| |
| |
| |
1 Brieven fan ús mem
‘Brieven fan ús mem’ stiet der by in mailtsje yn myn firtuele brievebus. It komt fan Oane, myn broer. Brieven fan ús mem? Hoe krijt er it yn 'e plasse, mem is al jierren wei!
Dach suske, Hoe is it dêr by jim? Wy ha wat gripich west, mar it giet de goede kant wer út. Ik mail dy om't ik juster fia de post in pakje fan Bertha krige, der sieten allegear brieven yn dy't ús mem har yn de rin fan goed tsien jier tastjoerd hat. Se hie my al earder belle mei de fraach oft wy dêr miskien ek belang by hienen. Se koe har yntinke dat wy as bern it wichtich fûnen dat de brieven bewarre bleaunen, en ek nijsgjirrich wienen nei de ynhâld. Ik ha doe antwurde dat dat seker it gefal wie.
Bertha? Dat is in namme út in fier ferline, út myn bernetiid. Yn de fyftiger jierren hat Bertha sa'n seis wike by ús heit en mem op 'e pleats staazje rûn. Ik haw har net kend, it wie foar myn tiid. Mar út en troch kaam se wol ris by ús op besite as se mei de sylboat op fakânsje yn Fryslân wiene. Dy besites wiene foar my te koart om in bân mei har te krijen, in passearjend skip wie se, dat sa no eefkes by ús oan de wâl lei, mear net. Har man hie sa'n eigenaardige namme, Hin hiet er. As bern koe ik mar net begripe dat sa'n grutte man hin hjitte koe. Se hiene twa bern, mien ik, twa jonkjes, mar ik soe net mear witte hoe't dy derút seagen. De iene hjitte Wicher, Wieger soene wy sizze, en de oare Eelco, dat wie in Grinzer namme.
| |
| |
De earste brief is fan 27 maaie 1952, it is in antwurd op it fersyk fan Bertha om by ús heit-en-dy staazje te rinnen. Ik haw de brief foar dy oertypt, (in goede oefening foar myn typfeardigens). Us mem skriuwt wat Bertha op Sitebuorren ferwachtsje kin. Moatst mar ris lêze, ik bin benijd nei dyn reaksje!
Oane
Ik iepenje it bestand dat oan it berjocht taheakke is.
Siteburen 27 Mei 1952
Geachte Mej. Groot Obbink
Ik zal u eerst maar eens een en ander vertellen over ons leven en werken hier, dan kunt u zich wat indenken waar u terechtkomt.
Om te beginnen wonen wij midden in het Friesche waterland en kunnen eigenlijk alleen maar per boot het dorp, dat is dan Grouw, bereiken. Met de motorboot hebben wij toch altijd nog een half uur werk. Ons gezin bestaat uit mijn man en mijzelf en drie jongens. De twee oudsten van 12 en 8 jaar gaan naar Grouw de lagere school bezoeken. Zij worden daartoe 's morgens gehaald en 's avonds thuis gebracht door iemand met een motorboot. De kleinste dan is 4 jaar en die haalt thuis kattenkwaad uit.
Wat mijzelf betreft, ik ben wat men noemt een heel gewone huis-tuin-en-keukenboerin. Ik heb mijn hele leven hard moeten werken.
Eerst thuis op het kleine bedrijfje van mijn ouders en later toen mijn zusjes groter werden ook wel in dienst van anderen. Een huishoudcursus of iets dergelijks heb ik nooit bezocht, wat mij heel erg spijt, maar ja, mijn ouders zagen daar het nut niet van en een twintig jaar geleden was dat ook nog niet zoals nu. Nu leert praktisch ieder meisje op dit gebied wel wat en dat is heel goed ook. Maar alla, geda- | |
| |
ne zaken nemen geen keer, ik ben nu al zo lang in de praktijk, dat ik, al zeg ik het zelf, toch nog wel een goede boerin geworden.
