| |
| |
| |
3 Muzyk
Hoi suske. Ik ha de toetsen wer efkes rattelje litten, hjir is in ‘farske’ brief fan mem oan Bertha. Yn dizze brief skriuwt mem oer Krysttiid. Der stiet ek in moaie útspraak fan my yn. Ik kin my de besite oan it krystfeest noch herinnerje! It wie de tsjinst yn 'e Grouster Fermanje, dêr't dûmny Keuning doe foargonger wie. De grutte beam mei al dy brânende kearsen, de bern fan 'e sneinsskoalle derom hinne, it spyljen fan it oargel en dan foaral de pakjes nei ôfrin: in boekje en in sinasappel.
Yn de brief skriuwt mem fierders oer de akkordeon, ik wist net dat ús Jaap op akkordeonles sitten hat, ik moat doe in jier as fiif west ha. Al hoefolle ik letter ek fan muzyk hold, dit is net yn myn ûnthâld hingjen bleaun. Hasto dêr letter ek net les yn hân? Iksels ha in pear jier blokfluitles hân, yn de muzykskoalle oan de Nijdjipstrjitte.
Sa, hast wer wat stof ta neitinken.
Groetnis, Oane
Siteburen 28 december 1953
Beste Bertha
Wij hebben de kerstdagen weer achter de rug, drie stuks dit jaar. De eerste kerstdag zijn 's we avonds naar de kerk geweest. De drie jongens en ik. Het was kerstfeest van de zondags-school. Het was erg mooi. De dominee beeldde het hele kerstverhaal uit met figuren op een lap stof die over een schoolbord was gespannen. Mevrouw veranderde onderhand de taferelen. Erg mooi en voor de kleintjes ook erg begrijpe- | |
| |
lijk. Toen deed Mevrouw van de dominee nog een ander kerstverhaal. We hebben echt genoten. Toen wij weer op straat stonden riep Anne: ‘En in grutte radio wie der, man!’ Dat wij proestten het allemaal uit. Hij was zo lief onderwijl. Hij fluisterde me een paar keer in 't oor: ‘Anne is goed leaf en stil, net mem?’ Maar o jee, wat was het donker te varen. Wij zagen eerst niets, want er was net een dikke bui. Langzaam wende het wat en met dat de bui overdreef werd het zicht wat beter, zodat we weer behouden thuiskwamen. De tweede kerstdag hebben wij 's avonds thuis de lichtjes even laten branden. Met ons vijven gezellig om de tafel. Een kinderkoor zong voor de radio kerstliederen, dat was ook mooi. Nou, en de derde zondag zijn wij ook met elkaar gezellig door gekomen. En vandaag was het weer aanpakken. Terwijl ik dit zo pen heb ik er al weer muziek bij. Wij hebben een accordeon gekocht, daar leren nu twee op spelen. Jaap gaat naar een leraar in Grouw om lessen en G. wil het volgens de klavar-scribomethode leren. Momenteel zijn ze allebeide aan het wijsje ‘Waarvan gaan er de boeren zo mooi’ bezig. Zodat ik dat nu wel erg goed kan...
Dora
Wat in moaie útspraak fan Oane stiet der yn dy brief, hoe koe er doe ek witte wat in oargel wie, wy kamen nea yn tsjerke. Dochs wie muzyk by ús thús net in frjemd fenomeen en it waard ek wol stimulearre. Alhoewol't heit net sa'n grutte rol by de opfieding spile, op oanstean fan him ha de measten fan syn bern wol wat mei muzyk dien, útsein Jan. Mar Jan, al hie er gjin les hân en wist er neat fan noaten, mocht wol graach sjonge. Histoarysk is it ferhaal fan him dat er, doe't er de ferkearing ris útmakke hie, dagenlang de doetiidse hit fan Conny van den Bosch songen hat: ‘Ik ben gelukkig zonder jou!’ Mem mocht it graach fertelle.
| |
| |
Heit sels koe hiel moai op de mûlharpe spylje, net gewoan rjocht en sljocht, hy makke der ek fan dy trillinkjes yn. De nijste hits koe er neispylje.
