| |
| |
| |
XXVIII
‘De fles is leeg. Ik herhaal: De fles is leeg.’
Ik siet op 'e hoksen by heit njonken it koalehok en de slachsin út de radio davere my yn de holle as prachtige, wrede myzyk.
Yn 'e keamer fertelde ik de betsjutting fan de lege flesse. Moarn komme de sabotaazjegroepen yn aksje om wegen en brêgen ôf te sluten. Dêrnei geane de gefjochtsgroepen de striid oan, foar de Kanadezen út of tagelyk mei de Kanadezen. Ik trille wylst ik it sei.
‘Dan moat ik moarnier noch nei Tsjerkstra om iterij,’ sei heit. ‘Oars ha wy miskien dagen neat te iten.’
‘Net dwaan,’ sei mem. ‘Wy kinne tichter by noch wol wat krije en oars mar net. Oant safier ha wy it oprêden. Ik begear gjin risiko's mear dy't net hoege.’
‘Wêr soe Dineke sitte?’ frege Jan. Gjin andert.
Praatske Wytske kaam de oare moarns betiid del mei in NBS-earmbân foar heit. Ik hearde no pas, dat heit, wylst se by muoike Afke wiene, in ûnderdûkte auto rydklear makke hie en dat hy de sjauffeur wêze soe. Benzine moast fan de Kanadezen komme. Wy wachten dy hiele dei.
Ik lei wol op bêd, mar sliepe ho mar. Ik belibbe nochris de oanfal fan de jager fan tel ta tel en switte no fan eangst. Ik kreaude mei it ûnbekende fan aanst, fan moarn en altemets skeat der in flarde gebed troch myn prakkesaasjes. God moast Him mar mei dy brokstikken rêde en ik hoegde Him fansels ek neat gjin nijs fan de ierde te fertellen.
| |
| |
Anneke makke snúflûdsjes yn 'e sliep en preuvele wat, dat ik net ferstie. Ut de fierte kaam it gûnzjen fan fleanmasjines. It waard neidrukliker en hommels gloeide der in eigenaardich bleek ljocht oan de loft. Ik sprong it bêd ût en nei it rút. Yn de loft hinge in lange rige ljochtkûgels mei in skel wyt skynsel. Wêr hingen se? Boppe de strjitwei, tocht my. Ingelsken, grif. Sa koene se ek by nacht de Dútske kolonnes sjen en besjitte, rette ik. No hearde ik yn 'e fierte ek gebolder as fan swier geskut. Of wiene it eksploazjes? Anneke stie stil njonken my út te sjen. Ik warskôge heit en mem. Jan wie der al ôf.
Wy giene nei it platdak op de bykeuken om nei it wûndere, yslike fjoerwurk te sjen. Net ien sei wat. As de ljochtkûgels leger sakken en útgloeiden, waarden nije, blinkende útsetten. Prachtich. Krystnacht yn april yn Fryslân. ‘Hark,’ sei mem ynienen. ‘Dêr binne guon.’
Efter ús hûs, troch it lân, rûnen yndied guon. Ien persoan kaam oan 'e sleat tusken ús tún en it lân yn en wy hearden de stim fan Wite: ‘Gean leaver yn 'e hûs. Net te witten wat der bart.’
‘Komt klear,’ sei heit werom. ‘Enne... sterkte, mannen.’
‘Allright,’ sei Wite. ‘t Giet goed.’
Ik harke mei oandacht nei de kalmte yn de stimmen, de wissens yn dy fan Wite.
‘Sjoch, dêr brânt wat,’ wiisde Jan.
‘Ik trilje sa,’ sei Anneke.
‘Wy trilje allegear, tink,’ sei mem. ‘Oarlochskoarts.’
‘Kom wy geane der yn.’ Heit liet ús foargean en die de doar ticht.
De oare moarns, sneintemoarn, gjin kop op 'e dyk. De sirenes, dy't oars loftalarm oankundigen en ôfkundigen, hiene it sein jankt, dat alle minsken yn 'e hûs bliuwe moasten. De titelroazen yn it tún kearden har behaachsiik nei de iere sinne en weefden op 'e wyn. Boppe it lân hâlden ljippen har eigen loftslach. De kat fan de De Jongen
| |
| |
kuiere deftich by de feart lâns. It hege wetter kriuwele boartlik tsjin de wâlen.