Mijn man is van doopsgezinde afkomst, ikzelf ben Nederlands Hervormd. Lidmaten van een kerk zijn we niet en kerkgaan doen we ook weinig. Voor mijzelf ook al door het bezwaar dat wij zo veraf wonen. Gebeden wordt er hier in huis niet door ons, maar krijgen we een huisgenoot die dit anders is gewend, dan mag die gerust zijn gang gaan. Als u het wel gewend is, zou ik graag willen dat u er mee doorgaat, hier ook. U komt niet terecht in een huis-gezin van barbaren.
Ziezo, juffrouw Groot Obbink, u weet nu het een en ander over ons, en mocht het u goed toelijken, dan heet ik u van harte welkom. Het lijkt mij wel leuk eens een jong meisje uit een ander deel van het land in huis te hebben. Ik ben altijd maar alleen voor alles. Als u met mij samen het werk doet wat ik anders alleen doe, ben ik best tevreden. En misschien steek ik van u ook nog wel eens wat op. Een mens is nooit te oud om wat te leren en ik ben noch hypermodern, noch stijf ouderwets van opvatting. Maar ik wil u wel vertellen dat u voorgoed in wat je noemt: de ruimte! terecht komt. Geen elektra, geen waterleiding, geen telefoon.
Maar daar staat tegenover dat u één der mooiste plekjes van Friesland tijdelijk zult bewonen. Het spijt mij eigenlijk dat u niet een maand eerder komt, dan is de natuur nog zo mooi en ja, in oktober dan is voor ons de drukke tijd voorbij. Om een goede indruk van ons bedrijf te krijgen, moest u nu eigenlijk hier zijn. De hooitijd is al aan de gang. We hebben een bedrijf waarop gemolken worden zo'n 25 à 26 koeien. De grondsoort is veenweide. In de zomer hebben wij meestal twee inwonende knechts, in de winter één.
Nu juffrouw Groot Obbink, het is al een heel relaas gewor- | |
| |
den, ik schei er mee uit en verwacht van u nog wel eens nader bericht.
Met vriendelijke groeten, D. Peenstra-Elzinga
P.S. Wij hebben er al zin aan om u de Friese taal te leren.
Wat leit der in leafde yn 'e beskriuwing fan ús mem. Wûnderlik dat wy dy brief nei al dy jierren no ûnder eagen krije. Hoe âld soe mem doe west ha? Ik rekkenje eefkes. Seisentritich jier, tink ik. En Bertha? Dy sil doe in jier as njoggentjin, tweintich west ha. In hiel grut ferskil yn leeftyd tusken beide froulju, mar se koene as de blommen wit ik út de ferhalen fan earder.
Hoelang is it eins lyn dat ik op Sitebuorren wenne? Sa'n sânentritich jier. Ik haw al folle langer op oare plakken wenne as op Sitebuorren, fjirtjin wie 'k doe't we de pleats op it eilân ynruilen foar in pleats by Warten. Frjemd, fan dy lettere jierren is my lang sa folle net bybleaun as fan dy earste jierren dêr yn it wetterlân.
Ik kin mem sa foar my krije doe't se de brief oan Bertha skreau. Se siet grif yn 'e keuken, oan de hege tafel op har eigen rûne stoel mei brún lear oerklaaid kessen en bekling. Sa no en dan stoarre se grif eefkes nei bûten, liet se har eagen oer it grutte hiem gean. It wie maaie, de moaiste tiid fan it jier, it beam- en blomkeguod wie yn breidstoai, it fûgelt drok yn 't spier mei nêst en jongen. En faaks skimeren yn 'e fierte de seiltsjes fan earste sylboaten al yn de Grêft.
Mem, al njoggentjin jier wei, en no sa'n brief. It is in wûnder.
Hoi broer,
Betanke foar de brief, ik fûn it hiel aardich om te lêzen. Om hoefolle brieven giet it eins? Ast dyn typfeardigens mear oefenje wolst, meist my de oaren ek wol maile.
| |
| |
Witsto eins ek wat fan 'e skiednis fan Sitebuorren ôf? Do hast der altyd wol niget oan hân om yn âlde boeken om te sneupen, kinst dat net ris útsykje? Ik soe wolris wat mear oer it ferline fan dat plak witte wolle. Hoe is ús famylje eins yn dat wetterlân telâne kommen? Soe Sitebuorren al in âld stee wêze?
