In oerfal? Foarsichtich liet ik my by it bêd del glydzje, teante de trep del en die hoeden de keamersdoar iepen. ‘Hè fanke,’ skrille mem. ‘'t Hert slacht my yn 'e kiel.’
Dineke siet by de tafel, it hier ferwaaid om 'e holle, de hannen om in kûm molke, de damp sloech derôf.
‘Wat binne jimme let op,’ sei ik. ‘Is der wat?’
‘Dineke is noch mar krekt thús,’ sei mem. ‘De tram wie twa oeren te let oan, om goed ien oere pas. Der wiene beammen omwaaid oer de rails.’
‘En mefrou Goudman?’
‘Se moat dêrwei. Ik fertrou it net heal. Ik haw jûn tusken fallende tûken en silende dakpannen it Hearrenfean yn west om in dûkplak foar har yn in ferpleechhûs of in tehûs foar âlde minsken. Ik haw by de direkteur fan it sikehûs west, by har spesialist, by de herfoarme doomny, by de grifformearde doomny, by de direktrise fan in ferpleechhûs, by de foarsitter fan it bestjoer fan in tehûs foar âlde minsken, mar nee, nee, nee. Hûndert beswieren, want de oare minsken, want de gebouwen, want har eigen hachje, want dit en want dat. En boppedat wol it totaal net yn harren del, dat joaden út sikehuzen helle wurde. Nee, sa wreed kinne Dútskers net wêze. Dat bestiet net. Ik haw harren net-joadske papieren beloofd foar mefrou Goudman en bonnen en alles, mar nee.’
Ik fielde grut respekt foar myn suster. Njoggentjin, hjoed wurden, nee juster, en dan by al dat deftige folk lâns en har wurdsje dwaan.
‘Rinsto no gjin gefaar, Dineke?’ frege mem.
‘Ik haw fansels net krekt sein wa't ik wie en wêr't ik wenne. Ach, se moasten my ek mar op myn goede gesicht leauwe. Wa garandearret dy minsken, dat ik net in ferkeardenien bin. Ik wit it net mear. Mefrou Goudman is siik, se moat ferpleging hawwe.’
‘De doomnys hast al hân. De nonnen,’ stelde mem út.
‘Dy ha al joaden,’ ferklapte Dineke. ‘Dy hawwe ek al in joad begroeven.’