‘Se soene fuort neidat tante Nelly my ophelle hie. Der siet in Verwalter yn ús winkel. Heit koe wol fuort.’
‘In Verwalter? Wat is dat?’ woe ik witte. Wy waarden hjoed wól wat gewaar.
Dineke lei út: ‘Anneke har heit en mem hiene blykber in winkel.’
‘Ja. Lappen, hoazzen, sokken, ûnderguod, jern,’ kaam Anneke dertusken. ‘En skelken.’
‘Alle joadske winkels en oare saken binne foardere, Ynpikt, sis mar,’ ferfette Dineke.
‘Stellen!’ rôp it lyts ding fûl.
‘Stellen dan. En yn de winkel kaam in Dútsker te stean, of in Nederlânske ferrieder. En sa'n persoan hjit in Verwalter.’
Jan brocht ús wer op ús sjapiter. ‘Prate dy Rotmanbern no al of net, heit?’
‘Sy wiene goed ûnder de yndruk. Dat wol. Mefrou soe de bern werombringe nei harren âlden en dan ek mei har broer en syn frou prate.’
‘Toemar, noch mear yn 't komplot,’ fûtere Dineke. ‘Mar it sil sa wol it bêste wêze. Witte jimme, hoe't ik tink? Wat ien wit, is in geheim. Wat twa witte, kin mooglik geheim bliuwe. Wat trije witte is algemien bekend.’
‘Dat sil ik ûnthâlde,’ sei heit plechtich.
‘Ik ek,’ sei ik, want ik moast sa út entroch efkes dúdlik fernimme litte, dat ik ek part fan it Anneke-komplot wie.
Mem achte de saak blykber foarearst ôfdien. Se tocht der grif leaver net langer oan. Se gie nei de keuken en rôp efkes letter troch de iepen doar: ‘Harm, meitsje do de fisken efkes ta.’
Heit mocht altyd al graach fiskje, mar no wie it der ek om te rêden, dat wy wat fleis yn de panne krigen. Dat kromke fleis fan de slachter, dat wy op 'e bonnen krigen! Mar heit moast de fisken al sels skjinmeitsje.
‘Sjocht mem ek wer ris by mefrou Goudman?’ frege Dineke ûnder iten.