| |
| |
| |
XVII
Hoe't se oan ús adres kommen wie, net ien koe it ús fertelle, mar op in moarn yn jannewaris stie se by ús op 'e stoepe. Se sei tsjin mem, dat se Maria de Kleine hjitte, út Naarden kaam, yn hotel De Engel útfanhûze en beslist sprekke woe mei har ferloofde Bertie Pol, dy't hjir yn de omkriten ûnderdûkt sitte moast. En oft mem helpe koe Bertie te finen.
‘Wy hâlde ús net op mei ûnderdûkers, bern,’ hie mem fuort sein. ‘Do moatst hjir grif net wêze.’ Dêrnei wie se ôfsetten.
‘In fanke fan in jier as achttjin, tink, gjin ferlovingsring, oarlochsnetsjes,’ sa beskreau mem har letter. ‘Kensto in Bertie Pol, Dineke? It begrutte my al wat, mar wat docht sa'n bern hjir ferdikke noch oan ta en dan freegje om in ûnderdûker. Se bringt dy fint noch yn gefaar. Of se is in ferriedster.’
‘Miskien is se wol yn ferwachting fan dy Bertie,’' ornearre Dineke.
‘Hoe komst dêr by?’ woe ik witte.
‘O, men makket de brykste dingen mei. Ek al in joadintsje, dat alle war docht om de man te finen fan wa't se in bern hawwe moat. Dêr kinst dan ek mar wer efteroan. Hawar, ik sil wolris besykje dy Bertie Pol te finen.’
Fia menear Tsjeard kaam se yndied Bertie op it spoar en socht him op. Hy ûntstried net, dat er Maria de Kleine koe. In freondin, sei er, mar wat docht se hjir, ik wol har net sjen, stjoer har mar gau fuort, se mocht yn gjin gefal witte wêr't hy siet, hy koe har mar amper, in mânljusgek. Doe wist Dineke al sawat, dat dizze fint
| |
| |
ûnderdûkt wie mear om syn ferantwurdlikheid as om de Moffen te ûntrinnen. Se waard poer en drige Maria by him te bringen as er net daliks meigie nei De Engel.
‘Wat se krekt bepraten hawwe op har keamer wit ik net en ynteresseart my ek net, mar ik haw har dêrnei op 'e trein setten en se like aardich opkwikt,’ fertelde Dineke jûns. ‘Dat hawwe wy ek wer hân.’
‘Kinst wat belibje mei al dy frjemde kearels út Hollân hjirre,’ wie mem har konklúzje. Ik miende te hearren, dat mem it yn it bisûnder tsjin Dineke en my hie. Dineke fette mem har wurden oars op.
‘Wat mear ûnderdûkers,’ sei se, ‘wat mear kâns op net-prinsipieele ûnderdûkers. En op ferrieders.’
Hommels sloech de winter noch ta. Kâld! Op skoalle sieten wy moarns noch in bytsje waarm by de kachel, mar it stonk yn 'e klasse nei earmoede, in luchtsje fan dampe klean, net fris wosken minsken, fettich hier, muffe kasten. Wy kamen thús yn in kâld hûs. ‘Earst mar waarm ite, jonges,’ sei mem dan, ‘dan kinne wy de waarm te wer in skoftsje hâlde.’ Neffens mem koe de kachel net earder oan as jûns. As se tocht, dat wy it kâld krigen, tikke se Anneke op it skouder: ‘Tik! Do bist 'm.’ En dan jagen wy efter elkoar oan it hiele hûs troch, it tún yn en werom, oant wy waarm en efter de pûst yn 'e stuollen sakken. Neimiddeis, de kachel justjes oan, skimeren wy lang en mem fertelde mearkes of âlde familyferhalen of se learde Anneke en Jan de lietsjes, dy't se ús al lang lyn leard hie. Us Jan koe prachtich sjonge mei syn sopraanstim en ik fantasearde de twadde stim derby, mar altyd wer stûke de stim my as wy songen - en wy songen it faak -:
Triennen ha'k yn bange klage
ta myn spize, nacht en dei.
