| |
| |
| |
XXVII
Eangst foar wat de gefolgen wêzen koene fan de arrestaasje fan omke Oepke wynde in deimannich yn my om, mar hieltyd lichter en mei langer skoften dat der my neat pleage. Besjoen út de oase fan Hindrik en Neeltsje wei woe de werklikheid dêrbûten dochs al maklik in rare dream lykje. Oant Wite kaam mei in boadskip foar my en tagelyk fertelde fan in hiele rige oerfallen by lieders van de NBS, suver hiele Fryslân troch. Fan dejingen dy't nei de arrestaasje fan omke Oepke tochten: it falt wat ta, wiene guon al dea, oaren waarden sa'st fan tinken wol ha koeste ûnder hannen naam fan de SD.
‘Stean der mar net by stil,’ sei Wite. ‘It wurk moat trochgean. Do moatst moarn nei in omke fan my yn de Súdwesthoeke.’
Dy omke hie in winkel yn bêdeguod, gerdineboel en lapkes. Hy hie omke al witte litten, dat der in Klaske komme soe mei in boadskip. It boadskip moast ik sels opknappe. Ik moast omke, lang gjin helt, safier sjen te krijen, dat syn frou en dochters earmbannen makken foar de NBS-ers. Leafst fan blau of oranje guod, mar wyt koe ek. Foarsafier't Wite syn omke koe, hie dy noch wol hjir as dêr wat lappen sitten. Op in drukkerij soene dan letter de letters NBS op de earmbannen printe wurde. En as omke noch overals hawwe mocht, dan moast er dy no ôfstean. De NBS soe by de befrijing blauwe overals mei in NBS-earmbân drage by wize fan unifoarm.
Ik op 'e fyts. By Snits wie it te rêden. It tilde der op fan griene unifoarms. Der wiene jonges by, grif net âlder as
| |
| |
sechstjin, en mannen wol hast sa âld as pake. As Hitler it al fan sokken ha moast!
Ien fan de jonges soe my myn fyts ûntnaderje, al swaaide ik him noch sa mei myn fyts-Ausweis ûnder de noas. Hy hie de fyts al mei twa hannen beet. Doe naam ik myn persoansbewiis.
‘Sjochst,’ spriek ik him ta en tikke fûl mei de finger op it papier, ‘da steht Krankenschwester. Yn it Deutsche Lazarett. Deine kranken Kameraden. Es weht etwas wenn ich dêr net op 'e tiid bin und sage dass du mein Fahrrad gestolen hast.’ Ik ûnderstreke nochris mei de finger it berop. Der stie: ‘scholier.’ De jonge bearde dat er it lêze koe en wylst pakte ik him de fyts ôf. Wy seagen elkoar oan. Like âld sawat en wa't it sterkst op syn stik stie, soe it winne. Ik wûn.
No woe ik ek witte wêrom't se sa machtich op jacht wiene, en oft it allegearre allinne te rêden wie om fytsen.
‘Männer fangen?’ smiet ik op. Hy bestammere wat oer Gefängnis en Flüchtlinge. Hie de KP wer in finzenis te pakken hân? Ik fyts te moedich fierder, liet papieren sjen by kontrôles, hinge myn Lazarett-ferhaal nochris op, en moast noch oantraapje om foar spertiid by Wite syn omke te wêzen.
‘Groetnis fan Wigle Bakker, jo omkesizzer, en ik bin Klaske,’ sei ik tsjin it machtich postuer efter de toanbank. Wat in stik minske; dêr hiene wol twa út kind.
Omke seach neat net tankber foar myn hertlike groet. Hy hie grif wol yn 'e rekken, dat Wite my net om syn jelnestok stjoerde. Wêr hie Wite my op ôf jage?
‘Gean mar yn 'e hûs,’ sei de man. ‘Do sjochst kâld.’
‘Ik bin stienkâld,’ oerdreau ik. ‘Ik fiel de fuotten net iens mear.’ Namste earder soene se my hjir iten en in bêd oanbiede. Dat die muoike Frearkje dan ek daliks. Twa folwoeksen dochters seagen mei ta wylst ik iet, Saapke en Ymkje.
Omke - Wabe hiet er - waard wer stúmsk doe't ik frege, oft ik him efkes te wurden koe. Hy naam my mei
| |
| |
nei de skimerige winkel. ‘Earmbannen foar de NBS?’ skampere hy. ‘Witst wol, dat yn dizze kriten al trije moaie pleatsen opbrând binne en de bewenners oppakt, allegearre om dy NBS? Soks haw ik gjin nocht oan. Sis dat mar tsjin Wigle. Lit dy jonge om syn wiif en syn mem tinke.’
