| |
| |
| |
XIV
Dineke stjoerde my op in neimiddei mei in briefke nei mefrou Pitstra. Ornaris mocht ik och sa graach opdrachten ôfstegerje mei: ‘'k Moat húswurk,’ mar in boadskip by mefrouw Pitstra lokke my oan. Ik hie har yn gjin tiden sjoen en soe se noch altyd yn dy stoel pronkje mids har útdragerij fan potsjes, pultsjes, faaskes, tapiten, haakte kleedsjes en breidene kessens? Dat ik stiek it briefke yn 'e bûse, naam de fyts en trape nei de buorren. Ik skille twakear - dat hie Dineke my opdroegen - en daliks swaaide de doar iepen. Ik rûn de trep op nei it boppehûs en tikke oan de keamersdoar.
Mefrou Pitstra siet alwer op har troan. Of hie sy it net west, dy't boppe oan 'e trep oan it tou fan de doar lutsen hie? Ik soe daliks, de fuotten heech tillend om nearne oer te stroffeljen, rjocht op har ta om har de hân te jaan.
‘Pas op!’ rôp se.
Dêr wie 'k hast knoffele oer in hiel lyts en fyn famke, dat op, of leaver yn in soarte fan bearefel lei te boartsjen. Se besocht in wyt sidene dameswant om har fingerkes te skowen.
‘Dat is Rachel, in beppesizzerke fan mefrou Goudman, witst wol? Se is no myn beppesizzer. Nel! Goed folk!’ en dêr hiene wy tante Nel wrychjes.
‘O, Klaske,’ sei tante Nel en ik krige fuort in pakkert. ‘En hoe is it by jimme?’
Ik fertelde mar wat fan ús fakânsje oan it wetter.
‘Oh, fanke! Hie ik mar by jimme bleaun,’ rôp tante Nel. ‘Ik haw de hiele simmer hjir sitten, binnendoar,
| |
| |
noait derút. Freeslik. Ik, ellindich minske. Dat wol sy sa hawwe.’
‘Krekt,’ sei mefrou Pitstra kalm. ‘As ik dit oerlibje sil, en dan haw ik it noch net oer dy, dan komst hjir de doar net út. Ik haw my fêst foarnommen om dizze oarloch te oerlibjen. Dat sil wol betsjutte, datsto en Rachel it der ek libben ôfbringe.’
Se seach as de kommandeur fan in lytse, mar hâldbere stelling yn fijanlik gebiet. Har grouwe wite hingwangen trillen, de lytse reade mûle loek se noch lytser en de griene eagen flikkeren. Se loek de grutte haakte doek, dy't se by myn witten altyd om 'e holle hie, teplak en skode de machtige lea rjocht tsjin it bekling fan de stoel. Ik tocht my efkes yn, dat plysje Van der Zee of oar rosmos yn unifoarm hjir ynkaam. It like my, dat mefrou Pitstra har sels net troch Hitler persoanlik ynkommandeare litte soe. Tagelyk wist ik ek op wa't se like. Op Wilhelmina.
‘Kaamst samar efkes?’ frege mefrou Pitstra my. ‘Bern, gean sitten. Do stiest dêr mar en ik moat mar nei dy omheech sjen. Heden, wat bist in lang ein. Nel, jou Rachel in bekerke molke.’
Ik joech mefrou Pitstra it brieflce. Se sette sa'n komysk knypbriltsje op 'e noas en lies. Daliks knypte se der yn 'e hân - in lange, sierlike hân mei mangelfoarmige neils, murk ik ferheard - in propke fan en sei: ‘Klaske, hjir binne lúsjefers, stek it briefke oan en smyt it yn 'e kachel. En sis tsjin Dineke, dat it ynoarder is. Nel, nim thee foar Klaske mei.’ En wer tsjin my: ‘Dat frommes moat wat omhannen ha. Is it hjir net skjin?’
Ik koe it laitsjen amper ynhâlde. ‘Ja, moai,’ sei ik mar en no't ik der om tocht, yndied, alle koper, sulver, tin en glêswurk glom en blonk. Hjir koe Nel de hannen mar reppe. As hie Dineke of wa dan ek Nel en mefrou Pitstra mei sin oanelkoar keppele. Rachel hie de molke op en besocht op 'e nij de fingerwant om har fingerkes te krijen. Se seach der mei in pear eagen as donkere
| |
| |
druven nei. Hoe âld soe se wêze? Twa, tink. Alwer sa'n ienlinkje.