Der komt fan alles boppe as ik de brief lês. It soe miskien wol aardich wêze as we ús oantinken oan dy tiid ris opskreaunen, soks is faaks ek wol nijsgjirrich foar de bern. Se fine it altyd hiel aardich as we oer dy tiid fertelle, teminsten, de bern fan ús wol. Groetnis, suske
Hoi suske!
De brief hat hiel wat by dy losmakke, merk ik. Ik hie net oars ferwachte. Do hast in hiele sterke bining mei Sitebuorren, en no't wy âlder wurde, komt it ferline dochs ek wer sterker nei boppen. Komt dat ek net om't sa folle fan dat ferline ferdwynt? Wat foar ús fan wearde is, blykt dat net foar oaren te wêzen; der binne minsken dy't dat foarútgong neame...
Dyn idee om ús herinnerings oan dat plakje oan de Ie ûnder Grou fêst te lizzen sprekt my oan. En ek ús bern fine dat fêst nijsgjirrich en rekkenje mar dat ús pake- en beppesizzers niget ha oan ús ferhalen, ek al is dat miskien pas op hegere leeftyd.
Boarnen ha we genôch: de brieven fan mem en ús eigen oantinkens. Miskien kinst beginne mei in algemiene beskriuwing fan de lizzing fan Sitebuorren yn de foarm fan in reisferslach wêrst weromgiest nei dyn wo artels, nei de ‘roots’ sa as de Ingelsken sizze.
Oane
Wy wennen op in eilân, myn trije âldere bruorren en ik, mar sa fielde dat as bern net. Koest der wol allinne oer it wetter komme, mar by in eilân hast mear it idee fan primitive tastânen lykas dy fan Robinson Crusoë en oaren. En sa wie
| |
| |
Sitebuorren net. Of, miskien dochs wol? Ik, as jongste fan it fjouwertal berne yn 1954, wie opgroeid mei de lúkse fan liedingwetter, stroom, diken en telefoan, mar dat wie der earder net.
Polderdiken omearmen it lân oan alle kanten, oan de Noardkant de Lange Lits en de Geau, yn it easten de Headamsleat, it suden it Grytmansrak, de Kromme Ie en de Sitebuorster Ie. Oan de westkant bruts de Grêft Sitebuorren midstwa mei oan de iene kant de pleats Great Blijema en oan de oare kant, oan de Bliken, de Sytemapleats en ús wenstee de Iepleats.
Sitebuorren hearde yn dy jierren by Idaerderadiel, by it doarp Grou en de iennichste wei nei de bewenne wrâld gie doe oer it wetter, by 't winter oer it iis.
Foar ús wie it hiel gewoan dat it libben om it wetter draaide, hjerstmis de striid der tsjin en by droechte de striid dermei. Letter, doe't we âlder wiene en we ús jeugd mei dy fan oaren fergeliken, kamen we der achter dat wy eins op in hiel bysûnder plak grut wurden wiene, dat wy oars as oaren opgroeid wiene.
Mar doe fûnen we it gewoan, we wisten net oars.
Ut Grou wei kaamst earst oer de Jelle Wigle de Visserwei. Earder stiene dêr mânske loadsen fan Halbertsma, alle dagen fytsten we tusken de warbere mannen fan it houtsjefabryk troch, sa't dat yn it doarp ûnearbiedich neamd waard. Grutte beammen seachst yn skiifkes seage op it terrein lizzen. Oeral houtsteapels, pallets. Mei heftrúks rieden se it hout fan it iene plak nei it oare ta.
Mar de namme Halbertsma ropt ek wat oars by my op. Bloed!
