dingen dyt wij togearre bilibbe hienen, ek al fan heel lang lynd
mar né, dat wienen allegear moaije achterôfprakkesaesjes fan mij op it stuit sels tocht ik allinnich mar jezus aenst moat ik it oan syn ouwe mins fortelle, en sels dat tocht ik pas achterôf.
it ouwe mins wennet mei jok yn in húske yn 't sperkhem, san búfrou-húske mei in erker en de sliepkeamers op 'e fordjipping, in túntsje derfoar mei dalia's der yn en in achterom mei stegen tusken swart carbolearre skuttings knip, in jonkje hwat jonger as hij dyt fan 'e oare kant ôf oer it sket hinne sjocht (hij tocht altyd: hoe kin san forrekt lyts jonkje der oerhinne sjen, letter bliek dat er gewoan op in rak klom) en freget bei 'k bij dy boartsje (snottebellen) mem mei atse bij my boartsje (beb bei atse bij by boartsje jok altyd mei syn rare oanwensten, sei 't ouwe mins) it wie in lust hoet dy beide mei inoar oerwei koenen, ê gean wech mins, hwat suden jou der fan wete, sei jok tsjin har mar hij miende 't fordomde goed mei har, ik hè 'n seun út duzend, sei 't ouwe mins, al hoe rûch oft er ek tsjin har útfalle koe aenst kin 'k nei 't sperkhem ta fytse en hwat moat ik dan sizze, der i' hwat met jok je seun het in ongeluk had je mutte nyt skrikke, ja 't ouwe mins sil net skrikke se skrikt har in ûngelok, godfordomme dy rotjonge
wilens in momintopname (1/500 bij 2,8) dy oaren dyt mar nei dat konsoletsje stienen to sjen dat der nou al sûnt de midsieuwen foar neat yn 'e muorre siet en ik dyt jok (bêste kameraed en datsoarte fan ûnsin) as in bondel âld guod nei ûnderen ta sûzen seach doet er op healwei wie bigoun er mei dy nuvere hege sjongtoan to skreauwen mar eart se dat yn 'e rekken hienen en har omkearden wie 't al lang bard it gekste wie dus dat jok oan dat kykkastsje siet to knippen wylst ik de plaetsjes dert ik op foarkaem allegear letter bitinke moast (yn it hok achter harren hûs wy hawwe de broek op 'e knibbels hingjen en hâlde ús stive dingen njonkeninoar