| |
| |
| |
XII
It waard krapper mei de branje, no't de winter trochsette. Wy hiene allinne moarns skoalle oan ien oere ta. Dat trof alhiel, want sa koene wy elke middei te reedriden. Op souder hie 'k in pear antike knoopkelearskes fûn.
‘Och hea,’ rôp mem, ‘dy binne noch fan âld-muoike Maaike. 't Is ek sa. Ik wist net iens mear, dat dy noch bestiene. Kinsto se oan?’ Ja, hear, dêr koe wat slopankelige Klaske stevich op ride. Jopy, Hinke en de oaren soene my der ienkear om útgnize en dan net wer. De redens fan de family skoden fan mem ôf nei ûnderen op: Dineke mem harres, ik Dineke harres, Jan minent en Anneke dy fan Jan. Mem ried wol as Dineke net ried. Wy swierden de fearten en marren oer, of krabbelen op 'e feart om Anneke it riden te learen, en genoaten fan it jong en sterk wêzen. De wrâld like wer iepen te lizzen, alteast oan de fiere winterske kimen ta, en jûns leine wy rûzich en rôse plat op 't liif foar de kachel mei in boek of it damboerd.
It skoallewurk gie wol lekker en gjin leraar op skoalle dy't oan my wat te protteljen fûr.
Op in jûn kaam Dineke ynienen, read fan kjeld en alteraasje, yn 'e hûs stowen: ‘Mem! Fannacht twa útfanhûzers!’
‘Mar...’
‘Niks mar,’ en se fleach ek wer ta de doar út. ‘Stomkoppen,’ hearden wy har noch skellen.
‘No, wy sille wol sjen,’ sei heit.
‘Soe Hommes net komme te skaken?’ frege mem kjel.
‘Nee, dy hat fan 'e middei ôfsein.’
| |
| |
Ik gie nei boppen om it húswurk te meitsjen. As ik ûnder bleau soe it tin-iis-gefoel my miskien oerfalle en dan waard it learen neat. Leare, hie 'k útfûn, wie in treflik middel tsjin benaude prakkesaasjes, al hoe sinleas my de fjildslaggen út allang útfochten oarloggen taliken no't it hjir mienens wie.
Ik klapte krekt it skiednisboek ticht - it lêste fak dizkear - doe't ik leven fernaam by de efterdoar. No moast ik gau sjen, wa't dy útfanhûzers wiene.
Twa grutte jonges stiene oer de flier, broers sa te sjen, joadske broers, o heden ja. De iene hie syn hier wol blikt, seach ik, mar dy noazen, dat hiele foarkommen.
‘Geart en Evert,’ sei Dineke koart en neamde ek ús nammen. Wy krigen fan Dineke in hiel ferhaal, dêr't de jonges stil en dimmen nei harken. En gjin wûnder.
It wiene de jonges, dy't altyd op it boppekeammerke sieten mei útsjoch op de feart. Se hiene fan 'e moarn, doe't harren kostbaas en kostfrou allebeide efkes fuort moasten, dy harren redens pakt en wiene te riden gien. En wa stie dêr krekt by it fallaat? Barendsma, dy goochemert fan de krante, en dy warskôge fuortdaliks de plysje. Ien fan de plysjes hie Dineke op kantoar opsocht en har ferteld, dat twa joaden sjoen wiene troch Barendsma en dat er opdracht hie de jonges op te sykjen en op te pakken.
‘Ik pas wol op,’ sei er, ‘mar Van der Zee seach as koe er samar in pear fette hazzen fange. As se werom komme, binne se der by.’
Dineke hie daliks in pear freonen optrommele om de mar op te riden, en se hie harren ferteld, hoe't Geart en Evert der útseagen. Ien fan harren hie de jonges aldergeloks fûn en har daliks fan it iis ôfhelle, de reiden yn. Mei har trijen wiene se troch de reidfjilden slûpt oan de grutte dyk ta en dêr hiene se wachte oant it tsjuster waard. Dêrnei wiene se nei it doarp ta rûn.