It hout waard fan de Jelle Wigle de Visserwei nei de gebouwen oan de Stasjonswei brocht mei fan dy karkes achter in soarte fan trekkerke oan, in hyster waard dy neamd.
| |
| |
Op in kear kaam ik út skoalle wei, ik fytste mei in kammeraatske in eintsje om, it doarp yn. Dêrnei moast ik allinne fan it sintrum nei it hûs fan pake en beppe ta fytse, dy wennen oan de Stasjonswei. Tusken de middei iet ik dêr altyd.
By it Halbertsmafabryk stie in rige houtweintsjes stil op 'e wei. Der stiene minsken by te sjen en achter in karke lei wat op 'e dyk. It wie in bern. Der wie in ûngemak bard, grif noch mar krekt lyn want der wiene noch gjin plysjes dy't de dyk ôfset hiene. Ik moast der lâns, pake en beppe sieten mei it waarme iten op my te wachtsjen, dat ik fytste deun by de jonge del. Deastil lei er op de klinkerts, de earms útspraat as woe er fleane. Ik hie der gjin aan fan wat der bard wie, dat frijmoedich beseach ik de sitewaasje. Ik seach nei syn gesicht, ik woe witte wa't it wie. En doe waard ik sa ferskuorrende kjel, der rûn bloed út syn eagen en syn earen!
Ik bin trochfytst, te bot skrokken om daalk it drama te begripen. Ik wit net oft ik oait tsjin ien sein ha wat ik dêr sjoen hie. Ik leau it net, want der heucht my neat fan in petear oer dit ûngemak, mar it byld ferjit ik noait wer. Dat bloed. Ik hie foar it earst ien sjoen dy't dea wie!
Letter hearde ik dat de jonge op sa'n houtweintsje klommen wie, dat diene de jonges wol faker. Doe't er der letter ôfsprongen, of ôffallen wie, hie der krekt in auto achter him riden.
Ik koe de jonge net. It wie ien fan de kristlike skoalle, mar it sil in hiele opskuor yn Grou jûn ha.
Is dêr doe myn gefoeligens foar prippen en oangripende ferhalen oer slimme kwalen en bluodrige sitewaasjes ûntstien? Withoefaak bin ik der yn myn lettere libben hinne fallen as ik yn sa'n sitewaasje terjochte kaam. Wat is ús mem faak mei my de Willemskade deldraafd as ik by de toskedokter yn de stoel fan mysels falle soe. Se wie de iennichste dy't it oankommen seach, warskôge as petearen op sokke ferhalen útdraaiden. ‘Tinke jim der om, Aukje kin der net sa goed oer.’
| |
| |
Ek medyske ensyklopedyen en sites op ynternet wurkje my altyd op de senuwen. Ik hie hope dat it oer gean soe as ik âlder waard, mar spitigernôch wie dat net it gefal.
Wat my ek noch fan it Halbertsmafabryk by bleaun is, is de tiid dat de earste bûtlânske arbeiders nei Grou ta kamen, Turken yn dit gefal. It wie hiel spannend om dy mannen tsjin te kommen, se hiene wat eksoatysk, in dûnkerder hûdkleur as wy wend wiene. Ik tink dat Swarte Pyt fan Sint Piter de iennichste kleurde man wie dy't ik sjoen hie oant doe ta.
Der wiene grutte fammen dy't gleon op dy manlju wiene. Ik hie it der net op stean, ek al laken se altyd hiel freonlik, en diene se noch sa aardich. Faak rôpen se dy dingen nei as: ‘Hee schatje’, dat makke my bang. Ik gie harren it leafst út de wei.
Mar der wie net in oare wei nei hûs ta, dat it earste stik fan de reis wie altyd in spannend begjin. In lytse kilometer bûten Grou, oan de rjochterkant fan de dyk, tusken de pleats fan Bouma en de terreinen fan Halbertsma, lei earder de iisbaan. ‘Foar it jonge folkje’, hiet ien fan de twa Grouster iisklups. Ek al wie ik doe noch mar lyts, ik haw it altyd in bernige namme fûn.
