Op 'e literaire toer
(1973)–Hessel Miedema– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 151]
| |
[pagina 153]
| |
(samar in frjemd chineesk byld bygelyks)
yn de nacht dat it griene hart mei syn plomsturt
mei syn flamjende hoeven op 'e roatsen daveret
syn noasters blaupearelmoeren nevels blaze
(in wûnder geroft mar dochs as leaflik erfaren blykber)
en de stim makket him kenber
fannacht is der in jongfamke berne
troch har lûdlippen de stim makke him kenber oo aa
sei: sjochber bigjint de rein yn myn aden to stouwen
swei foar har út ûnderskiedenis yndachtich
en seach forwûndere om har hinne
hja sei hjoed hjir haw ik myn eagen iependien
hja sei ik ha sawn tiden net iepenbierre west
ik ha sawn tiden in neaken bern west
ik ha sawn poppen oan myn jit net boarst hawn
doe binne mij de eagen iepengien d.w.s.
de skruten bin mij fan de foarste eagen fallen
sa sjogge nije famkes
mei fierstento greate eagen yn 'e âld skimer op
seach sûnder reservearjen
né
ja
meastal né
| |
[pagina 154]
| |
myn dochterke is fjirtjin
seit de heit
ik ha myn hân op har lytse stevige kriich lein
ek ha ik mei myn gefoelige hannen hoeden
har jong plichtsbisef roerd.
ik seach de mem oan op dat stuit
en wolle jo wol leauwe engelsma
dat de triennen mij yn 'e eagen skeaten
it is noch san geef kein bern
mar de mem glimket ienlik
hja hat ek in jong famke west
en mei de heit is hja troud
it famke sei:
as ik stean foar de grinsspegel
de blanke fisken dêr't ik yn wenje
teare al har prachtige ploaijen iepen
druk ik myn foarmen dûbel tsjin it koele glês-fierder-net
sjoch ik myn drochbyld yn 'e skimerige eagen
mar myn siken kin ik net ynhâlde
en de spegel swijt en bislacht
jo witte net heal engelsma
seit de heit achter syn sigaer
jo witte net heal hwat in rykdom oft it is
om it opgroeijen mei to meitsjen
en dochs ik siz soms tsjin 'e frou
men moat der net ynkomme
hwat har nochris to wachtsjen stiet
it is mar better dat wij alles net witte
dat siz ik mar
seit engelsma
seit de heit
de mem swijt
| |
[pagina 155]
| |
it wie yn 'e tiid petúl
dat ik myn poppen noch
to drinken joech
doe krige ik in pear nije boarsten
aa seine de poppen
bij it toudounsjen
hwat moatst dêr nou mei?
swijt de mem sit mei har rêstige
heupen op it bankstel rococo
hwat hat hja al net hwat meimeitsje moatten
har heuge alle floeden alle wettersneden
ommers alle springtijen alle weagen heuge har
dreamt har brede skerte nei
oer alle teameleaze tinzen foarmleas
dy't harren einmorenes yn har efterlitten hawwe
swijt de mem en dreamt
út har hat alle libben foarm foun
o ja ik wit it wol
de mem mei har ôfleine hannen har
sit op it bankstel rococo
hja sjocht mei har oare eagen
sjocht yn de bern-foarmen fan har jong
bigjint him ôf to tekenjen in nij bekken
in streamgebiet foar nije springtijen
nije weagen rju wettersneden
sille yn dizze foarm bistjurje
wer in byld ré foar bifruchting
binnen de spegel-fierder-net
seit it famke draei ik it oare links om
fornuverje ik mij oer de kurve fan myn klavikels
en oer de bitsjutting fan de wurden al, tyd
| |
[pagina 156]
| |
hwant ûnkenber
tekenet de taestfoarm him ôf
fornuveret him de byldhouhân
de dijende matearje hat it mal folmakke
dit is bij útstek in froulike saek
sei de mem ik moat mei dy prate. dat wie
doe't har lippen it earste bloed trochlieten
dizze myn dochter is in frou woarn
har skerten bin ré om bifruchte to wurden
har bekkens sille de foarmleaze reinen opfange
de rein sil bistjurje ta majestueuze gletsjers
de foarmen sille traech en sniewyt yn har ûntstean
mar de dochter loek har maillot glêd
en sei foarlopich: ik wol dounseres wurde
as in grien hart mei syn plomsturt sil ik oer de roatsen sweevje
syn noasters sille blau pearelmoeren nevels blaze
en de stim sil him kenber meitsje
doe lei de heit syn sigaer fuort
en sei lit mij mar ris
dochter harkje nei mij
bin de ingels dan forgees fallen?
de keine rebel Michael hat goed laitsjen
hwat hawwe de minsken oan him to tankjen?
mar dou myn dochter hast to kiezen
moatst it sels mar witte sei de heit
silstou de ingels yn har fal heine?
silstou de ljochtbringer yn dyn streamgebieten liede
hwaens namme is lucifer?
silstou ite fan de beam der wiisheit
| |
[pagina 157]
| |
silstou goed fan kwea ûnderskiede
silstou de elohim bilykje?
