| |
| |
| |
De stêd
in lêste oardiel
it famke maja hie in tydskrift yn 'e hân dêr't se sels op 'e omslach fan stie. se seach nei it antlit mei de forwûndere wynbrauwen, de goed optekene eachshoeken, it ljocht griis tinte hier dat opbolde boppe de plasse. de hals gie noch just yn it bleate skouder oer, ûnderoan dêr't de oantsjuttings fan 'e ynhâld stiene: To Neck Or Not To Neck, en: Mumma Told Us To Be Careful But We Had To Learn The Truth By Ourselves it tydskrift hiet fan HONEY. de foto op it omslach - hja wie it fansels net sels - hij liek perfekt hja hie de selde wynbrauwen har hier wie op 'e selde manier opmakke. hja wie tofreden dat se der sa goed útseach (de advertinsjes liede jin sûnder erch nei it greate magazyn dêr't de stand fan max factor is mei it famke yn 'e ljochtblauwe nylon tunyk dy't jin yn in tel munsteret en mei in lippestift fleanend fluch oanstreket hwat tinten oft men nedich hat der is de kapper dy't foutleas it tipe fêststelt en it hier der nei opmakket)
maja krige in oar tydskrift út it rak it hiet fan INTIMACIES op it omslach stie in oar famke - smeller, dûnkerder - hja seach jin lyk oan, om 'e noasters trille it bigjin fan intimacies men is folslein ôfsteld op dizze finesses men is der yn oplaet troch de makrofotografyske close-ups yn 'e films men hat dêr de minymste fezeltrillingen opmurken en hat dy bliid bifêstige sjoen yn 'e wurklikheit. maja wist net hokker fan 'e twa blêdden oft se keapje soe. se boarte mei it idé om de omslach fan 'e bloune yn har keamer op to hingjen mar it oare stiene soms lêsbere artikels yn Solitary Pleasure Is It Dangerous? it ûnderwerp koe har net folle skele mar der waerden détails jown dy't hja plesierich foun om to lêzen (der forspriedt him stadich in licht tinteljend langstme hja teste dat út op it kommersjeel laboratorium it wol nou en dan bifredige wurde oars lit it in fage hinderlike
| |
| |
spanning nei dy't lang hingjen bliuwt) I Was A Healthy Woman How Could She Make Love To Me? maja hie der in hekel oan om kieze to moatten. it wie drok yn 'e winkel en tige Ijocht. hja tikke mei har knibbel tsjin 'e toanbank oan op 'e eftergroun wie muzyk fan dave brubeck. hja sette sûnder fierder to tinken ien fan 'e beide tydskriften werom en rekkene ôf.
bûten wiene alle Ijochten al op, hoewol 't de loft noch mear blau as donker wie. de strjitte wie smel en ûnbistimd feestlik fol lyts leven der wie gjin forkear men rint der mank it skufeljen fan tûzenen fuotten op it asfalt en de oare lytse fuotgongerslûden
lofts en rjochts wienen de romme etalaezjes de portiken wienen breed en giene ûngemurken fan 'e strjitte yn 'e winkel oer, fan 'e etalaezjes yn 'e forkeapôfdielingen, mei lokjende attributen hast allegear oan 'e jeugd wijd, âlde koperene trompetten en jugendstilaffiches, heal-antike kraften op guéridons it fage langstme komt stadich werom (Doch Jou Eigen Kar) it jowt in lichte plesierige spanning men wit dat it op slach to bifredigjen is (Is It Dangerous?) de artikels yn HONEY binne gerêststellend (advys fan it kommersjeel laboratorium: soargje der foar dat se krekt net genôch krije hja moatte altyd yn in folgjend nûmer mear sykje)
maja moast nammers noch in pear hoazzen hawwe. de forkeapster bûgde har even oer de toanbank en socht de kleur út it hie mei de dikte fan 'e ankels to krijen
yn de strjitte roun de jonge reggie dy't noch net wist hwat er fannacht dwaen soe en dy't even sêft floite doe't er maja rinnen seach hja dangele bij de etalaezjes lâns mei in tydskrift yn in netsje en fordwoun yn in espresso-bar. se is goed, tocht reggie, se is forrekte goed. hij bidoelde dêrmei it gefoel dat him op syn ljisken lei as er har seach. hij gie yn 'e bar dêr't se foar 't rút siet (de hast net trochskinende swarte hoazzen litte de foarmen fan 'e skonken slanker en dúdliker útkomme de knibbels en de petticoats wienen deun efter it
| |
| |
glês dat nei ûnderen ta trochroun) reggie naem syn kofje en skoude op in kruk njonken maja. ha mona lisa, sei er. lykje ik op mona lisa? ja. se liek wier op mona lisa it kaem fan 'e lêste make-up-advertinsjes
hwat dochstou joun? frege reggie. se seach nei de minsken dy't stadich en ûntofreden oer it trottoir skufelen. neat, sei se, ik wit net. reggie wie in kreaze jonge maja forliek him mei in italiaen hij hie in lyts litteken op 'e foarholle syn lippen wiene fochtich en ûnfêst hij hie altyd kaugom as er syn minachting earne oer blike litte woe blies er in greate bel dy't mei in knal yn lubberjende fluezen om syn mûle foel. faeks freget er my joun om mei nei syn keamer ta, tocht maja hij treau syn hân yn har earmsholte. hast al iten?
