Anneke tsjin de hiele wrâld, byneed tsjin de Wehrmacht, en grif tsjin ús. Sadwaande fergeat mem wolris wat, bygelyks my. Wikenlang mocht ik mem foar myn eagen net sjen. Wie ik oergeunstich op Anneke, omt se safolle of tefolle oandacht fan mem krige?
Yn elk gefal brûsde lulkens yn my op, elke kear dat ik weromtocht oan dy deis, dat ik út skoalle thúskaam, nei it húske gie en... bloed yn myn broekje, bloed yn de klosetpot. Ik waard kâld fan kjellens. Wie 'k fallen? Wie 'k op gymnastyk raar telâne kaam? Ik koe neat betinke, wêrom 't ik bliede soe. Ik nei boppe en in skjin broekje oan. Dy jûns draafde ik wol fiif kear nei it húske, nijs-gjirrich en benaud. Ik doarst net op bêd. Stel dy foar, aanst it bêd der ek noch ûnder, en hoe kin dit yn 'e goede! Ik trof Dineke yn 'e keuken en sei sa en sa. ‘Oôôh!’ sei Dineke mei in lange úthaal en se gynske ek noch.
‘Lakesto dêr om?’ snaude ik.
‘Nee, dat is net moai fan my,’ joech se daliks ta. ‘Sis 't mar tsjin mem. Dy sil dy wol helpe.’ Sleau praat. Dineke hiest bitiden neat oan, dan spriek se yn riedsels, eigenwiis yn har posysje fan âldste suster en ien, dy't wol wichtiger saken oan de holle hat as Klaske.
Mem heistere krekt boppe om, dat dêr lei ik har myn probleem foar.
‘O leave,’ sei men tagedien. ‘Dat ha 'k hielendal fergetten.’
Soest se net? Wat hie se fergetten: molke siede, wask yn 'e weak, kachel oppoke, jirpels keapje? Hoe koe se! Wylst ik bliede en fêst benaud út 'e eagen seach.
‘Kom mar mei,’ sei mem en lei my in earm om de skouders. Ik waard wat langer wat grammitiger, want wat hie se no wer? Ik woe allinne mar, dat se dokter opskille. Ik woe net deabliede.
En doe ynienen plakte se my del op de râne fan har ledikant en fertelde in hiel ferhaal fan famkes dy't grut wurde, frou wurde, bern krije kinne. Se joech my in pear fan dy nuvere langwizige badstoffen lapkes, dy 't ik