Jimmer barnt de wrede frage:
Wêrom bliuwt dyn God dochs wei?
| |
| |
Dan sleepte de hiele ellindeparade fan de oarloch oan my foarby.
De feart rekke ticht en wy rieden ús waarm. Op in neimiddei wie Anneke noch allinne op de feart. Jan en ik hiene ús noeht al en wy sieten te lêzen. Mem wie boppe, se tearde it waskguod op.
‘'t Is yn Ruslân wol tweintich graden ûnder nul,’ sei Jan ynienen fleurich. ‘Alle Moffen frieze lekker dea, hartstikke dea. En dy Russen, jong, dy net. Dy binne kjeld wend.’
Dêr kaam Anneke der yn, de redens yn 'e hân, mei reade wangen, mar se seach benaud.
‘Soldaten,’ sei se.
‘Wat? In razzia?’ rôp ik.
‘Nee. Twa Dútske soldaten stapten fan 'e fyts en stiene nei my te sjen. Ik waard wol kjel, mar ik bin mar gewoan trochriden. En doe stapten se wer op 'e fyts.’
‘Soene se sjoen ha...,’ begûn ik.
‘Nee,’ sei Anneke. ‘Ik tink no, dat se my gewoan in aardich bern op redens fûnen. Mar ik trilje der noch wol fan.’
‘Miskien fûnen se wol, datsto hiel goed ride kinste. Dat is ek sa,’ sei Jan ynienen ridderlik. Dêr seach ik fan op. Jan dy't Anneke in komplimintsje makke oer har reedriden! Hy wurdt grutter, betocht ik. In frijwat âldwivich betinksel, ornearre ik fuortdaliks. Dat sit har jongere broer te beoardieljen as wie se syn beppe.
Ik hie wat opfongen fan in oerfal, dy't de KP-ers dwaan soene op it plysjeburo. Van der Zee hie dochs in kear byt krige en in joadske frou mei har kostbaas, kostfrou en twa joadehelpers yn ien klap oppakt. Dy gefangenen moasten út de sellen helle wurde. Hoe 't se dat hawwe soene, ik wist it net, en dernei freegje doarst ik net. Ferbeane fragen. 't Soe grif gau wêze, soks koe gjin útstel lije. Der hinge spanning yn
| |
| |
'e hûs. Die Dineke ek mei? Se hie al twa nachten net thús west.
Midden yn 'e nacht waard ik wekker fan de skille. De herteklop sprong my yn 'e kiel en ik skeat oerein. Dêr gie heit nei ûnderen hearde ik oan de swiere stappen op 'e trep en efkes letter folgen de lichtere fan mem. Anneke sliepte troch en by Jan hearde ik neat. Under waard praten. Net lûd en net Dútsk; in pûst lucht ûntkaam djip út myn longen wei. Ik liet my fan it bêd ôf glydzje en slûpte nei it trepsgat. Op 'e nij bûnze it hert my yn 'e kiel, want wêrmei sleepten heit en mem dêr troch de gong nei de keamer ta? In minske.
Ik trille, ik doarst net heal, dochs teante ik de trep del. Wat der ek geande wie, ik moast it witte. It wie Ien, dy't troch heit en mem op 'e divan lein waard. Troch gong en keamer rûn in spoar fan bloeddrippen. Dea?
‘Wat seit er?’ hearde ik mem freegjen.
‘Hy seit: se sitte my efternei mei hûnen,’ flústere heit. Daliks draafde heit nei de keuken, kaam werom mei de piperbus en treau dy my yn 'e hannen: ‘Gau, jas oan. Piper struie. De hiele dyk del oan de hoeke ta. Fan hokker kant bist kommen, Ien? Fan de brêge. Oant de brêge ta, Klas. Gau.’
‘Wêrom...,’ begûn ik.
‘Dwaan,’ snaude heit.