né, sei maja, ik yt noait thús
thús is oerdeis nei it wurk, nachts libbet men yn 'e stêd dy't smûk is en dêr't men jin oerjaen kin. thús is op in tram en oerstappe troch lyksoartige flatblokken beltsjeblomstrjitte goudtsjeblomstrjitte skjippeblomstrjitte hynsteblomstrjitte men moat de haltes telle it is mei ien fan 'e liften fjouwerheech achter ien fan 'e doarren rûkt it nei koal it is dêr dat de âlden wenje men yt der net men hat der allinnich in bêd stean op ien fan 'e keamers men bitellet der hier foar oan de mem dy't mopperjend hoastet
thús sitte de âlden der is soms even in falske glâns yn har eagen se bigjinne ûnfoech to gycheljen en biweare dat se ek jong west hawwe wilens loere se hoe't de bern it opnimme. men bisjocht huverjend de foto's yn 'e âld skuondoaze dêr't hja plechtich stoarjend posearje - it foarmleaze fleis ynriigd yn bleinen en bretels - en men tinkt jim droegen de kimen doe al mei it skynde ta jim eagen út
de âlden hja mienden dat hja jong wiene hja liigden en preekten hja bihearden oerseeske gebieten en bisochten har wei to stopjen efter figeblêdden en ûnder hege huodden en yn grauwe pijen en baeijen ûnderbroeken en efter teak- | |
| |
houten foardoarren mei nammebuordtsjes. hja hiene fatsoen it bitsjutte net skine litte as men pine yn 't liif hie. de earme âlden hja kronkelen doe al fan 'e pine yn 't liif hja waerden toskuord fan helske krampen mar hja stoarren plechtich nei de fotograef dy't sei efkes laitsje jongehear. nou sitte se thús en hoeve net mear to simulearjen se krôkje en snuve en loere ôfgunstich en mistrouwich hoe't de bern it der ôfbringe. de kimen fan eartiids binne al lang omslein ta folwoeksene krupsjes de wittenskip hat amper in serum útfoun foar de iene dan opponearret him al wer in oarenien, resistint en forneatigjend, de pest de pokken de tarring de kanker de rimmatyk de nammen wurde forfongen troch minder forskriklike dy't oer in jier al wer forfongen wurde moatte troch wer minder forskriklike de advertinsjes sjonge fuort mei de pine, keapje Rad-o-vit, drink San-o-myt, yt Hy-po-kryt, mar de soarchfâldich forburgen kimen binne net mear to stuitsjen de dokters stean machteleas en sizze jimme dogge 't jimsels oan it is psychosomatysk sizze se en se stjûre jin troch nei de psychosomatologen dy't pinfiskje en jin rare dingen bisykje to suggerearjen en jin hypnotisearje krekt as de gûchelders op it toaniel mar mei dat alles hat men der twa nije kwalen bij en de dokters lûke diskreet oan 'e skouders en keare har suchtsjend ôf wylst de deabidders en de sounbidders as swarte fûgels om jin hinne komme to sitten en men kin allinnich mar mear tinke jezus hwat moat der fan de bern torjochte komme
reggie fielde in biskate ûnrêst dy't tanaem. de sterke grienswarte kofje brocht in lichte nerveuze hertklopping towei dy't net wike woe. ik ha in frou nedich, tocht er, myn bloed hat dat nedich it wol ûntspand wêze it is funksjoniel
se ieten in cheeseburgher yn pyty's drugstore dêr't de jukebox earfordôvjend rockte foar harren stiene twa manlju mei stive wite mûtsen op steaks to bakken
maja dronk in cola. hja sykhelle yn 'e waermens en it ge- | |
| |
weldige rûzemoezjen it ritme fan 'e jukebox, alles tagelyk, de eagen stoarjend sûnder dat hja hwat seach, allinnich rockte har knibbel justjes mei. se is forrekte goed, tocht reggie. hij seach nei har boarst dy't in prachtige foarm hie, de toppen drukten har dúdlik yn 'e stof fan 'e trui (Why Shouldn't You Have That Eager Look lústerje de advertinsjes diskreet it kommersjeel laboratorium wit feilleas hwat langstmen oft hja bij jin oproppe de forkeapsters binne fan to foaren op 'e hichte brocht hja hiene jin al forwachte en toane de nijste modellen petite indiscrétion ûnwjersteanber mei de wittenskiplik konstruearre Eager Maiden Cup)