De moed sonk my yn 'e sokken. Wat no? De winkelsdoar gie iepen en der kaam in jongeman yn.
‘Wa is dit?’ frege er omke Wabe.
Omke fertelde fuort wat ik woe en de jongeman sei, dat er Bauke wie, de soan. ‘Dêr kinne wy net foarwei, heit,’ sei Bauke earnstich. ‘As heit bang is, bang binne wy allegearre, bang is elk. Earmbannen meitsje is wol it minste dat heit dwaan kin. Yn de sliepkeamerskast lizze noch in pear lekkens en der binne earne ek noch twa blau ketoenene gerdinen. Ik sil wol knippe, mem en de fankes naaie. Mei twa, trije dagen leit it spul klear. Is 't net sa, heit?’
Omke seach as hie Bauke him foar sliterspriis oan my ferkocht. Der kaam in sunich knikje.
Muoike en de dochters seagen der gjin bonken yn om earmbannen te naaien. Muoike helle noch twa lekkens út har eigen linnenkast. Dy moasten der ek mar oan leauwe foar it faderlân.
Ik sliepte bêst en ûnthiet werom te kommen om de bannen op te heljen. Op 'e weromreis seach ik yn Snits Twa rinnen.
‘Heu, Twa!’ sei ik, wylst ik njonken him fan de fyts stapte. Hy waard efkes kjel, mar lake doe't er my seach.
‘Do bestiest noch!’ sei ik bliid.
Syn eagen feroaren fuort nei earnstich. ‘Edammer is juster deasketten, tagelyk mei fjouwer oaren.’
Lûd klonk Dineke har stim my troch de holle: ‘Edammer oerlibbet dit net.’ ‘Hoe is er pakt?’ frege ik.
‘Kom mar mei nei Dineke,’ sei Twa. ‘Dan fertel ik it dy ûnderweis wol.’ Hy naam de fyts fan my oer. Soa, siet Dineke yn Snits!
| |
| |
‘Ik wit net krekt wat it wie,’ sei Twa ûnder it rinnen wei. ‘Krekt as wie Edammer net foarsichtich mear, as koe it him neat mear skele oft er al of net pakt waard. Kinst dy foarstelle, dat immen om 'e dea siket?’
Ik skodholle. Libje. Wa wol net libje, dit oerlibje, skielk hjir samar frij omstappe. De lantearaen flitse oan, de gerdinen bliuwe iepen; ljocht, allegearre ljocht. Ja, Dineke hie it al sein: Bouwe oerlibbet dit net; Edammer oerlibbet dit net. Mar begripe? Nee.
‘Ik haw der nachten om wekker lein,’ sei Twa, ‘om te betinken wat der oer Edammer kommen wie. Needlotsfielen? Yneinens? Begearte om út te finen hoefier as er gean koe? Earne yn dy kriten moat de ferklearring lizze. Earlik, ik bin bang om my fierder yn te tinken yn de gesteldheid fan Edammer. Wat der barde wie dit: Hy fytste gewoan mei in revolver yn 'e bûse, dy't er op dat stuit hielendal net nedich wie, troch in strjittekontrôle. Dat koe net goedkomme. Hy hat noch ien fan dy smearlappen oansketten, mar wat joech dat. Der hiene wol tsien mannen him te pakken. Se ha him yn Ljouwert martele, mar hy hat neat sein, net ien wurd.’
‘Hoe witsto dat!’
‘Dat kin ik dy net fertelle, mar wy witte alles wat der by de SD yn Ljouwert yn 'e hûs bart. Hoe't der slein wurdt en wat der sein wurdt.’
Ik stelde my Edammer foar, syn gesicht, de eagen dy't ynienen spikerhurd wurde koene, dûm. Dan soe yndied net in minske him safier krije dat er die wat er net woe. Ik krige it der kâld fan. Dat in minske him sa feroarje koe yn in stik metaal.
‘Hy is alteast fan it marteljen ôf,’ sei Twa. ‘Kinst dy foarstelle, dat er dit begeard hat? Miskien net bewust, mar likegoed.’
In jonge frou mei in poppe op 'e earm kaam foar, doe't Twa oanskille. ‘Dit is Klaske, Kike har suster,’ sei er tsjin de frou.