Us heit sil it wol wer fan pake oerkrigen ha. Yn it boekje fan it Grouster korps Apollo stiet pake op in foto út 1904, hy spile op in kornet of in bugel. By de âlde foto's siet earder ek in foto fan heit, dat er op in akkordeon spile, it wie miende ik ien mei knopkes oan beide kanten, it kin ek in harmoanika west ha.
Om't myn freondinne Rineke pianospylje koe, woe ik ek graach op muzykles. Heit hat my doe in akkordeon oanpraat. It wist feitlik net iens wat it wie, mar heit wie sa entûsjast dat er my al gau meisleepte. Ik ha in pear jier yn Grou op les west. We hoegden earst net sels in akkordeon te keapjen, fan de muzykskoalle koene we in ynstrumint hiere. Dat kaam moai út, je wisten noait hoe lang dizze opstiging duorje soe. Dy reis mei dy akkordeon yn dat kofferke achter op de fyts nei Sitebuorren, wat wie ik grutsk. Ik hie elkenien wol taroppe wollen: ‘Sjogge jim wol wat ik hjir by my ha?’ En thús dat ding útpakke, heit wie like bliid as ik. It earste lietsje dat ik spylje koe, Johnny Woodhouse gelyk! Lokkich hoegde ik de akkordeon net alle kearen mei nei it doarp ta te slepen as ik les hie, se hiene dêr ynstruminten dy'tst brûke mochtst. Heit wie altyd hiel benijd nei myn spyljen. Hy mocht graach harkje as ik oan it oefenjen wie. Nei in pear wike naam it entûsjasme fan de famylje lykwols al wat ôf; my waard freonlik fersocht tenei yn de foarkeamer te oefenjen. Nei in jier as wat krige ik in grutte akkordeon. Wol in healsliten, want ik moast myn talinten fansels earst mar ris bewize. De maklike lietsjes giene my wol aardich ôf, mar wat fierder ik kaam, wat slimmer it waard. Ik wie net sa fingerfêst, en ik fergeat faak nei de krusen en de mollen te sjen dy't foar de kantline stiene. Dat joech altyd sa'n gemiene falske noat, heit fûn dat ferskriklik.
| |
| |
Yn alle lesboekjes stean se dan ek read ûnderstreke, dat die de juffer op les as ik myn oefenings hearre liet. Alle kearen naam ik my foar de kommende wike better te oefenjen. It moaiste momint fan de les fûn ik dat juffer in nij muzykstik út 'e tas helle. Dy hie se yn in soarte fan akte-tas. Gloednij papier sûnder in tearke of smoarch plakje, ik wist noch neat fan de tûkelteammen dy't it opsmite soe, en it rûkte sa lekker. Deselde rook dy't ik yn boekwinkels sa graach opsnuve mei.
Nei ferrin fan tiid gie it nijs der ôf, ik krige sa njonkelytsen skjin myn nocht fan dy akkordeon. Altyd mar wer dat oefenjen op dyselde muzyk; der wiene safolle oare dingen dy't ik ek graach dwaan mocht. Ik hie it gefoel dat ik mear foar heit spile as foar mysels. Doe't ik in kear tsjin him sei dat ik der mei ophâlde woe, sei heit neat, mar de teloarstelling koe ik út syn hiele dwaan en litten opmeitsje. Hy hie fêst stikem hope dat ik nochris in grut talint op de toetsen wurde soe, mar dat siet der net yn. It mei foar him in grutte teloarstelling west ha, mar it soe heit deugd dien ha as er wist hoefolle profyt ik yn myn fierdere libben fan dy akkordeon en de muzyklessen hân ha. Benammen de beukers op skoalle fûnen it prachtich, ek al spile ik gjin Mozart of Strauss; in juf mei in akkordeon, dat wie wat! Ik hie noaten lêzen leard en dat wie in pree by de koaren dêr't ik by song en de muzyklessen dy't ik letter op skoalle jaan moast. Myn eigen bern wiene minder entûsjast: ‘Ah nee mem, no net!’, lykas de katten, se woene altyd daalk nei bûten ta as ik it ding út de koffer helle.