‘Dêr fytst ien,’ rôp heit as wie in fytser in wrâldwûnder. ‘'t Is Joustra mei in NBS-bân om.’
Hy kaam nei ús ta en helle heit op. ‘Mar gau de earmbân om, Jagersma.’ ‘Wurdt der fochten?’ frege mem.
Joustra fertelde dat der, neffens syn ynljochtingen, yn it doarp gjin Mof, gjin Lânwachter noch hokker oar ûnrant ek mear siet. ‘Alles is útnaaid. Plysje Van der Zee sit opsletten yn syn eigen buro.’
‘Kin de flagge út?’ frege Jan begearich.
‘Net dwaan, jong. Net te witten oft der yn 'e buert Dútske troepen omswalkje en dit út komme. En net bûtendoar, hear,’ warskôge heit.
Yn de erker seagen wy Joustra en heit nei. Dêr fytste ek Jochum Steensma mei in NBS-bân om en in overal oan.
‘Wêrom mei ik no net nei de buorren,’ fûtere Jan. ‘Aanst binne de Kanadezen der en dan haw ik der neat fan sjoen.’
‘Geduld, geduld,’ sei mem. ‘Oaren hawwe ek geduld.’
Jan gie by de efterkeamerstafel sitten te stúmjen. Mem naam har breidzjen. Ik hie nearne gjin nocht oan. Ik woe der by wêze, krekt as Jan. Anneke ynstallearde har mei in luie stoel yn de erker, fuotten op 'e sitting, gat op it bekling. Wat gie der yn har om no't nei alle gedachten hjoed har ûnderdûken in ein naam? En wat ware der om efter mem har hege foarholle, de wache eagen boppe it breidzjen?
‘Wat is dat foar in raar ding! ‘hearden wy Anneke ynienen roppen.
Wy stoden nei de erker. In grutte griene bak op rûpbannen draaide oerhoeks de Langeleane út en ús kant op. In lange loop swaaide hinne en wer. Troch in lûk boppe yn de bak stieken in pear koppen mei soldatebaretten.
| |
| |
‘Kanadezen!’ raasde Jan. ‘Kanadezen!’ En hy wie al bûtendoar. Seachst rûnom doarren iepen klappen en minsken de dyk op fleanen. Se swaaiden en rôpen witwat. Ik ek. Dêr kaam noch sa'n ding de hoeke om en noch ien. Bliere koppen laken ús ta, earms swaaiden. Ik rôp en rôp en fielde ynienen, dat de triennen my al oan de mûlshoeken ta wiene.
Mem stie rjochtop, de earm om Anneke har skouders. Har hâlding sei: ‘Ik ha it oprêden foar myn oanpart.’ Leave mem, leave mem.
Dêr kaam Jan wer oan. ‘Bist gjin ûnderdûker mear, Anneke!’ rôp er. Se skodholle allinne mar. Jan gie nei boppe en heistere de flagge ta it rút út.
Yn de buorren troffen wy in bliere gekkeboel oan. Alles rûn troch elkoar, prate trochelkoar, rôp trochelkoar, NBS-ers fytsten ôf en oan, heit kaam foarby oan it stjoer fan in âld auto, Wite rôp wat ûnfersteanbers nei ús. Wy stiene it earst wat ferstuivere oan te sjen. Ynienen hearde ik mem nokkerjen. Wat seach dy foar geks? Ja, hear, de hear Zylstra proastich paradearend mei in ûnbidich oranje lint yn it knoopsgat.
‘Wat ha 'k sein!’ sei mem tsjin my.
Famkes en jonges klatteren op nuvere auto's, dy't jeeps hieten, op tanks en op wat der mar foarbykaam oan ridend Kanadeesk ark. Yn de smoargens op de weinen wie mei in finger skreaun: ‘Groeten uit Steenwijk’, ‘Groeten uit Willemsoord’ en groetnissen út oare al befrijde plakken. Jan wiene wy samar kwyt. Ja, dêr ried er al, swaaiend mei in sûkeladereep.
