| |
| |
| |
4 Winter
Dach suske. Mem skriuwt oer Sint Piter. Jûns mochten we de sok opsette. Seine we dat? Yn alle gefallen leine we in sok by de kachel del. Moarns wie de earste loop nei de kachel. Dat knisterjende lûd fan it papier dêr't in kikkert of in mûs yn siet, stiet foar my as it ultime lûd fan ferwachting. Mem fertelt ek dat se mei my nei hotel Oostergoo gie, dat wit ik noch skoan. Dan hong dêr in rook fan kofje en sigaren, dat wie in rook dy't by deftige dingen hearde. By Oostergoo waarden ek priisútrikkings, dûnslessen en filmfoarstellings holden. De alderearste film fan Laurel en Hardy haw ik dêr sjoen.
Zondag 21 februari 1954
Beste Bertha
Het was gister weer Sint Piter, eigenlijk vandaag, maar omdat het op Zondag viel werd het op zaterdag gevierd. Het was weer een hele drukte in het ‘âlde Grou’. Sint Piter arriveerde geheel in stijl per arrenslede, belslide zeggen wij. 't Trof mooi, allemaal sneeuw en de zon scheen. De burgemeester ontving hem op het plein met een speech, en daarna maakte de goedheiligman weer zijn tocht op de witte schimmel door de straten. De kinderen van de kleuterschool er achter aan en dan het korps dat allemaal Sint Pitersankjes speelde en die de kleintjes zongen.
't Was zwart van de mensen. Anne was ook mee in de optocht, want die gaat sinds kort ook te hooi en te gras naar de kleuterschool. Toen hij mij langs de kant zag staan was het
| |
| |
natuurlijk ‘Ah mem!’ Na afloop van de optocht gingen de kleuters met Sint Piter naar hotel Oostergo, waar zij voor de ouders en genodigden een openbare les hielden. Ik ben er ook naar toe geweest en het was zo leuk. Daarna zijn wij samen weer naar huis gelopen, want er ligt zo veel sneeuw op het ijs, dat schaatsen haast onmogelijk was. Vanmorgen hebben de boeren samen weer een baan gemaakt naar Grouw, zodat wij nu weer kunnen rijden. 't Is anders wel een mooie ijswinter geweest, eerst kwam er geen sneeuw. En wat er toen niet gereden is! Heel Leeuwarden kwam hier bijkans schaatsen. Jaap heeft een derde prijs gewonnen met hardrijden van school-kinderen. Jan werd er afgereden. Ze gaan alle dagen op schaatsen naar school, nu al 4 weken aaneen. De bakker komt met de auto of de bakfiets. De veearts was hier met de auto en ze maken met de trekker een baan op het ijs van de Pikmeer, dit ter gerieve van het melkvervoer dat per slede gebeurd. Ze hebben daar zo'n 20 bussen op en dan maar duwen. De jongens rijden op 't ogenblik op de baan. Vanmorgen hebben zij telkens met het spul van Sint Piter gespeeld. Jaap had een doos met elektriciteit, Jan een stoom-machine en Anne een trein en dan natuurlijk nog wat lekkers en kleinigheden...
‘Oer wâljende weagen, oer brûzjende see, komt Sint mei syn stomboat, d' âld man stiet al ree.’ Dit ferske en oare lietsjes learde ik fan mem as it hast Sint Piter wie, in grut part fan febrewaris hold dit feest ús yn de besnijing. Op ienentweintich febrewaris kaam de hillige yn syn wite jas mei reade miter en syn swarte feint mei grut fertoan oan de kade oan, it hiele doarp rûn út. Yn myn oantinken is it feest ferbûn mei snie en iis, mar miskien komt dat ek wol troch de lieten, oer reinich waar waard nea songen. En lei der in kear gjin snie, dan waard der wol wat op fûn: in pear tsjillen ûnder de belslide!
| |
| |
Yn boekjes wie Sint Piter in leave man, mar de deftige man op It Grien bleau foar my in man op distânsje. Swarte Pyt dêr njonken, in swarte keardel dy't lake mei sokke blikkerjende tosken en om him hinne loerde as er ek ûndogenske berntsjes seach. En dan dat tsjokke boek, in doaze fan Pandora gelyk! Al dy ferhalen dy't in bern in moaie tiid besoargje moasten, hiene op my in ferkeard effekt: deabenaud wie ik yn it tsjuster, bang dat oeral dy swarte man op de loer lei. Wat in gelok dat er mar ien Pyt hie! Sels de moanne fersprate yn dy tiid in oar ljocht; heimsinnich skynde er troch de beammen, makke oeral frjemde skaden. Ien foardiel hie dit mystearje: kadootsjes. Gjin ferlanglistkes, gjin boekjes mei boartersguod; wat Sint Piter brocht wie in folsleine ferrassing. Op in jûn stie der altyd samar in traaljekoer mei pakjes yn it waskhok. Ik hie wol in healoere nedich om fan dy ynslûperij fan dy swarte grizel by te kommen, sa tichtby!