‘Jo hawwe har,’ ik wiisde mei de holle nei it lyts famke, ‘har namme hâlde litten.’
‘Ja, se hjit Rachel en se bliuwt Rachel. Se is ien fan it âlde folk en dêr hoech ik net omhinne te draaien omt dy Moffen duvelske heidenen binne.’
Ik tocht: óf mefrou Pitstra sjocht gjin gefaar, óf se tinkt dat se immún is, óf se wit net wat freze is. Gewoan is it net. No hie 'k al noait tocht, dat mefrou Pitstra gewoan wie. In ‘den vaderland getrouwe’-figuer, mar dan op de wize, dy't harsels goedtocht. Hjir hoegde ek gjin Dineke oan te kommen mei ynstruksjes.
‘Sis ek tsjin Dineke, dat Brokman hjir west hat,’ sei se.
Dêr waard ik kjel fan. Hoe siet dat mei Brokman syn hanneltsjes en mefrou Pitstra? Ik kipe om my hinne oft der ek bontjassen en oar djoer spul omdwaalden, dy't ik hjir earder net sjoen hie. Nee, foarsafier ik neigean koe, neat.
‘Allinne sizze, dat Brokman by jo west hat?’ fiske ik.
‘Kinst ek wol sizze, dat it him muoit wat der bard is. Hy sil ferhúzje, nei Hilversum.’
‘En dêr wer...’ Ik fûn mysels no aardich brutaal wurden.
‘Ja, en dêr wer. En sûnder grappen. Sis dat mar, dan begrypt Dineke it wol.’
Ik begriep der ek in bytsje fan, mar dat hoegde ik Wilhelmina Pitstra net skine te litten. Op 'e fyts prakkesearde ik noch oer dy prachtige hannen. Soe elk minske wol wat moais ha? Dêr moast ik alris om tinke.
It hûs hinge yn touwen, doe't ik weromkaam fan myn missy nei mefrou Pitstra. ‘'t Giet goed! 't Giet goed!’ rôp Jan. ‘Italië hat kapituleard.’
Heit kaam oerémus út de bykeuken wei, dêr't er ûnder it flierke fan it koalehok in skûlplak makke hie foar de radio. ‘Ja, 't is sa. 't Wie krekt op 'e radio. No siket it om
| |
| |
de ein. De Ingelsken binne al yn it suden fan Italië oan 'e wâl.’
‘Mar de blêden falle omers al,’ sei Anneke.
‘Jawol, mar it giet goed.’
It wie in moaie neisimmerjûn en al gau fernamen wy drok praten op 'e dyk. Wy der ek hinne. ‘Witte jimme it al?’ rôp oerbuorman oer de feart hinne.
‘Wat?’ rôp heit werom.
‘Italië hat it oerjûn. Dat hearde ik fan ien dy't hjir niis lâns fytste. En De Jong hie it ek al heard, is 't net sa?’
‘Jawis’, sei buorman De Jong, ‘niis yn de skearwinkel.’
Moai petear! Sa hie net ien fan ús mear in radio en wy wisten dochs allegearre it nijs. Mei sabeare-boartsjen kaamst in hiel ein.
‘Hark, dêr binne de Tommies ek’, sei buorman De Jong. Mar it wie de RAF net. In Dútske jager fleach oer. ‘Giest deroan, jonkje,’ grânzge Jan. Apekop. Tsien en dan sa ien syn dea winskje.
As it wier wie wat Radio Oranje sei, dan stie Hamburch hielendal yn 'e brân, sa fûl, dat der gjin spuitsjen tsjin wie. Ik besocht my wolris yn te tinken hoe't dat wie: brânende minsken, brânende bern, in famke as ik, hier en klean yn 'e lôge, raze en raze en in fiis heapke jiske wurde of soksawat as in brette hazze. Sitst oppakt yn 'e skûlkelder, dan in bom der op, it beton komt yn stikken del en dan liif oan liif teropt wurde, massaal stjerre sûnder iennige weardichheid.
‘Dêr geane se wer, jonges!’ It bewende sechje op fleurige toan fan hast alleman, as de loftfloaten út Ingelân wei oerkamen, hieltyd mear en faker, dei en nacht.