Ik wie net de iennichste fan ús húshâlding dy't akkordeon spile, ek Jaap hat op les west. Oane socht it leaver by de gitaar. Dy gitaar haw ik ek noch in kear brûkt, by in skoalorkest fan master Eisinga. Master Eisinga wie in hiele muzikale master dy't ek wol klassike muzyk oan de bern hearre liet, ‘De Moldau’ fan Smetana, ûnder oaren.
Mei dat skoalorkestke woe er op in skoalfeest of in âlderjûn
| |
| |
yn Hotel Oostergo optrede. Wy hiene in aardich muzikale klasse, in pear spilen piano, blokfluit en der sieten guon by it korps, mar eins woe hy der ek noch graach ien by ha dy't op 'e gitaar spile. Hy frege oft der ek ien fan de bern wie dy't dat koe. ‘Us Oane hat in gitaar,’ fertelde ik grutsk. Master bliid. Hy seach nije mooglikheden. Master frege oft ik dy gitaar in kear brûke mocht, dan moast ik in pear akkoarden leare en koe ik ek meidwaan. Dat like my prachtich ta, ik soe ek by de útferkarden hearre. Ik krige muzyk fan him mei, oantsjuttings fan akkoarden derby: C, D, F, G. Oane moast my mar eefkes leare hoe't ik dy spylje moast, sei master. Maklik, tocht ik, dat is gau klear. Mar dat foel ôf.
Myn fingers wiene feitlik noch te koart foar dy grutte gitaar, en dat fûle drukken op dy izeren snaren die sear. Mar oan opjaan woe ik net tinke, ik fûn it fiersten te ynteressant. It moaiste momint fan it optreden wie foar my it útpakken fan de gitaar. Dy gesichten fan de oare bern! Master stimde de gitaar, ik wist net iens dat dat koe, en it optreden begûn. Ik sjoch my noch op dat poadium sitten, dy gitaar dy't my hieltyd hast fan de skurte ôfglide en ik wer ophise moast, de triljende fingers dy't soms sa gau net in oar akkoard befimelje koene. Oft se de gitaar yn de seal heard ha? Ik freegje it my ôf, mar it like yn alle gefallen hiel wat.
As ik it ferhaal fan mem oer it krystfeest lês, komt der in byld boppe fan glêde diken. Ik hie der al dagen nei útsjoen; ik soe mei heit en mem nei it krystfeest fan de sneinsskoalle yn Grou. It krystbarren wie feitlik it iennichste wat we fan thús oer it leauwen en de bibel meikrigen. Net dat mem der neat fan witte woe, flokwurden kamen har selden oer de lippen, mar kristlike saken wiene dingen dêr't se har net oer út liet. Ik tink dat de natoer har bibel wie, faak spruts se har ferwûndering dêr oer út.
Yn de tiid fan it krystfeest dat my heucht, lei de dyk al troch
| |
| |
de Hege Warren; mei de auto koene we oer Aldegea, Garyp en Warten nei Grou ta. De measte diken by dy doarpen wiene noch klinkertdiken, en by winterwaar sa glêd as sjippe, betiden in iisbaan gelyk. Doe't we fan hûs giene, hie heit it earst net sa yn 'e gaten - it stik oan Aldegea ta wie fan asfalt. Mar benammen it stik fan Aldegea nei de Foanejacht wie hast net te beriden. De auto gliid fan de iene kant nei de oare, yn it gers oan de bermskanten koene de tsjillen skrep sette om foar te kommen dat we de sleat yn trûdelen. Deastil wie it yn de auto. We sieten allegear yn noed. Heit wie fansels benaud dat de auto fan de dyk reitsje soe, mem siet der oer yn oft we wol wer sûn en wol thús komme soene, en ik wie bang dat we net nei it krystfeest ta koene. Lokkich wie der yn dy tiid minder ferkear op de diken as hjoed de dei, folle tsjinlizzers wiene der net. Mar we reden it op en ik leau dat we noch op tiid wiene ek. Heit sette ús by de tsjerke ôf. Hy hie neat mei tsjerke - heit gie salang by pake en beppe op besite.