En dêr kaam grif in tige fleurich optochtsje oansetten. Der waard teminsten wakker lake en roppen. Lûde willegjalpen klonken hieltyd tichter by ús. Wy seagen der wakker benijd nei út. Wa hiene no al wat fleurich feestliks foar elkoar?
Tusken in ploechje NBS-ers draafden de boargemaster en Barendsma, elk mei in stikken portret fan Hitler foar
| |
| |
it boarst. En trije froulju mei keale hollen, de klean fodderich om it liif, de hannen boppe de holle, op bleate fuotten, opjage troch gnyskjend jongfolk, útraasd troch it folk op 'e trotwaars.
‘Dit is.. Dit is freeslik,’ stammere Anneke mei in belutsen gesicht. ‘Kom mar,’ sei mem, ek wyt om 'e noas. ‘Kom. Hjir mar wei.’
Ik waard mislik. Sa'n blydskip, en tin iis foar oaren. Tinkst allinne oan finzenen dy't frij wurde, net oan de folgjende kategory finzenen. De boargemaster en Barendsma gunde ik wol in bêste fernedering; se hiene de hiele oarloch tsjin eigen minsken stien, tsientallen nei Dútsklân útlevere, jonges oerhelle foar de SS, joaden oanbrocht en ophelje litten, Hitler priizge. Dy trije Moffedames. Ik moast ynienen tinke oan de wille fan sokken yn hotel Aurora yn Amsterdam en Roel syn sizzen: ‘It sil har derneffens fergean.’ Sa'n iepenbiere eksekúsje as dy fan niis. hie ik noait oer prakkeseard.
Efter de rigen minsken lâns skarrelen wy mei ús trijen fierder.
‘Oehoe! Joehoe!’ Tante Nel mei Rachel op 'e earm, roppend, dat se no einlings fan dat minske de doar út mocht en de Allerheechste har rêding brocht hie út de finzenis fan mefrou Pitstra.
‘Wêr is mefrou Pitstra?’ frege mem. Dy siet boppe, as altyd.
‘Dan sjogge wy efkes by har,’ sei mem. Tante Nel joech my op slach Rachel oer. Sy woe op sa'n Kanadeeske tank, de grutste. Ik naam Rachel en fuort wie tante Nel, earmswaaiend nei Kanadezen.
‘Dat bern kin dochs wol rinne!’ sei mem. ‘Wêrom sjousto har.’
‘Ik tink, dat se nét rinne kin. Sjoch mar.’ Ik sette Rachel del. In stapke as tsien en doe soe se falle. Ik heinde har op 'e tiid. ‘Rachel hat ommers noait gewoan rûn. Ja, in pear stapkes yn 'e hûs.’
‘Ik moat no rinnen leare, hè. Ik mei no bûten,
| |
| |
hè,’ kwettere it lyts ding. ‘De Kanadezen binne der, hè.’
Heden, wat in emoasje-dei. No koe 'k wol wer janke om de befrijing fan Rachel, dy't rinne mocht.
‘Toe dan!’ sei se.
Ik naam har by de hantsjes en se wraggele stadich, op slappe skonkjes, foarút, de flewielen eagen laken. Mem en Anneke giene wylst de trep op nei mefrou Pitstra. Doe't Rachel wurch waard, sjoude ik har de trep op, hymjend, sa'n grut bern ek.
‘Allegearre bêst beteard,’ hearde ik mefrou Pitstra sizzen, doe't ik de keamer yn kaam. ‘Mar it is fansels noch ôfwachtsjen.’ Se joech in koart knikje yn de rjochting fan Rachel. ‘Ik jou der gjin sint foar, dat dy weromkomme, de Goudmannen, Hawar, dan sjogge wy wol wer. Se kin hjir bliuwe. Nel kin ek noch net fuort.’
Anneke beluts ûnder dit praat. ‘Dyn heit en mem binne der noch, no?’ sei mefrou Pitstra. Anneke knikte ferheftich.
Wie Anneke dêr sa wis fan? Wy hiene sûnt ferline jier septimber neat mear fan Leo en Ella Frankforter heard.