Ik de jas oan oer de nachtpon hinne en de sloffen oan. Bûtendoar benaam de kjeld my de siken, parse my de triennen út de eagen, en ik struide piper, bliid, dat it dykje foar ús hûs mar smel wie en de piperbus fol, gûlend omt Ien fêst stjerre soe, de earen skerp op lûden. Yn 'e fierte sloech in hûn oan. Wiene dat se? Ik rûn wat langer wat hurder, lûdleas op 'e sloffen, de tosken opelkoar om net te prústen. Hé! Wa't piper yn 'e noas krijt moat prúste en rûkt neat oars mear. Dêrom rûn ik hjir en struide piper! Hoe wist heit dat sa gau? Op 'e nij it blaffen fan in hûn, nee twa, tichterby as niis. Op de weromreis skodde ik de lêste piper út it buske.
| |
| |
Ien libbe noch, doe't ik wer yn 'e hûs kaam. ‘Klear?’ frege heit my. ‘Hast hûnen heard?’ Ik knikte.
‘Hy hat in kûgel yn it bil en ien yn it skouder, sa te sjen,’ sei mem. ‘It slimste is, dat er sa'n bloed kwytrekket.’
Heit helle syn oerjas en pet. ‘Dan gean ik no,’ sei er. ‘Ik kom fuort werom, hear Ien.’
‘Foarsichtich,’ flústere Ien. ‘'t Is noch spertiid. Net mear ûngemakken.’
‘Jou dy mar del,’ suske mem. ‘It komt wol goed. Wolst wat drinke?’
‘Helje in glês wetter, Klas. Heit is nei dokter Rienstra. Dêr kin er hast hielendal komme sûnder oer in grutte dyk te hoegen.’
Doe't ik werom kaam mei it wetter ferfarske mem de stikken âld lekken, dy't se op de wûnen lein hie en al fol bloed sieten.
‘Oôôh,’ skrok se ynienen. Ien waard sa skier as it lekkenguod en hy like wol ynelkoar te sakjen. ‘Oôôh jonge.’ Mem fielde oan Ien syn pols. Leafst woe ik hurd fuortrinne, mar ik siet oan de flier fêst en stoarre nei mem har bange eagen. ‘Bewusteleas,’ flústere se. ‘It hert tikket.’
‘'t Is hjir kâld,’ flústere ik.
‘Helje gau tekkens dan.’
Ik kaam werom mei twa tekkens, noch wat waarm fan heit en mem, en mem lei se foarsichtich oer Ien hinne. Syn eachslidden trillen justjes en syn hân taaste as socht er wat. Mem lei har hân op syn hân, doe lei er wer as wie er dea.
Ik skodde fan kjellens doe't de klok fiif sloech. Fuort dêrnei hearden wy in auto. Mem en ik stoarren elkoar oan. 't Koe dokter wêze, mar ek...
It wiene dokter en heit. Dokter knibbele foar de divan en wylst er Ien ûndersocht sei er: ‘'De plysjes binne krekt mei de hûnen it plysjeburo yn gien.’
Wy stiene mei ús trijen te sjen en te wachtsjen.
‘'t Falt wat ta, leau 'k,’ sei dokter op it lêst. Hy hise syn
| |
| |
lang en swier lichem oerein, striek mei de hân it steile prúkje hier teplak, seach nochris nei Ien, dy't de eagen opsloech. Hy fertelde Ien wa't er wie en dat de kûgel yn it skouder der sa gau mooglik út moast. ‘Do moatst mei nei myn hûs, dan sjogge wy dêr wol fierder. Soest in bytsje rinne kinne, tusken Jagersma en my yn? As immen ús sjocht, is it better, dat der net ien dit hûs út droegen wurdt.’
Ien knikte. Dokter skuorde repen fan it âld lekken ôf en ferbûn de wûnen nochris tige. Se droegen Ien de gong troch, mar by de foardoar moast er oerein.
‘Ljocht út,’ flústere heit. Yn it tsjuster skoden se mei har trijen de doar troch en it paadsje del nei de auto, Ien tusken heit en dokter yn hingjend. Se setten Ien op 'e efterbank, dokter sleat súntsjes de portieren en ried fuort.
‘Mar gau op bêd,’ sei heit tsjin my.’ Hast fiks west. De hûnen hawwe it spoar Godtank net fûn.’
Mem siet te gûlen. ‘Toe Jikke, 't is ommers goed gien, net skrieme,’ sei heit, wylst de triennen himsels oer de wangen rûnen. Mem seach it en glimke.
