Op 'e literaire toer
(1973)–Hessel Miedema– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 163]
| |
[pagina 165]
| |
dit wurde de sangen sjoch wij dodekafonysk
hwant wij binne it nijs ûnder en boppe de sinne
forwaermje de wrâlden mei ús fuotsoallen
bifolkje de skilen fan 'e ierde
kyrieleis ûnder de tsjinakseljende skaden fan ús foarfaers
wij dolden ús djippe gatten yn 'e groun ierde better net to witten
ieten ús oan bittere hôfapels nea sêd
wachtsje net ôf mar ploegje de matearje koartseftich
The highest bidder to be the Buyer
wij jowe ús nammen oan de ûnútspreklike oarsprong
formannichfâldigje ús funksjes desintegrael
foarmje forduldich de skaden forneatigber
en sizze sjoch wij binne ússels genôch
nim
dy byldhouwer hat it allegear al yn 'e hannen
troch de ieuwen hat er de hillige geast dwalen sjoen
seach ûnbitochtsum de ûntinkbylden har fortichtsjen ta
tekens
seach hûndert bitiisde neonseinen oan en útflakkerjen
seach heale warskôgingswurden ûnbigryplik forbjustere
skombekjend hakke syn hele hûs ûnder de hiëroglyfen
de byldhouwer dus
de oare moarns lit ús sizze
hij kaem fan bêd ôf boarstele syn tosken
en seach de nije tekens har foegjen ta meidielingen
wist in forgetten forstiene oertael yn him wekker
en stomforheard lies op syn muorren hiëratysk it gilgameshepos
| |
[pagina 166]
| |
brullend fan tonger biklom er de berch herkules
stoarmen sloegen lawines fan
syn skouders skoarren de rachende himelforwulften
- op syn flanken it gûlen fan ûnhandich pearjende bern -
sa fier sjende sloech de âld wrâld fol oseaenbekkens
giel sissende natriummeteoriten ûndergiene
reekbylden fortichtsje har forwaeijend
(forgonklik to fixearjen nammers)
wylst yn 'e hillige bekkens de nije
foarm skopte kankerjend al wer fordomd as 't net wier is
triljend forriisden trije lingam-pyloanen
sjoch de krêftige byldhouwer nou
hakket floitsjende tekenforhalen yn it steech granyt
foarmet forbastere ierdbrokken ta evenbylden lykweardich
sjocht swier wurde syn subsidiaire obelisken oprjochte
sierjend de katalogi en de lustoarden museumtún
forhûddûke om 'e hege kosten wrokket it folk
mar de tekens tsjûgje fan greate wierheden
allinken waerd de tael forstien
dit dames en hearen de freugde fan fiif augustus
ja sa giet dat ommers (optlêst wij ek mar)
swalkje yn ús keakeljende hierseazen fan bigjin nei bigjin
litte de wei efter ús fol mei hynstefigen en bananeskilen
speure ôfwêzich preuveljend nei mooglike oanwizingen en
bij elts signael sykje hâld
slaen wij op ús trefwurdboeken
wer neat
| |
[pagina 167]
| |
(homopathologysk bijgelyks
gycheljend bite de slanke jonges inoar yn 'e rêchbonke)
ja wij sei ik
weinmakkers de konstrukteurs fan altyd noch better
blaudrukken bijhâlde de rjochte ynstelling net to forliezen
sondearje de matearje mei ús koartseftige kathodes
sjogge mistrouwich ûnstean nije transparanten elektrolytysk
yn uterste konsentraesje tsjinje to wurkjen omt
brokkelich kristalstruktueren tekenje har glimmerjend ôf
(glêspest neamd hoewol net bismetlik)
forstienningen tsjinje opslach tobrizele to wurden
de sterke byldhouwer nou bij it sjen fan syn subsidieare obelisken
in geweldigen woede sloech him masterlik
blies út syn noasters pneumatysk masterlik
traech wankeljend giene de âlde foarmen op yn reek
traech wankeljend giene de âlde foarmen op yn walm
de sterke byldhouwer masterlik ja
dit is de tiid fan de nije konsepsje skreau er
en hij gie hinne en bifruchte syn frou
in kunstwurk is in ding dat er forjitten hat stikken to slaen
ik sels ommers (gewoan miedema) ha it ek bisocht dêr bij jimme
se seagen my oankommen de dea yn 't hert
stiennen spjalten dert ik se oanrekke
kommisjes spatten kwetterjend útinoar
nachtspegels gulpten har kostbere ynhâld oer myn oanwizingen
koe net foarsichtiger fordomme ik
| |
[pagina 168]
| |
jawis tinke
as serpentinearjende banderolles rinne de fantasmen út myn brein
groeije prachtige foarmen fantastys
badly in need of some intuition however
nimme alles foar leaf doch moarn de doar wer iepen
stiet der wer san rau teken yn 'e tún
beitelje mar wer
ah witte presys hwat moai is
witte presys hwat wij fijn fine
fotografearje dat wol wer even
ôfdrukke mar wer
ach leave hear ús fontanellen binne sa tichtgroeid
drage in bonkene helm mei wapperjende hierbosk
ach jezus wij sitte sa ticht fan boppen
de mannen dogge dan ek harren útstellen frijbliuwend
de frouwen skiftsje en foarmje foarskriften yn it sân
de ierde is au fond net to bilazerjen
ja ús tunen stean fol likenissen en tekens → bg.