Oant yn de nacht op hoste en dûnse ik de buorren op en del mei myn weromfûne freonen en freondinnen fan skoalle. Jopy die ek in hoart mei, mar ferdwûn doe by Bonne yn 'e hûs. Dêr wie it fertriet baas. Hinke dûnse dapper mei, mar gjin eagenblik feroare der wat yn har strak gesicht. Har broer yn de SS, kaam er werom, hoe kaam er werom, en as er weromkaam, wat dan?
De kommende dagen waarden wy as húshâlding beskamme makke. Wy dy't mienden - of hiene wy it gewoan mar hope -, dat Anneke algemien aksepteard wie as in nichtsje, fernamen no oars.
‘Wat moai, dat it by jimmes allegearre goed gien is, net?’ lake de skuonmakker en Anneke krige syn Kanadeeske sûkeladereep.
‘Dat is gelokkich goed beteard mei it famke,’ glundere de drogist en Anneke krige in print mei poeskes.
| |
| |
‘Geweldich, dat sy der goed trochkommen is,’ bearde frou Helman fan de lapkewinkel en Anneke krige in echt, nij bûsdoekje.
‘Wy ha ús de lea wol stikken hâlden om jimme,’ sei buorman De Jong oandien. ‘Anneke yn 'e hûs en doe dat joadske frommes derby. Hoe doarsten jimme.’
Fan de piloaten hie dúdlik noait ien wat fernommen. Allinne beppe frege, wa't der yn de kast siet mei in sigaar of in pipe, doe't se op in moarntiid by ús kaam. ‘En do seachst mar nei dy kastdoar, Jikke,’ lake beppe. Mem krige der in kaam fan.
Hoefolle minsken hiene mei ús meilibbe, stil, sûnder ea wat fernimme te litten? Hie Dineke dat beseft? Ik hope, dat se gau thús kaam. Wy hiene fan har noch neat oars fernaam as dat se yn Ljouwert siet.
Ik gie foar it earst op begraffenis. Jochum Steensma wie dearekke yn in treffen mei in ploechje desperate Dútskers. Dochs noch ien dea op it lêste stuit en sûnder profyt foar wa dan ek; de Dútskers wiene fuort dêrnei finzen nommen. Sa drok as it doarp west hie op de dei fan de befrijing, sa stil lei it derhinne doe't Jochum te hôf kaam. Wite, syn kommandant, spriek op it grêf in pear wurden, mar kaam der net út. Doomny wie syn wurden better baas: ‘Fallen foar de frijheid fan ús lân. Ien fan de safollen.’ Gods genede, hie doomny it oer. It woe my net helder wurde. Ik hie Jochum foar my, sa't er, justjes lyn, by ús lâns fytste yn overal, de NBS-bân moai skjin om 'e earm. No skepte de deagraver him aanst ûnder. Syn âlden skriemden net.
Hindrik en Neeltsje kamen by ús oanfytsen as hiene se fakânsje, Aly by Hindrik efterop, Neeltsje mei in oranje strikje op 'e mantel, de gesichten blier en ferromme. Wander wie al fuort, o ja daliks, mei de Kanadezen mei. Hy seach wol, dat er thús kaam, sei er.
‘Soe er it rêde? Hollân is noch net frij,’ sei Neeltsje besoarge.
| |
| |
‘Jawis, fanke. Wander rêdt it altyd. Mei sa'n mûle?’ Hindrik siet net in tel oer Wander yn.
‘Miskien hearre wy wol noait wer wat fan Wander’ ornearre Neeltsje.
‘Wis wol’ sei Hindrik. ‘En oars mar net. Wy hawwe him der trochholpen en mear stie ús net te dwaan.’
Ik kontrolearde hoe't mem dit sizzen fan Hindrik opnaam. Skielk gie Anneke ek fuort. Der wie neat oan mem te fernimmen as dat se, lyk as alle dagen nei de befrijing, stiller wie as oars.
Njonkenlytsen kaam mei it ferrinnen fan it feest de werklikheid werom. Hollân noch altyd beset en freeslike ferhalen dêrwei oer ferhongere minsken dy't dea delfoelen op strjitte. En wat wie der bard en barde der noch yn de konsintraasjekampen?