‘Wy kinne better wat dwaan,’ sei se. ‘Dat bloed moat fuort en dy lappeboel, oars sjogge de bern it aanst en wa wit wa't der oan 'e doar komt. Bloed moatst opnimme mei kâld wetter, oars stjurret it. Klas, op bêd.’
Fan sliepen kaam neat. Under skaaiden heit en mem om en wat wie der bard mei Ien? Binne der mear oansketten? Hawwe se it plysjeburo oerfallen en binne de gefangenen der út, of net? Wêr sit Dineke? It mealde my allegearre yn 'e holle om, wylst Anneke njonken my sliepte tusken de poppe en de harlekyn. Om de sinnen te fersetten besocht ik yn it tsjuster de harlekyn te besjen en luts him foarsichtich nei my ta. Fuort skeat Anneke har hân út en lei it lappeding wer tsjin it wankje. Wekker waard se net.
Doe't wy ûnder kamen, wie heit al op 'e fyts nei Twa ta om te sjen, oft dy teplak wie. Wylst wy sieten te
| |
| |
brochjeiten kamen se der tegearre yn. Twa mankearde dus neat.
‘Yt mar mei,’ sei mem. ‘Witsto wat der fannacht bard is? Witsto wêr't ús Dineke is?’
‘Is Dineke net nei Amsterdam? Ik tink fan al,’ sei Twa. ‘Se soe teminsten in peartûzen distribúsjebonkaarten en wat persoansbewizen fuortbringe, dy't wy ferline wike yn Nijterp kreake hawwe. Sit mar net oer har yn, har snappe se net sa gau.’
‘Goed. Mar wat is der fannacht bard,’ woe mem no witte.
‘Wy soene mei ús fjonweren fiif gefangenen út de sellen fan it plysjeburo helje. Alles wie goed regele. Ien fan de twa plysjes dy't de wacht hiene, soe Ien deryn litte. Wy sieten yn de boskjes foar it buro beskûl om der yn te gean sagau't Ien binnendoar wie. Moai. De plysjeman docht de doar iepen en ynienen begjint dy oare plysje - ek in goeie, hear - te sjitten. Oft er kjel wurden is of sa, wa sil it sizze. Wy hawwe him pakt en yn in sel setten en de gefangenen der út helle. Edammer hat se meinommen nei in dûkadres. Mar wy misten Ien, wy ha oeral om him socht, mar hy wie nearne te finen. Wy wisten net wat wy soene, mar wy moasten nedich fan 'e dyk ôf, want der kaam in auto oanfleanen. Dus wy fuort en piper achter ús struie. Dat wie net ferkeard, want wy hearden by it buro hûnen. Oft dy rechercheurs of Moffen tafallich op it buro kamen of dat se warskôge binne, ik wit it net. En doe kaam fan 'e moarn hy.’ Twa wiisde nei heit. ‘Dy jonge, dy't Ien oansketten hat,’ ferfette er, ‘sil him wol goed beroerd fiele. Hy hie, efterôf sjoen, better ek mar witte kinnen, dat wy it buro oerfalle soene. In flater fan ús. Dy oare hoecht no ek net ûnder te dûken. Der is sketten en Van der Zee kin mar sjen, dat syn ûndergeskikten har bêst dien hawwe.’
En wy moasten alwer nei skoalle. Us wrâldsje stie op 'e kop, mar likegoed leskes leare, jonges, stomme sommen útrekkenje, sleauwe thema's meitsje.
| |
| |
Middeis fytste mem nei dokter Rienstra. Se kaam werom mei it boadskip, dat Ien hiel kreas by dokter-en-dy op it útfanhûzersbêd lei, in mop fertelde en ús o sa tankber wie. ‘Wat soe't,’ sei mem út gewoante. ‘As de buorlju mar neat fernommen hawwe.’
