| |
| |
| |
X
Anneke hearde derby. Us pake en beppe, omke en muoike wiene ek harres. Nei't se mei goed gefolch har krappe sechje dien hie oer Beverwyk, har sabeare-heit en -mem, wie 't klear.
Ik leau, dat it allinne my opfoel, hoe't beppe Klaske seach, doe't Anneke oan har foarsteld waard. De oaren sieten grif tefolle yn noed om hoe't Anneke har by dizze fjoerdoop hâlde soe, om acht op beppe te slaan. Beppe seach skeptysk, in wize fan sjen, dy't my wol earder by har opfallen wie, bygelyks as immen yn har bywêzichheid in slim sterk ferhaal die. Har gesicht like dan blanko en de eagen stiene hiel stil. Dat ik wie ek de iennichste dy't him net ferwûndere, doe't beppe Klaske op in moarn troch de telefoan koartôf tsjin mem sei - en mem brocht har boadskip wurdlik oer -: ‘Ik wol my net mei jimme saken bemuoie, mar der is in razzia geande. Dútskers sykje hûs foar hûs troch. It bêste.’
Ik soe krekt nei skoalle, mar mem sei: ‘Do bliuwst thús. En Anneke ek.’
‘Beppe hie it daliks troch,’ sei ik.
‘No toe dan mar’, sei mem. ‘Se fertelt it net, net iens oan pake, want se wit wol, dat dat net lije kin. Sa ticht as in pot, beppe Klaske.’ Mem bleau kalm en regele de boel, as hie se ek dizze situaasje al rippeteard.
Se stjoerde Anneke op bêd mei it boadskip: ‘Do hast reafonk en do giest mei it gesicht nei de muorre ta lizzen. Klaske do ek op bêd mei reafonk. Hjir is in lippestift, dêr bihannelst Anneke en dysels mei. Lytse puntsjes, hear, 't is gjin mûzels. Harm, do fervest op in
| |
| |
stik papier “Roodvonk” en dat prikst op de foardoar.’
‘Wêr hellest it wei,’ priizge heit.
‘Avenseare en net prate,’ sei mem.
Yn fiif minuten wie't beslikke. Mem hâlde yn 'e erker de Dútskers yn 'e gaten. ‘Harm, hast dyn Ausweis?’ rôp se noch. Dat Ausweis hie Dineke heit besoarge. Der stie op, dat er bakkersfeint wie en perfoarst net mist wurde koe foar de ‘voedselvoorziening’. Oars koene se heit oppakke foar wurk yn Dútsklân.
‘Toe, Harm, it plakkaat op 'e doar’, trune mem oan. Dêr wie Harm al en gau prikte er mei twa dûkers ‘Roodvonk’ bûten oan de foardoar.
Ik stie boppe oan 'e trep te sjen. ‘Hoefier binne se?’ rôp ik.
‘Op bêd, duvekater,’ rôp mem werom. ‘Net op dyn eigen, mar op uzes. Se binne oan Dykstra-en-dy ta.’
Ik dûkte gau yn it grutte bêd en rôp tsjin Anneke: ‘Leist?’
‘Joehoe,’ hearde ik.
Ik trille wol, krekt as hie ik wier koarts. Soene de soldaten hjir komme? Ik tocht it my hiel goed yn: in soldaat foar myn bêd, dan waard ik minder kjel as der yn werklikheid sa'n fint stie. De twadde kear binne slimme dingen minder slim; de earste kear kinst yn de fantasy belibje.
Ik hearde op 'e stoepe ien Dútsk praten en heit hearde ik ek. ‘Roodvonk, roodvonk’, hearde ik him sizzen. En ‘Krankheit’. Tagelyk hearde ik ek ien de trep op daverjen.
‘Bist krank?’ sei de soldaat, dy't yn de keamersdoar ferskynde. Ik tilde allinne de bespikkele foarholle út de tekkens en knikte.
‘Ja,’ hearde ik Anneke sizzen, doe't er blykber by har yn 'e doar stie. Hy kloppe op de houten beskotten, hy mompele wat.
Sagau't er de trep del wie, skeat ik nei de oerloop. ‘Die Kleine ist wohl schwer krank,’ sei er by de foardoar.
| |
| |
‘Jawohl.’ Dat wie heit. De doar klapte ticht en doe stie Anneke ek al readbespikkele en wol by it trepsgat.