Hieltyd faker ek seagen wy dy hjerst fleanmasjines delfladderjen as deade roeken. Sagau't in fleantúch út de formaasje rekke, dêr wie al in Dútske jager derby, en bytiden hearden wy it fûle ratteljen fan de boardwapens. Dan ynienen in flagge fan swarte reek efter de masjine en de rjochte koerts feroare yn in kanteljen. Al rêder en rêder, materiaal sproeiend, gisele sa'n prachtich fleantúch
| |
| |
nei ûnderen, en der omhinne wite parachutes, dy't in ein nei ûnderen ploften, dan stadich iepentearden en súntsjes widzjend leger en leger dreaune, in popke der ûnderoan.
It barde gauris ûnder middeisiten. Wy stoden dan by de tafel wei en stiene efterhûs te sjen nei wer in nij oarlochsdrama.
‘Wêr keare sokke piloaten?’ frege heit in kear, doe't der wol tsien parachutes yn de loft sweefden.
‘Dy wurde oppakt en nei in kriichsgefangenekamp ta brocht,’ sei Dineke.
‘Sjitte se har dea?’ frege Jan benaud om it lot fan syn helten.
‘Nee, hear,’ lei Dineke út. ‘Kriichsgefangenen meie net heal deasketten wurde. Dat doare de Moffen fêst net, want der sitte ek guon fan harres yn Ingelân fêst.’
‘Se doare oars wol mear,’ sei mem.
‘Hjir hawwe jimme ien.’ Mei dy wurden treau Dineke op in jûn yn oktober in behindich fintsje troch de keukensdoar de keamer yn, dêr't wy krekt allegearre fredich om 'e tafel hinne sieten te lêzen. Wy sprongen tagelyk fan 'e stuollen. Wat seach dy der út.
‘Hokfoar ien?’ frege heit.
‘In piloat. In Amearikaan,’ sei Dineke. ‘Heit woe dochs witte wêr't se kearden? Bill hjit er.’
We seagen it mirakel mei iepen mûlen oan. Wie dat smelle finstjse no...
‘Hello,’ sei er en besocht in brede laits, dy't healwei mislearre.
Mem skode him in stoel ta. Hy wie skjin ynein, sa te sjen, yn in âld overal, op in pear kramme klompen, dêr't er samar mei yn 'e hûs rûn wie, modder op it gesicht en oan de hannen. Hy foldie net oan ús ferwachtingen.
Myn ‘hello’ kaam der mar earmoedich út en dat wylst ik in tel letter besefte, dat ik foar it earst myn Ingelske lessen yn praktyk brocht hie tsjin in Ingelskprater. Ik koe al min myn debút oerdwaan mei in twadde en fikser
| |
| |
‘hello.’ Ik wie der likegoed al grutsk op, dat ik him ferstie, doe't er erchtinkend en mei skouwe eagen oan Dineke frege: ‘Who are these people?’
Dineke ferklearre him de familyrelaasjes en se ferklapte ek fuort, dat Anneke in by ûs ûnderdûkt joadintsje wie. Dy meidieling like er gerêster fan te wurden. Ja, wat moast sa'n fint ek tinke. Foar itselde koene wy in nazihúshâlding wêze, moffehelpers. Wist sa'n út de romte delplofte Amearikaan hoe't yn beset gebiet de piloatefangerij regele wie?
Mem frege oft er wat ite woe. Dineke brocht de fraach oer.
‘Thank you,’ sei er.
‘Hat er gjin honger?’ frege mem ferheard.
‘Thank you betsjut asjeblyft,’ ferklearre Dineke. ‘Mar miskien wol er him earst wat behimmelje.’
Mem naam Bill by de earmtakke en manoevrearde him nei de keuken. Se kaam allinne de keamer wer yn. ‘Net yn 'e keuken, Bill wasket him. Ik sil gau skjinne klean foar him helje.’ Wy hearden yn de keuken wetter rinnen en geprúst en geblaas. Mem toffele de trep op en kaam werom mei klean fan heit oer de earm. ‘'t Sil him wol wat rom sitte, mar 't is oarloch.’ Se kloppe oan de keukensdoar en op Bill syn ‘Come in’ joech se him oer de drompel de klean oan. Oandwaan, betsjutte mem him.
Laitsjend kaam Bill de keamer wer yn, knypte Anneke yn it wang, wiisde op himsels en sei: ‘Clean. Gentleman’.
‘Do bist mar knap,’ grapke heit.