hwer sille wij hinne strak? sei reggie. hij wie tige foreale. o, ik wit noch net. gewoan. hja glimke even omt er mei syn kaugom en mei syn lippen siet to boartsjen hij wie noch jong (de âlden binne thús hja binne der net)
se ieten in poarsje iis yn ien fan 'e oerfolle salons dêr't maja graech wêze mocht omt der allegear lju ticht opinoar stiene in geweldigen energy heapet him op en dielt him oan jin mei de gesichten binne fuort bij hja roppe en laitsje de lichems bringe har biwegingen op inoar oer. reggie seach earnstich yn har eagen doe't se togearre fan ien iiskegel slikken mei it lêste restsje sobben hja op inoars tonge. hij fielde har bûkspieren biwegen
hij sloech syn earm om har mul en wylst se har skouder yn syn side treau skouden se wer yn 'e minskestream dy't sûnder hâld syn lytse feestlike slifferlûden makke. it wie ien fan 'e strjitten dêr't de bioskopen op plakken fuort opinoar stiene de djippe halls mei reade tapiten kamen op 'e strjitte út, de poi ûntbriek en wie forfongen troch in glêzen flues. brede treppens forlearen har yn it yngewant fan 'e fordjippingen dy't om 'e seal hinne kronkelen, in enoarme kûpe ringsom biset mei balkons de boppeste net djipper as twa rigen, de rigen fier boppe inoar mei ynleine sketten as men der oerhinne line seach men de lju in pear meter ûnder jin sitten. dizze film hie in minne resinsje, sei maja. reggy kôge
| |
| |
en sei: frânsk is altyd goed
it ljocht gie ûnmerkber stadich út, de bylden forskynden, de seal joech him suchtsjend oer. maja sakke hwat ûnderút en flaeike har noflik doe't reggie syn earm om har hinne lei (yn de laboratoria wurde de eksperiminten ôfsletten der is gjin skoft mear de reklames wurde ûnder de films troch projektearre, in wurd, in ienfâldich byld dat ien kear flitst men fornimt it net men libbet yn it forhael dat him ôfspilet de advertinsjes bliuwe ûnbiwust hingjen en projektearje har letter op it stuit dat it fan pas komt, in lytse skok, ik moat noch Per-o-lux Oanskaffe (hwerom tink ik: oanskaffe?) it Biedt Unsichtbere Biskerming ûntsachlik forgreate waerd it biweegjende oerflak fan 'e haedrolspylster projektearre, men seach it libben yn 'e ieren pulsearjen út 24 speakers kaem it lûd stereofonysk it ear paste him oan, it brein ûnderskaette film en wurklikheit net mear. maja har lippen wykten even, hja sykhelle djip en rêstich, mei in koarte biweging liet se reggie syn hân ta (in sinthetyske dream winliken de dingen komme jin oer bûten jins wil om, yn oardel ûre wurde tûzen minsken frijbliuwend nei de selde klimaks ta fierd yn in oanienskeakeling fan close-ups) ek wiene der oare lûden elektronysk foarme sommige bûten de gehoargrins dy't dochs har ynfloed hiene. in each, tûzenfâldich forgreate, de pupil waerd nauwer, dan wider. maja wist út erfaring hwat it bitsjutte it dielde him reflektoarysk oan har mei hja line tsjin reggie oan har lichem biweegde stadich it streakjen fan syn hân wie net skerp to ûnderskieden fan it barren yn de film kaem it sêfte stoanjen út har eigen kiel of waerd it fan 'e 24 lûdsprekkers ta de seal yn lústere? doe't it ljocht op gie skufelen se ûntdien en swijend bij de keale eftertreppens ôf, dy't útkaem yn in stege
de stêd leit gûlend oan har wounen to slikjen hja hawwe
| |
| |