‘Lizzen bliuwe, jimme,’ warskôge mem. ‘Se binne noch net fuort. Se komme soms twakear, ha'k heard. Se tinke: dan binne de ûnderdûkers dy't se net fûn hawwe, alwer út har skûlplak kommen.’
‘Se ha net echt socht,’ hearde ik heit sizzen. ‘Hjir hat ek mar ien yn 'e hûs west.’
‘Dat kaam fan dyn plakkaat,’ sei mem. ‘Se binne bang fan besmetlike sykten.’
Wat in gelok, dat beppe Klaske warskôge, tocht ik. Hokker fermoeden se krekt hie, wist ik net, mar wy koene op har rekkenje. Mar as beppe mei har skerpe yntuysje wat ret hie, wa koene dan mear sa har eigen gedachten hawwe oer ús Anneke?
‘Se ha ús net iens nei it trouboekje frege,’ sei mem suver spitich, doe't yn de hiele strjitte gjin Mof mear te sjen wie, ‘en ik hie it sa kreas klearlein foar kontrôle.’
Dyselde jûns sei Dineke tsjin Anneke: ‘Do meist in briefke skriuwe oan dyn heit en mem.’
En hoe't wy doe ús bêst diene om in goede yndruk te meitsjen op heit en mem Frankforter. Mem helle út it laad fan it glêzekastke it blok briefpapier, dêr't se o sa sunich op wie. Zuiver houtvrij papier. It glom fan superkwaliteit. Heit liende Anneke syn folpinne, dêr't wy noait mei de fingers oankomme mochten. Mem skode it farentsje, dat altyd midden op 'e tafel stie, oan 'e kant. Anneke rekke sa ûnder de yndruk fan it blykber plechtich barren, dat se nei ‘Leave heit en mem’ al frege: ‘Wat moat ik fierder skriuwe?’ Wel, net oer de razzia fan fan 'e moarn fansels. Mei lijen krige se in pear sinnen op papier. Soks fan: omke en tante binne leaf, hjir binne trije bern, ik bin goed sûn. Dineke betocht de diplomatike meidieling: ik doch goed myn bêst mei it learen. Anneke har heit en mem soene dêrút net opmeitsje kinne, dat har dochter gewoan op skoalle wie, mar al, dat it bern net as analfabeet opgroeie soe.
| |
| |
Mem loek it laadsje wer iepen en brocht in slúf foar it ljocht. Dineke skreau der ‘Leo Frankforter’ op. Heit socht om in postsegel.
‘Dat hoecht net,’ sei Dineke.
‘Net?’
‘Nee, fansels net. De post wit gelokkich gjin ûnderdûkadressen.’
‘Hoe komt sa'n brief dan teplak?’
‘Per koerier. Michaël Strogoff, de koerier fan de Czaar, wit heit wol?’
‘Och hea. Ut dat boek fan Jules Verne. Ik hoopje net, dat Anneke har koerier safolle lije moat.’
‘Hat heit dat boek?’ woe Jan tagelyk witte.
‘Nee, mar do kinst it fêst wol yn de lêsseale besette.’
In wike letter kaam Dineke thús mei in pakje foar Anneke. Fan har heit en mem. Anneke dûnse de keamer troch mei in nije mûtse op, ien fan allerhanne kleuren jern en in fikse pompoen der boppe op. Der wiene ek sokke wanten by.
‘Soest it brief net lêze, ju?’ sei mem.
Anneke lies hastich. ‘Hjir stiet wat foar tante,’ sei se en joech mem it papier. Se sprieken har grutte tank út, mar de belangrykste rigel wie: ‘Wy ha begrepen, dat Anneke yn Fryslân is. Is it wol fertroud foar har tusken al dy ljochte Friezen?’
‘Se moasten mem en my ris sjen,’ lake ik.
Mem sei neat. Se hie in stikkene sok om de iene hân, yn de oare hâlde se it briefke en se seach nei neat. Sy fielt har mem fan Anneke, fernaam ik, en no sjocht se foar har dat der in echte heit en mem fan it bern besteane, minsken dy't Anneke neier binne, eangsten om har útsteane. Wat moat dat wurde as de oarloch foarby is.