‘Fan jo?’ frege Bill, alwer wizend op syn klean.
Heit knikte in bytsje sunich. Syn iennichste goeie pak, och hea.
Mem sette Bill brochjes en in beker molke foar. Wylst er iet frege Jan: ‘Is dat ien fan dy't juster oan parachutes delkamen?’
‘Nee. Hy moat al earder delkommen wêze,’ sei Dineke. ‘Neffens de ferhalen fan him en syn maat ha se twa nachten rûn en har twa dagen yn it fjild ferburgen hâl- | |
| |
den. Nei de twadde nacht kaam der in jonge deun by har lâns en dy floite it earste rideltsje fan ‘It's a long way to Tipperary.’ Doe kaam er werom en liet him by harren delploffe. Hy hie harren under it melken fernommen, sei er, en hy soe har wol helpe.’
Mem kaam út de keuken wei. Se hie blykber syn brod oprêden. ‘Wat har er útheefd,’ sei se ûntdien. ‘It bloed sit 'm yn de klompen.’
‘Hast de fuotten iepen?’ frege Dineke oan Bill.
‘In bytsje, net slim,’ sei er. ‘Ik haw se goed wosken. It is fan it rinnen kommen.’
Maklik, dat ik harren praat neikomme koe. De tiid oan de Ingelske lessen bestege, hie alteast net fergees west, se diene sels yn oarlochstiid fertuten.
‘En wat die dy jonge doe?’ Heit woe it ferhaal fierder hearre en wy ek wol.
‘Ja, dat witte se net. Hy brocht harren letter in pear overals, klompen en iten en naam harren unifoarmen en learzens mei yn in tas. Se hawwe de hiele dei redendield oft se dy jonge fertrouwe soene of net, oft se op itselde plak bliuwe koene of net. Se binne bleaun en deselde jûns helle de jonge har op en brocht har nei in hûs yn in doarp. Dat hûs stie njonken in tsjerke en in man gie har foar nei in souder boppe de tsjerke. Hy brocht ek iten en slieperij. Ik wit no, dat it de koster wie. Dy koster hat menear Tsjeard opskille mei de fraach, wat er mei dit nije ferskynsel yn de ûnderdûkerij oanmoast. Om koart te gean: ik haw harren ophelle mei in taxy. Dy chauffeur ferfiert ek wol joaden.’
‘Der is dus noch ien. Wêr is dy no?’ frege mem.
‘Dy ha 'k by Hindrik en Neeltsje ôflevere,’ sei Dineke.
‘By dy!’ rôp mem en se sei der fuort efteroan: ‘In bêst plak. Neeltsje hat grif fuortdaliks in pannefol tsjokke weetbrij sean. Dy tinkt altyd, dat elk op in panne weetbrij nei ferhongere is. Se ha gjin bern en it spultsje stiet moai efterôf.’
‘O, dat hiene jimme meimeitsje moatten,’ lake Dineke.
| |
| |
‘Hindrik en Neeltsje hellen Jim yn as wie er har lang ferlerne soan. Hoe't se harren mei de taal rêde, sille se sels wol begûchelje.’
‘Mem sil har oerdei ek al rêde moatte mei Bill,’ sei heit.
‘Sis mar tsjin him, dat hy en ik elkoar mar taalles jaan moatte,’ sei mem.
Jan moast dy nachts op souder sliepe, dan koe Bill ris in goede nacht meitsje op Jan syn bêd. ‘En moarnier stil, jimme,’ warskôge heit.
Nei't Anneke nei boppe gien wie, sei Bill, dat er der eins ek wol yn woe; hy hie al yn gjin fjouwer nachten sliept. Sagau't er de keamer út wie, frege mem: ‘Hoe gefaarlik is dit, Dineke?’
‘Ik sil it daliks mar sizze: op it ferbergjen fan alliearde fleaners stiet de deastraf.’
‘Dat miende ik al’, sei heit. ‘Wat seist, Jikke?’
‘Helje him mar op en set him oan 'e dyk. Wa sil it dwaan, do of ikke?’ Se laken beide sa heal en heal en seagen elkoar tagelyk soarchlik oan.
‘Moat sa'n ien hjir no bliuwe oant de befrijing? Dat kin dochs net?’ ornearre heit.
‘Nee’, sei Dineke. ‘Se moatte werom nei Ingelân. Se skine dêr ferlegen te wêzen om trainde fleaners. Hoe't dy weromreis moat, dat wit ik net, mar dêr kom ik wol efter.’
