en joech it my skytskoarjend werom. Ik wie benaud, wylst it dochs in komysk spektakel wie.
‘Sykje, mannen,’ kommandearde Ritske. Se skuorden de bedsteden leech, hellen Neeltsje har kreaze kasten en laden oeral, stampten op 'e flier, diene gewichtich. Yn it bûthús loerden se efter de kij. Hindrik woe Ritske mei alle geweld by Emma yn de boks ha. ‘Dêr kin dochs bêst in joadinne sitte? Joaden sitte it leafst ûnder hynstepoaten,’ narre er. De man seach der fan ôf.
Op it lêst joegen se it sykjen oer. ‘Bûter,’ kommandearde Ritske.
‘In heal pûn en betelje,’ sei Neeltsje.
‘Bûter,’ rôp Ritske nochris.
‘No der gau út, Ritske, oars bring ik dy oan by de kommandant fanwege skoaien.’ Hindrik hie de gripe yn 'e hân, seach ik.
‘Ik krij dy noch wol, Hindrik,’ grânzge Ritske en wappere wakker mei it gewear.
De fraach wie: hoe wisten sy fan in joadinne? It moast wol om Anneke te rêden wêze. Ien moast praat hawwe, of der moast in ferrieder wêze. Wa? Wa koe sjen, dat Anneke in joadintsje wie? Neffens my net ien. Der moast ien praat of ferret ha, dy't it wist. Wa? Wy kamen der net út.
Ik fytste nei heit en mem om te sizzen wat wy hân hiene. Mem-en-dy wiene krekt fan doel om mei Jan en Anneke werom nei ús eigen hûs. Der hie noait in ynfal west of sa, dus. No like it har better om noch by muoike Afke te bliuwen.
Anneke en lytse Mike kamen krekt optein de keamer yn. Se hiene in koblomke fûn. ‘It earste,’ glundere Anneke. Mem tute Anneke en doe Mike.
‘'t Komt wol goed,’ preuvele mem. ‘'t Komt goed.’
Jawis, mar wannear. Avenseare Eisenhower, Churchill, jei jimme troepen dit út. Wy wolle meielkoar oerlibje.
Yn België sloegen einlings en te'n lêsten de Alliearden