har grêften dempt hja hawwe gapjende boulevards troch har ghetto's slein, har huzen binne forkrotte en forfongen troch kazernes dy't forpaupere wiene ear't de forwaerming funksjonearre. har vitale organen binne weinommen en forfongen troch in kunstmjittich forwaerme plastic hert dat fan city hjit. it jowt gjin libben it sûcht it restearjende libben út de oare parten wei. bûten de city binne de huzen útbrutsen foar garaezjes, kantoaren, bidriuwen dy't stadich trochwoekerje, de neistlizzende huzen ynfektearje, de tunen folbouwe en ûnmerkber it hiele blok forkankerje oant op ûnforwachte plakken gatten falle en de syktme skamteleas nei bûten ta groeit
de frachtweinen hawwe de strjitfluorring yn in s-foarm forwrongen en optlêst alhiel omploegd de gatten binne hjir en dêr mei asfalt folgetten mar mei de tsjintwurdige krapte oan wurkkrêften is it net bij to hâlden. de takomst sit nammers yn 'e yndustrywiken, de spesialisten hawwe de âlde stêd ûnrindabel gebiet forklearre der bigjint him in grien waes ôf to tekenjen op 'e stiennen en even letter sjitte brânnettels en wylde gerzen op yn 'e goaten en forstopje de rioelen, beamwoartels brekke de trottoirtegels en foarmje kronkeljende richels dêr't maitiids in inkelde giele blom út opsjit. de forrotte daksgoaten spuije machtige wetterfallen bij de muorren lâns dy't griene paraboloïde flakken fortoane, en skuorren as swarte bliksems de founeminten spiele fuort der falle forriederlike gatten yn 'e fluorring
de bifolking wennet hjir net, hja wenje yn 'e âlde bûtenstêd, yn grauwe buerten dy't rurale nammen drage: it doarp, de tunen, de huzen, it eilân. ek wenje hja yn 'e skiere bûtenfjilden, dêr't spotske nammen foar ynboargere binne: bethlehem, de kongo. oerdeis wurde hja yn bussen nei de fabriken ta brocht dêr't hja heale dagen wurkje en sneons en sneins frij, it is mooglik mei 't de measte bidriuwen folautomatysk wurkje. der is mei de oerfloed oan frije tiid in geweldich probleem ûntstien dat troch spesialisten oplost wurde
| |
| |
moast. hja hawwe yn 'e steatslaboratoria tsien jier op folle krêft proeven nommen dêr't de resultaten fan nou mei sukses tapast wurde der wurde via 300 observaesjeposten dageliks statistiken fan makke hwer't it folk forlet fan hat, de iepenbiere rekreaesje rjochtet him dêrnei, de organisaesje is prachtich, binnen in wike wurdt yn elts nij konstatearre bihoef forsjoen. ek wurde der troch de kommersjele televisy nije bihoeften makke, der wurde bylden útstjûrd sa koart dat it publyk se net opmerkt mar de oare deis is de omset fan in biskaet produkt fordûbele ek wurde der ûnmerkbere details yn 'e teksten ynfoege, it langstme krûpt yn de minsken op hja lûke mei hûnderttûzenen nei dêr't hja wêze moatte, de oare deis wurdt de stêd ûntdien fan trije treinen mei ôfeart
wol binne der de lêste tiden forûntrêstende forskynsels binammen yn 'e âlde binnenstêd dy't soms ynienen oerstreamd is fan giele nozems op bromfytsen hja hawwe der swart learen tassen op mei franje en nikkelen spikerdoppen, op oare dagen is it in swarm swarte adolescinten op scooters dy't in antenne drage mei in plomsturt der oan, hja drage koarte learzens en forkrêftsje famkes yn kloften fan tweintich mar nimmen wit hwer't se wei komme de polysje chargearret nou en dan krêftich, de liken wurde nea idintifisearre hja hearre nearne thús it is simptomatysk foar it wrâldbifolkingsoerskot