Dyselde jûns noch makke heit mei de knyptange twa planken los yn de flier fan de dûbelde keamerskast. Foarhinne wie dat in bedstee. ‘Moarn spikerje ik der blokken ûnder, sadat de planken los dellein wurde kinne. As der gewoan ûnrie komt, kunde of sa, kin er yn de kast. As der slim ûnrie komt, moat er ûnder de flier. Wy sille moarnier daliks mei him ôfprate, dat as wy de earste noaten fan “It's a long way” floitsje, hy yn de kast ferdwine moat.’
It foel my op, dat it kommen fan dizze gefaarlike kostgonger ús minder muoite koste as destiids de yntocht fan Anneke.
| |
| |
Mar goed, dat mem en Bill it floitsje oefene hiene. De oare jûns al moai let hearden wy de efterdoar. Mem floite en Bill ferdwûn yn de kast.
‘Kom der mar yn’, rôp heit. Twa tellen te let foar spontane gastfrijens, tocht my, mar miskien foel dat timmerman Joustra, de heit fan Anneke har kammeraatske Jenny, net op. Hy seach wol efkes wakker benijd om him hinne en sei doe suver plechtich: ‘Kin ik jo efkes allinne sprekke, Jagersma.’
‘O ja, fansels. Yn de keuken mar.’
Mem, Jan en ik - Dineke wie der net - seagen elkoar benaud oan. Mem slûpte ynienen nei de keukensdoar en lei har ear der tsjinoan. Har eagen stiene grut en strak en hommels die se de mûle iepen en sloech de hân derfoar.
‘'t Idder?’ flústere Jan. Mem wiuwde dat er stil wêze moast. Se treau it ear noch fêster tsjin it hout oan. Ik koe myn eagen net ôfhâlde fan de kastdoarren dêr't Bill efter siet. Dêr kaam gjin inkeld lûd, wei. Wy ferweegden ús ek net. As soe fan elk lûd, fan it lichtste sykheljen, ús hiele bestean ynstoarte, sa stil hâlden wy ús. Tikke dy frekte klok altyd sa bretaal?
It gemompel yn de keuken sakke wei. Jan grimaste tsjin mem, mar wer wiuwde se stil. Doe klapte de efterdoar en wy hearden fuotstappen oer it grint njonken hûs, dy't nei foaren ta giene.
Heit kaam der yn. ‘Sis foaral neat tsjin Bill’.
‘Joustra wist derfan,’ flústere mem as stiene der rûnom foar ruten en doarren minsken te harkjen. ‘'k Haw by de doar harke. Mar hoe?’
‘Anneke,’ sei Heit. ‘Anneke hat oan Jenny ferteld, dat wy ien yn 'e hûs hawwe dy't út 'e loft kommen is. Mei it bloed yn 'e klompen, sei se derby, en Jenny hat thús sein, dat Anneke derom skriemde. Wel, Joustra begriep wat der te rêden wie. Dêrom woe er warskôgje. Him soe der gjin wurd fan ûntkomme, sei er, en syn frou en Jenny ek net.’
‘Hy sei, dat wy it mar sizze moasten as er ús helpe
| |
| |
koe,’ foege mem deroan ta. ‘Hy soe om ús tinke. Soe er ek net yn 'e gaten hawwe wat Anneke is?’
‘'t Is net oars,’ sei heit. ‘Lit Bill mar gau út 'e kast.’
Hy kaam fleurich foar it ljocht. ‘Haw ik my net knap hâlden?’
‘Yes, o yes,’ sei heit.
‘Potsje damme?,’ frege Bill. Wy diene ús bêst om de nei-spanning foar Bill te ferbergjen en it potsje dammen holp dêr aardich ta.
Anneke skriemde as koene de triennen net op doe't mem har de oare moarns ûnder hannen naam. ‘Wêrom hast dat tsjin Jenny sein, bern. Witst wol, datst neat fertelle meiste fan wat hjir yn 'e hûs bart.’
