Heit en Anneke kamen der wer yn, folge fan mem mei seis sûkelademolke.
‘Tankewol, mefrou,’ sei Anneke doe't mem de kop foar har delsette.
‘Dat is net mefrou,’ sei heit.
‘O nee. Tante Jikke.’ Anneke lei de harlekyn njonken de kop sûkelade del. Sagau't se it drinken op hie, kaam er wer yn har earm te hingjen, kop mei puntmûtse der boppe út, slappe pierlalaskonken der ûnder út. Treast.
‘No moatst earst mar ris op bêd, Anneke,’ sei mem.
‘Do sliepst by har, by Klaske. Sit hjir dyn nachtpon yn?’
Mem krige it rêchsekje op, dat tsjin it glêzekastke oan hinge. Anneke knikte en liet har fan heit syn knibbel of glydzje. ‘Komst ek daliks, Klas?’ frege mem. ‘Kom mar, Anneke.’
Sagau't se de keamer út wiene, sei ik: ‘Se liket op mem en op my.’
It bleau efkes stil. Jan pakte syn papierboel op en ferdwûn nei boppe.
‘Wat seisto dêr niis?’ frege Dineke. ‘Sis dat nochris.’
‘Ik sei: Se liket op mem en op my.’
‘Ik ha't,’ rôp Dineke. ‘Tankewol.’
‘Hoe komsto sa netsjes tsjin my? En wat hast?’
‘Dat fertel ik dy letter wol. Miskien. Earst sjen oft it kin.’ Orakeltaal.
Ik kaam op myn keammerke en seach Anneke rjochtop op bêd sitten yn in ljochtblau pontsje mei reade roaskes. Se hie moaie klean. De poppen leine op it fierste kessen, dat oan de kant fan de muorre, en de ynhâld fan it rêchsekje lei fersille oer de boppetekken. Mem en Anneke klauden tegearre om yn broekjes, himdsjes, jurkjes, bloeskes, rokjes, sokjes, skuon.
‘Myn brune sandalen binne fuort,’ rôp Anneke lulk en mei fûle eagen. ‘Dy sil Clara wol ynpikt hawwe. En ôôôh, myn rôse bloeske is der ek net. Ja, dat sil Henny nét stellen hawwe!’ Se hie no in reade kleur en har eagen spatten der hast út.