By alle pakjes sieten gedichten. ‘Earst foarlêze,’ rôp mem steefêst as we it plakbân hastich losskuorre soene. Dat gesicht fan mem dan, in glimk om de mûle, har eagen ferdraaid as lies se op in ferskûle plakje mei. En as we op in wurd omstammeren sei se it ús foar, se koe de fersen út de holle. Jierrenlang haw ik dy fersen noch bewarre, net om't se sa moai wiene, mar út respekt. Wat mem makke hie, koe ik net fuortsmite.
Mem miende ek dat se ús in hiele deugd die om ús in wike foar it feest nei de bewaarskoalle te stjoeren, as beuker giene we net nei skoalle ta. Alle dagen moast se ús dan helje en bringe, njonken it drokke boerebestean en de húshâlding hast net te dwaan. Foar ús as bern wie dat net sa'n feest. We fielden ús as in kat yn in frjemd pakhús: in frjemde juf, frjemde bern, in ûnbekende sitewaasje en dan ek noch dy spanning fan Sint Piter derby. Gjin wûnder dat der net folle fan hingjen bleaun is. It iennichste is it lytse oanrjochtsje dat by in boarters-hoekje yn skoalle hearde mei in rútsje op bernehichte. En der
| |
| |
lei in boatsje yn 'e klasse, in lyts skouke, dêr't letter de pakjes yn sieten. Healwiis fûn ik dat, in boat yn 'e hûs, dat hearde net.
It kadootsje lei yn it kuorke dat mem foar my kocht hie. In reiden kuorke mei twa reade doekjes yn de rânen benaaid, oer elkoar hinne teard. It wie in poppe mei sliepeagen. Dy eagen, dat wie foar my in grut wûnder; myn eigen poppen hiene glêzen eagen dy't op de holle plakt sieten, mar dizze eagen koene iepen en ticht. As bern ûndersochten je dat mirakel fansels, en nei in pear wike hie Nynke noch mar ien each. It oare hie 'k by ûngelok te fier yn de holle weidrukt, dêr rôle it hinne en wer it as ik mei har boarte. Net dat ik har der minder leaf om hie, ik hold fan boartersguod dêr't wat oan mankearre, dan hoegden je net mear sa foarsichtich te wêzen, it koe wat lije.
Letter, doe't ik wat âlder wie en op de legere skoalle siet, giene we alle jierren nei it Sint Pitermearke. Wat in ûnderlining, dyn eigen master of juf spile dêr samar op dat grutte toaniel fan Hotel Oostergoo. De klean dy't se oan hiene, prachtige kostúms, soks hiene wy noch nea earder sjoen. Televyzje hiene we doe noch net.
En dan dy butler yn it hotel, alteast ik miende dat it in butler wie, in foarse man yn in deftich pak mei in pokkerich gesicht. Dy man seach altyd hiel strang, de bern woene wol om lyk as se wat balstjurrich wiene en hy op harren ôfkaam. Ik wie bang fan dy man. As der yn ferhalen oer in ‘boeman’ praten waard, hie ik altyd dy man foar eagen, faker as ien kear haw ik fan him dreamd. As folwoeksene seach ik him yn de James Bondfilms werom, dy keardel mei dy stielen tosken!
Yn it skoft kaam Sint Piter mei syn feint del. Dan woest wol leaf wêze, want it moast noch pakjesjûn wurde en der koe noch fan alles misgean.
Ien pakjesjûn heucht my noch yn it bysûnder, ús Jaap wie al troud en we fierden it feest by harren yn Snits. We krigen
| |
| |
earst in bakje tee mei in stik spekulaas en dêrnei kamen de pakjes op it aljemint. De iene nei de oare krige pakjes út de waskkoer, mar foar my sieten der mar ien of twa by, it wie in suterige Sint Piter. Mem hie sa folle wille net as oars, mar ik tocht dat it kaam om't se yn in oare omjouwing wie. Oan de ein fan de jûn joech mem in gjalp. Se wie fergetten myn pakjes mei nei Snits ta te nimmen; se leine noch yn it kastke yn de keuken. It wie har slim yn 'e wei koe ik wol sjen. Doe't we dy nachts let thúskamen, krige ik alle pakjes tagelyk, de gedichten mocht ik foar dizze kear oerslaan. Soe it dêrfan komme dat ik noch wit wat ik dy jûns krige? In kloanjefleske dat lekte; it kastke hat der noch wikenlang nei rûkt.
As it wintere ferfeelden we ús gjin tel, we wiene net yn 'e hûs te hâlden. Om ús hinne leine prachtige privee-iisbanen: it bûtlân, dêr't mar lege polderdykjes om hinne sieten, rûn yn 'e hjerst altyd ûnder wetter, it iis wie dêr gau sterk.
Us mem bûn my, doe't ik dat sels noch net koe, yn 'e keuken op en sjoude my oer it hiem nei de pôle ta. Dêr stie in berneslide klear, achter dy slide ha we allegear it riden leard. Mei dy slide koest ek prachtich boartsje: ien deryn en de oare triuwe, en dan leafst sa hurd mooglik fansels, dat wie spannend. Of de slide in gisel jaan, dan fleach er as in top oer it iis.
