Al wer in tafaller
de nurse wie in ûnmeugend great hynder fan in frommes, mei rossich hier. nou mar hij sil hjir wol wenne kinne, sei se. wij ha hjir alderhande fijne boeken en moai boartersguod en der bin ek heelsoad oare bern dert er mei boartsje kin (miskien mochten dy bern him wol helendal net lije, se koenen him wol skoppe of sa, of oanspuije)
hwat seiste, diré, sei syn heit wylst er him syn hân tsjin 'e efterholle lei, hwat seiste, sist goed flink wêze en sist ús ekris in bryfke skriuwe?
diré knikte mar. hij doarde net mear fan ja hille to sizzen hwant hij wie bang dat dat der heel raer útkomme soe mei al dy triennen dyt achter syn noas sieten. en dat er dan tonearsten net wer ophâlde koe mei gûlen. syn heit tute him op 't wang, dert er him helendal bij foaroerbûgje moast hwant diré doarde ek net mear op to sjen. doe brocht er mei syn greate hân nochris syn hier goed yn tizen en doe stapte 'r mei de nurse ta de wachtkeamer út.
yn 'e wachtkeamer wie neat to sjen. der hong net iens hwat oan 'e muorre. diré gie net sitten. se soe daelks wol weromkomme, de nurse. se bleau oars noch al even. se brocht syn heit faeks wol oan 'e doar ta om him nei to wuiven. hij miende al hast dat er har werkommen hearde.
hij frege him ôf hwat se dwaen soe as se aenst werom kaem. nout syn heit fuort wie hoefde se har net mear freonlik foar to dwaen (de hoaskens fan folwoeksenen ûnder inoar) it wie mooglik dat se sjesa sizze soe en him bigjinne to narjen. rare troanjes lûke of sa. of him útskelle foar brillejoad. of him stikum knipe.
of miskien die se 'm wol yn 't bad.
in nichtsje fan him naem altyd har glêzen each út 'e holle sadré't se allinnich wienen it wie om it to bistjerren (hwerom? omt men nea wist oft se soms dochs net noch mear freeslike kunsten úthelje koe)