Op dy iisbaan waarden de hurdriderijen fan skoalle holden. Ride koe ik wol, dat learden we al hiel jong, en ik bin ek wolris mei in priis thús kaam. In globe fan izer op in plestik foet, alle lannen fan de wrâld koest derop fine. Spitich dat er wat wif wie, de ierde lei by my gauris oer de kop. En in boekebon, dêr't ik in boek fan Joop ter Heul fan kocht, in hiel grou boek!
Riden siet ek wol yn ús staach, beppe Anna wie in Deelstra, achternicht Atsje fan beppe har broer, hat letter wrâldkampioene west.
Mar in echte hurdrider soe ik net wurde, ik wie net fûl genôch, dat siet net yn myn aard. In twadde priis wie ommers moai genôch.
Earder groeide der allegear beamkeguod by dy dyk lâns.
| |
| |
Dat wie noflik, dêr hiest lijte fan by hurde wyn. Dit wie soms ek it plak dêr't ik my ferstrûpte. Maitiiddeis, as it wat waarmer waard, rûnen de fammen út 'e buorren altyd al betiid mei bleate fuotten. Rokjes mei ‘kniekousen’ hiene se doe oan. Dat woe ik ek sa graach, mar it griisde ús mem oan. Moarns betiid op 'e fyts koe it noch hiel kâld wêze; se wie bang dat ik blaasûntstekking krije soe. Yn dy tiid tocht men noch dat soks fan de kjeld kaam. As ik genôch trochseurde, mocht it op it lêst al, mar mei de betingst dat op 'e fyts de broek ûnder de rok oan kaam. Op skoalle koe ik de broek wol útlûke. Ik skamme my dea fansels, net ien rûn der sa by. Ik woe net heal dat se my op skoalle sa seagen. As we dan hast by Grou wiene, stapte ik fan de fyts en wachte oant der net ien oan kaam. Dan gau de broek út en it ferfûlde ding hielendal ûnderyn 'e fytstas triuwe.
De iisbaan foarby moasten wy rjochtsôf slaan, nei de Seinpôle ta. Tusken de skiphuzen waard in kear belslydjeien holden, mei heit en mem wie ik der hinne te sjen. Dat wie wat, dy grutte hynders op it iis te draven. De iissplinters sprongen alle kanten op, se fûnken yn it sinneljocht. It stampen fan dy swiere hynders op it iis, it lûd dat dy beltsjes makken, bergen minsken oan de kant, sinneskyn waar, it wie in ûnferjitlike dei.
Nei de skiphuzen giet de dyk no omheech; op it heechste punt leit in brêge. Earder lei hjir in grutte daam yn it wetter. Oan de linkerkant lei it arkje fan Popkje Sytema, sa hjitte it famke dat in bytsje âlder wie as ik. Popkje, sa woene je dochs net hjitte! Har mem Lamkje, ek al wer sa'n nuvere namme yn myn eagen, kamen we faak op 'e fyts tsjin: in blauwe overall oan en in reade bûsdoek om it hier. Se holp de boeren by it melken, wol ik leauwe. Wy hiene altyd wille as we achter har fytsten, Lamkje hie frijwat kont yn 'e broek, har achterste hong hielendal oer it sadel hinne; it like krekt as siet se sa op de buis.
| |
| |
Us mem droech ek in overall as se heit by it melken holp, mar sy soe noait yn dy klaaiïnge nei it doarp ta fytse. As mem klear wie mei it wurk, wosk se har earst en die se oare klean oan foar't se mei har beuzichheden yn 'e hûs út ein sette. ‘Très chic’ hjitte har sjippe; ik fûn dat se dan sa lekker rûkte.
Ticht by it arkje fan Popkje, op nei de pont ta, wie it rekreaasje-kompleks ‘Yn 'e Lijte’. Earder stiene dêr allegear fan dy wite simmerhúskes, wyt boumateriaal mei strie deryn. Alle húskes wiene itselde, se stiene kreas op rjochte rigen. It iennichste dat ferskilde, wiene de gerdyntsjes foar de ruten. Yn ús skoaltiid hiene we it plan groeien sjoen.
