bern mei nei tsjerke? Moasten se har net safolle mooglik opbringe lyk as har eigen heit en mem it dien hawwe soene? Heit en mem hiene der gjin aan fan, wat in joadske opfieding ynhâlde. ‘Mei se wol bargefleis ha?’ hie mem al oan Dineke frege. Dineke ferkundige, dat dat mocht yn tiden fan need. Net ien frege, wêr't se dat wei hie. En sneins mei nei tsjerke koe al min oars om gjin fernuvere fragen op te roppen.
Heit waard útkeazen om Anneke op te jaan foar skoalle. Op Dineke har oanstean fertelde heit oan master Krikke, it haad fan de skoalle, wa't Anneke yn wierheid wie. Master knikte allinne mar en frege net fierder. Anneke dûnse yn de keamer om, doe't se hearde, dat se nei skoalle mocht. ‘In echte skoalle?’ frege se.
‘Do wiest dochs ek op in echte skoalle?’ sei ik.
‘Nee. Op in joadske skoalle mei in hiele heap bern, hiele lytskes en hiele grutte, en wy sieten allegearre yn mar twa lokalen en wy krigen hast gjin lessen.’
Jan hie de measte muoite mei Anneke. ‘Mem bedjert har,’ klage er withoefaak. En net sûnder reden. Oars wie hy de jongste, dy't noch wolris wat ekstra's krige: in suertsje fan de snobbersbon, in skepke sûker mear oer de sûpenbrij. Oars die mem spultsjes mei him. ‘Mem bedjert har.’
‘Toe, Jan,’ smeke mem dan, as Anneke efkes de keamer út wie. ‘Anneke mist safolle. Do bist grut genôch om te begripen, dat se myn soarch nedich hat. Wy witte net krekt, wat se trochmakke hat foardat se by ús oanlâne, mar aardich wie 't net.’
In oare kear foel mem út: ‘Do moatst dy skamje, grutte bongel!’ Net hielendal earlik. 't Wie wier, dat mem al har oandacht joech oan Anneke. 't Wie ek wier, dat Anneke bytiden drok en rimpen wie en delbêde wurde moast. Mar se joech jûns op bêd net sa'n spektakel mear út oer Clara, Henny, Job en Kees dy't stielen, sloegen, knypten. Se joech har moai del jûns en sliepte, oan elke kant fan har kopke in poppe.