Dineke hie oare prakkesaasjes. Sagau't Anneke op bêd wie sei se: ‘Klaske, asto dy ris sjen lietste by Anneke har heit en mem. Dan kinne se mei eigen eagen sjen, dat net alle Friezen lang, ljocht en blau-eachich binne. No ja,
| |
| |
lang bist al, mar dêr hâldt it ferneamde Fryske uterlik wol mei op.’
‘En se meie net heal witte wêr't Anneke is!’ sei ik ferheard.
‘Dat hoege se ek net te witten. Do giest derhinne, seist datst Klaske hjitste en datsto Anneke har pleechsuske biste.’
‘Dan moat Klas allinne op reis,’ sangere heit, krekt doe't ik der aardichheid oan begûn te krijen. ‘Mar ja,’ suchte er, ‘as wy dy minsken gerêststelle kinne.’
Sa bedarre ik in wike letter op woansdeitemiddei, kreas op myn sneinsk, mar myn sandalen bleaune der like ôftrape om, mei de trein nei Utert. Dineke hie my it adres jûn en dat mocht ik net opskriuwe: Appelstrjitte 42. As ik noait slimmer dingen ûnthalde moast: 42, de psalm fan it hijgend hert en dy appel. Fiif minuten foardat ik de doar út moast bigûnen se my allegearre opdrachten te jaan: dit moatst sizze, dat moatst foaral net fertelle, tink hjirom en tink dêrom, dat it ôfskie, dat ik my min of mear plechtich foarsteld hie, waard in soarte flecht fan my, neiroppen troch de foltallige family.
It wie in prachtige dei en ik fielde my grut en frij, sa allinne op reis. Underweis nei it stasjon betocht ik, dat ik, as illustraasje fan it feit, dat Anneke har al hielendal by ús thúsfielde, de Frankforters moai fertelle koe oer de slaande rûzje dy't Jan en Anneke de jûns tefoaren hân hiene. Jan siet wer ris te tekenjen en Anneke woe ek tekenje, net op it stikje kladdepapier dat mem har jûn hie, mar op in moai blank stik papier út Jan syn skrift. Dat roaide neffens Jan nearne nei. Syn skrift, dêr't er sa sunich op wie! Sokken hie de winkel net mear. Hie mem no mar op har stik stien en óf tsjin Jan sein: Do joust Anneke in stikje papier! óf tsjin Anneke: Dêr komt neat fan yn! Mar mem mocht as it der op oan kaam trochtaastender wêze as ien, yn it gefal-Anneke spilen by har wippelige emoasjes mei en dus stjoerde se oan op in kompromis
| |
| |
tusken Jan en Anneke, wat fansels net slagge. Doe stie de bern neat oars te dwaan as it tegearre út te fjochtsjen. Anneke skuorde oan it skrift en Jan, alhiel poer, hufte derop. Doe kaam mem blykber ta harsels en jage beide opperteurs op bêd. Anneke gûlde, doe't ik boppe kaam: ‘Tante is lulk op my.’ Ik frege har, oft se fan har eigen mem noait straf hân hie. Jawol, net faak, mar jawol. ‘No dan,’ sei dit pedagoochje, ‘it is dus hiel gewoan dat in mem of in tante dy straft ast dat fertsjinne haste.’
‘Hâldt tante dan noch wol fan my?’ frege de rakkert.
‘Dat witst donderske bêst. Ophâlde fan snotterjen en sliepe,’ sei ik.
Sa'n ferhaal soe ik fansels net yn details oan de Frankforters fertelle kinne, mar in pear sprekkende fragminten soene it wol dwaan, ornearre ik, wylst ik op it perron hinne en wer rûn, wachtsjend op 'e trein, it kaartsje ûnder de want yn 'e hân. Ik hie yn gjin jierren mei de trein west. Wy fytsten, as wy earne hinne woene. Dineke hie my al sein, dat it treinreizgjen gjin grap wie en doe't de trein foarried, seach ik it al.
