neijer oerien to kommen faeks keapet sao paolo aenst in dûbelde doar fan mij mykeensk of kretensysk undoubtedly genuine chryselefantine mei oerspande slangefamkes dy't harren boarsten foar har út drage in dounsjende potnia thèroon yn lange kegelrokken mei ruches in bytsje fin de siècle fansels mar lit ús inoar goed bigripe ik kom hjir út suver minsklike en ierdske of wrâldske hannelsoerwegingen as jo tinke dat myn hjirneimels hjir net bûten hâlden wurde kin giet de transaksje ienfâldich oer.
lykwols frieten der lytse fragen. soe it wier wêze fan dy sweveldampen? ek seach er nou en dan in geweldige greate fjûrspuijende drakekop foar him (papier maché carnaval) de helske breugel. o né, bosch, ek sa'n flaming.
duvallois rookte in goede sigaer. de waerme opwining hie him lichtsjes op syn mulrift deljown. hij seach tofreden nei it kanteljende lânskip.
(sûgden der goede foarnimmens oan jins fuotsoallen?)
de doarren wiene enoarm en ôfsichtlik neogothysk. de bigelieder glimke ûntskuldigjend (traech trochfilterjend ûnbihaeglikheden dochs wol)
mon cher monsieur, men moat dochs bij de tiid bliuwe. wij hawwe noch hope hawn op 'e jugendstil mar dy wie bij neijer ynsjen dochs hwat swiet. it greate wachtsjen is op salvador dali, hij wurket der al oan haw ik heard it wurdt prachtich goudsmeiwurk, genre smakkende lipkes yn robyn en fallusfonteintsjes dy't har oprjochtsje en wer foaroerbûgje, in great master, dali.
duvallois wie forstuivere. mar sim rillim, bisocht er. ah, sei de bigelieder, ja ja, prachtige brûnzene liuwekoppen, woest gnauwende nei de gasten it heucht mij goed. mar forâldere. yn smoltene tastân troch de greate konstantyn opswolge.
en konstantyn? frege duvallois hastich. ivoar, sei de bigelieder, fornield troch de ikonoklasten, achtste ieu. hja binne fuortdaelk forfongen, dat wie byzantynsk, émaillearre goud, tige wittenskiplik tritsen mei prefiguraesjes of wienen dat