net fier ôf wie in lyts cabaret dêr't hwat se harren ploech neamden meastal dounse. de forneamde niki protopapas fierde der har stripteasenûmer op. har foto's mei plakbantsjes der oer hongen njonken de yngong yn vitryntsjes. in combo sette de lytse rûmte ûnder druk fol mei oerlûde latin-american muzyk it wie der sa fol lûd dat de biwegingen der trager troch waerden as moast men in wjerstân forsette it wie in lyts djipsé-akwarium, rea en grien forljochte mei trage horizontale reekslierten, mei in miniatuer garderobe en in minia- | |
| |
tuer dounsflier der wiene lju fan harren ploech, maja loek de ûnderlippe hwat foarút as hja andere op harren grappen hja kroep tsjin reggie oan op 'e dounsflier
der wiene twa combo's dy't inoar ôfwikselen de geweldich lûde muzyk makket jin oan 't dounsjen der is frijwol gjin rûmte sadat de biwegingen ynholden binne mar dêrtroch desto yntinser de knibbels wurde tusken inoar yn set, in stadige opwining it kin ûren oanhâlde
in lange fint mei in mankelike snor skodholle meigeand doe't er bij harren wie (hij hjit fan carlos) né maja, sei er. hwat net, sei maja. se stiek de ûnderlippe hwat foarút. net dyn genre, sei carlos sêft. shit, sei reggy en blies in greate kaugombel yn carlos syn rjochting. ummm, sei carlos sêft. maja lei de earm om reggie syn nekke. se fielde al syn soepele biwegingen. ik wol hjir net wer wei, tocht hja. syn ear wie fuort bij har eagen se seach de poaryen en de kronkeljende wulvingen fan 'e skulp
se sieten oan taffeltsjes oan twa kanten fan 'e flier. maja dounse ek mei oare jonges fan 'e ploech se hienen allegear jongesnammen. de indo walter wie soepel en sterk syn eagen wienen pearsich swart. walter hie it, cheek to cheek hja fielde him trochkringen yn har, skerper en krudiger as bij de oaren. mar doe't se wer sieten lake se. hij hat in neef yn 't frjemdelingelegioen, sei se. nou walter? gjin minske leaude de forhalen dy't er nou en dan fortelde. stik, sei er
hwat docht carlos dochs? carlos? skriuwt. hwat skriuwt er? in roman. carlos skriuwt in roman, sei walter. hij hat noch gjin plot, mar hij hat al in haedpersoan. it wurdt in switser, dy't fan charles tell hjit. maja lake mei. fordomd as 't net wier is, sei walter, hij hat al kontakt opnommen mei girodias
oan in lyts taffeltsje foaroan seagen hja nei de oare dounsers en dronken in long drink. soms waerd der even net dounse der wie it nûmer fan niki protopapas dy't in wurkstudinte wie hja neamde it in yntellektuele strip-tease hja
| |
| |
spile nammers op in stel studinten fan har kunde dy't lûd applaudissearren en har hoazzen útlûke mochten hja hie har alhiel ynsmard mei in dûnkere pancake sadat de tepels net fan kleur forskilden mei de rest fan 'e hûd hja hold dêrtroch eat anonyms of better eat irréiels, in prachtige libbene pop maja seach hoe't reggie syn kaugom mei de tonge tusken de lippen troch treau har eachlidden wiene hwat opsetten der wie in stadige laits om har mûlshoeken. ik gean strak mei nei syn keamer ta, tocht se. ik gean hjir noait wer wei. ik jow strak mei reggie in exhibition op 'e dounsflier
tusken de taffeltsjes troch roun in frou dy't krantsjes forkocht hja hie swarte klean oan en in lufelhoed mei in poarper lint hja hearde bij in godtsjinstige sekte der wie in kille gloede yn har eagen. de minsken waerden hwat ûnnoflik
hja joegen har in dûbeltsje en gnysken forlegen en tomûk as hja wer fuort wie har soarte kaem yn alle nachtklubs, forkocht mei in ynsolinte biskiedenens krantsjes en saeide rounom in licht ûnbihagen
