Mids jannewaris kaam Dineke thús mei in jongeman, in lange fint mei swarte learene learzens oan en in reinjas om 'e skouders. ‘Pyt,’ sei er. In efternamme hie er blykber net. Dineke frege, oft er dy nachts by ús sliepe koe.
‘Jawol,’ sei mem, se soe wol in kermisbêd klearmeitsje op souder, as Pyt dêr gjin beswier tsjin hie.
‘My bêst, hear,’ sei Pyt en hy lake. Ik seach grutte wite tosken, ien fan de foartosken stie in kromke bryk. Soe Dineke him dêrom útpikt hawwe, tocht ik. Ik snúfde romantyk, mar as dat al sa wie, dan lieten se neat skine. Namste better. Ik mocht net oer kleverich gedoch. By Hinke thús wist ik noait wêr't ik sjen moast as Hinke har âldste broer en syn faam allegeduerigen hantsje-hantsje sieten en ûnder iten nei elke hap elkoar tuten.
De oare moarns al betiid setten Pyt en Dineke tegearre fuort. ‘Ik kom moarn of oaremoarn wol werom,’ sei Dineke.
‘Hoechst net nei kantoar? En ...,’ begûn heit.
‘Ferbeane fraach,’ sei Dineke.
De rêst koe wol foarby wêze. Ik krige tin-iis-gefoel. Se die klean oan as soe se nei de Noardpoal. ‘Hat mem in sjaal foar Pyt?’ Pyt krige in sjaal en fuort wiene se.
Under skoaltiid moast ik hieltyd oan harren tinke. Wat doel hiene se? Gefaarlik? Ik die helte leaver mei harren mei as hjir kreas op skoalle sitte mei algebrasomkes, dy't mei de werklikheid neat te krijen hiene.
‘Dat ôfwachtsjen,’ suchte mem ûnder iten ynienen.
Twa dagen letter yn 'e neimiddei dêr wie Dineke wer, wyt en stil. ‘Neat oan te dwaan,’ suchte se, wylst se de sjaal losskuorde. Ut har tas helle se de sjaal, dy't Pyt liend hie. ‘Hjir is de sjaal wer.’
Net ien fan ús sei wat. Se soe fansels wol wat fertelle. Mar se iet swijend opbakte jirpels mei opwaarme readekoal. Heit besocht Anneke dwaande te hâlden mei somkes fan skoalle, Jan rûn derút: ‘Ik gean nei Karst, hear.’