‘Kike is fuort, mar do kinst wol op har wachtsje,’ sei se.
| |
| |
‘Kom der yn.’ Se joech my it bûltsjeblazende baaske oer. ‘Hâld fêst, dan set ik thee.’ ‘Echte, hear,’ sei Twa. ‘Ik wit, datst echte haste.’
‘Wat branje derby hie net ferkeard west,’ sei de frou.
‘Op dy Rus duorret it tiden foardat it theewetter siedt.’
Ik moast ynwindich laitsje, dat Twa my sûnder erch op Dineke har adres brocht hie. Hy tocht grif, dat ik ûnderweis wie nei har ta. ‘Kinst hjir wol sliepe, hear,’ sei de frou. ‘Kike hat in twapersoans. En sis mar Janny. Myn man komt sa ek thús. Dat is Bearn.’
Thee, echte Ingelske thee! Elk miende langer, dat de surrogaat-thee bêst te drinken wie, mar dizze thee, sûnder sûker, sa moai allinne al om te sjen, heldere barnstien.
Dineke skrille doe't se my seach. ‘Is der thús wat?’
Ik fertelde foar wat opdracht ik ûnderweis wie en dat Twa my samar nei Dineke har hoale brocht hie. Doe seach Twa ferheard.
Twa sei by it fuortgean, dat Dineke, en ek Bearn, de oare nachts better earne oars sliepe koene. Der soe wer wat heve.
Op bêd hiene wy it oer Edammer. Hoelang hiene wy him al meimakke, al in pear jier. Wat hie er allegearre net dien en oerlibbe. De oarloch rûn nei de ein en dochs noch pakt, om neat, martele en dea.
‘Do seist it ferline simmer al, Dineke.’
‘Hy socht der om. Hoe't dat wurket yn in minske, ik wit it net. Miskien wurde guon op 'en djoer te ynein fan it ivich wach wêzen. It kin ek wêze, dat Edammer net mei skuldgefoel fierder libje woe en de dea oangrypte foardat de dea net mear samar te krijen is. Hy hat in kear in joadejager deasjitte moatten. O, de man wie netsjes feroardiele troch trije echte rjochters, dy't it ferset helpe. Dy rjochters sille nei de befrijing korrekt ferantwurding ôflizze fan de feroardieling. It wie in skriklik gefaarlik sujet. It hat Edammer likegoed noait wer út it sin west, dat er in minske deasketten hat, immen dy't
| |
| |
him oanseach foardat it skot foel. Dêr wie er kapot fan. Hy begûn der hieltyd wer oer en nimmen wie by machte him in skjin gewisse oan te praten.’
‘Ik tocht, dat er spikerhurd wie. By “Marsicht” hat er dochs ek mei SD-ers deasketten?’
‘Dat is oars. Se waarden dêr meielkoar oanfallen, se skeaten meielkoar werom. Dat gyng om sy of wy. Dizze joadejager seach Edammer op it lêste stuit lyk yn it gesicht en dat sei Edammer hieltyd op 'e nij. En wat hiene wy dêrop te sizzen? Dêr moatst mei libje, seine wy. Kinst gjin oarloch fiere sûnder smoarge hannen, seine wy wysnoazich. In oar minske deasjitte? Dat hie Edammer krekt noait dwaan mocht. Mar wa koe witte, dat Edammer der sa ûndertroch gean soe? Dit is gjin offisieel leger. Net ien wurdt foarôf deskundich keurd op lichaamlike en geastlike geskiktens.’
‘Hoe is it mei dysels, Dineke?’
‘Pinemage. In gekke dokter hat my oanret moarns in aailokje konjak te drinken. Hy joech de konjak der by. 't Helpt wol in pear oeren. Dy soere rotbôle kin 'k net oer. Ik haw no in healmingelsfleske yn 'e fytstas en as ik ûnderweis bin, gean ik op twa, trije pleatsen oan mei myn fleske. Sa'n bytsje wegerje se noait en ik krij deis ien of oardel mingel molke binnen. Dêr libje ik sawat op. Jûns krij ik in hurdsean aai fan Janny har hinnen by it waarm iten. Ik rêd it sa wol, as ik my net te bot ergerje.’
‘Ergerje? Wêroan?’
‘Guon wrotte no al enerzjyk om foaroansteande posten nei de befrijing, mei it fan foar de oarloch bekende gekreau tusken politike rjochtingen.’