de direksje ûntgie dat net, op in bihearske wink fan 'e leader foel ien fan 'e combo's yn mei in chachacha de dounsflier streamde wer fol. maja gie stean en plukte even oan har broekje dat fêstklibbe siet. se is forrekte goed, tocht reggie. hij hold it byld fan 'e dof glânzjende brune pop (in lytse wite slip glied om har skonken nei ûnderen) sa lang mooglik fêst wylst er maja har boarsten tsjin syn mulrif fielde. ik freegje strak oft se mei nei myn keamer ta giet, tocht er
carlos flirtte mankelyk mei in frou dy't to lûd lake har rimpels kurven djip yn har pancake mei de pearelmoeren lipstick hja hie opwinende swarte famkeshoazzen oan mar har hannen wiene oh lilk as fûgelkloeren mei lange robbelige bloeddronkene neils en fierstento âld (net nei hûs ta der noch bij hearre) dat wie koart foardat reggie ôfrekkene
| |
| |
hwer sille wy hinne? frege reggie doe't se wer op strjitte stiene. maja kroep him oan en huvere se hie in hekel oan kiezen. giest mei nei myn keamer ta? sei reggie. it slagge him om syn lûd net oerslaen to litten it kaem der moai sêft en in bytsje heas út. se foege har maklik ûnder syn earm (noch ear't er it bisefte hie it him oan syn slachte meidield) en bigoun mei him to rinnen. it langstme nei inoar wie nou uterst sterk, in tinteljende têddens yn 'e bûkholte alle biwegingen fan de lichems wiene troch de klean hinne to fielen
se rounen troch in wyk fan 'e âlde bûtenstêd mei dûnkerpearse huzen en izeren balkons dy't oan lange ienfoarmige strjitten stiene (útstoarn), nou en dan trochkrúst troch boulevards, dempte grêften, sa breed as pleinen ûnbidich en desolaet iepenlizzend sûnder it deistige spitsûreforkear
de jonge reggie en it famke maja. hja núnderen in wyske dêr't se op dounse hienen en stapten om en om op 'e twade en de trêdde tegel nou en dan wie der in synkopyske put. de biwegingen fan har side leinen klopjend yn syn hân
yn ien fan 'e binnenstrjitten wie it tal fuotgongers amper minder as oerdeis de minsken rounen allegear deselde kant op as sijen, it doel bliek ien fan 'e pleinen to wêzen dêr't ien fan 'e langer ûntelbere religieuze gearkomsten hâlden waerd de boargers kamen binammen op 'e sounbidders ôf dy't gauris yn aksje wiene hja follen greate pleinen yn 'e hope dat hja fan harren slepende kwalen genêzen wurde soene sûnder folle hope nammers der wie net folle extase hja lieten har leaver ûnmerkber en masse hypnotisearje mei community-singing en ûneinich herhelle ynkantaesjes ek de prekers makken tankber brûk fan 'e resultaten fan it kommersjeel laboratorium
yn 'e midden fan it plein, op in troch skynwerpers hel forljochte podium, praette in man yn in frjemde tael. de preek gie oer it lêste oardiel, dat neffens heelsoad op kommen stie, en waerd sin foar sin fuortdaelks oerset troch in tolk
| |
| |
dy't mear foardracht hie as de evangelist sels it hearde as in wûndere rûzjeeftige dialooch. it lûd skalde út 24 lûdsprekkers metalich forfoarme en kreakjend oer it hiele plein dat him om it fel forljochte podium hinne útstriek en dat al fol wie fan in greate mannichte. sommige groepen ljochten op yn 'e skynwerpers der wiene groepen fan forskate sekten yn unifoarmen, kloften út oare wiken en yn swart klaeide bûtenlju yn bussen oanfierd der stiigde in lykmjittich holderjen út op, hjir en dêr klonken flarden psalmen fan skrille wolwollende frouljuskoarkes, dit alles bijinoar hâlden troch de polemisearjende lûdsprekkers. de mannichten weagen yn forskate rjochtingen út 'e sydstrjitten wei der wiene bleke famkes bij yn klassen ûnder lieding fan fladderjende nonnen mei de hannen ûnder de rokken. in rige krepelen en blinen, om en om, stoatele hoeden troch de mannichte. de achterste rekke syn foarman kwyt en siet kleijend op in stoepe