‘Se moatte fannacht net werom nei har adres. Wa wit, oft net oare ferkearden harren dêr yn 'e buert sjoen ha.
| |
| |
Dan kinne se dêr mar rekkenje op hûs oan hûs hússiking. Van der Zee alhiel oerémus, hearde ik niis noch ris fan dy goede plysje. Hy set alles op alles om dy jonges te fangen. Krijt er in tsientsje it stik foar, tink. Der is al warskôge by de jonges har adres.’
De jonges seagen sa ferstuivere, dat it my suver muoide. Ja, tink dy ris yn, datst altyd en altyd op sa'n lyts keammerke bliuwe moatste en dan sjochst troch it rútsje hoe't it oare jongfolk wille makket op it iis fan de feart. Dan moat it jin wol oanfleane. Ik koe ek foar de geast krije, hoe't Dineke har útfûtere hie; jinsels yn gefaar bringe, bêste minsken yn gefaar bringe, grutte stomkoppen!
Mem en heit sjouden op souder om mei âlde matrassen, kessens, tekkens, lekkens, om in kermisbêd te meitsjen foar de jonges en dêrnei kaam mem op 'e lappen mei waarme molke en in berch brochjes. Leave mem. Dy hie fansels beprakkeseard, dat de jonges sûnt fan 'e moarn gjin hap mear hân hiene. Se ieten earst in bytsje, mar doe't heit grapke: ‘Toemar, jonges. Dit is ús lêste net!,’ makken se der goed wurk fan.
Doe't se nei souder ôfsetten wiene, frege heit oan Dineke: ‘Hoe gefaarlik is dit foar ús?’
‘Ik leau net, dat der immen in relaasje betinke kin tusken de jonges en my, of mei ús. As der fannacht wat bart, dan op har adres, en dêr binne se der klear foar.’
‘Wy geane der yn,’ sei mem. ‘Moarn sjogge wy wol wer. Ik hoopje al, dat se werom kinne nei har âld adres. Wêr moat ik oars mei har hinne? Hjir kinne se net bliuwe.’
Anneke sette de oare moarns grutte eagen op, doe't, krekt foardat se fan tafel gean soe om nei skoalle ta, twa frjemde jonge mânlju samar de keamer yn kamen.
Se ferskeat fan kleur en ik seach har hantsje knipen om de mul fan de harlekyn. Mem fertelde har gau, dat Geart
| |
| |
en Evert justerjûn ûnferwachts útfanhûs kommen wiene. Anneke krige de aard van de útfanhûzerij yn 'e gaten, seach ik.
‘Net oer prate bûten dit hûs, Anneke,’ warskôge mem. It ichel skodholle en krige in wiis blinkje yn 'e eagen.
‘Underdûkers,’ sei se, doe't wy tegearre de strjitte út rûnen ûnderweis nei har en myn skoalle, ‘joadske jonges.’ Se knikte koart.
Op 'e hoeke seach se my stiif oan: ‘Bliuwe se by ús?’
‘Nee.’
‘O. Daach.’ Se hippele fuort, de kleurige pompoen op har mûtse dûnse feestlik.
‘Jimme hoege net werom nei it keammerke. Sis no mar, wat jimme leafst wolle.’
Ik hearde it Dineke sizzen, doe't ik dy jûns yn 'e wenkeamer kaam en nei de kachel rûn. Ik hie kâlde hannen krige fan it skriuwen. 't Wie wer in kriichsriedjûn, fernaam ik. Wol in gesellige sa, mei heit, mem, Dineke, de broers en ik deun byelkoar om 'e tafel. Bûtendoar stie in heale stoarm en rein rattele tsjin de glêzen. Teiwaar. De kachel snuorre om it leven, troch it mikarútsje seachst de flammen drok oangean.
‘Ha wy noch wat te wollen? Sa moai ha wy it net makke,’ sei Geart, de âldste.
