Op 'e literaire toer
(1973)–Hessel Miedema– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 100]
| |
De sémearminhoe libje sémearminnen eins? heukerje se bij de steile roatsige eilantsjes om, omklamje se bibberjend de stiennen, bisykje se har op to lûken om oan it bitende séwetter to ûntkommen, mar reitsje nea los fan 'e sturt dy't, traech swemmend, ûnforbidlik oan syn elemint boun is? in nachtlik polifoan jammerjen, fatael fascinearjend foar de sélju? mar kom, sémearminnen eigenje har better ta agreabeler fantasijen. fêst stiet dat se longen hawwe, lykas walfisken, lit ús sizze: dolfinen, mei de sémearminnen de meast yntelliginte fan 'e wêzens dy't de sé bifolkje. it lit him tinke dat dy beide gauris bij inoar sjoen wurde, lykas nammers biwiisd wurdt troch âlde ticheltsjes. ús foarfaers, dy't greate séfarders wienen, binne yn dizzen as in wichtige boarne to biskôgjen. it moat in wûnder skouspul wêze yn 'e folle sé, de skimen fan in groep fisk-eftige, heal-fiskeftige foarmen, yn biweging hâlden troch in ûnneispeurber minsklik forstân, boartsjend, stoeijend, jongen fuorjend. nou en dan barst de energy troch it oerflak en springt in liif prachtich spand boppe it wetter út, stiet ien sekûnde glinsterjend yn it moanneljocht en dûkt werom yn it wetter dat him skomjend slút. sa moat it dan de bimanning fan 'e frachtboat de frou jabikje ek gien wêze, in joun yn ein septimber, farrend mei ûngeregeld guod yn 'e adriatyske sé. de earste stjûrman hat se ûntdutsen en der de kaptein bij helle, mar de boat wie lyts en rillik gau stie de hiele crew fan acht man to sjen nei dy iezing fan nuveraerdige wêzens, der wiene yndie dolfinen bij, ja de stjûrman hie se earst allegear foar dolfinen forsliten, om pas njonkelytsen forbjustere to stoarjen nei it opspringen fan hwat him foardie as blanke frouljusliven dy't in amerij stil lieken to stean en frijwol fuortdaelk dêrop de twifel neilieten mei't in swiere, dûnkere sturt plonzgjend yn it wetter fordwoun. langer as in part fan in tel wie | |
[pagina 101]
| |
it net to sjen, de rest wie oliifbrune skimen yn it ûnrêstige, heldergriene wetter, in snút, in sturtpunt somtiden. wie de rest forbylding? fantasearren de jonges it optlêst mar, dat se se útinoar koene? ek de stjûrman miende forskil to sjen yn 'e kleur fan it hier, miende optlêst kliene jongefamkesboarstsjes to ûnderskieden, foarse matroneskouders en âldewiveknoken. mannen ek? mannen net; it is bikend dat sémearmannen tige seldsum binne, as hja tominsten bisteane. men kin fan tinken hawwe hwat der yn 'e mannen omgie bij dit skouspul. wij moatte bitinke dat der, oars as de term ‘wylde feart’ tinke litte soe, net folle fordivedaesje wie op 'e frou jabikje. ek hienen hja, wierskynlik binammen út cartoons, har in fage fleurige foarstelling makke oangeande it wêzen fan sémearminnen. hoe dan ek, hja skine ien fan 'e oannimliksten útsocht to hawwen en dy ha se fongen. nou wit ik like goed as de lêzer dat der sûnt 1403 nea in sémearmin fongen is, en dat wie dan noch in oanspieldenien dy't wierskynlik healdea west hat en dêr't net folle oer bikend is. ek is it sûnt net allinnich strang forbean, mar ek amper mooglik om ien to fangen, sjoen de krêft fan 'e geweldige sturt dy't it tsjin in bêste stoommasine opnimme kin. hoe en hwat, ik wit it net, faeks dat ien fan 'e maten earder cowboy west hie en ôfgryslike bêst mei de lasso oerwei koe, mar it feit leit der dat op dy joun in fris en sterk exemplaer op it foardek fan 'e frou jabikje lei. hja sloech geweldich mei de sturt, mar, hoewol't it jongmaetsje der in kniesd ankel fan oproun, hja hie fansels gjin skyn fan kâns om fuort to kommen en lei ridlik gau strang knevele op 'e houtene flier. de fryske lêzers dy't nou de bril fêster op 'e noas sette om fol forûntweardiging to lêzen hwat de manskippen mei harren earme finzene útheefden komme, it muoit mij tige, like bidragen út as dy manskippen sels. hwant it falt fansels wol raer ôf om in sémearmin, fêstboun en wol, oan jins fuotten | |