Ja, dat wist se wol en se hie it ek noch noait dien en se soe it noait wer dwaan, dêr koe tante fan op oan, mar dat bloed yn 'e klompen en moast Bill no fuort en moast sy no fuort en tusken it snokken troch sei se hieltyd itselde wer: noait dien, noait wer dwaan bloed yn 'e klompen, moat ik fuort. Hoe't mem har ek fersekere, dat se by ús bliuwe soe, se bekaam net, in protsje klearebare ellinde. En hoe hâlden wy dit no wer stil foar Bill, dy't oan himsels wol genôch hie? Ik moast nedich nei skoalle en as regel rûn Anneke safier mei my op, mar mem hâlde har thús. ‘Sa kin se net fuort.’
Anneke seach noch wyt doe't ik út skoalle thúskaam, mar se siet te dammen mei Bill. It slimste hiene wy blykber wer hân. Mem prikte yn 'e keuken yn de jirpelpanne om te sjen oft it spul gear wie. Ik draaide wat om har hinne, omt ik net begjinne woe oer fan 'e moarn. Mem lei it lid op 'e dampende panne. ‘Noch efkes,’ sei se. ‘Sil ik dy ris fertelle, wêrom't Anneke sa fan it sintrum wie en wêrom se tsjin Jenny praat hat? Ik tink, dat ik it wit. Se is fêst al oerstjoer rekke, doe't ik dat sei fan it bloed yn Bill syn klompen. Dêr begûn se hieltyd wer oer. Dêr hat se har grif in te slimme foarstelling fan makke. Dat dy klompen heal fol bloed stiene of sa. As ik myn sin
| |
| |
sis, dan moast se dy skok oan ien kwyt en dat waard Jenny.’
‘Soe 't?’ Ik koe mem har théory sa gau net neikomme.
‘Oars begryp ik it net, dat se tsjin Jenny praat hat, en ek net, dat se sa folslein oer har toeren rekke fan 'e moarn. Do?’
‘No nee. Se liket in aardich evenredich bern sûnt se oer dy fersleperij fan it iene adres nei it oare hinne is’.
‘Se is ek noch mar acht en der wurdt in hâlding fan har ferwachte as wie se in grut minske.’ Mem har begrutsjen mei Anneke oerwûn alwer de skok, dy't ek mem sûnder mis krige hie fan Joustra syn boadskip.
Dineke har réaksje op Joustra wie: ‘Wy moatte ússels mar net langer wysmeitsje, dat der noait ien wat fernimme sil. It hiele ferset kin noch gjin hân útstekke sûnder in moai grutte groep fan minsken dy't der wat fan witte, stypje, en har stilhâlde. Dat is yslik, mar wier. Ik sjoch de Joustra's net oan foar útkwebbelders.’
Bill syn oanwêzichheid stelde ús wer foar lyksoartige problemen as yn de tiid, dat Anneke der krekt wie. Hy spile oars noflik mei en ien fan ús hoegde mar it floitsje hearre te litten of hy slûpte de kast yn sûnder geroft. Mar lang koe er dêr net yn bliuwe, dat foar freonen en freondinnen wie it hûs taboe. ‘Mem hat migraine,’ wie it nije ferlechje. Meastal frege dejinge tsjin wa't wy dat seine: ‘Wat is dat?’ Dan koene wy moai in sterk ferhaal ophingje oer de slimmens fan dy pineholle en de derby hearrende mislikheid. ‘Ja, dêr hat ús mem de lêste tiden wol sá'n lêst fan. Se kin gjin inkeld lûd ferneare. It moat hiel stil wêze yn 'e hûs’ Sa kearden wy elkenien by ús wei.
Der kaam - troch Dineke oankundige - in menear oan de doar, dy't in pasfoto nimme moast fan Bill. Mem en ik hâlden in wyt lekken omheech foar de kastdoarren as eftergrûn foar Bill syn holle. ‘Smile,’ sei de fotograaf doe't er oan ôfknippen ta wie. Bill skuorde de mûle hast
| |
| |
út 'e heakken om mar in brede laits te produsearjen. ‘Ik bestel fuort tsien foar myn faam yn Minnesota,’ sei er. ‘Stjoer se dêr mar hinne en de rekken nei my’.
‘Hoe hjit se?’ frege de fotograaf.
‘Shirley,’ sei er.
‘Komt klear, se geane jûn noch op 'e post.’
De oare jûns kaam Dineke thús mei in persoansbewiis en distribúsjebonnen foar Bill. Sûnder persoansbewiis koe gjin minske de dyk op en mem wie bliid mei de bonnen. Se hie no sân iters om 'e tafel.