‘'t Sil sa oars wurde yn “herrijzend Nederland,” ast Willemyntsje hearste.’
‘Dêr haw ik my noait folle yllúzjes oer makke. Mienst dat minsken yn fiif jier bot feroarje? Knokke om baantsjes en myn partij is de bêste.’
‘Wat silsto as wy frij binne? Ik soe earst mar ris goed útrêste. Dyn mage moat wer ynoarder.’
| |
| |
‘Ik sil oan it wurk. Oanpakke wat der mar dien wurde moat. Ik bin net fan doel yn in kâld, tsjuster gat te fallen.’
Op myn twadde reis nei omke Wabe wie it alwer te rêden by Snits om. Der soe ommers wat barre, hie Twa al sein. Efkes de noas by Dineke om 'e hoeke stekke, mooglik hearde ik wat. En jawol. De KP hie wrychjes foar de twadde kear sûnder ûngemakken finzenen yn Snits ferlost.
Omke Wabe ûntfong my mei in freugde, dy't my ferbjustere. In hiel oare man as de omke fan in pear dagen lyn hiet my it wolkom. Hoe kaam Peaske sa yn it lân? Bauke, dy't yn 'e winkel omheistere, seach al sa benijd nei syn heit en knypeage doe nei my. Hy hie it riedling blykber oplost, ik net.
Omke bleau fleurich. En no moast Klaske hjir ris sjen: in hiel pak mei earmbannen, wol fjouwer-, nee fiifhûndert, kreas opteard yn sa'n moai stik foaroarlochsk pakpapier. En ek noch tsien overals.
‘No mar gau it spul yn de fytstas, fanke,’ sei er.
En as de bliksem fuort, tocht ik der efteroan. No begriep ik Bauke syn knypeach.
Bauke krige der nocht oan. ‘Klaske kin dochs sa net fuort, heit. It is iterstiid. Dat bern kin net fytse op neat. Mem! In iter derby!’ rôp er. Muoike soarge, dat der goed wat yn kaam en ik hie der gjin wurk fan.
Omke Wabe wie net om 'e nocht sa bliid, dat ik ôfsette soe mei de earmbannen, en wat gauwer wat leaver. Op 'e nij en no by kunde fan him wie de pleats yn 'e brân stutsen en it fee fuortfierd. De bewenners wiene warskôge en krekt op 'e tiid útnaaid. En wêr kaam dat ûnheil fan? Fan praterij, neffens omke Wabe. Dy minsken hiene sels net iens potticht west. Ja, wat soe 't ek, in weinfol wapens yn de golle. Dêr koest moai efkes oer opswetse.
Omke klapte de winkelsdoar rislút ticht, sagau't ik mei de fyts op de blaustiennen stoepe stie en snúfde wêr't de
| |
| |
wyn wei kaam. Súdwest. Fyftich kilometer foar it lapke mei myn lapkes.
Wite fermakke him wakker mei myn ferhaal oer syn omke Wabe en neef Bauke. Lykwols, it moast njonken omke Wabe op it stuit tûzenen oanfleane sa't de SD, de Lânwacht, de Zoll en hoe't it rosmos mar mear hjitte mocht te kear gie. En dochs hiest yn it ferset noch party, dy't it net leauwe woene. Se krigen de warskôging, dat se daliks ûnderdûke moasten, mar och, it soe wol efkes tafalle, it omwaskjen koest sa net efterlitte, koest net fuort sûnder dy earst te ferklaaien en te skearen, it familyalbum woest dochs noch efkes opsykje om it mei te nimmen. Te let, te let, en de SD hie net allinne de persoan, mar ek wer in tried fan it ferset yn hannen.
Wite ferklapte my ek wat. ‘Asto foar de Ingelske radio de slachsin hearste “De fles is leeg”, dan giet de NBS de deis dêrop los mei sabotaazje en stiet de befrijing foar de doar. Gean dan net mear op 'en paad.’
It gie mei de oarloch no winlik treflik. Russen en Alliearden fochten op Dútsk grûngebiet en it front kaam al tichter by ús. Mar hjir jagen Moffen en oanhing fûler as ea op minsken, fytsen, hynders. Om frijstellingspapieren joegen se neat mear. Elk moast mar sjen net pakt en net bestellen te wurden. Hynders! Hindrik en ik jagen Emma it lân yn, sa fier mooglik fan de dyk ôf, in gaadlik plakje, ferskûle tusken beamwâlen. Emma wie it bêst. Se snúfde sinnich oan de koblomkes, de earste bûterblommen, it waaksende gers. Wat in kostlike dei foar in hynder.