De pont lei sa'n bytsje op de helte fan de rûte, koest eefkes bekomme fan it fytsen, en wachtsje fansels. Op in kear dat we wer ris foar de pont wachtsje moasten, de pontbaas siet te iten, sneupten we wat by dy simmerhúskes om. Myn buorfamke Jeltsje moast ynienen pisje. Nearne benaud foar sei se: ‘Eefkes sjen oft der ek in rútsje iepen stiet.’ Se trof it: by ien fan dy wentsjes stie in rút iepen. Handich klattere se nei binnen en gie nei it húske ta. Ik wie spoekbenaud dat ien ús oer it mad komme soe. Sy net. Doe't we it by in lettere loop nochris besykje soene, fûnen we de boel op 't slot.
Jûns farde de pont nei njoggenen net mear, dan moast der mei de skouwen oerstutsen wurde. Oan elke kant fan it kanaal lei in skou en dat moast ek sa bliuwe. Myn broers moasten dêr altyd mei de brommers oerstekke as se de jûns fuort west hiene. Earst de brommer yn de skou bealgje, dan nei de oare kant roeie, dêr de brommer útlade, en dan mei twa skouwen wer nei de oare kant ta. Ast mei ien skou werom by de brommer wiest, wie der gau in healoere om. Swier wurk en de klean faak fol fet. Mem foetere as se dy plakken seach; mei waskbenzine probearre se de boel wer skjin te krijen.
As it kanaal winterdei tichtferzen wie, waarden der grutte planken oer hinne lein. Dan koest allinne mei de fyts of de
| |
| |
brommer fan it eilân ôfkomme, de auto's moasten stean bliuwe. As de boeren swiere froast ferwachten, brockten se yntiids de auto nei de oare kant. Dan koene se harren dochs rêde.
Ek de molkbussen waarden stik foar stik de planken oer tôge en oan de oare kant op in wein fan it fabryk setten.
By mist wie de oertocht nuodlik, dan seachst gjin hân foar eagen. It iennichst watst heardest, wiene de misthoarns fan de skippen yn it kanaal of op de mar. Ek al joegen se elkoar sinjalen, it bleau in weachstik om oer te stekken. Yn it ferline ha der wol oanfarrings west, lokkich nea mei slimme gefolgen.
Yn myn jierren foer Henk de Jong meast op de pont, hy wenne mei syn frou Teatske yn it pontwachtershûs oan de Burdskant. Harren dochter Tryntsje siet by my yn de klasse, wy fytsten faak mei elkoar op. Dat hie syn foardiel ek. As we te let foar de pont wiene en Tryntsje wie der by, dan kaam har heit soms dochs noch om ús oer te setten. Se sieten thús mei it iten op Tryntsje te wachtsjen.
Tryntsje hie in sliepkeamer mei iepenslaande doarren nei it kanaal. Dat hie ik noch nea earder sjoen, ik wie stikem jaloersk op har mei sa'n moaie keamer.
Har heit en mem hiene der in hanneltsje by, se hiene in iiskobak oan hûs. In gaadlik plak fansels foar minsken dy't wachtsje moasten. Earst ferkochten se fan dy fjouwerkante pakjes iis, oan de iene kant wyt en de oare kant rôze. Hiel inkeld mochten we op snein sa'n pak iis helje, foar nei it iten. Dan moasten we as in wyld de Burd trochfytse, want oars kaamst mei in fytstas fol suertsjewetter thús. Letter krigen se fan dy rûne kartontsjes, krigest der in plestik leppeltsje by. Jierren lang hat der sa'n leppeltsje by mem yn it sâltpotsje stien.
Nei de oerstek oer it wetter fytsten we dan de dyk troch de Burd del, in kronkeldykje dat by de mar en it wetterke De Burd lâns meändere. Op nei de ein, op nei Sitebuorren.
|
|