‘Sis it mar. Dan wit ik teminsten wat der foar jimme socht wurde moat,’ trune Dineke him oan.
‘Leverje it ferlanglistke mar yn,’ sei heit. ‘Oft it oait Sinteklaas wurdt moatte jimme mar ôfwachtsje.’
Evert syn gesicht klearre op en Geart frege: ‘Moatte wy dy fertelle wat wy leafst wolle, of kinne wy better prate mei menear Tsjeard?’
Menear Tsjeard! Wa wie dat no wer. Ik frege mar neat, want it soe grif in ferbeane fraach wêze.
‘Sis 't my mar. Ik sprek menear Tsjeard moarn wol,’ sei Dineke.
‘Do of ik?’ frege Geart oan Evert.
| |
| |
‘Mei ik?' Evert skode op it puntsje fan de stoel en begûn.’ ‘Wy ha der de lêste tiid wat langer wat faker oer praat, dat wy nei de oarloch nei Israël ta wolle. Dat Dútsklân de oarloch ferliest, is wis, en it kin noait sa lang mear duorje. As wy frij binne, wolle wy neat leaver as de lea goed brûke, bûtendoar. Boer wurde dus. Wy hâlde ús al fit mei gymnastykjen oan de souderbalken. Mar as wy no ris dûke koene by in boer, in ôfgelegen pleats, om it fersoargjen fan it fee te learen, it melken.’
‘Knap betocht,’ priizge mem.
‘En jimme mem-en-dy?’ woe heit witte. ‘Wolle dy jimme nei de oarloch wol daliks wer kwyt?’
‘Heit en mem binne ferret en oppakt. Wy kinne no gjin rekken hâlde mei harren en as se weromkomme moatte se mar wenne oan ús plannen. Wy binne sûnder harren folwoeksen wurden.’ Evert seach by it wurd ‘folwoeksen’ efkes kjel en skuldich it rychje bylâns, mar wy réagearren net ûnaardich. It konsintraasjekamp, dêr't de heit en mem fan dizze jonges no sieten, of al net mear, hinge as in wolk fan gefaar boppe de tafel.
‘In boer, in ôfgelegen boer,’ konstatearre Dineke. ‘En dy boer jeie jimme net de stûpen op it liif.’ Dat lêste hie se net sizze moatten, tocht my, sa'n flauwe, eigenwize bestraffing.
Geart en Evert bleaune in goed wike by ús. Se sieten oerdei boppe te lêzen, skylden jirpels, gymnastiken oan ús souderbalken, dêr't Jan ek al gau oan meidie, gekjagen mei Anneke, en ieten jûns, as de fertsjusteringsgerdinen ticht wiene, by ús oan tafel. Wêr krige mem al dat iten wei? frege ik my ôf.
Brocht troch de raven, krekt as by Elia, en ik lake ynwindich.
Doe kaam Dineke alhiel optein fan kantoar. ‘'t Is klear!’ rôp se al yn 'e keuken. ‘Wêr binne de jonges?’
‘Boppe!’ rôp mem.
Dineke roffele de trep op en wy hearden bliere stim- | |
| |
men en laitsjen en hantsjeklappen. De oare deis wie der gjin lân te besilen mei de beide broers.
As wie de befrijing der al, sa tjirgen se har, dat mem moast har delbêdzje, want ‘tink om de buorlju.’ Dyselde jûns noch koene se fuort.
Sagau't it goed nacht wie, hearden wy ien mei in fyts njonken hûs. ‘Komt er der net yn?’ frege mem.
‘Nee, better net,’ sei Dineke. ‘Heit! Jonges!’
Heit helle syn fyts út de bykeuken. Geart soe op heit syn fyts mei heit op 'e pakjedrager, Evert soe efterop by NN, dy't bûtendoar stie te wachtsjen.
Mem, Anneke en ik krigen in tút fan de jonges, Jan in bats op 't skouder. Ik seach triennen yn mem har eagen, triennen fan: Jou, dat dizze twa it rêde.