Wy seagen ta, hoe't buorman syn âlde, guodlike Bels troch in pear suterige soldaten fan it hiem helle en efter in boerewein bûn waard. Der rûn in hynder foar en der sieten ek al twa efter. Buorman sloech mei hannen en fuotten en buorfrou stiek de fûsten omheech. De soldaten laken harren út.
Heit kaam te sizzen, dat heit en mem no perfoarst wer
| |
| |
nei har eigen hûs ta woene. Alles bêst by muoike Afke en omke Freark, neat gjin kleien neffens wat oaren meimakken, mar...
‘Men is dochs mar bliid as men wer thús is,’ sei ik. Dat wie in familysechje, yn wêzen brocht troch oerpake Harm nei syn earste grutte reis: mei de hynstetram fan Feanwâlden nei Dokkum en werom.
‘Krekt,’ knikte heit. ‘Wy litte ús spul ynearsten by Joustra. By need stappe wy sa de doar wer út. Komsto ek thús?’
‘Efkes oer tinke,’ andere ik, ferheard oer heit syn dimmene wize fan freegjen oan my. Ik krige alle romte om ja of nee te sizzen. En ik sei net fanselssprekkend ja.
Wy stiene oars foarelkoar oer as foarhinne en heit hie dêr as earste útdrukking oan jûn mei syn foarsichtich: Komsto ek thús? Ik soe him der in tút foar jaan wolle en dat krekt paste net by dit stuit. It lêste healjier rôle him koart as in sucht ôf yn myn holle en ik seach it proses foar my fan ferselsstanniging fan myn kant en loslitte fan de kant fan heit en mem. Mem ek. Se hie langer oer my memke as oer Dineke - ‘Dineke, o, dy rêdt har wol,’ wie in yrritant sechje fan mem -, se hie de eagen ticht doe't ik ûngesteld wurde moast en dus grut waard, mar de lêste tiden hie mem my noait wier keard as ik wat yn 'e holle hie. Wat myn frijheid oanbelange, koe ik rêstich nei hûs ta gean.
‘Ik kom moarn thús,’ sei ik, doe't ik in eintsje mei heit oprûn, de reed del nei de dyk. Dêr stapte er op 'e fyts. ‘Klaas!’ sei er en seach my ûnder it fuortriden oan. Wat âldske eagen, klear ljochtblau yn donkere tearen! Ik rûn werom nei it pleatske fan Hindrik en Neeltsje en wreau mei de mouwe triennen fuort. Ik hie wûn oan dizze oarloch, mar de oaren? Wy soene meikoart de rekkens opmeitsje kinne. As wy oerlibben.
‘Wat is der?’ frege Hindrik, dy't yn de bûthúsdoar stie.
‘Heit is âldsk wurden. Slim.’
| |
| |
Hindrik knikte. ‘Jimme mem ek. Se ha net in maklike wei keazen.’
‘Jimme ommers ek net.’
‘Och.’ Hindrik glimke. Hy naam my by de earm. ‘Wy sille dy misse, fanke. Lit ús hoopje en bidde, dat it dit lêste skoft noch goed giet mei ús. Se binne al oan Swol ta, de Kanadezen.’
‘Gjin hûndert kilometer mear. De flagge kin hast út, Hindrik.’
‘Se sille de finzenen dochs net noch deasjitte? Dan hoecht de flagge foar my net. Wy hawwe it noch net hân, bern.’
De Langeleane del fytste ik werom nei hûs, in bittere smaak yn 'e mûle. Hast foarby, noch net foarby, en kamen wy noch yn it front te lizzen? Wat soe der barre as de NBS los gie? It echte fjochtsjen mei de wapens, dêr't al safolle om dea rekke wiene noch foardat se brûkt waarden foar har doel, moast noch begjinne.
Thús sloech de kjeld my temjitte. In hûs stonk nei damp, skimmel. Mem en heit kreauden, tegearre op 'e knibbels foar de kachel, elk mei in stik turf yn 'e hân.
‘Sa krijst dat ding noait oan. De skoarstien is kâld en damp!’ rôp heit.
Mem, it hier om 'e holle, boaze swarte eagen, blaubleke wangen, blaasde troch it iepen kachelsdoarke yn wat papier, prikken en flokjes turf mei in flamke dat mar stjerren yn it sin hie. It flakkere efkes as mem blaasde en fersleauke fuort wer ta in blauwich skymke as mem ynaseme.