de liken lieken tekens yn har nissen
(surrealisme serebrael rint altyd dea)
17de kouplet:
ja ús tunen stean fol likenissen en tekens
komme alle nachten withwersanne wei
groeije fol moas prachtich grien en glibberich
ôfsliten fan it lange foreale streakjen
oant se inoar op 'en dûr allegear bilykje
witte presys hwat moai is
| |
[pagina 169]
| |
wij witte presys hoet we tinke moatte
ynstruearje ús rekkenmasines om ús harsens to imitearjen
wite mûzen yn in sierlik kronkeljende palmhagedoalhôf
klom my dêr net in hillige mei skeane eagen yn in pilaer
gie der op sitten to glimkjen en seach it hiele hear oer
de wite mûzen forlammen fan skrik ûnder syn noazeljend lûd
spriek (noazeljend siz ik)
bij it lemieren fleach de foarmleaze swan út syn nachtforbliuw
groetsjend de oannimmers bouden de earste struktueren
bouden har wenten op sân heuvels seagen it ljocht
ja seagen de foarmen har ôftekenjen
ré om de earste krêftige libbensweach to ûntfangen ja
sei ik (al wie 't mar)
wer ris hwat oars om
ús to fordjipjen yn lit ús
sjonge de foartiid fan moasige roatsen
sizze de prolooch fan njonkelytsen puodden lit ús sizze
sjogge wij sprakeleas gigantyske krûpende struktueren út ús ûntstean
om bij it bigjin to bigjinnen sil mar sizze
sjoch my nou san pilaerhillige mei syn imaginaire diminsje
hwat stie ús oars to dwaen as syn projeksje oan in bisteande roats to klinken
hij hie him dan ek net oan 'e rigels fan it spul holden
et revenons à nos moutons
en experimentearje frijbliuwend mei ús sterilisearre simboalen
| |
[pagina 170]
| |
godvreesachtig slechts de 173 heren heren ziet
zij strekken hunne wijsvingeren ten hemel
wetende alleen in hunne boeken 173 chotspewijzen
ús hollânsk is ûnskealik genôch
tsjusterens rounom nammers
ja jonges foarlopich is it ôfgryslike skealik foar it netflues
om yn 'e sinne op to sjen
mar wit dit wik ik jim
dat ek jim bylden likegoed trilje fan boarstendefol bitsjutting
dat jim jim mei jim motiven foarmje in lizkaert nemesis
wit ûnmooglik in frijbliuwend spul to spyljen
mar né net fan oannimmen fansels fan neat witte
(wir haben's nicht gewusst)
en stomforheard as se wer in atoombom útfine
(né dan ik stil nou even)
forfetsje wij de krêftige byldhouwer
dyt dageliks de kost joech oan syn mannichfâldige dochdieren
ûndergeande fan forskate dwaendingen de funksje yntegrael
en myriaden foarmen fong er yn syn netfluezen
(de rouningen fan syn dochters groeiden ûnmerkber yn syn hân)
bigoun optlêst syn hûs fan syn mulrift út to bigripen
lêzende de âlde hiëroglyfen út nije eachshoeken
wachte oant de tiid opnij ryp wie
stadich riisden bloednije roatsformaesjes út syn wetters op
priuwe de prachtige moasige craquelure
op 'e moarmerene billen kalipugè
oars as de opfetting fan 'e minor bêta's (ir en ing) dyt
wol graech de hele wrâld yn ûnforgonklike matearje
iens en foaral fêstlein (hawwe woenen)
| |
[pagina 171]
| |
fiele wij ús mear oanlutsen ta it patyn destruksje al wer
noch eart de foarm definityf foun is al trochwurkjend it
libben forneatiging
(dit y f m herforkaveling monuminterestauraesje e.o.)
lodehead lodehead-brooking: no forewonted ladehead
namecall namecall-brooking: no forewonted namecall
yeah man dig it
spattend fan droechte falle chineeske ivoaren útinoar
boekrollen pulverje sulverich ûnder ús fingerseinen
kathedralen fordampe ûnder ús kobaltbommen oaremoarn
blauwe forkalkingen kronkelje ús ûnder it parkeminten fel troch
ús gûlen is om goarre
sjoch jeremias (nou ek al wer dea)
folget de wrakseling fan it stadich biwustwurden
fielde deisk nije sinnestelsels ûnder syn fel forgean
boude himsels in glêzene brêge oer to gean sei er
it bolderjen fan syn laits briek izer mei hannen
hij rôlle de wrâld op yn syn sliepmatte sei er
yn 'e nawle fan myn frou lês ik yin en yang
(1 maert 1963)
|
|