[pagina 102]
| |
to hawwen nei't men se earst mei de dolfinen yn 'e sé boartsjen sjoen hat. wis, dizze, dy't se antonia neamden, wie op himsels in moai exemplaer. it boppeliif wie dat fan in famke fan sechtjin, sawntjin jierGa naar voetnoot1), hoewol't it troanje wol hwat tige ûnkultivearre wie, en de mûle, mei dûbele rigen puntige tosken, net allinnich in fikse hearring mar ek in manljusstrôt wol oan liek to kinnen. mar binammen it hier, ûnder wetter grif prachtich waeijerjend en trochspield mei gifgriene algen, lei har as in stjonkende dweil om 'e holle. en de rêch falt fansels och sa ôf, in fuortsetting fan 'e sturt, mei sels in rêchfin, dêr't pas de skouderblêdden harren wer minsklik út foardogge, en it moat sein wurde dat antonia prachtige skouders hie. de toloarstelde lêzer dy't nou noch folhâldt sizzende dat in séman dochs wol hwat wend is moat ik oanriede in encyclopaedy op to slaen (net de fryske mar der binne oare) en op to sykjen hwat in cloaca is. it lit him tinke dat binammen foar de skipsdokter it gefal tige nijsgjirrich wie, hoewol't er him der fansels wol foar hoede hat om oantekeningen to meitsjen. wij witte neat fan it libben fan sémearminnen. as men de tsjintwurdige cartoons leauwe mei binne se de forfuilike produkten fan it geknoei fan perverten mei oare as minsklike partners, in forskynsel dat neffens Kinsey yn rurale streken noch alris foarkomt. neffens de âlde tichels moatte der mearmannen bistean, mar dy binne uterst seldsum. in amazonemienskip, de mannen seldsum, finzen en misbrûkt? it is net bikend. antonia lei dus triljend op it foardek to wachtsjen op hwat der fierder barre soe. mar de mannen fan 'e frou jabikje seagen inoar ris oan en wiene harren rie to'n ein. hwant elkenien wit hoe strang oft it forbean is om in sémearmin to | |
[pagina 103]
| |
fangen. sa strang dat der net in dieretún op 'e wrâld is dy't great gean kin op sa'n seldsume biwenner, ja dat der gjin zoölogysk museum bistiet dêr't men har skelet bistudearje kin. dêr hâldt sels panama him oan. sels portugal hâldt him der noch oan, hoewol't dat ek komme kin omt se in bûk ha mei in dúdlike nawle. hoe sloech de mannen dus de skrik om 't hert doe 't se harren njonkelytsen realisearren hoe'n greate forantwurding oft se har op 'e hals helle hiene, binammen nou't it ek noch forgees bliek to wêzen. der sille, bin ik bang, guon lêzers wêze dy't har ôffreegje hwerom't antonia dan net rêstich wer yn 'e adriatica werom kingele waerd. ek jow ik ta dat it foar har better west hie om wer frijlitten to wurden; mar ik birop mij der op dat sa'n argumint yn dit soarte fan problemen meastàl oer de holle sjoen wurdt. hjir leit de ein fan it forhael dus net, spitigernôch. hwant it is net in fleurich ein. fansels, hwa hie de soargen foar it earme gedroch? de kaptein. hij wie nou ien kear gesachfierder en hoewol't er de iennichste wie dy't har wis net fongen hie (in senuw-ûntstekking yn 'e rjochter earm), hij wie de iennichste dy't forantwurdlik wie. hij hat antonia dus oan lân smokkele en mei nei hûs ta nommen. syn frou, hwat soe hja der fan sizze? hja skodholle mar ris bigreatsjend doe't antonia yn 'e moaije keamer op 'e bank lei to skriemen en lei in tekken oer har bleate skouders dy't forgees to moai en to jong wiene. it sloof koe net iens sitte, lit jo neat wiismeitsje troch in kopenhagemer byldhouwer, mearminnen kinne oan lân heechstens krûpe, as séhounen. hja seinen dus dat se in nichtsje út 'e stêd yn 'e hûs nommen hiene dy't berneforlamming hawn hie, en setten antonia yn in lizstoel, dêr't se har fansels yn fielde as in skylpuodde dy't op 'e rêch leit, sadat se altyd mar sûntsjes lei to snokkerjen en alle drinken dy't se krige geat se oer har sturt út. doe hat de kaptein in soarte fan húske makke, dêr't | |