Tiid ta neipraat namen wy net. Se koene amper fan it hiem wêze, doe't mem sei: ‘En no gau de bêdeboel op souder derwei.’
‘Spoaren útwiskje,’ sei Jan wiis.
Jûns let waard ik wekker fan heit. Hy stie foar ús bêd:
‘Der bin 'k wer. Alles is bêst gien,’ Hy knypte Anneke en my yn 't wang.
Op skoalle makken wy foar Nederlânsk in les oer siswizen. Wy moasten ynfolje:
By it opskriuwen fan dy lêste siswize moast ik ynienen laitsje.
‘Wêrom lakest?’ flústere Jopy. ‘Is der wat geks?’
‘Ik laitsje samar,’ flústere ik werom.
‘Flau fanke,’ skold Jopy. Se bûgde har foaroer en flústere Hinke yn it ear:
‘Hjir wurdt ien net lekker. Klaske. Dy laket samar om neat.’
| |
| |
Hinke draaide har justjes om en grommele mei in bryk bekje: ‘Betterskip.’
Thús fertelde ik, wat ik op skoalle opskriuwe moatten hie: Van kwaad tot erger.
‘No en?’ frege mem.
‘Ik tocht ynienen, dat it hjir by ús ek sa giet: van kwaad tot erger. Earst Anneke, doe mefrou Goudman, ik nei Leo en Ella, Evert en Geart, Dineke jûns op paad, heit no ek al. En wa fan ús hat langer nét wat dien, dêr't goed straf op stiet.’
‘Wurdst net filosofysk, wol?’ narre heit.
‘It giet fansels,’ konstatearre mem. En dat achte Dineke in gaadlike opmerking om wer ris in preekje oan fêst te heakjen oer foarsichtich bliuwe, elk eagenblik wach wêze en bekjes ticht. ‘Jimme ek,’ sei se tsjin Jan en Anneke. ‘En do moatst jûn mar wer in brief skriuwe nei heit en mem.’
Wy sieten der allegearre om hinne, wylst Anneke derop omstinde wat se skriuwe soe nei: Leave heit en mem. Heit betocht, dat se fertelle koe oer it reedriden. Dat levere twa koarte sintsjes op. Ja, wat soe it bern ek skriuwe. Net oer wat ús yn dit hûs it measte dwaande hâlde de lêste tiid, net oer skoalle. En ik seach Leo en Ella foar my, hongerich nei elk wurd fan har dochter. Se soene elke letter bestudearje: sjochst, se begjint dúdliker te skriuwen; moatst sjen, hoe moai, dy L van leave; wa soe har dat leare? Cornelia! In brief fan Anneke!
Ein febrewaris briek hommels de maitiid út. As wy moarns wekker waarden, koe de klyster yn de populieren syn wille net op, Anneke kaam blier thús mei in pear koblomkes ‘foar tante’, Jan helle de pols fan souder, ik raffele in âld fest fan mem út om in truike sûnder mouwen fan te breidzjen, Dineke naam in wike fakânsje. Se woe fytse yn har frije wike en by âlde kunde yn Grinslân sjen oft se dêr joaden kwytkoe. ‘As ik ien ree
| |
| |
fyn, dan wit dy grif wol mear adressen.’ Dy âlde kunde wiene master Harmsma, dy't se op 'e legere skoalle hân hie en dy't letter nei Oldehove ferfearn wie - ‘in magnifyk kristen,’ sei se - en de heit en mem fan in freondinne fan it kantoor, Hylkje Bron, dy't yn De Like wennen. ‘Hjir yn 'e omkriten kin men suver gjin joaden mear kwyt en der komme alle wiken mear dy't plak ha moatte.’
Op moandeitemoarn fytste Dineke fleurich fuort. Wy seagen de wite reinjas, it reade holdoekje nei en swaaiden oant se om 'e hoeke ferdwûn.