‘Sa krijst 'm net oan,’ sei heit wis.
‘Sa krij 'k 'm wól oan!’ rôp mem tusken twa blazen yn.
‘Lit my no mar!’ Heit treau mem oan 'e kant.
‘Wat soesto!’
‘Kachel oanmeitsje!’
Anneke loek my by it taferiel wei. ‘Moatst ris boppe sjen. Raar!’
| |
| |
Boppe fierde Anneke de doar fan ús sliepkeammerke iepen mei in gebeart as lei dêr in oaljefant op bêd. In skok joech it al. It behang hinge yn brede krollen by de muorren del, de skimmel stie op de neakene pleister, it stonk. Ik smiet gau it rút iepen en liet de wyn der yn.
Heit of mem, ik frege net wa, hie de kachel oan krige en wy sleepten mei matrassen, kessens, tekkens om de boel wat droech te krijen foar de nacht.
‘Moarn alles oan 'e line en op it rak,’ sei mem.
‘Gesellich wer tegearre, no?’ sei Anneke, doe't ik by har op bêd kroep.
‘Wêr binne de poppe en de harlekyn? Ik fyn it hielendal noch net krekt sa gesellich as earst.’
‘Dy sliepe apart,’ sei Anneke. ‘Dy binne te grut wurden om noch by ús te sliepen.’ Se lake sêft. Se spile har eigen grut wurden.
Ik lei te harkjen nei har ferhalen oer muoike Afke, omke Freark, Mike, mem, heit en Jan en seach wylst ta it wiid iepen rút út nei de stjerren, altyd evenredich yn harren bestean, wêr't se ek op delseagen. Fleachjes krûdige rook fan grûn en groei waaiden altemets de keamer yn en ferdreaune tydlings de moassige geur fan damp en skimmel út myn noasters. It losse behang rissele by elk pûstje wyn.
‘Moarn skuorre wy it behang der ôf,’ sei ik. Anneke joech gjin asem.
Mem woe de oare moarns earst nei pake en beppe. Wy lieten de âlde minsken ek mar oan harsels oer, sei mem, en dat moast net langer as dat it hoegde.
Beppe hie der in kaam fan, dat wy samar mei de man en macht oankamen, en pake seach freegjend nei heit. Heit die, as fernaam er it net.
It petear hie it measte fan útkôge kaugom, stiif en taai, wol prate, neat sizze. Oant beppe foarsichtich begûn oer Anneke en oft dy skielk wol wer nei hûs ta koe nei, uh,
| |
| |
neef Dinges yn Beverwyk. Har heit, ommers? Se lokke sa opsichtich de wierheid út, dat heit, mem en Anneke tagelyk begûnen te sizzen hoe't it winliken siet mei Anneke.
‘Stil mar,’ rôp beppe boppe it getsjotter út. ‘Ik wit it no wol. No ja, wy hawwe it fansels wol tocht en wy hawwe altyd foar jimme bidden, no?’ Se seach nei pake. Hy knikte en glimke fyntsjes. ‘It hat oant no ta holpen. Wat Dineke krekt docht, giet ús net oan, mar men prakkeseart dan wolris. Men hat de earen en eagen net ticht.’
No koene wy wer prate mei pake en beppe, gewoan, noflik, mei grapkes. Wy fertelden, hoe't wy it hûs weromfûn hiene en dat wy no nedich oan it wurk moasten om it bewenber te meitsjen.
Wy skuorden it behang der ôf, wy sleepten de bêdeboel nei bûten yn sinne en wyn. Ik soe krekt de muorren fan ús keammerke himmelje, en dêr wie Wite.
Oft ik mar nei Bûtenpost fytse woe mei in pakje en twa brieven.
‘Nim myn fyts mar,’ sei heit. ‘Myn bannen binne stikken better as dines. Fan wa't dy fyts ris west hat? En wês foarsichtich, bern. De diken kinne wolris fol Moffen wêze.’
‘As se oan it ferfarren binne, hawwe se genôch oan harsels,’ sei Wite.
‘Mar se kinne fansels wol ferlet hawwe fan de fyts.’