Dineke hie ek in stimpelkessentsje meinommen. Dêr moast Bill de wiisfinger op drukke en dêrnei yn in hokje op it persoansbewiis. Wy stiene allegearre om 'e operaasje hinne. No wie Bill Thomas de Jong, berne yn Snits en wenjend yn Amsterdam. Hy moast syn nije namme, berteplak, wenadres en bertedatum út de holle leare. Yn it Hollânsk en sûnder Stammerjen of Ingelsk aksint. Allinne mei ‘Sneek’ hie er gjin muoite. Jan stelde himsels oan as Bill syn ûnderwizer.
Ik fernaam wol, dat Bill en Dineke geregeldwei praten oer fuort, werom nei Ingelân. Bill woe graach op reis en Dineke sei hieltyd, dat er geduld dwaan moast. Bill frege ek gauris nei Jim.
‘Kin dy Jim hjir net ris komme op in jûn, in dei oerbliuwe en dan de oare jûn werom nei Hindrik en Neeltsje? Dy mannen sille wolris prate wolle.’
Heit kaam mei it útstel, Dineke en ik fierden it plan út.
Myn suster en ik kuieren tegearre nei it pleatske, in goed healoere te gean. Jim begûn daliks syn gasthear en gastfrou te priizgjen. ‘Se bedjerre my en ik groei hjir ticht. Neeltsje har brij is folle lekkerder as corn flakes.’ Hy koe grif wol wat oan, tocht my, dizze meagere reus yn in justjes te koarte broek en in jaske, dêr't syn ryklik behierre polsen ûnderút kamen.
‘Ik bliuw wol fit, hear,’ grapke Jim. ‘Hindrik en ik bokse wolris efkes en jûns lit er my út op 'e reed tagelyk mei syn oare hûn.’
| |
| |
‘Wat seit er?’ woe Neeltsje witte. Dineke fertaalde. De beide minsken seagen sa grutsk nei Jim, as hiene se him sels oanset en grutbrocht. Soene se yn 'e rekken hawwe, hokker risiko se rûnen? Eh, dat hie Dineke harren fansels wol ferteld, oars soe it gemien wêze.
Wy setten trijerisom ôf, Jim tusken ús yn. Hy glundere as soe er nei Boalserter merke. Hy draafde sa hurd, dat wy koene him amper byhâlde. Doe pakte er ús ek noch elk by in earmtakke en sleepte ús mei, noch hurder, ‘Heu, kalm’, sei Dineke. ‘Der komt ien oan.’
Fan de oare kant kaam in persoan oanrinnen. Yn it tsjuster seagen wy allinne de omtrekken. ‘Jûn,’ sei in mannestim, en foardat wy wat weromsizze koene, rôp Jim al: ‘Jûn!’ en hy raffele der súntsjes efteroan: ‘Goeiemoarn, asjeblyft, tankewol, jirpelskile, readekoal, smoarge jonge, dach Neeltsje.’ Ik moast wol sá laitsje, mar Dineke flústere luik: ‘Jim, lit dat! Jûn is moai genôch. Hoechst net dyn hiele wurdboek op te sizzen.’
Dêr betommele Jim wat fan. Ik koe it my skoan yntinke, dat er him tjirgje moast, no't er in ein rinne mocht yn de frije loft. It wie ek noch sa'n prikeljende nacht mei in lichte aan fan kommende nachtfroast.
Thús helle Jim út elke bûse fan Hindrik syn reinjas in stik cake. ‘Fan Neeltsje’, sei er. ‘Sels bakt.’
De Amearikanen hiene ynearsten genôch oan elkoar. Se praten sa rêd, dat ik har petear net earlik neikomme koe. It gie oer hoe't it barre koe, dat se delsketten waarden, oer hoe't it wêze soe mei de oare acht mannen út harren fleanmasjine, oer de weromreis en hoe't dat moast. Se fregen om in kaart fan Europa. Jan krige syn atlas en wiisde harren oan, wêr't se wiene. Bill reizge mei de wiisfinger nei Gibraltar yn in tempo as wie it in hoannestap. Se rôpen Dineke derby. Fan dy har taljochting waarden se net optimistysker. Einen rinne of fytse, einen mei trein of bus, geandefoet oer de hege Pyreneeën yn elk gefal. Nçe, se hoegden it wier net allinne te prebearjen. Sûnder begelieding fan fersetsminsken rê- | |
| |
den se it yn gjin gefal. Jim wiisde omheech op de kaart, it eintsje nei de see. In wetterfleanmasjine? Nee, dêr pasten de Dútskers te bêst op sûnt yn it begjin fan de oarloch lju sa ûntkommen wiene.