Tongersdeitejûns wie se der wer, ferreind, ferwaaid en ferslein. O ja, master Harmsma en de frou ûntfongen har o sa aardich en hertlik - ‘Tsjonge, wa hie dat tinke kinnen. Dineke Jagersma samar!’ - en se koe bêst bliuwe te iten en it útfanhûzerskeammerke stie foar har klear. Mar doe't Dineke mei har boadskip op 'e lappen kaam, oeren lang prate en smeke en op it lêst fan alles tasei: goede papieren foar de ûnderdûker, sechstich gûne kostjild yn 'e moanne, ekstra bonnen foar iterij, wie de ferhâlding beklomme.
‘Foar gjin hûndertûzen,’ hie mefrou Harmsma sein. Dineke hie har doe, fertelde se, omdraaid en wiisd op de spreuk oan de muorre: ‘Aangaande mij en mijn huis, wij zullen den Heere dienen.’ Se hie frege, oft dat mooglik ek soarch foar it âlde folk fan God ynhâlde. Dêr kaam gjin ändert op. It bleau by nee, wy net, en: hoe doarst it oan, Dineke, ik soe der mar mei ophâlde.
‘In aardich bylkjende spreuk ophingje kostet neat,’ ornearre heit. ‘Hast dêr noch sliept?’
‘Gjin sprake fan,’ blafte Dineke. ‘Ik ha goed bibelsk it stof fan de sandalen skodde en in hotelbêd opsocht. Net sliept, want dêr wie ik te razend foar.’
By de minsken yn De Like koe 't ek net wurde. Begrypliker, want dy hiene NSB-ers as buorlju.
| |
| |
‘Dus neat,’ suchte mem. ‘Skande fan de tiid en de muoite.’
Heit siet stil foar him út te sjen en sei doe ynienen: ‘As it moat kinne wy wol tydlik nochris ien of twa opnimme, net Jikke?’
‘Mmm,’ wie mem har beskied en Dineke sei: ‘O.’
Yn dyselde snuorje skille doomny op. Oft wy húsbisyk ha koene? Hy soe sels delkomme. Deselde jûns noch, om healwei njoggenen? Ja bêst.
Doomny kaam en it earste wat er die, wie wakker beare omt wy in joadsk bern opnommen hiene. No ja, der stiet fansels beskreaun: ‘Herbergt de verdrevenen’ en sa wol God it ek. ‘Dat sille jimme ek betocht ha,’ sei er plechtich.
En doe ús mem: ‘No eins nee, doomny. Ik ha allinne mar tocht: as ús bern oait yn need komme te ferkearen, hoopje ik, dat in oare heit en mem op harren passe sille.’
Doomny bestammere, dat dat him ek in goed motyf talike. Heit woe ek wol wat kwyt: ‘It motyf kin my minder skele as it dwaan. It tal motiven om gjin poat út te stekken yn dizze oarloch komt gjin ein fan. In frou troud, kij kocht, lân kocht, hoe stiet dat ek wer yn dy gelikenis yn de bibel? No, hjir is it: te drok foar de frou, temin romte, gjin bêd oer, te binaud - dy binne dan teminsten noch rjochtút -, de family dit, de buorlju dat, en guon besteane it te sizzen dat de joaden feroardiele binne ta ferfolging omt se Jezus krusige hawwe. No freegje ik jo.’
Ik hie it swit yn 'e hannen, doe't ús oars sa guodlike heit sa útpakte. Soene doomny-en-dy sels yn dy grutte pastorij wol ûnderdûkers ha? Oars kaam heit doomny ek noch raar op it sear. It foel my op, dat doomny yn syn wat skier griis pak in bytsje ûngelokkich op it puntsje fan heit syn stoel postuerde. Ynienen kaam er wer ta himsels blykber en sei: ‘Hoe soe 't yn ús gemeente wêze?’
| |
| |
‘Tige bêst én tige beroerd. Om my koe doomny dêr wolris oer prate op húsbesyk,’ flapte Dineke derút.
