Op 'e literaire toer(1973)–Hessel Miedema– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 172] [p. 172] Lêste fersen ús oerjefte is greater as dy fan 'e lepidoptera hawwe bg fûgelnustjes plôke yn 'e grotten fan Dy Laby? (resultaten noch altyd ûnwitten skimerich mar wol forbetterje tsjintwurdich mei hoaske wurden wurdearjen de masturbante moannecourtisanes Correggio c.s. sûnt it sitten yn 'e prinsetún having tea bistoarn ta it sjongen fan alle allelujah (in geweldigen erosy lûkt streamgebieten (de protters ha it CS hjirre sniewyt skiten (taeste prachtige moassige craquelures op harren moarmere stuten kallipugai wit noch? dy beammen dêrre sa hast stedhâlderlik steatlik doet we noch heel jong wienen boarten we (doe al like neaken nammers) boarten we skatterjend yn 'e sânbakken fan appelsgea [pagina 173] [p. 173] Fiif fersen spesiael foar ¡Fryslân Oerein! Dach Tiny, dag Jan, dag Wim, dei Poortinga, dei frou Faber, dei juffer Plantinga, dach Buisman, dei Lambert, dag mevrouw Bearda (groeten uit Amsterdam) Hoe is 't oars noch mei jimme? Hjir is alles goed Myn generaesje is wakker oan 't desyntegrearjen wurdt keal lit him skiede hâldt op fan roken Is 't net in hearlik idé dat it dat it noch desennia duorje sil eart se jin systematysk bigjinne sille to ûntfallen? Ja se ha mij fan dit blêd om fersen frege Ik stjûrde trije fersen yn mar se skreauwen my oft ik net hwat mear hie Ik tocht it moat net raerder (brief ûnbiandere) Skreauwen se my de nammen fan 'e oaren (hwat ik my ôffreegje: nou al leginde? of bin wy noch altyd de fjouwer jongsten?) en hoefolle oft se allegear ynstjûrd hienen en dat ik dus noch 5 fersen skuldich wie. [pagina 174] [p. 174] Ik bin ek altyd sa'n nivere kloat Forsiere mar wer yn ús eigen tael (och och it wurdboek ha'k der altyd bij) Jonges ik wurkje hjir oan myn dissertaesje Jonges ik skriuw net mear (wer) Jonges ik dichtsje net mear foar jimme Ik bigryp wol dat dat biroerd is (foar jimme) mar ik ha wol hwat oars to dwaen Jonges ik ha myn plicht dien foar it Heitelân oer siz mar Ook Friesland had haar modernistische bewegingen En dit is dan meteen het laatste woord Fries dat ik heb geschreven ook. (april 1964) Vorige Volgende