âlde loebes sei it famke ik hâld fan dij
bin it dan allinnich de ingels
dy't fallen binne
al to mets?
hja skrok der sels fan
swei de mem heas
swei de heit kroep achter syn sigaer
hâlde wij it net fornearre lotswitten binnenskeamers
dit is dan oer de fal fan de minsken
in swier bisef
spriek de heit ienfâldich
wij hiene har hjirfoar sa graech biwarje wold
tongeret de stim fan
ouranos bisocht syn bern der foar wei to stopjen
op syn bar kronos friet se noch leaver op fansels
hat it harren hwat holpen?
en jimme sels dan?
sei it famke forrek nou
dit is oer de fal fan de minsken
lit ús it démoedich bikenne
ik sei de gek ek seit de heit
ik bin ta de wrâld yngien
ik bin weromkommen
doe haw ik myn heit slein
doe haw ik myn mem opnij bifruchte
wy hiene har hjirfoar graech biwarje wold
spriek de heit ienfâldich
glimke de mem wiis
| |
[pagina 158]
| |
de projektearre mannen mei har memmebiningen
hja bisykje altyd wer yn 'e skerte fan 'e frouwen to kringen
hwerom mislearret it? komt hja miene
sûnder har gesicht to forliezen
mei de roede bigjinne to moatten
sadré't hja har fielhoarns opsetten hawwe
sille hja dêrmei de wierskynlik
peilleaze famkesdjipten ôftaeste
tsjin 'e heit sei de dochter
doch mij it jounforhael fan de frou lilith yndertiid
wie har hier dan net prachtich lang winliken?
wie har lichem dan net fan spand stiel?
hwat sei hja dan hwat diene jimme derta?
skodde hja net as in convair ûnder dyn hannen?
of moat ik sizze as in ha ha harley davidson?
wy binne allegear mar minsken
mompelet de heit en fordwynt
fan 'e moarn sei de dochter haw ik
in ûnbidigen grouwen spin
deadrukt kreak
hij swei en tearde al syn
slanke taestskonkjes
ien foar ien ûnder him ticht
in achtfâldich kalligrafearre
svastika
it is eins ek wol skande
oer in wike falle se der allegear ôf
sjoch ús dy't hjoed foar de twade kear berne
it âld fel hinget ús noch oan it efterliif
mar tûzen prachtige nije toarsteagen dy't de dei drinke
en lytse bleekgriene taesttentakels rounom op 'e hûd kwetsber
| |
[pagina 159]
| |
en sjong prachtich ús trochsichtich nij waerm lichem
huverjend ûnder de kâlde eagen fan 'e fékeaplju p.g.
dêrbij tinkt de mem
har eagen bin noch to great
lit ús sei de mem
yn in oar klassyk petear lit ús
de bijen ta foarbyld nimme
ah sjoch de prachtige foarse keninginne tigerbigearlik
om har forkringe har de sierlike mannen keakeljend bûnt
sjitte yn swarmen holderjend ynterplanetair
oant hja fanfara har keninklike skerte
genediglik troch de sterkste winner sterk bifruchtsje lit
now tell me folks
is dat gjin moai byld?
ja, de mannen dy boartlike broedflinters
de holderjende stoumoalmannen mei har brouhaha supersonic
sa is dat nou ienkear hopeloas ynderdaed
hja flaeikje ús altyd wer iepen foar harren ynblazingen
dan stadich fine harren lieten stal yn ús
sjonge hja çiva çiva
bifolkje wij de wrâld mei skulptueren sniewyt moarmer
skatterjend smite de mannen der wer in kobaltbom op
binnen myn holle grinsspegel sei it famke
traech swemme myn fisken har kurves
teare har foarmen núnderjend iepen
mar hja seach ûntset
hoet in lytse facht him ôftekene op har blank fel
| |
[pagina 160]
| |
in nei ûnderen ta wizende trijehoek
in beaken
in teken
hjir moatte alle foarmen trochhinne
sei hja ik haw it altyd wol witten
it bisef sloech as in wjerljocht
yn har optein liif
it famke nou ja hja hat
de funksje fan har glans clitoridis ûntdutsen
oh sei hja foun harsels werom faeijend de panyk noch út har eagen
en forwûndere har bliid oer de rêst yn har fel
de einleaze spegel spatte as in krystbeambal
mar hwa is útforkard myn forbliidzjen bij to wenjen?