It muoide my neat, dat ik mei goed fatsoen by de húslike skrepperij wei koe. It fytste noflik en ik krige in feestlik gefoel fan de giel trompetsjende titelroazen yn 'e tunen, dy't it hiene oer nij en moai. Ik hie myn aardichheid oan ljippen, strânljippen, in ljurk, en ik sei it gedicht fan Schurer oer de ljurk op. ‘Hy stiicht, hy stiicht nei jimmer heger kriten, hy sjongt, hy júblet boppe sleat en nêst, hy sjocht yn de ein de wite wolkens spliten. Wa hat sa nei ea oan de himel west?’ Moaie rigels út dagen
| |
| |
sûnder loftfloaten fan ûnheil. En dochs krige ik sels in ljurkich gefoel oer my.
Hoe moast ik my ek alwer bekend meitsje aanst, neffens Wite? Ik soe sizze wolle: ‘Ik kom fan de titelroas, ik bin in ljurk.’ Sa boartlik tocht ik ferset net en ik soe mysels yn in nuvere posysje bringe as ik begûn te ymprovisearjen, dêr yn Bûtenpost. Ik soe dus besteklik sizze: ‘Ik kom fan Peterson.’
It wie in hearehûs op in grut hiem fol krookjes en titelroazen. De fiver liet in treurwylch sjen hoe moai as de ile bledsjes him stiene. Hjir soest wat omstappe moatte, in blom yn it hier en in eigenbou wyske núnderje.
Ik stapte it betegele portyk yn en skuorde oan de skille. It ding makke sa'n leven efter de dûbelde foardoar, dat it die my gjin nij in ferheard gesicht foar my te krijen. Hoe koe 'k ek sa bolbjirken. De frou, lyts fan stal, griis kroltsjehier, griene eagen, seach suver benaud nei my op.
‘Ik kom fan Peterson, mefrou,’ sei ik no ek mar rislút, neffens de yndruk dy't se fan my krige hie.
Se brocht my troch in wytmoarmeren gong en in skimerige keamer fol tsjustere meubels nei in sêre en gie wer fuort.
‘Kom, dêr wiest al,’ sei in manspersoan, dûbeld stal, griis Colijnhier. ‘Hoe hjitsto? Ik bin Sander.’
‘Dei. Uh. Sander,’ stammere ik. Koest sa'n man, âlder as ús heit, samar Sander neame? No ja, hy sei it sels. Omke Sander hie my al sa noflik west.
Ik fertelde hoe't ik hiet en dat ik op 'e strjitwei in auto sjoen hie mei efteryn, steil rjochtop as etalaazjepoppen, twa hege Dútskers.
‘De ratten ferlitte it sinkende skip,’ ornearre Sander blier.
‘En jo binne der noch,’ holp ik út myn fleurich sin wei.
‘Ja, fanke. Mar myn frou sit yn de finzenis yn Grins en ús jongste soan moat earne yn in konsintraasjekamp wêze. Of net mear. Dat it is ôfwachtsjen oft de befrijing wol fleurich wurdt. De befrijing bringt alles oan it ljocht.’
| |
| |
Hy seach no soarchlik, djippe tearen om 'e mûlshoeken.
De frou kaam deryn mei in beker waarme molke. Lichte damp dreau der boppe.
‘Do ek molke. En in hapke iten?’ frege se. Ik knikte en se ferdwûn wer.
Wylst Sander dronk draaide ik my om nei de muorre en helle de brieven efter de bh wei. It pakje hie ik yn 'e bûse. Sander lies de brieven en knikte hieltyd. ‘Moai,’ sei er op it lêst. ‘Moai. It siket om it lêste.’
It muoide my, dat ik iten en drinken oannommen hie, want ik woe no leaver fuort. Sa wat stil sitte te iten by immen dy't wol wat oars oan 'e holle hat as in beleefd petear mei in frjemd fanke, it brânde my yn. De soerige, kliemske bôle woe mar min fuort, mar ik doarst net allinne de lekkere tsiis op te iten. Fatsoenlik oan de ein ta.
Sander liet my sels út. ‘Jo ha in moai adres, mei safolle blommen,’ sei ik en skold mysels tagelyk út foar tutte. Hie hy dêr each foar? Soms binne alle blommen swart.
De strjitwei lei der ferlitten by. Ik trape fleurich oan yn dizze hiele wrâld foar mysels. De beammen oan wjerskanten bôgen al grienich oer my hinne. Tusken de beammen leine de mangatten, of skuttersputten, sa'n oardel meter djip. Wa soene dêr aanst dekking yn sykje? Moffen. Kanadezen. NBS-ers. De Moffen hiene se dolle litten troch Fryske mânlju. En hoefolle mânlju der ek útnaaid wiene ûnder dit slavewurk, de mangatten sieten der.