Oan de foarkant like de Formanje krekt in gewoan wenhûs mei fitraazje foar de ruten. Pas ast nei binnen rûnst, seachst oan de ein fan de gong oan de grutte doarren dat it in tsjerke wie, in smûke tsjerke dêr't ik my net sa ûnwennich yn fielde as letter yn de herfoarmde tsjerken. Alles wie gewoaner, wat tichter by de minsken. Gjin deftige hearebanken of wapenskylden fan foarname jildsjitters, gjin grouwelich houtsnijwurk, gjin ûnderskie tusken plakken foar minsken mei jild en minder bedielden. Allegear deselde stuollen. Mar faaks kaam it ek troch domineeske, in leave frou dy't foar elk in wurdsje hie.
Ik seach my dêr de eagen út de holle: de bern fan de sneins- skoalle dy't op banken om de grutte krystbeam hinne sieten en ferskes songen, de sûkelarjemolke en krystkoekjes dy't we krigen. En fansels dy machtige muzyk dy't samar fan boppen kaam. Mar it moaiste wie faaks it feilige gefoel dat mem sa
| |
| |
ticht by my siet, wol in oere lang. Mem lake sa leaf nei my as ik har oan seach. Fan wat soe se mear geniete ha, it krystfeest of dat bliere bern mei dy eagen fol ferwûndering?
Mar it aldermoaiste kaam oan de ein, dan krigen we presintsjes: in boek en in sinesappel. Dy boekjes wie ik ôfgryslik bliid mei, sa faak krigen wy net in boek. Ien fan dy boekjes wie ‘Snowy, het witte kerstveulen’, skreaun troch in famke fan tsien jier, myn leeftyd likernôch, op har siikbêd as krystgeskink foar har klasgenoatsjes. In pear moanne foar't se oan kanker stoar. Dat boekje kaam my slim oan 't gemoed. It ferhaal op himsels wie mar ienfâldich, mar dat it famke dat it skreaun hie al sa jong stoarn wie, liet my mar net los. Ik haw it boekje altyd bewarre, it stiet noch yn de boekekast. In oar boekje wie ‘De stjer fan de kening’, in Frysk boekje.
En ik haw ek wat krigen dat oer in famke út Hiroshima gong. Se lijde oan de gefolgen fan de atoombom en tocht dat, as se tûzen kraanfûgels teard hie, se wer better wurde soe. Mar de titel bin ik fergetten. Sokke dingen bliuwe je altyd by, ik ha dit oantinken jierren letter brûkt yn myn boek ‘Yn piama de dyk oer’ en soms as ik derút foarlês, sjoch ik dy blik fan herkenning by guon fan it publyk.
Nei it krystfeest moast de nuodlike reis nochris makke wurde, mar yn myn belibjen wie dy lang sa spannend net. De spanning gie oan my foarby, myn holle siet fol fan de nije yndrukken, ik wie wurch en slûch.
De oare deis fierden we thús krystfeest. Mem hie in keal beamke, it sil wol in els west ha, út 'e beamwâl helle en yn in amer mei sân plante. Ut in doaze ûnder út de keamerskast kamen prachtige krystfersierings, de fûgeltsjes mei in echt sturtsje deroan fûn ik it moaist. Mar ek dy glinsterjende sulveren ballen, wat in rykdom! Krystferljochting hiene we yn dy tiid noch net, mem sette echte kearskes yn 'e beam mei fan dy blikken kniperkes. It wie in hiele keunst om dy dingen
| |
| |
rjocht op de tûken te krijen. It krystfeest fierden we ûnder melken; as de mannen nei de tee nei it bûthûs setten, skikten wy om de beam, mem, Oane en ik. Njonken de beam stie in amer mei wetter en in spûns. Oane siet by de amer; hy moast de kearskes yn 'e gaten hâlde wylst mem in krystferhaal foarlies en we krystferskes songen. It wiene moaie mominten, mar it fielde ek wol wat ûnwennich. Ik hie it gefoel dat we allegear in rol yn in toanielstikje spilen. De ferhalen dy't mem foarlies binne my net bybleaun, mar de noed oer dy baarnende kearskes wol. Echt ûntspannen lies mem net foar, se seach altyd mei in skalk each nei de flamkes yn de beam en nei Oane as er boel wol yn 'e gaten hold.
|
|