[pagina 104]
| |
se dan net op, mar heal yn siet, mei de sturt yn sâlt wetter. ûnder dizze omstannichheden, en ik wik it de lêzer om nou fordomme noch to leitsjen, hat de sémearmin antonia it acht jier úthâlden. och, de kapteinsfrou foel it net iens ôf. doe't dy, ûngefear trije moanne nei har oankomst, ris in lekker fiskje foar har klearmakke, bigoun antonia to glimkjen en sei stadich en dúdlik: ite. en sa krigen se noch gâns oanhâld oaninoar. ek bigoun antonia alderhanne húshâldlike kerweikes op to rêdden, lykas ierapelskile, en sulver poetse. hja wie lang net ûntsjep, binammen doe't alle sépokken har út it hier wei groeid wiene. wol wie har mûle to great en stiene har eagen to wiid útinoar, mar dat wie en vogue, hwant dat hie de frou fan 'e amerikaenske presidint ek. der wie ek neat mei har to rêdden, hoewol't se de kaptein, nei't dy mei pensioen gien wie, ris raer yn 'e earm biten hat. de frou skodholle mar wer ris, doe't se de wounen útwosk, mar der is nea wer oer praet, binammen troch de kaptein net. mar oars, né, der wie neat mei it stumpert to rêdden, en it joech de kaptein en syn frou gâns geselligens. en dy soargen fansels wol dat it har nearne oan ûntbriek. hja siet altyd yn 'e sneinske keamer, krige wiet en droech op 'e tiid, en har forskjinning, koartsein, hja waerd as in dochter bihannele. sa net, dat biskôge de frou as in plicht en dêr hat se har ek nea op foarstean litten. hja hiene optlêst hwat goed to meitsjen fan hwat der bard wie en antonia hie it nea better krije kind, ek al hat se har nea botte tankber toand. wie it altomets net kreas en himmel yn 'e sneinske keamer? it hat harren ek raer yn 'e wei west dat se neat foar har dwaen koene doe't se earst bigoun to kocheljen en letter to hoastjen en bloed op to jaen. mar hwat hiene se dwaen kind? dokter helje, sadat alles útkomme, en de earme man sels alle wittenskiplike groun ûnder de fuotten wei slein wurde soe? dokter in oerhael en de kaptein yn 't kasjot? lit ús bitinke dat it net om in minske gyng, en dat de kaptein en de frou | |
[pagina 105]
| |
der nou ek alwer acht jier lang mei oanhelle sieten. hja is dus útsukkele, en it is noch in godswûnder dat de beide goêlju soun bleaun binne. de lêste wiken hat se neat mear fan witten: se lei op har wenstige manier, foaroer op bêd to dwyljen en to skodzjen fan 'e koarts. de klean hie se har fan 't liif skuord, 't is sûnde dat ik it siz, en se hie blykber alhiel gjin weet mear fan 'e biskaefde wrâld, dêr't se dochs acht jier yn tahâlden hie, hwant se lake en skriemde en makke rare lûden en hwat se fierder soms die sille wij mar net biskriuwe, mar de kapteinsfrou hat der hwat mei út to stean hawn. neat woe antonia mear fan hat witte, en ien kear hie't in bytsje skeeld of se hie har mei har forskrikkelike tosken deabiten. sa wie 't ek mar better foar alles dat se op't lêst deagie. de twade stjûrman, dy't noch foer, hat it omskot yn in kiste meinommen en dy hat er op in nacht ûngemurken oerboard setten.
de morael? dy't dy net sels yn him hat moat him mar oan doomny freegje. en dy sil him wol út 'e dream helpe, hwant sémearminnen bistean net. (january 1962) |
|