‘Dat is riskant, fansels,’ sei doomny betochtsum tsjin syn hannen op it tafelskleed.
Hie er der wier noch noait oer prakkeseard om de gemeenteleden ris op 'e siel te sitten? Mei Krysttiid hie er oars sa smeke om help en útrêding. Ik krige sterk it gefoel, dat joaden helpe wat hiel bisûnders wie, dêr't men in ûngewoan poarsje moed óf ûnbenul foar hawwe moast. Hoe siet dat by ús? Ik hie ús heit en mem noait foar ûnbenullen oansjoen, mar ek net foar ekstra moedich. Mar mem hie it ommers al sein: ‘As myn bern oait yn need komme te ferkearen, hoopje ik, dat in oare heit en mem op harren passe sille.’ Dat brocht my oan it prakkesearen wat Dineke, Jan en my oerkomme kinne soe. Ik koe neat hiel slims betinke, of heit en mem moasten al beide dea gean, mar se wiene sûne piters. It petear oer preek en tsjerke en sa ûntkaam my fierder en ik wie der pas wer by doe't doomny in gebed die. ‘Wês mei dit gesin en wat se ûndernommen hawwe.’
Doe kaam tante Nel, in flodder fan in jier as fjirtich, koart, breed, poerswart fan hier en eagen, in pears flewielen mantel oan, in soarte fan pears siden doaske op 'e holle by wize fan hoed, en drok. It Amsterdamsk rûgele har as in lawine út de readstifte mûle: oer har man, dy't op syn ûnderdûkadres grif net fan de froulju ôfbliuwe soe - hie er al noait kinnen -, oer razzia's yn de Joade- buert, oer echt mahoanjehouten meubels, stellen, oer jild, stellen, oer juwielen, stellen. Se frissele har ferhalen sa trochelkoar, dat wy der bytiden kop noch sturt oan fine koene, mar slim wie 't allegearre wol.
‘It muoit my ôfgryslik om har,’ flústere mem my ûnder it omwaskjen ta, ‘mar ik wurd wol deawurch fan har.’
‘Wa't tante Nel definityf krijt, mei wol dôf wêze,’ flústere ik werom.
| |
| |
Mem gnyske: ‘Socht: in dûkadres foar tante Nel. Betingst: allinne dôven komme yn oanmerking. Nee, krammele, dat is flau. Se sil fêst wol in kear útferteld reitsje. Hoe drok wie Anneke earst net!’
Tante Nel stoarme net allinne mei de mûle troch ús bestean, se koe ek net in tel har deljaan. Nee, in lêzer wie se net, nee, hoasstopje koe se net.
Himmelje, ja. Mem en sy fochten suver om stofdoeken, poetsdoeken, fagers, biezems en it jirpelskyldersmeske. Nei in wike seach ús hûs derút as in showroom. Mem liet tante Nel op 't lêst mar gewurde en makke ris goed regaad yn de naaikoer.
Op in sinnige moarn yn april moast mem efkes om boadskip nei de buorren en nije bonnen ophelje op it distribúsjekantoar. Tante Nel bleau allinne thús mei it boadskip: net foar de ruten, net nei de doar, lit de skille en de telefoan mar rattelje. Nee, dat wist se al, se dûkte hjir net foar it earst ûnder.
Ik kaam thús út skoalle en wa stie dêr bûtendoar te glêzewaskjen yn drok petear mei buorfrou De Jong? Ik waard wol sa kjel. Net, dat de De Jongen ferkeard wiene, mar wy hiene alles oant no ta sa moai stilhâlden en no bedoar dat Amsterdamske flittergat de boel. Ja, buorfrou De Jong soe de eagen yn 'e klompen ha!
Moast ik Tante Nel no yn 'e hûs roppe en moast ik, flarde, har dan op 'e kop jaan? Se moast dêr yn alle gefallen wei. Ik miende al, dat der efter alle glêzen yn de buert eagen loerden. Gelokkich, dêr kaam mem oan en in eintsje efter har oan kamen Jan en Anneke om 'e hoeke.