De treinwagons fan doe wiene ferdield yn smelle koepees. Elke koepee bestie út in middenpaad, dwers op de wagon, mei oan wjerskanten in lange bank foar fiif of seis reizgers. Elke koepee hie oan wjerskanten in portier nei bûten. Sa'n wagon hie dus in hiele rigele doarren. Op wol de helte fan dy doarren siet in papier mei ‘Nur für Wehrmachtsangehörige’. Dy wiene heal of hielendal leech. Ut it rút fan in portier mei in I derop hinge in ofsier, in kreaze man yn in kreas unifoarm. Hy hie it ryk allinne yn dy koepee. De oerbliuwende koepees sieten al grôtfol en dêr moasten no wer passagiers by yn. Ik rekke mei triuwen en treaun wurden yn in koepee en waard sawat platdrukt tusken oare minsken. Sagau't de trein gong sette slingere it pak minskeliven hinne en wer tusken de knibbels fan de sitters. En stjonke! It wie in heldere dei en bûten like it sa rom en fris. Ik sei tsjin in
| |
| |
feint, dy't achter my tsjin it portier oan hinge: ‘Kin dat rút net wat del?’
‘Mei net,’ sei er, ‘sjoch mar.’ Hy wiisde op in stik papier boppe oan it portier, dêr't op stie, dat it rút tusken S. en D. tichtbliuwe moast. ‘Kinst riede wêrom?’ sei er. Ik tocht efkes nei. Hjirearne moast in fleanfjild wêze. Doe knikte ik en de feint knypeage.
Op folgjende stasjons giene der wol ris in pear út, mar der kamen ek hieltyd wer nije passagiers by. Oppakke mar! Ik fielde my en mei my it hiele folk oant yn 'e grûn misledige. Dêr sieten Moffen moai breedút yn ús treinen en wy waarden ferfierd as bargen. Soks heardest dan wol, mar no belibbe ik it sels. Ik soe ferfalle ta selsmeilijen: wat doch ik hjir, hie thús bleaun, hie moai mei Jopy en Hinke gien te fytsen, hie de ierdrykskunderippetysje leard, dy Frankforters moatte sa mar leauwe dat it goed is mei Anneke, ik haw der gjin sin oan, ik bin dwaande mei in reis dy't ik net wol.
Ik fielde my ynienen in bern, dat har gruthâlde moat, mar leaver gûlende nei mem weromdrave woe. Doe twong ik mysels te betinken hoe't dat wêze moast: jins iennichst bern ôfstean oan poerfrjemd yn in tastân fan konstant libbensgefaar. Hear, help my, help ús allegearre, dat wy der troch komme.
De minsken by hwa't de Frankforters ûnderdûkt wiene, moast ik fansels earst bewize, dat ik fertroud wie. Ien fan fjirtjin - en ik lykje wol sechstjin, tocht my no - kin ek bêst spionne wêze foar de Moffen. Dineke hie my sein, dat se wisten fan myn kommen en dat ik sizze moast: ‘Ik kom fan Joast Nimwegen.’ Dat wurke yndied as hokus- pokus. Ik kaam net te witten, hoe't dy minsken hjitten. Der stie gjin namme op 'e doar. Hast ek neat mei nedich, betocht ik. Ik kaam trouwens allinne de frou te sjen.
‘Cornelia,’ sei se.
‘Ik bin Klaske.’
‘Kom der mar gau yn. De Frankforters sitte sa yn
| |
| |
spanning.’ Cornelia brocht my twa treppens op, in soarte fan oerloop oer, en kloppe op in doar.
Se stiene beide deun achter de doar, beide mei in heechreade kleur en jonger as ik my foarsteld hie. Se krigen my elk by in hân en seagen my op en del oan as woene se myn ferskining foar ivich fêstlizze yn har ûnthâld. Ik fielde my in skilderij of in byld.
‘Do meist wol tinke,’ sei de frou op 't lêst, ‘dat wy net prate kinne. Kom fierder.’
Cornelia ferdwûn nei ûnderen. ‘Ik bin Klaske,’ sei ik.
‘Wy lykje wol ûnbeskoft,’ sei hy, ‘mar do begrypst miskien...’
Ik knikte.
‘Sis mar Leo,’ sei hy, ‘en myn frou hjit Ella.’
Wêrom fregen se no net daliks, foar alles, nei Anneke? Dan sakke har reade kleur miskien wol ôf en ik koe kwyt, wat ik ûnderweis allegearre betocht hie. Se seagen mar nei my. Ik moast blykber begjinne, mar no sieten de wurden my sa yn de kiel te wrotten om derút, dat se elkoar yn it paad rûnen, en de fuotten fielden my as stie ik op tin iis: foarsichtich, foarsichtich.