‘Se moasten al better passende klean hawwe,’ brocht mem yn it fermidden. ‘Dit falt sa op.’
‘Dêr wurdt oan wurke,’ dielde Dineke mei.
Ik hie al in hoart yn de fierte it gedroan fan fleantugen heard, in allang bewend lûd as fan de branning ast oan see biste. Ynienen in pear fûle klappen, it hûs dindere en de lampe skodde. Jim skeat omheech fan de stoel en Bill rôp: ‘Wat is dat!’
Wy sieten allegearre efkes deastil, mar der barde fierder neat. Doe sei heit kalm: ‘Dat binne dyselde dingen, dy't jimme dan útsmite boppe Bremen of Hamburch.’
‘Ik hie noait tocht...,’ begûn Bill.
‘Nee, dat ha jimme miskien noch noait heard. Ik sil efkes bûtendoar sjen’.
Heit kaam werom mei it boadskip: ‘Neat te sjen. Grif earne yn it lân delkommen. Gelokkich dan mar.’
‘Dat dy mannen dêr sa kjel fan wurde,’ sei mem. ‘Se sjogge fansels wol brân, as se dy bommen útsmiten hawwe, mar se hearre de eksploazjes net, teminsten net sa. Raar wurk eins. Is Anneke der ek wekker fan wurden? Sjoch efkes, Klaske.’
Anneke mompele wat en skaaide mei in earm om de harlekyn hinne, mar op myn ‘Anneke!’ joech se gjin asem. Myn suske, tocht ik, en ik koe my net yntinke, dat se in kear net mear myn suske wêze soe.
Doe't ik wer ûnder kaam bychte Bill krekt mei in benaud gesicht op, dat se yn 'e maitiid ris by fersin bommen falle litten hiene, earne boppe Frankryk. Se hiene der doe wat om lake. Safier as sy it besjen koene, wiene de bommen yn in fjild mei strûken fallen, druven of sa. Heit brocht harren ûnder eagen, dat troch sokke ûngemakjes yn ús lân al tsientallen, miskien wol hûnderten, minsken dearekke wiene. It duorre in hiel skoft foardat it
| |
| |
petear wer wat los fan toan waard. Efkes besefte ik, dat hjir twa kampen sieten: sy dy't de oarloch fierden en wy dy't ôfwachtsje moasten. Sa wie it ek. Sy hearden no wol ta de ôfwachters, mar tydlik. As alles goed gie, soene se gau wer by de doggers hearre en mei oer ús takomst beskiede.
Se mochten om my opstappe, fuort, avenseare, ûnderweis, hup, dêrjinsen helpe, de loft yn, bommen deldonderje. Der soene wol mear Amearikaanske piloaten wêze as Bill en Jim, mar dizze hiene wy libben foar eagen, it lampeglês en it ûnderdoarke, Watt en 1/2 Watt. Wêr wachte it op, dat se noch net ôfreizgje koene? Se betsjutten hjir, by ús en by Hindrik en Neeltsje, elke minút libbensgefaar. As sy pakt waarden, giene se nei in kamp, mar heit en mem, dy bêste lju fan it pleatske krigen de deastraf. Tsjin de muorre oan, blyndoek foar en dan. It Wilhelmus sjonge? Guon diene dat, waard der rûnferteld as heltefeit. Ik soe raze en moartsje om it libben. Wa wol dea! Wat in helt is, hoe't sa'n persoan ynelkoar sit, hie ik al noait dúdlik foar de geast krije kind. Simson, David, Judith, de martlers, Jeanne d' Arc, Van Speyk. Kotsmislik waard ik op 'e legere skoalle as master wer sa'n helt by de kop hie. Koartlyn yn Amsterdam njoggentjin minsken tsjin de muorre en dan. It lêste datst yn it libben seachste wie in rige rotkoppen boppe gewearlopen. Soks moasten heit en mem ek wolris betinke. Wiene dy dêr klear foar, hiene se dat al mei God útfochten? Dat doarst harren net iens te freegjen, Klaske.
Jim en Bill fregen oft se der noch efkes út mochten. Dat draaide wer op draven en oangean út, sagau't wy op de Langeleane, de sânreed, tusken de beamwâlen wiene.
|
|