| |
[1876
Friese vertaling Het Gebed van de onwetende]
Vermoedelijk eind 1876
Het Gebed van de onwetende verschijnt in het fries. In: Forjit my net! Tîdskrift ûtjown fen 't selskip for Friske tael en skriftenkennisse. Sechste boek. Up 't Hearrenfean, by Hingst & Hepkema, 1876, p. 97-99. (U.B. Amsterdam; fotokopie M.M.)
| |
| |
| |
It gebet fen de ûnwitende.
(Nei Multatuli).
Ik wit net eft wy wêsne waerden mei in doel...
Ef mar by tafel kamen. Ek net eft in God
Ef goaden hiar formeitsje mei ûs leed, en skimpe
Op 'e ûnfolkommenheid fen ûs bistean. As dat sa wier
Scoe 't freeslik wêse! Oan hwa de skild,
Dat swakken swak binn', gamlen gammel, dommen dom!
Mar as wy makke binn' mei opset, mei in doel,
En throch ûs ûnfolkommenheid dat net birikke...
Den falt de blaem fen al 't forkearde net op ûs,
Op 't maksel net... mar op 'e Meitser! neam him Zeus
Ef Jupiter, Jehova, Baäl, Djau... om 't effen:
Hy is er net, ef hy moat goed wêse en it ûs net wite,
Dat wy him net bigripe. 't Stoe oan him,
Him t' iepenbierjen en dat die er net! Hie hy dat dien,
Den hie 'r 't sa dien, dat nimmen twîvlje koe,
Mar elts koe sidze: ik kin him, fiel him en forstean him.
Hwet oaren nou biweare fen God to witen,
Baet my nin bît... 'k Forstean him net... Ik freegje dos:
Hwerom oan oaren al him iepenbierre en net oan my?
Scoe 't iene bern dy heit mûlk neyer wêse as 't oare...?
Sa lang 't ien minske jowt, dy God net kin,
Sa lang is 't laster om to leawen oan dy God!
't Bern, dat forgees sîn heit oanropt docht dochs nin quea.
De heit, dy al forgees sîn bern lit roppe handelt wreed!
En reiner is 't geloof: der is nin Fader,
As dat er doaf scoe wêse for sîn bern!
Meiskien binn' w' ienris wîser! lens, meiskien,
Siean w' în, dat Hy er is, dat Hy wol op ûs acht sloech,
En dat sîn swyen oarsaek hie mei grûnd... Wol nou,
Sa ring wy 't wite is ek de tîd fen loofjen dêr...
Mar earder net... nou net! - 't scoe God forthrette,
Fornaem er, dat wy him oanbeadne sûnder grûnd...
| |
| |
En gekheid is 't, de tsiustre ûnwitendheid biliachtje
To wollen mei in liacht, dat net bistiet, nea yet het skînd.
Him tsienje?... Gekheid! Hie hy soks dochs wold,
Hy hie 't ûs iepenbierre op hwet menaer...
Uneigen is 't, dat Hy forwachte fen in minsk'
Oanbidding, tsienst ef lof... towîl 't Hy-sels
Oangeande it ho alhiel ûs în 't ûnsîkre liet.
Dos: as wy God net tsienje nei sîn sin...
Den is 't Sîn skild... Sîn skild allinne en uses net!
Intwisken - ont wy wîser binne - is goed en quea dien ien?
Ik siuch 't net în, hwerta in God scoe tsienje it skiftjen
Fen 't boase en 't goede... Oarsom just! hy, dy 't goede docht
Opdat in God him leanje scoe, dy makket krekt
Dêrtroch it goed ta quea, ta handel... Dy 't queade ûntrint
Ut frees for de ûngenade for dy God, is... laf!
Ik ken Jou net, o God! Ik rôp Jou oan, ik socht,
Smachte al nei anwird en Jou sweyen! - Jerne woe 'k
Jou wil dwaen... net ût frees for straf, ût hope op lean,
Mar lîk as 't bern sîn heite wil docht, om 't him lieaf het!
Y sweyen, altîd sweyen Y... En ik, fol langste dwîlje ik rùnd
Nei de ûre, dat ik wite scil, dat Y bistean...
Den, den scil 'k freegje: ‘Fader! hwerom nou for 't earst
Jou bern mar toand, dat 't wier in Fader hie...?
En dat 't allinne n't stoe hjir în 'e strîd,
De swiere strîd for minslikheid en riucht?
Ef wier'n Y 'r wis fen, Fader! dat 'k Jou wil scoe dwaen
Ek sûnder dy to kennen? - Dat ik sûnder wit
Fen Jou bistean, Jou tsienje scoe, Jou tsienje nei Jou sin?
And'rje, Fader! as Jou er binne. Lit
Lit net Jou bern fortwîv'lje... Fader! bliuw net stean
Op 't bloedigh ôfthwong': “Lama Sabachtani!”
Sa tsiermt de ûnwitende oan sîn sels frykarde krius,
Fen pine krimpende, 't ûtjammerejend fen thoarst.
| |
| |
De wîse - hy, dy wol wit... wol God ken... bispot sa'n gek,
Rikt galle 'm ta en jûblet: “hark, hy ropt sîn Fader”,
En prevlet: “thank, o Hear! dat ik net bin as hy”...
En siongt, ja psalmsiongt sels: Wollokkich hy, dy în 'e boase ried
Net sit, net op it smoarge paed mei sûnders giet’.-
Dy wîse slûpt beurs-op en schachret integralen...
De Fader swyt... O God! der is nin God! nin God!
|
|