sjoch de mem seit strang: ik moat mei dy prate
en de mem praet mei in heal wurd forsteanber
hja praet plechtich foarkearde oanwensten
praet knoeijerij ûnrjochtmjittich
praet de timpel it lichem
bliidleas seit hja
syktme en bidjer
sa wite foarmen spatte traech útinoar
de mem stammerjend hja
berget har eagen efter traljes taboe
hja kôget helpleas huverjende neamwurden
snijt it brea skinkt de thé treastget ek de heit
yn 'e hûs hingje de wurden doomnysfrjemd
ûntrinne de eagen inoar
foarmje de wurden in âld forhael
wurde de foarmen in âld sear forline
| |
[pagina 161]
| |
efter de feilige diggels fan 'e ik-spegel lykwols
dreamt it famke har in lústerjende bloedfreondin
ferget verifiearjende geheim fragen hertstochtlik
de rêch fielt prachtich
knypt pine dan?
kroest it bij dij?
jonges stemme ta gycheljen
lit ús ús swiere klean út litte ús skouders inoar roere lit ús dûke yn it turkoaskleurich wetter altyd simmer mei syn refleksen wij sille ús earnstich konsintrearje de rûge matte fan 'e springplanke sil in lichte kideling towei bringe oan ús fuotsoallen dan lit ús al sweevjende it bekken omheech smite en ús tabitrouwe oan it wetter dat him splinterjend boppe ús sletten hat de minsken knikke ús ta wylst wy horizontael foarbij swemme der is in boaijem dêr't wij ús op ôfsette kinne wij sille net langer hindere wêze fan 'e swiertekrêft toan ús ús hearlike foarmen freondinne lit dyn lichte hân oer myn flank gean en lit mij lytse dingen yn dyn ear lústerje lit ús stadich kanteljende lichems inoar biroere as sierlike sulveren fisken wij dounsje javaensk yn it Ijochtgriene wetter om letter boppe to kommen en it sprankeljende sinneljocht oer ús skouders falle to litten ik sil dij oan 't laitsjen meitsje en dy sêft oer 't hier aeije ik sil uterst iepenstean foar alle tekens dyt ik fan dij opfange kin ek silstou mei dyn lippen tsjin myn skouder slomje dyn soepel lichem sil lytse biwegingen tsjin myn earm meitsje dochs soms dreamt hja apokryf
skrikt de ingels dy't fallen binne om in siele to skaffen oan
de minsken yn it goatyske miniatuerparadys
hja slokke de meagere pânse fol ringenetten
slacht gabriël harren it flamjende eftereach ticht
| |
[pagina 162]
| |
sjogge se út oare eagen de wrâld oan
ûntdien mopperjend ek hwat moais
hwat har der fan heucht de oare moarns
hoar flokte it ûnwennich swijen fan 'e himelske koaren
doe wiet de frou oerstjûr oan de man alle bisûndiging
dêr't ik sa'n wurd om siz hwat hiest der oan noadich
doe rachte de man dronken riek him geweldich út ja
naem kâldgnyskjend hune de frou neaken
op har tekene him trijehoekich it dier ôfgriis ôf
in kroezjende lilithpels ommers in misbrûkteken
hja klaeide har huverjend oan
(forkrongen dit alles fansels ûnderbiwust)
it jonge taboefamke hwat seit hja
rint op strjitte ûntwykt de loaitsen fan
de mannen de broedbijflinters
earen de wurden fan de mem yndachtich
hâldt de earmen krúslings foar har lichem bloedbigearlik
rint om de plassen om de wurden fan 'e brievebistellers hinne
sizze wij har eagen bin noch to great
ûnder har taesthûd sil stadich bihurdzje it chitinepantser fatsoen
myn toarsteagen binne sa great
feestlik drage de sierskonken dit gloednij lichem
drage dit freegjend nij mij nijsgjirrich
(djip forhunkere it langstme fan de lesben de lustmannen)
alles hwat se jin ynjitte swolgje wolle noch
biskermje de eagen de traljes max factor en little X
langjend alle wûnders noch to drinken
nachts as it griene hart mei syn plomsturt mei syn flamjende
hoeven oer de roatsen daveret syn noasters blaze dampen
pearelmoer en de stim makket him kenber purusha stadich
brekke de foarmen út har skyl
(november 1962)
|
|