Net ien bûten ús húshâlding begûn oer in auto yn 'e nacht, elk hie it oer notaris Hoogeveen, dy't samar deasketten wie, net ien wist troch wa en wêrom. Nachts wie der by him oanskille en notaris gie nei de doar. Doe't syn frou de trep del kaam, hearde se sjitten en seach har man fallen, dea. Bûtendoar wie net in minske te sjen. De oare moarns fûn immen op 'e foardoar in rûch sketske fan in spjirrebeam. Sa learden wy de betsjutting fan de Silbertannemoarden fan tichteby: Kleare yntimidaasje. It makke ús banger, en grammitiger. Op it skoalleplein hiene de bern it lûdop oer rotmoffen en rotsakken en moardners. Meneer Bos besocht ús del te bêdzjen omt yn de tredde klasse Janke, de dochter fan plysje Van der Zee siet, mar menear koe likegoed de fûgels hjitte om har stil te hâlden. Janke stie tsjin it stek, hannen op 'e rêch, noas yn 'e wyn. Soe sa'n fanke it no samar gewoan fine, dat notaris fermoarde wie? Ik koe it my net foarstelle en it leafste soe ik nei har ta gean en har freegje; by ‘ja’ har in traap ferkeapje en by ‘nee’ har treaste. Jopy stie ek nei har te sjen. ‘Net bêst, sa'n heit,’ flústere se my yn it ear. De skille gyng en wy giene yn skoalle, smieten mei de klompen, klapten mei de doarren dat de rútsjes rinkelen. De ûnderwizers stiene der machteleas nei te sjen. ‘Moarn better,’ hearde ik menear Bos tsjin juffer Douwenga sizzen.
Thús wie it Dineke dy't dy jûns mei de doarren klapte. As in stoarmwyn jage se troch it hûs.
‘Kalm! Kalm!’ rôp heit.
‘Moat dat sa!’ rôp mem. ‘Wolst dêr wolris mei ophâlde! Wat skeelt dy! Dêr is 't al sa. Jan en Anneke wekker.’
Mem draafde nei boppen.
Dineke ferdwûn en klapte mei trije doarren. Nei it
| |
| |
húske dus, stelde ik fêst. Beng, beng, beng. Dêr kaam se wer oan. ‘Lit mar,’ sei heit tsjin my en hie it tsjin himsels.
‘Sorry,’ sei Dineke, wylst se delplofte op in stoel. ‘Ik moat stoom ôfblaze.’ Mem kaam deryn mei in soarchlik bekje. ‘Kinst dyn wurk dwaan, ast der sa oeral fan wurdste? It liket my ta, datst dan net mear op dyn iepenst biste.’
No klearre Dineke har gesicht op, har eagen laken in bytsje. ‘As ik dwaande bin, bin ik sa kalm as dizze tafel. As it wurk dien is, wurd ik nerveus. 't Kin net moaier, wol?’
Dineke fertelde wat se belibbe hie. Se moast twa revolvers ophelje út Drinte wei, omtrint by de Dútske grins. Se wie der op 'e fyts hinne gien en hie dêr, nei't se de wapens ophelle hie, oernachte yn in hoteltsje, revolvers yn it nachtkastke njonken de pot en yn de keamers om har hinne in komplete nazi jeugdstormklub. In hiel feilich gefoel, al dy NSB-erkes en har lieders as liifwacht. Op de weromreis wie se safolle mooglik boskpaden lâns fytst, it hiele ein yn 'e rein, oant se by in doarp kaam en dêr stie in tram. Se brocht de fyts by de kondukteur en frege him om in kaartsje, mar doe sei hy, dat it in spesiale tram wie, ôfhierd troch de pleatslike NSB en it NSB-muzykkorps, dy't nei in NSB-feest yn Assen ta soene. Dineke frege, oft se net meikoe, mei de fyts. ‘Jawol!’ rôp daliks in fint yn NSB-unifoarm. ‘Dat,’ gnyske Dineke,’ dêr ried ik moai safe, yn elke bûse in revolver.’
‘In hiel NSB-korps?’ frege mem ferheard.
‘Yn Drinte sitte nochal wat ferkearden,’ sei heit.
‘Dêr hie ik dan noris genot fan,’ stelde Dineke fêst.