As der snie op it iis fallen wie, wie it noch folle moaier, dan makken we banen. Op it Fintsje koest in hiele grutte baan meitsje, dat lân wie wat fjouwerkanter fan foarm. In rûne wedstrydbaan mei in binne- en in bûtenbaan, krekt as by echte wedstriden. Dat wie in hûdfol wurk. It baanmeitsjen wie it moaiste. Letter as er klear wie, waard der wol op riden, mar de spanning fan it tarieden wie folle aardiger. Meielkoar oan ien doel wurkje, elkenien holp mei.
Wy, de lytseren, fermakken ús op ús eigen wize; paadsjes
| |
| |
meitsje mei in snieskower troch de snie, in doalhof, dêr't we elk in hûs hiene. Wat mear de paadsjes kronkelen, wat moaier it wie.
Mar ek de opfeart wie in prachtich plak om te boartsjen. Dêr koest sa moai tusken de reiden troch skeuvelje. Dan boarten we dat we nomaden wiene: wat âlde kleden yn 'e slide om ûnder te sliepen, stikjes koeke of wat apenuten mei fan mem, sa reizgen we fan it iene plak nei it oare. Oan fantasije gjin gebrek, de simpelste dingen noegen út ta boartsjen. Boartersguod hiene wy net folle, mar wy fermakken ús altyd. Mar selden sjoch ik bern mear boartsjen sa't wy dat diene. Sân, wetter, fjoer en natoer, it aldermoaiste boartersguod datst in bern jaan kinst.
Of gewoan op it liif op it iis lizze, dan koest it wetter ûnder it iis besjen. De planten ferweegden derûnder hinne en wer op de stream. Op guon plakken seachst fan dy beferzen bûltsjes yn it iis, dûbeltsjes neamden we dy. As we mei de kont op it iis foelen, en dat jokke betiden net, hiene we ek in dûbeltsje, sei mem. Ik miende earst dat dy bûltsjes yn it iis dy dûbeltsjes fan it fallen wiene.
Hiele dagen boarten wy op it iis, en as we op 'e jûn yn 'e hûs komme moasten, fielden we de fuotten net mear, sa kâld wiene se. Mem plante ús dan op in stoel en krige ien foar ien de fuotten tusken de hannen en wreau se krekt sa lang oant se wer waarm waarden. Sear dat dat die! Ik jankte der betiden oer, dy pine en dat prykjen as it gefoel deryn werom kaam.
Mar wat siet it dan noflik yn 'e waarme keuken, wurch en rûzich fan de hiele dei yn waar en wyn; de wangen soms al wat kleure troch de sinne. Nachts op bêd heardest it iis fan de Ie wurkjen, dan klonken der lûde knallen en kamen der grutte skuorren yn it iis. Ing klonk dat, krekt as tongere it.
As it teiwaar waard, wie it noch net mei de iiswille dien. Dan kamen de priksliden fan de souder, sliden dy't heit sels
| |
| |
makke hie: in brede planke dêr't in bankje op timmere wie dêr'tst op sitte koest, de fuotten settest op de planke del. Under de planke sieten twa âlde redens spikere. Mei twa prikstokken, rûne houten stokken mei in grouwe spiker deryn en izertried der om hinne wuolle, koest dy op it iis ôfsette. We diene wedstriden tsjin elkoar. It wie de keunst om net te fallen, want dan wiest dweiltrochwiet. Salang as heit it fertroude, giene we dermei troch. Op it lêst foelen de gatten yn it iis, fan dy moaie rûne gatten dêr't it wetter troch pjutske.
Us Jan kaam geregeld mei wiete klean thús, dan hiene se te soukjen west: mei syn allen tagelyk de feart oerdrave. It iis kreake en bruts yn skossen. En dan skoskerinne fansels; wa't der it langst oer hinne doarde, wie de held fan de dei. De wiete klean waarden by de kachel droege: de broeken en jassen oer in stoel, de sokken oer de izeren buis om de kachel hinne. Fan protteljen fan mem heucht my neat, mem koe har nei myn idee skoan yntinke dat de bern har sa mei it iis fermakken. Oan it lêst ta joech it iis ynspiraasje ta boartsjen, as it hast teid wie koene de jonges noch iisbrekkerke boartsje mei in boartersguodboat dy't se fan in flink stik hout mei in spiker en in ein tou makken.
As ik it sa yn my omgean lit, kaam heit by 't winter eins folle mear yn byld as yn de oare tiden fan it jier. Heit wie de earste dy't probearre as it iis sterk genôch wie. Heit wie dejinge dy't ús mei de skou oersette as de feart tichtferzen wie, de man fan de sliden en oare attributen dy't we op it iis brûkten. Mar ek wie er deselde dy't in ein oan it feest makke. ‘Net mear op it iis, it is net langer fertroud.’ By 't winter wie heit in autoriteit, op him koenen we bouwe.
|
|