rounom sprongen lammen en ienskonken op hege spuonnene krukken om, bern treauwen ynvalideweinen mei bizarre rompen der yn, de koppen rôljend oer de skouders, sommigen mei in spegel op it boarst om foarút sjen to kinnen. it ljocht fan 'e skynwerpers liet de eachkassen swart de lûdsprekkers sketteren en floiten, de dialooch kaem net alhiel synchroon troch. ien lûdsprekker bijoech it even, doe kaem der bij forsin it nasale lûd fan in muezzin út, ek oare lûdsprekkers wegeren tsjinst of joegen it roppen fan lamaïstyske muontsen ôf
maja loek reggie mei troch in ploech preuveljende hamiten mei doeken om 'e holle dy't ynienen plat foaroer op 'e strjitte lizzen giene it plein bigoun nou sa fol to reitsjen dat de weaging stjurre. de mannichten stiene boarst oan rêch parst en allinnich it geweldich gekring oan 'e yngongen makke dat der nou en dan in lytse opskouwing to fornimmen wie. ringsom klatteren minsken tsjin 'e huzen op hja stiene yn 'e finsterbanken en loeken har op oan 'e smelle izerene balkons. de polysjemannen dy't oant nou ta net ta aksje kommen
| |
| |
wiene, bisochten om de geweldige oandrang fan bûten ôf to stuitsjen se brieken de stiennen út 'e bistrjutting en smieten koarte dwerse barrikades op as weachbrekkers tsjin 'e sûnder lins oanbûtsjende mannichten dy't nou yn it sân strampelen der waerden ek forskate ûnder 'e foet roun, it waerd net opmurken omt se net oars oanfielden as it sân
reggie wraksele him troch in trijdûbele haech fan giel sidene muontsepijen hinne om bij maja to kommen dy't in ein fierderop stie to sjen hij bigearde har fûl hja wie prachtich, har uterst wide rôk tilde even op yn 'e wyn en liet de kleurde petticoats sjen. rjochts fan har giselen trije derwischen as toppen om en om maja har eagen glinsteren ekstatysk hja roun derhinne en makke in pirouette earne fuortbij bigoun in sirene to janken de boargermilysje wie tige warber en hâldde alle wiken nachtlike oefeningen der wie al oanfrege om de hiele bifolking ta sokke oefeningen to forplichtsjen mar it wie foarearst wegere omt it steatslaboratorium bang wie dat der ûntofredenheit út wei komme soe
de evangelist, dy't njonkelytsen de measte lûdsprekkers wer yn 'e macht krigen hie, waerd nou oerraesd fan 'e sirene dy't lykwols fuort dêrop galmjend útstoar. de man makke al ymprovisearjend op slach brûk fan 'e situaesje de tolk gûlde syn oersettingen it folk wie wer rêstich wurden de dialooch waerd forfette. reggie foun maja midden yn in groep mannen mei koarte kroesburden en tulbands hja sloegen de earmen om inoar hinne en omklammen inoar krampeftich. yn dy hâlding wurken se har nei de bûtenkant fan it plein dêr't se troch de polysjemannen trochlitten waerden. efter harren galmen de lûdsprekkers troch. bruòrren, hàrkje dochs nei de bazúnen dy't ús lèste dèi óánkundigje (omm omm rôp in oare lûdsprekker, omm mani padme humm)
it forhael och ja fan twa bern yn in wrâld fan minsken dy't noch miene dat der in lêste oardiel mei bazunen foar harren opfierd wurde sil se witte net dat de goeden al lang yn alle
| |
| |
stiltme oan 't fordwinen binne it kin noch ieuwen oanhâlde, tsieners en twennen de krupsjes sille har hwat langer hwat earder iepenbierje de lêste forskronfele liven sille blaffend yn har hoalen weikrûpe
reggie slokte en swei doe't er oer maja har satinige hûd taestte (niki protopapas dofbrún glânzjend) hja huvere, hwat wie dy jonge ûnhandich. se seach de derwischen op it plein noch foar har. carlos hie wol hwat fan in derwisch se soe it tsjin him sizze moarn
(maeije 1962) |
|