‘Buorfrou!’ groete mem.
‘Buorfrou! Klaske!’ sei buorfrou. En ik stie dêr al in pear tellen. Dy begroeting wie fuort al nuver.
‘Hast de jirpels al oer, Nel?’ frege mem gewoan, mar ik seach har donkere eagen flikkerjen. ‘Lit dat oare rút mar.’ Wy giene yn 'e hûs.
Nee, se hie de jirpels glêd fergetten. Dat kaam omt se
| |
| |
sa aardich praat hie mei ús aardige buorfrou, sjoch, en dan ferjit men tiid en oere. Ik fielde, dat myn oanwêzichheid net winske waard by it petear, dat mem oangean soe mei tante Nel, dat ik ferdwûn nei boppe en wonk, steande yn it trepsgat, Jan en Anneke omheech. Yn it koart fertelde ik de bern wat tante Nel útheefd hie. ‘Kloatsek,’ sei Jan, en Anneke har eagen stiene rûn fan kjellens.
‘Ite!’ rôp mem in hoart letter ûnder oan 'e trep.
Tante Nel siet mei in heechreade kleur oan tafel. ‘Ik ha dy buorfrou neat ferteld,’ bekte se tsjin heit, dy't wylst ek thúskommen wie. Se hie allinne sein, dat se in Amsterdamske wie, ûnderweis om wat linnenguod op it Fryske plattelân te ruiljen oan iterij, en in fiere kunde fan de family Jagersma. Wel, en doe hie buorfrou knikt. Se leaude it dus en wy hoegden fierder nearne oer yn te sitten. ‘Mar dat wol Jikke mar net leauwe,’ wie it slot.
Dineke krige it ferhaal, doe't se dy neimiddeis út kantoar kaam. Nei iten ferdwûn se en de oare jûns krigen wy allegearre, heit ek, in klaptut fan tante Nel, dêr't se mei út ús bestean stapte.
‘Wa wie dat no krekt, buorfrou?’ ynformearre frou De Jong, doe't mem efkes efterhûs wie om radyskes te siedzjen. ‘No ja, ik ha't fansels wol sjoen!’
Mem wie goed fan 't sintrum, doe't se it ús trochdie. ‘En wat hat mem doe sein?’ woe ik witte. Mem hie daliks tajûn, dat ús útfanhûzer in joadinne wie, yndied kunde fan kunde, mar - mem kaam wat by en aktearde knap, tocht my - dat wie ien kear en fan syn libbensdagen noait wer, fiersten te gefaarlik, gjin wink yn 'e eagen hân, en lestich! Dat hie buorfrou no sels meimakke: sokken joegen harsels én oppassende kristenminsken yn grut gefaar.
Wy laken wol om mem har werjefte fan it petear mei buorfrou De Jong, mar wy sieten likegoed yn noed. Hie buorfrou De Jong ús mem wol leaud?
| |
| |
‘Mar in skoftsje kalmoan,’ ornearre Dineke, ‘en foarearst gjin joadske ûnderdûkers oer de flier.’
‘Om my noait wer,’ bromde Jan âldmannich. ‘Wat ha wy deroan, as heit en mem oppakt wurde?’
Anneke seach ynienen wol sa benaud en se spuide de hap stamppot werom yn it board.
‘Dy rotmoffen ek,’ grânzge heit. ‘Lytse protter, do bliuwst by ús en sit do mar net yn noed.’ Hy loek har op 'e knibbel.
Wy sieten wol yn noed, allegearre, en nimmen koe dêr wat oan feroarje. Ofwachtsje mar.
Der barde neat en buorfrou De Jong prate net wer oer ús eigenaardige útfanhûzer. Alle oandacht gyng nei oare dingen út. In oarloch sit fol ôfwikseling.
|
|