fan ferbeane kranten en sa. Dat moatte wer oaren dwaan.’
‘Binne dy oaren der?’ woe heit witte.
‘Jawol,’ andere Dineke, ‘mar 't falt ôf. Guon fan wa ast tinkste: dy wolle wol wat dwaan, dêr komst raar mei op 'e kofje. Ien foarbyld. Harmen Zylstra no? De man rûn altyd, 't boarst mei oranje foarút, foaroan yn de optocht op Keninginnedei, en wat koe er prachtige taspraken hâlde oer koningin en vaderland, God, Nederland en Oranje. Gjin each bleau droech. Mar net ien sint foar it ûnderdûkerswurk en alhiel gjin ûnderdûker yn syn hûs. Nee hear, Dineke, dat is fiersten te drok foar de frou. Leffe eamelkont. Heit seach oars wakker by Zylstra op, netwier?’ Heit joech gjin asem.
‘Dat hûs moat leech,’ brocht ik yn it spande fermidden. ‘Ik nim ús âld bernewein.’
‘Goed idee,’ priizge Dineke. Se neamde op, wat perfoarst ophelle wurde moast. Net, dat it spul fan hege wearde wie, mar wy moasten de ferkearden net iens in skurf theepantsje gunne. Yn elk gefal woe Dineke it âlde klokkestel en de stuoltsjeklok ophelje en in fyn persleinen servyske. De oare jûns om kertier oer achten moast ik mei de bernewein komme, dan hie Dineke de boel ynpakt klearstean.
Mei mem har mantel oan en har sneinske hoed op koe ik trochgean foar in jonge frou. Ik woe har skuon mei de hege hakken ek oan, mar doe't ik der yn 'e hûs al op omknoffele, wiksele ik se dochs mar wer foar myn eigen sandalen. De skonken trillen my al genôch, doe't ik fiif foar achten yn 'e gong klearstie mei de bernewein.
Heit stie foar hûs by it stekje de strjitte ôf te eagjen. Dit útstapke gie net ien wat oan, de buorlju ek net. It rútsje yn de foardoar stie iepen, dat doe't heit wonk die mem de doar iepen en dêr stapte ik hinne, sa elegant mooglik, de strjitte del. Sa út en troch bûgde ik de holle ûnder de kape en skikte sabeare wat oan it tekkentsje en lekkentsje,