‘Hy sil neat sels witte!’ rôp Dineke sa lûd, dat mem ‘ssst’ sei en de eagen opsloech nei it plafond, dêr't Anneke en Jan boppe sliepten.
‘Brokman helpt joadske minsken, guon út Rotterdam, in hiele family, rike lju, reders of sa. En no tink ik, dat hy dy minsken kadootsjes ôfsongen hat en dy djoere spullen ferkeapet.’
‘Foar himsels?’ rôp ik.
‘Sst,’ sei mem wer en ferfette: ‘Ho, ho, Dineke. Dy minsken sille jild nedich hawwe en him frege hawwe om har besit te ferkeapjen.’
‘Dat soe ik ek graach tinke wolle,’ sei Dineke, ‘mar it ferhaal is noch net út. Ik kaam fan 'e wike by Brokman-en-dy mei in boadskip en it wie dêr yn'e hûs allegearre lúkse. Samar ynienen. Twa, trije moanne lyn hiene se it hiel gewoan, krekt as wy. Mar no! Nij flierkleed, nije meubels, prachtige antike klok op 'e skoarstienmantel, moai stik fleis op de iterstafel, flesse wyn derby, echte segaren yn in learen beker, al hie 't noait oarloch west. Dat moat Brokman kocht hawwe en betelle, of krige. Wêrwei?’
‘Fan dy deade snijer,’ sei ik eigenwiis.
‘Brokman hat foarsafier it my heucht noch noait in dei of in heale dei frij hân foar in begraffenis. Ik fertrou it saakje net.’
‘Mmmm,’ sei mem, ‘En dêr sitsto oer te prakkesearjen.’
‘Ja,’ suchte Dineke.
‘En hasto Anneke ek fan Brokman?’ woe mem witte.
‘Godtank net. Hy wit ek net, dat wy in ûnderdûker hawwe.’
‘Do fertroust him net mear, begryp ik,’ sei mem, ‘Wat silst no?’
‘Ik wit it net.’ Dineke seach tryst en biet op it slúfke fan har folpinne, dêr't se ûnder it praten mei omtyspele hie. ‘Ik moat der noch mar ris oer neitinke.’
‘Kinst nét nei de plysje gean,’ betocht ik ynienen. ‘Dy joaden binne wól oan de heidenen oerlevere. As se net