‘Mar it makke my allegear meielkoar wol senuweftich. Fan Assen ôf wer op 'e fyts. Doe't ik by Appelskea kaam, seach ik by de brêge Dútskers stean, dus werom en in hiel ein omride. Noch in gelok, dat dy Dútskers krekt in auto oanhâlden, oars hie ik de kontrôle grif net iens op 'e tiid fernommen.’
| |
| |
‘Hè, fanke,’ sei mem. ‘Moatst sokke dingen no beslist dwaan?’
‘Wat oars? Ik soe my rot fiele, as ik neat die, de dingen mar oer my komme liet. Ik bin sûn, net dom, wol 'k leauwe, en ik hoech foar net ien as mysels te soargjen. As ik it net doch, wa dan wol.’
‘Zylstra klage fan 'e wike wakker oer dat ûnferantwurdlike ferset, dat mar minskelibbens yn gefaar bringt,’ sei heit.
‘Wat sei heit doe? Moai op josels passe, Zylstra, de Oranjeferiening moat skielk al wer in foarsitter ha?’
‘Hulde aan Haaie Majesteit onze geëerbiedigde koningin,’ kraaide mem mei in moaie Fryske g, sprekend Zylstra foar de oarloch op keninginnedei.
‘Dy kâns krijt de hear Harmen Zylstra noait wer,’ bromde Dineke.
‘Tochtst net?’ sei mem. ‘Sokken roppe aanst it lûdst Oranje Boven, as it gjin kwea mear kin.’
‘Dy grutte oranje strik sil er wol ferbrând hawwe út benaudens,’ ornearre heit.
‘Bisto dan net benaud, Dineke? Binne wy net benaud?’ Ik sei, wat noait by my wei wie. ‘As se Dineke, of heit en mem, te pakken krije, dan sjitte se jimme miskien wol dea.’
Dineke seach my lang oan, doe draaide se in sigaretsje fan in bytsje tabak út har blikken shagdoaske, it lêste tabaksstof skodde se yn it floeike en rôle it foarsichtich op om it losse spul der net útrugelje te litten, se slikke oan it floeike en plakte it fêst, wylst se ien ein ta in puntsje draaide. Se stiek it tinne, torpedofoarmige gretsje oan en loek efkes in fiis gesicht. ‘Ik bin net bang foar de dea. Dêr hat God my blykber al oerhinne holpen. Der stjerre safolle. Wêrom ik net? Mar ik bin deabenaud foar wat deroan foarôf gean kin. As se jin martelje, kinst dan swije? Ik wit it net. Ik bin bang fan net. Als ik oppakt wurd, moatte jimme op slach ûnderdûke. Dat haw ik ek tsjin de jonges sein.’
| |
| |
Heit siet op de binnenkant fan de tomme te biten. ‘Bang? No'st it sa fregeste: ja. De druk wurdt hieltyd swierder, mar tagelyk wurdt it dwaan fan ferbeane dingen hieltyd gewoaner. Neffens Bartjens soe dat in kear misrinne moatte.’
‘In wei werom is der net,’ sei mem súntsjes. ‘Of al?’
‘Dêr ha wy it earder oer hân,’ sei heit, ‘en doe wisten wy al fan net en dêr is gjin feroaring yn kommen. Hast wier gjin triedsje tabak mear, Dineke?’
‘Gjin krom, mar heit mei wol in lûkje fan myn gretsje hawwe,’ bea Dineke oan. De sigaret ljochte fûl op, sa sûge heit deroan. ‘'t Smakket nei âlde jasbûsen, mar 't is tabak,’ lake er.
Ynienen gie mem oerein, rûn nei it kastke, socht yn it efterste hoekje fan it brede laad en kaam triomfantlik mei in sigaret werom. ‘Om bar in lûkje, jimme. Wa sil 'm oanstekke?’
‘Heit mar,’ knikte Dineke.
‘O leave Jikke,’ glundere heit. ‘Wêr hiest dy wei?’
‘Net freegje,’ kommandearde mem.
Doe't ik de trep op rûn om op bêd betocht ik hoe frjemd: prate oer dea, oer marteljen, en dan bliid mei ien sigaret, en doe't ik ûnder de tekkens lei en bidde soe, tyske it my noch troch de holle: dea, eangst, sigaret.
|
|