En dêr hiene wy Dineke. Se waard yn in jeep foar de doar ôflevere. ‘No fyts ik fan myn libbensdagen noait wer,’ wie har earste. ‘Ik lit my tenei ride. Ik haw genôch fytst foar in minskelibben en ik haatsje it.’
Se seach der beklonken út. Koest de bonkjes yn har hannen sa lizzen sjen, donkere ringen om 'e eagen.
‘Meager mar hiel,’ lake se, doe't wy har blykber opfallend meilijend oanstoarren.
Mem woe ha, se soe earst ris in wikemannich fakânsje nimme, bekomme, groeie. Dêr prakkesearde Dineke net oer. Dat hie se my trouwens doe yn Snits al sein: ‘Ik wol net yn in kâld; tsjuster gat falle.’
Menear Tsjeard wie werom. Hy hie yn it Suden al Dineke as tolk tasein oan in Kanadeeske majoar, dat se koe fuortdaliks mar wer oan it wurk. ‘Groeie doch ik fansels wol,’ sei se. ‘Ik yt by de Kanadezen. Skalen fol prachtige bôle, potten fol jam, blikken fol margarine, lapen fleis, trije soarten griente en pudding nei. Luilekkerlân. Ik wist net wat ik seach, dy earste kears by harren oan tafel. De majoar warskôge my: earst mar mei lytse bytsjes begjinne, oars wurdst der siik fan. Dat ha'k dien,
| |
| |
hoe hearlik it allegearre ek like. En sneon fûn ik yn myn burolaad sigaretten en sûkalade. Ik tink, dat de majoar syn hiele wikerantsoen oan my jûn hat, mar hy wol gjin betankjes.’
‘Hast ek wat heard fan de piloaten, dy't hjir noch sieten?’ frege heit.
‘Ja. Dy binne daliks by de earste Kanadezen op de weinen sprongen. Suver sûnder ôfskied te nimmen. Sneu. Mar kinst it dy sa yntinke: einlings fuort en einlings in kâns op kontakt mei thús.’
Mem hie blikjes meat and vegetables fan Kanadezen krige, dat wy ieten kostlik fan de griente mei wol likefolle fleis dertroch. Jan kaam thús mei in blik droege aai. Hy en oare jonges wiene net by de Kanadeeske fjildkeuken wei te slaan: dêr waard wat weijûn. Yn it blik siet giele poeier, mar it wie wol echt fan aaien. Wy makken it poeier oan mei wat wetter en bakten der yn de pankoekspanne koekjes fan. Wat in wielde allegearre, ek al hiene de winkels noch neat te keap.
‘Wy binne wer byelkoar, alle seis,’ sei mem. En: ‘Wy misse net ien,’ mei de klam op wy.
‘Dêr tink ik oer,’ sei Dineke. ‘Wêrom ha wy it oerlibbe en oaren net? Dêr krijst gjin andert op. Yn elk gefal libje wy net om it bestean fierder te ferklapbussen.’
‘Ik fiel my wol ferskriklik tankber,’ sei heit. ‘God hat ús bewarre, al wit ik ek net mei wat doel.’
Dineke bleau de snein oer en wy sieten wer meielkoar yn tsjerke, mei ús seizen op in rige, in hiele bank fol. Minsken seagen nei ús, nei Anneke, en knypeagen. Wisten dy it no, of hiene dyën it altyd al witten, of fermoede? Der sieten mear húshâldingen mei ien of twa frjemden: opdûkte ûnderdûkers.
Der hinge in eigenaardige sfear fan ferlegenheid yn de grôtfolle tsjerke. It kaam fan doomny, dy't fernimber net rjocht wist hokker toan er oanslaan moast. In tsjerke fol befrijde minsken, mar guon hiene tefolle ferlern yn de
| |
| |
oarloch, guon wachten alle dagen eangstich op berjocht fan man, frou of bern dy't earne wêze moasten, of net mear bestiene. De oarloch sette troch.
Ik tocht oan Ien, dy't in long kwyt moast en dan nei Switserlân, sa gau't it koe, om te kueren. En dan mar yn jierren rekkenje, hie de dokter him foarhâlden, foardat er wer in bytsje normaal libje kinne soe.
|
|