Ynienen seach ik troch de beammen hinne, de folgjende bocht foarby, in auto stean. Deun by de auto rieden hynder-en-weinen deselde kant út as ik. Dy ha ferfier, tocht ik, fyts dus mar troch.
By de auto stiene, seach ik út de fierte, trije Dútskers mei wakker hege petten elk tsjin in beam te pisjen. As dat kerwei dien wie, koene se fuortride foardat ik oan har ta wie. Mar rêstich traapje, as wie ik foar plesier ûnderweis.
| |
| |
Doe't ik der krekt oan ta wie, sette de auto gong. De weinen rôlen kreakjend en batsend oer de ûnsljochte klinkers foar my út. Fan de oare kant kamen in jonkje en in famke tegearre op ien fyts. It famke trape, it jonkje siet wiidskonks op de pakjedrager, yn elke hân in flesse molke.
Op dat stuit hearde ik it boaze gûnzjen fan in fleanmasjine neieroan kommen.
De Moffen stoden fan de weinen ôf en út de auto wei de mangatten yn. Fuort dêrnei dûkte de jager oant krekt boppe de beammen mei fel gerattel fan mitrailleurs. Ik klapte de fyts del en dûkte in mangat yn, wylst razend tsjin de bern: ‘In mangat yn! Toe!’ Kûgels kletsten op 'e dyk, modder en houtsplinters fleagen my om 'e holle. De jager makke wer hichte en beskreau in sirkel. Ik stiek de holle boppe it mangat út en seach de bern oereinkommen. ‘Der yn!’ raasde ik om boppe it janken fan de fleanmasjine út te kommen. ‘Hy komt werom!’ Se dûkten har en ik kroep sa ticht mooglik yn elkoar. Op 'e nij kletsten kûgels op 'e strjitte, ropten stikken fan de beammen ôf. Ik hearde minsken razen.
De jager skeat op 'e nij omheech, de loft yn. Efkes lins om om my hinne te sjen, de bern ta te roppen. De auto en de weinen brânden, hynders leine plat op 'e dyk, ien hynder wie op 'e rin mei in brânend stik wein efter him oan. Dûk dy! Modder en hout stoden dizkear sa bot, dat ik der suver ûnder bedobbe waard. Hoelang noch? No komst noch om, nota bene troch in Ingelske jager, begrutlik, tocht ik, wachtsjend op de folgjende oanfal. Mar ynienen hearde ik neat mear. It fleantúch wie noch in sulverich streekje oan de loft, doe't ik it spul fan my ôfskodde. No hearde ik wol wer wat. It knappen fan it fjoer, dat weinen en auto opsnobbe.
‘Kom der mar út!’ rôp ik tsjin de bern. ‘En mar gau nei hûs. Net omsjen, hear!’ Se diene wat ik sei. Mei wite snútsjes en skrille eagen setten se fierder. Se seagen yn- | |
| |
died net om. Ik woe net, dat se seagen wat dêr mooglik te sjen wie. Der leine soldaten yn de berm. Dea? Stikken?
Ik stapte hastich op 'e fyts en trape as in wylde om foarby de Moffen te kommen foardat se mooglik it benul werom krigen en myn fyts foarderen. Ut 'e eachshoeken seach ik harren sjouwen mei twa maten. En de trije hynders, spoekeftich grutte deade wêzens mei wiidiepen eangsteagen, de poaten om en oer elkoar.
Dat hast oerlibbe, sei ik tsjin mysels. It hie ek wol slim sneu west no noch om te kommen, troch Ingelsken, yn ien lot mei Moffen. It die my o sa nij, dat ik net benauder west hie, hielendal net benaud, allinne mar ferheard.
Ik betanke yn myn hert de mannen, dy't tsjin it sin mangatten groeven hiene.
Myn tocht fierde by ferskeidene útbrânde weinen en auto's en deade hynders lâns. Moffen swalken de pleatsen ôf om weinen, hynders. Moffen op klompen, Moffen yn unifoarmjaskes sûnder knopen, âlde Moffen, jonges- Moffen, smoarch en ûntheistere. Der kaam my noch in auto efterop: ofsieren dy't op noch om seagen nei harren minderen op 'e swalk. Elk foar himsels.
|
|