in leave juf, se mocht graach laitsje. Ik geniete it meast as se foarlies, dan gie se mei it gat op har tafel sitten, de fuotten op in stoel foar har. It waard dan sa gesellich yn de klasse. Ien boek gie oer kabouters, mar fierder wit ik it net mear.
De juffer fan de twadde klasse hjitte juffer Seephat, in lange steile frou. Folle wit ik dêr net mear fan, allinne dat ik ek hantwurkjen fan har hân haw. De oare masters hjitten Eizenga en Tichelaar, de lêste wie it haad fan de skoal-le. Doe't ik yn de sechsde klasse siet naam er ôfskie en krigen we master Fopma. Der wie noch ien, mar dy namme wit ik net mear, ik leau dat dy letter kommen is, hy hat blykber safolle yndruk net makke as de oaren.
|
|