‘'t Is bêst mei Anneke,’ smiet ik de stilte yn en socht foar myn eagen yn it ûnpersoanlik ynrjochte keammerke - gjin foto's, gjin snústerijen, allinne in skilderijke fan in grutte stille heide en in rútsje nei de blauwe loft - om in neutraal útsjoch. Dat Anneke mear like op ús mem as op har eigen frij rossige mem, hie 'k al sjoen. Se like noch it measte op him: koarte, skrale man mei swart krolhier, mar hy like folle joadsker.
‘Wy sieten yn noed,’ sei Leo.
‘Wy tochten: al dy ljochte Friezen,’ sei Ella. ‘Mar ik sjoch it al.’ No glimke se. De spanning loek ek út Leo wei. Hy sette de stuollen teplak en frege Ella en my om sitten te gean. Ik lei de earms op it bûnte pluche tafelkleed, klear foar it ferhoar.
Ik moast fertelle fan heit en mem, Dineke en Jan; ik fertelde - smaaklik, hope ik - fan de rûzje tusken
| |
| |
Jan en Anneke om in stik tekenpapier en it hie it ferwachte effekt. ‘'t Is fêst wol goed foar har, dat se no in broer hat,’ ornearre Leo.’
‘Leo hat har altyd beskerme en ja, ek wol bedoarn,’ fertelde Ella.
‘Ja, deale, ús iennichste en sa'n pop,’ ûntskuldige Leo him. ‘En dan samar fuort. Dat begrypst miskien wol, Klaske.’ Hy fage mei de mouwe oer de eagen.
Ella skarrele mei surrogaat-thee en se hie gebakjes. ‘'t Is hjoed feest,’ sei se. Doe fielde ik triennen yn it kûltsje fan de mage. Feest omt ik der wie. En se woene leafst my en de hiele wrâld fuorttraapje om by need krûpende nei Anneke ta. Ik iet twa gebakjes. Dat moast. Sy pjukten wat yn harres om. Leo prate oer Anneke, hoe'n skat as se wie, hoe leaf as se wie, hoe moai as se wie. ‘Wy ha hjir net iens in foto fan har. As der in oerfal komt, mei neat der op wize, dat wy in bern hawwe. Wy moatte har oan jimme oerlitte. Wy binne jimme sa tankber. As it mar net lang mear duorret. Doe't wy har ôfstiene en wy sels ûnderdûkten tochten wy: 't is mar foar in pear moannen, sá lang kin de oarloch net mear duorje. Komt de ynvasy gau? Jimme hearre miskien mear as wy.’
Ik doarst harren no ek wat te freegjen. Hoe't se hjir wiene en sa. Nee, se kamen noait de doar út, ja, se moasten soms oerenlang mûsstil wêze as Cornelia en Pim gasten hiene. Dan skaakten Leo en Ella. Ik begûn mar net oer de bern fan Rotman.
‘Komst ris wer?’ frege Ella doe't ik fuort soe. ‘It skeelt sa'n ein as wy mei immen oer Anneke prate kinne. Wy binne no al sa'n stik gerêster.’ Se tute my, Leo ek, in wiete tút, en hy kniep my in beide hannen. Triennen rôlen him ynienen oer de wangen, my ek. Doe't ik de beide treppens ôf wie en omheech seach, stiene se bûgd oer it trepsstekje, de grins fan harren bestean.
Ik rûn de Appelstrjitte út en besefte hoe'n bytsje ik ferteld hie oer mem. Wêrom hie 'k net sein hoe mâl mem mei Anneke wie, dat se, as it om Anneke gie, har
| |
| |
hâlde en droech as in mem-dier dat har jong ferdigenet? 't Moast wêze omt ik ús mem ynienen sjoen hie as konkurrinte fan Ella en Leo. Heit net. Heit hie der in natuerlike slach fan om Anneke op te heinen mei mear humor en mear distânsje as mem.
It wie in selsbewuster Klaske dy't wer yn 'e trein stapte en har as in trochwintere reizger skikte yn it ûngeriif.
Thús brocht ik ferslach út. Anneke harke mei oandacht, mar emoasje toande se net. Doe't ik útpraat wie, pakte se de poppen en liet har op bêd bringe.
Ik hie dy jûns wer in langer listke fan minsken foar wa't ik bidde woe. God krige it noch drok mei myn relaasjes. Mar wêrom liet Er dy rotmoffen mar gewurde?
|
|